Auke Ykes Ykema
Auke Ykes Ykema

De Fryske doarpswrâld

dêr’t de Jongfriezen as earsten yn grut waarden

Philippus Breuker - Fers2 nы. 2.11, 29 maaie 2016

Om 1875 hinne wie it safier kommen dat Fryslân en it Frysk de kultuer yn it doarpslibben bepaalden. Dy hienen op oar nivo in lange skiednis hân, dy’t al faak beskreaun is. Dat wie it nivo fan gewest en letter provinsje. Mar no wienen sels lytse doarpen frysksinnich wurden. Noch yn datselde jier 1875 samle it Selskip ûnder de autoriteit fan Deputearre J. van Loon yn mear as santich plakken in pear tûzen yntekeners op it Grut Frysk lieteboek yn en it oare jier wist it Frysk Genoatskip in pear tûzen lju út in lytse twahûndert plakken safier te krijen dat se âldheden ynstjoerden foar de grutte histoaryske tentoanstelling fan 1877. Fryslân en it Frysk hienen in magyske klank krigen. Om dy kultuer te belibjen wie ferlet fan eigen, lokale soasjeteiten en ferienings.

Dêr kaam noch wat oars by. De minsken woenen langer wat oars as merkefiere mei hurddraven en kattekneppeljen. Yn brede lagen wie ferlet ûntstien fan kultuer, ek fan eigen makke kultuer. En wat wie dan eigener as Fryslân en it Frysk? Net elk begong fansels yn it Frysk te skriuwen en te dichtsjen. Der mocht ris in inkele boer ûnder de skriuwers wêze, ien dy’t wat mear koe as de measten, mar oer it algemien wienen it lju fan bûten dy’t yn it doarp kommen, mei it Frysk begongen: de skoalmaster, de notaris en de dokter.

Wy witte oer dy dingen út dizze tiid noch net folle. Dat is spitich, want sa wurdt net dúdlik dat de Jongfryske Beweging derút fuort kommen is. Dy Beweging is ommers net te tinken sûnder in generaasje fan direkte foargongers, dêr’t de doarpslju dy’t de Jongfriezen wienen, yn grut wurden wienen. Sij wisten net better of Fryslân wie Frysk. It wienen de earsten wat dat oangiet. No is dat allegearre fergetten. Mei dêrom ha ik ris neigongen hoe’t it yn Boazum gien is. It is fansels mar in foarbyld, mar it sil it algemiene patroan wol folge ha.

Boazum wie ien fan de gruttere doarpen fan Baarderadiel. It hie al iuwen in eigen dûmny, mar dêr wie yn de njoggentjinde iuw in dokter by kommen en yn 1879 kaam der sels in notaris. Fansels sieten der yn 1875 yn Boazum in stikmannich yntekeners op it Lieteboek (ûnder wa de noch te neamen Ykema) en it oare jiers ek fiif ynstjoerders foar de histoaryske tentoanstelling. In Nut wie it doarp te lyts foar, in krite fan it Selskip kaam der ek net, mar der wie al in resitearkolleezje. It hjitte Aurora en it bestie yn alle gefallen al yn 1871, doe’t it mei krysttiid in útfiering mei sang en toniel joech. Dat toniel wiist derop dat it hjir gong om in liberaal selskip. It wie doe allegearre noch nederlânsktalich, want opfierd waarden it stik yn fiif bedriuwen Vader en zoon en de klucht Jocrisse de vondeling. Grif hat dat kolleezje gjin feriening west, mar in besletten karakter hân. Men sil der foar frege wêze. It wienen de oansjenliksten dy’t lid wurde koenen. Dat wienen uteraard meast boeren.

Dy begongen har doe polityk te organisearjen. It wie de tiid dat otterdoksen en frijsinnigen út elkoar dreaunen. It duorre dan ek net lang of der kaam in liberale kiesferiening. Dat wie yn 1875, doe’t foar súdlik Baarderadiel Eendracht oprjochte waard. De leden wennen yn Boazum, Wiuwert, Britswert en Easterwierrum. Skepper en skriuwer yn dat fermidden wienen de Boazumer Wiarda’s, in sûnt 1807 geseten en om 1875 hinne al wiid fertakke boerefamylje yn it doarp. It wienen hieltyd deselden dy’t by dy kiesferiening hearden en dy’t yn de kulturele selskippen fan it doarp sieten.

Ik tink hast dat Aurora al gau feroare is yn Vriendenkring. Yn 1878 bestie it lykwols noch, want doe skreau Auke Ykes Ykema syn Oan ’t Recitearselskip yn in doarp, dat publisearre waard yn het Friesch Volksblad fan 23 juny dat jiers. Mooglik hat de ûnderstelde oergong koart nei of yn 1885 west, doe’t de tonielferiening Harmonie oprjochte waard. Dat wie it wurk fan Sybrand van der Steegh, it haad fan de skoalle dy’t yn 1884 kommen wie. Dêr waarden gauris Fryske stikken opfierd. Dat koe ek skoan, omdat Meinte Oosterhout yn 1885 in grutte herberch mei boppeseal bouwe litten hie.

Vriendenkring wurdt foar it earst neamd yn de Provinciale Almanak foar 1892, mar dat it earder al bestien hat, moat men wol hast ôfliede út de grêfstien fan Ykema, dy’t noch op it tsjerkhôf fan Easthim te finen is. Ykema, dy’t yn 1836 yn Westhim berne wie, hie boer west yn Tsjerkwert en letter op in lyts spul ek yn Skearnegoutum, oant er yn 1873 boelguod hold en nei Boazum te rintenierjen gongen wie. Dêr stoar er yn 1904. Fan 1888 oant syn dea hie er riedslid yn Baarderadiel west. Al yn 1878 wie er yn de Ljouwerter krante troch in Wiarda út namme fan in protte kiezers oanrikkemendearre yn in fakatuere, omdat er liberaal wie, ûnôfhinklik, ûntwikkele en oer in soad tiid beskikke koe om de belangen fan ’e gemeente te behertigjen.

Auke Ykes Ykema
Auke Ykes Ykema, Hendrica Anna Ykema

Dy stien liket oan de tekst te sjen nammentlik oprjochte of yn alle gefallen mei oprjochte te wêzen troch Vriendenkring, wat namstemear eigenskip hat omdat Ykema ûnder de skulden stoar. Dy skulden wienen yn 1882 begongen. Under op dy stien stiet ommers:

1874-1904

Hy wier de stypjende skriuwer en de skriuwende stipe fen de Boazumer Frjeonekring.

Ykema wie yndied fan in soad fermiddens yn it doarp skriuwer, net allinnich fan Vriendenkring, mar ek fan Eendracht, de iisklub en ek noch foarsitter fan de kommisje om in suvelfabryk yn Boazum op te rjochtsjen, wylst syn dochters Klaaske, Houkje en Gatske ta de oprjochters fan Harmonie hearden.

Tenearsten hold Vriendenkring ek saneamde ’folksfoarlêzingen’ mei in sprekker, mar al om 1900 hinne waard it mear en mear in lêsselskip. De boeken gongen om by de leden en waarden ien kear yn it jier ûnder har ferlotte. Fan wat der lêzen waard, binne de nammen oerlevere fan it tydskrift Eigen Haard en fan de romanskriuwsters Marie Corelli (Het machtige atoom, 2e dr. Den Haag [1905]) en J. Blicher-Clausen (Het verloren tooverland; Utrecht 1905). Dat wienen yn har tiid ferneamde skriuwers.

Klaaske de Graaf-Ykema
Klaaske de Graaf-Ykema

Mar Ykema wie net allinnich sekretaris, hy wie ek in Frysk skriuwer. Wy seagen al dat er in gedicht foar Aurora skreaun hat, mar yn de Bijekoer fan 1878 hie er ek in ferhaal, Gerrit fen Sinten. Foar Harmonie moat er in tonielstik skreaun hawwe. Dat koe wolris It Fatsoen ef de Omke út de East west hawwe. Harmonie spile it op 6 en 9 febrewaris 1890. Neffens it bewarre bleaune programma waard it skreaun troch in begeunstiger, dat is in net spyljende donateur. It wie in stik yn fjouwer bedriuwen. Dochter Houkje spile Metje de Wind, mem fan Trijnette. Trijnette wie de frou fan de haadrolspiler Pieter Jansen, in grut keapman.

Sa sil der wol mear west hawwe dat Ykema skreaun hat. Hy tekene meast mei Y. to B. Neffens famylje-oerlevering soe er sels de hiele Shakespeare yn it Frysk fertaald hawwe. Yn it Nieuwsblad van Friesland fan 8 augustus 1904 hjit it dat er nea wat út syn wurk publisearje woe. Hy soe ek in grutte biblioteek hân hawwe.

Liket Ykema oant 1889 de iennichste Fryske skriuwer yn syn tiid yn Boazum west te hawwen, dat jiers soe dat feroarje. Doe kaam as kandidaat-notaris fan Wergea de notarisklerk Sjirk Linses van der Burg, de bekende foarsitter fan it Frysk Selskip yn letter tiid. Hy soe der omtrint tsien jier bliuwe, ear’t er yn 1898 notaris yn Makkum waard. Hy wist dokter J.H. Regenbogen ek ta it skriuwen fan Frysk te bringen, sa’t wy daliks sjen sille. Boazum wie ûnderwilens mei Harmonie ek oars al aardich ferfryske.

Net allinnich yn Boazum soargen Van der Burg en Regenbogen foar Frysk libben yn de brouwerij. Foar gelegenheden makken se rymstikken en Van der Burg skreau yn 1895 ek de klucht Master Habbema foar Harmonie. Mar se waarden yn 1895 ek lid fan de Fryske krite te Snits en rillegau nei har ek inkele oare Boazumers, ûnder wa Klaas Ykema, in soan fan âlde Ykema. Dy studearre medisinen yn Amsterdam en wie lid fan it selskip Fryslân fan de ASB, dêr’t Obe Postma in pear jier earder ek lid fan west hie. Ek master Van der Steegh waard lid fan de Snitser krite. Dy krite hie oant dan ta sûnt 1872 sliept. Wy witte dat út it oantekenboek fan de krite, dat yn de tiid dat ik it rieplachte, noch by de feriening wie. Lang soenen de Boazumers lykwols net aktyf bliuwe en foar’t neist ha se al rillegau ek betanke. Allinnich Regenbogen bleau noch lang lid en kaam inkeld ek nochris. It karakter fan de krite feroare ek. It waard mear in nocht-en-wille-spultsje mei tonielútfieringen en dûnsjen nei.

J.H. Regenbogen
Foto fan dokter J.H. Regenbogen, dy’t er oan alle Boazumers joech ta oantinken oan it Fryske feest yn de pleats, dat er op 20 maaie 1914 joech.

Van der Burg en Regenbogen holden mear as ien kear in foardracht fan eigen wurk yn Snits. Se befrisselen der in soad spûk- en oare folksferhalen en anekdoaten út de omkriten yn. De earste droech yn 1897 in fragmint út syn ferhaal De smid fen Earnewâld foar en letter dat jier ek noch syn stik Goed dwân. Yn 1898 hold er In praetsje oer it ien en oar út Miedwier. Hy koe omraak foardrage. Sa waard dat jiers syn foardracht fan it ritmysk lestige Ho rint de Dusse troch ’t hol fen Neander fan Jacob van Lennep ’yn ien wird prachtich’ fûn. Regenbogen hold yn 1897 In Jounpraetke oer ’Bakteriën’, in folksaardich stik om fan alles en noch wat om bûter hinne. It waard printe yn Forjit my net! fan 1898. Yn 1900 kaam er mei de foardracht fan It flaggebier (publisearre yn Swanneblommen 1901), en yn 1901 mei it ferfolch derop, De fûgeljoun (Swanneblommen 1904). Dat sil itselde wêze as wat er sels earne oars De hjiljoun op ’e helling neamt. It spile foar in part yn Drylts.

Regenbogen, dy’t mei in suster fan him wenne, wie wakker frysksinnich. Sa fierde er mei it hiele doarp yn 1914 syn 25-jierrich jubileum as dokter yn Boazum mei wat er neamde in frysk feest yn de pleats op de terp neist de tsjerke, ear’t dy ôfbrutsen wurde soe. Fyftich jier letter hienen âlde Boazumers it der noch altyd oer. It hie ta de nacht út duorre. Se sieten dêr op lange banken by tafels lans en der wie wakker songen en dien. Yn in grut stik yn de NRC pleite er yn 1928 foar mar leafst trije oeren wyks les yn it Frysk op legere skoallen en ek foar in Frysk professoraat oan de Grinzer universiteit. De professor moast net allinne de taalwittenskip behearskje, mar de taal ek subtyl fersoargje, sadat se ta har folle bloei kaam.

Wat him yn it Frysk boeide, hat er yn 1902 ûnder wurden brocht yn in brief oan F. Buitenrust Hettema. Hy skriuwt dat er as jonge al niget oan Fryske literatuer hân hie, ek al wenne er yn Snits. Doe’t er lykwols yn 1883 foar stúdzje nei Utrecht gong, liet it Frysk him frij ûnferskillich en dat wie ek noch sa doe’t er yn 1889 yn Boazum kaam. Mar dat soe gau feroarje, doe’t it Frysk mei syn moaie lûden him wer yn ’e earen klonk en er troffen waard troch ’de fryske folksgeast, it golle natûrlibben en de echte fryske sin yn al syn ’schakeeringen’’. En hy ferfette: ’It folkslibben wier do noemer ien, dat my er ta oansette om de tael to bistudearjen. En derbei foun ik in stipe dy’t eltsenien net hat. Van der Burg namentlyk wenne destyds yette to Boazum en oan him ha ’k it to tankjen dat ik de wei sa licht fine scoe. Al gau koe ik sa folle fen de tael, dat ik myn gedachten yn it frysk uterje koe en do wier it spil klear en koe ik bigjinne om oan de drang yn mij ta to jaen, om to probearjen det moaije fryske libben sa’t ik it de dei lâns mei bilibbe en seach en waerdearre, to skilderjen for it each fen in oar’.

Sjirk Linses van der Burg
Sjirk Linses van der Burg

Der wie noch ien dy’t niget oan it folkslibben hie, net oan it gewoane deistige fan eigen tiid, mar fan earder. Dat wie notaris Sjoerd Haagsma, ek fan Snits, dy’t fan 1889 oant 1900 yn Boazum stien hat. Hy hat op histoarysk gebiet syn spoaren fertsjinne mei in boek oer de eardere seefeart fan de Friezen, mar hy sneupte ek yn âlde akten en yn it tsjerke-argyf. Sokke niget wie doe ek wat nijs. Sa hat er stikken makke oer de Boskpleats fan de Labadisten yn Wiuwert en oer Bockamastate yn Lytsewierrum. En nei oanlieding fan in opmerking fan in redaksjelid fan De Vrije Fries dat dy graach lytse stikjes foar it tydskrift ha woe, stjoerde er him yn 1896 in stik, ’Varia uit het Bozumer Kerkeboek’. Dat gong oer losse bysûnderheden út de jierren tusken 1594 en 1698. Ik leau net dat ien fan dy stikken printe is, mar se wurde yn hânskrift bewarre op Tresoar.

Mei al dy belangstelling foar Fryslân en it Frysk yn syn doarp docht it gjin nij dat ien letteren studearret. Dat die Tjitte, in soan fan Van der Steegh. Hy en syn broer Jan, dy’t yn 1903 klerk by Van der Burg wurden wie, hawwe noch mei Van der Burg in fúljeton yn it Frysk yn it Friesch volksblad hân, mar hy is jong stoarn, doe’t er noch yn Grins studearre. Hy libbe fan 1884 oant 1908.

In frysksinnige tiid as harres, fan 1875 oant 1900, hat der letter net wer yn Boazum west. It nije wie der wat ôf.

It lêsselskip te Boazum

Philippus Breuker - Fers2 nû. 3.2, 29 jannewaris 2017

image lêsselskip boazum
1893/4

Frysksinnichheid wie om 1900 hinne algemien, mar lêzen waard Frysk noch net folle. Fansels, der wienen leafhawwers, der waard Frysk toniel spile en der wienen Fryske sangen, mar wat de measte lju oan lektuer ynteressearre, dat wie der net yn it Frysk. Dat lied ik teminsten ôf út wat bekend is fan de belangstelling yn it Boazumer lêsselskip Vriendenkring. Ik kin wol sizze dat it tafal is dat ik dat wit. Ik tink ek dat it frij bysûnder is. Men soe der wat oer fine kinne yn notuleboeken fan sokke selskippen, mar dy binne der yn Tresoar amper of net. Der binne by lju thús miskyn noch wol sokke oantekenboeken, yn alle gefallen noch wol fan oare njoggentjinde-ieuske nut-en-nochtselskippen. Se jouwe in belangryk stik Fryske kultuerskiednis en mochten dêrom nedich samle wurde.

Wat yn Vriendenkring lêzen waard, wie it soarte boeken en blêden dat op populêre en ûnderhâldende, om net te sizzen sensasjonele wize in spegel fan de fraachstikken fan de eigen tiid joech.

Dat koe wêze yn de foarm fan yllustrearre tydskriften, lykas De Hollandsche illustratie, dat yn alle gefallen tusken 1883 en 1899 lêzen waard, Goeverneurs Oude huisvriend út de jierren 1887 oant 1896 of Eigen Haard, dat bekend is út 1896 en De aarde en haar volkeren fan 1897. Inkeld waard in min of mear wittenskiplik wurk lezen, lykas Friesland en de Friezen in de Middeleeuwen fan C.E.H. Hooft van Iddekinge (fan 1881, lêzen yn 1896) of Politieke en oeconomische vertoogen fan A.T. de Lange (ek lêzen yn 1896). Foar de folsleinens fan in globale yndruk binne ek te neamen De vermakelijke spraakkunst fan J. van Lennep, De schoonzoon van mevrouw De Roggeveen fan Jan ten Brink, Indrukken van een ‘Tòtòk’. Indische typen en schetsen fan Justus van Maurik en Kameleon fan Vincent Loosjes. Mar it wienen foaral bestsellers dy’t rûngongen. It giet ûnder mear om Nana fan Emile Zola, In ’t duister gelaten fan Anthony Trollope, in net mei namme bekend wurk fan Tolstoi, Arm meisje fan Wilhelmina Heimburg (in pseudonym foar Bertha Behrens), Praatjes van Jan Ploeger fan C.H. Spurgeon, Onze wederzijdsche vriend fan Ch. Dickens, Het machtige atoom fan Marie Corelli, Het verloren tooverland fan Jenny Blicher-Clausen, Lidewyde fan Busken Huet, Hilda van Suylenburg fan Cécile de Jong van Beek en Donk, Het zondekind van H.J. Schimmel en Bonte wimpels en De ring van de grootvorstin fan Melati van Java.

Frysk liket net lêzen te wêzen. Der wienen inkeld lêsselskippen dy’t spesjaal allinnich Frysk liezen, mar foar de gewoane selskippen hie it Frysk net folle te bieden.

Mear fan Philippus Breuker

In busreis mei Trinus Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma
De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje.
Sosjology fan in frysk doarp yn de Gouden Ieu Boazum wie yn de Gouden Ieu sosjaal in frij igale mienskip. Adel wenne der net mear.
Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019 De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy.
De ungelikense fizy op de Fryske skiednis De skiedskriuwing oer Fryslân, dy’t yn de jierren nei 1560 op gong kommen wie, waard foltôge yn it wurk fan Winsemius en Schotanus
Obe Postma oer de jonge húshâlding fan syn âlden
Rougedichten yn de Gouden Ieu Ien dy’t gjin idee hat wat Fryslân yn de santjinde ieu foar in lân wie, sil miskyn tinke dat de taal dêr it Frysk wie. Mar sa wie it net.
Twivel heart derby By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma
Skoalmaster yn de Jordaan Yn 1982 belle my in frou út Monnickendam oer Inne de Jong. Sy hie yn 1958 by him yn Amsterdam yn ’e klasse sitten …
Wyldsjitters, fiskerlju en oare bewenners fan dykhuzen De dykbewenners meitsje fan Koarnwert wat oars as in gewoan boeredoarp. Men rûkt der de see. Se hawwe karakteristyk west foar Postma syn bertedoarp en binne it dêrmei ek wurden fan syn poëzy.
1 2