image De koma-korrektor Baukje Zijlstra

Besprek

Feteraan finzen yn ’t ferhaal

De koma-korrektor fan Baukje Zijlstra

Friduwih Riemersma - Fers2 5.20, 15 desimber 2019

Ik sil earlik wêze. Witst wêrom’t ik hjir dochs sit? Ik wol witte hoe’t it ôfrint, wat it echte ferhaal wie, wat der eins bard is dêr yn Yndonezië”, iepenet de ferteller. “Gjin ynterpretaasjes, gjin skiedkundige oertinkings, net mei de wittenskip fan letter (…). Gewoan sa as it wie, (…) de tiid datsto as militêr yn Indië sietst tusken 1946 en 1948.” Net allinne wurdt dat tasizzen dalik brutsen mei in siden fol skoalboekkennis—de ûnbetroubere ferteller is in spannende stylfoarm—ek bestie yn 1948 Yndoneesje hjir net. Want dat wie de namme fan de ûnôfhinklike steat dy’t Nederlân krekt ûnder krêftige ynternasjonale druk yn 1949 erkenne woe: dêr, yn it beethâlden oan ‘ús’ koloanje, bûge of barste, leit de grûn foar alle ‘wiere’ Ynjeskriuwerij.

‘Gewoan sa’t it wie’ is oan ’e iene kant in hânfol trivialiteiten: wat docht it derta. Oan ’e oare kant, feteraneboeken binne dan wol triviaalliteratuer, mar typearjend dêrfoar is, oars as foar literêre romans, it skynbere skeppen fan in akseptabele werklikens. De skiednis glêdstrike liket de reade trie yn feteraneboeken út Ynje. Ekstreem geweld waard sa’n soad brûkt dat dêrút blykt dat it foar de Nederlânske legerlieding akseptabel wie en net ‘ekssessyf’: de ‘Eksessenoata’ fan 1969 krige in misliedende namme. Wol feroar­diele de noata de militêren dy’t tusken 1945 en 1950 yn Ynje fochten hiene ymplisyt of eksplisyt fan oarlochsmisdieden. Fan gefolgen is de organisaasjegraad fan Ynjefeteranen heech—yn 2017 wiene der noch 13.000 yn libben, it tal giet no hurd omdel troch de hege âldens, ein tachtich, begjin njoggentich—en har ferdigening is manifest yn in fracht boeken. Dy fertelle ûnferoarlik it ferhaal fan tempo doeloe, leafde foar de keninginne en miskenning. In humane Jan soldaat woe it ynlânske folk beskermje tsjin terreur en waard doe sels it slachtoffer fan politike masinaasje. In nij Ynjefeterane­boek komt der net foar nije byldfoarming, mar foar befêstiging.

Opmerklik oan Ynjeliteratuer, seit Hannah Wolff yn har bibliografy fan feteraneboeken, is de “polarisearre emoasje” yn it foaropwurd. De koma-korrektor is in spoekskreaun feterane­boek—“We wienen oars sa moai op wei mei ús boek”, mei dýn boek”—en hat sa’n ambifalint wurd foarôf. In ‘koma-korrektor’, stiet deryn, is eat óf immen dy’t óf in ôfwikend bewustwêzensnivo fan in organisme (net wekker te skodzjen), óf gongbere byldflaters by it mjitten fan in anorganyske struktuer (komeetstof) ferbetteret. Dus de flaterferbetterder bestiet doelberet en mei oertinken, net of just al om te litten ‘gewoan sa’t it wie’? De ferklearjende wurdlist efteryn, mei belanda, kampong, selamat makang en pelopper is in twadde eigenaardichheid fan Ynjefeteraneboeken, seit Wolff. Om’t dy boeken gewoanlik net skreaun binne foar it grutte publyk mar foar de eigen krite, dy’t de Maleiske wurden al ken, nimt Wolff oan dat it it neamen en werheljen derfan in emosjonele wearde hat: in “drang naar instandhouden van de groepsbinding (“onze jongens”).”Hannah Wolff, ‘Veteranenboeken: Een analyse van de uitgave van memoires, verhalen en herinneringsbundels van Nederlandse militairen. Met bibliografie 1945 - 2018’, Masterscriptie Boekwetenschap en handschriftenkunde’, Universiteit van Amsterdam, 7 maaie 2019, 53-54.

As Betty—in uniseksfoarnamme, it bliuwt a-gender oant side 21!—heit hantlanget mei it op papier krijen fan syn smoute Ynje-anekdoates tinkt se der net oan dat heit wolris behelle west ha kin by it grutskalich mishanneljen, marteljen, ‘stânrjochtlik’ ekseku­tearjen en kampongs platbaarnen. Dat feroaret as âld-korporaal Siemen krekt foar’t syn manuskript klear is yn koma rekket en tsjinstmaat Jappy it kaaiwurd ferskrikkingen falle lit. Mar heit hie militêre finzenisstraf hân foar ynsubordinaasje: hie er miskien in befel wegere ta wreedheden?

Moast tsjin dyn heit prate, trúnt de sikehûsferpleging Betty oan. Se sizze der net by dat wat de bewusteleaze harsens helpt om wekker te wurden en genêzing te ferhaastjen, de stimmen fan dierberen binne, as dy de ferhalen werhelje dy’t opslein lizze yn it lange termynûnthâld fan de pasjint. Sa begjint komysk wrantelich en kiezzich in monolooch tsjin “dy”, “heit”.

it kin my neat skele, ik sil krekt salang wachtsje as nedich is, yn dizze keale keamer mei de detonearjende reade tulpen yn it finsterbank.

     Eins wit ik net iens wêr’t dy tulpen weikomme, wa’t se dêr delsetten hat. Tulpen yn novimber, wa betinkt soks? Ik sjoch se ynienen oeral: reade, wite, giele. Wêr moatte we dan aanst noch bliid mei wêze yn maart, april? Prematuer, sa hjit soks.

In echte koma is net grappich. De prognoaze is gewoanlik binnen 24 oeren bekend en dy is hast altyd min. De helte is binnen in moanne dea. Fan dy’t oerlibbet hat hast elkenien ûnthâldsteurnissen en is in fierde part ferstanlik beheind. Yn De koma-korrektor hat de ferteller hielendal gjin noed oer de komplikaasjes fan koma, útsein dan de ferfelende sikehûsbesites oan har heit, it stjonkt dêr nei dettol. Har broer fielt gjin ferlet om syn moannenlange wurk­opdracht oan de oare kant fan ’e wrâld ôf te brekken en nei heit ta, sels net as heit lest krijt fan direkt libbensbedriigjende sympatyske stoarmen. De koma sûnder sloop, deadlikens of ek mar in oarsaak is in ‘convenient coma’. Dy tsjinnet op teefee om in akteur efkes út de searje te skriuwen of, yn it ferhaal, sadat it geheim dêr’t de ûntdekker te tichtby kommen is net ûntbleate wurde kin. Yn sa’n koma dreamt de pasjint aloan—yn it echt kin dat net—en begjint it wekker wurden by de eagen of fingers. Dat is net samar; dat stiet foar aktyf harsenlibben. “[D]an stel ik my foar dat ik dy hinne en wer skodzje, krekt salang oant der wer wurden út dy tefoarskyn komme, wurden en foaral: antwurden.”

Tsien jier lyn fleagen de media út de bocht mei sensasjoneel nijs oer in Flaming dy’t 23 jier lang by bewustwêzen, dus uterstee net komateus, ‘finzen yn syn liif sitten’ hie. Nei in motorûngemak wie er yn koma rekke en weisakke yn in post-koma bliuwende fegetear­jende tastân. Alle kearen dat de dokters besocht hiene om him op in prigel reagearje litten hie er him sa oansprekber holden as in blomkoal yn in rolstoel. Mar syn mem leauwt dat net langer. Harsens kinne stadich hielje en hja freget om nij hifkjen. In romrofte koma-ekspert fiert de harsenfunksjeûndersiken út, fMRI-scans, MR-spektroskopy, en dêrút docht bliken, neffens de parse, dat de harsenfunksje sa goed as yntakt is. Optein hellet de famylje in oanpaste kompjûter en mei stipe fan in spesjale helper kin de Flaming kommunisearje fia in letterboerd. Twa desennia lang hie er troch syn earnstige ferlamming de hân hielendal net brûke kinnen, syn eagen stean net yn line of se falle ticht en dochs tikt er in ein hinne. Al dy tiid hat er wekker west. Hy hat raasd yn syn holle. No fielt er him opnij berne. Syn wiisfinger sjit oer it boerd—as de fasilitator syn hân mar beet hâldt.

Dat is it knyppunt by facilitated communication: de fasilitator, oftewol koma-korrektor, docht it kommunisearjen, net de pasjint. “We ha noch noait sa’n soad mei-inoar praat as de lêste tiid, do en ik. No ja, oant no ta praat ik allinnich noch mar fansels.” De optekene monologen meitsje mar in lyts part út fan de polylogyske brieveroman—spitich, want mei har pregnante do-foarm binne se de sukade op ’e ranjekoeke. Dêrneist moatte âlde briefkerij, emails fan twa kanten, fraachpetearen, Google-feitsjes, argyfstikken, oare dokuminten, dreamnotysjes en narrative fan in alwittende ferteller yn De koma-korrektor wierbarde (auto)biografy foarjaan: ’t wie werklikens. Werklikens kinne wy lykwols net sjen.

Yn maaie 1989 yn de Toskaanske stêd Grosseto komt in Napoli­taanske frou mei schizofreny yn it sikehûs. Se kinne har dêr net behannelje en beslute en bring har werom nei Napels. It sikeauto­personiel freget wa’t signorina dy-en-dy is, sjocht in frou mei har jas oan op de râne fan in bêd en nimt har by de earm. Op dat stuit rekket se yn akute psygoase. Se akselet tsjin, begjint te razen en der is depersonalisaasje, wat in ûnmiskenber symptoom is fan psygoase. Se krijt in sedearjend spuitsje, wurdt yn de sikeauto fêstlein en se giet op paad. Mar by Rome keart de plysje de sikeauto. De sikebruorren moatte net nei Napels, mar omkeare, nei Grosseto. De frou op de brankard is gjin pasjint. Se is in bewenner fan Grosseto dy’t op sikebesite wie. Se hie adekwaat reagearre mei ferset doe’t se oan ’e earm meinommen waard, se hie har útjûn foar in oar as de pasjint—depersonalisaasje—om’t se in oar wie; mar alles waard útlein as schizofreny. Wy ha dus te krijen mei twa realiteiten: de keale persepsje, nammentlik alle gewoane minsken sille sizze fan yndie, ik seach in skreauwende frou, folslein oerémis; en de attribúsje. Attribúsje is de betsjutting of wearde fan wat wy sjogge: dy werklikens is konstruearre en hinget gear mei wat wy ferwachtsje te sjen.Anekdoate fan antyrealist Paul Watzlawick, Mark McKergow, ‘Paul Watzlawick speaking about the construction of clinical realities at the joint MRI/BFTC conference, 26-27 August 1994, in Sunny Vale, California’, Youtube, 23 maart 2019, 3:28-5:00, www.youtube.com/watch?v=OT8Ud8eTrc0, krigen 6 desimber 2019.

Stel dy foar dat je twa foto’s sjen litte soenen oan bern fan no: ientsje fan [âldpremier] Van Acht, mei syn plakte hier, syn lytse eachjes en syn wrat, en ientsje fan in Molukske [trein]kaper, mei syn glânzjende swarte hier, syn felle brune eagen en syn seerôvershierbân. Soe it dan net sinneklear wêze? Van Agt wie de heks, de kaper wie Hans, of Grietje.

De ferteller is likemin as har broer by steat ta keale persepsje.

De fertellersfiguer is konstruearre mei de ûnhandichheid dy’t typearjend is foar egodokuminten—tink oan hoe’t de wibeljende kamera fan The Blair Witch Project it wierbard makket—mei tefolle “ik” en plot-opkearende sintsjes as “Doe’t ik alles oertypt hie, stie der dit op myn byldskerm.” De ferteller hantearret neist de ik-persoan ek de tredde persoan alwittend en sit sels yn de hollen fan de Dútsers yn ’e oarloch. Se jout alle eleminten gelikens omtinken, in tomaat net minder as in soldaat fan ’e binnenlânske striidkrêften: “Net te fretten!” Nettsjinsteande it googlejen is se mar krap op ’e hichte fan de aktualiteit: “Mar ik woe yn dizze bargestâl ek net de hiele middei trochbringe – al wie in grutter kontrast mei it sterile sikehûs hast net foarstelber.” Yn werklikens ha sikehuzen hieltyd faker te krijen mei resistinte baktearjes en ek sûnder dat binne de deistige syktekimen yn in sikehûs sa’n oanslach op it ôfwarsysteem fan komateuze pasjinten, dat it der faak mei ophâldt.

It perspektyf fan de ferteller is goederleausk patriottysk, sa lit har etikettearjen sjen, fan bersiap ynstee fan revolusi, polisjonele aksjes ynstee fan grutskalige mililtêre yntervinsje, dekolonisaasje-oarloch ynstee fan opnij kolonisearjen, en har ôfbyldzjen fan in repatriearre KNIL-yndo, as wenst mei eksoatyske ytgewoanten. “Dan ferskynde buorfrou Meulman mei in blêd mei fiif stikken spekkoeke mei ferskillende grien-brune lagen.” De ferteller is feroardieljend en ferjout harsels dat: “Ik woe it net, ik woe gjin morele oardielen jaan (…). Mar ik koe der neat oan dwaan, ik fielde it sels ek.” Hja freget net nei it wêrom fan Jappy syn stânpunten lykas “al dat geouwehoer oer Yndonezië, benammen troch minsken dy’t dêr noch noait west ha, dy’t noch noait in oarloch meimakke ha, dy’t net iens witte wat oarloch ís.” Hja stelt him hast inkeld ja-neefragen. En dan komme jo der net.

De figuer fan de broer kin net helpe. Al is er fotograaf en docht er te witten “Dit is wat ik sjoen haw”, hy beskriuwt net. Hy leit út, oan ’e hân fan saken bûten it sjoene. In militêr kompleks is “noch yn poerbêste kondysje” en “in blauwe plestik teil en in boadskippetas fan raffia is meastentiids alles wat se ha op dizze wrâld.” Yn ’e wrâld/op ierde, trouwens; mar sokke idoomflaters binne it iennichste dat broer sympatyk makket, neist syn minne Frysk foar de comic relief: “Oan it tal slipperkes foar de doarren te sjen, wenje der grutte gesinnen yn de lytse keammerkes.” Broer syn wrâld- & minskbyld is noch negativer as dat fan sus en hy hat, mooglik lykas heit, in autoriteitsprobleem. Dêrtroch stjoert er syn suster djipper it bosk yn as healweis it boek in twadde konflikt opriist, neist har ynderlik konflikt fanwegen twivel oer of sels fertinking fan heit. Want har sub­assertiviteit blykt sa grut dat se gjin oanjefte docht tsjin sjantaazje op ’e wurkflier. Mar broer mailt botwei dat sokke konkel­foezerij no krekt is wêrom’t er fuortrûn is út tsjinstferbannen: “der wurde altyd spultsjes mei dy spile. Wurdst der beroerd fan.”

Wat kin se dan oars as beslute dat heit syn “ritigens” net inkeld lestich mar ek “bewûnderensweardich wêze kin”, omst “op beslissende mominten net gewoan mar dochst wat der fan dy ferwachte wurdt”, en dat heit in held wie mei “in hurde kop, sa’t it in echte Fries foeget”? Dêrnei lûkt de ferteller har noch mear werom. Har ferhaal is gearfetsjend. “No fernamen se it gemis fan it swier geskut pas goed, en se krigen in soad ferliezen te ferwurkjen.” It meastepart is yntrospeksje. Der is gjin aksje. As de ferteller praat is dat net-kommunikatyf, mei heit dy’t net weromprate sil. Se giet gjin dialooch mear oan. “De twa pear eagen oan de oare kant fan de tafel seagen my ynkringend oan, wachten se op in antwurd? Mar nee, Hilde naam wer it wurd.” It bytsje dialooch hat in nuver patroan: de oar seit of freget, de ferteller praat net werom mar mar follet har bar mei ynderlike monolooch.

‘Miskien kinne we der in soarte fan útruil fan meitsje.’

In útruil? Wat yn de goedichheid …

‘Wy dogge ús bêst foar dy, do dochst dyn bêst foar ús.’

Sa mist subtext. Reaktyf bekommentariearjen lit gjin foarútsjen, gjin takomst ta. De ûnhuere tsjoendersfiguer Jappy en de grutte fuort­rinder-broer wisten it grif en ferklapten neat. En dan—hee wêr bin partner, bern ensf?—krijt de lêzer it troch: de spoekskriuwer is in spoek en hat altyd in spoek west.

Op himsels in goeie set. As “de skriuwer syn eigen dea yngiet, begjint it skriuwen,” seit Barthes.Roland Barthes, ‘The death of the author’, yn The rustle of language, oers. Richard Howard (New York 1986) 49-55, 49. En it ferhaal waard tin: heit leit as in broccoli op bêd, Jappy klimt de trep op nei syn loftkastiel, broer bestiet út bits/bites. Mar skriuwer ≠ ferteller. Fertelle oer eat dêr’t elkenien de útkomst, dieders, motiven, ferlechjes en optinksels al fan ken is dreech. In ferhaal dat boeit moat it dan ha fan ’e farsk­heid, primitiviteit en libbenens fan de puere ynderlike ûnderfining fan de ferteller sels. Jane Eyre, lyksa in froulik autobiografysk earste-persoansferhaal, hat gjin om te snijen sa’n suspense; it giet oer hoe’t frij gewoane foarfaltsjes Jane moreel en spiritueel groeie litte. Mar ferteller Jane is konstruearre mei in kleare kop, sels­ynsjoch en kordate ûnôfhink­likens, sadat de skiedskriuwing fan har eigen bewustwêzen tagelyk ek skerpe sosjale krityk is. Dêrfoaroer is de Koma-ferteller net in heechfleander. Har sosjale krityk, bygelyks “As in meardere dy sei datsto dyn dea yn de mjitte rinne moast, dan diest dat gewoan, klear”, rint fêst. Want dat it militêr strafrjocht misbrûk fan foech, lykas ‘rin de dea yn’, útsûnderet is bekend en foar oarlochsmisdieden jildt mei klam gjin ‘Befehl ist Befehl’. Net ien kin de ferteller ferbetterje: hja hat gjin plak foar dialooch, ynlikens en ferbining mei de wrâld.

Optekenjen fan in eigen fiktive kosmos dy’t jo ‘Ynje en heit’ neame of ‘- mem’ is, as ynteraksje mist en in relaasjeroman dêrtroch ek net kin, in probatum. De iendiminsjonale bylden fia it ouijaboerd fan niisneamde Flaming meitsje gjin autobiografy: dat kin net om’t de skriuwer syn eigen libbene ûnderfining en selsbewuste ferbylding misse.Louis A. Renza, ‘The veto of the imagination: A theory of autobiography’, New Literary History 9:1 (1977) 1-26, 1. Jeroen Brouwers beskreau yn ’81 nei’t syn mem deagie hoe’t se hieltyd yninoar huft waard yn it jappekamp yn Ynje. Bezonken rood smiet him rûnom lof, tolve oersettingen en de frânske Prix Fémina Étranger op. Rudy Kousbroek betige Brouwers doe fan flink oerdriuwen fan de kampgrouwels. Dat skeint just de etyk fan ‘jou de stimleazen in stim’, woe er ha. Brouwers hold earst yn alle fraach­petearen fol “dat het allemaal waar was wat hij had geschreven. Compleet met uitspraken als ‘Hirohito, onze Hitler’, met alle gruwelijke details van de mythe erbij”; krekt letter joech er ta dat er “alleen maar een roman” skreaun hie,NOS-radio, ‘Interview met Rudy Kousbroek’, Max Pam (archief), 1986, www.maxpam.nl/archief/Kousbroek.html, krigen 4 desimber 2019. oer hoe’t minsken har hâlde yn soksoarte situaasjes. Dat mei. En fansels moat fiksje like echt oandwaan as ‘feit’. Feiten dy’t jo net kenne weilitte komt ek ûnbetrouber oer.

Mar wat heit wit fan de atoombommen op Japan seit de ferteller yn De koma-korrektor net. Se lit wei dat de sensuer op soldate­brieven út Ynje nei hûs ôfskaft is, om’t de ynset fan goed 200.000 man in pak post produsearre, dat net nei te sjen wie. It gratuite “Dêr mochtest it noait oer ha fansels, al hielendal net yn de brieven nei hûs, en no noch net eins, mar it wie wol sa”, skoarret se mei in âld militêr selssensuerfoarskrift. Hoe knap skreaun dy regels ek binne, se wurken net en sizze dus neat. De ferteller- en broerfiguer ha beide gjin grut foarstellings-, hypotezebouwers- en kritysk tink­fermogen. Se binne, oars as Brouwers, net by steat om de “gatten” oannimlik en boeiend te foljen mei konkrete en plotrelevante eleminten, dat dizigens is har lot: “As se net oan it skaken wienen, fierden se lange petearen oer fan alles en noch wat.”

It drama sit sadwaande net yn it konflikt tusken it ferlies fan morele heldhaftigens fan heit en it sykjen fan de eigen morele deugd: “Hee heit, bist no net grutsk op my? Ik haw nee sein, krekt as do.” De werklike trageedzje is dat it stribjen fan de ferteller om—foar harsels, net foar ús—heit oertsjûgjend del te setten as ien dy’t it befel ta in oarlochsmisdie wegere hat, beknotte wurdt troch it missen fan ‘sels’. Sjoernalistike en ferbyldzjende tûkens is moai meinommen, mar in autobiografy hat beslist ferlet fan ‘auto’: selsbetrouwen, eigensinnigens, ynderlike aspiraasje. Dêrsûnder kin it net. “Ik hearde it heit hast sizzen: ‘Do bist gjin trochsetter.’” Uteinlik, begrypt de lêzer geandewei, sil de ferteller har deljaan moatte by it feit dat, ek as lang om let har winsk yn ferfolling gean koe, dat it platte petret opsmite soe fan the good guy with bad publicity: mar al te faak kopiearre en dêrtroch net libben en net heit.

Baukje Zijlstra, De Koma-korrektor, Afûk, Ljouwert, 2018.

Noaten

  1. Hannah Wolff, ‘Veteranenboeken: Een analyse van de uitgave van memoires, verhalen en herinneringsbundels van Nederlandse militairen. Met bibliografie 1945 - 2018’, Masterscriptie Boekwetenschap en handschriftenkunde’, Universiteit van Amsterdam, 7 maaie 2019, 53-54.
  2. Anekdoate fan antyrealist Paul Watzlawick, Mark McKergow, ‘Paul Watzlawick speaking about the construction of clinical realities at the joint MRI/BFTC conference, 26-27 August 1994, in Sunny Vale, California’, Youtube, 23 maart 2019, 3:28-5:00, www.youtube.com/watch?v=OT8Ud8eTrc0, krigen 6 desimber 2019.
  3. Roland Barthes, ‘The death of the author’, yn The rustle of language, oers. Richard Howard (New York 1986) 49-55, 49.
  4. Louis A. Renza, ‘The veto of the imagination: A theory of autobiography’, New Literary History 9:1 (1977) 1-26, 1.
  5. NOS-radio, ‘Interview met Rudy Kousbroek’, Max Pam (archief), 1986, www.maxpam.nl/archief/Kousbroek.html, krigen 4 desimber 2019.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15