De Wuttelhaven Del fan Steven de Jong

Essee

De Wuttelhaven del

tritich jier letter

Friduwih Riemersma - Fers2 5.17, 3 novimber 2019

In roman is in poppekast” wol “De skriuwer” yn in foaropwurdsje hawwe. Hmm, tinkt de lêzer. De roman giet út fan fertellen; en poppekast, dus drama, fan dialooch. In roman hoecht de figueren har tinken en gefoel net earst om te setten nei lûd utere praat om it te iepenbierjen. Romans brûke keunstmiddels, metafoaren, ferbylding, wylst drama de ûnderfiningen fan it libben direkt, sûnder skriuwer dertusken, sjen lit. Yn De Wuttelhaven del spilet de skriuwer just de haadrol. It is in roman mei in skriuwersurrogaat: in ‘fiktive’ skriuwer dy’t himsels mids it barren en de útlis wrot. Sa kin de begûcheljende skriuwer de lêzer twinge mei te gean yn syn opfetting, mei in lilkich: “Dy’t mient dat poppen minsken binne … dy hat … fan ’e realiteit [neat] begrepen.”

Dy ‘realiteit’ stie yn ’e kiif, tritich jier lyn. Yn it jier dat Steven de Jong syn De Wuttelhaven del útkaam, 1989, krige Anne Wadman de Gysbert Japicxpriis takend foar syn hiele oeuvre, dêr’t doe al in bytsje en hjoeddedei hielendal de autobiografyske essees—as iensume monoliten, soe de kultuerpessimist sizze—boppeút stekke. Yn 1992 krige De Jong de Gysbert foar syn autobiografysk-fiktive Wuttel­haven. De Gysbert dêrnei, yn 1995, gie opnij nei autofiksje, en wol nei Trinus Riemersma syn De reade bwarre.

It postmodernisme wie doedestiids al oardel generaasje lang klear mei ‘realiteit’. Us diskoers smiet kennis op, da’s alles, oer hoe’t nei 101.800 Nederlânskjoadske deaden it tradisjoneel Hollânske sosjale antysemitisme—dêr giet de Wuttelhaven sydlings oer—gewoan fierder giet, mei wat joadske lju ‘risjes’ neame, mislike bejegeningen sûnder polityk-antysemityske gefolgen, en oer hoe’t net Nederlân syn joadske befolking repatriearre hat, dat die it Reade Krús; Nederlân is net sa’n repatriearder, al bestride wy de ferliking mei de IS-gongers (soene se op it provinsjehûs wol teld ha hoefolle Fryske IS-ers wy ha?). As objektive werklikens al bestie, wie de minsklike rede net genôch om der de wierheid oer te ûntdekken. Wat wy de wiere werklikens neame is de útkomst fan machtsferhâldingen. Dy’t skreau dy bleau?

As om dat te bekrêftigjen sei de blurb op ’e earste printinge: De bêste Fryske “oarlochsroman”. Mar yn dy oarloch is de ferteller in bern. Dêrtroch spilet de Wuttelhaven op it slachfjild noch op it Fryske thúsfront. It sjenre is de ‘war coping novel’, al is der gjin feteraan. De Jong beskriuwt syn heit, in bekende Fries, dichter, toanielman en redakteur by de Ljouwerter krante en kollaborateur mei de Dútsers. De Wuttelhaven makket pynlik klear dat de soan net sasear lêst hân hat fan syn heit, dy’t er konsekwint, en wierskynlik mei rjocht, beskriuwt as knap, “Hy hie wat geniaals oer him” en in leave heit, as wol dat er lijd hat ûnder it Nederlânske swart-wyttinken oer goed en ferkeard yn ’e oarloch.

It wie in griis ferline, sei Chris van der Heijden yn 2001 en de wrâld wie te lyts. Doe’t De Jong mei syn boek kaam bestie it noch net dat ien sokke dryste bewearingen dwaan koe. De stream ego­dokuminten fan bern fan kollaborateurs moast noch op gong komme. De wurkploech Herkenning, yn 1981 oprjochte nei oanlieding fan psychiater Jaap Hofman syn boek De collaborateur, krige krekt yn 1995 oerheidssubsydzje takend; de bern fan ‘ferkearde’ Nederlanners bleaune fierhinne ûnsichtber. Ut in enkête yn 2002 die bliken dat 85 persint fan dy bern nei de oarloch earnstige psychyske klachten krigen hat en dat fan harren 85 persint profesjonele help socht. De measten hawwe lêst fan temin selsbetrouwen, trystens en eangst; guon besykje harsels tekoart te dwaan.

De earste boeken fan traumatisearre bern ferskine begjin tachtiger jierren. Lenie Bolle tsjut dy oan as praktyske ferslaggen, mar de earsten krije al dalik neifolgers en dy, seit hja, kieze in oare opset. Sy beskriuwe út it no wei hoe’t se weromsjogge op it ferline. De lêzer krijt in hieltyd better byld fan de skriuwer syn libbens­skiednis, trochdat de skriuwer de stikken ferline ôfwikselet mei oertinkingen yn it no. De striid is net striden, it ferline net teplak. It is in syktocht yn it ferline om ferklearringen, sadat de skriuwer in stânpunt oer syn âlden ynnimme kin, dat yn harmony is mei it gewisse. Der binne gefoelens fan skuld, skamte, lilkens en yn Wuttelhaven in alles oerhearskjende ûnmacht en eangst foar ûntmaskering. Dat is de karakteristike ferwurkingsliteratuer.

Tritich jier lyn sinjalearrren wy hoe’t ien ferhaalline de famylje goed in ieu werom trasearret en yn ’e oare in optochte figuer yn de earste persoan fertelt oer de mei gefoelens oerladen en etysk pynlike tastân dêr’t er yn bestrûpt is: “Mar ús heit wie in NSB-er. Jezus, dat past net yn in joadsk miljeu, dat rymt net.” Lykas faak yn bekentenis­romans is it in amper ferhoalen libbensferhaal fan de skriuwer sels. De boekbesprekken doedestiids giene dan ek foar in grut part oer ferskil en oerienkomst mei de akseptearre wierheid oer goed of ferkeard yn ’e oarloch en de blik wie op hokker lânferieders efter de fiktive nammen skûlgean. Se murken op dat de skriuwer him fertilde oan de komplekse fertelstruktuer, tradisjoneel gronologysk hie faaks better west, mar by eintsjebeslút wie it in debútroman fan in dichter en in dappere bekentenis boppedat; oer literêre pluskes en mintsjes waard net tefolle stroffele.

Efterôf docht dat, tinkt my, gjin rjocht oan de withoefolle knopen dêr’t de skriuwer foar stien hat om syn boadskip oer te bringen en dêr’t er in grut part fan trochhoud hat op in manier dy’t tritich jier letter like yndrukwekkend is. Derút kypt de kar tsjin in ‘gewoan’ bychtferhaal en foar Dichtung und Wahrheit. Tagelyk bliuwt de skriuwer by de kaairoman út de buert; iepenlik neamt er de nammen, lykas de Dútsk-tadiene kultueremansipator Douwe Kalma, en bringt er de bewizen. Passyf-agressyf skandaalûntbleatsjen of wraaknim­merij liket de skriuwer te selsbewust foar. Mei wissens is er betûft genôch om net samar te kiezen foar in sûkerlaachje fiksje oer syn bittere nonfiksje hinne, mar foar in komplekse ferhâlding fan realisme en antyrealisme. Dat krijt op in yn ’e Fryske literatuer unike manier stal yn in húslik poppeteater-eftich melodrama. Dêryn kin de skriuwer ús moraliteit foar syn eksistinsjalisme oer sette.

Want it gewisse, yn it doedestiids as slaad groeiende yndividua­lisme, hoe nimme jo dat yn ’e tange? Anne Wadman makket yn syn besprek de mylde kanttekening dat De Jong net in tûke kulturele kritikus is. Yndie tizet haadpersoan Eeltsje deryn om: “… de beskaving, it ideaal. Yn ’e oarloch is dat alles of neat. Nei de oarloch is dat puere kranksinnichheid, lit ús sizze in natuerferskynsel.” Mar de roman sels ûntjout wiswol nijsgjirrich tinken oer ûnrjocht of herfoarming fan struktueren. De haadpersoan, de fiktive skriuwer Eeltsje ‘Elias’ de Vries, komt der op de “ûnferjitlike” âldjiersjûn ’85 wrantelich yn. “Alles wurdt automatisearre en komfortabel mei tv en pils en it idee dat de dea noch desennia op him wachtsje lit, tidigje wy de alderlêste rotklap.” Nei de jierren sechstich is in persoan in frije morele ‘agent’, persoanlik oanspraaklik, de eigner fan syn foarút­gong en by in pûster is yndividuele oanspraaklikens, ofterwol eigen skuld, in stap nei heeljen—mar ús nije yndividualistyske konsept fan skuld giet foarby oan ’e kontekst.

Dêrtroch is der inkeld útstel fan de “klap”, der is gjin útlokjend ynsidint dat oantrúnt ta it ferwurkingsferhaal: alle dagen fan it deistich bestean binne like abnormaal en fersteurend as ien troch de kultuer persoanlik skuldich holden wurdt foar syn skuldgefoel. De sirkel is sletten. De Jong, of syn persona Eeltsje, komt dan mei in eksterne katalisator. De frou en hy sitte yn in tsiende-ieuske ridder­seal oan in Israëlysk koosjer miel, mei wyn “net te leauwen sa goed” en skoansuster Anoesjka yn in “prachtige griene jurk”, koartsein yn in transe-eftige steat, as kearde in giga tsiisstolp de Ljouwerter bûtenwrâld, mei de kastielhear, “Deef neame se him altyd”, as medium. It petear krûpt dêr’t it net gean kin. “Us heit haw ik amper kennen, in wrak dat net mear wurkje koe en ek in bytsje gek wie.”

Underweis nei de earste skimp fan heit moat de lêzer troch in deadlike eksposysje hinne. Langtriedige ynformaasje oer wat ûnder de “geast fan beskamsume hoedenens” skûlgiet, sûnden, deasûnden en histoaryske neatichheden fan it skaai fan twa Fryske patriargen, smoart de gong. In knappe stylist is Eeltsje net, “Al op 15-jierrige leeftyd kaam dizze heale wees yn it leger” en krekt op side 40 fan de 300 komt der súntsjes oan aksje. As tritich jier fideospultsjes ús eat leard ha, is it hoe om te gean mei ‘world building’: dalik sjitte op ’e antagonisten en weet fan har motiven en libbenswrâld krije jo geandewei wol. Mar yn de Wuttelhaven kinne jo dan op alles wol sjitte, dat is it punt: de antagonist dêr’t mei ôfrekkene wurde moat is just dat grutte ûnbegryplike, want ferswijde ferline. Opa koe net fan Sytske ôfbliuwe en likefolle hoe godsfruchtich en oransjistysk er wurdt nei it twongen houlik, dêrmei laadt er de flok op syn bern en bernsbern. Loftich siden omslaan is der net mear by.

Werom yn ’e notiidline stiet Eeltsje as learaar Nederlânsk foar de klasse. Dat Nederlânsk is symboal foar it gefoel fan kulturele minder­weardigens, “Wat Frysk op har Hollânske skoallen, in Hollânks kompleks yn har siel.” Al prate se Frysk op skoalle, it is in ûnmeilyd­sume minymaatskippij. It tiim sit hielendal net op ien line en ûntkent folslein syn eigen swierrichheden, sadat ien learaar dy’t op ’e psychyske râne wankele trochdraaid opnommen wurde kin en in oar deagean, sûnder dat immen yngriep. De aardige mar neuroatyske en bange Eeltsje, “Ik bin de risee fan de famylje. In bytsje abnormaal haw ik altyd al west. Famyljetik”, fielt himsels like ferlern en wanhopich tusken syn kollega’s as foar syn probleemklasse 1A fol “diveltsjes.”

As de modernistyske antyheld is er it gefoel fan kulturele stabiliteit kwytrekke. Derfoar yn it plak leit politike ûnwissens, “(myn frou is yn ’e polityk altyd op har bêst)”, en twivel oer de skiednis en seksuele frijheid, “allinne benepen geasten bekroadzje har der noch om oft ien it mei ien of tsien of mei tûzen froulju docht.” De man dy’t net heroysk dijt yn it meganisearre tiidrek ferynderlikt it thúslibben en it priveeryk fan de geast, yn “it selskip fan artysten”, en dreamt fan âlde kollektive myten. “Ik mimerje oer in fers, dêr’t it goede libben yn staljûn wurdt. Hoe kin ik de sfear fan dizze keamer, dit útsicht, dy einen, dy miezen, dy keale beammen en wetterdrippen ferivigje yn taalmuzyk?” Sa follet notiidline him mei ynderlike monolooch fan Eeltsje oer syn iroanysk delsjen op de eigen oerjefte, frustraasje en absurditeit, yn it besef fan it missen fan anargy en enerzjy om fierder nei in nije maatskiplike konstellaasje, al is it mar yn klasse 1A.

Eeltsje syn tsjinhinger is de tradisjonele held dy’t noch grutme, graasje, macht en sosjaal súkses hie. Yn heal-iroanyske hyperboalen is er delset as de romantyske, ferljochte superheld fermomd as selsmakke man: in flaterleaze, snobistyske oankrûpjoad mei ferbjusterjende lykmjittigens fan tinken en dwaan, David ‘Deef’ Kingma. Op ’t earste gesicht is dat in koadenamme foar de bibelske kening David. Mar Deef is fan betinken, “Jim heit, in bêste man, hat noch noait immen ferret”, en foar psychopaten as Hitler hoege jo net bang te wêzen; dat moatte jo foar de lju dy’t allinne nei har eigen unifoarm sjogge, “lykas opa Van Haelen.” Ferskate kearen komt Deef derop werom dat de selssuchtige idelheid fan “opa” folle ymmoreler is as de prinsipjele kar fan de kollaborearjende heit. Boppeneamde Jaap Hofman sitearret yn De collaborateur in psychiatrysk saak­kundige by it nei-oarlochske bysûnder gerjochtshôf yn Amsterdam. Dy konkludearre dat guonlju ûnderdûkers en fersetslju ek feretten “sûnder ynfielbere reden.” Oan ’e iene kant hiene se in bûtenwenstich ferlet om har gefoel te belibjen, oan ’e oare kant soene se net by steat wêze har oan in partij te binen troch har selssucht, egosintrisme en idelheid.

De hôfman Deef hâldt yn syn kastieltún bargen: in mear ferleske joadsheid bestiet hast net. Dochs fiert de ferteller antysemitisme op yn syn skoalle, dêr’t de brêgeklassers Sal en Tamar Kingma it mikpunt fan binne. Se hawwe grutte brillen op en helje hege sifers. Yn in hok fol tolvejierrigen is in antysemityske tendins amper in oannimlike ferklearring dat guon bern der wat út lizze, mar de betrouberens fan de ferteller stiet net fêst.

Ommers, de lêzer wit al dat it kastiel net bestiet, of it moast wêze as ferhaalramt of pop-up teater. En/want is it net apart dat Eeltsje, dy’t stribbet nei sljocht en rjocht, gjin spoar fan krityk hat op de dekadinte libbensstyl fan Deef en it feit dat dy, mei al syn kwaliteiten, likemin de stap nei kulturele fernijing set. Eeltsje fielt him noflik minderweardich. As er ien net lije mei mar it superego seit dat in hekel hawwen ûnakseptabel is, lost er it op troch te tinken dat de oar him net lije mei. Of hy ferpleatst syn rottich gefoel en wierret dat út op in ferfangend objekt, syn dichtwurk, dat er feitlik dochs net woe of koe. Eangst is it deistige sear dêr’t de haadpersoon ûnmachtich is om oan te ûntsnappen: hy moat pisje, kin it net ophâlde, hy kin net foar syn klasse stean bliuwe mar moat nei hûs ta, as ien in galge op syn boerd tekene hat mei de namme Sal derûnder.

Mar Bauk, Eeltsje syn frou, dochter fan in fersetsheld—tafallich neffens Eeltsje—en in gefoelige pasifist yn in foar har man geweld­diedige tiid, wurdt troch Deef fuortset as “dat stomme wiif.” Se miende dat se opkomme moast foar de alâlde ‘oar’, ynstee fan dy oar net langer as ‘oar’ te sjen, ha! Hie ús lânsbestjoer nei de befrijing net besletten gjin rekken te hâlden mei de oarsaak fan de desimearring fan ús joadske befolking en om, se binne gjin Dútsers, de joaden net te diskriminearjen en har dus ek net better te behanneljen as oaren, al ha oarloch & besetting har op alle manieren mear eftersteld as de oare Nederlanners? It is net dat Bauk nettsjinsteande har goede bedoelingen de stap nei in bettere morele kultuer net sette kin; Eeltsje moat alle stappen sels sette. Tenei krijt Bauk itensierdersresepten fan Deef. Bûten de keuken wurdt har personaazje net útwurke.

Wilens yn de doetiidline ha de Dútske autoriteiten oan heit, Doede Haaies, de haadredaksjepost fan de lykstelde Ljouwerter krante oanbean. Doede hat it marxisme, psychology, skiednis ensafuorthinne bestudearre, is in súksesfolle toanielskriuwer en betûfte sjoernalist en wit oeral fan ôf. Hy fielt al hiel lang dat god him in spesjale ropping tatocht hat yn it bewarjen fan de Fryske folkskultuer. Hy wit ek al in skoft dat de Dútsers stikken mear respekt hawwe foar de boeregrutskens as Amsterdam en De Haach. Dochs bedarret er yn in—melodramatyske—wrakseling tusken goed en kwea. Dan komt syn frou Jildou, de dochter fan de idele Van Haelen deryn en hja stipet Doede ûnwjerlisber yn syn nasjonaalsosjalistysk engaazjemint. Dat sil se hieltyd opnij dwaan: “Lokkich stie yn alles wat er woe Jildou achter him.” Doede neamt himsels no “antysemyt tsjin wil en tank.”

Ringen set de delgong yn. Doede rekket sawat blyn troch in fierstente hege bloeddruk en buorket wol wat foarút mar wurdt net wer de âlde. It húshâlden wurdt skoudere troch de buorlju, de bern wurde pleage, fûsten wurde skodde. Jildou mient in oanslach op har hate man ôfkeare te kinnen troch in fersetsstrider te ferrieden, wat de haat noch sterker makket. Jildou hat gjin oar antwurd as de bern mei nei tsjerke te nimmen yn militêre pakjes. Broer Haaie sit by de jeugdstoarm en giet no nei de militêre oplieding yn Falkenboarch, mar wurdt nei in pear wiken weromstjoerd want se kinne neat mei him. In ploechje jonkjes huft Haaie en Eeltsje, dan 11 en 9, yninoar. Se moatte roppe dat Hitler en har heit rotsakken binne; heit en mem ha gjin begrutsjen en sizze dat se fûler fan har ôfbite moatte. Jildou lêst foar út ‘Moeder vertel eens wat van Adolf Hitler’, mar Haaie is skitersbenaud, lijt wilens oan nachtmerjes en sjocht fjoer en keardels dy’t der net binne. Dan komme de twa tiidlinen byinoar. Doede wurdt oppakt en finzen set yn Erikadoarp. “Myn positive gefoelens foar ús heit waarden yllegaal,” prakkesearret Eeltsje. “Noch letter hie ik der skuldgefoelens fan. Doogde iksels wol?”

It ferhaal is no út, ôfwikkele mei in befredigjende slotaksje, nammentlik it bestraffen fan de kollaborateur, en der is—krekt—genôch útlis om de lêzer foldien efter te litten. Dochs nimt de skriuwer in sechsde part fan it boek om, om sa te sizzen, de bliedende strider fan it slachfjild ôf te slepen. Dat konfliktearret mei it sjenre fan oarlochsroman en de boekbesprekkers sette in fraachteken by de fyftich ekstra siden dy’t alle plotlinen neirinne en alle spilfigueren folgje, hoe’t hja feroare binne troch de striid, hoe’t har libbens ferrinne oftewol wat it gefolch is fan de kar dy’t se makke hawwe; giet dêr net just de notiidline oer? Boppedat hellet dy kwasyepilooch de ûndúdlikheden en stridichheden der net út: spilen ideologyen wier wol in rol?

Want it antysemitismegefal bliuwt yn ’e loft hingjen: “De bern ha in net te ferklearjen hekel oan de Kingmaatsjes.” Wy komme net mear te witten oer wêrom’t de skoalle fan de twa bern ôf wol as “dy bern binne net wend har yn ’e groep oan te passen.” Dus wêrom fielt Eeltsje him ferplichte te sizzen: “As ik konsekwint bin, moat ik tajaan, dat in pear ûnûntwikkele, sis mar domme en bedoarne bern de baas op skoalle binne. En dy binne tafallich anty-joadsk.” Dat is just ynkonsekwint—behalven as Eeltsje it hiele antysemitisme projek­tearre hat út syn eigen eangst wei om ûntdutsen te wurden as de soan fan de “antysemyt tsjin wil en tank.” Dy eangst lôget alle kearen op as Deef en de frou delkomme, of skilje, of Eeltsje en de frou útnoegje. Mar hoe’t nettsjinsteande dat de sa ferskillende karakters, de man fan ’e wrâld en lieder fan in kibboets fol folgers njonken de ûnopfallende learaar oan in kristlike provinsjeskoalle, ynienen sa hecht befreone reitsje, komme wy ek net te witten. It meast riedsel­eftich is wol, nei’t Eeltsje in skerp byld skoepen hat fan syn âlden as lju dy’t hiel goed wisten yn watfoar krêftespul hja hannelen, de “Moraal: wrâldfrjemde idealisten as Jildou en Doede Haaies krije smoarge hannen as it de echte haaien fan it spul sa útkomt”, en útlis komt der net.

Oan ’e oare kant ha wy it beslutende part wol in rommelich restant materiaal neamd, mar efterôf sjoen ha wy eartiids mist hoe’t elke hanneling dramatysk ekspressyf wie: dy sleat in stik ferhaal ôf, mar skoep dalik in nij obstakel dat ta fierder hanneljen twong. Dat obstakel komt faak mei in melodramatyske utering, lykas “de ferliezer hat altyd alles ferkeard dien en krijt oeral de skuld fan. Dat sil noch jierren sa duorje.” Dat is in non-dénouement—logysk, sjoen in ûnderwerp. It is nea klear en oer. Yn sa’n struktuer kinne losse ferhaaleinen neistinoar bestean, dy’t har ûnkoördinearre ûntteare, dynamysk en libben. Har bloggy styl avant la lettre is in essinsjele omkear, nei de haadstikken fol benearjend—en faak ek saai en foarsisber—ynderlik praat. Losse einen hoege net mear eliminearre. Eeltsje syn ferhaal is no organysk, grappich anekdoatysk, yntelligint en natuerlik. Boeregrutskens is wer ûnskuldich: “De Ljouwerters prate gjin Frysk mar Ljouwertersk … . Se binne dêr wakker grutsk op en fiele har hiel wat mear as de boeren om har hinne.” It ferynderlike konflikt is feruterlike. Ut alles blykt in skriuwer dy’t behearsking hat oer alle poppen yn syn poppekast.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15