name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Poezij

Friduwh Riemersma Fers2 nû. 5.14, 26 septimber 2019

 

image aggie van der meer

 

Eare oan Aggie van der Meer

dy’t de Gysbert-Japicxpriis fertsjinnet

 

 

 

 

Mids de weitenbrogge op in goeie dei

En âlde rom en rop dy’t komme mei
Dit skoft: jo pinne del en stil yn’t lân,
In pommerant mei blommen yn ’e hân,
Wylst gânsklik Fryslân fiert jo belletry,
Jo folkskmorele mearen fan distiid.
Sa, mei in seine plot en lokkich ein,
Ha jo de heechmoed fan ’e macht ferslein,
Flachfierders har yllúzje fan ’e pracht;
Jo stien’ yn minske appelhôf op wacht,
Spûnen har wol en hûden ta ien trie,
Sa ryk en tagelyk sa ivich wier.