name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Brekizer fan de foarútgong

Philippus Breuker - Fers2 nû. 3.9, 7 maaie 2017

Dizze paragraaf komt út de ynkoarten te ferskinen Brekizers fan de foarútgong. Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu

 

brekizer fan de foarútgong

 

 

Yn Boazum hat fan 1863 oant ca. 1917 in lêsselskip bestien, dat de namme droech fan Vriendenkring. Vriendenkring is yn de njoggentjinde ieu in hiel gewoane namme foar selskippen. Hy docht achttjinde-ieusk oan. Ut dy ieu is bygelyks it hiel lang populêre lied ‘Hoe zoet is het daar de vriendschap woont’ en yn it Makkumer dichtgenoatskip Konst voedt ’s menschen geluk út de jierren santich fan dy ieu wurdt krekt de freonskip wakker besongen.Ph.H. Breuker, Konst voedt ’s menschen geluk. It Makkumer dichtgenoatskip (1773-1777) (Makkum 2000) 76-86. Freonskip hâldt fertrouwelikheid yn en stiet heaks op eigenbelang of saaklike ferhâldingen. Se fersterket de persoanlike macht yn it te bemasterjen terrein fan de wrâld om jin hinne.

It gong by dy freonskip alderearst om gesellichheid. De lange winterjûnen waarden der mei brutsen. Gjin heger doel fan keunst as bygelyks yn in namme as Harmonie útdrukt wurdt of fan in stribjen nei ienriedigens lykas yn Eendracht, sprekt út de namme Vriendenkring, allinnich de winsk om ûnder elkoar te wêzen. Op himsels soe in lêsselskip ek wol sûnder gesellige jûnen bestean kinne, mar dy wienen der no just mar leafst fiif. Dy jûnen wienen dus minstens sa belangryk as de mooglikheid om betreklik goedkeap in soad boeken lêze te kinnen.

En dy gesellichheid waard socht yn de herberch. Ykema tekenet yn syn jubileumlieten fan 1888 de jûnen fan Vriendenkring dan ek mei wyn en sang:

Wa’t glês forjit, yn wyn en sang,
Dy bliuwt in dromer libbenslang.
In dromer binn’ wy net,
Nee, dromers binn’ wy net.

Mar men moat jin net fersinne. It wie net allinne mar gesellichheid. Sa’n doarpsselskip as dit, dat de foarútstribjende boargerij by elkoar brocht, wie ek in machtsfaktor fan belang yn it oars allinnich en dat al sûnt tiden herwaarts troch de tsjerke behearske doarpslibben. Men kin fan tinken wol hawwe dat der op dy jûnen in soad doarpssaken ferhakstûke en regele waarden. Sa’n selskip wie in alternatyf foar it fan âlds bewende tsjerkefermidden. Ykema hat it yn ien fan syn foardrachten wat smeulsk oer hokjemannen as er de lju bedoelt dy’t yn it stek sitte. Dat is yn 1879. Foar in goed begryp mei tsjinje te witten dat dat net de tsjerkfâden wienen, dy sieten yn de hearebanken lyk foar de preekstoel oer, mar de mindere goaden fan âlderlingen en diakens.

Ek doe’t de boargerlike gemeente hieltyd mear taken oernaam, bleau dy macht grut. Sa hoegden Boazumers navenant net folle by te dragen oan de ‘Hoofdelijke omslag’, omdat de tsjerke ryk wie en de earmensoarch yn it doarp noch altyd foar in grut part betelle. Underwiis en wegen waarden der ek út betelle. De ‘Hoofdelijke omslag’ wie yn 1876 ynfierd. Hy wie doarpsgewize organisearre, dat men koe in oar derop oan sjen oft dy wol genôch betelle.Easterlittens, Húns, Winsum, Wiuwert en Bears droegen yn 1885 8 of 9 prosint fia de ‘Hoofdelijke omslag’ by oan de earmensoarch yn har doarp, Boazum mar goed 2 ½. Fan de gruttere doarpen wie Weidum mei syn ¾ % noch leger (Ynkommen stikken Baarderadiel 210, gemeente-argyf Littenseradiel, Wommels). Dat sette yndied hjir en dêr kwea bloed, omdat just de rykste yngesetenen sa net folle hoegden te beteljen, en dat wienen fansels alderearst de tsjerkfâden sels.GA 25, gemeente-argyf Littenseradiel, Wommels. It giet hjir om in oantekening by it ferslach fan de gemeentlike kommisje oer de ‘Hoofdelijke omslag’ fan ca. 1880 (it jier ha ik net notearre) en der wurdt ferwiisd nei in ynstjoerd stik yn de Leeuwarder courant fan 7 maart oer de situaasje yn Baarderadiel. Oft dat ek yn Boazum sa west hat, witte wy net, mar dat doarp sil gjin útsûndering west hawwe. Opmerklik yn dit ferbân is dat ien as Hyltsje Sybrens Wiarda (1806-1895) net ûnder de oprjochters fan Vriendenkring wie. Oft er der letter lid fan wurden is, is net bekend, mar hy wie wol presidint tsjerkfâd en in foarman fan de liberale kiesferiening. Troch syn houlik (yn 1831) wie hy de op ien nei grutste grûnbesitter yn it doarp wurden. De grutste wie Tsjerk Goasses Koopmans (1797-1866), ek tsjerkfâd en ek gjin oprjochter fan Vriendenkring. By dûmnysferkiezings hienen sokken in soad stimmen, want ien hie doe safolle stimmen as er florenen hie.

In oar foarbyld fan in sekere spanning tusken Vriendenkring en de (frijsinnige, grutte) tsjerke wie it organisearjen fan saneamde folkslêzingen, dêr’t arbeiders fergees hinne koenen. Doe’t Vriendenkring yn 1909 sa’n jûn hâlde woe en de tsjerke om in bydrage foar kofje en koeke frege, wegere dy dat en hold se sels in folkslêzing. Miskyn wiist op in ûngelikense hâlding tusken beide ek it eardere ôfwizen fan it fersyk fan dokter Regenbogen om de arbeiders ien of twa burrels op sa’n jûn te jaan.Tsjerke-argyf; gemeente-argyf Littenseradiel, Wommels. Dat wie yn 1907. Regenbogen wie doe foarsitter fan Vriendenkring.

It bleau yn alle gefallen in saak fan tuike-tuike oan mei de tsjerke, al wienen se it yn ’e grûn fansels wol iens oer de rjochting dêr’t it mei de maatskippij hinne moast. It wie, doe’t de tsjerke- en skoallestriid ienkear striden wie en de frijsinnigen de oerhân holden hienen, mear in kwestje fan in betreklik lyts mentaliteitsferskil op sosjaal gebiet wurden.

De leden sille fansels ek leafhawwers fan lêzen en ûntwikkeling west hawwe. Yn in inkeld gefal kin men dat ek sjen litte. Sa wie ien fan de oprjochters en tagelyk ien fan de âldste leden de mennist en rintenier-boer Matheus Douwes Wiersma (Boazum ca. 1798-1867). Yn 1821 tekene er yn op de Gysbert-Japixútjefte fan Epkema, wat foar boeren seldsum wie, en yn 1826 besocht er it planetarium te Frjentsjer.Alb. III 1823 e.f., GA Frjentsjer. Ek Ykema hie in soad nocht oan lêzen.

Dochs is der noch wol wat mear te sizzen oer de aard fan it selskip. It lidmaatskip stie foar elk iepen, mar net elk waard lid. De nammen fan de oprjochters binne oerlevere en der binne ek in pear ledelisten fan letter.Yn de skriftlike neilittenskip fan oprjochter en lid oer lange jierren, Auke Ykema (bewarre yn it argyf fan syn oerpakesizzer jhr. Klaus von Chrismar te Brussel). By it fjirtichjierrich bestean yn 1903 wurde tsien neamd, mar by it fyftichjierrich bestean blykt der noch ien fan de oprjochters te libjen, timmerman Hindrik Biesma, en dy wurdt yn 1903 net neamd. Hy sil doe fergetten wêze of miskyn net lang nei de oprjochting lid wurden wêze. Foar ’t neist hawwe boer Jelle Sikkes Bakker (Poppenwier 1818 – Boazum 1881) en haad fan de skoalle Cornelis van der Molen (Ljouwert 1830 – Boazum 1883) in belangrike rol by it oprjochtsjen spile. De iene waard foarsitter, de oare skriuwer. Van der Molen stie krekt yn Boazum. Hy wie yn 1862 begongen. Ek Bakker wenne noch mar koart yn Boazum, sûnt 1860. It wie maatskiplik in aktyf man. Sa rjochte er yn 1871 de liberale kiesferiening Eendracht fan Boazum, Wiuwert, Britswert en Easterwierrum mei op. Dêr waard er ek foarsitter fan.Sjoch oer Eendracht de Leeuwarder courant fan 25 july 1871 en in fersyk út 1879 oan B. en W. om lykas yn Weidum en Baard al bart, ek yn Boazum de kohieren fan belestingplichtigen op besjen te lizzen (GA Baarderadeel 204; argyf Littenseradiel, Wommels). Hy siet fan 1869 oant syn dea yn de gemeenterie fan Baarderadiel en wie fan 1879 oant syn dea ek tsjerkfâd yn Boazum. Foar’t neist hat er om 1870 hinne it foarsitterskip fan Vriendenkring dellein.

Sawat de helte fan de oprjochters is fan nei te gean dat se aktyf wienen yn in liberale kiesferiening.

In útsûndering hat dokter Jouke Anema west, dy’t grif ortodoks west hat. Iensidich liberaal liket it selskip dus tenearsten net west te hawwen. Dat blykt ek noch út wat oars. Njoggen fan de alve oprjochters wennen yn de Buorren en wienen dokter, skoalmaster, rintenier-boer, mar de measten wienen ambachtsman of hannelsman. Mar twa wienen boer. De boeren wienen dus mar amper fertsjintwurdige. In âld-liberale freoneklub kin it jonge Vriendenkring dan ek net west hawwe. It wie mear in saak fan de omheechstribjende, modernistyske middenstân. Typearjend foar dat karakter binne leden as ferwer Pieter Tjallema en stienhouwer Folkert Cuperus, beide fan âlder op âlde Boazumer, dy’t yn de jierren om 1900 hinne lid wienen. Sy of har bern ferpleatsten net folle jierren letter har súksesfolle bedriuwen fan ferfmakkerij en stienhouwerij nei Snits en Boalsert.

Men kin mei Wielsma wol sizze dat lid fan soksoarte doarpsselskippen elk wie, dy’t in bytsje meidwaan koe, sa goed as dat de alderfoarnaamsten ek lid wienen.For hûs en hiem 1889, 134. Dy koenen har dêr ek min oan ûntlûke. Sa sit in doarp net yn elkoar. Yn 1893 wienen 40 Boazumers lid. Omtrint allegearre koenen se har finansjeel goed rêde, mar der wienen dochs ek seis dy’t net foarkomme yn de ‘Hoofdelijke omslag’ fan 1896 net foar (dat jier hie ik tafallich by de hân) en trije wienen arbeider. Fierwei de measten wennen yn de Buorren en wienen dûmny, dokter, notaris of kandidaat-notaris, skoalmaster en ûntfanger, rintenier of widdo, mar like faak as sy allegearre mei elkoar, middenstanner. Mar sân wienen boer. Tenearsten wienen allinnich mânlju lid, letter ek froulju, yn alle gefallen al yn 1893, mar dat wienen mar inkelden. It bleau in mânljussaak.

It wie fan it begjin ôf in dúdlik frijsinnich fermidden en dat waard it hieltyd mear. Ortodoksen waarden gjin lid. Dy hawwe elkoar miskyn mear thús opsocht om wat oer wurk en preek te jûnpraten. It wie de middengroep tusken tusken modernen en orthodoksen yn, dy’t Vriendenkring oprjochte hat. Letter ûntjoech dy groep him lykwols yn de rjochting fan de modernen. Dat falt ôf te lieden út de beide ledelisten dy’t fan Vriendenkring oerlevere binne, ien út 1893 en ien fan wat letter. Dêr ûntbrekke dan ek de ortodoksen dy’t lang by de grutte tsjerke bleaunen, mar yn 1904 dochs in eigen evangelisaasjegebou stichten. Ek de boeken dy’t om 1900 hinne lêzen waarden, wienen modern.

Vriendenkring waard tanimmend eksklusyf frijsinnich. Dy ûntwikkeling rûn lykop mei it lytser wurden fan de herfoarme tsjerke. Sa waard Vriendenkring diel fan de fersuiling. Fan in gesellichheidsferiening as funksje fan modernisearring waard it - miskyn noch net sa sterk as yn Ferwert, mar dochs - in ynstrumint fan de frijsinnichheid. Ear’t it dat echt wurde kinnen hie, bestie it lykwols net mear.

Ta beslút noch wat oer de leeftyd fan de leden. It docht bliken dat it meast jonge manlju wienen fan ûnder de fjirtich, dy’t troud wienen. Yn 1863 wie de jongste 26 (dat wie Ykema) en boppe de sechstich wienen twa. De measten, fiif, wienen tusken de 26 en de 37, tusken de fjirtich en de fyftich en tusken de fyftich en de sechstich wienen elk twa. Ut de list fan 1893 is fan 33 fan de fjirtich leden de leeftyd nei te gean. Doe wie de jongste 24 en wienen der trije boppe de sechstich. De measten, achttjin no, wienen wer tusken de 27 en de 37. Fiif wienen tusken de fjirtich en de fyftich, seis tusken de fyftich en de sechstich.

It wie in oare kategoary as de lju dy’t toneelspilen. Dat wienen meast jonge manlju en froulju, dy’t noch net troud wienen.

 

Noaten

  1. Ph.H. Breuker, Konst voedt ’s menschen geluk. It Makkumer dichtgenoatskip (1773-1777) (Makkum 2000) 76-86.
  2. Easterlittens, Húns, Winsum, Wiuwert en Bears droegen yn 1885 8 of 9 prosint fia de ‘Hoofdelijke omslag’ by oan de earmensoarch yn har doarp, Boazum mar goed 2 ½. Fan de gruttere doarpen wie Weidum mei syn ¾ % noch leger (Ynkommen stikken Baarderadiel 210, gemeente-argyf Littenseradiel, Wommels).
  3. GA 25, gemeente-argyf Littenseradiel, Wommels. It giet hjir om in oantekening by it ferslach fan de gemeentlike kommisje oer de ‘Hoofdelijke omslag’ fan ca. 1880 (it jier ha ik net notearre) en der wurdt ferwiisd nei in ynstjoerd stik yn de Leeuwarder courant fan 7 maart oer de situaasje yn Baarderadiel.
  4. Tsjerke-argyf; gemeente-argyf Littenseradiel, Wommels.
  5. Alb. III 1823 e.f., GA Frjentsjer.
  6. Yn de skriftlike neilittenskip fan oprjochter en lid oer lange jierren, Auke Ykema (bewarre yn it argyf fan syn oerpakesizzer jhr. Klaus von Chrismar te Brussel). By it fjirtichjierrich bestean yn 1903 wurde tsien neamd, mar by it fyftichjierrich bestean blykt der noch ien fan de oprjochters te libjen, timmerman Hindrik Biesma, en dy wurdt yn 1903 net neamd. Hy sil doe fergetten wêze of miskyn net lang nei de oprjochting lid wurden wêze.
  7. Sjoch oer Eendracht de Leeuwarder courant fan 25 july 1871 en in fersyk út 1879 oan B. en W. om lykas yn Weidum en Baard al bart, ek yn Boazum de kohieren fan belestingplichtigen op besjen te lizzen (GA Baarderadeel 204; argyf Littenseradiel, Wommels).
  8. For hûs en hiem 1889, 134.

 

Ut dit essee sitearje kin sa: Breuker, Philippus. “Brekizer fan de foarútgong.” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 7 maaie 2017. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.