image

Ekstra!

Ensafh mei net omfalle, da’s alles

Friduwih Riemersma - Fers2, 20 maaie 2018

It is in frije wrâld. Literêre krantsjemakkers meie literêre krantsjes útjaan dêr’t hja har eigen smaak fan literatuer yn sjen litte en har ideeën by optinke en opinys oer fentilearje, hielendal sa’t sy it yn ’e holle hawwe. Oan ’e oare kant is net alles de muoite wurdich of gaadlik, of op syn minst akseptabel. Dan moat der kritisearre wurde. Net langer omspane by de filmstjer/keningshûs­brulloft (de tút hie ik nammers al mist om’t ik speurde nei de trije Hong Kongske Umbrella-aktivisten dy’t neamd binne foar de Nobelpriis foar de frede; wêr sitte se?) mar mei it reade poatlead troch Ensafh jiergong 10 nûmer 2 hinne.

It nûmer is opnij 64 siden en wurdt as fan âlds opfolle mei yllustraasjes. Ek fierder is der neat oars as oars, of it soe wêze moatte dat der wat mear folprinte siden binne as gewoanlik, oant wol 400 wurden de side. Wol falt op dat Ensafh gjin unifoarme typesetting hat foar it skieden fan alinea’s, yn it iene stik bart it mei wytrigels, yn it oare mei ynspringen, faaks is dat nij, faaks ek hat de opmakker it net sjoen.

It ‘Redaksjoneel’, fan it lêste nûmer fan 2017 ôf net mear skreaun troch André Loaijenga mar troch haadredakteur Piter Boersma, is der net begrypliker op wurden. It begjint mei te sizzen dat yn dit nûmer it Fryske proaza tema is en einiget nei sa’n 250 wurden mei it oankundigjen fan Deenske poëzy fierderop yn it nûmer. Tuskentroch wol it Redaksjoneel ha dat de Fryske poëzy “better oanskreaun” is as it proaza. Ynstee fan dat te ûnderbouwen, ferwiist Boersma nei it Redaksjoneel út it nûmer derfoar, dat er ek sels skreaun hat en dêr’t ek in útlis of ûnderbouwing mist. Better oanskreaun betsjut dat beskate lju it in beskate wearde jouwe. Ferkeapsifers soene as “graadmjitter” meitelle by it oanskreaun wêzen fan proaza en net fan poëzy—dat stiet ek yn it Redaksjoneel fan nûmer 1, dat it moat wol sa wêze—en dêrom, lakredenearret it Redaksjoneel, helpt mear boekferkeap inkeld it proaza foarút. No komt Ensafh deryn, giet it Redaksjoneel fierder. Hedwig Terpstra hat fraach­petearen dien mei Fryske boekbelutsenen. Want in skoftsje lyn hat de provinsje Ensafh opdracht jûn om “stikken te produsearjen” oer “de stân fan saken” oangeande de Fryske literatuer.

Dat sit oars. Begjin oktober 2015 fong It Skriuwersboun op ’e dyk op dat it min gie mei de Fryske literatuer en dat provinsje swierder ynsette woe op kommersje, boekferkeap, en foar de útfiering fan in beliedstariedend ûndersyk nei de “tastân fan de Fryske literatuer” yn petear wie mei Ensafh en de Moanne. As Skriuwersbounbestjoerder haw ik doe frege fan wêrom binne wy net op de hichte steld, lit stean derby belutsen. En wêrom is der ferlet fan in ûndersyk nei eat dêr’t it antwurd al op jûn is? Ut de petearen mei Piter Boersma en Ernst Bruinsma kaam net folle. Provinsjaal kultueramtner Harmen Akerboom wist nammerste mear.

It gie net sasear om ûndersiken as om jild. Yn it kultuerrampjier 2012 woe steatssekretaris Halbe Zijlstra de subsydzjes op literêre tydskriften hielendal ôfskaffe. Letterefûns-direkteur Pröpper seach 50.000 euro beskikber te hâlden, benammen foar de oerstap fan papieren tydskriften nei digitale. Ensafh krige dus fan 2013 ôf gjin tydskriftesubsydzje mear fan it Letterefûns, mar ‘transysjejild’. Dy transysjesubsydzje wie tydlik, feitlik mar foar in jier. Hy wie oan Ensafh útkeard yn 2013, mar om’t Ensafh noch altyd krap by kas siet opnij 2014 en om’t de finansjele swierrichheden net oplost wiene ek wer yn 2015, mar nei trije jier moast de transysje klear wêze. Betocht is doe dat Ensafh wol wat ûndersykje koe en dêr ekstra jild foar krije, boppeop de provinsjesubsydzje. Want, sei Akerboom, Ensafh mocht net omfalle. Ensafh mei net omfalle om’t it it bewiis fan goed gedrach is foar de Ried fan Europa dy’t, mei syn minderheidstalehânfêst, artistyk wurk skreaun yn it Frysk promoatte ha wol.

Sadwaande docht it der net ta dat it meastepart fan de publisearre fraachpetearen—de produsearre stikken—út 2016 binne en ferâldere en net mear relevant om’t yn 2017 de Afûk de boekpromoasje fan Tresoar oernommen hat en de funksje fan provinsjale literatuerfuortsterker opheft. Piter Boersma hat ferlet fan jild en de provinsje fan in rjochtfeardiging fan ’e steatsstipe, da’s alles.

De fraachpetearen mei boekhannelers binne min om’t Hedwig Terpstra in minne sjoernalist is. Hja hat gjin doel foar eagen, gjin stúdzje dien nei de eftergrûn fan ’e interviewees, gjin feiten en sifers en eardere útspraken paraat en gjin idee dat jo freegje moatte fan wêrom, hoe, wannear dan en hoe’t it komt dat oaren der hiel oars oer tinke. Mar benammen falt op dat de stikken net oer proaza gean. Dat komt om’t Piter Boersma yn 2016 noch net wist dat yn 2018 in Ensafh it tema proaza ha soe. Wylst it ‘ûndersyk’ fan de provinsje, neffens it Redaksjoneel, fokust op de “ynfrastruktuer”—i.e. alle tsjinsten en systemen dy’t it resultaat, dus boekferkeap, mooglik meitsje—is de konklúzje fan Terpstra dat de ferkeap profesjoneler moat: asjeblyft Afûk!

Lêsten lies ik op in skriuwersblog alarmearjend nijs. Noch hieltyd dogge amateurskriuwers mei oan sabeare skriuw­wedstriden, dêr’t yn werklikens alle ynstjoeringen yn ’e winners­blomlêzing opnommen wurde, om dy blomlêzing te ferkeapjen oan safolle mooglik famyljeleden fan ynstjoerders; yn Amearika kinne jo fan dy oplichterij libje. Soks ha wy hjir net, tocht ik. Mis. Wy hawwe Ensafh.

It “allergelokst wer nij proaza” fan Sipke de Schiffart is min. Hy kin folle better. Wêrom hat net ien fan ’e alve Ensafh-redakteuren sein dat yn de plot de struktuer mist, der yn it ferhaal amper aksje en dialooch sit om it libben te meitsjen, dat de werhellingen, lykas it om de heale side net-toskboarsteljen, net opbouwe ta in klimaks, dat de standertkarakters saai binne, en dat it allegeduerigen brûken fan ’e doetiid gjin aardich eksperimint is, mar de garânsje dat jo de lêzer net berikke. De lêzer is nammentlik krekt alert as eat konsekwinsjes hat yn ’e notiid.

Wat de besprekken oangiet, de goede besprekker, dus de analytyske besprekker, moat wat ôfwitte fan it ûnderwerp. Jo moatte wat witte fan it Brenninkmeijerymperium en de deals nei de nazis as jo Aggie van der Meer har Anna besprekke. Want dêr giet it oer. En dêr binne oare boeken oer skreaun. Dêr’t de besprekker mei ferlykje moat. Witte jo der neat fan, dan bliuwe jo stykjen yn middelbereskoalle boekferslaggen, oanfolle mei, ynstee fan in boekbeoardieling, resinsjeklisjees lykas “flotte pinne” en “organysk gehiel.” Mar benammen ûnakseptabel is dat de besprekkers, Geart Tigchelaar en Meindert Reitsma, net dogge wat in sine qua non is foar in besprek: fertelle wêr’t it boek oer giet en fertelle hoe’t de skriuwer syn ûnderwerp behannelet. “De nijste roman Anna fan Aggie van der Meer is wer in echte ‘Aggie’”: wat is in echte Aggie? “It boekwurk is oankundige as de Fryske Dan Brown. Jo witte wol, dy Amerikaanske skriuwer”: (as wie der mar ien Amerikaanske skriuwer op ’e wrâld) mar nee, ik wit it net. Folle slimmer noch is konkelfoezerij as: “Treflik typearje de mannen (sic!) myn âld-dosint Aldfrysk Oebele Vries.” Om te witten wat de auteurs dogge mei har ûnderwerp moat men ta it befoarrjochte akademyske fermidden hearre, is it boadskip fan it besprek.

It artikel oer de keunstnerbeweging Dada is goedbedoelde mar begrutlike reklame foar de kulturele haadstêd. It tilt op fan de flaters. Sa soe Dada ûntstien wêze yn 1917, stiet yn de twadde sin; it wie yn 1916, oan de Somme. Dalik dêrnei is der it fersin oer wat nihilisme ‘is’; dat is dat Dadaïsten leaver neat seine dat hillich wie—dat is dus nihilisme—om’t dêr groulike oarloggen út fuortkomme kinne. Dada wie fanatyk antynasjonalistysk en antyessinsjalistysk. Efkes fierderop soe Dada him ferspriede oer Europeeske stêden—knipeach nei de Blokhúspoarte—mar de Feriene Steaten, Latyns-Amearika en Japan lizze net yn Europa. De name-dripping ferfrjemdet dêrnei de lêzer definityf fan it stik. Foar wa is it feitlik skreaun? Foar wa’t noch mei Duchamp—in deade keunstner—en Sartre—in deade filosoof—tikkeboarte hat?

Dat wie dus it proaza. De lêzer sûnder foarkennis wit net wêr’t it oer giet. Mei de lêzer fan bûtenôf wurdt gjin kontakt makke. De lêzer dy’t nijkomt wurdt net ynljochte. Ensafh is der foar in insiders-klupke. Sa’t it liket is dat foar gjinien in probleem. As Ensafh mar net omfalt. En Sina blykt lilk en tsjin de Nobelpriisnominearring fan de Umbrella-aktivisten. En keningspearen meie net tútsje yn tsjerke, mar bûtendoar kinne se tútsje wat se mar wolle. Sa.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15