name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Opiny

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.4, 24 febrewaris 2019

 

image

Boppe Jean-Baptiste Tuby, Le bassin d’Apollon, detail ‘baleine’; ûnder Mark Dion, skaalmodel fontein

 

De Starumer fisk fan Apollo

 

 

De sinne kaam, de sinne sonk,

’t lân bleau yn ’t stedske skaad.
Mar grutskens wreau in smeulend’ fonk
ta groulik plagiaat ~

As Jiskepûster fan it ryk
stint ûnbesjoen it lân
dêr oer dy frekte Ofslútdyk:
neat oan en deagewoan.

“Mar wy bin”, rôp ús Friezne wacht,
“op ierde dochs it sâlt.
Is dit lân net yn skier midsnacht
de ljochttoer oer de wrâld?”

“Wy hoeg’ gjin pronk dy’t oeral skynt,
gjin praal comme tout Versailles:
om’t thús himsels opnij útfynt –
wy bin gjin pappegaai.”

“Nea ninter masters slaaf gelyk,
har hymjend neierop:
hjir fiert triomf, hark: autentyk!
Al kost’ it my de kop.”

Elts rispe frucht waard uzes sels,
út Fryske boaiem sprút:
fidele mienskip, niks rebels,
fontein, mei fiskesnút ~

De sinne kaam, de sinne sonk,
neimaak waard net oer praat,
mar efter al ’t jûchhei dat klonk
sloech ’t fuotljocht djip syn skaad.

Aug 2018