image

Essee

De ienheid yn diggels del

Friduwih Riemersma - Fers2, 22 septimber 2019

A short story is a different thing altogether—a short story is like a quick kiss in the dark from a stranger.Stephen King, Skeleton crew

Begjin jannewaris 2015 iepenet Aggie van der Meer mei twa karakterbeskriuwingen. Misty Mac “is in gnoe, losrekke fan ’e keppel” en nei in koarte beskriuwing fan Mac syn “eangst” komt syn maat Wu yn it skynljocht, “Ho Wu hie dy moarn oan syn mem tocht.” Mac freget wat prekêrs, Wu besiket te anderjen: kammeraten dus.

It kammerateferhaal ferienet aksje, leafde en kommeedzje en is sa âld as de nacht, de maten Gilgamesj en Enkidû komme út 2100 fK. Dat epos en syn measte opfolgers hawwe lykwols in wiere held en syn kopy yn in byrol. Mac en Wu net. Dy twa binne lykweardich as inoars earste bûnsmaat of tsjinspylder. Wol is dy primêre tsjinstân, konfoarm de kammeratekonvinsje, nea wêzentlik of tragysk. It bliuwt by in goedmoedich tsieren: “‘Dochs net om dy snie?’ ‘Ja,’ seit Mac, ‘al om dy snie.’” Op har fabeleftige reis—it klassike buddy-stramyn—troch it sakelibben komme Wu en Mac oanienwei oare opponinten tsjin: frjemdlingen op it paad, dy’t maatskiplike aaklikheden wjerspegelje en de kammeraten útinoar driuwe wolle. Mar dat sille Mac en Wu hieltyd, troch 23 ferhalen oant healwei 2016 hinne, stean as ien yn twaen spjalte held. Ut har eigen dûbelsinnige “ienselligens” wei definiearje se de bân mei de maatskippij.

Dat seriële maatskiplike plak fêststellen docht fiktoriaansk oan. “De slimsten binne de bidders, de smekers, de omearmers, mei har kliemerige stimkes. Hâld op, man. Dan de betûften.” It njoggentjinde-ieusk Ingelske skiedkundich ferhaal oer de lyktidige skiednis wie grage waar. It feuilleton yn de krante wie non-fiksje, te ferlykjen mei no de op-ed of kollum. “‘Paris?’ sei neef Fredrik. ‘Dêr sille se sjen dat se wat oan it waar dwaan kinne,’ sei Mac.” Fiktoriaansk is ek it ‘famyljepublyk’, dus it warjen fan seks en geweld, “[I]n nij merk klapbonbons? Rapunzelseks, je kin’ der fergif op ynnimme dat it hiel wat oars is as in normaal minsk betinkt?” Allyksa fiktoriaansk is de ynterne ienhied fan alle losse ferhalen, sadat de lêzer elk apart ferhaal begripe kin sûnder dat er dêrfoar oer dat ferhaal hinne hoecht te sjen.

Dochs is it ferskil tusken Ho Wu en Misty Mac en de fiktoriaanske kranteroman-yn-ôfleveringen dalik dúdlik. Dat de Wu en Mac-ferhalen lang gjin gelikense lingte hawwe en útinoar rinne fan noch gjin 400 oant hast wol 800 wurden, is noch it minste. Opmerkliker is dat de ferhalen, op it each nommen, in skriuwer sjen litte dy’t hieltyd as der in nije deadline foar it tydskriftnûmer (Fers2) opdûkt, gau de laptop iepenslacht sûnder noch te witten wêr’t hja de trie litten hat om wer op te pakken, of dy’t lykas de berops­romanskriuwers wegeret om neffens de plotoarder, lit stean fan haadstik nei haadstik te hobbyen. …Derút kypt it ûntbrekken fan in sintrale yntriizje.

Oars sein, beskiedend yn Ho Wu en Misty Mac is de kar foar in oar soarte gearhing as oarsaak + gefolch fan foarfallen. Beholden binne de tematyske en de formele bining tusken de losse ferhalen; beide biningen passe net sasear by it koarte ferhaal, as wol by de roman. Mar in bân tusken foarfallen is yn essinsje ferhaal.Sjoch bygelyks Susan Lohafer, Reading for storyness: Preclosure theory, empirical poetics, & culture in the short story (Baltimore / Londen 2003) 35, 38. Ferswakke jo de bannen dan helje jo it ‘ferhaaljende’ út de tekst. Wat oerbliuwt is in samling fragmintearre bylden. Likegoed is de ôfwêzigens fan in konsistinte stim en in trochrinnende ferhaalline fûneminteel yn Ho Wy en Misty Mac. Dêrtroch falt it yn in eigen sjenre: dat fan de koart ferhaalsyklus.

Dat sjenre is yndie ûntstien út njoggentjinde-ieuske foargongers en it is ek hjoed, tink oan David Wong syn út online ôfleveringen groeide John dies at the end-trijelûk, de wichtichste oanjeier fan de literatuer fan de Feriene Steaten—mar net yn Fryslân. Dêrom makket de koart ferhaalsyklus hjir ek gjin part út fan de hjoeddeiske koarte fiksjeteory. It iennichste ûndersyk nei Fryske koarte fiksje ken sels gjin eigen teory. Nei 20 siden lang opsomjen fan oarmans oerlaapjende en stridige foarm-, tema-, opbou- en styleigenskippen, beslút it pragmatysk dat it ferhaal dochs net yn suver stal foarkomt en “it sadwaande nea mooglik wêze sil in prototype fan it koarte ferhaal op te stellen.”Trinus Riemersma, It koarte forhael: Yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu (Ljouwert 1977) 262. By gefolch ûnderskiedt it koarte ferhaal him yn it Fryske proaza noch altyd troch simpelwei koart te wêzen, hoewol’t selden dúdlik is hoe koart dan.

Wilens brocht, al om 1840 hinne, Edgar Allan Poe yn de westerske koarte ferhaleteory de kognitive beneiering yn: de ynfloed op de lêzer. It wichtichste aspekt fan it koarte ferhaal wie syn effekt op it moed.Edgar Allan Poe, ‘Letter to B―’, 1836; Idem, ‘Exordium to critical notices’, Graham’s Magazine, Philadelphia, jannewaris 1842; Idem, ‘Review of Hawthorne’s Twice-Told Tales’, Graham’s Magazine, maaie 1842; Idem, ‘The philosophy of composition’, Graham’s Magazine, april 1846; Idem, ‘The poetic principle’, Home Journal, rige foar 1850, nû. 36 (hiele nûmer 238), 31 augustus 1850, 1; en ferskate oare brieven en besprekken fan Poe. Wêr’t dat moed (affect) krekt wei komt redendiele de narratologen aloan oer. Poe fierde it ‘single sitting’-kritearium oan, dus dat jo in ferhaal, dat ommers koart is, yn ien kear útlêze kinne. Sa komt de ferliking mei toaniel op, en dan fral de tillige iepenloft­stikken mei de rasjoneel befredigjende ôfrin: “Leau mar, Mac, dat Pompe en syn maat it amper ha kinne dat wy in palmoalje­plantaazje yn Sulawesi foar grou jild ferkocht ha foardat wy him earst sels hoegden te keapjen.” Mear earnst kin ek. Sa’t Aristoteles riddenearre, kinne in omslach en werkenning foarfalle yn ’e lêzer as dy, oars as by in stadich skolperjend romanferhaal, hiel fluch fan ûnwittendheid ta in à la minute ynsjoch komt. De feroaring bart yn wol it moed,‘Roundtable: Affect, the short story, and the cycle’, Journal of the Short Story in English 66 Special Section: Affect and the short story and cycle, and varia (2016) 163-213, al. 16-17 et passim, journals.openedition.org/jsse/1701, krigen 16 septimber 2019. mar út neurobiologyske analyses docht bliken dat moed in foarm fan kognysje is.

Fan de syklus fan koarte ferhalen is de iennichste karakteristyk dat de ferhalen tagelyk selsfoarsjend en ferweve binne. Al wurkje de ferhalen ûnôfhinklik, se wurkje ek meiinoar op en bringe dan wat fuort dat nea mei ien inkeld ferhaal slagget.Susan Garland Mann, The short story cycle: A companion and reference guide (New York etc. 1989) 15. It belang leit yn wat bard is yn de tuskenromtes, seit skriuwer Michael Chabon.Michael Chabon oer John Updike syn ‘Too far to go’, Laurel Graeber, ‘Keeping it short: A season of stories’, New York Times, 26 maaie 1991. De samling ferhalen yn in koart ferhaalsyklus is op sa’n manier oaninoar ferbûn dat de lêzer syn ûnderfining fan it iene ferhaal omfoarme wurdt troch de ûnderfining fan de oare.Forrest L. Ingram, Representative short story cycles of the twentieth century: Studies in a literary genre (De Haach / Parys 1971) 13. Underfining beynfloedet kognysje. It komt derop del dat it oerbrêgjen fan de grinzen fan it ferhaal-ûnder-hannen nei de ferhalen deromhinne in kognityf proses ymplisearret, dat oare literêre sjenres net op gong bringe. Resinte teory-ûntjouwing wiist benammen op it twaliddige betsjutting-meitsjen: troch de krêft fan it bysûndere likegoed as de ûntploffende enerzjy fan it gearranen, sa’t Jennifer Smith seit.Jennifer J. Smith, The American short story cycle (Edinburgh 2017) 5.

Van der Meer kin dus poerbêst plotte, ek as se dêr neat foar betelle krijt fan Fers2. Van der Meer tinkt ek net perfoarst dat in ferhaal sûnder sintraal plot makliker te hantearjen is;Ut persoanlike kommunikaasje fan Aggie van der Meer mei literêr tydskrift Fers2, 2017-2018. dat skriuw­kursussen graach koarte ferhalen dogge komt fan it fersin dat dy minder tiid frette as se oan it plenêr hifkjen ta binne. Mar in skriuwer kiest foar de koart ferhaalsyklus om’t hja krekt dy beskate fragmintearring dy’t hja skept en dy fertraagde gong dy’t de lêzer heakje lit, efter dy styl fan net-goed-oansluten dy’t him paradoksaler­wize oer de ferhaalgrinzen hinne lûke lit, brûke kin foar hoe’t hja de kognysje fan de lêzer, fan bewustwêzen fia waarnimmen oant tinken, stjoere wol. “‘Treast miskien, dat ek rotten spyt ha as se in ferkearde beslissing nommen ha,’ sei Mac, ‘dus…’ ‘Wat dus?’”

Dus de ferhaalsyklus is alhiel net samar in diffuze utering. Net­tsjinsteande dat hellen ek yn ’e Feriene Steaten koart ferhaal­syklussen selden de kanon. It nuvere oan it sjenre wie—“fansels”, seit James Nagel—net it idee fan in boek fol ferbinende karakters en tema’s, mar it oer de holle sjen fan de oerute grutte rol en de rykdom fan ’e koart ferhaalsyklus. De syklus bestie net inkeld al earder as de roman, mar woartelet yn ús âldste narrative tradysje. Want de oarspronklike syklus is in samling fersen of ferhalen om in bûtenwenstich foarfal of personaazje mei te besjongen. Ut dy boarne djipje Wu en Mac. Elk ferhaal pikt in faset fan har reis. De iere klassiken fan it sjenre smieten doe twa regels op: dat alle ferhalen in ûnôfhinklike episoade foarmje en dat der in ferienjend prinsipe yn sit, om ’e gearhing, mar ek foar beweging en foar tematyske ûntjouwing.James Nagel, The contemporary American short-story cycle: The ethnic resonance of genre (Baton Rouge 2001) 1-2. Sa ferwiist de ûneinige staasje wylde bisten yn Wu en Mac nei de minusjeuze rûtine, as yn it sirkus, fan wat wy frijheid fan lifestyle neame. “Wu is noch net oan in bison ta. Se binne dan wol op fakânsje en sels yn Dallas, of all places, en komt dan ek in sakeman net ûnwjersteanber op bisons?”

Ferhalen kinne har ferbine troch setting, ferteller of haadfiguer, teminsten ien protagonist út in ploech protagonisten, tema en styl. In minimale ferbining kin, salang’t dy mar dynamyk en fuortgong mooglik makket.Maggie Dunn en Ann Morris, The composite novel: The short story cycle in transition (New York 1995). Mar Ho Wu en Misty Mac is mear solide feriene. Wu en Mac binne beide fokalisators—troch har gesichtspunt wurdt ferslach dien fan it barren—en se binne mei syn twaen protagonist yn alle ferhalen. De setting wikselet sterk, mar is altyd in plak dêr’t de twa dramatis personae har sake-deals taride, slute, beklinke mei konjak, betreurje (mei konjak) en ûngenedich brekke. It ferienjende prinsipe lykwols, is de omgongstaal mei syn ynformele petearkarakter.

Krekt yn it fierde ferhaal komt de direkte rede yn ’e dialooch, neist de yndirekte dy’t bliuwt: “‘De âlde man fan Hemingway ha se der noch krekt yn begrave kinnen,’ seit Mac, ‘yn de snie op ’e Kili­mansjaro.’ Hat Wu wat mist?” Dy lêste fraach is ynienen rjochte ta de lêzer, as antysipearret de tekst op fragen dy’t dy stelle kin. “Eins al, seit Mac.” It effekt is it brekken fan de ferhaalmuorre dy’t de figueren deryn hâldt en de lêzer derbûten: de tekst giet in ûnferwachte relaasje oan mei de lêzer. Ek op oare manieren trochkrúst retoaryske tekststrukturearring it dialoochrealisme fan simpel en werkenber petear. De sinslingte is nearne monolooch-eftich, mar ritmyske werhellingen binne der planteit: “‘En de brân yn har lea,’ seit Wu. ‘En de brân yn har lea,’ seit Mac. ‘En de soarch om har fee.’ ‘En de soarch om har fee.’”

Dy ballade-eftige ferhaaltsjestyl fan de anonime swalkjende minstriel dy’t de lokale histoaryske foarfallen oraal it yn libben hâldt en moaimakket, it nijs as poëzy bringt, neffens it laits-en-trienresept, mei in mjuks fan religy en it boppenatuerlike, wykt ôf fan de high-brow koarte proazafiksje dy’t wilens opnommen is yn ’e offisjele literatuer. Dy is nammentlik net folksich of ‘bloggy’—dus ynformeel, persoanlik, ta de leave lêzer rjochte en anekdoatysk—en net langer ynferieur as imitaasje, werkenber sankje, simpel realisme of, sa’t Trinus Riemersma yn It koarte forhael seit, “Fryslân middenyn ’e wrâld”; dy erkende literatuer bestiet út bravoera’s foar “de literaire republyk Fryslân.”Trinus Riemersma, It koarte forhael: Yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu (Ljouwert 1977) 20, 16. Alhoe’t koart ferhaalsyklussen ek modernistysk binne yn har fragmintearring en postmodernistysk yn har eksperi­mint mei de tekst-lêzerrelaasje, Wu en Mac nytgje de autoriteit: se binne realistysk yn har beskriuwing.

Dêrfoaroer is der de mylde taal fan nostalgy. “As se har sêfte kanten ynsette, krekt op ’e tiid de klyster fluitsjen hearre of it Angelus yn ’e fierte, libje se even op.” Dy taal ûnderstipet in ferhaal­styl dy’t ynspilet op de omstannichheid fan moderniteit en dy’t lâns de skieden beweecht fan it no en it ferline. De taal fan longerjen nei eat dat ferlern is stiet yn kontrast ta businessman lingo, “It is mei saken as taks-rulings en lyksoartige dingen altyd wer in kwestje fan hurry or wait.” Sa’n dûbeltaal slút oan by wat Smith oanwiist as de funksje by útstek fan de koart ferhaalsyklus: it oerdragen fan “de histoaryske rotsoai fan libbene ûnderfining.” Just dêrtroch feart it sjenre op yn tiden fan maatskiplike omslach lykas yndustrialisearring, seit se. Yn sa’n kontekst ferget de syklus de “autentisiteit fan it histoaryske ferhaal”, en wol troch ferskate fertelperspektiven neistinoar en net-lineêre gronologyen te omearmkjen, en komplekse mienskipsbannen en sibskippenJennifer J. Smith, The American short story cycle (Edinburgh 2017) 5. (Sit. 1 út Paul March-Russell, The short story: An introduction, 2009, 111.)—is neef Fredrik wier famylje, fan Wu, fan Mac?

Lykwols—en alhoewol’t elk ferhaal altyd foar in part estetyk en in part etyk isDat ynsjoch giet werom op Plato, sjoch ek Teun A. van Dijk, Macrostructures: An interdisciplinary study of global structures in discourse, interaction, and cognition (Hillsdale / New Jersey 1980) 115 e.f.—is Ho Wu en Misty Mac net skreaun om it sede­preekjen, mar as keunst. Keunst giet earne oer. It ûnderwerp is hyperkapitalisme. De wearde fan winnen en gewin binne it tema: status en macht symbolisearre yn buorrel & sigaar, staljûn yn it efter sletten doarren bemuozze transatlantysk hannelsferdrach en mei de profesije fan wolwêzen opgnist ta sofisme. “[W]y binne sa al gelokkich genôch. Soenen se noch gelokkiger wêze as se wisten fan dy eukaryoten, frege Mac him ôf.” De noasje fan tradisjonele mienskip libbet, mar yndividualisme giet boppe. De wearden fan harmony, frede en natuerbehâld bestean wiswol, mar as privaat, bemachtige goed: “De fraach wie hoe’t in gnoe as Mac him hâlde, soe hy mei Wu op liuwejacht.”

Dat redusearjen fan minsklik ferlet ta in optelsom fan persoanlik lok, “Wit de trochsneed boarger, de túntsjesitter, de strjitsjefeier, wat dat opsmyt oan nij jild en ferlet fan jild, oan gelok en ferlet fan gelok?” jout disharmony yn in kultuer dy’t niis noch harmonisaasje fuortsterke. Op dy ruptuer slút de plotstruktuer oan; dy is net samar nonkonformistysk, mar doelberet tagelyk heldrjochte én mei in hiel soad lju meiinoar op it toaniel, heit, neef, de dames Vonk, mem, yn in dizige konstellaasje. De alwittende ferteller kin boppedat yn alle hollen sjen: “De nachtmuzyk naam Wu mei nei soargeleaze flakten, dêr’t nachtegealen songen en Mac tocht dat er wist oft er leaude.”

Fan dy ferteller komme de ferhalen as wenst yn ’e trije akten fan opset, konfrontaasje en berêden, dat is sa. Har paragrafen geane net yn folslein imbroglio mar ûntspand en frij gronologysk. Har foarfallen barre op in gaadlik stuit, “De dames Vonk soenen daliks net ‘Nee’ sizze. … It like har wol fredich, in pear dagen yn en om in datsja.” Ek bliuwt it heldepatroan fiktoriaansk garismatysk, nommel en ridderlik, “Wu nonsjalant mei de Súddeutsche Zeitung goed sichtber foar him op tafel, Mac, klear foar de catering en it betsjinjen fan it apparaat.” De hanneling is bêst ‘ienfâldich’, dus mei it yn it foarútsjoch stelde ein, meast in knypeach nei se libben noch lang en lokkich, “Stie er net moai op ’e foto? Ja, moai, sei Mac, jonger ek. Manliker ek, fynst net, Mac?”

Mar dat helpt allegearre net. It ferfrjemdzen fan de Wu en Mac-fabel sit yn it destabilisearjen dat ynherint is oan it sjenre fan de koart ferhaalsyklus. “Wu tinkt dochs net dat se ûnder it neilbiten it soer net krije kinne en dan hjir en dêr wat strûpen sette?” It kontinu opbrekken fan plak, tiid, natuerlike ritmes, sibben en tradysjes skeint de Fryske literêre ferwachting fan formele ienheid. Ho Wu en Misty Mac smyt dy ienheid yn diggels del.

Noaten

  1. Sjoch bygelyks Susan Lohafer, Reading for storyness: Preclosure theory, empirical poetics, & culture in the short story (Baltimore / Londen 2003) 35, 38.
  2. Trinus Riemersma, It koarte forhael: Yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu (Ljouwert 1977) 262.
  3. Edgar Allan Poe, ‘Letter to B―’, 1836; Idem, ‘Exordium to critical notices’, Graham’s Magazine, Philadelphia, jannewaris 1842; Idem, ‘Review of Hawthorne’s Twice-Told Tales’, Graham’s Magazine, maaie 1842; Idem, ‘The philosophy of composition’, Graham’s Magazine, april 1846; Idem, ‘The poetic principle’, Home Journal, rige foar 1850, nû. 36 (hiele nûmer 238), 31 augustus 1850, 1; en ferskate oare brieven en besprekken fan Poe.
  4. ‘Roundtable: Affect, the short story, and the cycle’, Journal of the Short Story in English 66 Special Section: Affect and the short story and cycle, and varia (2016) 163-213, al. 16-17 et passim, journals.openedition.org/jsse/1701, krigen 16 septimber 2019.
  5. Susan Garland Mann, The short story cycle: A companion and reference guide (New York etc. 1989) 15.
  6. Michael Chabon oer John Updike syn ‘Too far to go’, Laurel Graeber, ‘Keeping it short: A season of stories’, New York Times, 26 maaie 1991.
  7. Forrest L. Ingram, Representative short story cycles of the twentieth century: Studies in a literary genre (De Haach / Parys 1971) 13.
  8. Jennifer J. Smith, The American short story cycle (Edinburgh 2017) 5.
  9. Ut persoanlike kommunikaasje fan Aggie van der Meer mei literêr tydskrift Fers2, 2017-2018.
  10. James Nagel, The contemporary American short-story cycle: The ethnic resonance of genre (Baton Rouge 2001) 1-2.
  11. Maggie Dunn en Ann Morris, The composite novel: The short story cycle in transition (New York 1995).
  12. Trinus Riemersma, It koarte forhael: Yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu (Ljouwert 1977) 20, 16.
  13. Jennifer J. Smith, The American short story cycle (Edinburgh 2017) 5. (Sit. 1 út Paul March-Russell, The short story: An introduction, 2009, 111.)
  14. Dat ynsjoch giet werom op Plato, sjoch ek Teun A. van Dijk, Macrostructures: An interdisciplinary study of global structures in discourse, interaction, and cognition (Hillsdale / New Jersey 1980) 115 e.f.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15