image Fers2

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.20, 16 desimber 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen XX: Giele heskes

Ynienen wie it panyk yn myn keuken. Krekt nei fiif dagen lies ik myn krante fan 1 desimber. Oer de gilets jaunes, de utering fan folksûntefredenens dy’t as ik myn sin sis Macron syn eigen skuld is. In jier lyn trune in rapport oer de Nederlânske maatskiplike ûntefredenens oan om te harkjen nei de boarger:

Binnen it iepenbier bestjoer moatte de oarsaken fan maatskip­like ûntefredenens opfette wurde as in realiteit. De minsken har noed moat earnst nommen wurde. …

De oarsaken fan maatskiplike ûntefredenens komme foar in part fuort út echte problemen lykas ûngelikens en it gefoel net meiprate te meien. …

Der is in gefaar dat maatregels nommen wurde foar problemen dy’t inkeld bestean yn de kollektive fantasy. It is hiel wierskynlik dat symboalyske maatregels nommen wurde sûnder sels de echte problemen te neamen.Boudewijn Steur, Ellen van Doorne en Thomas Zandstra, ‘Social discontent and public administration’, Kennis Openbaar Bestuur, 1 july 2017, 16-17 <https://kennisopenbaarbestuur.nl/media/255088/social-discontent-and-public-administration.pdf> [krigen 7 desimber 2018]. Oers. FR.

De Ried fan Europa sette it mei kûgelsfeart oer nei it Frânsk en warskôge boppe de kop Action requise:

Ek kinne wichtige beweechredenen oanjûn wurde oan lidsteaten om yn berie te hâlden by it ynfieren fan bestjoersherfoar­mingen.Comité Europeen sur la Democratie en la Gouvernance (CDDG), ‘Les douze pricipes de bonne gouvernance democratique: mecontentement social, administration publique et perception publique - L’experience des Pays Bas’, Conceil de l'Europe, le 27 novembre 2017, 2 <https://rm.coe.int/les-douze-principes-de-bonne-gouvernance-democratique-mecontentement-s/168076c3bb> [krigen 7 desimber 2018]. Oers. FR.

Hélas: pas Macron. Mar bearegoede redenen foar bestjoers­oanpassingen en it dochs net dwaan is ek Fryslân net frjemd. Net hiel lang lyn frege de kommisaris fdK my om ekstra goede redenen foar syn misje fan boargerpartisipaasje, om ûnrest en reboelje tefoaren te kommen. Mar tagelyk, as bygelyks de boargers inkeld mar wize op it allang bekende gefaar fan wynmûnen, lit deputearre Kielstra harren en har folksfertsjintwur­diging witte dat er net nei har harkje kin, ommers demokrasy makket it bestjoeren sa rottich. Sadwaande sit der foar de boarger neat oars op as hurder raze foar syn rjochten. Dat, al is auto’s yn ’e brân net stylfol, se comprendre c’est ce pardonner: ik bin net tsjin de Frânske heskes. Mar dan seit de krante dat de giele heskes nei Nederlân oerspringe sille.

O help, tocht ik, dat sil by Dokkum wêze. Goed tsien jier lyn wie dat in flinke Lonsdale-brânkearn. Skinheads kearden har mei geweld tsjin migranten, dy’t doe noch allochtonen hieten, en brochten allerhanne ekstreemrjochtse, rassistyske en oare kriminele trammelant, ferbûn oan lege oplieding, lytse gemeente, fier fan de rânestêd, lege maatskiplike kânsen en hege fetberens foar copycat-oproer en middenklasselilkens tsjin de persepsje fan ûngelikens, keapkrêft- en identiteitsferlies. Keapkrêft is hjir gjin punt, de Sintomset wie kolossaal, mar Fryslân moat ophâlde de identiteitsfakkel tsjin de koarte lontsjes te triuwen—identiteit is it meast brûkte 2018-wurd—foar’t der deaden falle. It typyske skinheadunifoarm bestie út arbeidersklasseklean, leafst fan it merk Lonsdale, dus de stap nei de emblematyske dykwurkers-outfit, it giele heske, is sa lyts dat Dokkum dy samar sette kin.

Ferfolch

Keukenjargon

Al dente = Ta de tosk; net gear

Apéritif = Earst wat (alkohol) drinke want it iten is noch net klear

Amuse-Gueule = Ferdiverdearret de mûle, (bedoeld as) lekker hapke)

Au jus = Tsjinje it fleis mar op sûnder it sop ôf te jitten

Bain-Marie = Panne yn in panne mei hyt wetter om sûkelarje yn te ranen (sjoch Fondre)

Blancher = Wytsje; te koart siede en ôfspiele mei kâld wetter

Brûler = Ferbaarne; ûnder de grill sette sadat de sûker skroeit (karamelisearret)

Concasser = Rûch oan stikjes hakke

Confit = Hiel lang en stadich siede om te bewarje te kinnen ynstee fan opiten

Dégustation = Priuwe, oftewol yn fjouwer oeren njoggen gongen ite mei liters wyn derby

Dépouiller = It skom fan it wetter ôfhelje dêr’t jo wat yn siede

Digestif = Selde as apéritif mar dan as it iten op is

Emincer = Fynsnije, sis oardel x oardel millimeter

Entrée = In pantsje mei sa’n lyts bytsje iten dat jo der honger fan krije

Entremet = In lyts bytsje iten tuskentroch as de nije gong noch net Al Dente is; of in neigesetsje

Flamber = Alkohol yn in hite panne jitte, efterút springe

Fondre (fondue) = Rane; stippe yn gleone bouillon of oalje of yn Au Bain-Marie raande waarme sûkelarje

Frapper = Slaan, troch in iisbad helje, yn ’e praktyk drank mei in hiel soad alkohol en in klontjse iis drinke

Gratiner = Yn in leech skaaltsje jitte, bôlekrûmels of tsiis derop en ûnder hite grill (sjoch Brûler)

Hors d’oeuvre = Ienhapsiten gewoanlik optsjinne mei in soad alkohol

Julienne = Oan kreaze lúsjefershoutsjes snije

Paysanne = Boersk; ynformeel oan stikken snije, tink om ûngelikense grutte

Sauter = Springe; sa hyt briede yn ’e dampende oalje, dat it springt yn ’e pankoekspanne

Sauter un repas = In miel oerslaan, pff

Lekker ite, lok & seine en Fers2 is der wer op 13 jannewaris.

Ek dêr yn Dokkum begûn it ûnderliifgefoel yn Sis Tsiis, de organisaasje foar goed Frysk op skoalle. Wilens kuieret Sis Tsiis­meioprjochter Kerst Huisman om mei in sandwichboerd: ‘Jenny Douwes moat FRIJ sprutsen wurde’. Ferline jier ferbûn in ôfkarde mar doch trochsette wylde aksje it rjocht op ûnderwiis yn de eigen taal oan it behâld fan tradysjes fan de miene lju.

Op 18 novimber 2017 hingje ik op ’e bank yn Aldsyl. Sis Tsiis is dwaande it rjocht op ûnderwiis yn de Fryske taal foar te lizzen oan minskerjochte-eksperts. Fjirtjin dagen letter sil de earste ôfspraak mei in jurist wêze. Ier yn de middei krij ik it berjocht dat Piter Dykstra mei in pear Sis Tsizers in aksje yn Dokkum holden hat: “Wy brûke de oankomst om oan in soad âlden en bern dúdlik te meitsjen dat it ûnderwiis yn it Frysk de Swarte Pyt fertsjinnet.” Ik anderje dalik. Wat ik al sa faak sein haw: Sis Tsiis giet allinne oer goed Frysk op skoalle. Sis Tsiis sjocht it ûnderwiis yn de eigen taal as in minskerjocht, dus by definysje net as eat dat fertsjinne wurde moat. Boppedat is Sis Tsiis net pro-pyt. Want de Feriene Naasjes en de Berneombudsman oardielje dat de swarte pytfolkloare rassistysk is en dat bern en jongerein har troch pyt syn stereotype uterlik diskriminearre fiele. Sis Tsiis is net rassistysk—en ek net nasjona­listysk of ‘white power’—dus Sis Tsiis distansearret him fan de faux pas aksje yn Dokkum.

In pear oeren letter drippe de earste berjochten binnen oer it blokkearjen fan de sneldyk by De Jouwer. Pro-pytaktivisten hawwe anty-pytaktivisten weihâlde wollen út de Sinteklaasyntocht yn Dokkum. De files duorje trije oeren en der ûntstean gefaarlike situaasjes op ’e sneldyk. Ik sis tsjin Abe (de Vries): “Dit wurdt hiel grut, mark my words, dit wurdt wrâldnijs.” Abe seit: “Moatst net oerdriuwe.” Sis Tsiisbestjoerder Sytze Hiemstra skillet, hiel lilk: “Mei Sis Tsiis te distansearjen fan de Piter Dykstra-aksje hasto Sis Tsiis yn twaen skuord.”

Mar Hiemstra ûnderskat it probleem. Foar elke beweging, as dy net oan misorganisaasje ûnder de grûn giet, komt der in punt dat men net langer rekkenje kin op de effektiviteit fan spontane massafolksfertsjintwurreboelje ûnder garismatyske lieders. Alle sosjale bewegingen sille har, nei de earste súksessen as losse gearkomste fan inkelingen, bewust wurde fan de strategyske needsaak fan koördinaasje om de nije doelen te heljen. Oars sein: allinne as jo gjin strategyske doelen hawwe, kinne jo ûnorgani­searre fierder. It fersyk fan Sis Tsiis om—pro bono en betelle troch fûnsen; want Sis Tsiis hat gjin eigen fermogen—in minskerjochtelik hifkjen fan it rjocht op goed ûnderwiis yn de Fryske taal binnen de provinsje Fryslân, koe fansels inkeld en allinne honorearre wurde as Sis Tsiis sels de minskerjochten yn acht naam en net bestie út in kliber nasjonalistyske hjithollen.

In pear dagen letter stiet yn The Guardian:

The difference of opinion [oer swarte pyt] has turned particularly ugly this year, however, with the involvement of the extreme right apparently helping to push local disputes into violence and vigilantism.Daniel Boffey, ‘Black Pete: extreme right appears to stoke Dutch divisions’, The Guardian, 28 novimber 2017 <https://www.theguardian.com/world/2017/nov/28/black-pete-extreme-right-appears-to-stoke-dutch-divisions> [krigen 7 desimber 2018].

De minskerjochtejurist, yn in âld Amsterdamsk skoalgebou, hat de Sis Tsiiswebside bestudearre. Syn frou is fan Fryske komôf, de bern wurde twatalich opbrocht en hy kin lêze wat Sis Tsiis wol en wêrom. De saak wurdt trochstjoerd nei de lawclinic Leien en nei berie, want fan de steapels ûnrjocht kinne se mar in pear jiers yn behanneling nimme, akseptearje dy de ûnderwiis-Frysksaak. Sis Tsiis wurdt serieus nommen.

Dan, ein maaie 2018, ferklearret Sis Tsiisstiper de Jongfryske Mienskip him foar solidariteit mei de 34 Friezen dy’t yn novimber ’17 de sneldyk blokkearren om te ferhinderjen dat ‘de rânestêd’ yn Dokkum komme koe by ‘ús’ swarte pyttradysje. De Jongfryske Mienskip foarmet swarte pyt om ta in symboal fan Fryske identiteit: wy foar de rânestêd oer. Op de algemiene ledegearkomste is de opropper ta de sneldykblokkade, Jenny Douwes, oanwêzich. Ek Piter Dykstra is der.

Hoe skealik oft it is foar de yntegriteit fan in organisaasje, en noch mear as dat in idealistyske nonprofit is, dat der ferkearde donaasjes komme, lykas út hoeken dy’t geweld goedprate, dêrfoar hoege jo net nei House of Cards te sjen: in mei dubieuze stipe besmette klup sil nije donateurs ôfbanderje en weardefolle partners sille net mei jo op jo selfie. Al liket flak foar de simmer it ôfglydzjen fan Sis Tsiis fan in kompetinte human rights ngo nei hooliganism in akute kwestje foar it Sis Tsiisbestjoer, Sis Tsiis kiest foar in pragmatyske oanpak, om mooglike nije stipe fan de ferkearde stiper yn stilte werom te stoarten.

Yn augustus skillet Piter Dykstra my. Yn ’e (social) media hat er him hieltyd mear opsteld as de Sis Tsiislieder. Hy wol aksjes. Sis Tsiis hat in gat fan 100 euro sis ik, want ik bin ponghâlder yn it Sis Tsiisbestjoer. Der sil jild wûn wurde foar de aksje dy’t wy organisearje nei de útslach fan de lawclinic: as Sis Tsiis in hurd juridysk feit yn hannen hat, earder hat gjin doel. Dykstra wol fergese aksjes, op ’e dyk. Teoretyske modellen fan strjitprotest, alteast dy yn de krante, litte de media der faak bûten. Se swije oer de ferloklike gilets jaunes-oarlochsfotografy—sjoernalisten en fotografen binne besketten troch de Frânske plysje—en oer it oansûgerjend effekt op attraksjesikers fan de estetisearring fan it geweld, mei bylden fan de superieure demonstrant, yn offisjele media.Cf. ‘Thomas Guénolé - Explique brillamment la révolte des Gilets Jaunes - (France Info, Déc. 2018)’, Youtube, 5 desimber 2018 <https://www.youtube.com/watch?v=j7r1vnRgZnk> [krigen 7 desimber 2018]. In foto fan in suterich doazyn mei it ûnderskrift: “De demonstranten zijn hoofdzakelijk oudere mannen, onder wie gepensioneerden. Hier en daar wordt een jointje opgestoken” hat it omkearde effekt.Maarten Huygen, ‘Matige hesjes-opkomst, maar ‘volgende week zijn we met meer’’, NRC, 8 desimber 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/12/08/matige-hesjes-opkomst-maar-volgende-week-zijn-we-er-weer-a3059981> [8 desimber 2018]. Minsken wolle publyksdemonstraasjes om har noflike 15 mins. of fame; net om’t it de saak helpt. Mar, as it de saak mar gjin skea docht, sis ik tsjin Dykstra: beslist gjin flagge­swaaierij of oare nasjonalistyske rituelen, want dat bringt it lawclinic-ûndersyk yn gefaar. Se kinne googleje yn Leien en wurkje inkeld foar hoeders fan minskerjochten, net foar striders foar lokale tradysjes. Dus Sis Tsiis draacht allinne symboalen fan ynklusiviteit en universaliteit.

“Mar de Fryske flagge is ynklusyf!” seit Dykstra, “Dat stie yn de Ljouwerter krante, lês sels mar.” No nee. Skriuw de Ljouwerter mar werom dat bylden fan de Fryske flagge de wrâld oer gien binne yn in hiel útslutende kontekst. De Fryske flagge is ikoanysk wurden foar berôvjen fan de frijheid fan oaren, troch de sneldykblokkade, dy’t net allinne tsjin de ferkearswet is en in hiel soad minsken yn gefaar en swierrichheden brocht, mar dy’t ek sa stridich as wat is mei it demonstraasjerjocht en, sa’t The Washinton Post seit, de antypytdemonstranten binne keard “even though the city [Dokkum] had given them permission to march peacefully.”Karen Attiah, ‘The Netherlands’ racist blackface tradition needs to go’, The Washington Post, 28 novimber 2017 <https://www.washingtonpost.com/news/global-opinions/wp/2017/11/28/the-netherlands-holiday-blackface-needs-to-go-once-and-for-all/?noredirect=on&utm_term=.306f7478239d> [krigen 7 desimber 2018].

Dêrtroch stiet de Fryske flagge foar in agressive foarm fan eigenrjochting, ien dy’t op gjin inkelde manier te rjochtfeardigjen is en alhielendal net mei de swarte pytfiguer. Want de hiele wrâld wit dat de spesjale Feriene Naasjeskommisje, Zwarte Piet, bedrigingen mei de dea krige, de Nederlânsk-Antilliaanske aktivist Quinsy Gario yninoar slein en arrestearre is om’t er in T-shirt oan hie mei “Zwarte Piet Is Racism” en dat Rutte sein hat: “Zwarte Piet is black and I cannot change that”Karen Attiah, ‘The Netherlands’ racist blackface tradition needs to go’, The Washington Post, 28 novimber 2017 <https://www.washingtonpost.com/news/global-opinions/wp/2017/11/28/the-netherlands-holiday-blackface-needs-to-go-once-and-for-all/?noredirect=on&utm_term=.306f7478239d> [krigen 7 desimber 2018].—en dat dus no allegearre yn ferbân bringt mei de Fryske flagge.

Dykstra fertelde dat er nei de dea fan syn frou in tsjalk kocht hat. Hy woe noch wat mei syn libben. Se koene moai aksjes foar it Frysk hâlde op syn skip. Nei omtrint twa oeren hong er op. Hat net opnij skille. Begjin september kundige er, op in kultuerútstapke dêr’t ik ek wie mar sûnder my yn’t foar yn te ljochtsjen, nije Sis Tsiisaksjes oan. Hy neamde gjin doelen, gjin wyt wat it koördinearre aktivisme betrouberens en macht jout, om’t it hegere doel dy har aksjes yntinsjoneel meitsje. Hy sei inkeld: de dyk op. Gjinien klapte of frege wat.

Polityk(juridyske) druk hie ommers neat holpen, skreau Dykstra syn Facebookrûnte. Dochs hiene de beliedsmakkers Sis Tsiis ynearsten net tackelje kinnen mei de standertoanpak te folgjen fan yn opspraak rekke bedriuwen, fan hieltyd it striidpunt de-eskalearje en sizze: o wy nimme it serieus, wy ha belang by de bêste oplossing!, sadat beide partijen sabeare nei itselde doel tawurkje en de reboelje ûnsin liket. Foar it oanbod fan ûnderwiisdeputearre Poepjes om Sis Tsiisaksjes út de mienskipspot te subsidiearjen haw ik steefêst betanke. Politike swakte kaam om’t Sis Tsiis net iens rapporten hat, of izersterke pakketten om op tafel te lizzen. Ek de FNP hie ús frege om dokuminten, doelen, feiten. Mar dy mankearren. Sis Tsiis, mei syn measte stimmen jilde, waard al gau bepaald troch Dykstra-en-dy har ûnwil ta tinken—dat moast in ‘tinkploech’ mar dwaan—dus om fêste lange termyndoelen te stellen en foarút te sjen. Ynstee fan harsens brochten hja ekstra hannen yn Sis Tsiis, lju dy’t faak net wisten wat in minskerjocht is, mar har bêst ris nuttich meitsje woene mei in flagge. Ik wie benijd hoe’t se it beslútnimmingsproses feroarje woene sûnder de needsaaklike doelstellingen. Mar emails fan Dykstra krige ik net mear; syn omstjoermails giene troch foar spam en ferdwûnen.

It blokkearjen fan diken is en vogue, lês ik dan. De Nederlânske giele heskes, dy’t al demonstrearre hawwe, seit de krante, yn De Haach op 1 desimber, woene ek blokkearje, mar se wiene nochal ferdield kwa idealen—de ien stelde it Marrakeshpakt lyk oan genoside en de oar wie op E-nûmers yn it iten tsjin—en ek mar mei syn hûnderten, dat it blokkearjen slagge net. Yn Fryslân nimt it mar 34 man: wolle jo blokkearje, kom nei Fryslân. Mar hjir wie it blykber rêstich. Dan komt der in email. Net fan de lawclinic want dy binne net oan it plannearre ûndersyk nei it minskerjocht op ûnderwiis Frysk begûn, logysk. It is in replyk fan Geart Tigchelaar op in aksje fan Sis Tsiis fiif dagen earder, op sneon 1 desimber. In aksje dy’t sa te sjen gjin hûn opmurken hat? Neat op It Nijs? Facebook? Niks? O. Wiene se yn De Haach?

Diken blokkearje yn in giel heske! Myn Sis Tsiis! Dêr’t ik ea fol hope de namme foar betocht, mienend dat wy ús frustraasje yn banen liede koene, ús koördinearre kollektive punt meitsje, ús meiminsklikens en it rjocht triomfearje litte en net allinne stilstean by jo eigen rol. Ik haw dalik myn útskriuwformulier foar stiftings­bestjoersleden download, hân derop, en nei de Keamer fan Keaphannel ta. “Uitschrijving?” “Ja, uitschrijven.” It spielde. Op de Westerdokskade stiene lju yn giele heskes. Se wurken gewoan oan ’e dyk.

Noaten

  1. Boudewijn Steur, Ellen van Doorne en Thomas Zandstra, ‘Social discontent and public administration’, Kennis Openbaar Bestuur, 1 july 2017, 16-17 <https://kennisopenbaarbestuur.nl/media/255088/social-discontent-and-public-administration.pdf> [krigen 7 desimber 2018]. Oers. FR.
  2. Comité Europeen sur la Democratie en la Gouvernance (CDDG), ‘Les douze pricipes de bonne gouvernance democratique: mecontentement social, administration publique et perception publique - L’experience des Pays Bas’, Conceil de l'Europe, le 27 novembre 2017, 2 <https://rm.coe.int/les-douze-principes-de-bonne-gouvernance-democratique-mecontentement-s/168076c3bb> [krigen 7 desimber 2018]. Oers. FR.
  3. Daniel Boffey, ‘Black Pete: extreme right appears to stoke Dutch divisions’, The Guardian, 28 novimber 2017 <https://www.theguardian.com/world/2017/nov/28/black-pete-extreme-right-appears-to-stoke-dutch-divisions> [krigen 7 desimber 2018].
  4. Cf. ‘Thomas Guénolé - Explique brillamment la révolte des Gilets Jaunes - (France Info, Déc. 2018)’, Youtube, 5 desimber 2018 <https://www.youtube.com/watch?v=j7r1vnRgZnk> [krigen 7 desimber 2018].
  5. Maarten Huygen, ‘Matige hesjes-opkomst, maar ‘volgende week zijn we met meer’’, NRC, 8 desimber 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/12/08/matige-hesjes-opkomst-maar-volgende-week-zijn-we-er-weer-a3059981> [8 desimber 2018].
  6. Karen Attiah, ‘The Netherlands’ racist blackface tradition needs to go’, The Washington Post, 28 novimber 2017 <https://www.washingtonpost.com/news/global-opinions/wp/2017/11/28/the-netherlands-holiday-blackface-needs-to-go-once-and-for-all/?noredirect=on&utm_term=.306f7478239d> [krigen 7 desimber 2018].
  7. Karen Attiah, ‘The Netherlands’ racist blackface tradition needs to go’, The Washington Post, 28 novimber 2017 <https://www.washingtonpost.com/news/global-opinions/wp/2017/11/28/the-netherlands-holiday-blackface-needs-to-go-once-and-for-all/?noredirect=on&utm_term=.306f7478239d> [krigen 7 desimber 2018].

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.19, 2 desimber 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen XIX: Literere prizekultus, of

Hoe’t it kultuerkapitalisme de poëzy diktearret

image Fers2

Betink ris, jo hawwe in útjouwerij, op in terpke, wat kij der om hinne en in pear omwrotpykjes, en jo jouwe in dichtbondel út, yn lytse oplaach fansels, dêr’t jo te folle tiid yn stutsen ha neffens de standert, want, hawwe jo niis noch lêzen yn ien of oar literêr blêd, wrâldwiid is it wisânsje dat tydskriftredakteuren poëzy eins net redigearje mar pleatse of wegerje. En boekútjouwers hawwe gjin poëzijredakteuren yn tsjinst om’t dat net út kin sadat se poëzy dêr likemin redigearje, wrâldwiid net, al binne der fansels in stikmannich lytse indie-publishers mei freelance redakteuren foar de poëzy, dy’t der wol tiid=jild ynstekke om it manuskript te behoffenjen.Sjoch bygelyks Tom Chivers, ‘Thinking about the line: Poetry and the Art of Editing’, Penned in the Margins, 23 oktober 2013 <http://www.pennedinthemargins.co.uk/index.php/2013/10/poetry-and-editing/> [krigen 24 novimber 2018]. Sa leit it by jo ek tusken jo klokkende pykjes: it kin likegoed net út, namstemear net om’t it in ûnsubsidiearre bondel is, dat dy bondel moat útferkocht en jo skype jo marketingekspert en dy seit—

Mar tink derom! sizze jo. Want ek LC-kultuerskriuwer Kirsten van Santen mei no fan de Blokhúspoarte roppe fan tink derom!: “Ik zal voor u een tipje van de sluier oplichten.” Nei dy frijpostigens komt earst in fjouwerfâldich útropteken, “!!!!” (wêr bliuwe de emotikons), en dan komt it: sifers bewize neat oer de wearde fan kultuer, “die legacy bestaat uit veel meer dan euro’s.” Los fan dy euro’s barde der wat oars, seit se: troch fierdergeand ynsjoch raande de wjerstân tsjin de Disneyization.

En eigenlijk, zo ontdekte men gaandeweg, was het niet van belang of die verhalen nou door Friese, door minder-Friese of zelfs door niet-Friese inwoners werden verteld. Die trots, die welwillende houding richting kunst en cultuur – daarin schuilt de echte winst van Culturele Hoofdstad. Die valt niet in cijfers uit te drukken.Kirsten van Santen, Culturele Hoofdstad loopt op zijn einde: afrekenen met de mienskip, Leeuwarder Courant, 24 novimber 2018 <https://www.lc.nl/friesland/Culturele-Hoofdstad-loopt-op-zijn-einde-afrekenen-met-de-mienskip-23862431.html> [krigen 24 novimber 2018].

De oarspronklike gebrûkswearde fan kultuer ferdwûn efter de ruilwearde, i.e. jildwearde, trochdat it útwreidzjen fan de commodity-foarm nei hieltyd mear mêden fan it sosjale libben in fersimpele foarstelling fan in kompleks tinkbyld as in materieel ding brocht, in Verdinglichung, fan sosjale ferhâldingen en kultuerele artefakten: as in materiële ‘mienskip’ en kultuer as objekten.György Lukács, ‘Reification and the consciousness of the proletariat’, yn History & class consciousness [1923], oers. Rodney Livingstone (Cambridge, MA: MIT Press, 1971) 83-222. Mar niks marxisme. Van Santen bedoelt gewoan: in prestaasjemjitting fan ’e kulturele haastêd hoecht om de kulturele haadstêdoanbieders net.

Want se seit it—bad legacies happen—as wenst mei Omke Dagobertwurden: wiere winst. Winst en ferlies komt, skriuwt ekonoom Von Mises, út it kapitalistysk stelsel dêr’t de ûndernimmer de koerts fan ’e produksje bepaalt. Fan kultuer, sis poëzy, hat inkeld it idee wearde, net de matearje fan inket en papier. Ideeën ha gjin ruilwearde, dus gjin jildpriis. Dochs yndustrialisearre it let-kapitalisme kultuer;Ernest Mandel, Late capitalism (Londen: NLB, 1975) 502. Let-kapitalisme fêstige him om it yndustrialisearjen fan superstrukturele aktiviteiten hinne (“industrialization of superstructural activities”), dy’t hieltyd mear produsearre wurde foar de merk en rjochte binne op winstmaksimalisaasje (“for the market and aim at maximization for profit”). en sette in priis op it beprinte papier, i.e. de commodity.Geoffrey Glass, ‘Audience labor: The asymmetric production of culture’, Geoff.net, 22 jannewaris 2006 <http://www.geof.net/research/2006/audience-labor> [krigen 24 novimber 18]. Winst ûntstiet no as in ûndernimmer de takomstige priis better raamt as de oaren en dan guon of alle produksje­faktoaren keapet foar in priis dy’t út it takomstich gesichtspunt wei te leech is en wer ferkeapet yn dy takomst mei in hegere priis. Hjoed keapet er fluch bulk yn foar in legere priis as moarn, moarn ferkeapet er foar de hegere priis; it ferskil dertusken is winst.Ludwig von Mises, ‘Profit and loss’, Paper taret foar de gearkomste fan de Mont Pèlerin Society holden yn Beauvallon, France, 9 to 16 septimber, 1951, opnommen yn Planning for freedom (South Holland, IL: Libertarian Press, 1952). Ergo, it idee docht der yndie net folle ta: net ‘wa’t it ferhaal fertelt’ en hielendal net oft it in knap ferhaal is dat kocht en ferkocht wurdt.

Leaver net knap. Tsien jier lyn fertelde foaroasteand Britsk skriuwer Margaret Drabble, dat har útjouwers har fregen om te “dumb down”; dat soe har wurk oantreklik meitsje foar in grutter publyk, “and it’s interesting there’s an agenda of how it should be in the marketplace.” Boppedat is útjaan, sei Drabble, foar in part “the creation of celebrity as a marketing opportunity” wurden: “There is also… anxiety over the whole role of prizes in this. We have more prizes than ever before. Who are they really for? Are they to celebrate the writer and the work or is this another arm of marketing in the books trade?”Arifa Akbar, ‘Top novelist feels pressure to ‘dumb down’ ’, The Independent, 7 oktober 2008 <https://www.independent.co.uk/arts-entertainment/books/news/top-novelist-feels-pressure-to-dumb-down-953499.html> [krigen 24 novimber 2018]. Ursula K. Le Guin sei trije jier lyn: “The readability of many best sellers is much like the edibility of junk food.”Lincoln Michel, ‘Ursula K. Le Guin: “I keep Asking You Not to Buy Books from Amazon”’, Electric Literature, 2 juny 2015 <https://electricliterature.com/ursula-k-le-guin-i-keep-asking-you-not-to-buy-books-from-amazon-a9db80b6c54f> [krigen 24 novimber 2018].

Lege klassekonsumpsje is net de iennichste fraach; is poëzy überhaupt in ferhannelbere commodity? Adrienne Rich fûn op ’e minime poëzyplankjes fan in mall bookstore mar in pear blomlêzingen en wol tweintich titels klisjee­bakte rimelderij fan deselde froulike auteur, lykas Don’t be afraid to love; dat Rich wit net oft de free market wol sa frij is.Adrienne Rich, ‘Those two shelves down there’, yn What is found there: Notebooks on poetry and politics [1993] (New York / Londen: Norton, 2003) 29-32. De notysje dracht de epigraaf: ‘The lack of means to distribute is another form of censorship. —Nadine Gordimer’ Writers Digest jout de fertretlike poëzymarketingtip “How to write poetry for greeting cards.” De útjouwer dy’t swetst dat er 450 tûzen eksimplaren fan in bondel ferkocht, hat it oer Rupi Kaur en puberfamkes: “We saw that there was this generation of young women, mostly in that early-20s age group, who were responding to this form of expression … we’ve always published books about the meaning of life, in humor or in gift-book form.”Anisse Gross, ‘How to sell nearly a half-million copies of a poetry book: Poetry blockbuster’, Publishers Weekly, 26 augustus 2016 <https://www.publishersweekly.com/pw/by-topic/industry-news/publisher-news/article/71353-how-to-sell-nearly-a-half-million-copies-of-a-poetry-book.html> [krigen 24 novimber 2018].

Fully conscious by now of the dignity and importance of his role, the poet also becomes aware of its [i.e. poetry’s] ‘commercial’ value. He puts his own sophia at the disposal of the highest bidder, thereby creating a basis for the tendency to regard wealth and poetic ‘wisdom’ as interchangeable moral equivalents.Bruno Gentili, Poetry and its public in ancient Greece: From Homer to the fifth century, oers. en ynl. A. Thomas Cole (Baltimore / London: The Johns Hopkins University Press, 1988) 166.

Sjudêr ’t antike Grikelân 2500 jier lyn seit Bruno Gentili; kommersjeel gean wie in och-wêrom-ek-net. Is dan no de wjeraksel fan de hege poëzy tsjin rimelderij mar “snobbery” en bringt poëzy dy’t “not seek[s] to know the unknown or to express the unexpected, nor … undertake[s] the risk of failure that both entail” net fansels de fraach mei him mei fan wêrom soe in dichter it risiko nimme op mislearring, as der gjin oare foarm fan erkenning is as in priis?John Barr, ‘Is it poetry or is it verse?’, Poetry Foundation, 18 septimber 2006 <https://www.poetryfoundation.org/articles/68681/is-it-poetry-or-is-it-verse> [krigen 24 novimber 2018].

Mar tink, sizze jo, om it nije kultureel kapitalisme. Dy feroaret kultuer yn kommersje, sterker noch, tinkt Jeremy Rifkin, dy is “the commodification of human culture itself.”

The new forces of cultural capitalism could end up devouring our remaining cultural resources - from traditional music and dance to local festivals and sporting events, to native food and cuisine - by repackaging them into short-lived commercial entertainments, paid amusements and purchased spectacles.Jeremy Rifkin, ‘The new capitalism is about turning culture into commerce’, Los Angeles Times, 17 jannewaris 2000 <https://www.uni-muenster.de/PeaCon/dgs-mills/mills-texte/Rifkin-Hypercapitalism.htm> [krigen 24 novimber 2018].

Slavoj Žižek omskriuwt kultureel kapitalisme as ferhanneljen fan lifestyle. De multinational Starbucks, bygelyks, oertsjûget de klant derfan dat se mei it keapjen fan de fair tradekofje net allinne konsuminten binne, mar ek miljeurêders en sosjale aktivisten; se keapje har eigen suvere gewisse. Mar salang’t se oan it systeem meidogge feroarje se neat. Konsumearjen is “prolonging the disease … rather than curing it.”Slavoj Žižek, ‘First as tragedy, then as farce’, RSA (Royal Society for the encouragement of Arts, Manufactures and Commerce), 24 novimber 2009 <https://www.thersa.org/discover/videos/event-videos/2009/11/first-as-tragedy-then-as-farce> [krigen 24 novimber 2018]. Yn dat systeem fan mondiale lifestyle­yndustry koe it omsetten fan literatuer yn in lytsbernige, simpele, werkenbere foarm útgroeie ta in gigantysk bedriuw, Disney.Mouseketeer Cole, ‘Disneyfication and Disneyization’, Disneyology, 25 maart 2010 <http://disneyology.blogspot.com/2010/03/disneyfication-and-disneyization.html> [krigen 24 novimber 2018]; “Magic, mystery, individuality … were consistently destroyed when a literary work passed through this machine that had been taught there was only one correct way to draw.”Richard Schickel, The Disney version: The life, times, art and commerce of Walt Disney, revised edition (Londen: Pavilion, 1986) 225. Yn de jierren 1980 neamden stêdeboukundigen de commodification en fer(tema)­parking fan de stedsromte, Starbucks yn ’t sintrum, Disneyfication. Hjoed stiet it foar it krusen fan ekonomyske, kulturele en politike krêften yn ’e iepenbiere romte.Lorenzo Alexander L. Puente, ‘ “The commodification of everything”: Disneyfication and Filipino American narratives of globalization and diaspora’, dissertaasje Filosofy Boston College, maaie 2014, 3 <http://hdl.handle.net/2345/bc-ir:104086>.

Disneyization giet noch fierder: feroarjen fan de ekonomy, “the process by which the principles of the Disney theme parks are coming to dominate more and more sectors of the American economy as well as the rest of the world.”Alan Bryman, The Disneyization of society (Thousand Oaks, CA: Sage, 2004) 1. Us kursyf. Disneyization slacht net op rinnende bânproduksje, noch op effisjint leverjen fan de literatuer, mar op it Obegebou dat neat-ferblomjend boud is as minykolosseum foar brea & sirkus: op konsumpsje. Wat se ferwachtsje fan jo as kultuerûndernimmer fertelle de prinsipes dy’t it súkses fan it Disneypark joegen.Sjoch Alan Bryman, ‘The Disneyization of society’, Sociological Review 47:1 (1999) 25-47. Tematisearjen! Gjin literêr festival komt noch sûnder tema; hast altyd ‘Diversity’. Theming is ferfrissele mei lifestyle. Want massaproduksje kin net sûnder massakonsumpsje. Dat nei ieuwen Fryske sljochtens wurde de Friezen opnij opbrocht, ta grutskens: in lifestyle fan ferdivedaasje, “once restricted to the upper classes”, mei allerhanne nije neden en ferletten.Mark Paterson, Consumption and everyday life (Londen / New York: Routledge, 2006) 172. It kultuerprodukt, jo poëzybondel, is by definysje ‘ynklusyf’, want dy echoot in lifestyle dêr’t elkenien oan meidwaan—lês: meikonsumearje—kin. De kommersjele aard fan ‘iepen mienskip’ is dúdlik: “We are moving towards a society without fixed status groups in which the adoption of styles of life (manifest in choice of clothes, leisure activities, consumer goods, bodily disposition) which are fixed to specific groups have been surpassed.”Mike Featherstone, The body in the consumer culture (Londen: Sage, 1991) 83.

Wylst tematisearjen it doel hat fan in koherinte ‘experience’ , moat dedifferinsjearjen fan konsumpsje in ‘stay longer’-reaksje útlokje. Foar dy hybride konsumpsje sljochtsje se de grinzen tusken it soart oanbod. Ferkochten se jo niis noch popmuzyk, ûngemurken keapje jo no iten en drinken, want efter elk poadium fine jo in supermerk. Merchandising, au fond it brûken fan bekende bylden en logo’s, stammet út de massaproduksje fan sûvenirs; ek it nijste Fryske literatuerskiedboekje is fluch massaprodusearre foar toeristen. It prinsipe fan emosjonele arbeid hâldt yn dat jo elke konsumint mei itselde entûsjasme ferwolkomje en ferdivedearje,Alan Bryman, The Disneyization of society (Thousand Oaks, CA: Sage, 2004); Alan Bryman, ‘The Disneyization of society’, Sociological Review 47:1 (1999) 25-47. ek as dy net om poëzy jout en feitlik allinne komt foar de glühwein—dat jo sizze tsjin jo marketingekspert: doch mar wat it meast effektyf en it minst traumatysk is foar de dichter. En dat is de literêre priis. “Book awards bring benefits to everyone involved in the book industry.” Want “A book award raises the value of your book in the mind of the consumer.”Sarah Bolme, ‘The value of book awards’, (The official blog of) Book Marketing Tools, g.d. <http://bookmarketingtools.com/blog/the-value-of-book-awards/> [krigen 24 novimber 2018].

Dat is sa, tink derom sizze jo, oant de konsumint it boek lêst. Koartlyn die út grutskalich ûndersyk bliken dat it winnen fan in wichtige priis komt mei in “particularly sharp reduction” yn kwaliteitsoardielen. Dat komt, tinke de ûndersikers, om’t in boek folle mear konsuminten krijt as it in priis wint en de measten it boek net keapje út yntrinsike niget mar om’t it in priis krige; dan falt it gau ôf.Balázs Kovács en Amanda J. Sharkey, ‘The paradox of publicity: How awards can negatively affect the evaluation of quality’, Administrative Science Quarterly 59:1 (2014) 1-33.

As dêrneist de sjuery populistyske driuwfearren sjen lit, dus suggerearret dat it kulturele libben fan gewoane lju folle wichtiger is as Hege Kultuer,Jim McGuigan, Cultural populism (Londen / New York: Routledge, 1992) 4. skeint dat de skriuwer syn ferpatsberens likegoed as syn street cred as keunstner.John Self, ‘Booker prize populism may well backfire’, The Guardian, 17 oktober 2011 <https://www.theguardian.com/books/2011/oct/17/booker-prize-populism-backfire> [krigen 24 novimber 2018]. Dy kin dan better net nominearre west ha. En kultuerkapitalisme en populistysk tinken oer kultuer gean hân yn hân: “[I]t is manifestly evident that a correspondence exists between the populist sentiments of consumerist cultural studies and cultural capitalism.”Jim McGuigan, ‘Cultural studies and the new populism’, yn George Ritzer (red.), Encyclopedia of social theory (Thousand Oaks, CA: Sage, 2005) 177-181, 180. It Fryske kultuerpopulisme makket dat hjir gjin petear is oer literêre prizen as commodity en oer ien ynstitút mei wol trije prizen yn ’e hân, mei gjin oar doel as om dy egaal út te smarren;De offisjele ‘reden’ is: “Ljouwert is lykwols fan betinken dat it útrikken fan prizen gjin kearntaak fan in gemeentebestjoer is. Dêrom sil de Rely tenei wierskynlik troch de stichting FLMD útfierd wurde.” ‘Ljouwert wol net, dus FLMD nimt de Rely Jorritsmapriis oer’, It Nijs 1 oktober 2017 <https://www.itnijs.frl/2017/10/ljouwert-wol-net-dus-flmd-nimt-de-rely-jorritsmapriis-oer/> [krigen 24 novimber 2018]. “populism and poor discourse quality go hand in hand.”Norbett Kersting, ‘Discourse quality in times of populism: An analysis of German parliamentary debates on immigration policy’, Communication & Society 31:3 (2018) 77-91, 90. Dêrneist sjocht men yn it populisme in trend dy’t neat mei it folk te krijen hat: de foarkar fan gelearde kritisy om, ynstee fan it petear oan te gean oer de drege mar needsaaklike fraach nei wearde, in noflike net-beoardieljende hâlding oan te nimmen.Jim McGuigan, Cultural populism (Londen / New York: Routledge, 1992) 173, sjoch ek 71ef., 75, 80, 82. Jou se allegearre in brownie, sei Stephen King.‘Stephen King makes a prize call for populism’, The Guardian, 21 novimber 2003 <https://www.theguardian.com/books/2003/nov/21/usnationalbookawards.awardsandprizes> [krigen 24 novimber 2018].

Dêrom binne der fierstente folle literêre prizen, 4 foar de 40 aktive Fryske skriuwers. It iennichste doel fan Disneyization is omset: wat mear neden de events ferlichtsje, wat langer minsken hingjen bliuwe. Al dy “prizes need writers, but writers don’t need prizes”, seit frekwent literêre priiswinner Richard Flanagan.Richard Flanagan, ‘A loss for words’, The Sydney Morning Herald, 16 juny 2012 <https://www.smh.com.au/entertainment/books/a-loss-for-words-20120615-20exa.html> [krigen 24 novimber 2018]. Prizen meitsje gjin literêre kultuer, dat is âld nijs. Kultureel ûnmisbere boeken, tink oan Kafka syn oeuvre, binne nea bepriizge en gjinien lêst se. It ynstitút literêre priis lijde neffens kritikus John Guillory dochs al oan “the ordeal of middlebrow culture,” beknypt tusken de eask fan in sa breed mooglike smaak oan ’e iene kant en it net ferfrjemdzjen fan de literêre lêzer oan ’e oare.John Guillory, ‘The Ordeal of Middlebrow Culture’, Review of The Western Canon by Harold Bloom, Transition 67 (1995) 82-92, 87. Belutsenens by literatuer is der yn de mienskip hielendal net: it spektakel om literêre prizen hinne ferhoalet dat.

Disneyization makket dat prizen inkeld tsjinje om de wearde fan ien boek te bewizen en wat gjin priis wint hat gjin wearde. Dus Disneyization bringt ús de literêre priiswinner as de objektyf bêste, as in mjitbere atletyske prestaasje yn in ûnpartidige arena, ynstee fan, sa’t Julian Barnes sei oer de Man Booker, in “posh bingo.” “Literary prizes exist to give dog shows a good name”, seit Flanagan. Prizen wurde folslein subjektyf jûn. Dat útjouwers der sa’n hurde wearde oan hechtsje, skuort de literêre wrâld út syn lykwicht om’t dy iensidich wurdt.Sarah Gilmartin, ‘Literary awards’ pros and cons: gold stars and black marks’, The Irish Times, 9 maart 2016 <https://www.irishtimes.com/culture/books/literary-awards-pros-and-cons-gold-stars-and-black-marks-1.2566177> [krigen 24 novimber 2018]; Daniel Mendelsohn en Jennifer Szalai, ‘Whom or what are literary prizes for?’, New York Times, 19 novimber 2013 <https://www.nytimes.com/2013/11/24/books/review/whom-or-what-are-literary-prizes-for.html> [krigen 24 novimber 2018]. De priis as ein-diskusje set de kultuer stil. It deadet de naiviteit yn poëzy. Outsider art of poëzy bûten it mêd fan ’e offisjele kultuer of dy’t opsetlik de akseptearre styl te min earbiediget, of dreech is, hat gjin inkelde kâns.Danuta Kean, ‘On eve of Costa awards, experts warn that top books prizes are harming fiction’, The Guardian, 2 jannewaris 2017 <https://www.theguardian.com/books/2017/jan/02/on-eve-of-costa-awards-experts-warn-that-top-books-prizes-are-harming-fiction> [krigen 24 novimber 2018]. De prizefiksaasje keart dat wy in grutter oanpart boeken fan oaren as no, fan froulju en oare marzjinale groepen, sjen sille, wylst wy sizze dat wy ferskaat wolle.Richard Flanagan, ‘A loss for words’, The Sydney Morning Herald, 16 juny 2012 <https://www.smh.com.au/entertainment/books/a-loss-for-words-20120615-20exa.html> [krigen 24 novimber 2018]. Sels as dy boeken wol prizen krije, betsjut dat net dat se gelikens yn ’e kanon opnommen wurde sille.Corina Koolen, Reading beyond the female: The relationship between perception of author gender and literary quality, dissertaasje UvA Geastwittenskip (Amsterdam: Universiteit van Amsterdam, 2018) 55.

Poëzy wurdt troch Disneyization dreaun nei it befêstigjen fan it bekende, rimeljen op in poadium. Yn ús ynternettiidrek ferpatst elkenien syn rimelderij wol foar eksperiminteel, sadat de dichter syn winsk om him te ûnderskieden mei in publikaasje by in erkende kultueryndustrieel like logysk is as dy syn nee om’t it net út kin. Mar kleie oer har ekonomyske marzjinaliteit as dichter—“de [kultu­rele haadstêdlju] hiene net folle doel oer Fryske literatuer”—en tagelyk meiprofitearje wolle fan ’t kultuerkapitalisme is gratuit.Geart Tigchelaar en Syds Wiersma, ‘Dichterskollektyf Rixt hat in joyeuze aginda’, Leeuwarder Courant, 17 novimber 2018, 14. Dus knikke jo: “Let’s figure out … how to work within structures that aren’t prize/award/money dependent, and invent them if they don’t exist.”Kristin Prevallet, ‘Why poetry criticism sucks’, Jacket 11 (2000) <http://jacketmagazine.com/11/prevallet.html> [krigen 24 novimber 2018].

Noaten

  1. Sjoch bygelyks Tom Chivers, ‘Thinking about the line: Poetry and the Art of Editing’, Penned in the Margins, 23 oktober 2013 <http://www.pennedinthemargins.co.uk/index.php/2013/10/poetry-and-editing/> [krigen 24 novimber 2018].
  2. Kirsten van Santen, Culturele Hoofdstad loopt op zijn einde: afrekenen met de mienskip, Leeuwarder Courant, 24 novimber 2018 <https://www.lc.nl/friesland/Culturele-Hoofdstad-loopt-op-zijn-einde-afrekenen-met-de-mienskip-23862431.html> [krigen 24 novimber 2018].
  3. György Lukács, ‘Reification and the consciousness of the proletariat’, yn History & class consciousness [1923], oers. Rodney Livingstone (Cambridge, MA: MIT Press, 1971) 83-222.
  4. Ernest Mandel, Late capitalism (Londen: NLB, 1975) 502. Let-kapitalisme fêstige him om it yndustrialisearjen fan superstrukturele aktiviteiten hinne (“industrialization of superstructural activities”), dy’t hieltyd mear produsearre wurde foar de merk en rjochte binne op winstmaksimalisaasje (“for the market and aim at maximization for profit”).
  5. Geoffrey Glass, ‘Audience labor: The asymmetric production of culture’, Geoff.net, 22 jannewaris 2006 <http://www.geof.net/research/2006/audience-labor> [krigen 24 novimber 18].
  6. Ludwig von Mises, ‘Profit and loss’, Paper taret foar de gearkomste fan de Mont Pèlerin Society holden yn Beauvallon, France, 9 to 16 septimber, 1951, opnommen yn Planning for freedom (South Holland, IL: Libertarian Press, 1952).
  7. Arifa Akbar, ‘Top novelist feels pressure to ‘dumb down’ ’, The Independent, 7 oktober 2008 <https://www.independent.co.uk/arts-entertainment/books/news/top-novelist-feels-pressure-to-dumb-down-953499.html> [krigen 24 novimber 2018].
  8. Lincoln Michel, ‘Ursula K. Le Guin: “I keep Asking You Not to Buy Books from Amazon”’, Electric Literature, 2 juny 2015 <https://electricliterature.com/ursula-k-le-guin-i-keep-asking-you-not-to-buy-books-from-amazon-a9db80b6c54f> [krigen 24 novimber 2018].
  9. Adrienne Rich, ‘Those two shelves down there’, yn What is found there: Notebooks on poetry and politics [1993] (New York / Londen: Norton, 2003) 29-32. De notysje dracht de epigraaf: ‘The lack of means to distribute is another form of censorship. —Nadine Gordimer’
  10. Anisse Gross, ‘How to sell nearly a half-million copies of a poetry book: Poetry blockbuster’, Publishers Weekly, 26 augustus 2016 <https://www.publishersweekly.com/pw/by-topic/industry-news/publisher-news/article/71353-how-to-sell-nearly-a-half-million-copies-of-a-poetry-book.html> [krigen 24 novimber 2018].
  11. Bruno Gentili, Poetry and its public in ancient Greece: From Homer to the fifth century, oers. en ynl. A. Thomas Cole (Baltimore / London: The Johns Hopkins University Press, 1988) 166.
  12. John Barr, ‘Is it poetry or is it verse?’, Poetry Foundation, 18 septimber 2006 <https://www.poetryfoundation.org/articles/68681/is-it-poetry-or-is-it-verse> [krigen 24 novimber 2018].
  13. Jeremy Rifkin, ‘The new capitalism is about turning culture into commerce’, Los Angeles Times, 17 jannewaris 2000 <https://www.uni-muenster.de/PeaCon/dgs-mills/mills-texte/Rifkin-Hypercapitalism.htm> [krigen 24 novimber 2018].
  14. Slavoj Žižek, ‘First as tragedy, then as farce’, RSA (Royal Society for the encouragement of Arts, Manufactures and Commerce), 24 novimber 2009 <https://www.thersa.org/discover/videos/event-videos/2009/11/first-as-tragedy-then-as-farce> [krigen 24 novimber 2018].
  15. Mouseketeer Cole, ‘Disneyfication and Disneyization’, Disneyology, 25 maart 2010 <http://disneyology.blogspot.com/2010/03/disneyfication-and-disneyization.html> [krigen 24 novimber 2018];
  16. Richard Schickel, The Disney version: The life, times, art and commerce of Walt Disney, revised edition (Londen: Pavilion, 1986) 225.
  17. Lorenzo Alexander L. Puente, ‘ “The commodification of everything”: Disneyfication and Filipino American narratives of globalization and diaspora’, dissertaasje Filosofy Boston College, maaie 2014, 3 <http://hdl.handle.net/2345/bc-ir:104086>.
  18. Alan Bryman, The Disneyization of society (Thousand Oaks, CA: Sage, 2004) 1. Us kursyf.
  19. Sjoch Alan Bryman, ‘The Disneyization of society’, Sociological Review 47:1 (1999) 25-47.
  20. Mark Paterson, Consumption and everyday life (Londen / New York: Routledge, 2006) 172.
  21. Mike Featherstone, The body in the consumer culture (Londen: Sage, 1991) 83.
  22. Alan Bryman, The Disneyization of society (Thousand Oaks, CA: Sage, 2004); Alan Bryman, ‘The Disneyization of society’, Sociological Review 47:1 (1999) 25-47.
  23. Sarah Bolme, ‘The value of book awards’, (The official blog of) Book Marketing Tools, g.d. <http://bookmarketingtools.com/blog/the-value-of-book-awards/> [krigen 24 novimber 2018].
  24. Balázs Kovács en Amanda J. Sharkey, ‘The paradox of publicity: How awards can negatively affect the evaluation of quality’, Administrative Science Quarterly 59:1 (2014) 1-33.
  25. Jim McGuigan, Cultural populism (Londen / New York: Routledge, 1992) 4.
  26. John Self, ‘Booker prize populism may well backfire’, The Guardian, 17 oktober 2011 <https://www.theguardian.com/books/2011/oct/17/booker-prize-populism-backfire> [krigen 24 novimber 2018].
  27. Jim McGuigan, ‘Cultural studies and the new populism’, yn George Ritzer (red.), Encyclopedia of social theory (Thousand Oaks, CA: Sage, 2005) 177-181, 180.
  28. De offisjele ‘reden’ is: “Ljouwert is lykwols fan betinken dat it útrikken fan prizen gjin kearntaak fan in gemeentebestjoer is. Dêrom sil de Rely tenei wierskynlik troch de stichting FLMD útfierd wurde.” ‘Ljouwert wol net, dus FLMD nimt de Rely Jorritsmapriis oer’, It Nijs 1 oktober 2017 <https://www.itnijs.frl/2017/10/ljouwert-wol-net-dus-flmd-nimt-de-rely-jorritsmapriis-oer/> [krigen 24 novimber 2018].
  29. Norbett Kersting, ‘Discourse quality in times of populism: An analysis of German parliamentary debates on immigration policy’, Communication & Society 31:3 (2018) 77-91, 90.
  30. Jim McGuigan, Cultural populism (Londen / New York: Routledge, 1992) 173, sjoch ek 71ef., 75, 80, 82.
  31. ‘Stephen King makes a prize call for populism’, The Guardian, 21 novimber 2003 <https://www.theguardian.com/books/2003/nov/21/usnationalbookawards.awardsandprizes> [krigen 24 novimber 2018].
  32. Richard Flanagan, ‘A loss for words’, The Sydney Morning Herald, 16 juny 2012 <https://www.smh.com.au/entertainment/books/a-loss-for-words-20120615-20exa.html> [krigen 24 novimber 2018].
  33. John Guillory, ‘The Ordeal of Middlebrow Culture’, Review of The Western Canon by Harold Bloom, Transition 67 (1995) 82-92, 87.
  34. Sarah Gilmartin, ‘Literary awards’ pros and cons: gold stars and black marks’, The Irish Times, 9 maart 2016 <https://www.irishtimes.com/culture/books/literary-awards-pros-and-cons-gold-stars-and-black-marks-1.2566177> [krigen 24 novimber 2018]; Daniel Mendelsohn en Jennifer Szalai, ‘Whom or what are literary prizes for?’, New York Times, 19 novimber 2013 <https://www.nytimes.com/2013/11/24/books/review/whom-or-what-are-literary-prizes-for.html> [krigen 24 novimber 2018].
  35. Danuta Kean, ‘On eve of Costa awards, experts warn that top books prizes are harming fiction’, The Guardian, 2 jannewaris 2017 <https://www.theguardian.com/books/2017/jan/02/on-eve-of-costa-awards-experts-warn-that-top-books-prizes-are-harming-fiction> [krigen 24 novimber 2018].
  36. Richard Flanagan, ‘A loss for words’, The Sydney Morning Herald, 16 juny 2012 <https://www.smh.com.au/entertainment/books/a-loss-for-words-20120615-20exa.html> [krigen 24 novimber 2018].
  37. Corina Koolen, Reading beyond the female: The relationship between perception of author gender and literary quality, dissertaasje UvA Geastwittenskip (Amsterdam: Universiteit van Amsterdam, 2018) 55.
  38. Geart Tigchelaar en Syds Wiersma, ‘Dichterskollektyf Rixt hat in joyeuze aginda’, Leeuwarder Courant, 17 novimber 2018, 14.
  39. Kristin Prevallet, ‘Why poetry criticism sucks’, Jacket 11 (2000) <http://jacketmagazine.com/11/prevallet.html> [krigen 24 novimber 2018].

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.18, 18 novimber 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen XVIII: Kultureel populisme

image Fers2

Oer it kaaiwurd ‘popkultuer’ yn ’e nije provinsjenotysje woene wy net begjinne. In Boalserter beam liet no en dan in bledsje rûgelje. Mar Aggie van der Meer sei: “Alle politike partijen oeral yn Europa, lykas no de VVD, sykje ynienen om it ferline: in ferline fan it lân. Allinne GrienLinks docht dat net.”Aggie van der Meer, Persoanlike meidieling, Boalsert, 10 novimber 2018. Patsboem binne jo konservatyf as jo stiifsettich nei de takomst sjogge. De rest giet werom yn ’e tiid. “History is past politics, and politics present history”, sa betocht in fiktoriaanske skiedskriuwer mei it doedestiids romroftige leauwe yn de bining fan skiednis mei polityk.Ian Hesketh, ‘ ‘History is past politics, and politics present history’: who said it?’, Notes and Queries 61:1 (2014) 105-108. Beskikber op <https://doi.org/10.1093/notesj/gjt244>. De útspraak is eksimplarysk foar de smelle fisy op de skiedkundige dissipline yn ’e noch fier fan demokratyske njoggentjinde ieu. Skiednis koe allinne skiednis wêze as it polityk wie en him bekroade oer de grutte keardels. Us tinken oer skiednis gie aldergelokst gau fierder. Mar der binne plakken dêr’t de âlde opfetting syn sjarmes net ferliest.

It fiktoariaanske ferline=polityktinken redusearret de boargers ta museumstikken. Yn it museum stean artefakten út it ferline. Se woartelje yn in oare tiid. Wat kinne se sizze oer it no, útsein dat har woartels no ienris lizze wêr’t se leine en dêr generaasjes fan ferline opsûgden sa’t it op har ta kaam, oant se djip fan binnen út ferline bestiene? Us Fryske ferline hat him ferstjurre ta ús kultuer: “Wat hem [Reza Ghoochannejhad] populair maakt is zijn nuchterheid. Die heeft hij te danken aan de Friese cultuur.”‘ ‘Nuchtere’ Reza is populair: “Die heeft hij te danken aan de Friese cultuur”’, FeanOnline, 10 juny 2018 <https://www.feanonline.nl/nieuws/eerste-elftal/173155/nuchtere-reza-is-populair-die-heeft-hij-te-danken-aan-de-friese-cultuur> [krigen 9 novimber 2018].

Yn ’e grûn is alle demokratyske polityk in gefjocht oer de takomst. De wollige nostalgy, omtwittere troch de begrutlike, lytsbernige Big Brother as “make it great again” en “the way it was meant to be” is sa ferslaavjend om’t polityk en belied sa net langer in saak binne fan fierder rinnen, mar fan eat te efterheljen dat kwytrekke is. Dêrom hoecht de machthawwer net út te lizzen wat syn polityk krekt wêze sil: hy betrout derop dat it folk syn eardere gloarje werkent sadree’t se dy sjogge (by need litte jo dat Bert Looper nochris ferdútse, trijeris yn ’e wike op likefolle hokker Tresoarkursus). Om syn belied te ferkeapjen hoecht in politikus net mear dreech en ûnderút te heljen te redenearjen. Hy spilet noflik yn op ynstinkt en emoasje.

“Populisten kinne allinne tierje yn in fermidden fan minsken dy’t jaloersk binne op minsken dy’t letter libje sille”, seit Van der Meer. Mar tagelyk mankearret it oan optimisme. It trochsneed elektoraat, ek as dat him net as martelders op de sneldyk smyt foar ‘ús’ swarte pyttradysje, ferwachtet hielendal gjin ferbettering fan de takomst: yn it ferline brocht de takomst ommers ek gjin ferbettering.

Unferwacht binne wy it dêr in bytsje mei iens. It nasjonalisme, in taai sentimint yn Fryslân, strûpte him oan it ein fan de njoggentjinde ieu hommels út syn alsidich himd en ferlear syn frijheidsdoel út it each. It waard nei binnen rjochte, essinsjalistysk, folkloristysk, benaud, rassistysk, fijannich en sa rjochts as wat. Nijmoadrich waard it fiiste wurd op ’e foarkarswurdlist. Wat der no op it provinsjehûs bart is allegearre net nij. Net sa demokratyske rezjyms hoedzje har folk tsjin de driging fan moderniteit en foarútgong. “Sjoch it ylliberalisme yn Hongarije”, seit Van der Meer, “Orban freget syn boargers net wat dy wolle, om’t in wiere lieder it ferlet fan de minsken ken as syn eigen broeksbûse, al foar’t se it sels kenne.”

Wy witte fan neat. De kultuerkletsika begûn sa ûnnoazel dat it oan ús foarby gie:

De Friezen staan bekend als een trots volk. Ze hebben een rijke cultuur waar ze trots op zijn. Friesland kent vele kunstenaars die de Friese cultuur bewaren en uitzenden. … De Friese cultuur geeft kleur aan het leven en het brengt mensen samen.Pro123.nl, ‘Cultuur in Friesland’, FrieseVolk.nl, g.d. <https://www.friesevolk.nl/cultuur/> [krigen 9 novimber 2018].

Deputearre Poepjes sei dat Fryske bern har identiteit maklik kennen leare koene troch it folksliet te sjongen:

Zeker als je bedenkt dat ze hele teksten van rappers zo kunnen opdreunen. … Het heeft maar zes regels, een geweldig refrein en meer bite en vibe dan het Wilhelmus. … Als provincie steken we miljoenen in lesmethodes Fries, en de Friese geschiedenis en cultuur maken daar deel van uit.Karen de Mik, ‘Gedeputeerde: verplicht bezoek Fries Museum en Fries volkslied’, NRC, 11 oktober 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/10/11/gedeputeerde-verplicht-bezoek-fries-museum-en-fries-volkslied-13447244-a1576833> [krigen 9 novimber 2018].

De bern binne dan noch net fan de deputearre ôf: “Dit schilderij is een levendig voorbeeld van hoe kinderen zelf ook een onderdeel kunnen vormen van cultuur.”Marike van der Molen / De Feanster, ‘Gedeputeerde Poepjes onthulde megaschilderij op Kidsday’, Wielercomité Surhuisterveen, 13 juny 2018 <https://www.wielrennensurhuisterveen.nl/wielercomite/nieuws/gedeputeerde-poepjes-onthult-vrijdag-schilderij-kidsday> [krigen 9 novimber 2018]. Foar de Ljouwerter boargemaster is kultuer de “motor van vernieuwing” yn ’e ekonomyske hyskraan: “Wij willen Fryslân optillen.”Marc Gerlings, ‘Culturele hoofdstad Leeuwarden pleit voor innovatie via cultuur’, NRIT Media, 23 jannewaris 2018 <https://www.nritmedia.nl/kennisbank/38999/culturele-hoofdstad-leeuwarden-pleit-voor-innovatie-via-cultuur/?topicsid=> [krigen 9 novimber 2018].

Mar ûnfertocht waard it mienens. Earst skoden se it hoeden nei de parse. Op in stuit joegen se it frij yn in hoekje fan it provinsjeweb dêr’t se gjin besite ferwachtsje. Dêr lei de nije provinsjale kultuer­notysje: “Kultuer oan é kime. Het voorliggende uitvoerings­programma Kultuer oan é kime heeft als horizon 2021 en verder.”Provinsje Fryslân, ‘Kultuer oan’e kime: Heroriëntatie culturele infrastructuur Fryslân’, Provinsje Fryslân, [9 novimber] 2018, 1 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49237&f=826dfc4b7dabbf5285c6d27c0aba7f02&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018]. Utfieringsprogramma? O help? Nee, grapke fan de deputearre, haha. ’t Is in notysje. In notysje is in beslissingsstik. Wolle jo as ôfdieling of shareholder dat it management in beskate beslissing nimt, dan skriuwe jo dêr in notysje of memo foar. Dêr komme oertsjûgjende sifers yn, of as dy der net binne ek wol blide plaatsjes.

Op de fjirtich fleurich kleure siden komt “pop” 28 kear foar. “In de nieuwe uitvoeringsstructuur kiest de provincie voor een sterke inzet op popcultuur en (locatie)theater.”Provinsje Fryslân, ‘Kultuer oan’e kime: Heroriëntatie culturele infrastructuur Fryslân’, Provinsje Fryslân, [9 novimber] 2018, 1 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49237&f=826dfc4b7dabbf5285c6d27c0aba7f02&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018]. Oan it plak bûn teater is in ‘event’ dy’t in net-teaterpublyk lûkt en ynstee fan fêste stuollen iten en drinken en fan in kwaliteitsoptreden in ‘experience’ biede wol.Anna Pickard, ‘Losing sight of site-specific theatre’, The Guardian, 16 maaie 2008 <https://www.theguardian.com/stage/theatreblog/2008/may/16/losingsightofsitespecifict> [krigen 9 novimber 2018]. Popkultuer is op konsumpsje rjochte, út de ideology fan yndividualisme groeide massaferdivedaasje.Tim Delaney, ‘Pop culture: An overview’, Philosophy Now, 2007 <https://philosophynow.org/issues/64/Pop_Culture_An_Overview> [krigen 9 novimber 2018]. De ynset is dus in fuortsetting fan de kultuerfestivalisearring fan 2017 en 2018.

De brek mei it kultuerbelied fan no is it nij ynrjochte finansie­rings­stelsel: de memo is “gjin tradisjoneel útfieringsprogramma, mar in notysje dêr’t de stappen om te kommen ta in nij stelsels foar kultuerbelied fan 2021 ôf yn beskreaun wurdt.”S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 4 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018]. Se bedoele dat se fan strukturele finansiering fan organisaasjes, “boekjier­finansiering”, oergean op projektfinansiering, oftewol “fleksibel”. It finansierjen fan ’e kultuersektor bart altyd mei foar in part strukturele subsydzjes en in oar part projektsubsydzjes. Dat is om’t de bedriuwsmodellen, de koste-opbou en it finansieringsferlet fan kultueroanbieders fier útinoar rinne. Foar mikro-organisaasjes is in projektsubsydzje faak gaadliker. De erkende keunstynstellingen krije foar it útwreidzjen fan har funksje nei in lanlike skaal en in ynternasjonaal gewicht trochrinnende (oerheids)subsydzje.

Wat der bart as jo dy organisaasjesubsydzjes skrasse, witte wy fan steatssiktaris Halbe Niet De Raad Voor Cultuur Of Andere Deskundigen Moeten Bepalen Wat Goede Kunst Is Maar Het Publiek Zijlstra. Besunigingen yn de elitêre klassike muzyk—‘merk­konfoarm’—betsjut foar orkesten it oaninoar rigen fan projektsubsydzjes en losse fûnsen om it koarte termynprojekt út te fieren dêr’t it jild foar wûn is. Kommersjalisearring, opnij bringe wat juster goed kaarten ferkocht, is ferwis. Op in finansjeel feilige blockbuster nei kin lange termynplanning net.Leonie Kalkman, ‘Quantity versus quantity? The role of blockbuster exhibitions in the financial viability of Dutch art museums’, Tesis Cultural Economics and Entrepreneurship Erasmusuniversiteit, 2017, 10, 14 <https://thesis.eur.nl/pub/39479/Kalkman-Leonie.pdf> [krigen 9 novimber 2018]. Want it orkest wit net oft se aanst wol jild ha sille om de freelancemusisy dy’t hjoed spylje moarn wer te kontraktearjen.Sjoch David Edgar, ‘Why should we fund the arts?’, The Guardian, 5 jannewaris 2012 <https://www.theguardian.com/culture/2012/jan/05/david-edgar-why-fund-the-arts> [krigen 9 novimber 2018].

De ûnmooglikheid fan lange termynplanning makket dat in organisaasje him net fernije kin. Neist ynnovaasje kin ek de útbou fan de kulturele relevânsje, fan regionaal nei it útlân, net fan ’e grûn komme. Lit dat no allebeide wêze wat de kultuerdeputearre wol: “Europeeske blik yn ús belied [is] fan grut belang.”S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 1 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018]. Fernijing en kontinuïteit hat se sels ôfpraat mei de de folksfertsjintwurdiging: “Dit útstel is in fierdere útwurking fan de earder troch jimme Steaten beprate ramten (senario 1 Ynnovatyf en duorsum leeffermidden).”Dat haaddoel wurdt “oanfolle mei ekstra omtinken foar: a) Kultuertoerisme; b) lnisjativen fan ûnderop; c) Maatskiplike mearwearde; d) De legacy fan LF2018.” (s. 3) S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 1, 3 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].

It snijen yn strukturele subsydzjes is, sa’t wy al earder seine, yn striid mei de easken dy’t de Europeeske Kommisje stelt oan de titel fan Kulturele Haadstêd fan Europa. “The Decision is quite clear that an ECOC should be part of ‘a long-term cultural policy strategy capable of generating a sustainable cultural, economic and social impact.’”European Commission, ‘European Capitals of Culture 2020 to 2033: Guide for cities preparing to bid’, g.d., 32 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/capitals-culture-candidates-guide_en.pdf> krigen 9 novimber 2018]; European Commission, ‘Summary of the European Commission conference “Celebrating 25 years of European Capitals of Culture”, Brussels, 23-24 March 2010’, 7, 12 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/library/capitals-culture-25-years-conclusions_en.pdf> [krigen 9 novimber 2018]. Mar hjir sit de njirre ûnder it gers: “Best practice is to make sure there is a budget and staffing for the ECOC+1 year to ensure a transition to those organisations who will sustain the momentum.”European Commission, European Capitals of Culture 2020 to 2033: Guide for cities preparing to bid, g.d., 32 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/capitals-culture-candidates-guide_en.pdf> [krigen 9 novimber 2018]. It beliedsútstel is krekt foar 2021.

Wat der bart is dat de kultuerdeputearre foar it effekthifkjen fan it kulturele haadstêdbelied út, op 19 desimber as gjinien noch wat wit oer besikerssifers en netto ynkomsten—mar wol dat fan de grutste kultueroanbieder yn it kultuerele haadstêd-‘bid book’, Sense of Place, nul projekten útfierd binne‘Provincie pakt mogelijk rol bij Sense of Place’, Leeuwarder Courant, 14 novimber 2018 <https://www.lc.nl/friesland/Provincie-pakt-mogelijk-rol-bij-Sense-of-Place-23810200.html> [krigen 15 novimber 2018].—en krekt foar’t hja sels fuortgiet—sjoch it as har legacy—oan de Provinsjale Steateleden freget en akkedearje mei har beliedsútstel. Bêst, sizze wy. Net de effektiviteit fan beskaat belied, sa’t dat nei foaren komt út ûndersyk nei it beheljen fan de beliedsdoelen, moat it nije belied bepale, mar wat de boargers kieze. Lykas by it klimaatfraachstik wurdt ûndersyk hieltyd brûkt om it tema te depolitisearjen, dus lit dat ûndersyk. Mar it folk hat likegoed gjin kar. Want krekt foar de ferkiezingen nimme de âlde Provinsjale Steaten de beslissing foar de nije Provinsjale Steaten. Wat de Steaten dwaan moatte is fansels in moasje fan treurnis yntsjinje om de grutte haast—yn oktober en novimber binne fluch seis (6!) flankearjende notysjes oer kultuer typt—en it kultuerbelied foar 2020 ynhâld meitsje fan de ferkiezingsprogramma’s.

Mar Provinsjale Steaten sille ynstimme, ek mei de “ynhâldlike karren … om it belied fan de provinsje mear fokus te jaan” troch in oar, “transparant” prosedee, lykas “eksterne advyskommisjes foar de kwalitative beoardieling fan de [subsydzje]oanfragen … (wêrby’t de ûnôfhinklikens fan de kommisjeleden in wichtich punt fan omtinken is).”S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 10, 13 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018]. It kin har neat skele dat it hifkjen op ynhâld in ûnûnderboud fleane litten is fan Thorbeckes ûnthâlding fan ynhâldlik oardiel. Ek is ûnôfhinklikens ûnmooglik, sei Gerben Abma yn 1970, doe’t it skriuwersfjild trije kear sa grut wie as no:

Om’t wy yn Fryslân altyd mei ien rountsje sitte, is oerheitspolityk hjir yn wêzen in freonepolityk en Fryske kultuer wurdt in saek fan freon to wêzen mei de oerheit en dy nei de eagen-sjenderij. Om konkreet to wurden: de potsjepolityk. It is wol better as neat mar it is net iepen kontrolearber.Gerben Abma, ‘Fryske kultuer steatskultuer’, Trotwaer 2:3-4 (1970) 81-83, 83.

À propos, it útstel ferhuzet de “letteren” fan de taalpot nei de keunstpot, wylst taal in bytsje beskerme is troch de Ried fan Europa, mar de provinsje nea keunstbelied hân hat en yn dat keunstbelied ynset op “pop”. Want “Steeds duidelijker wordt dat de waarde van cultuur veel breder is dan alleen de artistieke waarde.”S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 5, 13 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].

Krekt dêrom geane Provinsjale Steaten aansen akkoart mei it útstel: om de amateurkeunst, it sljochtsjen fan sketten tusken subsydzjepotten, it frykseigene en it direkt folksrieplachtsjen by wize fan beliedsûntwerp, dêr’t se in jier lyn yn moasjes en amandeminten om fregen. In protte kultuer, sa giet it populisme dat oer de ierdbol giselet, is spesjaal ornearre foar minsken mei in hege oplieding, wylst it foar alle minsken tagonklik wêze moat. Populisme is in tinne ideology, dy’t earst tsjin in grouwe ideology oankrûpe moat om te groeien, gewoanlik it nasjonalisme. Mar de populistyske oanfal op minskerjochten en fûnemintele wearden, yn ’t earste plak demokrasy, is der net minder om. Want alle populisten claime dat se opkomme foar de ta slachtoffer makke mearderheid: it folk. Dêrom woene Provinsjale Steaten in direkt petear mei it kultureel ûnderdrukte folk. Ut dat folk op ’t doarpsplein, fertelt de notysje, foarme him spontaan in kader fan tolve dissipels dy’t ferkundigen dat hja foar alle oaren praten, de “brede kearngroep”, en elk garre fan tsien man út syn “fjild”, mei-inoar 120, dy har ferlet en winsken; dy stean no yn Kultuer oan é kime.S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 10 , 7-8 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].

It mearderheidsbegjinsel ferkringt ferskaat en ûntjouwing—en keunst—om’t in mearderheid syn eigen belangen boppe-oan op ’e aginda set.

The will of the people, moreover, practically means, the will of the most numerous or the most active part of the people; the majority, or those who succeed in making themselves accepted as the majority: the people, consequently, may desire to oppress a part of their number.John Stuart Mill, On liberty [1859] (Londen / Felling-on-Tyne / New York / Melbourne: Walter Scott, 1901) 7.

Mar it alwittende populisme is noch destruktiver. De machthawwers skeppe hegemonysk in ‘folk’ as homogene ienheid. Sa kin ien man alle oaren fertsjintwurdigje. Dy hoege neat mear ta te heakjen. Populisme is dêrom, seit Ernesto Laclau, sûnt Plato beskôge as it oergean fan in gefaarlike grins, “which puts the clear-cut moulds of a rational community into question.”Ernesto Laclau, On populism (Londen / New York: Verso, 2005) x et passim. Populisme is de polityk om, as net oan de easken fan de opposysje foldien wurde kin, ynienen te sjen nei de ferdrukten en ynwikselberen.Ernesto Laclau, On populism (Londen / New York: Verso, 2005) 180-181. “Het cultuurpopulisme staat voor partij kiezen van diegenen die door het establishment een gebrek aan cultuur wordt verweten”, seit selsferklearre kultuer­populist Gust De Meyer.Gust De Meyer, Zuur-zoet: Media en cultuur in de samenleving (Leuven / Voorburg: Acco, 2004) 107. Syn fisy op de wearde fan kultuer ken wol “een belangrijke rol toe aan de ‘consument’, namelijk het publiek dat van kunst geniet.”Gust De Meyer, Zuur-zoet: Media en cultuur in de samenleving (Leuven / Voorburg: Acco, 2004) 63. Dat fynt oanklang yn provinsjale beliedskriten, just om’t se dêr de opposysje syn fersyk om heechweardige kultuer net ynlosse kinne. In oerheid ûntkent dan dat sa’n opposysje bestiet—it hiele fjild is feriene yn ien notysje—en ferskoot syn checks-and-balances-kultuerbeliedsramt, mei kultuer sûnder ynhâldlike bemuoienis, ‘arms length’, nei sintralisearre, ideologyske kontrôle en keunst dy’t tsjinnet om de polityk te estetisearjen.

Kultuerpopulisme omfettet it leauwe dat populêre kultuer gewicht yn ’e skeal leit foar de libbensechte politike striid en sosjale feroaring oer. Popkultuer, sizze kultuerpopulisten, kin doelberet skoepen wurde as antwurd op wichtige fraachstikken:Ethan Hammerman, ‘Social/cultural analysis - cultural populists and cultural pessimists’, Brown University, g.d. <https://brown.digication.com/ethan_hammermans_capstone/Social_Cultural_Analysis> [krigen 9 novimber 2018]. “[It Fryske kultuerbelied] LF2018 hat bewiisd dat kultuer oan in soad maatskiplike opjeften in bydrage leverje kin.”S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 8 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018]. Mar stjoere de popkultueroanbieders net earder it tinken fan it folk, ynstee fan de empowerment te bieden om sels har wrâld te mennen? Al 26 jier lyn wiisde de munter fan it begryp ‘cultural populism’, Jim McGuigan, de kultuerbeneiering ôf dy’t ûnkritysk de materiële kontekst bûten beskôging lit dy’t minsken har geniet en ekspresje foarm jout. It byld fan in publyk dat aktyf de popmedia brûkt foar ûntjouwing en fan popkultuer mei it potinsjeel ta polityk ferset en sosjale feroaring, achte McGuigan abslút misliedend en ideologysk ûnnoazel: in oerskatting fan de minsklike agency en in ûnderskatting fan strukturele sosjale, politike en ekonomyske faktoaren.Jim McGuigan, Cultural populism (Londen / New York: Routledge, 1992) 70-74 et passim.

Mei de klam op geniet, konsumpsje en de yndividuele identiteit wie net langer it mienskiplik betsjuttingjaan yn de arbeiders­klasse­kultuer it punt, mar de produksje fan populêre betsjutting op it momint fan konsumpsje. De eigentlike folkskultuer waard ferleske ta in populistysk bejubeljen fan populêre foarmen.Ana Clara Birrento, ‘Uniting the two torn halves – High culture and popular culture’, Paper fan de konferinsje “INTER: A European Cultural Studies Conference in Sweden”, organisearre troch de Advanced Cultural Studies Institute of Sweden (ACSIS) yn Norrköping 11-13 juny 2007, ‘Conference Proceedings’, 143, Linköping University Electronic Press <https://www.ep.liu.se/ecp/025/016/ecp072516.pdf> [krigen 9 novimber 2018]. Dêrby liedt it sintraal stellen fan identiteit ôf fan it doel fan opnij ferdielen fan macht. Yn werklikheid bestie der yn ’t fiere ferline nea in homogene ‘mienskip’ en hat der boppedat nea organisearre liederskip west. Net tafallich stiet “polityk” net en “partisipaasje” mar ienris yn de notysje en hokker meidwaan is ûndúdlik. De Meyer sjocht minsken al as folslein yntergrearre as hja meidogge oan it ynformele maatskiplik libben, lykas winkeljen en horekabesite, “zich engageren in een bruisend, ongeorganiseerd middenveld.”Koen Dille, ‘Cultuurpopulist: geen vel over de buik’, Aktief 2 (2005) <https://www.marxists.org/nederlands/dille/2005/2005cultuurpopulist.htm> [krigen 9 novimber 2018]; Gust De Meyer, Zuur-zoet: Media en cultuur in de samenleving (Leuven / Voorburg: Acco, 2004) 59.

Aktyf engaazjemint freget om ferskaat en autonomy.Ernesto Laclau en Chantal Mouffe, Hegemony and socialist strategy: Towards a radical democratic politics, Second edition (Londen / New York: Verso, 1985) 166-167. Dat kin der net wêze by in direkte line tusken de lieder en de massa dy’t ien is: sûnder ús bakkeleien oer wat elk fan ús mient dat goed is. It relativearjen fan populisme makket keunstkritisy oerstallich, seit McGuigan.Jim McGuigan, Cultural populism (Londen / New York: Routledge, 1992) 79-80. Keunst sil fossilisearje. Meidwaan is dan inkeld wat it oerheidssponsorskip­stelsel ôftwingt: ynstituten as kliïntelistyske oanhingels dy’t alles dogge om te foldwaan oan wat it kultuerpopulisme wol hifkje mar net definiearje kin—kwaliteit. It populistysk programma wol keunst dy’t de kleau tusken de keunstner en de folk oerbrêget. It definiearret keunstners as lju laat troch de leafde foar it lân en folk as legitime ienheid—yn 1982 tackele byldzjende keunstdosint Bartle Laverman in learling mei: “Do bist gjin echte Fries.”Ut persoanlik petear, Frjentsjer, juny 1982. Dochs ûntstiet autentike keunst inkeld mar, seit Adorno, as de keunstner net meidocht: as er tradysje ôf­wiist en hannelet yn de sosjale wrâld.Theodor W. Adorno; Gretel Adorno en Rolf Tiedeman (red.), Aesthetic theory, oers. Robert Hullot-Kentor (Londen / New York: Continuum, 1997) 228. Dus wat de fernijing-kultus oangiet, “this stress on novelty should not be mistaken for an apology of the fashionable, it rather indicates that the aesthetic material itself is drawn into the historical process.”Peter Uwe Hohendahl, Reappraisals: Shifting alignments in postwar critical theory (Ithaca / Londen: Cornell University Press, 1991) 82. Beskikber op <https://www.jstor.org/stable/10.7591/j.ctt1g69xjd.7>.

Hoe ûnmooglik oft dat is lit wol de saak Scrittori e popolo sjen. Alberto Asor Rosa skreau yn 1965 syn oanklacht tsjin ’e aktuele situaasje fan de operaïstyske beheining fan de skriuwer ta lêsfoer foar it folk, en dat sûnder de easke leechdrompelige algemienheden (mar mei Gramsci): dy’t net foar it folk skriuwt, bestiet net as skriuwer. It boek waard net opmurken. Krekt twa jier lyn kaam it út yn it Ingelsk. Want no ha wy it populisme.Marco Baravalle, ‘Art-populism and the alter-institutional turn’, e-flux Journal 89, maart 2018 <http://worker01.e-flux.com/pdf/article_182464.pdf> [krigen 9 novimber 2018]. Mar, seit Asor Rosa: “De teoretisy en analisten dy’t der tsjin yn gean telle jo op de fingers fan ien hân en brekke net troch de muorre fan ûnferskilligens.”Rafaella de Santis, ‘Alberto Asor Rosa “Siamo rimasti senza il popolo”’, La Repubblica, 28 desimber 2014 <https://ricerca.repubblica.it/repubblica/archivio/repubblica/2014/12/28/alberto-asor-rosa-siamo-rimasti-senza-il-popolo42.html> [krigen 9 novimber 2018].

Aggie van der Meer wie ûnderwilens stil wurden. Dat bart net gau.

Noaten

  1. Aggie van der Meer, Persoanlike meidieling, Boalsert, 10 novimber 2018.
  2. Ian Hesketh, ‘‘History is past politics, and politics present history’: who said it?’, Notes and Queries 61:1 (2014) 105-108. Beskikber op <https://doi.org/10.1093/notesj/gjt244>.
  3. ‘ ‘Nuchtere’ Reza is populair: “Die heeft hij te danken aan de Friese cultuur”’, FeanOnline, 10 juny 2018 <https://www.feanonline.nl/nieuws/eerste-elftal/173155/nuchtere-reza-is-populair-die-heeft-hij-te-danken-aan-de-friese-cultuur> [krigen 9 novimber 2018].
  4. Pro123.nl, ‘Cultuur in Friesland’, FrieseVolk.nl, g.d. <https://www.friesevolk.nl/cultuur/> [krigen 9 novimber 2018].
  5. Karen de Mik, ‘Gedeputeerde: verplicht bezoek Fries Museum en Fries volkslied’, NRC, 11 oktober 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/10/11/gedeputeerde-verplicht-bezoek-fries-museum-en-fries-volkslied-13447244-a1576833> [krigen 9 novimber 2018].
  6. Marike van der Molen / De Feanster, ‘Gedeputeerde Poepjes onthulde megaschilderij op Kidsday’, Wielercomité Surhuisterveen, 13 juny 2018 <https://www.wielrennensurhuisterveen.nl/wielercomite/nieuws/gedeputeerde-poepjes-onthult-vrijdag-schilderij-kidsday> [krigen 9 novimber 2018].
  7. Marc Gerlings, ‘Culturele hoofdstad Leeuwarden pleit voor innovatie via cultuur’, NRIT Media, 23 jannewaris 2018 <https://www.nritmedia.nl/kennisbank/38999/culturele-hoofdstad-leeuwarden-pleit-voor-innovatie-via-cultuur/?topicsid=> [krigen 9 novimber 2018].
  8. Provinsje Fryslân, ‘Kultuer oan’e kime: Heroriëntatie culturele infrastructuur Fryslân’, Provinsje Fryslân, [9 novimber] 2018, 1 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49237&f=826dfc4b7dabbf5285c6d27c0aba7f02&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].
  9. Provinsje Fryslân, ‘Kultuer oan’e kime: Heroriëntatie culturele infrastructuur Fryslân’, Provinsje Fryslân, [9 novimber] 2018, 1 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49237&f=826dfc4b7dabbf5285c6d27c0aba7f02&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].
  10. Anna Pickard, ‘Losing sight of site-specific theatre’, The Guardian, 16 maaie 2008 <https://www.theguardian.com/stage/theatreblog/2008/may/16/losingsightofsitespecifict> [krigen 9 novimber 2018].
  11. Tim Delaney, ‘Pop culture: An overview’, Philosophy Now, 2007 <https://philosophynow.org/issues/64/Pop_Culture_An_Overview> [krigen 9 novimber 2018].
  12. S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 4 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].
  13. Leonie Kalkman, ‘Quantity versus quantity? The role of blockbuster exhibitions in the financial viability of Dutch art museums’, Tesis Cultural Economics and Entrepreneurship Erasmusuniversiteit, 2017, 10, 14 <https://thesis.eur.nl/pub/39479/Kalkman-Leonie.pdf> [krigen 9 novimber 2018].
  14. Sjoch David Edgar, ‘Why should we fund the arts?’, The Guardian, 5 jannewaris 2012 <https://www.theguardian.com/culture/2012/jan/05/david-edgar-why-fund-the-arts> [krigen 9 novimber 2018].
  15. S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 1 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].
  16. Dat haaddoel wurdt “oanfolle mei ekstra omtinken foar: a) Kultuertoerisme; b) lnisjativen fan ûnderop; c) Maatskiplike mearwearde; d) De legacy fan LF2018.” (s. 3) S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 1, 3 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].
  17. European Commission, ‘European Capitals of Culture 2020 to 2033: Guide for cities preparing to bid’, g.d., 32 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/capitals-culture-candidates-guide_en.pdf> krigen 9 novimber 2018]; European Commission, ‘Summary of the European Commission conference “Celebrating 25 years of European Capitals of Culture”, Brussels, 23-24 March 2010’, 7, 12 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/library/capitals-culture-25-years-conclusions_en.pdf> [krigen 9 novimber 2018].
  18. European Commission, European Capitals of Culture 2020 to 2033: Guide for cities preparing to bid, g.d., 32 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/capitals-culture-candidates-guide_en.pdf> [krigen 9 novimber 2018].
  19. ‘Provincie pakt mogelijk rol bij Sense of Place’, Leeuwarder Courant, 14 novimber 2018 <https://www.lc.nl/friesland/Provincie-pakt-mogelijk-rol-bij-Sense-of-Place-23810200.html> [krigen 15 novimber 2018].
  20. S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 10, 13 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].
  21. Gerben Abma, ‘Fryske kultuer steatskultuer’, Trotwaer 2:3-4 (1970) 81-83, 83.
  22. S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 5, 13 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].
  23. S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 10 , 7-8 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].
  24. John Stuart Mill, On liberty [1859] (Londen / Felling-on-Tyne / New York / Melbourne: Walter Scott, 1901) 7.
  25. Ernesto Laclau, On populism (Londen / New York: Verso, 2005) x et passim.
  26. Ernesto Laclau, On populism (Londen / New York: Verso, 2005) 180-181.
  27. Gust De Meyer, Zuur-zoet: Media en cultuur in de samenleving (Leuven / Voorburg: Acco, 2004) 107.
  28. Gust De Meyer, Zuur-zoet: Media en cultuur in de samenleving (Leuven / Voorburg: Acco, 2004) 63.
  29. Ethan Hammerman, ‘Social/cultural analysis - cultural populists and cultural pessimists’, Brown University, g.d. <https://brown.digication.com/ethan_hammermans_capstone/Social_Cultural_Analysis> [krigen 9 novimber 2018].
  30. S.A.E. Poepjes en M. Beckers, Utstel útwurking weroriïntaasje ynfrastruktuer Fryslân, Brief oan Provinsjale steaten, nû. 01589213, 9 novimber 2018, 8 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=1&fileid=49246&f=7384fca8c0159e251b4ff398e395075a&attachment=1&c=15499> [krigen 9 novimber 2018].
  31. Jim McGuigan, Cultural populism (Londen / New York: Routledge, 1992) 70-74 et passim.
  32. Ana Clara Birrento, ‘Uniting the two torn halves – High culture and popular culture’, Paper fan de konferinsje “INTER: A European Cultural Studies Conference in Sweden”, organisearre troch de Advanced Cultural Studies Institute of Sweden (ACSIS) yn Norrköping 11-13 juny 2007, ‘Conference Proceedings’, 143, Linköping University Electronic Press <https://www.ep.liu.se/ecp/025/016/ecp072516.pdf> [krigen 9 novimber 2018].
  33. Koen Dille, ‘Cultuurpopulist: geen vel over de buik’, Aktief 2 (2005) <https://www.marxists.org/nederlands/dille/2005/2005cultuurpopulist.htm> [krigen 9 novimber 2018]; Gust De Meyer, Zuur-zoet: Media en cultuur in de samenleving (Leuven / Voorburg: Acco, 2004) 59.
  34. Ernesto Laclau en Chantal Mouffe, Hegemony and socialist strategy: Towards a radical democratic politics, Second edition (Londen / New York: Verso, 1985) 166-167.
  35. Jim McGuigan, Cultural populism (Londen / New York: Routledge, 1992) 79-80.
  36. Ut persoanlik petear, Frjentsjer, juny 1982.
  37. Theodor W. Adorno; Gretel Adorno en Rolf Tiedeman (red.), Aesthetic theory, oers. Robert Hullot-Kentor (Londen / New York: Continuum, 1997) 228.
  38. Peter Uwe Hohendahl, Reappraisals: Shifting alignments in postwar critical theory (Ithaca / Londen: Cornell University Press, 1991) 82. Beskikber op <https://www.jstor.org/stable/10.7591/j.ctt1g69xjd.7>.
  39. Marco Baravalle, ‘Art-populism and the alter-institutional turn’, e-flux Journal 89, maart 2018 <http://worker01.e-flux.com/pdf/article_182464.pdf> [krigen 9 novimber 2018].
  40. Rafaella de Santis, ‘Alberto Asor Rosa “Siamo rimasti senza il popolo”’, La Repubblica, 28 desimber 2014 <https://ricerca.repubblica.it/repubblica/archivio/repubblica/2014/12/28/alberto-asor-rosa-siamo-rimasti-senza-il-popolo42.html> [krigen 9 novimber 2018].

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.17, 4 novimber 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen XVII: Helpleazenskeunst, of

it neofeodalisme yn de Fryske kultuersektor

image Fers2

Ljouwert syn nijste festival Writer’s Block “’ll create 2018 square metres of street art, in which they deal with old dogmas and create new perspectives for Leeuwarden.”‘Writer’s block’, Friesland Style, g.d. <https://www.friesland.nl/en/events/3599047337/writer-s-block> [krigen 31 oktober 2018]. Writer’s Block sil strjitkeunst presintearje dy’t benammen it bewustwêzen oandriuwt. Mar noch mear as in presintaasje fan keunst wol it in beweging wêze, “waarbij de stad na afloop mooier is dan hij was. Visueel, maar zeker ook sociaal.”Henk van der Veer, ‘Noord-Nederland krijgt Mural Festival: Writer’s Block’, Groot Sneek, 17 mei 2018 <https://www.grootsneek.nl/2018/05/17/noord-nederland-krijgt-mural-festival-writers-block/> [krigen 31 oktober 2018]. Se stribje nei “een evenement wat kan dienen als een katalysator van de aanpak van een verscheidenheid aan culturele en sociale vraagstukken … als openbaar kunstbeleid, community building, cultureel duurzame ontwikkeling en talentontwikkeling.”Henk van der Veer, ‘Noord-Nederland krijgt Mural Festival: Writer’s Block’, Groot Sneek, 17 mei 2018 <https://www.grootsneek.nl/2018/05/17/noord-nederland-krijgt-mural-festival-writers-block/> [krigen 31 oktober 2018].

De Ljouwerter kultueredukaasjeoanbieder Keunstwurk ûnderstreket stammerjend de maatskiplike ferplichting fan keunst. “Kunst is een product van cultuur. Het woord kunst komt van kennen, weten. Kunst is het resultaat. Kunst zet ons aan het denken; over onszelf, de wereld, ons streven, onze teleurstellingen. Cultuur is dus niet alleen leuk, zinvol of mooi, maar heeft ook een maatschappelijke functie.”Stichting Keunstwurk, ‘Kunst en cultuur in Fryslân’, Keunstwurk, 2016 <https://www.keunstwurk.nl/wp-content/uploads/2017/09/Keunstwurk-Rapport-Samen-werken-aan-Kunst-en-Cultuur-in-Fryslân.pdf> [krigen 31 oktober 2018].

It Fries Museum wol “de creatieve ontwikkeling van … jonge kinderen stimuleren en onder de aandacht brengen. De peuters zijn de afgelopen maanden samen met kunstenaars aan de slag gegaan met het maken van hun eigen Escheriaanse kunstwerk.”‘Pjuttoer’, Princessehof, g,d, <https://www.princessehof.nl/over-het-museum/nieuws/pjuttoer/> [krigen 31 oktober 2018].

Keunst om sosjale problemen op te lossen: foar wa is dat goed? En wat is der mis mei keunstners dy’t keunst meitsje?

Wy kenne tal fan keunstners dy’t har libben lang mei har keunst in bettere wrâld neistribben. Net allinne wurdt dat net spesjaal wurdearre—Eppie Dam krige ferline jier lang om let in Gysbert en Aggie van der Meer krijt him krekt takom jier. Mar ek hawwe, as it giet om ûnbegryp tusken minsken en net nei-inoar harkje wollen, Dam syn meters boeken neat útrjochte. Hie Dam tefoaren komme wollen dat minsken inoars harsens ynslaan om neat, hie er better blauhelm wurde kinnen. Gjin dichter. Foar Van der Meer jildt itselde. Hja wie IKV-aktivist en koe witte dat romanskriuwen gjin sneldyk nei wrâldfrede is. As jo sosjale ferbettering sykje, moatte jo de barrikaden op, net de keunst yn.

Us kritisy sizze no dat wy it hynder efter de wein spanne. Minsken moatte har ommers earst bewust wêze fan it feit dat der wat te ferbetterjen falt oan de wrâld. Bewustwurden is it hjoed polityk korrekte wurd foar de ein-njoggentjinde-ieuske folksopfieding. Untjouwing fan smaak en ferheffing fia keunst wie it doel fan liberalen likegoed as de sosjalisten. De lytse lju moasten nei foarstellingen, lêzingen, byldzjende keunst-útstallingen, muzyk en toaniel, lykas dat se no nei Fryske festivals moatte, om sa in mear beskaafd minske te wurden. Ut en troch betwifele ien it effekt:

Ik meende vroeger, dat Kunstgenot veredelend werkte. Thans ontkent ik dit. Of het aan de kunst ligt of aan de kunstminnaars, dat weet ik niet, maar het is mij gebleken, dat velen, die Possart toejuichen en Lola lezen, en in geestdrift ontsteken bij het hooren van schoone muziek, zeer onedel zijn en blijven, waar het de dierbaarste belangen van hunne ondergeschikten, hunne vrienden, en van het algemeen geldt.A.A. [Pieter Westra], ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-574 (12 juny 1887), 3-4, 3.

Yn de jierren sechstich fagen se de folksopfieding as paterna­listysk en ‘fêstige oarder’ fan tafel. Dy’t no dalik ropt dat dy jierren ta de bêsten fan it holoseen hearre, gewoanlik net sûnder himsels op it boarst te klopjen, Josse en Huub, der wie in skaadkant. It geniet fan poëzy út de eigen tiid, dêr’t jo fan ferwachtsje dat it ûnskiedber heart by it folle kulturele libben fan de middenklasse dy’t op skoalle gedichten lies, bestiet sûnt de sechstiger jierren net mear. It frije fers sleat kreas oan by de frije merk.Sean O’Brien, The Deregulated Muse: Essays on contemporary British and Irish poetry (Newcastle upon Tyne: Bloodaxe Books, 1998). In tsjintwurdige Fryske dichtbondel lêst flugger as de reklame op de billboards. Dêrneist plakke de media it etiket ‘dichterlik’ op fanalles, fan rútdekoraasje yn in trendy nijbouwyk oant in iepen ramadanmiel, mar nimme tagelyk oan dat poëzy dreech, elitêr en net wichtich is. Utjouwers hoege allinne de grutte nammen te kennen en net ien seit dat dat nuver is. Dat boekebylagen hieltyd minder poëzy befetsje, om’t dat foar in niche-publyk wêze soe, liket fansels te sprekken.

Gewoane lêzers ha op foarrie gjin sin oan frij ferspoëzy om it stive tinkbyld dat it in koade hat dy’t allinne akademyske poartwachters ûntsiferje kinne. De Fryske ynstituten hâlde dy sjenswize yn stân troch hermetysk personalisme en dizige metafoareteksten as wiere dichtkeunst te bejubeljen. Tagelyk bringt moderne poëzy, om’t dy dreech wêze soe, in hiel leger kritisy oerein. As jo skriuwe oer poëzy—net oer folkskriuwerij—litte jo sjen dat jo kultureel folwoeksen binne. Jo bewize dat jo ta de yntelligintsia hearre as jo it gedicht ferklearje mei wat maatskiplike belutsenens dy’t yn ’e moade is. Gedichten gean selden streekrjocht oer polityk, dat jo hoege nea in posysje yn te nimmen, wat ûnskiklik wêze soe yn ús post-political age.Terry Eagleton, ‘Free verse joins the free market’, Independent, 30 juny 1998 <https://www.independent.co.uk/arts-entertainment/free-verse-joins-the-free-market-1168529.html> Wol tsjinnet it sauske fan kwasymaatskiplik engaazjemint de marketing fan de dichtkeunst.Sjoch bygelyks de gedichten fan de Dichter fan Fryslân en fan it dichterskollektyf Rixt.

Marketing. Fan dichtkeunst. Gjin grap. Want ús politike oertsjûging dy’t seit dat oerheden har iepenbiere belied oanpakke moatte troch de frije merk te deregulearjen, oerheidstsjinsten te privatisearjen, bedriuwen en yndividuen inoar ekonomysk bekonkurrearje te litten yn in amorele arena, en kollektive aktiviteiten te ûntkennen ta foardiel fan ’e inkeling—it neoliberalisme—seit ek dat keunst him rêde moat op de merk. Allinne kaartferkeap op festivals en toeristesifers binne nijsgjirrich; keunst net. “The rise of the creative industries and its relationship to economic regeneration and urban renewal is perhaps best understood as a direct effect of neoliberal state governance”, seit Stephen Pritchard. “Cultural policy plays an explicit role in the neoliberal commodification of arts and culture, contributing, as Esther Leslie argued, ‘propagandistic hot air’ or ‘consolatory compensation’ .”Stephen Pritchard, ‘Rethinking the role of artists in urban regeneration contexts’, Colouring in Culture, 13 november 2017 <http://colouringinculture.org/blog/rethinkingartistsinurbanregen> [krigen 31 oktober 2018]; Leslie, 2011, 185. Leslie seit fierder (en wy komme der aansen op werom):

Radical social and activist art practices actively oppose institutions and instrumentalisation. These practices acknowledge that much of what purports to be politics today is ‘an art of display’ – a reactionary form of ‘mediated political spectacle that enforces passivity’ and compliance.Esther Leslie, ‘Add value to contents: The valorization of culture today’, yn G. Raunig, G. Ray en U. Wuggenig (red), Critique of creativity: Precarity, subjectivity and resistance in the ‘creative industries’ (Londen: MayFlyBooks, 2011) 183-190, 88-189.

As oerheden dochs keunst ûnderstypje wolle, is dat om’t se tinke dat keunst leverje kin wat de merk net slagget, lykas ‘meidwaan’. Inkeld dan ha jo der wat oan.

It sosjale probleem dat Fryslân oplosse wol mei keunst, omskriuwt de provinsje dus/nammers net as ien fan polityk-ekonomyske aard, fan hoe Fryslân op ’e kultuerkommersjele kaart te setten—eventueel mei 200 persint (!) fan it begrutte budzjet foar kultuer; in plan dat de eigen partij fan de kultuerdeputearre wrachtich torpedearre. Nee, it probleem wurdt humanitêr formulearre: as keunst fan de mienskip. Mienskipskeunst slacht as in ferkâldheids­firus om him hinne: 131 resinte hits op Google. Mar likemin as dat oerheden har kultuerbelied om it ûntlêzen tsjin te gean skoarje mei goeie redenen—makket it lêzen fan gedichten immen lokkiger of in better minske?—ferwize se nei de mienskip syn ferlet fan mienskipskeunst. De Fryske oerheid fertelt gewoan alle dagen yn opkochte krantesiden, sponsored content sûnder dat dat erby stiet, dat de keunstner in sosjale herfoarmer is, in ynblazer fan ekonomysk nij libben en in katalisator foar al it goede op ierde.Bygelyks Interprovinciaal Overleg van en voor provincies, ‘Friesland presenteert zich op het Plein: “Wij willen hét voorbeeld zijn”’, IPO, 19 jannewaris 2018 <http://www.ipo.nl/publicaties/friesland-presenteert-zich-op-het-plein-wij-willen-het-voorbeeld-zijn> [krigen 31 oktober 2018]. “Ook ‘Den Haag en Brussel’ hebben er baat bij antwoord te vinden op de vraag hoe burgerbetrokkenheid kan meehelpen maatschappelijke processen vorm te geven.”

Keunst is in sosjaal panasee, sizze hûnderttûzenen beliedsmakkers en hûnderten Fryske amtners en fjirtich Fryske festivalûndernimmers. Keunst lost alle swierrichheden yn de skiednis fan ’t minskdom op. Men leaut dat keunst yntegrearjen yn it learplan op skoalle de learpretaasjes fan skoalbern ferbetteret, ‘art makes you smart’, en nuodlike stedswiken freedsum makket en efterbleaune regio’s ta ekonomyske bloei bringt. It leit foar de hân dat private en publike sektoaren har produkten en prosessen ferbetterje wolle. Ostrom en Cox lizze út dat partisipaasje easkjen sûnder genôch each foar de ynfloed fan sosjale kontekst, it krêftespul fan de macht, en polityk, liede kin ta wat se it panacea problem neame: “The panacea problem occurs whenever a single presumed solution is applied to a wide range of problems.”Elonor Ostrom an Michael Cox, ‘Moving beyond panaceas: a multi-tiered diagnostic approach for social-ecological analysis’, Environmental Conservation 37:4 (Thematic section. Interdisciplinary Progress in Environmental Science and Management) (2010) 451-463, 452 [2] <http://faculty.washington.edu/stevehar/Ostrom%20and%20Cox%202010.pdf> [krigen 30 oktober 2018]. It panasee-obstakel hat twa kanten, sizze hja. De ‘blaudrukbeneiering fan belied’ krijt syn beslach as in teory te krekt is om linich oanpast te wurden oan it ferskaat fan gefallen dêr’t er op tapast wurdt en de oare kant krije jo as teoryen just fierstente dizich binne. It evaluearjen fan in panasee dogge jo mei in oar panasee: evidence-based research, oftewol de rasjonaliteit fan ‘wittenskiplike kennis’ om belied te stjoeren en rjochtfeardigjen—en de demokrasy bûtenspul te setten.

De Fryske deputearre fan Kultuer wol foar’t se útnaait—op 20 maart 2019 mei de boarger mei har ôfweve—it effekt fan de kulturele haadstêd op de mienskip metten ha. Dêrom witte wy al dat it effekt grut en posityf is, yn de wurden fan Mao Tsetoeng, op alle manieren parafrasearre yn de Fryske media in great leap forward. Wis wurde wy mei sifers en in skyn fan wittenskiplike sekuerens en ûnpartidigens belazere; de provinsje evaluearret altyd sels syn eigen belied. Mar oan de pluskant, bliken docht, wol út wiere wittenskip, dat deugdlik ûndersyk nei de krekte effekten fan keunst en kultuer op de maatskippij net te dwaan is. Net allinne is de deputearre har ûndersykstermyn fan “uiterlijk” trije moanne dalik nei ôfrin fan de kultueryngreep,Atze Jan de Vries, ‘Friese cultuursector krijgt niet nog meer geld voor ‘legacy’: 2 miljoen blijft 2 miljoen’, Leeuwarder Courant, 31 oktober 2018 <https://www.lc.nl/friesland/Friese-cultuursector-krijgt-niet-nog-meer-geld-voor-legacy-2-miljoen-blijft-2-miljoen-23749569.html> [krigen 1 novimber 2018]. as mooglike effekten noch groeie moatte, in behindering foar effektmjitten. Ek stean allerhanne oare metodologyske en praktyske beheiningen yn ’t paad.

Sa kinne jo oarsaken fan in effekt inkeld en allinne oanwize nei’t jo Fryslân yn twa folslein gelikense parten, kwa ynkommen en leeftyd ensafuorthinne, partsje en ien part behannelje mei kultuer en it oare net, sadat as jo ferskil tusken de twa parten fine inkeld kultuer dat dien ha kin. Koartsein, de kulturele haadstêd oanwize as de oarsaak fan de grutte kultuersprong kin net. Dêrneist definiearje effekt-fan-keunst-op-mienskipûndersikers gewoanlik net wat in effekt feitlik is, litte se negative effekten bûten beskôging en notearje allinne de positive, generalisearje se yndividuele effekten nei maatskiplike effekten, ferlykje se effekten yn marzjinale groepen, lykas bern út earme doarpen, net mei effekten fûn by de rike hege middenklasse en rjochtsje se har benammen op keunst mei in sosjaal of polityk tema, oftewol se sykje om it effekt ‘wat hat de boarger derfan leard’.Joshua Guetzkow, ‘How the arts impact communities: An introduction to the literature on arts impact studies’, Paper prepared for the Taking the Measure of Culture Conference, Princeton University, 7-8 juny 2002 (Working Paper Series, 20) <https://www.princeton.edu/~artspol/workpap/WP20%20-%20Guetzkow.pdf> [krigen 31 oktober 2018].

De te learen les fan it Fryske 2018-kultuerbelied is krekt itjinge dat it belied sa kwetsber makket foar de—bekende—kultuer­yntervinsjeneidielen: de Fryske mienskip stiet iepen foar Europa. Minder ûntwikkele, earmere regio’s ha te krijen mei sosjo-ekonomysk, artistyk en wittenskiplik efterbliuwen. Wolle hja de wrâld byfytse dan binne hja beskamsum ôfhinklik fan rike regio’s. Dêrboppe op komt it lytsboargerlik tinken dat moai guod altyd út it útlân komt en thúsmakke keunst mar krykkrak is. “Such an attitude”, seit Joseph Mamami, “has created a culture of helplessness in the socioeconomic developmental efforts of individuals or groups of individuals in the nations affected.” De skea komt dêrnei troch kultuerbelied as in fleurich taffelskleed oer de mienskippen hinne te smiten: “This situation appears gloomy and irredeemable due to poor integration and harnessing of visual art into the mainstream of socioeconomic, scientific and technological development programs of such [backward] nations.”Joseph A. Mamami, ‘Visual art as the core of life: Panacea for technological and scientific development of Nigeria in the context of Vision 20:2020’, Global Academic Group, g.d. <http://globalacademicgroup.com/journals/nard/VISUAL%20ART%20AS%20THE%20CORE%20OF%20LIFE.pdf> [krigen 31 oktober 2018]. Boppe-op it net-ynbêdzjen fan keunst en kultuer yn dat bytsje ynfrastruktuer dat der wie, mar ynstee dêrfan de fonteinen, hyndershow en tema­festivals út de Europeeske populêre mainstream te heljen, komt as wenst it Fryske nasjonalisme. De iepen mienskip is grutsk! op syn eigen helpleazens.

Keunst lost net fansels sosjale fraachstikken op. Op ’e dyk foar it museum fol skitterende stikken is dochs sykte en geweld en yn it orkestgebou fergrypt likegoed de sjefdirigint him oan ’e froulju. Dat sinaspril ek net alle pyntsjes weinimt is in min ferwar want dêrfan is it wurkjend meganisme bewiisd. Mar op oerienkomstige fragen oer hoe’t keunst sosjale problemen oplost jouwe beliedsmakkers selden antwurd: tsjin wat foar soart sosjale problemen helpt it, wêrom lizze ze de klam op grutte stedsproblemen—community art is betocht foar yn efterstânsbuerten—en watfoar keunst en wa syn keunst hat it sosjaal probleemoplossend fermogen, as keunst sosjale problemen oplosse kin, moat it dat dan ek dwaan en wêrom (net) en wat is, as keunst helpt, it meganisme? Dat keunst wurket fia bewustwurding, “In het nieuwe Friesland zie je ook de kracht van kunst en cultuur, en hoe je daarmee bewustwording kunt creëren”,Kulturele haadstêddirektuer Tjeerd van Bekkum, yn Jacob Haagsma, ‘ ‘ReOpening’ LF2018 wil ‘it nije Fryslân’ laten zien’, Leeuwarder Courant, 16,17 oktober 2018 <https://www.lc.nl/friesland/ReOpening-LF2018-wil-it-nije-Frysl%C3%A2n-laten-zien-23678141.html> [krigen 31 oktober 2018]. is it favorite ôfsâltsjen fan de krityske boarger. Bewustwurding is ûndefiniearber en ûnmjitber. Jout bygelyks twa kear safolle keunst twa kear safolle bewustwurding?

Sjogge jo better nei de ‘bewustwurding’ dan docht dit bliken. Wylst der mooglik, wierskynlik keunstwurken bestean dy’t by steat binne om, sa’t Delia Vekony seit, romte te skeppen dêr’t wy ta noch net besteande ynsjoggen komme fan wa’t wy binne yn de wrâld en dêrtroch helpe kinne om alternativen it ljocht sjen te litten, kin dat allinne yn in net-teleologyske lege romte, “in which we do not simply think, but also exist without prescriptions” foar hoe’t wy dwaan en tinke moatte.Delia Vekony, ‘What good are the arts? Social responsibility and contemporary art’, Seismopolite, 8 oktober 2015 <http://www.seismopolite.com/what-good-are-the-arts-social-responsibility-and-contemporary-art> [krigen 30 oktober 2018]. Mar dat is net de bedoeling. De neuro-estetyk en it sosjale ferheffingsargumint dat keunst it sosjaal kapitaal groeie, de ekonomy bloeie en de yndividu djoeie lit, giet út fan in ynstrumintele en teleologyske keunstopfetting. As wy nei Mozart harkje wurde wy lokkiger en better yn it besteande sosjale ramt. Ynstee fan keunst te sjen as in befrijer fan de minske út in machtsstruktuer dy’t him faak skea en fetriet docht, fungearret keunst as terapy, sadat wy bettere boargers wurde yn dat besteande machtsramt. Mar ek it brûken fan keunst om de hjoeddeiske macht wol te kritisearjen, en ús bewust te wurden fan wat de hearskjende macht ûnderdrukt en ferdizenet, bart steefêst binnen de besteande hegemony. Oars wie dy keunst der net.

Sa waard de romantyske dichter syn ôfwizen fan yndustry en ferearing fan gefoel fuortsterke troch de konsumintrjochte ekonomy fan it stedslibben. Mar ferskate kritisy hawwe opmurken dat it longerjen nei wat jo wolle ynstee fan nedich ha, prigele troch de konsumpsjekultuer, wjerklinkt yn de romantyske fersen as de langst nei wat se net hawwe en dêrmei de konsumpsjekultuer ûnderstipen.Under mear Andrea K. Henderson, yn Romanticism and the painful pleasures of modern life (Cambridge: Cambridge University Press, 2008). De ûnferhoalen neoromantyk—‘fyn betsjutting yn jo libben’—yn de kulturele haadstêdfestivals is gjin wûnder. Bewustwurding is sowieso altyd binnenyn, en nea yn tsjinstelling ta de kultueryndustry. It is ‘bewustwurding’ dy’t de assimilaasje fan keunst yn sosjale en ekonomyske systemen kompleet makket. In op grûn fan ús ken ús privilezjearre klup yn en om de Fryske ynstituten hinne wurdt hieltyd wer beleane mei mienskipsjild om dêrmei sjen te litten hoe goed oft it foar elkenien is om mei te dwaan mei keunst. En it publyk—of te keunstner—is nea yn de posysje te freegjen wêr’t al dy awareness goed foar is.

Hjirfoar. Bewustwurding is gjin kennis mar it lotterjende gefoel dat jo sjende makke binne dêr’t jo earder blyn wiene. Bertolt Brecht woe gjin gefoel yn syn polityk toaniel om’t minsken dêrnei neat mear dogge: har gefoel makket har wiis dat se al aksje ûndernommen hawwe, hoesa oars dat goeie gefoel.

It falt de keunstner net ta om krityske keunst—keunst, dus—te skeppen út syn fûnemint fan krityske autonomy wei, wylst er wit dat er inkeld autonoom is foar safier’t de macht him dat tastiet, wylst er tsjin oaren ropt dat de iennichste goede mienskipskeunst (fansels) keunst is dy’t gjin mienskipsjild fergriemt mei uteringen dêr’t gjinien om frege hat, en wylst er tagelyk noflik kritysk wêze wol, om sa efkes de pineholle te ferlichten om’t keunst net docht wat it dwaan moat en op gjin inkelde manier de mondiale kondysjes en de keunst sels ferbetteret. Mar nim mar leaver in sinaspril.

Noaten

  1. ‘Writer’s block’, Friesland Style, g.d. <https://www.friesland.nl/en/events/3599047337/writer-s-block> [krigen 31 oktober 2018].
  2. Henk van der Veer, ‘Noord-Nederland krijgt Mural Festival: Writer’s Block’, Groot Sneek, 17 mei 2018 <https://www.grootsneek.nl/2018/05/17/noord-nederland-krijgt-mural-festival-writers-block/> [krigen 31 oktober 2018].
  3. Henk van der Veer, ‘Noord-Nederland krijgt Mural Festival: Writer’s Block’, Groot Sneek, 17 mei 2018 <https://www.grootsneek.nl/2018/05/17/noord-nederland-krijgt-mural-festival-writers-block/> [krigen 31 oktober 2018].
  4. Stichting Keunstwurk, ‘Kunst en cultuur in Fryslân’, Keunstwurk, 2016 <https://www.keunstwurk.nl/wp-content/uploads/2017/09/Keunstwurk-Rapport-Samen-werken-aan-Kunst-en-Cultuur-in-Fryslân.pdf> [krigen 31 oktober 2018].
  5. ‘Pjuttoer’, Princessehof, g,d, <https://www.princessehof.nl/over-het-museum/nieuws/pjuttoer/> [krigen 31 oktober 2018].
  6. A.A. [Pieter Westra], ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-574 (12 juny 1887), 3-4, 3.
  7. Sean O’Brien, The Deregulated Muse: Essays on contemporary British and Irish poetry (Newcastle upon Tyne: Bloodaxe Books, 1998).
  8. Terry Eagleton, ‘Free verse joins the free market’, Independent, 30 juny 1998 <https://www.independent.co.uk/arts-entertainment/free-verse-joins-the-free-market-1168529.html>
  9. Sjoch bygelyks de gedichten fan de Dichter fan Fryslân en fan it dichterskollektyf Rixt.
  10. Stephen Pritchard, ‘Rethinking the role of artists in urban regeneration contexts’, Colouring in Culture, 13 november 2017 <http://colouringinculture.org/blog/rethinkingartistsinurbanregen> [krigen 31 oktober 2018]; Leslie, 2011, 185.
  11. Esther Leslie, ‘Add value to contents: The valorization of culture today’, yn G. Raunig, G. Ray en U. Wuggenig (red), Critique of creativity: Precarity, subjectivity and resistance in the ‘creative industries’ (Londen: MayFlyBooks, 2011) 183-190, 88-189.
  12. Bygelyks Interprovinciaal Overleg van en voor provincies, ‘Friesland presenteert zich op het Plein: “Wij willen hét voorbeeld zijn”’, IPO, 19 jannewaris 2018 <http://www.ipo.nl/publicaties/friesland-presenteert-zich-op-het-plein-wij-willen-het-voorbeeld-zijn> [krigen 31 oktober 2018]. “Ook ‘Den Haag en Brussel’ hebben er baat bij antwoord te vinden op de vraag hoe burgerbetrokkenheid kan meehelpen maatschappelijke processen vorm te geven.”
  13. Elonor Ostrom an Michael Cox, ‘Moving beyond panaceas: a multi-tiered diagnostic approach for social-ecological analysis’, Environmental Conservation 37:4 (Thematic section. Interdisciplinary Progress in Environmental Science and Management) (2010) 451-463, 452 [2] <http://faculty.washington.edu/stevehar/Ostrom%20and%20Cox%202010.pdf> [krigen 30 oktober 2018].
  14. Atze Jan de Vries, ‘Friese cultuursector krijgt niet nog meer geld voor ‘legacy’: 2 miljoen blijft 2 miljoen’, Leeuwarder Courant, 31 oktober 2018 <https://www.lc.nl/friesland/Friese-cultuursector-krijgt-niet-nog-meer-geld-voor-legacy-2-miljoen-blijft-2-miljoen-23749569.html> [krigen 1 novimber 2018].
  15. Joshua Guetzkow, ‘How the arts impact communities: An introduction to the literature on arts impact studies’, Paper prepared for the Taking the Measure of Culture Conference, Princeton University, 7-8 juny 2002 (Working Paper Series, 20) <https://www.princeton.edu/~artspol/workpap/WP20%20-%20Guetzkow.pdf> [krigen 31 oktober 2018].
  16. Joseph A. Mamami, ‘Visual art as the core of life: Panacea for technological and scientific development of Nigeria in the context of Vision 20:2020’, Global Academic Group, g.d. <http://globalacademicgroup.com/journals/nard/VISUAL%20ART%20AS%20THE%20CORE%20OF%20LIFE.pdf> [krigen 31 oktober 2018].
  17. Kulturele haadstêddirektuer Tjeerd van Bekkum, yn Jacob Haagsma, ‘ ‘ReOpening’ LF2018 wil ‘it nije Fryslân’ laten zien’, Leeuwarder Courant, 16,17 oktober 2018 <https://www.lc.nl/friesland/ReOpening-LF2018-wil-it-nije-Frysl%C3%A2n-laten-zien-23678141.html> [krigen 31 oktober 2018].
  18. Delia Vekony, ‘What good are the arts? Social responsibility and contemporary art’, Seismopolite, 8 oktober 2015 <http://www.seismopolite.com/what-good-are-the-arts-social-responsibility-and-contemporary-art> [krigen 30 oktober 2018].
  19. Under mear Andrea K. Henderson, yn Romanticism and the painful pleasures of modern life (Cambridge: Cambridge University Press, 2008).

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.16, 21 oktober 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen XVI: De koalstoffuotprint fan ferbylding

image Fers2

Ut ’e skroeven giet it bûtenierdske wêzen út de fiere romte wer nei hûs: op planeet ierde frieze se de poalkappen wer yninoar, wolnee net mei in radikaal omsmiten fan it groulik dekadinte by sleeffol opsûpearjen fan alle ekologyske reserves, mar mei… ferbylding!

Ferbylding: alwer in kulturele haadstêdtema-attraksje mei in sosjaaleftige—jawis is der horeka—portee. Festivals mei tema’s fan sosjale rjochtfeardigens en sosjale feroaring wreiden har nei Un‑Convention yn 2008 wakker oer de ierdbol. ‘Grien’ is in bûtenwenstich poplulêr tema; de Climate Camp yn 2009 flankearre de G20-top. De kulturele haadstêd is der om wiidfersprate trends út te baatsjen. Beliedsmakkers ha, al komt sokke kohesy net oer de besteande publyksgrinzen hinne en kweekje se bubbles, festivals omearmke as kwekers fan mienskipskohesy.Linda Wilks, ‘Bridging and bonding: social capital at music festivals’, Journal of Policy Research in Tourism, Leisure and Events 3:3 (2011) 281–297 <https://doi.org/10.1080/19407963.2011.576870>. Voilà. Alwer leechdrompelich teater en foar de gelegenheid makke bleisterige objekten en praatgroepkes dy’t se alwer “nooit eerder zoveel” neame en “verrassende optredens” en “installaties” en “workshops”. By 25 graad selsius op 13 oktober litte se der “onze verbeelding los op het klimaatvraagstuk. Ook jij kunt meedoen.”‘Artistieke klimaattop’, IepenUP, g.d. <http://www.iepenup.nl/2018/09/19/artistieke-klimaattop-artistic-climate-summit/> [krigen 10 oktober 2018].

Ferbylding is it fermogen om jin eat yn te byldzjen of it út te byldzjen. As jo in rike ferbylding hawwe kinne jo (jo)sels in foarstelling meitsje fan wat sûnt de minske út aap of it paradys krûpte de wrâldfraachstikken binne. Mei minder ferbylding sjogge jo op Wikipedia: earmoed, sykte, geweld—en hea noch ta: gjinien fan dy wrâldfraachstikken is ea oplost mei ferbylding.

De macht die dat, mei wetten. Mar net allinne binne de sosjale fraachstikken mondiaal gien en komme se lykas ebola yn de klasse dy’t beskaat wat in fraachstik is en wat net. Ek is der hjoed in ûnbedimbere private sektor mei in nije wrâldekonomy. “This economy trades in social outcomes; its currencies include public data, reputation, and social impact”, sizze skriuwers/oerheids­adviseurs William Eggers en Paul Macmillan.William D. Eggers en Paul Macmillan, ‘Government alone can’t solve society’s biggest problems’, Harvard Business Review, 19 septimber 2013 <https://hbr.org/2013/09/government-alone-cant-solve-societys-biggest-problems> [krigen 10 oktober 2018]. Global issues hâldt no yn, seit de World Bank, it skeppen en benammen net-skeppen fan global public goods: guod lykas ûnderwiis of plestikfrije oseanen, dat as it al of just net beskikber is de hiele wrâld beynfloedet, dêr’t wat ien der ek fan opbrûkt altyd fan oerbliuwt foar oaren en dêr’t gjinien fan brûkme útsletten wurde kin.Vinay Bhargava, ‘Introduction to global issues’, yn Idem (red.), Global issues for global citizens: An introduction to key development challenges (Washington, DC: World Bank, 2006) 1-28, 2 <http://siteresources.worldbank.org/EXTABOUTUS/Resources/Chapter1.pdf> [krigen 10 oktober 2018]. Minusjeuze ûndersiken en piperdjoere lobbys gean oer de belangen fan stakeholders, faktoaren dy’t in effekt ha kinne op de produksje fan global public goods, de krekte definysje fan ‘publicness’ en hoe’t de útwikseling tusken nasjonale en transnasjonale beslútnimming it strategysk management fan it beskikber stellen fan global public goods stjoert bla bla bla. De foariedige útkomst bliuwt dat global public goods freegje om kollektive aksje.

‘De oerheid kin it net allinne’ is fier fan ûnskuldige neoliberale propaganda. Unilever, dat him neat oan hoecht te lûken fan polityk en grinzen, krige mei syn mikroleanprogramma yn tsien jier foar­inoar dat it tal sakefroulju yn it Yndiaaske efterlân omheech gie fan 17 nei 43.000. Mar dy filantropy docht jin kopklauwen. Sels alle ierdbewenners mei-inoar kinne de World Bank en Unilever net ferbyldzje. Hoe’n skattich nayf en bernlik ûnbedoarn ranje mei moalkoekjestinken ha wy op ’e 2018, te mienen dat de WB en U konkurrinsje fan Ljouwerter kreabea’s brûke kinne! En dat binne mar twa fan ’e ûnferbyldbere bolwurken op it mêd fan de oanduorjende ûngelikense tagong ta skoalle en ferwoastging fan ’e ierde. De Unesco kin ek net tsjin har op. Dy stelde tsien jier lyn it Feriene Naasjes Desennium foar Bioferskaat 2011-2020 yn, mar dat is hast dien en oan elkenien foarbygien en in lintsje fan Máxima sit der net yn.

Hjir kaam yn 2012 om it bioferskaat te oan te kaartsjen Klaas Sietse Spoelstra, dy’t faaks de swiete country gospel better sjongt as Unesco. Mar ek hy stelt fêst: “[W]e waren niet in staat het tij te keren.”Klaas Sietse Spoelstra, ‘De grutto leerde ons voorbij vandaag te kijken’, Friesch Dagblad, 10 oktober 2018, 13. Dat strykt. Tusken 1980 en 2015 krige in flinke en net ta in ho kommen agraryske skaalfergrutting syn beslach,Sjoch CBS, Statline: Landbouw; gemeente, 1980-2000 (CBS, Den Haag, 2009); CBS, Statline: Bodemgebruik; naar gebruiksvorm en gemeente (CBS, Den Haag, 2016); CBS, Statline: Landbouw; gewassen, dieren en grondgebruik naar hoofdbedrijfstype, regio (CBS, Den Haag, 2016). wat omkeard korrelearret mei lokaal bioferskaat. In grut drama is dat net. Want yn 2014 wiisde Clingendael hiele oare threaths and issues oan foar Nederlân, nammentlik “a widening gap between usually highly educated citizens that benefit from globalization and less educated citizens who feel victimized by globalization” en “the direct impact of climate change and loss of biodiversity on the Netherlands will remain manageable.”‘Threaths and issues for the Netherlands’, Clingendael, 25 april 2014 <https://www.clingendael.org/publication/threats-and-challenges-netherlands> [krigen 11 oktober 2018]. Fierder waard it knyppunt fan ferlies fan bioferskaat mondiaal sjoen as de ôfhinklikens dêrfan fan de minsklike kultuer, ekonomy en wolwêzen en de plicht om wat te bewarjen foar takomstige minskegeneraasjes; in ramp dus foar de minskesoarte. Mar as jo sjogge nei dy syn selfies op Facebook giet it mei syn sûnens en sinten poerbêst: wêrom soe er ferbyldzje wolle?

Dat woe er net. It provinsjebestjoer, net de minske—ek net Spoelstra—seach “de needsaak fan iepen mienskip yn Fryslân en [stelde] de mooglike bydrage fan keunst yn dy ûntwikkeling sintraal” en wiisde it provinsjale kultueredukaasjeynstitút Keunstwurk oan foar útfiering fan de “beëage ynteraksje tusken keunst en maatskiplike ûntwikkeling”, sizze Keunstwurk en LAB LWD.‘De wearde fan de mienskip neffens Dwarskijkers’, Friesland.nl, 29 septimber 2015 <https://www.friesland.nl/fy/kulturele-haadsted/nijs/de-wearde-fan-de-mienskip-neffens-dwarskijkers> [krigen 10 oktober 2018]. Dat Keunstwurk regele mei (lês: foar) de kulturele haadstêd in searje debatten oer keunst, kultuer en maatskippij. Op ien sa’n praatjûn binne alle oanwêzigen it mei-inoar iens dat keunst mear betsjut as besikerstallen. Se tinke dat net-ekonomyske wearde “een grotere rol zou moeten spelen …. Wellicht zouden we … de ‘dissensus’ op moeten zoeken, de ‘kantelende blik’ van kunstenaars inzetten, dwarskijken.”Maayke Meijering, ‘Dwarskijkers – Onmeetbare waarde | Het belang van kunst in een (on)meetbare wereld’, Kunstpraat, 12 mei 2018 <http://www.kunstpraat.nl/blog-keunstwurk/dwarskijkers-onmeetbare-waarde-belang-kunst-onmeetbare-wereld/> [krigen 10 oktober 2018]. Dat it ferhaal oaninoar hinget fan ’e op ’e non rinnende morele ymperativen ‘we zouden moeten’, komt om’t praatsesjes, ek dy fan de klimaatattraksje, circle jerks binne. Sielsibben werhelje en ritualisearje yn in sletten systeem it sinneklear doel, wylst jin heard fielen alle akselderij ferpolveret en ûnder ’t kleed feit dat likefolle de beswieren it plan al útfierd wurdt, sadat it (efterôf) petearjen in delbêdzjende togetherness-funksje hat.Sjoch foar hoe’t jo dat oanpakke Patrick Thean, Chris Cosper, Alan Gehringer, et alii, Predictable results: How successful companies tackle growth challenges and win (Pennsauken, NJ: BookBaby 2017); it wêzentlike elemint dat it hjoeddeiske ‘debat’ mist is: wêr is ferlet fan om ús te oertsjûgjen dat ús stânpunt ferkeard is. Doel­beret mei in normalisearringsaginda wie jierren earder de kreative angel al út de debatbydragen helle: “Om mogelijke spanningen en contradicties van iepen mienskip, het centrale thema van Leeuwar­den-Fryslân 2018, weg te nemen werd het project Dwarskijkers gestart.”‘Dwarskijkers’, Keunstwurk, g.d. <https://www.keunstwurk.nl/projecten/kunst-versterkt/de-reis/dwarskijkers/> [krigen 10 oktober 2018]. Yn geef Frysk projekt Spion, Ferklikker, Potsjegnuver, Ferrieder, of sa’t it yn mafiasearjes hjit, rat: lap de oarstinker derby. “Meld je aan voor Dwarskijkers”, ropt Business Development Friesland.

Keunstners hawwe har altyd drok makke om it ûn/einige biologyske ferskaat yn de wrâld. De measte uteringen binne net bewarre bleaun, mar bygelyks de grottekeningen wol.Sjoch Allison Meier, ‘Biodiversity traced in over 2 million natural history museum images’, Hyperallergic, 22 maaie 2014 <https://hyperallergic.com/128036/over-two-million-natural-history-museum-images-link-biodiversity-data/> [krigen 11 oktober 2018]; Lorena Anderson, ‘Study shows early human impact on Australian biodiversity’, ArcheologyNewsNetwork, 14 maart 2016 <https://archaeologynewsnetwork.blogspot.com/2016/03/study-shows-early-human-impact-on.html> [krigen 11 oktober 2018]; Allison Meier, ‘The biodiversity of the world captured in five centuries of animal art’, Hyperallergic, 1 maart 2017 <https://hyperallergic.com/356959/five-centuries-of-art-conveying-the-biodiversity-of-the-world/> [krigen 11 oktober 2018]. Dy ur-biokeunst, foar alle dúdlikens, is fan fier foar’t it wurd bioferskaat—ferskil yn en feroarlikens fan libben op ierde—kaam om it mear omfiemjende en moreel fingerwizende ‘natuerlik erfskip’—ek geology en lânfoarmen—te ferfangen, en fier foar de cultural turn en it idee dat keunst dan moai de sokken fan it neoliberalisme stopje koe. Wêr’t de kulturele haadstêd en Spoelstra no de “kunst- en cultuurmakers” freegje om oer nei te tinken is in bioferskaat featherlight: hoe de planeet in knikje minder hurd te ferneatigjen sûnder dat men ek mar in spat konsumpsje hoecht yn te leverjen.

“De grutto leerde ons voorbij vandaag te kijken”, jout Spoelstra ta. It skriezene foarúttinken bestiet út iten oant fet 55 persint fan it skriezelichemsgewicht beslacht. Yn 2018 operearret it MCL 850 oergewichtpasjinten, twa kear safolle as yn 2010. It fet yn molke en molkefuortbringsels, sizze dokters, is lykas alle oare dierlike produkten iertichtslykjend sêde fet. Lit de molke stean lykas de sigretten en jo liif is jo tankber. It libbensgrutte, krekter sein libbensslinende obstakel hjir is it ûnderstelde, lang om let ferkrigen rjocht fan alle maatskiplike lagen, ek de ûnderste, om rekreatyf te konsumearjen: sûnder honger, sûnder fraach, mar om’t it oanbod der is, ek dêr’t it kultuerkonsumpsje oangiet. Dat Spoelstra net oan “keunstmakkers” freget om dat ris te ferbyldzjen is logysk: dat kapselet de miene man mei ‘syn ferlet fan’ romantysk nasjo/regio­nalisme en instant celebrity—de skries Máxima—en ‘dream mear doch minder’-ferdivedaasje net yn de kultuer-foar-ús-allegearre yn.Jessica Lehmann, ‘Populism in art’, JessicaLehmann, 17 septimber 2017 <https://jessicaslehmann.wordpress.com/2017/09/17/populism-in-art/> [krigen 10 oktober 2018]. En/mar yn in ekonomysk stelsel dat basearre is op krapte, it neoliberale ultrakapitalisme, binne de agents of change fansels net it keapfee, de minskjes mei har lytse beurskes en sêfte hertsjes, de ea arbeidersklasse dy’t no tsjin de klippen op konsumearret om derby te hearren.Murray Bookchin, ‘Listen Marxists!’, brosjuere by Anarchos foar de Students for a Democratic Society konferinsje yn 1969, Marxists Internet Archive, 9 juny 2010 (lêste update) <https://www.marxists.org/archive/bookchin/1969/listen-marxist.htm> [krigen 10 oktober 2018].

Wier, “It is difficult to get a man to understand something, when his salary depends upon his not understanding it.”Upton Sinclair, I, candidate for governor: And how I got licked (Berkeley / Los Angeles / Londen: University of California Press, 1934) 109. Mar ek is de skuld fan it klimaat by de yndividuele boarger lizze de gongberste opfetting op ierde. En wa’t dy ienris hat ferlit him net maklik. ’t Is ommers wat er oeral heart en noch profytlik ek. Want ferbylding is in ferdigeningsmeganisme, seit Freud, om de ûnbefredigjende, te folle fan de minske easkjende werklikens mei deidreamen, faak oer de eigen rol, te kompinsearjen; “So he escapes the fate of a neurosis.”‘Über Psychoanalyse, 5 Lectures given at the 20th Anniversary Celebration of the founding of Clark University in Worcester, Mass., September 1909 by Prof. Dr. Sigmund Freud, LL.D.’, Institute for Objective Measurement, g.d., V, al. 4-6, sitaat al. 6 <https://www.rasch.org/over.htm> [krigen 19 oktober 2018]. Hy waant him ’t senit fan ferantwurdlikens as er om in skriespyk skriemt. Hy poetst syn ego as er it wiif beweecht ta in sparbrûskop fan folume­stroomklasse Z fan sunich. Hy bêdet syn gewisse del mei it goede grien as gersgefoel dat de loslitten ferbylding him jout. Hy is de rêder fan ’e planeet as de grien-marketing him mei har klisjeelogo’s fan bosk, greide, koweblomkes, cupped hands en ierdbol-yn-wetterdrippen opwachtet op griene festivals en ompraat om griene stroom—gewoanlik mar tige ljocht grien—te keapjen om’t de priis wol tafalt.Dorian Litvine en Rolf Wüstenhagen, ‘Helping “light green” consumers walk the talk: Results of a behavioural intervention survey in the Swiss electricity market’, Ecological Economics 70 (2011) 462-474. De foarnaamste reden foar partikulieren om gjin griene stoom te keapjen is de opfetting dat it effekt net tsjin de hegere kosten opweaget; in legere priis, dus in berop op egoïstyske motiven, lûkt konsuminten oer de streek. Hy ferjit dat, sels as er bûten de eigen parochy preekje koe, der net iens mear tiid is om alle losse minsken op ierde te oertsjûgjen fan it heil fan skriesfrije molke. Hy ûntkent dat it neoliberalisme him de leage lein hat fan it isolearre inkelingedom, mei in ferhaal fan djip sels & identiteit; mar nea fan de feriene strontfoarke heffe nei it provinsjehûs. Wylst er syn plestik pûde opnij brûkt stjert stiltsjes de zoon politikon út.Tegan Tallullah, ‘Why we can’t rely on individuals to fix climate change’, The Climate Lemon, 5 jannewaris 2018 <http://theclimatelemon.com/individual-collective-fixing-climate-change/> [krigen 10 oktober 2018].

Likemin, dêrom, freget de kulturele haadstêdattraksje, IepenUP, de ‘kreativeling’ om te ferbyldzjen wat feitlik de attitude njonken de klimaatkrisis is fan de organisator, de oerheid en de keunst. Der binne twa hâldingen, adaptation en mitigation: oars en minder. Fryslân past him oan. Dielt wynparken út, ek al binne dy, as men alle skea oan omwennenden en miljeu ôflûkt, net mear grien. Struit greiden fol sinnesellen. Helpt oardel biologyske boer, dy’t gjin Poalen húsfêstet. Mar seit net tsjin de ynternasjonale toerist fan jonges bliuw no thús want al dy bensine jakkes en wy ha hjir just enerzjytransysje en wy sette de mienskip ommers dochs iepen en bleat op Youtube. Krekt oarsom, minder is net winsklik. Se wolle safolle mooglik kultuerkonsuminten nei Fryslân ta en der slalom trochhinne reizgje litte en dat net op ’e fyts salang’t tsjin it maatskiplik parasitisme de fytsbelesting net opnij ynfierd is,Bert Brussen, ‘Arnhems raadslid wil fietsbelasting tegen maatschappelijke parasieten’, The Post Online, 12 novimber 2013 <https://nieuws.tpo.nl/2013/11/12/arnhems-raadslid-wil-fietsbelasting-maatschappelijke-parasieten/> [krigen 10 oktober 2018]. mar op syn duorsumst mei de Arriva op ierdgas.‘Bussen op aardgas en diesel gaan in de ban’, Leeuwarder Courant, 16 april 2016 <https://www.lc.nl/economie/Bussen-op-aardgas-en-diesel-gaan-in-de-ban-21280028.html> [krigen 10 oktober 2018]. Beheining fan de koalstoffuotprint is it grutste taboe fan de kulturele haadstêd.

Dêrbûten is de koalstoffuotprint fan keunst en kultuer amper in geheim en likemin dat keunst de koalstoffuotprint hat mei de measte hypokrisy deromhinne. Net allinne is yn it festivaltiidrek—mainstream festivals kinne net duorsum om’t it business model stuolle is op ta jild meitsjen fan tydlike, net-needsaaklike produkten en tsjinsten, meast yn in supply-side economicsEva Mousten Frost, ‘Business model innovation at Frost festival’, Master’s thesis Copenhagen Business School, 12 juny 2014, 70 et passim <http://studenttheses.cbs.dk/bitstream/handle/10417/4639/eva_mousten_frost.pdf?sequence=1> [krigen 10 oktober 2018].—weismytkeunst sa gewoan wurden dat gjinien him ôffreget wat dermei bart as it publyk jûns wer nei hûs is. De metershege papiermasjee skries op ’e lêste Kening fan ’e Greide-optocht? De “installaties” fan de klimaat­attraksje? De kliko yn. Rekkenje net op sekuere jiskeskieding want dat is djoer.

Mar ek brocht de kulturele haadstêd in hausse oan fleanreiskes. Wylst sels de ‘kreative’ business fan ict en marketing hjoeddedei neitinkt oer de needsaak fan oanwêzigens op lokaasje en face2face-kontakten: de alder­measte saken dogge jo effektiver ôf mei email. Derhinne fleane is nocht, gjin nut, en fan plesierreiskes is it plesier net foar de planeet. Dochs hawwe de kulturele haadstêd­organisaasje en syn stypjende oerheden der gjin sekonde oer prakkesearre en stopje foar elke flecht 50 euro yn boskoanplant of in oar koalstof­absorbearjend projekt. Slimmer, de kulturele haadstêd hie de ‘ekologyske fuotprint’ fan ien fan syn bidbook­projekten mjitte sillen, mar doe’t it projekt—kantoare-arsjitekt Achterbosch Zantman soe daktunen oanlizze yn Ljouwert—net trochgie, is net wer praat oer fuotprintmjitten.Stichting Kulturele Haadstêd 2018, Iepen mienskip: Leeuwarden-Ljouwert’s application for European Capital of Culture 2018 (Leeuwarden: Stichting Kulturele Haadstêd 2018, 2013) 55.

Wilens hat de keunstner syn net-opbrûkte paletten mei ferve yn ’e A+++iiskast lein, syn swannesang dûnse by natuerlike ljochtboarnen, syn wurkpleats inkeld ferlitten as it net oars koe en somtiden tocht dat it wat úthellet, syn koalstoffuotprintfrije ferbylding.

Noaten

  1. Linda Wilks, ‘Bridging and bonding: social capital at music festivals’, Journal of Policy Research in Tourism, Leisure and Events 3:3 (2011) 281–297 <https://doi.org/10.1080/19407963.2011.576870>.
  2. ‘Artistieke klimaattop’, IepenUP, g.d. <http://www.iepenup.nl/2018/09/19/artistieke-klimaattop-artistic-climate-summit/> [krigen 10 oktober 2018].
  3. William D. Eggers en Paul Macmillan, ‘Government alone can’t solve society’s biggest problems’, Harvard Business Review, 19 septimber 2013 <https://hbr.org/2013/09/government-alone-cant-solve-societys-biggest-problems> [krigen 10 oktober 2018].
  4. Vinay Bhargava, ‘Introduction to global issues’, yn Idem (red.), Global issues for global citizens: An introduction to key development challenges (Washington, DC: World Bank, 2006) 1-28, 2 <http://siteresources.worldbank.org/EXTABOUTUS/Resources/Chapter1.pdf> [krigen 10 oktober 2018].
  5. Klaas Sietse Spoelstra, ‘De grutto leerde ons voorbij vandaag te kijken’, Friesch Dagblad, 10 oktober 2018, 13.
  6. Sjoch CBS, Statline: Landbouw; gemeente, 1980-2000 (CBS, Den Haag, 2009); CBS, Statline: Bodemgebruik; naar gebruiksvorm en gemeente (CBS, Den Haag, 2016); CBS, Statline: Landbouw; gewassen, dieren en grondgebruik naar hoofdbedrijfstype, regio (CBS, Den Haag, 2016).
  7. ‘Threaths and issues for the Netherlands’, Clingendael, 25 april 2014 <https://www.clingendael.org/publication/threats-and-challenges-netherlands> [krigen 11 oktober 2018].
  8. ‘De wearde fan de mienskip neffens Dwarskijkers’, Friesland.nl, 29 septimber 2015 <https://www.friesland.nl/fy/kulturele-haadsted/nijs/de-wearde-fan-de-mienskip-neffens-dwarskijkers> [krigen 10 oktober 2018].
  9. Maayke Meijering, ‘Dwarskijkers – Onmeetbare waarde | Het belang van kunst in een (on)meetbare wereld’, Kunstpraat, 12 mei 2018 <http://www.kunstpraat.nl/blog-keunstwurk/dwarskijkers-onmeetbare-waarde-belang-kunst-onmeetbare-wereld/> [krigen 10 oktober 2018].
  10. Sjoch foar hoe’t jo dat oanpakke Patrick Thean, Chris Cosper, Alan Gehringer, et alii, Predictable results: How successful companies tackle growth challenges and win (Pennsauken, NJ: BookBaby 2017); it wêzentlike elemint dat it hjoeddeiske ‘debat’ mist is: wêr is ferlet fan om ús te oertsjûgjen dat ús stânpunt ferkeard is.
  11. ‘Dwarskijkers’, Keunstwurk, g.d. <https://www.keunstwurk.nl/projecten/kunst-versterkt/de-reis/dwarskijkers/> [krigen 10 oktober 2018].
  12. Sjoch Allison Meier, ‘Biodiversity traced in over 2 million natural history museum images’, Hyperallergic, 22 maaie 2014 <https://hyperallergic.com/128036/over-two-million-natural-history-museum-images-link-biodiversity-data/> [krigen 11 oktober 2018]; Lorena Anderson, ‘Study shows early human impact on Australian biodiversity’, ArcheologyNewsNetwork, 14 maart 2016 <https://archaeologynewsnetwork.blogspot.com/2016/03/study-shows-early-human-impact-on.html> [krigen 11 oktober 2018]; Allison Meier, ‘The biodiversity of the world captured in five centuries of animal art’, Hyperallergic, 1 maart 2017 <https://hyperallergic.com/356959/five-centuries-of-art-conveying-the-biodiversity-of-the-world/> [krigen 11 oktober 2018].
  13. Jessica Lehmann, ‘Populism in art’, JessicaLehmann, 17 septimber 2017 <https://jessicaslehmann.wordpress.com/2017/09/17/populism-in-art/> [krigen 10 oktober 2018].
  14. Murray Bookchin, ‘Listen Marxists!’, brosjuere by Anarchos foar de Students for a Democratic Society konferinsje yn 1969, Marxists Internet Archive, 9 juny 2010 (lêste update) <https://www.marxists.org/archive/bookchin/1969/listen-marxist.htm> [krigen 10 oktober 2018].
  15. Upton Sinclair, I, candidate for governor: And how I got licked (Berkeley / Los Angeles / Londen: University of California Press, 1934) 109.
  16. ‘Über Psychoanalyse, 5 Lectures given at the 20th Anniversary Celebration of the founding of Clark University in Worcester, Mass., September 1909 by Prof. Dr. Sigmund Freud, LL.D.’, Institute for Objective Measurement, g.d., V, al. 4-6, sitaat al. 6 <https://www.rasch.org/over.htm> [krigen 19 oktober 2018].
  17. Dorian Litvine en Rolf Wüstenhagen, ‘Helping “light green” consumers walk the talk: Results of a behavioural intervention survey in the Swiss electricity market’, Ecological Economics 70 (2011) 462-474. De foarnaamste reden foar partikulieren om gjin griene stoom te keapjen is de opfetting dat it effekt net tsjin de hegere kosten opweaget; in legere priis, dus in berop op egoïstyske motiven, lûkt konsuminten oer de streek.
  18. Tegan Tallullah, ‘Why we can’t rely on individuals to fix climate change’, The Climate Lemon, 5 jannewaris 2018 <http://theclimatelemon.com/individual-collective-fixing-climate-change/> [krigen 10 oktober 2018].
  19. Bert Brussen, ‘Arnhems raadslid wil fietsbelasting tegen maatschappelijke parasieten’, The Post Online, 12 novimber 2013 <https://nieuws.tpo.nl/2013/11/12/arnhems-raadslid-wil-fietsbelasting-maatschappelijke-parasieten/> [krigen 10 oktober 2018].
  20. ‘Bussen op aardgas en diesel gaan in de ban’, Leeuwarder Courant, 16 april 2016 <https://www.lc.nl/economie/Bussen-op-aardgas-en-diesel-gaan-in-de-ban-21280028.html> [krigen 10 oktober 2018].
  21. Eva Mousten Frost, ‘Business model innovation at Frost festival’, Master’s thesis Copenhagen Business School, 12 juny 2014, 70 et passim <http://studenttheses.cbs.dk/bitstream/handle/10417/4639/eva_mousten_frost.pdf?sequence=1> [krigen 10 oktober 2018].
  22. Stichting Kulturele Haadstêd 2018, Iepen mienskip: Leeuwarden-Ljouwert’s application for European Capital of Culture 2018 (Leeuwarden: Stichting Kulturele Haadstêd 2018, 2013) 55.

Foaropwurd

Download as PDF    Download PDF NL ‘Worstenfeest’

Fers2 nû. 4.15, 7 oktober 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen XV: Woarstefeest, of

hoe’t alle ynstituten fleurich meidogge oan ’e misogine kanonregularisearring

image Fers2

Wie it mar kut,” sei de mem/skoanmem fan de Fers2-redaksje. It omslach fan it mei 34 mille jiers oerheidsstipe op papier printe Fryske literêre tydskrift rôp wol lûd fan ‘taal is köt’, mar fan de 15 bydragen wiene inkeld 4 fan in frou.Dat is net in útsjitter want it lêste jier Ensafh, fan jiergong 2017 nûmer 4 oant en mei jiergong 2018 nûmer 3, lit ûnder de bydragers dizze man-frouferhâlding sjen: 14:7, 10:5 (Relynûmer), 15:8, 15:4, 7:2 en 11:4. Never judge a book by its cöver. Mem/skoanmem hie deroer tocht om it tydskrift op te sizzen, mar dan moast der in briefke by dat se net opsei om’t se tinkt dat köt ûnsmaaklik is, mar om’t manlju ophâlde moatte har de kötten ta te eigenjen sûnder dat de froulju der sels wat fan sizze meie en om’t se it der net mei iens is dat de body language, fan âlds it domein fan de frouljuspoëzij, no mei oerheidsstipe hielendal ûntpolitisearre is, sadat de mienskip benammen sa iepen is troch alle gapjende efterdoarren wer nei bûten ta.

De foardoarren klemme oars ek. Under it nij ferskynde Frysk proaza en poëzy yn 2018 binne 16 wurken fan in man of in span manlju en 5 wurken fan in frou.‘Nij ferskynd wurk’, Sirkwy, g.d. <http://www.sirkwy.frl/index.php/boeken/nij-ferskynd-wurk> [krigen 26 septimber 2018]. De man-frouferhâlding ûnder de meidoggers fan Fers2 is 19 om 13, wat net is wat wy wolle, wy wolle 16 man om 16 frou. Mar: wy kinne der neat oan dwaan! Want

Ferfolch

Mear multymedia → minder boeksubsydzje?

Op 24 maaie ’18 warskôge de baas fan it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar It Skriuwers­boun om “[a]s wy Tresoar in goed en effektyf plak jaan wolle yn de befoardering fan de Fryske literatuer”, rekken te hâlden mei dizze faktoaren en trends:

3. Multimedialiteit spilet in belangrike rol yn de uteringsfoarmen fan kultuer en literatuer; it boek bliuwt wichtich, mar hieltyd mear sille multimediale foarmen en techniken de drager wêze fan literêre uteringen”Tresoar, ‘Literatuerbefoardering anno 2019 - Bert Looper: Ynlieding foar de diskusjemiddei fan It Skriuwersboun op 24 maaije 2018’, Sirkwy, g.d. <http://www.sirkwy.frl/index.php/nijs/1182-literatuerbefoardering-anno-2019-bert-looper> [krigen 26 septimber 2018].

It earste dat yn ’t each rint is dat Tresoar multimedialiteit mei in i hat ynstee fan mei in y. Dêrnei falt op dat dy’t Tresoar net in boekjebefoarderingstaak ta ha wol, de trends blykber negearje mei. Krekt letter betinke jo dat as “multimediale” kanalen wichtiger wurde, de subsydzje foar boeken omdel kin. Yndie seit de provinsje no dat it net wis is oft syn regeling foar it útjaan fan Frysk wurk ferlingd wurdt yn 2019:

De twa iepenstellings fan de regeling yn 2018 binne west. De regeling is no ticht. Yn de perioades fan iepenstelling koenen útjouwers subsydzje oanfreegje foar de útjefte fan boeken yn de Fryske taal.

Ynformaasje oer in mooglike [sic] nije iepenstelling fan de regeling yn 2019 wurdt net earder ferwachte as ein 2018.‘Útjaan fan Frysktalige literatuer (ticht)’, Provinsje Fryslân, g.d. <https://www.fryslan.frl/subsydzjes/subsydzjes-regelingen_41858/item/utjaan-fan-frysktalige-literatuer-ticht_8347.html> [krigen 26 septimber 2018].

En skilje It Skriuwersboun ek mar net om ynformaasje.

Se wolle sels net.

It Fryske dichterskollektyf sei it niis noch. Se soene dêre by it kollektyf, ynsinuearre Fers2 fjirtjin dagen lyn, neat dwaan oan de minne genderferhâlding fan (no noch altyd) 31 manlju om 10 froulju. Dat wie net sa. Se diene al wat. De froulju binne frege, seit it kollektyf. Mar se wolle net. De iene frou yn de kollektyfredaksje is trouwens net frege, dy kaam út harsels. Doe’t se der siet is der dalik in ekstra man yn de redaksje set. Dat wie net om dy frou te neutralisearjen mar om’t de man him sa thúsfielde by it kollektyf (sjoch Manlju fiele har sa thús).

Se jouwe it op.

Douwe Kalma wie in feminist. Der komt skielk wer in hagiografy fan Kalma dy’t fernije sil dat Hy mei Syn jongfryske mienskip de jonge froulju tagong joech ta de keunsten. Wierskynlik komt der net by te stean dat it Waling Dykstra wie dy’t yn 1854 foar it allerearst yn ’e Fryske skiednis yn in Frysk tydskrift publikaasjes fan froulju opnimt, ûnder in frousljusnamme.Froulju yn De Frîske Hûsfrjeun 1854: Janke, ‘Oan de Redakteur fen de Frîske Hûsfrjeun’ (83-86); Janke, ‘Twadde brief’ (119); Metsje, ‘Lou op Moandeitojoun’ (119-120, rym); Metsje, ‘Fintsje op Moandeitojoun' (121-123, rym); Janke, ‘It Forboun fen in Sûper en de Dead’ (123-126, rym); Gepke, ‘De Mem mei hjar Berntsjes în de Blomtún’ (126-127, rym); De Frîske Hûsfrjeun: Rîm en Onrîm 4 (1854), útjûn troch Waling Dykstra, Hathitrust <https://babel.hathitrust.org/cgi/pt?id=hvd.32044105240824;view=1up;seq=7> [krigen 27 septimber 2018]. Ek net sein sil wurde dat Kalma de doar iepensette foar froulju om’t de massale mobilisaasje—it wie oarloch—oant 400.000 manlju tusken de 20 en 29 jier it leger yn luts op in befolking fan seis miljoen, sadat, as Kalma in sosjale beweging ha woe ynstee fan wat teebesite, er in berop dwaan moast op de froulju. De nommele moraal (sjoch Wy binne wol foar ferskaat) waard meisleept troch deagewoan praktysk tinken, dat wol sizze troch it fernimmen dat de jonges op ’e trein stappe en de fammen op it perron efterbliuwe. Nei 1918 sakket dan de jongfryske mienskip yn as in keek mei tefolle aaien en fan de froulju hearre wy amper mear. Klaske Sipma, mei-oprjochter fan de jongfryske mienskip ferdwynt spoarleas, nei alle gedachten yn houlik & húshâlden, de sloppeling. De oarloch is dan nammers ôfrûn en it manfolk wer thús.

Se binne net ambisjeus.

Wy sille net sizze fan ‘Se binne net ambisjeus genôch’, want dat klinkt sa mislik, mar gewoan dat se gjin ambysje ha. Wolle jo as frou meitelle en earnst nommen wurde, dan moatte jo, tink derom, earst in papieren dichtbondel publisearre hawwe en gjin bernelieten mar it rituele Fryske glânsleaze djipsinnichhedenfrijfers. Want in man sûnder poëzyboekje komt der wol, bygelyks Ensafhredakteur Looijenga, mar in frou bestiet net sûnder bondel op papier en de Tresoardirekteur—dy’t wol beart as is er professor boekwittenskip, mar der neat fan ôf wit—hat it allinne oer de manlju as er orakelet dat ‘multymedialiteit’ it papieren boek ferkringt: mis! Tresoar/Sirkwy erkent Friduwih Riemersma, dy’t kiest foar online publisearjen, net as skriuwer. In froulike blogger is in frou (mei in blog) en nea in literator.

Dus moat de frou dy’t in literêre frou wêze wol hurder wurkje as de manlju, nea blogge oer de bern mar leafst artikelskriuwe mei noaten, beslist mear as de trochsneed 1000 wurden deis delsette en dat jier yn jier út, lykas Aggie van der Meer. En as hja, de ambisjeuze frou, net al njoggentich is en dêrom eksintryk of senyl en om’t hja de skriuwersbuorrel mist dy’t yn wurktiid is, is hja in obsessive streber—in man mei gelikense ambysje is passionearre, of gewoan serieus—en skouderje har kollega’s, man en frou, har en besjogge har mei kweatinken en hja komt komt dêrom likegoed, net nettsjinsteande mar omreden fan har ambysje, net yn ’e beneaming foar aardige taken en baantsjes, want wat moatte jo mei sa’n ûngesellich frommis dat altyd sit te typen.

Wy binne wol foar ferskaat, mar net elkenien is dat.

Yn alle sektoaren en net allinne yn de literatuer is der in flink glêzen plafond. Hoe yn ’e goedichheid soe it Fryske literatuerke dat feroarje kinne? Wy meitsje der in retoaryske fraach fan sadat net lieperts de finger opstekke en sizze dat allerhanne skreaune—de letterhoekeregeling—en net-skreaune regels om konservative redenen tefoaren komme dat se de Tresoardirekteur ferfange troch trije froulju, omdat—wat wy al lang witte, want ûnder oaren polityk teoretikus Veit Bader hat tweintich jier lyn al in model derfoar op ’t aljemint brocht—it brekken fan it glêzen plafond slagje sil as froulju, dy’t net as iennichste yn manljuskriten wurkje wolle om’t it net effektyf is, mei syn twaen of trijen yn in beskate posysje oansteld wurde, sadat se mei in genderoerwicht fan 60/40 op har beslissingsnivo, lykas ek it (haad)redaksjenivo, mei measte stimmen jilde de kultuer feroarje kinne. En stel der komt sa’n froufreonlike redaksjekultuer, sa ynklusyf as wat, mei positive aksje en planmjittige akwisysje, mar

Froulju skriuwe leaver net oer X.

X is wêr’t jo wolle dêr’t se oer skriuwe, lykas by it dichters­kollektyf ‘de aktualiteit’, en dêr’t jo al sa faak—want it út syn ferdomhoekje slepen fan de marzjinalisearre sekse hat ferlet fan eigen goederbêst beskoalmasterjen—fan útlein ha wat de X krekt ynhâldt en as se mear takomst ha wolle as frouljusskriuwerij tusken ’e ruften fan ’e beppesizzers, dy’t echt nea opmurken wurde sil, se eins gjin kar ha as de X, want de oaren dy’t har eigen X wol meitsje, wurde (yn 2018 noch jimmer) útmakke foar neuroatyske feminist en dat is ek mar begrutlik. Lykwols giet dy peptalk oer ‘de aktualiteit’ steefêst tsjin de smelle rêgen fan froulike skriuwers fan faak de generaasje fan mem/skoanmem. Se ha gjin sin om in rinnende kul del te setten yn Tresoar, in semyoerheidsynstitút dat him likemin as alle oare Fryske ynstituten bekroadet om de gender gap—googlejen nei “Grytsje Schaaf” dy’t as frou meikulle mocht, smyt ûnder de earste 20 risseltaten gjin inkelde ferwizing nei har literêr hanneljen op, as bestie it net, om’t Lân fan Taal, Tresoar, Skriuwersboun ensf. âlderwenst de mear weardefêste ♂♂lit pro­moatsjeDe header image fan Sirkwy, it literatuerweb fan Tresoar, is in kollaazje fan in seleksje fan mear as ienris, bygelyks fiifris yn it gehiel kopiearre en plakte skriuwersportretsjes, te witten mei-inoar 133 portretsjes en dêrûnder 102 fan in manlike skriuwer en 31 fan in froulike: in ferhâlding fan 4,3:1 dy’t op neat oars basearre is as arbitrêr, mar likegoed male biased selektearjen en kopiearjen.—mar da’s net har wêzentlike beswier. Nee, guon grute dat literatuer de dining fan it libben fiele lit sa’t ien it libbet; dat se dêrom net leauwe oan ‘de’ mei krantetaal glêdstrutsen iepenbiere ‘aktualiteit’, en oan gjin inkelde ‘de’ X dy’t just sa homogeen ‘de’ is om’t libbens­ûnderfiningen dy’t ‘de X’ net helje, gjin namme hawwe meie.Betty Friedan, ‘The problem that has no name’, yn The feminine mystique (New York: Norton, 1963) 15-32. “They were taught to pity the neurotic, unfeminine, unhappy women who wanted to be poets or physicists or presidents.” (15-16)

Mei it ûnpersoanlike personalisme fan it ynterbellum, dat gjin yndividu of autobiografy woe mar in lyryske brede karakteristyk fan de tiid, of by de jongfriezen de tiidleaze essinsje fan it folk, wie ûnfrede te ferwachtsjen. It sille de manlju, Robert Lowell foarop, west ha dy’t it earst yn ’t iepenbier har nocht hiene fan it formalisme, by de jongfriezen it sonnettisme, ommers de froulju wiene fierhinne útsletten fan it iepenbiere diskoers. Mar dêrtroch hienen de froulju it in stik dreger mei it skeppen fan eigen romte. De tradisjonele easken fan it húshâlden botse mei it iepenbiere libben fan de ferbylding, sei Adrienne Rich yn ’72. Sadwaande is de froulike dichters har húsbakte poëzy rauwer en persoanliker as de fersen doe oer de Zeitgeist en no oer ‘de aktualiteit’, en giet oer it frouljusliif en oare obstakels yn it frouljuslibben.Adrienne Rich, ‘When we dead awaken: Writing as re-vision’, College Engslish 34.1 (1972) 18-30, 23 <http://opencourses.uoa.gr/modules/document/file.php/ENL9/Instructional%20Package/Texts//Readings/Feminism-%20Further%20Reading/RichAdrienne%20When%20We%20Dead%20Awaken-Writing%20as%20Re-vision.pdf> [krigen 27 septimber 2018]. Mar sûnder in útsprutsen beweging komt in nije utering net fan ’e grûn, is ek it prinsipe ûnder it model fan Bader.

It sechstigerjierrenfeminisme kaam op. Dat—net Lowell—berne de konfesjonele poëzij, de stim fan de ûnderdrukte froulju, mei syn beskamsum yntime portret fan slachtoffer­skip fol dingen dy’t jo yn it iepenbier net hearre te sizzen en pine en gûlen op ’e trep, lykas yn it wurk fan Tine Bethlehem en fan Carla van der Zwaag dy’t fierder borduerret op Anne Sexton.

Wat earder binnenmûlsk of teminsten yn jins keamer bleau, blykt wiswol lyryk te generearje te kinnen. De konfesjonele styl hat, alteast yn de FS, de ûnthechte modernistyske poëzy enoarm ferrykt. Mar de ferriking fan it sjenre brocht amper in ferriking fan it dichterskip, yn dy sin dat it de posysje fan froulike dichters net helpt. Hja sille nea in represintative kanon fan frouljusliteratuer produsearje, seit John Guillory, want der binne simpelwei temin fundearjende teksten fan sosjale minderheden, en dêrûnder froulju, om’t it eartiids net iens de muoite wie dy groepen lêzen te learen.John Guillory, Cultural capital: The problem of literary canon formation (Chicago: University of Chicago Press, 1993) 15. Yn ’e achttjinde ieu waard literatuer hannelswaar, boeken promoaten it opkommend kapitalisme en waarden kommersjele kanonike objekten en misogine opfettingen oer froulju waarden ferspraat om de kapitalistyske winsken op te poken.Laura C. Mandell, ‘Misogynous economies: The business of literature in eighteenth-century Britain’, Literature in English, British Isles 64 (1999) <https://uknowledge.uky.edu/upk_english_language_and_literature_british_isles/64> [krigen 27 septimber 2018]. Doe’t froulju nei skoalle koene waard frouljusfiksje al gau gettoïsearre—fan froulju, oer froulju, foar froulju—yn sjenres dy’t der net ta diene lykas românses.

Likemin serieuze literêre komposysje en altyd wol beoefene troch froulju wie it deiboek­skriuwen, wat troch syn histoarysk gendearre praktyk de yntime ‘autobiografyske’ konfesjepoëzy yn de typysk froulike hoeke dreau.Sjoch Valerie Raoul, ‘Women and diaries: Gender and gene’, Mosaic: An Interdisciplinary Critical Journal 22.3 (1989) 57-65 <https://www.jstor.org/stable/24780526?seq=1#page_scan_tab_contents> [krigen 27 septimber 2018]. Dat is letterlik de krityk fan in froulike (!) besprekker fan it wurk fan Tine Bethlehem: “It grutste beswier tsjin [de fersen is] … It dichterlik ’ik’ hat amper ôfstan fan de skriuwster Bethlehem wêrtroch’t de bondel nei myn betinken tefolle in deiboekeftich karakter krijt en minder nijsgjirrich is foar (manlike en froulike) lêzers dy’t mear yn poëzy sykje as identifikaasje.”Babs Gezelle Meerburg, ‘Fata morgana’s fan leafde’, Leeuwarder Courant, 10 novimber 1995, 24. Sa’n resepsje lit, útsein it tradisjonele útwiskjen fan sosjaal ferskil yn it belang fan Fryske ienheid, it fallyt fan de literatuerkrityk sjen, dy’t de relaasje en ferantwurdlikens fan de lêzer njonken de tekst en de kommunikative aksje ûntkent en de politike utering neutralisearret troch dy werom te bûgen nei de dichter, as seach hja allinne mar yn ’e spegel en swaaide hja net efter it sletten rút wei nei de lêzer fan joehoe feroarje ús wrâld. NB de Fryske kitchen-sink realism kanonisearre deselde besprekker wol as ‘fernijend’; in styl mei manlike auteurs en dito protagonisten, dy’t hjir net tierre.Babs Gezelle Meerburg, ‘Hwant wij binne it nijs boppe en ûnder de sinne’: De smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma as as ‘fernijende’ Fryske romans, Proefskrift RU Leiden (Ljouwert: Fryske akademy, 1997). Dat it sosjaalrealisme yn Fryslân gjin streaming waard stiet net los fan it Fryske keunst-om-de-keunstdogma dat de skriuwer syn morele agency ûntnaam. Mar depolitisearjen fan it frouljusfers is net it hiele ferhaal. Want, fansels wol mannichien mear yn poëzy fine as identifikaasje, is de stille foaroanname.

Dat hat gjin empiryske grûn—de online sharing fan hûndert­tûzenen nije gedichten deis hat hast gjin oar doel as identifikaasje—mar wol in normativenien. Hegemony! seit Guillory. De elite ferspriedt elitêre teksten om’t dy it kultureel kapitaal fertsjint­wurdigje en keart de oare teksten; “it is perhaps an illusion of our own age to believe that we are simply free to read and write whatever, whenever, and however we wish.”John Guillory, ‘Canon’, yn: Frank Lentricchia en Thomas McLaughlin (red.) Critical terms for literary study, Second edition (Chicago: University of Chicago Press, 1995) 233-249, 239. “Literary works must be seen rather as the vector of ideological notions which do not inhere in the works themselves but in the context of their institutional presentation, or more simply, in the way in which they are taught.”John Guillory, Cultural capital: The problem of literary canon formation (Chicago: University of Chicago Press, 1993) ix. De kanon sleat—slút noch—it bloeiende ‘ik’ en de romantyske of just köttige subjektiviteit fan de frouljusskriuwerij út. Dat slagget better as de kanonrelativisten lykas Guillory, dy’t sizze dat de kanon in kultureel artefakt is want in sosjale ôfspraak en as sadanich arbitrêr en ûnôfhinklik fan kwaliteit of estetyk, it swijen oplein wurdt troch de kanon­tradisjonalisten.Marina Grishakova, ‘Poetics of the return: on the formation of literary canon’, Senoji Lietuvos Literatūra 18 (2004) 23-29, 23-24 <http://www.llti.lt/failai/e-zurnalai/SLL18/XVIIIstr23-29.pdf> [krigen 27 septimber 2018]. Dy lêsten definiearje poëzy as kultuer­neutrale foarm. Se ferkringe dat poëzy ek altyd sosjaal diskoers is, dus histoarysk oftewol ideologysk mooglik makke en beheind,Antony Easthope, Poetry as discourse (Londen / New York: Routledge, 2003) 19. en sizze wat wy alle dagen hearre yn Fryslân: teksten bedarje yn ’e kanon om ynherinte & transindinte kwaliteiten. It gefolch is dat de Fryske kanon in woarstefeest is.

Manlju fiele har sa thús.

Froulju hawwe baat by in kanon fol manlju, want dat ferheget yn in patriargale maatskippij mei manlik kultureel kapitaal de wearde fan de kanon. Dêrom wolle etnyske minderheidskanon­foarmers har kanonisearre masterwurk ek yn ’e mearderheids­kanon hawwe en dêrom optearje froulju meastal net foar in aparte frouljuskanon. Mar de earste froulju komme oerein dy’t ek noch net dea fûn wurde wolle yn de Fryske (manljus)poëzykanon. Want Piter Boersma fielt him al goed fyftich jier thús as in lús op in heareholle. Yn it steatsliteratuerreservaat sûnder natuerlike fijannen koe syn frisian fun poetry him útwreidzje oant it ’t fjild folslein oerhearske. It rûnombywêzige leechdrompelige, holle, tabloidy, amorele, waanwiis joalige, lêstekenleaze, wanlûdige, gjin inkelde ambachtlike betûftens en fral gjin polityk-moreel bewustwêzen easkjende, koartsein loaze fers hat it poëtysk klimaat aardich skea dien. In poetry generator fuorre mei de kaaiwurden fan in gedicht út it Boersmareservaat makke der dalik in krêftiger gedicht fan.Wolf, Free verse by Fri <https://www.poem-generator.org.uk>. A bighorn, however hard it tries / Will always be lurk. / Does the bighorn make you shiver? / does it? // I saw the wander cervid of my generation destroyed. / How I mourned the elk. / Does the elk make you shiver? / does it? // Bison is, in its way, the few of bovid. / Does the bison make you shiver? / does it? (It orizjineel stiet op rixt.frl) Dat is gjin wûnder: sa’n generator wurdt foar’t er ek mar ien rigel dichtsje mei grôtfol stopt mei fersen dy’t tiids tosk wjerstean om har yndrukwekkendheid, lykas ‘Howl’ fan Ginsburg; mar yn it reservaat wurde de dichters inkeld oerdiedige wytrigels oanbean en neatsizzendheid.

Yngripender as it fêstigjen fan de nikserichheidsnoarm is de frou-ûnfreonlike kanonregularisearring. Dy krijt syn beslach troch twa folslein akseptearre en foar leaf nommen faktoaren. Earst, manlju dy’t it kleardernôch mei opsetsin dogge sa’t it net moat en mei primêr balten har territoar markearje, binne romantysk dwers en de lilke jonge man assosjearje wy—net sûnt John Osborne want gjin Fries ken him, mar troch de popkulturele ‘aktualiteit’—auto­matysk mei revolúsje en waaksdom. Dêrfoaroer is in angry young woman gewoan hystearysk. It etiket op old angry women is noch banaler. Dat de jonges krije foarrang salang’t se neat prestearje: ‘dwerslizze’. Fan de froulju ferwachtsje se wiswol prestearjen as bewiis fan de ‘ynnovaasje’ of—want artistisiteit is nea in eask; klinkt te râne­stedsk—‘kreativiteit’, sjoch nei Elske Kampen, dy bealget foar twa sûnder in fiedingsboaiem dy’t makket, 300 wurden deis en nea in buorrel ûnder wurktiid; en mear noch easkje se folwoeksenens, i.e. saaie net-salonfähigheid (sjoch Se binne net ambisjeus), wat hjoed stiet foar net-kanonfähigheid. Twad, it seksisme yn de fun poems, as wiene wy noch yn Osborne syn jierren fyftich, en

Wy hawwe se noch sa útnoege om mei te dwaan.

Yn in rokje en op hege hakken, “myn leafste / astû no dyn kop ris hâldst”,Geart Tigchelaar, ‘Reidsjonge’, Ensafh 10.2 (2018), 57. as ferlechjebrechje, om—don’t ask what your dichterskollektyf can do for you—mei te helpen it manlik kultureel kapitaal oer te dragen, want sis no sels, de manljusbeneiering soe de frouljuspoëzij goed dwaan. Ynstee fan oer de subjektive eigen köt te mûskopjen in male muse nimme en dy midden op ’e dyk mei de male gaze besjonge: dat soe it krekt lyrysk meitsje. En as it lyrysk is, is it goed en komt it yn ’e kanon? Ha nee. Kontraseksisme, hoe subversyf as it ek wêze kin, set froulike skriuwers finzen yn sjenrefiksje, Harlequinromânse.Elizabeth Reid Boyd, ‘Trashy, sexist, downright dangerous? In defence of romantic fiction’, The Guardian, 14 febrewaris 2017 <https://www.theguardian.com/books/2017/feb/14/trashy-sexist-downright-dangerous-in-defence-of-romantic-fiction> [krigen 27 septimber 2018]. Boppedat is—bûten it reservaat—de wrâld fierder draaid en de sosjale ferhâldingen ferskood en foar de poëzij is te let om muzen en plein publique ôf te skilderjen as striphelden mei fjouwerkante kaken en dêr dan thús om te gnizen, as wie in fiktoarje.Clare Pollard, ‘The female poet and the male muse’, Magma 37:2 (2007) <https://magmapoetry.com/archive/magma-37-2/articles/the-female-poet-and-the-male-muse/> [krigen 27 septimber 2018]. Want dat is it bliksem net.

It heart der no ienris by.

Seit it nije koarte Fryske literêre kanonboekje fan Joke Corporaal: “As wy de oantalsferhâlding tusken manlju en froulju mei 4:1 justjes leger skatte as dy is [sic!], dan soene je fer­wachtsje…”Joke Corporaal, Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer (De Gerdyk: Bornmeer, 2018) 108. Aldergelokst trochsjogge jo dalik de famkeswiskunde: ferhâldingsferlikingen a:b gean mei lytser of grutter, < of >, nea mei “leger”, mei in gruttere ûngelikens as a > b en in lytsere ûngelikens as a < b, sadat de ferhâlding 4:1 lytser is as bygelyks 4:3 (fine jo út as jo beide ferhâldingen mei itselde getal fermannich­fâldigje), en in ferhâlding lytser “skatte” as dy “is” is typysk betankjen foar hurde akkuratesse út eangst foar skourkes yn ’e neillak. Mar de briljante redaksje dy’t it is net fan it ought ûnderskiede kin, hat it moai stean litten. De polityk nammentlik driuwt op ‘lytser skatte ferhâldingen’ dy’t dêrnei jilde as natuerlik útgongspunt foar wat jo tenei “ferwachtsje soene”: as omstannich­heden dy’t no ienris sa binne, al in hiel lang skoft, sadat se ek wol sa wêze moatte sille en dus goed binne en rjochtfeardich. Dêrom, om’t Corporaal op in goeie dei globaal rûze dat yn Fryslân ien op ’e fiif Fryske skriuwers froulik is, sil 50/50-gendergelikens gjin eask mear wêze foar Fryske literatuersubsydzje en -promoasje. Oan in dea hynder moatte jo net lûke. Se woene sels net.

Tsien skriuwers binne frege om har bydrage oan it debat oer de gender-gap yn de Fryske literatuer.

Noaten

  1. Dat is net in útsjitter want it lêste jier Ensafh, fan jiergong 2017 nûmer 4 oant en mei jiergong 2018 nûmer 3, lit ûnder de bydragers dizze man-frouferhâlding sjen: 14:7, 10:5 (Relynûmer), 15:8, 15:4, 7:2 en 11:4.
  2. ‘Nij ferskynd wurk’, Sirkwy, g.d. <http://www.sirkwy.frl/index.php/boeken/nij-ferskynd-wurk> [krigen 26 septimber 2018].
  3. Tresoar, ‘Literatuerbefoardering anno 2019 - Bert Looper: Ynlieding foar de diskusjemiddei fan It Skriuwersboun op 24 maaije 2018’, Sirkwy, g.d. <http://www.sirkwy.frl/index.php/nijs/1182-literatuerbefoardering-anno-2019-bert-looper> [krigen 26 septimber 2018].
  4. ‘Útjaan fan Frysktalige literatuer (ticht)’, Provinsje Fryslân, g.d. <https://www.fryslan.frl/subsydzjes/subsydzjes-regelingen_41858/item/utjaan-fan-frysktalige-literatuer-ticht_8347.html> [krigen 26 septimber 2018].
  5. Froulju yn De Frîske Hûsfrjeun 1854: Janke, ‘Oan de Redakteur fen de Frîske Hûsfrjeun’ (83-86); Janke, ‘Twadde brief’ (119); Metsje, ‘Lou op Moandeitojoun’ (119-120, rym); Metsje, ‘Fintsje op Moandeitojoun' (121-123, rym); Janke, ‘It Forboun fen in Sûper en de Dead’ (123-126, rym); Gepke, ‘De Mem mei hjar Berntsjes în de Blomtún’ (126-127, rym); De Frîske Hûsfrjeun: Rîm en Onrîm 4 (1854), útjûn troch Waling Dykstra, Hathitrust <https://babel.hathitrust.org/cgi/pt?id=hvd.32044105240824;view=1up;seq=7> [krigen 27 septimber 2018].
  6. De header image fan Sirkwy, it literatuerweb fan Tresoar, is in kollaazje fan in seleksje fan mear as ienris, bygelyks fiifris yn it gehiel kopiearre en plakte skriuwersportretsjes, te witten mei-inoar 133 portretsjes en dêrûnder 102 fan in manlike skriuwer en 31 fan in froulike: in ferhâlding fan 4,3:1 dy’t op neat oars basearre is as arbitrêr, mar likegoed male biased selektearjen en kopiearjen.
  7. Betty Friedan, ‘The problem that has no name’, yn The feminine mystique (New York: Norton, 1963) 15-32. “They were taught to pity the neurotic, unfeminine, unhappy women who wanted to be poets or physicists or presidents.” (15-16)
  8. Adrienne Rich, ‘When we dead awaken: Writing as re-vision’, College Engslish 34.1 (1972) 18-30, 23 <http://opencourses.uoa.gr/modules/document/file.php/ENL9/Instructional%20Package/Texts//Readings/Feminism-%20Further%20Reading/RichAdrienne%20When%20We%20Dead%20Awaken-Writing%20as%20Re-vision.pdf> [krigen 27 septimber 2018].
  9. John Guillory, Cultural capital: The problem of literary canon formation (Chicago: University of Chicago Press, 1993) 15.
  10. Laura C. Mandell, ‘Misogynous economies: The business of literature in eighteenth-century Britain’, Literature in English, British Isles 64 (1999) <https://uknowledge.uky.edu/upk_english_language_and_literature_british_isles/64> [krigen 27 septimber 2018].
  11. Sjoch Valerie Raoul, ‘Women and diaries: Gender and gene’, Mosaic: An Interdisciplinary Critical Journal 22.3 (1989) 57-65 <https://www.jstor.org/stable/24780526?seq=1#page_scan_tab_contents> [krigen 27 septimber 2018].
  12. Babs Gezelle Meerburg, ‘Fata morgana’s fan leafde’, Leeuwarder Courant, 10 novimber 1995, 24.
  13. Babs Gezelle Meerburg, ‘Hwant wij binne it nijs boppe en ûnder de sinne’: De smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma as as ‘fernijende’ Fryske romans, Proefskrift RU Leiden (Ljouwert: Fryske akademy, 1997). Dat it sosjaalrealisme yn Fryslân gjin streaming waard stiet net los fan it Fryske keunst-om-de-keunstdogma dat de skriuwer syn morele agency ûntnaam.
  14. John Guillory, ‘Canon’, yn: Frank Lentricchia en Thomas McLaughlin (red.) Critical terms for literary study, Second edition (Chicago: University of Chicago Press, 1995) 233-249, 239.
  15. John Guillory, Cultural capital: The problem of literary canon formation (Chicago: University of Chicago Press, 1993) ix.
  16. Marina Grishakova, ‘Poetics of the return: on the formation of literary canon’, Senoji Lietuvos Literatūra 18 (2004) 23-29, 23-24 <http://www.llti.lt/failai/e-zurnalai/SLL18/XVIIIstr23-29.pdf> [krigen 27 septimber 2018].
  17. Antony Easthope, Poetry as discourse (Londen / New York: Routledge, 2003) 19.
  18. Wolf, Free verse by Fri <https://www.poem-generator.org.uk>. A bighorn, however hard it tries / Will always be lurk. / Does the bighorn make you shiver? / does it? // I saw the wander cervid of my generation destroyed. / How I mourned the elk. / Does the elk make you shiver? / does it? // Bison is, in its way, the few of bovid. / Does the bison make you shiver? / does it? (It orizjineel stiet op rixt.frl)
  19. Geart Tigchelaar, ‘Reidsjonge’, Ensafh 10.2 (2018), 57.
  20. Elizabeth Reid Boyd, ‘Trashy, sexist, downright dangerous? In defence of romantic fiction’, The Guardian, 14 febrewaris 2017 <https://www.theguardian.com/books/2017/feb/14/trashy-sexist-downright-dangerous-in-defence-of-romantic-fiction> [krigen 27 septimber 2018].
  21. Clare Pollard, ‘The female poet and the male muse’, Magma 37:2 (2007) <https://magmapoetry.com/archive/magma-37-2/articles/the-female-poet-and-the-male-muse/> [krigen 27 septimber 2018].
  22. Joke Corporaal, Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer (De Gerdyk: Bornmeer, 2018) 108.

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.14, 23 septimber 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen XIV: Artivism

image Fers2

Artivism klinkt fris; is sa âld as de nacht. De Tachtigers wie artivism, it situasjonisme om 1968 hinne, de zapatismo yn Meksiko, occupy yn 2006, de Guerilla Girls al goed tritich jier lang, oeral wie artivism yn de jierren njoggentich—mar nea yn Fryslân.

Ho, ropt de Fryske lêzer no (ritueel giet de mûlhoeke omdel + twa earms yn ’e loft tusken tillen en smiten, as Fryslân eat mist dat de wrâld wol hat): de Jongfriezen ha gâns keunstpropaganda bedreaun, as aktivisme, hanneljen om sosjale feroaring te beäven­searjen, mei keunst, sjudêr; dat artivism net yn it nije skiedboekje oer Fryske literatuer stiet is om’t ek net elke iepenbiering yn de bibel komt, kanons en copyrights, no, en hjoeddedei is yn Fryslân it measte moai, earlik en demokratysk, freegje mar oan ’e deputearre fan Kultuer, dus dat artivism fan de stifting Keunstwurk oant Lân fan Taal ûnbekend is komt om’t der gjin ferlet fan is; de Guerilla Girls yn Ljouwert op de kulturele haadstêd om kullen te tellen, of by it Fryske dichterskollektyf, dêr’t yn augustus de man-frouraasjo 31:10 wie en de 10 froulju amper publisearje en kollektyfoptredens foarbeholden binne oan manlju en se in fers oer dy ûnearlikens net pleatsten en dat wie dat? Trouwens

it is net goed foar de keunst om dy te politisearjen. Fedde Schurer lies Plato en seach dat it in poerbêste taktyk wie om earst de dichters ta de ideale maatskippij út te bonsjoeren. Want poëten doele op offisjeuze tinkbylden, bringe mei hertstochten de top-down-oarder yn ûnstjoer en liede ôf fan de wierheid, dat se binne gefaarlik foar de maatskippij; sjoch nei de artivist documentary, fideokeunst dy’t keunstner-aktivist Ai Weiwei sels ek omskriuwt as hooliganism, oftewol maatskiplik destruktyf gedrach, wat benammen sa is om’t artivism documentarists in tige subjektyf byld bringe as werklikheid;Sjoch ûnder oaren Selmin Kara, ‘Rebels without regret: documentary artivism in the digital age’, Studies in Documentary Film 9:1 (2015) 42-54 <https://doi.org/10.1080/17503280.2014.1002250>. dus logysk dat in museumdirekteur dy’t artivism kurearre dien krige, sûnder opjefte fan reden, de útstalling gie oer plysjegewelddiedigens;Matt Stromberg, ‘After museum director is fired, artist shuts down her exhibition on police brutality’, Hyperallergic, 18 septimber 2018 <https://hyperallergic.com/461150/american-monument-lauren-woods-kimberli-meyer-california-state-university-long-beach/> [krigen 19 septimber 2018]. jo kinne net alles mar keunst neame—of wierheid.

Wierheid op himsels is net bysûnder wichtich yn it stribjen nei in bettere wrâld (seit Fers2) en in oerute utilitaristysk konsept. Keunst is it befreegjen fan de ‘werklikheid’ en de ‘feiten’ en it befreget sadwaande altyd machtsrelaasjes, ommers wa claimt de feiten? Der is gjin keunst dy’t apolityk is. Keunst is ynherint polityk. Mar ‘politisearjen fan keunst’ is net wetter nei de see sjouwen; it betsjut it gefaar fan “misuse of rational aesthetics for ... mass domination.”Theodor Adorno, Aesthetic theory, red. Gretel Adorno and Rolf Tiedemann, oersettersynl. Robert Hullot-Kentor (Minneapolis: U.P. of Minnesota, 1997) 56. Wêr’t Walter Benjamin—Schurer kende syn namme net, lit stean syn wurkJohanneke Liemburg, Fedde Schurer: Biografie van een Friese koerier, 1889-1968 (Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2010).—foar warskôge doe’t er analisearre dat ‘rjochts’ de polityk estetisearre en ‘lofts’ de keunst politisearre, is dat oer de foarstellingsstrategy fan lofts ûnûntkomber de hegemony fan in beskate loftse politike kar dominearje soe, lykas it dogma fan art pour l’art dat de keunstner weihold fan rjochtse striidjubel en wilens de autonome keunst smoarde.Walter Benjamin, ‘The work of art in the age of mechanical reproduction’ [1935], in Id., Illuminations, oers. Harry Zohn (New York: Schocken Books, 1969) 217-251 <http://web.mit.edu/allanmc/www/benjamin.pdf> [krigen 19 septimber 2018]. Mar it is goed tachtich jier lyn dat Benjamin dat meimakke. Sûnt is de politike konstellaasje ûnwerkenber feroare.Aldo Milohnic, ‘Artivism’, oers. Olga Vuković, eipcp, maart 2005 <http://eipcp.net/transversal/1203/milohnic/en> [krigen 19 septimber 2018].

Krekt oarsom as aktivistyske keunst, dus keunstwurken yn tsjinst fan propaganda foar reboelje en politike of klassestriid, wiist artivism elk ramt fan organisatoaryske, ynstruktive en ideologyske prinsipes ôf. Keunst en aktivisme, sa liket it, hawwe har beide oanpasse moatten oan nije, modiale foarmen fan kapitalisme en te fersmiten sosjale en kulturele relaasjes. De artivism fan no is imazjinative ekspresje op it snijflak fan de ‘expanded fields’ fan keunst mei aktivisme, it fungearret yn omfiemjende sosjale bewegingen en/want it ropt op ta perfekt, wier meibeslissingsrjocht sadat der in earlike en moaie publike romte groeie kin.Manuel Delgado, The limits of critique: ‘artivism’ and post-politics, LIMEN2, 2013 <http://www.arxiulimen.com/wp-content/uploads/2013/01/LIMEN2.-The-limits-of-critique.pdf> [krigen 19 septimber 2018]. Artivism kaapt billboards, “ExxtremeDroughts : Global Warming fueled by ExxonMobil”, it set mei aksjes dy’t gjin polityk mar keunst binne de -ismen heger op ’e aginda en stribet fia bewustwurding nei sosjale ferantwurdlikens; faak giet it om it opnij opeaskjen fan de iepenbiere romte en it iepenbier diskoers, dy’t privatisearre en depolitisearre rekke binne en dus dehumanisearre.

Hoe’t de keunst depolitisearre is, litte de Guerilla Girls kear op kear sjen. Froulju binne, útsein as muze of model, fierhinne útsletten út museums, galeryen, skoalboeken, opdrachten ensa­fuorthinne. Politike doelen wurde skrast of deagewoan net ûnderstreke yn ’e yn depolitsearre politike kriten fan de ynstitúsjonele keunst. Depolitisearring hâldt hjir yn it oerjitten fan politike ideologyen, ynbegrepen de skerpe botsingen oer prinsipes lykas in (ûn)behindere tagong ta it ‘symboalysk kapitaal’, yn in rige lossteande bestjoerlike technologyen dy’t basearre binne op ienriedigens oer wat elkenien berikke moat, bygelyks ynklusiviteit of leechdrompeligens. Wat dat oangiet hat Bourdieu syn ûntdekking fan in nije sfear fan ûngelikens, troch it ferskil yn keunstgeniet tusken minsken, aardich skea oanrjochte. Bourdieus ferhannelingen woene ha dat museums deftich, wyt en manlik wiene en foar de befoardielde klasse, dat in beweging kaam op om de museums iepen te stellen foar de alsa útsletten groepen. Mar nei desennia fan leechdrompelich ferskaat is it museum noch altyd in elitêr plak en wilens wurde museums bestjoerd troch managers út de geastwittenskip dy’t apolityk tinke.

Dus de nije curatorial activism past net langer it museum oan de smaak fan it publyk oan, mar is fan betinken dat jo it publyk aktyf foarmje moatte troch sosjaal earlike kolleksjes. Foar dy museologyske artivism is romte, mar wêr’t jo artivism eins it earst ferwachtsje is yn de poëzy. Poëzy is “counterculture, forget it, niche market, very non-profit”, sei in behelpsum útjouwersforum ûnder de entry ‘target audience for literary poetry??’. Counterculture seit allinne mar dat de hâlding ôfwykt fan de hearskjende sosjale noarm dêr’t de subgroep it net mei iens is, dus counterculture hoecht hielendal net polityk te wêzen, dat is sa. Mar poëzy hat as gjin oare utering troch de ieuwen hinne de ûnbegrinzge ferbyldingskrêft fan de taharker en letter de lêzer oantrúnd. “Poetry has been a vehicle unmarried, so far, to any ultimate ‘official’ authoritarian definition”, seit dichter Amy King, sadat poëzy nea in commodity waard: “Poetry continues to enjoy one of the more remote luxuries of disregarding monetized allegiances, at least as the least popular and packageable medium.”Amy King, ‘What is literary activism?’, Poetry Foundation, 18 augustus 2015 <https://www.poetryfoundation.org/harriet/2015/08/what-is-literary-activism> [krigen 19 septimber 2018].

Inkeldris krijt artivism syn beslach. Op de presintaasje fan de dichtbondel Gatten yn it tek fan Jaap Veenstra yn it tsjerkje fan de Rottefalle bruts mei it poëtysk besmodzgjen fan de burokrasy spontaan de sosjaalkulturele hooliganism út. ‘De oerbliuwers’ fan Gerrit Breteler liket âlderwetsk polityk toaniel, mar hannelet om it opnij opeaksjen fan de romte dy’t om politike redenen ûntfolke wurde ‘moast’, om dêr in ideale maatskippij te stiftsjen. Lykas op’ e bondelpresintaasje fan Veenstra giet it yn it toanielstik om in wylde, fantasyfolle aksje fan in ad-hoc kollektyf. Redaksjes, keunstners­kollektiven of artistike netwurken om sokke artivism te ûnderstypjen hat Fryslân net. De ynstitúsjonele stipe is op ’t heden foar ‘yntermedialiteit’, de krúsing fan literêre mei fisuele keunst.

Mar seit Marshall McLuhan net dat mediale ferbiningen o sa wichtich binne om’t de—alle—media de sosjale ferhâldingen foarmje, ommers media bringe de berjochten oer, en dat de minske yn it sintrum stiet fan de mediale ferbiningen? Dêrom binne just by performancekeunst, lykas teater en poëzy, en by polityk de multymediaferbannen fan essinsjeel belang, en noch mear as it proses fan ’e ‘politykheid’ yn alle rjochtingen giet en multystabyl is en sterk ôfhinklik fan it waarnimmen.Marshall McLuhan, Understanding media: The extensions of man (London / New York: McGraw-Hill, 1964) 7-23 et passim <http://robynbacken.com/text/nw_research.pdf> [krigen 19 septimber 2018]. Sa ticht leit, as men de prefiks ‘ynter’ definiearret as ‘fan wjerskanten’ of ‘mei-inoar’, ‘yntermedialiteit’ tsjin artivism oan! Ken Fryslân dan soms in drinkwetterfaksin dat besmetting tefoaren komt?

Of flink hanwaskje mei griene tsiis? “It skriuwen … fan Fryske boeken is by útstek in utering fan Fryske identiteit”, stelle Eric Hoekstra en Reinier Salverda.E. Hoekstra + R. Salverda, ‘Identity, literature and Leeuwarden Fryslân Cultural Capital of Europe 2018’, Friesch Dagblad, 13 april 2018, 22. ‘Fryske’ is ‘Frysktalige’ en ‘boeken’ ‘skreaune media’, dat der stiet: skriuwers konseptualisearje identiteit as (Frysk)talich. O? Oanberne omstannichheden en kondysjes—lykas etnysk erfskip, sekse en immen syn eigen liif—kinne yndie in rol spylje yn hoe’t ien syn identiteit definiearret. Mar minsken groeie op, har ûnderfiningen meitsje dat hjasels en oaren har oars besjogge, dêrtroch feroarje de measte aspekten fan har identiteit kontinu. Identiteit op syn bar wurket yn op de beslissingen dy’t ien nimt oer idealen, freonen, fanalles, wat wer nije ûnder­finingen tastiet. Just om’t dat sa dynamysk tagiet brûke in hiel soad keunstners har wurk om ideeën oer identiteit te befreegjen; it persoanlike is polityk.The Museum of Modern Art, ‘Investigating identity’, MoMALearning, g.d. <https://www.moma.org/learn/moma_learning/themes/investigating-identity> [krigen 19 septimber 2018].

Fisuele poëzy, it wurd x byld-krúspunt, de Fryske writing act fan no, hat Fryslân hielendal net berikt doe’t it meitelde. Yn ’e tiid fan de kalligrammen ûntdutsen de Jongfriezen it sonnet. Ideogrammen, út deselde tiid, kaam sels it bestean fan nea de Ofslútdyk oer. De concrete poetry dy’t yn de jierren fyftich yn Switserlân, Eastenryk en Dútslân om spilfiguer Eugen Gomringer hinne spile en dy’t ûntliende oan Dada en Futurisme, wie dien yn de jierren sechstich. Wat der yn 1970, as guon Fryske dichters konkrete fersen begjinne te meitsjen, yn Nederlân restearret oan concrete poetry is ferskood fan estetyske oerdracht nei ‘in gedicht mei in boadskip’, frijwat boargerlik, tink oan de Loesje-ansichten.Tineke Bierma, ‘Concrete poetry: the influence of design and marketing on aesthetics’, Dissertations and Thesis, Paper 3438 (1985) 2 <https://pdxscholar.library.pdx.edu/cgi/viewcontent.cgi?article=4446&context=open_access_etds> [krigen 19 septimber 2018]. Provosearjende kollaazjes lykas ‘REAGAN’S DEATH COPS HUNT POPE’ hat Fryslân nea sjoen. De—útlânske—fisuele poëzy fan no is hybride, rint utinoar fan konseptuele poëzy, fia it struien tekens oer de side hinne, oant komplekse text-scapes, bygelgyks fan mIEKAL aND, en wjerstiet faak it betsjutting jaan en stelt hege easken oan ’e lêzer en dy tinkt net fan ‘moai’. Koartsein, it hâldt him net neffens de normale opfetting fan de funksje fan keunst: om wille te besoargjen oan de yndividule minsken.

Mar dat, de fisy op wat keunst dwaan moat, ferklearret—neist minne (keunst)oplieding en flinke brain drain út Fryslân wei, want artistyk hanneljen is kognitive ynset—wêrom’t hjir gjin artivism is en allikemin in aktyf publyk dêrfoar. Toanielgroep ’t Barre Land út Utert luts oeral folle sealen mei syn maatskiplik engaazjemint, útsein yn Fryslân. It gefal is dat it neoliberalisme de iepenbiere sfear omset yn private romte. Dat hat in neidiel, minsken betrouwe minder op oaren. Keunstners witte dat keunst ûntdwaan fan syn publike funksje it yn ’e kaart spyljen fan it neoliberalisme is, dat keunst redusearret ta matearje, want ferbyldingskrêft en dreamen hawwe gjin inkelde maatskiplike noch ekonomyske wearde. Tagelyk, om’t keunst noch altyd oerheidsstipe krijt as boarne fan beskaving, moat keunst sosjale fraachstikken oplosse. Dat betsjut dat de neoliberalistyske depolitisearring en kommersjalisearring keunst as publyk manifest fan ’e iene kant útholt, wylst charity art—de fonteinen dy’t de kulturele haadstêd genereus skonk—en community art—de gesellige ‘publike’ kreatyf mei koarke fan Lân fan Taal—dat fan de oare kant dogge.Sjoch Rodney Diverlus, ‘Re/imagining Artivism’, in David Elliott, Marissa Silverman en Wayne Bowman (red.), Artistic citizenship: Artistry, social responsibility, and ethical praxis (New York, NY: OUP, 2016) 189-209. De funksje fan keunst is no: ferdivedaasje.

Sadwaande bliuwt in Telegraafsjoernalist dy’t komt foar Breteler syn toanielstik hingjen op de pro-swartepite-lju en driigt ‘De oerbliuwers’ del te setten as white trash. De agitprop fan miljeusoarch en sustainable economy ûntgiet him folslein, mar de hooliganism hat er meikrigen. It is in begjin.

Noaten

  1. Sjoch ûnder oaren Selmin Kara, ‘Rebels without regret: documentary artivism in the digital age’, Studies in Documentary Film 9:1 (2015) 42-54 <https://doi.org/10.1080/17503280.2014.1002250>.
  2. Matt Stromberg, ‘After museum director is fired, artist shuts down her exhibition on police brutality’, Hyperallergic, 18 septimber 2018 <https://hyperallergic.com/461150/american-monument-lauren-woods-kimberli-meyer-california-state-university-long-beach/> [krigen 19 septimber 2018].
  3. Theodor Adorno, Aesthetic theory, red. Gretel Adorno and Rolf Tiedemann, oersettersynl. Robert Hullot-Kentor (Minneapolis: U.P. of Minnesota, 1997) 56.
  4. Johanneke Liemburg, Fedde Schurer: Biografie van een Friese koerier, 1889-1968 (Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2010).
  5. Walter Benjamin, ‘The work of art in the age of mechanical reproduction’ [1935], in Id., Illuminations, oers. Harry Zohn (New York: Schocken Books, 1969) 217-251 <http://web.mit.edu/allanmc/www/benjamin.pdf> [krigen 19 septimber 2018].
  6. Aldo Milohnic, ‘Artivism’, oers. Olga Vuković, eipcp, maart 2005 <http://eipcp.net/transversal/1203/milohnic/en> [krigen 19 septimber 2018].
  7. Manuel Delgado, The limits of critique: ‘artivism’ and post-politics, LIMEN2, 2013 <http://www.arxiulimen.com/wp-content/uploads/2013/01/LIMEN2.-The-limits-of-critique.pdf> [krigen 19 septimber 2018].
  8. Amy King, ‘What is literary activism?’, Poetry Foundation, 18 augustus 2015 <https://www.poetryfoundation.org/harriet/2015/08/what-is-literary-activism> [krigen 19 septimber 2018].
  9. Marshall McLuhan, Understanding media: The extensions of man (London / New York: McGraw-Hill, 1964) 7-23 et passim <http://robynbacken.com/text/nw_research.pdf> [krigen 19 septimber 2018].
  10. E. Hoekstra + R. Salverda, ‘Identity, literature and Leeuwarden Fryslân Cultural Capital of Europe 2018’, Friesch Dagblad, 13 april 2018, 22.
  11. The Museum of Modern Art, ‘Investigating identity’, MoMALearning, g.d. <https://www.moma.org/learn/moma_learning/themes/investigating-identity> [krigen 19 septimber 2018].
  12. Tineke Bierma, ‘Concrete poetry: the influence of design and marketing on aesthetics’, Dissertations and Thesis, Paper 3438 (1985) 2 <https://pdxscholar.library.pdx.edu/cgi/viewcontent.cgi?article=4446&context=open_access_etds> [krigen 19 septimber 2018].
  13. Sjoch Rodney Diverlus, ‘Re/imagining Artivism’, in David Elliott, Marissa Silverman en Wayne Bowman (red.), Artistic citizenship: Artistry, social responsibility, and ethical praxis (New York, NY: OUP, 2016) 189-209.

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.13, 9 septimber 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen XIII: ’t Bildtse skriven, of

Is wat d’r onder ’t etiket ‘identiteit’ sit niet faitlik gewoan literatuur?

image Fers2

Je kinne je ôffrage of ’t wel mooglik is om literêre begrippen toe te passen op ’t skriven fan ’n etnise minderhyd. Angaande de Friese literatuur is dat wel daan. Justsoa is d’r nag ’n nij skoalboek over de Friese literatuur ‘an nou toe’ útbrocht, as bewiis dat ’t Friese skriven onferminderd as literêr behanneld worre kin. Maar angaande ’t Bildtse skriven gaat ’t offisjele gesprek over taal, soms ok over kultuur, maar niet over literatuur. Dos, as ’t niet kin, wat is dan de toekomst foor de Bildtse etnise skriver? Wat as mînsen metdoen wille an ’t soeken fan woorden foorbij praktise informasy en persoanlike ekspressy, woorden die’t ’t maatskaplik proses weerspigele en formgeve, of soa as Barthes sait: die’t sosjale betekenis konsolidere?

Want nietteugenstaande de opmars—om niet te sêgen de ferdylgende overwinning—fan de popkultuur, is literatuur, met de woorden die’t ’t brúkt, dat wat de wereld informeert over de betekenis fan wat him doende hout. Maar wat is de rúmte die’t de Bilkerts gund wort foor betekenisgeven? ’t Bildtse skriven wort gewoanlik niet sien as die ‘hoge’ menier fan skrupuleus komponeren fan tekst in ’t bewustwezen fan de literêre wisânsys; die menier die’t dos ’t omkeerde is fan rommelich praten. Likegoed is ’t de praattaal die’t se waardere fan de Bilkerts, just om’t die taal nayf en spontaan likent. Op ’n literêr festival in Donostia waar fan een lústerder ’t kommentaar op ’n Bildts gedicht, dat ’t soa autentyk klonk: ’t dee hur dinken an ’n kammeraatsy út hur kyndertiid, dat Fries [sic] prate. De media herhaalden just die útspraak; se nommen ’t as fanself foor ’n anprizing. Dat de waardering útgaat na nag niet assimileerde taal, kynderlik en netuurlik, het ’t Bildtse skriven gemeen met koloniale literatuur, dêr’t krompraten staat foor ‘echt’.

In de deurgaande debatten over (Friese) identiteit is ’t konsept ‘Fries multikulturalisme’ niet an leven kommen. D’r is sprake fan ’n ondeelber Frieswezen dêr’t de posisy fan de Bilkers niet in spesifiseerd wort. Núvver is dat niet. D’r wort faak op wezen dat multikulturalisme ’n doelmatig middel is om de ferskaidne kulturen werom te winnen, die’t dan homogeniseerd weer na binnen haald worre as folkloristys spektakel. Dat is selfs typerend Europees belaid en gebeurt as multikulturalisme ynset wort om kultuur en nasjonalisme te fuseren en ferenigen in ’n depolitiseerde multi­kulturele ‘event’. Dêrfoar maaiden se skaamteloas ‘Eshertekens’ in ’t gewas, over de historise organise landskaps­strukturen hine, de aigen Bildtse cropmarks die’t ’n droge seumer op netuurlike wize na boven haalt—gyneen het dêr selfs maar om socht. Tegelyk skept soa’n opdrongen eenhydsidentiteit syn aigen marzjes fan mînsen die’t tussen ’e irpels weune en niet teugen hur ‘heritage’ maar teugen hur leefomstannigheden hier en nou anlope.

’t Waar dêrdeur te ferwachten dat de ‘klaine’ teksten, met normaliter ’n heel behainde sichtberhyd, ‘echthyd’ sien late souden, of soa’t Sjoerd Schaaf, skriver fan sfeerstikkys foor de Bildtse Post, ’t sait, “eltse lêzer … sil him/har herkenne yn it besoek oan de jirpelboeren.” ’t Overskatten fan ’t aigen kulturele poadium bewiist hur lykwel gyn dienst, en anderen ok niet, maakt Susan Choi dúdlik. De kulturele achtergrônd is yts dat útgevers brúkke om hur waar te ferkopen, lykas dat de Kristlik Fryske Folksbibleteek met ’n miks fan tradisjonalisme en etnifikasy syn aigen Friese ôfsetmerk skepte. Ferwizen na ’t aigen poadium isoleert dêrdeur de skriver in Bildtse sjenrefiksy. De bydragen foor dit Fers2-nummer bin thús beleefd, situeerd autobiografys, ’t raakt hest an konfessys. Elke tekst ferwiist na de lokale ‘klaine’ werklikhyd—’t hardnekkig onliterêre caregiving-tema—en dat in rouwe, onbewerkte taal. Ok dat an etnys skriven bonnen taalsjenre merkte Barthes al op: foor poëzy mot de freemdling de openbare hoog­literêre konvînsys erkenne, soadat ’t gyn etnise skriverij meer is, want die is ‘primityf’ in ’e ogen fan de dominante literatuur­krityk. Realistise stikkys kinne de etnise skrivers wel an, in die optyk, maar gyn poëzy.

Foor ’n part sille etnise skrivers wind weze dat útgevers op hur werk niet ’t etiket plakke fan algemene literêre fiksy. Se sille de dominante normen internalisere en de gaarhang fan stim, taal en ferhalefertellen bekrachtige. Schaaf fertelt dat hur aigen Bildtse Post ’t liefst klaine, simpele stikkys het, boere-idille; niet ’t tekstueel prakkeseren, nach de woordkunst die’t Fers2 ok fan de Bildtse skrivers graag siet. ’t Is fanself maar de fraag at Fers2 niet lykas alle Friese instituten de dominante norm soa onderhúds opdringt, dat skrivers automatys ‘waargebeurde’ teksten stuurd hewwe, sonder d’rbij stil te staan dat se nee sêge konnen.

Maar dat likent fan niet. ’t Fersmiten fan de dominante norm sien wij in ’t korte ferhaal fan Talea Jansma. ’t Realisme is ferpakt in ’n—fiktoriaanse—sprokysform en niet opskreven as gewoan proaza, maar as ’n fers: hest elke sin begint op ’n nije regel. ’t Gefolg is ’n ontwutteling. Hyltyd weer raakt de lezer los, mot ’y ’n nij begin make, om soa te sêgen ontheemd op ’e bladsy. ’t Stik gaat over identiteit, maar meer as de inhoud fan ’t ferhaal maakt de form de onthechthyd en ’t moeiseme plak finen foelber. Antsje Swart—hur hait skreef al in ’e jaren sestich Bildts in ’n klank­nafolgende spelling, want d’r waar nag lang gyn standerisering—het heel bewust koazen teugen ’n beskouwelik artikel en foor autofiksy. Just om’t skriven in ’e aigen taal ’n daad fan recognition is, sai se: “’t Motyf lait in ’e hôven.” Ommers de ervaringen fanút de hôven in Sint Anne bin steefast út ’e literatuur wegdrukt; dêr dos begint ’t mînseleven fan Swart hur protagonist Bierma. ’t Persoanlike is polityk.

Geertje Kingma sait: “Alle útskaaien na hoogdravendhyd—nee. Wij doen dêr niet an met. Sêg ’t maar gewoan.” De taal fan Kingma en Sieger Rodenhuis het wat fan de doadgewoane en likegoed soa intime taal fan de blues, ’n taal die’t drekt en kritys is, geskikt om noed en noad met te útteren en niet foor niks overnommen deur de rap in de sosjale raffelrannen. Douwe Kalma hanteerde just pompeuze taal as ’n wapen. Mînsen hewwe ferskillende redenen om abrakadabra te brúkken in plaats fan gewoane taal, maar lykas ’t bedriifsleven—en de polityk—kinne se indrukwekkend weze wille en nimme se t’n onrechte an dat lúkse woorden boven de gewoane útflige, of se kinne ’n rookgerdyn opsmite wille as se liever de waarhyd ferdústere of niet wete wêr’t se over prate, of se orere en deklamere om’t ’t soa hoort en elkeneen ’t doet. Want ‘kunstig’ worde dalik de Friese norm. ’t Rissultaat is ant op hoien kitsch­poëzy: teksten met low clue density, oplosbere kriptogrammen—’t mot wel echte kunst weze.

’t Maniërisme fan taboeferklaren fan leestekens en werkwoorden in de Friese poëzy maakt die like onontsiferber, dos hermetys dos diep-persoanlik dos onbeoordeelber, as foorbeeldig. De antreklikhyd komt niet om’t de aspirant-skriver gyn ferlet meer het fan grammatikakennis—na’t Virginia Woolf planút said had dat poëzy grondig learen fergt—maar ontelbere maniërismen binne overal ontstaan op ’e onbewuste weg om fersen ’t stimpel te geven fan ’n skepping fan ’n eliteskoal, fan wereldklasse, ’n form die’t de amateur niet nafolge kin of selfs begripe, sonder as naadloas integreerde homo culturalis inburgerd te wezen in de eksklusive literatuurdialoog, op Ensafh.

De standert is dos ’n dubbeleneen: foor de etnise literatuur simpel, plat realisme en foor de Friese literatuur ’n opdoenderighyd die’t ’t meesterskap en de internasjonale allure bewiist dêr’t ’t Bildtse skriven niet âns as na streve kin.’t Bovennoemde Bildtse fers, staat ant in ivighyd op ’t internet, deed dinken an ’t Fries; ’t deed niet dinken an wat ’t faitlik waar, naamlik ’n Bildts fers en gyn Frieseneen. ’t Is die dubbele standert of ’t proteksjonisme fan ’e dominante taal, ’t Fries, die’t de absolute norm fan literêre kwaliteit stelt. Fan de Bilker Waling Dykstra, de allerproduktyfste skriver die’t Frysland had het en deur ’t hard achterútgaan fan de Friese taal ok ooit hewwe sil, binne nul Bildtse teksten in ’e Friese kanon opnommen.

Sok proteksjonisme fan ’n kanon is negatyf foorskrivend: ’t slút teksten út deur foorwaarden dêr’t literêre waarden minder belangryk in binne as sosjale houdingen. In plaats fan op styl worre Friese teksten faak kritiseerd op ’e in-group-attitude en assimilasy. ’t Dichterskollektyf Rixt kykt ok na de inhoud fan insturingen, dêr’t de ‘kwaliteit’ fan blykt út netuurbeelden—weke greiden, wakende diken—om emoasys weer te geven. Kingma noemt dat ’n resînsy fan de roman Reinke fokust op ’n tekort an psychology—sai niet Henry James dat de pychologise anpak garant staat foor ’t mankeren fan aksy en spanning? Maar de implisite fooranname is dat de fundemintele foorfallen alleen gebeure kinne in ’e siel fan ’e protagonisten en niet in hur daaglikse, wereldse hannelen; niet in dat hannelen dos dat onontkomber polityk is as je ’t beskrive, en dan luud sondigt teugen ’t Friese literêre dogma fan art pour l’art en uterst persoanlike krabbels.

In ’t bros bewustwezen tussen slaap en wakkerworren kin alles en Rennie Steensma breekt hur portret fan sorg&toewijing ôf met: “Wie sait / dat / sprokys / niet / bestaan?” Erkent dat nou ôns spirituele ferlet om betekenis an ’t leven te geven, fooral as dat leven bedriigd wort, of smoort de slim openbroken, ferbrizele sin elke spiritualiteit in ’e kym? Overinterpretasy fan literêr teksten is ’n falkúl, maar steld maan worre dat ’t ondefinitive fan de minimale styl hier in ’e dichtregel, en in ’t algemeen fan al ’t ‘klaine’ skriven, de rúmte skept foor ’n fleksibel learproses in ’t Bildts, teugenover de Friese literatuur die’t in ’n pogen om balkanisering te foorkommen ferstard is in syn etalazys. Nonkonformisme is niet ’n adekwate kenskets, om’t der gyn ôfsetten is teugen de Friese norm, maar ’n ontsnappen: in echt en plat en polityk. Dos ja, je kinne literêre noasys toepasse op etnise literatuur, maar late wy dat asjeblyft niet doen.

Met dank an Sytse Buwalda en Gerard de Jong.

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.12, 17 juny 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen XII: Festivalisearring

image Fers2

Festivals, geen ontkomen meer aan’ wanhopet it pamflet dat stedsfestival-koördinator Mark Hospers oan ’e minister fan UKW oanbea. Dat wist de minister al, dat der gjin ûntkommen oan is. Wetterlab KWR hat opnij rioelepidemiologysifers persintearre: út ús rioelwetter blykt dat Nederlân de grutste brûker fan xtc yn Europa is en ek dat it konsumpsjeferskil tusken grutte en lytse stêden minym is. It CBS skat dat yn 2001 de thúsmerk foar xtc 40 miljoen euro wurdich wie, en dat wylst de suverens van MDMA yn de Nederlânske xtc-tablet hûndert persint is en de priis tafalt, 4 euro de gram. Ien xtc-pil meie jo meinimme nei festivals—foar jo gemak, de tastiene gebrûkshoemannichten binne fierder: 5 gram hasj of marihûana, in heale gram kokaïne of speed en 5 mililiter GHB. Yn 2012 waarden 2.442.200 xtc-tabletten yn beslach nommen. De rest wurdt slikt, op festivals. Yn 2015 skatten se de folsleine xtc-produksje op 50 oant 117 miljoen pillen. Sûnder it slikken en yn beslachnimmen derfan rint de Nederlânske ûnsichtbere ekonomy fêst.

Ferfolch

Fers2 is der klear foar

Want

  • Wy hawwe de juwielen yn ’e âlde stofsûger treaun.
  • Wy hawwe de doaren en rúten tichtdien.
  • Wy hawwe it húskerútsje en in hoksdoar net fergetten.
  • Wy hawwe ús ynformearre oer de ynbrekkers best practices.
  • Wy hawwe gjin ekstra kaaien efterlitten.
  • Wy dogge as rinne wy gewoan noch om by Fers2.
  • Wy hawwe de buorman frege om de post om op te krijen.
  • Wy hawwe it bûtendoaralaarm oanskeakele.
  • Wy hawwe lêzen dat se jo yn 8 oant 12 minuten plunderje kinne.
  • Wy hawwe tiidskeakelders op de lampen set.
  • Wy hawwe de molkeman ôfsein.
  • Wy hawwe soarge dat immen syn auto op ús hiem riidt.
  • Wy hawwe gjin fakânsjeboadskip op it antwurdappparaat set.
  • Wy hawwe kopyen makke fan alle wichtige papieren.
  • Wy hawwe dy kopyen ek yn ’e stofsûger dien.
  • Wy hawwe ark, ljedders, jiskekonteners en opklimmateriaal weisleept.
  • Wy it foardoartoutsje nei binnen ta helle.
  • Wy hawwe de gerdinen waachwiid iepenlutsen en in bosk plestik bommen op ’e tafel set en net op Facebook sein dat wy fuort binne.

Fers2 is der wer op 9 septimber 2018.

Ek foar de sichtbere ekonomy binne festivals wichtich. De allergrutste hap op alle poadia is popmuzyk. Popfestivals binne in trochgroeiende yndustry dy’t hieltyd mear monopolisearre rekket, oanfierd troch de multinational Live Nation dy’t yn 2017 2,8 miljard dollar winst makke. De 33 grutste muzykfestivals oansletten by de Vereniging Nederlandse Poppodia en Festivals brochten yn 2016 mei-inoar 65 miljoen euro op. Dêrfan wie de winst fan ’e muzyk­festivals sûnder tagongskaartferkeap yn trochsneed 0,6 miljoen. De fergese festivals krije yn ’e regel subsydzje. In hiel soad poppoadia en festivals yn Nederlân krije subsydzje, lanlike en regionale, ek as se wol kaartferkeapynkomsten ha. It Fonds Podiumkunsten, it distribúsjeorgaan fan ’e rysksoerheid, hat yn 2018 in mienskiplik budzjet fan 230.000 euro foar de subsydzjes programmearring-festival-popmuzyk en programmearring-ynsidintele-konserten-popmuzyk. Foar de programmearring-festival ha se 2 miljoen beskikber.

Dat Hospers al in skoft op jild jeit is bekend. “Festivals hebben bestaansrecht in Friesland”, foetere er yn novimber noch yn kultuerljedder de Moanne.Wendy Kennedy, ‘Mark Hospers: ‘Festivals hebben bestaansrecht in Friesland.’ ’, de Moanne, 24 november 2017 <www.demoanne.nl/mark-hospers-festivals-bestaansrecht-friesland/> [krigen 8 maaie 2018]. Mar wat is besteansrjocht? Google syn earste fynst marketing.nl seit: Sintraal stiet de fraach oft de doelstellingen behelle wurde, oft der genôch gebrûk fan makke wurdt en oft der (genôch) winst makke wurdt. Ecstasy hat dus ûnûntstriidber besteanrsjocht, wylst Hospers’ festival Explore the North inkeld bestean koe om’t “de subsydzje foar dit en takom jier al rom op tiid rûn” wie.Wendy Kennedy, ‘Mark Hospers: ‘Festivals hebben bestaansrecht in Friesland.’ ’, de Moanne, 24 november 2017 <www.demoanne.nl/mark-hospers-festivals-bestaansrecht-friesland/> [krigen 8 maaie 2018].

Dat koe om’t provinsje Fryslân mei it each op ’e kulturele haadstêdynfolling ein 2016 syn kultuersubsydzjeregeling feroare. Se heakken der in festivalparagraaf oan ta, mei in maksimumstipe fan in ton it festival. “It subsydzje hat as doel in festivaloanbod yn Fryslân ta stân te bringen om in libben, mei ferskaat en leechdrompelich kultureel en artistyk klimaat te befoarderjen.”Deputearre Steaten fan Fryslân, ‘Wiziging Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân’, Provinciaal Blad 2016-5933 (4 novimber 2016) <https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2016-5933.html> [krigen 8 maaie 2018]. ‘Easy access cultural supply’, eins in ûnskealik toerismemarketing­klisjee, oersette nei “leech­drompelich klimaat befoarderjen”, wy soene dêr net foar keazen ha mei Hospers’ fingers al roffeljend op ’e baalje, mar wol koe de provinsje yn 2017 90.000 euro stipe jaan oan Explore the North. It Letterefûns joech dêrboppe-op in twajierrige stipe fan 40.000 en it Fonds Podiumkunsten joech 15.000 yn 2017 en 50.000 yn 2018. It trijedeisk Explore the North entreekaartsje kostet € 55, it twadeisk € 42,50 en de studintekaart € 25 (alles eks. servicekosten). Al wiene by de start fan it Explore the North-festival fan 2017 de kaartsjes net útferkocht, de noed om fallissemint hoecht Hospers net te befangen.

Mar no wol De Verenigde Podiumkunstenfestivals, in fjirtichttal festivals dy’t koördinearre wurde troch… Hospers, erkend wurde yn kultuerbelied. Se beane in pamflet oan de Raad voor Cultuur en de minister fan UKW oan, want leechdrompelich, kom no:

een positieve kijk op de festivals en festivalisering een belangrijke sleutel is in het denken over de hedendaagse hybride kunstensector.Verenigde Podiumkunstenfestivals, ‘Festivals, geen ontkomen meer aan: Een pamflet van de Verenigde Podiumkunstenfestivals’, Podiumkunstenfestivals, maaie 2018, 2 <https://podiumkunstenfestivals.files.wordpress.com/2018/06/pamflet-de-verenigde-podiumkunstenfestivals-2018.pdf> [8 juny 2018].

Hybride is in prominint wurd yn ’e populêre kultuer en syn marketing dat ‘mingd’ betsjut en de gefoelige seame fan subsydzje­amtners massearret, mar wat is erkenning? Hie net yn febrewaris 2015 De Verenigde Podiumkunstenfestivals syn beslach krigen om in manifest hinne dat… de Raad voor Cultuur en… de minister fan UKW frege “om erkenning van de unieke functie van festivals en een betere honorering”?De Verenigde Podiumkunstenfestivals, ‘Leve de festivals’ (manifest), febrewaris 2015 <https://podiumkunstenfestivals.files.wordpress.com/2017/01/leve-de-festivals-festivalmanifest.pdf> [krigen 8 maaie 2018]. Hie doe net de minister (en de Raad) dy erkenning dalik jûn? Ferankere hja net de festivals yn it rykskultuerbelied? Erkende hja net dat festivals wichtich binne foar talintûntjouwing en kweekjen fan nije publyksgroepen op lokaal en (ynter)nasjonaal nivo—mar sûnder dat mei dy erkenning in protte jild meikaam? Hiene De Ver. Podiumkunstenfestivals dêrom net yn novimber 2015 in driuwend fersyk nei de Twadde Keamer stjoerd om 2,4 miljoen euro ekstra frij te meitsjen foar poadiumkeunst­festivals, om’t de tolve—fan ’e 30—poadiumfestivals dy’t de besunigingen fan 2013 oerlibje mochten net draaie koene op pear stuorren stipe? Bliek dus yn 2015 ‘erkenning fan de unisiteit’ net simpel marketingjargon foar ‘2,4 miljoen, daar kunnen we het van doen’?

Yn desimber 2017 stjoerde Hospers opnij in manifest, oan oerheden, fûnsen en media, no yn ’e mande mei de Fryske festivals. Wat soe der barre, tochten de festivalbazen lûdop, “als er nu geen passende structurele oplossing komt voor de festivals in Friesland?”

Festivals bouwen in 2017 en 2018 aan ambitieus programma en uitstraling, maar vallen in 2019 terug in lokale financiering. Daarmee wordt een natuurlijk groei in de kiem gesmoord, en gaan er festivals omvallen. … Wanneer festivals omvallen wordt de bodem onder de legacy van Leeuwarden-Fryslân 2018 uitgehaald.‘Friese festivals presenteren manifest’, Explore the North, desimber 2017 <https://explore-the-north.nl/nl/nieuwsitem/manifest-festivals-in-friesland> [krigen 8 maaie 2018].

Erkenning betsjut strukturele subsydzje, okee bêst. Mar dy ‘natuerlike groei’, dêr doelde doetiids artistyk Explore the North-direkteur Sjoerd Bootsma yn 2014 ek al ris op yn in promopraatsje mei de Moanne.

Ernst: Steane wy foar in ‘festivalisearring’ fan it kulturele oanbod yn Fryslân?

Sjoerd: Zeker, we zitten er zelfs al middenin. In de podiumkunsten zie je een trend waarin podiumbezoek afneemt, maar festivalbezoek enorm toeneemt. In Nederland alleen al worden er 774 festivals per jaar geteld, gezamenlijk goed voor 21 miljoen bezoekers.Sjoerd Bootsma en Ernst Bruinsma, ‘Explore the North’, de Moanne, 28 november 2014 <www.demoanne.nl/explore-north/> [krigen 8 juny 2018].

Bootsma koe faaks net yn ’e takomst sjen mar Hospers, ein 2017, moat it witten ha: de festivalkonkurrinsje is grut, ek ynternasjonaal, en de groei is der út yn Nederlân. Yn 2018 binne der 865 festivals in Nederland, 29 minder as yn 2017 en sa’n 130 minder as 2016. It tal ferwachte besikers—‘echte’ besikerstallen binne net te tellen—is 18,2 miljoen; yn 2017 wie dat 18,5 miljoen, yn 2014 22 miljoen. Yn 2017 hie Fryslân 36 festivals en it oantal ferwachte besikers wie 516.000; yn 2018 hat Fryslân 33 festivals en it tal ferwachte is besikers 500.000.‘Festival overzicht 2018’, EM Cultuur, g.d <https://www.em-cultuur.nl/festival-overzicht-2018/> krigen 8 juny 2018]. Juny is altyd de drokste festivalmoanne, no moatte de festivals har wearde bewize: har wearde yn besikerstallen. Want audience size jildt as SMART marketing objective as it ultime lokkebrea foar subsydzje en fûnsen. Dêrom claimde de Fryslân-Ljouwert kulturele haadstêd wat plichtmjittich 4 miljoen, neist Kopenhagen yn 1996 7,5 miljoen en Antwerpen yn 1993 10 miljoenekes; de getallen kinne wiermakke wurde om’t stêden de besikers meitelle dy’t gjin kultuer sjogge, mar bygelyks nei it sikehûs moatte. Komme se dêr mei in xtc-fergiftiging, wurde se dûbel teld.

Mar Hospers, dat wol sizze De Ver. Podiumkunstenfestivals, wiist ynstee fan op sifers op it sosjale kapitaal fan festivals. It pamflet giet oer kreativiteit, “innovativiteit”, tagonklikens en ynklusiviteit, passend yn it “recente historische perspectief van verregaande democratisering” en it sprieding “van spannende kunst en cultuur” oer alle regio’s.

Investeren in festivals is investeren in belangrijke maatschappelijke ontwikkelingen.Verenigde Podiumkunstenfestivals, ‘Festivals, geen ontkomen meer aan: Een pamflet van de Verenigde Podiumkunstenfestivals’, Podiumkunstenfestivals, maaie 2018, 3 <https://podiumkunstenfestivals.files.wordpress.com/2018/06/pamflet-de-verenigde-podiumkunstenfestivals-2018.pdf> [8 juny 2018].

Sa ûnkwantifisearber as it klinkt is ynklusiviteit net. Jongerein oant 35 jier gean folle faker nei in festival as de oare leeftydsgroepen en de wurkferdieling by festivals is 64 persint man om 36 persint frou, mei yn ’e direksje hast sûnder útsûndering manlju. Kultuersprieding is nei-oarlochske sosjale polityk, mislearre want Amsterdam hat sân kear safolle kultuerynstellingen as de noardlike regio. Fernijing hat kultuerminister Plasterk goed tsien jier lyn yn it belied fytst. Fan dy tiid ôf hat demokratisearring, yn de sin fan oerheidsfinansiering fan museums sadat alle sosjale strata Rembrandt sjen kinne, yn it diskoers plakmakke foar finansjele ferantwurdlikens fan de kultuersektor sels, mei jildlik selsstannige besikers, neffens neoliberale idee. Yn it kultuerbelied fan hjoed is de yndustriële wrâld it alderheechst oanskreaun en it alderleechst stiet de “ynspirearre wrâld” dy’t paradoksalerwize it kultuerbelied rjochtfeardigje moat.Laura Cornelisse, ‘Discoursverandering in het Nederlandse cultuurbeleid: Een analyse van het discours in het cultuurbeleid van het Rijk, grote gemeenten en middelgrote gemeenten van 2007 tot heden’, Masterskripsje Kunsten, Cultuur en Media Rijksuniversiteit Groningen, maart 2015, 147 <https://www.lkca.nl/~/media/kennisbank/publicaties/2018/a-g/discoursverandering%20in%20het%20nl%20cultuurbeleid.pdf> [8 juny 2018].

Dy omslach yn it diskoers oer kultuer makket net perfoarst wat út foar it sosjaal kapitaal, oftewol alle middels dy’t lizze yn sosjale relaasjes dy’t kollektive aksje op gong helpe. Mear passyf amusemint jout yndie minder kultureel kapitaal,Robert D. Putnam, ‘The Saguaro Seminar: Civic engagement in America’, Harvard University, Harvard Kennedy School, g.d. <https://sites.hks.harvard.edu/saguaro/web%20docs/GarsonSK06syllabus.htm> [8 juny 2018]. mar binne festivals net ynherint ynformele, spontane en sels subversive kollektive aksje?Nikolay Zherdev, ‘Festivalization as a creative city strategy’, (Doctoral Working Paper Series; DWP14-002), IN3 Working Paper Series (2014) 18 <http://journals.uoc.edu/ojs/index.php/in3-working-paper-series/article/view/n14-zherdev/n14-zherdev-en> [krigen 8 juny 2018].

Bekend is dat besikers net komme foar de ‘spannende’ programmearring. De line-up fan bekende nammen—hoe ‘fernijend’ kin dat ek wêze—is net it wichtichst: besikers komme foar in feilige sfear en plesierige belibbing en benammen moatte se tefreden wêze mei de kwaliteit fan de service, lykas genôch parkearplak en bier dat net lij is.Karen Bosch, Rogier Brussee, Jelke de Boer, Michiel Rovers, Charlotte van Nus en Harry van Vliet (red.), Festival-beleving: De waarde van publieksevenementen (Utrecht: Hogeschool Utrecht, 2012) 78, 213 <https://www.researchgate.net/profile/Michiel_Rovers/publication/311134158_Festivalbeleving/links/583ea78108ae2d2175576c4f/Festivalbeleving.pdf> [8 juny 2018]. Hoewol’t festivals in oare fisy op ’e maatskippij jaan kinne—en dat mooglik ea diene—hat fermerking it oanbod mainstream makke. Ut kommersjeel eachpunt mei it belibjen net (digitaal) te werheljen wêze want de besiker moat derby wêze, en as reaksje op maatskiplike lêsten sykje performers en besikers in ûnderfining dy’t fier fan ’e deistige wrâld ôfstiet en it persoanlike net polityk, dus kollektyf, makket.Jennie Jordan, ‘Festivalisation of cultural production’, Encatc Journal of Cultural Management & Policy 6:1 (2016) 44-55, 10-11 <https://www.encatc.org/media/2658-2016encatc_journal_vol6_issue14455.pdf> [krigen 8 juny 2018]. Neist it ferlern gean fan tradi­sjonele festivaleigenskippen lykas lyts rolferskil tusken útfierder en publyk, hat de merk ek it beskiedend ûnderskied fan it festival mei in fêst poadium skrast, nammentlik de ferbining mei it plak. Net langer is it festival it feestfieren fan it doarp, mar it stiet yn itselde ekonomyske ramt as in museum, ynklusyf de blockbusters. Der komt gjin subsydzje as Beyoncés suske net op it programma stiet; festivals stean ôfwizend foar lokale kultuer oer,

and as a result, negative impacts emanating from festivals have the potential to destroy the very notion of social capital development.Charles Arcodia en Michelle Whitford, ‘Festival attendance and the development of social capital’, Journal of Convention & Event Tourism 8:2 (2006) 1-18, 15 <https://doi.org/10.1300/J452v08n02_01>.

De neoliberale polityk hat mei syn mantra fan yndividuele ferantwurdlikens alle kollektive aksje fan ’e wrâld ôf skood.

Mar neffens it Ver. Podiumkunstenfestivalspamflet rekken festivals, hoe’t jo it ek draaie of keare, tritich jier lyn ûnmisber.

Dertig jaar geleden … was de festivalvorm nog maar weinig van belang in de samenleving. En helemaal niet in cultuurbeleid. … [Maar] de kunstensector had … nieuwe gidsen nodig, die fier naast de vanzelfsprekende gidsen (schouwburgen, musea, concertgebouwen etc.) konden staan, maar meer konden focussen op de individuele en bijzondere interesses van het (internationale) publiek en vaak meer interdisciplinair konden werken. Ook had de sector behoefte aan minder drempels en verdergaande democratisering. … [H]et waren in Nederland ook vooral de (podiumkunsten)festivals die op de aandacht van het publiek konden rekenen.Verenigde Podiumkunstenfestivals, ‘Festivals, geen ontkomen meer aan: Een pamflet van de Verenigde Podiumkunstenfestivals’, Podiumkunstenfestivals, maaie 2018, 8 <https://podiumkunstenfestivals.files.wordpress.com/2018/06/pamflet-de-verenigde-podiumkunstenfestivals-2018.pdf> [8 juny 2018].

Dat hat ferlet fan in bytsje redaksje. Yn 1993 munten de sosjo­logen Häußermann en Siebel it wurd Festivalisierung en sosjologen binne net lju dy’t noviteiten spotte mar krekt oarsom by sosjale ferskynsels stilstean dy’t deagewoan binne; de antike Griken hiene al festivals. Hawwe wy it oer de saneamde festival boom yn de twadde helte fan ’e tweintichste ieu, dan folget de festivalisearring de de-yndustralisearring. In kombinaasje fan ekonomyske, beskavings- en sosjale faktoaren liedt ta in oanbod fan sosjaal weardefolle kultuerbasearre produkten: de kultuer­yndustry.Waldemar Cudny, ‘The concept, origins and types of festivals’, yn Idem, Festivalisation of urban spaces: Factors, processes and effects (Springer, 2016) 11-42, 29. Festivalisearring is in gefolch fan urbanisearring, hieltyd mear oaninoar groeiende urbane flakten dy’t de âlde stedskearnen ûnsichtber meitsje, city-marketing as antwurd op ekonomyske stagnaasje, earmoed en stedsûntjouwingsprojekten, fierder oantrúnd troch de media en lang om let ek oanpoend troch de Europeeske Uny (mei ynternasjonale partijen) dy’t ynvestearje kin, sadat der ekonomysk profijt gluorket.Hartmut Häußermann en Walter Siebel, ‘Die Politik der Festivalisierung unde die Festivalisierung der Politik’, yn Walter Siebel (red.), Festivalisierung der Stadtpolitik: Stadtentwicklung durch große Projekte [1993] (Wiesbaden: Springer, 2013) 7-31. Kulturele yndustry­professor Erik Hitters seach dat de kulturele haadstêdtitel yn Rotterdam en Porto direkt late ta festivalisearring, mei besunigingen dalik nei it titeljier en in ferskowing yn kultuerbelied fan planning nei programmearring, troch temin struktureel ferfolch nei it ein fan de kulturele haadstêd-events.Eric Hitters, ‘Porto and Amsterdam as European Capitals of Culture: Toward the festivalization of urban cultural policy’, yn G. Richards (red.) Cultural tourism: Global and local perspectives (New York: Haworth Press, 2007) 281-301.

Fan planning nei programmearring, dat sjocht men yn it post-kulturele haadstêdse Fryslân lyksa. Op it plak fan de alâlde provinsjale kultuernota kaam in kultuerbeliedsbrief. Dy is losse projektplanning ynstee fan strategyske planning, want ynbêdzjen hoecht net mear: “Analyses van context en dergelijke vormen achterliggende stukken, maar zijn geen onderdeel van de beleids­brief zelf.”Provinsje Fryslân, ‘Format beleidsbrief’, Beleid van deze Tijd, febrewaris 2016 <http://beleidvandezetijd.frl/wp-content/uploads/2016/02/format-beleidsbrief.pdf> [krigen 8 juny 2018]. Dêrnei ynspirearre de provinsje sa subtyl as in tabakswarskôging syn kultuersintrum Tresoar ta (taal-)programmearring:

Vanaf 2019 zal Tresoar met wisselende programma’s en vernieuwende exposities de rijkdom van taal in OBE laten zien.

Vanaf 2019 zal Tresoar met wisselende programmering en vernieuwende exposities de rijkdom van taal in OBE laten zien.Obe blijvend podium voor taal en literatuur, Tresoar, 13 desimber 2017 <https://www.tresoar.nl/nieuws/pages/obe-blijvend-podium-voor-taal-en-literatuur.aspx> [krigen 8 juny 2018].

Echopraat is the new black op ’e Bûterhoeke:

Fanwege de feroarjende ynsichten oer rol en taken fan de oerheid skytskoarre de gemeente der wol tsjin oan.

De provinsje tinkt nei mar wrakselet mei jild, polityk draachflak en feroarjende ynsichten oer de rol fan de oerheid.Johanneke Liemburg, ‘De Fryske literatuer har gjin ferlet fan grutte wurden’, Friesch Dagblad, 12 juny 2018, 23.

De âld-baas fan ien fan ’e Fryske literatuerprizen wie fan ’e wike ûnferwacht dúdlik oer de needsaak fan festivalisearring fan ’e Fryske literatuer. It struien mei ynstitúsjonele—troch in ryks- en provinsjefinansiere stichting regele—award events, media­sjenike prizeshows as kninen út de hoed sûnder ferankering yn kultuer­belied, sadat de Junior Rely-priis fuort koe bûten iepenbier debat, kin net oars want it skeelt jild / oerheids­ynspanning. “Anno 2018 binne gemeenten net bliid mear mei opdrachten dy’t net ta har kearn­taken hearre.”Johanneke Liemburg, ‘De Fryske literatuer har gjin ferlet fan grutte wurden’, Friesch Dagblad, 12 juny 2018, 23. Mankearjen fan struktureel ferfolch is krekt dêr’t Hospers it oer hat: de Fryske festivalsubsydzje moat yn 2019 en struktureel en omheech, tink derom, oars komt der gjin ‘legacy’.

Legacy is bliuwende kulturele struktuerferoaring fan de stêd en de iennichste etyske legitimearring fan steatsútjeften,Catherine M. Matheson, ‘Legacy planning, regeneration and events: The Glasgow 2014 Commonwealth Games’, Local Economy 25:1 (2010) 10–23. mar ynvestearjen yn kulturele ynfrastruktuer is al lang fertoarke ta toeristelokkerkes delsmite, sûnder mear belied dêrefter as: “Ken je zijn fontein in Chicago? In het Millenniumpark? … deze kunstenaars zíjn Messi’s en Ronaldo’s.”Anna Tilroe yn fraachpetear mei Gretha Pama, yn Gretha Pama, ‘Waarom zijn de Friese fonteinen niet door een Fries ontworpen?’, NRC, 20 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/20/hoe-kijkt-een-japanner-naar-ijlst-8304934-a1555144> [krigen 9 juny 2018]. Ronaldo is de oertrêder mei de measte match-bans op ierde, kom dat sjen, kom dat sjen, it sirkus komt deroan; etyk is moai foar fuotbal. Kulturele haadstêden mikke mear as ea op flugge toeriste-impact: “Moet je kijken hoe poepdruk het is.”Jantien de Boer, ‘Tjeerd van Bekkum over LF2018: ‘We hebben alles al lang terugverdiend’ ’, Leeuwarder Courant, 9 juny 2018 <http://www.lc.nl/cultuur/Tjeerd-van-Bekkum-over-LF2018-%E2%80%98We-hebben-alles-al-lang-terugverdiend%E2%80%99-23260454.html> [krigen 9 juny 2018]. It sjitte litten fan kulturele—net toeristyske—ynfrastruktuer­ûntjouwing bart om’t Europeeske stedsjes nei de finansjele krisis fan 07/08 de kulturele haadstêd amper betelje kinne en dus bekostigje ta skea fan—de altyd yn it skaad fan it hillich toerisme klomjende—kulturele ûntjouwing.Maja Lamza–Maronić, Jerko Glavaš, Igor Mavrin, ‘Culture and/or development? Managing of urban and regional infrastructure projects in the European Capital of Culture programme’, Interdisciplinary Management Research 9 (2013) 895-904 <ftp://ftp.repec.org/opt/ReDIF/RePEc/osi/journl/PDF/InterdisciplinaryManagementResearchIX/IMR9a73.pdf> [krigen 8 juny 2018]; Niki van de Loo, ‘European Capital of Culture 2018: An investigation of possibilities for alternative financing’, Master Thesis Cultural Economics and Cultural Entrepreneurship, Erasmus School of History, Culture and Communication, 19 juny 2013.

Artistyk kapitaal, ûnnedich te sizzen, dêr ha de Ver. Podium­kunstenfestivals net oer. Op ’e aginda stiet inkeld om “de arbeidsomstandigheden en vergoedingen van kunstenaars en medewerkers … [te] onderzoeken.”Verenigde Podiumkunstenfestivals, ‘Festivals, geen ontkomen meer aan: Een pamflet van de Verenigde Podiumkunstenfestivals’, Podiumkunstenfestivals, maaie 2018, 4 <https://podiumkunstenfestivals.files.wordpress.com/2018/06/pamflet-de-verenigde-podiumkunstenfestivals-2018.pdf> [8 juny 2018]. Festivals binne folle mear ynteresearre yn kaartferkeap as yn ’e belangen fan de keunstners. Want yn ’e neoliberale kultuerynstitúsje ha jo kaartferkeapwinners en -ferliezers en fan de ferliezers is de show min. Kultuer is net mear as ticket & telemarketing.Richard Watts, ‘Freeing the arts from the yoke of neoliberalism’, ArtsHub, 18 july, 2017 <http://www.artshub.com.au/news-article/features/public-policy/richard-watts/freeing-the-arts-from-the-yoke-of-neoliberalism-254094> [8 juny 2018].

Dat Fryslân dy ôfbraak fan de kulturele ûntjouwing al yn gong set hat, befêstiget de Ljouwerter krantekolumnist. De “krityk” op ’e city-branding tool Dichter fan F soe “ferstomme” wêze, om’t de tsjinstdwaande beämte “syn taak o sa serieus opfettet” en yn Valletta—dêr’t in kultureel haadstêdevenemint is dat oars as hjir grassroots en dêrtroch nijsgjirrich is—“syn útwurking net mist hat”—hokker útwurking stiet der net by en kin Google neat oer fine. “Ek sa’n inisjatyf fan ûnderop”—ek? ferlykbere saken wurde net neamd—docht krekt dêr’t it “de LF2018-organisaasje om te dwaan” is, en wol “it stimulearjen fan kreativiteit en solidariteit.”Pieter de Groot, ‘It reltsje oerwaaid’, Dwers, Leeuwarder Courant, 8 juny 2018, 8. Yn de 600-wurdskollum komt ‘gedicht’ net ien kear foar, mar bjusterbaarliker is dit. De wearde fan it inisjatyf ‘fan ûnderop’ is dat dy docht wat de kulturele steatsûndernimming LF2018 fan him wol.

Net langer is grassroots in slimste gefalsenario foar as jo krap by kas binne; it is de goedkeapste oerheidstaktyk om de út sicht rekke, bûten it belied fallen, faaks stil boekjelêzende dus kultureel ûnderkonsumearjende boarger te berikken. Dat hat Fryslân net sels betocht hear, it is gewoan oerwaaid neoliberaal populisme: de grassroots moatte dêrom moai mainstream bliuwe, ynklusyf mei de suster fan Beyoncé, spannend mei popmuzyk, kreatyf mei koark. Dan krije se har namme yn ’e krante, formele erkenning en in roltsje op it festival. En bûten it festival is der neat want de subsydzje is skjin op. En as takom jier alle festivals omfalle bliuwt der ek gjin jild oer.

Mar wol xtc-pillen.

Noaten

  1. Wendy Kennedy, ‘Mark Hospers: ‘Festivals hebben bestaansrecht in Friesland.’ ’, de Moanne, 24 november 2017 <www.demoanne.nl/mark-hospers-festivals-bestaansrecht-friesland/> [krigen 8 maaie 2018].
  2. Wendy Kennedy, ‘Mark Hospers: ‘Festivals hebben bestaansrecht in Friesland.’ ’, de Moanne, 24 november 2017 <www.demoanne.nl/mark-hospers-festivals-bestaansrecht-friesland/> [krigen 8 maaie 2018].
  3. Deputearre Steaten fan Fryslân, ‘Wiziging Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân’, Provinciaal Blad 2016-5933 (4 novimber 2016) <https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2016-5933.html> [krigen 8 maaie 2018].
  4. Verenigde Podiumkunstenfestivals, ‘Festivals, geen ontkomen meer aan: Een pamflet van de Verenigde Podiumkunstenfestivals’, Podiumkunstenfestivals, maaie 2018, 2 <https://podiumkunstenfestivals.files.wordpress.com/2018/06/pamflet-de-verenigde-podiumkunstenfestivals-2018.pdf> [8 juny 2018].
  5. De Verenigde Podiumkunstenfestivals, ‘Leve de festivals’ (manifest), febrewaris 2015 <https://podiumkunstenfestivals.files.wordpress.com/2017/01/leve-de-festivals-festivalmanifest.pdf> [krigen 8 maaie 2018].
  6. ‘Friese festivals presenteren manifest’, Explore the North, desimber 2017 <https://explore-the-north.nl/nl/nieuwsitem/manifest-festivals-in-friesland> [krigen 8 maaie 2018].
  7. Sjoerd Bootsma en Ernst Bruinsma, ‘Explore the North’, de Moanne, 28 november 2014 <www.demoanne.nl/explore-north/> [krigen 8 juny 2018].
  8. ‘Festival overzicht 2018’, EM Cultuur, g.d <https://www.em-cultuur.nl/festival-overzicht-2018/> krigen 8 juny 2018].
  9. Verenigde Podiumkunstenfestivals, ‘Festivals, geen ontkomen meer aan: Een pamflet van de Verenigde Podiumkunstenfestivals’, Podiumkunstenfestivals, maaie 2018, 3 <https://podiumkunstenfestivals.files.wordpress.com/2018/06/pamflet-de-verenigde-podiumkunstenfestivals-2018.pdf> [8 juny 2018].
  10. Laura Cornelisse, ‘Discoursverandering in het Nederlandse cultuurbeleid: Een analyse van het discours in het cultuurbeleid van het Rijk, grote gemeenten en middelgrote gemeenten van 2007 tot heden’, Masterskripsje Kunsten, Cultuur en Media Rijksuniversiteit Groningen, maart 2015, 147 <https://www.lkca.nl/~/media/kennisbank/publicaties/2018/a-g/discoursverandering%20in%20het%20nl%20cultuurbeleid.pdf> [8 juny 2018].
  11. Robert D. Putnam, ‘The Saguaro Seminar: Civic engagement in America’, Harvard University, Harvard Kennedy School, g.d. <https://sites.hks.harvard.edu/saguaro/web%20docs/GarsonSK06syllabus.htm> [8 juny 2018].
  12. Nikolay Zherdev, ‘Festivalization as a creative city strategy’, (Doctoral Working Paper Series; DWP14-002), IN3 Working Paper Series (2014) 18 <http://journals.uoc.edu/ojs/index.php/in3-working-paper-series/article/view/n14-zherdev/n14-zherdev-en> [krigen 8 juny 2018].
  13. Karen Bosch, Rogier Brussee, Jelke de Boer, Michiel Rovers, Charlotte van Nus en Harry van Vliet (red.), Festival-beleving: De waarde van publieksevenementen (Utrecht: Hogeschool Utrecht, 2012) 78, 213 <https://www.researchgate.net/profile/Michiel_Rovers/publication/311134158_Festivalbeleving/links/583ea78108ae2d2175576c4f/Festivalbeleving.pdf> [8 juny 2018].
  14. Jennie Jordan, ‘Festivalisation of cultural production’, Encatc Journal of Cultural Management & Policy 6:1 (2016) 44-55, 10-11 <https://www.encatc.org/media/2658-2016encatc_journal_vol6_issue14455.pdf> [krigen 8 juny 2018].
  15. Charles Arcodia en Michelle Whitford, ‘Festival attendance and the development of social capital’, Journal of Convention & Event Tourism 8:2 (2006) 1-18, 15 <https://doi.org/10.1300/J452v08n02_01>.
  16. Verenigde Podiumkunstenfestivals, ‘Festivals, geen ontkomen meer aan: Een pamflet van de Verenigde Podiumkunstenfestivals’, Podiumkunstenfestivals, maaie 2018, 8 <https://podiumkunstenfestivals.files.wordpress.com/2018/06/pamflet-de-verenigde-podiumkunstenfestivals-2018.pdf> [8 juny 2018].
  17. Waldemar Cudny, ‘The concept, origins and types of festivals’, yn Idem, Festivalisation of urban spaces: Factors, processes and effects (Springer, 2016) 11-42, 29.
  18. Hartmut Häußermann en Walter Siebel, ‘Die Politik der Festivalisierung unde die Festivalisierung der Politik’, yn Walter Siebel (red.), Festivalisierung der Stadtpolitik: Stadtentwicklung durch große Projekte [1993] (Wiesbaden: Springer, 2013) 7-31.
  19. Eric Hitters, ‘Porto and Amsterdam as European Capitals of Culture: Toward the festivalization of urban cultural policy’, yn G. Richards (red.) Cultural tourism: Global and local perspectives (New York: Haworth Press, 2007) 281-301.
  20. Provinsje Fryslân, ‘Format beleidsbrief’, Beleid van deze Tijd, febrewaris 2016 <http://beleidvandezetijd.frl/wp-content/uploads/2016/02/format-beleidsbrief.pdf> [krigen 8 juny 2018].
  21. Obe blijvend podium voor taal en literatuur, Tresoar, 13 desimber 2017 <https://www.tresoar.nl/nieuws/pages/obe-blijvend-podium-voor-taal-en-literatuur.aspx> [krigen 8 juny 2018].
  22. Johanneke Liemburg, ‘De Fryske literatuer har gjin ferlet fan grutte wurden’, Friesch Dagblad, 12 juny 2018, 23.
  23. Johanneke Liemburg, ‘De Fryske literatuer har gjin ferlet fan grutte wurden’, Friesch Dagblad, 12 juny 2018, 23.
  24. Catherine M. Matheson, ‘Legacy planning, regeneration and events: The Glasgow 2014 Commonwealth Games’, Local Economy 25:1 (2010) 10–23.
  25. Anna Tilroe yn fraachpetear mei Gretha Pama, yn Gretha Pama, ‘Waarom zijn de Friese fonteinen niet door een Fries ontworpen?’, NRC, 20 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/20/hoe-kijkt-een-japanner-naar-ijlst-8304934-a1555144> [krigen 9 juny 2018].
  26. Jantien de Boer, ‘Tjeerd van Bekkum over LF2018: ‘We hebben alles al lang terugverdiend’ ’, Leeuwarder Courant, 9 juny 2018 <http://www.lc.nl/cultuur/Tjeerd-van-Bekkum-over-LF2018-%E2%80%98We-hebben-alles-al-lang-terugverdiend%E2%80%99-23260454.html> [krigen 9 juny 2018].
  27. Maja Lamza–Maronić, Jerko Glavaš, Igor Mavrin, ‘Culture and/or development? Managing of urban and regional infrastructure projects in the European Capital of Culture programme’, Interdisciplinary Management Research 9 (2013) 895-904 <ftp://ftp.repec.org/opt/ReDIF/RePEc/osi/journl/PDF/InterdisciplinaryManagementResearchIX/IMR9a73.pdf> [krigen 8 juny 2018]; Niki van de Loo, ‘European Capital of Culture 2018: An investigation of possibilities for alternative financing’, Master Thesis Cultural Economics and Cultural Entrepreneurship, Erasmus School of History, Culture and Communication, 19 juny 2013.
  28. Verenigde Podiumkunstenfestivals, ‘Festivals, geen ontkomen meer aan: Een pamflet van de Verenigde Podiumkunstenfestivals’, Podiumkunstenfestivals, maaie 2018, 4 <https://podiumkunstenfestivals.files.wordpress.com/2018/06/pamflet-de-verenigde-podiumkunstenfestivals-2018.pdf> [8 juny 2018].
  29. Richard Watts, ‘Freeing the arts from the yoke of neoliberalism’, ArtsHub, 18 july, 2017 <http://www.artshub.com.au/news-article/features/public-policy/richard-watts/freeing-the-arts-from-the-yoke-of-neoliberalism-254094> [8 juny 2018].
  30. Pieter de Groot, ‘It reltsje oerwaaid’, Dwers, Leeuwarder Courant, 8 juny 2018, 8.

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.11, 3 juny 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen XI: Manljusliteratuer, of

wêrom’t froulike skriuwers wol ta kinne mei ien op ’e fiif kear in Gysbert

image Fers2

Manljusliteratuer’ erkenne se net by de Fryske Akademy. Op de foarkarswurdlist Frysk wurde by it wurd manljusliteratuer “Gjin resultaten fûn.” Likemin komme manljuslea, manljusleafde, manljuslichem, manljuslogika, manljusmishanneling, manlusmoade, manljusoarder, manljusoerskot, manljusorganisaasje en manljuspartoer foar op ’e foarkarswurdlist. Lit it brûken dan dy wurden benefter, brûk gewoan it wurd partoer want dat is synonym mei manljuspartoer. Wol op ’e list stean manljuslûd, manljus­maatskippij, manljusnamme, manljuspleach. Ek manljusfleis kinne jo rêstich sizze yn situaasjes dêr’t it der op oankomt, ‘manljusfleis: der sit (gjin) manljusfleis oan har [man.ljus.fleis], fêste ferbining’. Unbekommere te brûken binne fierder frouljuslea, frouljusleafde, frouljuslichem, frouljusliteratuer, frouljuslogika, frouljuslûd, frouljusmaatskippij, frouljusmishanneling, frouljusmoade, frouljus­namme, frouljusoarder, frouljusoerskot, frouljus­organisaasje frouljuspartoer en frouljuspleach. Mar gjin manljusliteratuer is gjin geef Frysk.

Ek is men’s literature gjin formeel definiearre begryp. Manljus­literatuer is in soart polityk. Manljusliteratuer is in ynstitusjoneel brousel, manljusliteratuer is yn it nije literatuer­skiedboekje, yn opdracht fan de provinsje Fryslân,

As wy de oantalsferhâlding tusken manlju en froulju mei 4:1 justjes leger skatte as dy is, dan soene je ferwachtsje dat de Gysbert Japicxpriis yn 35 edysjes sa’n 7 kear taparten wie oan in frou. Yn werklikens barde dat trije kear.Joke Corporaal, Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer (De Gerdyk: Bornmeer, 2018) 108.

De ‘hee, da’s no grappich’-toan fan it skiedboek ferhoalet amper it belied dat debet is oan de sifers. Om te ferlykjen, de Gysbert gie 92 persint fan de kearen nei in man, de Prix Goncourt 90 persint fan ’e kearen. Oare grutte prizen dogge it stikken minder macho want de Pulitzer Prize gie 66 persint fan ’e kearen nei in man, de Man Booker Prize 65 persint, en de Deutscher Buchpreis gie 7 kear nei in man en 6 kear nei in frou en twa jier lyn mar 5 kear nei in man en 6 kear in frou. Mar, al wie der by it ynstellen fan de Goncourt in folslein manlike sjuery—nei’t dat bekend waard is daliks de Prix Femina der neist set, mei in sjuery fan allinne froulju—gjinien soe it yn Frankryk yn ’e holle helje om te sizzen, lit stean swart op wyt te setten, dat de frou-manferhâlding yn ’e skriuwerij lang net 1:1 is mar mar 1:4, sadat froulju net 17,5 fan de 35 prizen hoege mar wol takinne mei folle minder prizen.

Want al binne de sifers tsjin de froulju en al soe ek de Goncourt­organisaasje wol weikomme mei de redenearring dat ien op ’e fiif prizen foar froulju mear as reedlik is, dat giet deroan foarby dat froulju mei 52 persint de mearderheid fan de wrâldbefolking útmeitsje. As jo net oannimme dat literêr sjeny fertinnet troch menstruaasje, dan kinne manlju maklik minder as de helte fan de prizen winne. Ek yn de praktyk. Dat berikt men net mei ekskúsprizen lykas de Rely Jorritsmapriis; neat bekend oer de sekseferhâlding fan ynstjoerders, wol faker takend oan manlju. Dat docht men mei in flankearjende frousljuspriis en mei kwota foar de Gysbert. Yndie, dan wint men de priis ek om’t men gjin man is. Mar de Gysbert wint men as men wol man is, dus wat is krekt it argumint? En benammen helpt transparantens yn it beoardielings­proses. Lit sjen wat der bart yn de sjuerys en op watfoar manier har oardiel stal krijt op it stuit dat dy stal krijt—net efterôf—en de kilo’s manljusfleis yn de nominearring nimme ta.Wichtich is ek de befining dat literêre sjuerys har karakterisearje troch konformisme (sjoch Claire Squires) en grutsk binne op ‘unanime’ oardielen oer de nominearring, wat de dominante manljusliteratuer yn ’e kaart spilet; allinne al dêrom moat it beoardieljen út de sletten sjuerygearkomsten wei. Seksekleau-oerbrêgjende maatregels binne fierder: jeugdferhalewedstriden mei (in grut tal winners en) kwota; positive aksje yn media-omtinken, media-omtinken foar it wurk ynstee fan de jurk; froulike anchors foar boekeshows, froulju op liedende posysjes, en froulike besprekkers foar manljusliteratuer en manlike besprekkers foar frouljusliteratuer ta regel meitsje.

Mar dizze dingen, dy’t wy al sa faak sein ha, barre net. Dat yn Fryslân manljusliteratuer no offisjeel fjouwer kear safolle kâns op de priis makket as frouljusliteratuer en dat soks froulju slim demotivearret, hat in goede reden. Literêre prizen binne literatuerbefoardering, sizze Tresoar en de provinsje. Sadree’t in frou in priis wint is dy ynienen in stik minder prestizjeus, sjoch mar nei de Nobelpriis foar de manljusliteratuer.

Ek it ynternet wjerspegelet de lege status fan froulik skriuwen. ‘Frouljusliteratuer’ jout seis sykresultaten op Google, mei negative strekking. In Trotwaer-frouljusnûmer fan 35 jier lyn betwivelet it nut fan in apart frouljusnûmer. It libbensferhaal fan Tiny Mulder seit dat hja net ûnder de nûmer frouljusliteratuer brocht wurde kin. De foarkarswurdlist hat it wurd ‘frouljusliteratuer. Op de literêre kopstikkeside Sirkwy achtet in froulike dichter harsels gjin “fertsjintwurdiger fan ‘frouljusliteratuer’” en it tydskrift Us Wurk memorearret dat Wadman sei dat frouljusliteratuer net bestiet en dat Jelma Knol in “betûft kenner fan de Fryske frouljusliteratuer” is. Jetske Bilker mailt ús dat it tema fan de lêste boekewike frouljus­literatuer wie. O-oeps? Nee, it tema wie natuer. Wat is no frousljusliteratuer.

Manljusliteratuer, ek wol ‘de literatuer’ neamd, is in tiidferdriuw dat bestiet sadat in man oer himsels swetse kin en dat kin sinnekeningeftige propoarsjes oannimme.

Djippe deemoed past my, fansels, want ik haw al jierren slûchslim kâns sjoen my frij te hâlden fan elke ferantwurdlikheid, moreel of materieel, foar it Frysk tydskriftwêzen. Mar ik kin it net litte en sis der wat fan.Anne Wadman, Mei Abraham fûstkje (Drachten: Laverman, 1969) 177.

Tweintich jier letter, yn 1989, sei de manskriuwer, Anne Wadman, dat frouljusliteratuer net bestie: “alle literatuer is minskeliteratuer.” Wadman sloech de spiker op syn kop. Want by minske tinkt elkenien, ynstee fan bygelyks oan in Sineesk famke fan trije jier, sa automatysk oan in wite man fan middelbere leeftyd, dat ‘minske’ kaam te betsjutten ‘ryp-folwoeksen man’.Margriet van Heesch, Evenemint ‘Andere perspectieven op de rechtszaak van Geert Wilders’, Spui25, Amsterdam, 22 maaie 2018. Mar dat ynsjoch is Wadman net hielendal oan te rekkenjen want Jant van der Weg, in frou, hie in pear jier earder sein:

Frouljusliteratuer - is dy sa eigensoartich, dat der in apart nûmer fan Trotwaer oan wijd wurde moat? Ha wy hjir mei itselde ferskynsel te meitsjen, dat dichteressen, allinnich fanwegen it feit, dat se ta ien fan beide seksen hearre, yn ien rubryk besprutsen wurde? Keunst wurdt oars troch yndividuen makke, it jout net, oft dat yndividu no in man of in frou is. Dochs skynt der mei it begryp ‘frouljusliteratuer’ mear anneks te wêzen, as men op it earste gesicht sizze soe. Der is teminsten sa stadichoan suver al in bibleteek folskreaun oer dat ûnderwerp.Jant van der Weg-Laverman, ‘Froulju út it ferline’, Trotwaer 17:1 (1985) 46-67, 46.

De wurdboekbetsjutting fan ‘bibleteken oer folskreaun’ is dat der—frouljusliteratuer en wat dêr mei is—genôch oer bekend is. Mar al kaam yn 1971 Linda Nochlin har baanbrekkende ‘Why have there been no great women artists?’ en yn ’83 Joanna Russ har How to supress women’s writing út, dat yn Fryslân immen dat lêzen hie—of hat—docht net bliken. Want Jelma Knol wol yn ‘93 in foarbyld stelle mei in (manlike) besprekker dy’t it wurk fan in frou net hifket op “froulikheid en sjarme”, mar hy “easket kwaliteit en oarspronklikheid.”Jelma Sytske Knol, ‘út syn aerd wei froulik’: De Fryske dichteressen en it misferstân (Wiuwert: Hispel, 1993) 187. Knol neamt dat ôfwêzigens fan (positive) diskriminaasje en “nuchtere beoardieling”; neutraliteit dus. Lykwols giet Knol deroan foarby dat kwaliteit en oarspronklikens gjin iepen doar binne mar hifke wurde mei ymplisite, beslist net guideline-based kritearia, dy’t betocht binne yn ’e manlike literatuerkrityk en definiearre foar manljusliteratuer.

Kwaliteit en oarspronklikens binne beide sa ûnbeskaat as wat, sadat foar ‘goed skreaun’ de froulike skriuwstyl sels keppele waard oan ’e djipper sittende froulike sprekstyl. Naomi Wolf wie yn 2015 lang net de earste dy’t op “destructive speech patterns” wiisde. “Even the most brilliant [women] tend to avoid bold declarative sentences and organize their arguments less forcefully [than men].”Naomi Wolf, ‘Young women, give up the vocal fry and reclaim your strong female voice’, The Guardian, 24 july 2015 <https://www.theguardian.com/commentisfree/2015/jul/24/vocal-fry-strong-female-voice> [29 maaie 2018]. As froulju net ophâlde mei ferklearjende sinnen út te sprekken as fragen, mei de toan omheech op it ein, sei Wolf, krije se nea macht en ynfloed. Dat se froulike praat- en skriuwstyl seach as kar, eigen skuld, wie nij. Yn 1922 teoretisearre in Deenske linguist, de pionier op sekseferskil yn taalgebrûk, dat frouljuspraatstyl oanberne wie. Ek betwifele er op wittenskiplike grûnen oft froulju it fermogen fan manlju hiene om in redenearring op te bouwen mei de komplekse grammatika fan de formele skriuwstyl. De oerienkomst tusken de Deen en Wolf is dat har útspraken ûnûnderboud binne. Beide sizze mar wat. Mar der is confirmation bias, it sykjen fan ynformaasje dy’t jo graach hearre wolle. Fernimme jo ek dat froulju altyd freegjend prate, net redenearje kinne en mar gjin haadredakteur wurde? Hee ja, no’st it seist!

Al mei al, neutraliteit bestiet net.

At the level of high culture with which this book is concerned, active bigotry is probably fairly rare. It is also hardly ever necessary, since the social context is so far from neutral. To act in a way that is both sexist and racist, to maintain one’s class privilege, it is only necessary to act in the customary, ordinary, usual, even polite manner.Joanna Russ, How to suppress women’s writing [1983] (Austin: University of Texas Press, 2005) 18.

Lêze foar de List, it boekoersjoch foar Frysk op ’e middelbere skoalle, is gearstald troch in gewoane, sels aardige man, Teake Oppewal. Op it leechste lêsnivo,

  • nivo 1, binne der 2 boeken fan manlju en 6 fan froulju,
  • nivo 2 hat 7 boeken fan manlju en 4 fan froulju,
  • nivo 3 hat 12 fan manlju en 4 fan froulju,,
  • nivo 4 hat 9 fan manlju en 1 fan in frou,,
  • nivo 5 hat 2 fan manlju en 1 fan in frou en,
  • nivo 6 hat 2 fan manlju en 0 fan in frou.

Op ’e leechste nivo’s is der in opmerklik soad wurk fan froulju. Literatuer skreun troch in frou = frouljusliteratuer, sei Knol yn 1993, synonym mei froulike literatuer. Ek neffens de útjouwer en dus de boekhannels, Amazon en de measte lêzers is frouljus­literatuer, women’s writing, in kategoary fan literatuer dy’t in frou skreaun hat. Literatuerwittenskippers tinke faak dat, al strykt dy definysje technysk wol, dy de finger net op it seare plak leit. Want leare skoalbern net dat frouljusliteratuer nea nivo 6 hellet en gean fraach­petearen mei manlike skriuwers net altyd oer it boek en mei froulike oer har gefoelens en hoe’t hja it skriuwen mei it húshâlden kombinearje. Mar Fryslân hat gjin literatuer­wittenskippers. Trouwens, as jo Fryslân freegje soene om in definysje fan frouljusliteratuer, dan andere Fryslân wierskynlik fan is dêr dan wat mei. Der binne dochs hieltyd mear froulike dichters en tydskriftredakteuren (mar gjin haadredakteuren)?Joke Corporaal, Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer (De Gerdyk: Bornmeer, 2018) 108. In fraach oer frouljusliteratuer stelle jo net om’t jo simpelwei nijsgjirrich binne nei it ferskynsel. Hoe dan ek, dy ‘frouljusliteratuer’ stiet net op de list om de—minder easkjende, troch minder djipsinnigens-show en mear hús-tún&keukenfertelambacht lêsberder—literatuer. It stiet op ’e list om ’e taal, oars soe it der net op stean.

De Deenske linguist sei, hûndert jier lyn:

Woman as a rule follows the main road of language, where man is often inclined to turn aside into a narrow footpath or even to strike out a new path for himself. … These who want to learn a foreign language will therefore always do well at the first stage to read many ladies’ novels, because they will there continually meet with just those everyday words and combinations which the foreigner is above all in need of, what may be termed the indispensable small-change of a language.Otto Jespersen, ‘The Woman’, yn idem, Language: Its nature, development, and origin [1922] (London: Allen and Unwin, 1968) 237-54, 248.

Knol fûn by ‘froulike literatuer’ in konnotaasje dy’t se net seach by ‘frouljusliteratuer’: dat de “oerhearskjende eigenskip” froulike literatuer syn froulikens wie.Jelma Sytske Knol, ‘út syn aerd wei froulik’: De Fryske dichteressen en it misferstân (Wiuwert: Hispel, 1993) 185. Opmerklik is dat dy kearnkwaliteit fan female touch net allinne oanwiisd wurdt troch manlike besprekkers, mar ek troch de froulike skriuwer sels: “út syn aard wei froulik.” As bedarre, in wiid ferspraat fersin fan wat keunst feitlik is, de baarmoeder direkt op it papier, sa’t Nochlin seit:

the naive idea that art is the direct, personal expression of individual emotional experience, a translation of personal life into visual terms. Art is almost never that, great art never is.Linda Nochlin, ‘Why have there been no great women artists?’, yn Vivian Gornick and Barbara Moran (red.), Woman in sexist society: Studies in power and powerlessness (New York: Basic, 1971) 145-178, 149 <https://archive.org/details/NochlinGreatWomenArtists> [krigen 18 maaie 2018], letter opnij printe yn ARTNews 69:9 (jan. 1971) 22-39 en 67-71.

Wat froulikens as eigenskip fan literatuer krekt ynhold sizze de manlike besprekkers net, dat Knol wit it net, allinne dat ‘froulik’ ferbûn is oan eigenskippen dy’t net oan manlju takend wurde en dy’t meast posityf wurdearre wurde. …docht de ôfwask, hat boarsten? Dy wurdearring, tinkt Knol, liket moai mar is it net, want it wurk ‘froulik’ neame behinderet it deugdlik kritysk skôgjen derfan en lit sjen dat in soad boekskôgers gewoan gjin nocht ha oan it besprekken fan frouljusliteratuer. Wat dêr dan mis mei is stiet der net by. Wêrom net de kritikus it wurk priizgje litte om syn froulikens, ynstee fan om syn manlikens? Wilens kin de frouljus­literatuer ûnder of boppe de radar fleane en de manlju har kanons bakke litte fol manljusliteratuer.

Mar dit is it ding. Man wêze is net biology, it beskikken oer in set genitaliën dêr’t se selden tefreden mei binne (mar miene dat froulju der a priori jaloersk op binne) en ek gjin neiteam mei bernje kinne. It ferskil fan de man mei de frou is sosjale oardering. Want de seksuele arbeidsdieling yn ús patriargale maatskippij wiisde mei it bernjen it thúswurk oan de frou ta sadat de man it produktive en publike wurk dwaan koe en dus ek de organisaasje: reproduksje foar macht oer. Net allinne libben dêrnei manlju yn folslein oare omstannichheden, ek makke it plak fan de man, sichtber op ’e dyk, dat er as ‘algemien’ sjoen waard en de frou as ‘oars’, sadat op in stuit de penis der net mear ta die, mar de man syn posysje hie troch de ynterpretaasje fan (syn) sekse op ’e dyk—syn dyk—as de hearksjende noarm.Robyn Wiegman en Elena Glasberg: Literature and gender: Thinking critically through fiction, poetry, and drama (New York ensf.: Longman, 1999) 3-8.

Sa siet de man ynienen opskipe mei privileezjes en in tige befoarrjochte posysje. Mar manlju binne óf feitlik gelikens oan froulju óf se binne dat net, fûn de twadde weach feminisme út. Manlju kinne óf froulju foarlûke, net om’t dy no ienris gjin skriuwknobbel ha mar om’t se yn patriargale omstannichheden skriuwleas opgroeie, óf manlju kinne ophâlde mei froulju by elk doarsgat nei in literatuerpriis wer posityf te diskriminearjen, om’t manlju net yntrinsyk oars of better binne yn doar iepenjen as froulju. Al gau waard essinsjeel manwêzen betwifele. ‘Man’ is gjin natuer mar kultuer, liet #MeToo sjen, kastraasje helpt net; der is sosjale konstruksje fan manlikens. It is net sa dat hoewol’t it net hielendal akseptabel is, froulju ferkrêftsjen yn de biology fan de man leit mar manlju hawwe seksueel geweld as part fan manlik hâlden en dragen leard en kinne it wer ôfleare.

Manlike skriuwers hawwe leard om stereotype genderrollen te jaan oan har froulike karakters, nettsjinsteade de skea dy’t froulju yn de patriargale oarder dêrfan oprinne; se kinne ek leare om froulju net op in befoaroardiele manier ôf te byldzjen. Mar manlike besprekker Wadman tekene by in passaazje út it wurk fan in froulike skriuwer oan dat er dêr in sekssêne yn miste om’t it oplôgjen fan de leafde foar de hân lei.Anne Wadman, ‘Fragmintarys ‘fragmint’ (Margryt Poortstra, Fragmint, roman, KU 1989)’, Frysk en Frij, 14 oktober 1989. It ferhaal rûn fierder sûnder (kâns op) de winske pornografyske sênes en yn 2002 konstatearret in froulike kritikus: “Yntusken is se dan guon manlike kritisy allang kwyt.”Jitske Kingma, ‘Se set op sêfte toan har tosken yn de wurden: It oeuvre fan Margryt Poortstra’, Trotwaer 34:4 (2002) 177-188, 181. En dat wolle jo net, bedoelde hja blykber. Yn 2009 seach in manlike dichter in jong famke as manljusfleis—de bondel wûn de Gysbert:

Mar sokke wiuwkes fan sokke

    Hantjes sokke blikken

Sokke tinzen sokke

    SokkeJacobus Q. Smink, Sondelfal: Gedichten (Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2009) 12.

En yn 2013 is dit in typysk stieltsje male gaze dat folslein oan alle krityk foarby gie:

“In learen koffer, oan in learen riem …”

“Dizze spiker?” Hy sjocht Eeuwkje ynstimmend knikken.

“… alles oan him is fan lear, fet glimmend lear, lear dat ferslach útbringt fan it libben fan in libbene keardel.”

ldquo;Hawwe jo it oer de gast?”Ale van Zandbergen, Litenser merke (Ljouwert: Friese Pers Boekerij: 2013) 294.

De manljusliteratuer portrettearret it langstme fan de frou as opwekt troch it donkere frjemdlingklisjee yn strippersklean: in “gast” yn swart glânzgjend finyl mei de hard nail trope om it ôf te meitsjen. Se leare it net ôf. Neat twingt se ommers. Hast alle bioskoopfilms profitearje fan de objektivikaasje fan de frou en gjin frou dy’t de bioskoop boycot, benammen om’t it de gewoanste saak fan ’e wrâld is.

Op pinkstersnein frege skriuwer Whit Reynolds oan har Twitterfolgers om harsels te beskriuwen sa’t in manlike skriuwer it dwaan soe. De ûnderwilens tûzenen beskriuwingen litte gjin froulike rûning ûnoantaast en feitlik lêze jo wat jo alle dagen lêze: manljusliteratuer.@whitneyarner, ‘new twitter challenge: describe yourself like a male author would’, Twitter, 31 maart 2018 <https://twitter.com/whitneyarner/status/980330317247545349> [29 maaie 2018].

Most men would have noticed her bosoms but I, an intellectual, saw her real appeal, the buttSusan Elisabeth Shepard, ‘Replaying to ‘new twitter challenge: describe yourself like a male author would’ ’, Twitter, 2 april 2018 <https://twitter.com/SusanElizabeth/status/980858349825740801> [29 maaie 2018].

Wat de pornografyske sênes oanbelanget, út ferskate skriuwers­boarnen docht bliken dat dy better ûntfongen wurde neigeraden it tal bienhurde ereksjes tanimt; op it oare fleis komt it minder oan. In hiel soad populêre bodice rippers—keukenromans mei agressivere sekssênes—binne skreaun troch in man, al stiet der in frouljusnamme op it omslach. Dus advisearret ûndersyks­sjoernalist (nei seksueel geweld) Katie J.M. Baker: “Want to be a successful writer? Be a man.”Katie J.M. Baker, ‘Want to be a successful writer? Be a man.’, Jezebel, 12 july 2012 <https://jezebel.com/5966528/want-to-be-a-writer-then-ideally-dont-be-a-woman> [29 maaie 2018].

As har útjouwer net oanstien hie op J.K. ynstee fan Joanne Rowling, hie hja it nea rêden en har folwoeksenenboeken gean ûnder manlik pseudonym. Ut ûndersyk docht bliken dat manljus­literatuer hast sûnder útsûndering manlike protagonisten hat, wylst frouljusliteratuer manlike en ek froulike protagonisten befettet. Ek blykt út ûndersyk dat wurk mei in manlike protagonist earder in literêre priis wintClaire Squires, ‘Judging women’, Claire Squires, 5 juny 2015 <https://clairesquires.com/2015/06/05/judging-women/> [krigen 29 maaie 2018].—leare se it dan nea? Jawol. Nicole Krauss wiist derop dat auteur en autoriteit beide fan it Latynske augere komme, fuortbringe of fermearderje, sadat de auteur immen is dy’t útfynt en op gong bringt. Om te skriuwen mei gesach, seit Krauss, is hja begûn mei te skriuwen as in man. Dan koe se letter, as dat gesach der wie, faaks noch wol skriuwe as in frou.Nicole Krauss, ‘Do women get to write with authority?’, The New York Times, 22 septimber 2017 <https://www.nytimes.com/2017/09/22/opinion/sunday/i-knew-i-had-to-fight-for-authority-so-i-wrote-like-a-man.html> [18 maaie 2018].

Lykwols litte twa krekt ôfrûne algoritme-ûndersiken útkomsten sjen dy’t Krauss teloarstelle. Undersikers fan ’e universiteiten fan Illinois and California analysearren goed hûndertûzen fiksjewurken fan 1780 oant 2007 en seagen dat froulju earder “fiele” wylst manlju “krije”, en froulju “glimkje” of “laitsje” en manlju “gnyskje” of “nokkerje”, en dat it wurd hûs no heart by froulike karakters en yn de njoggentjinde ieu just hearde by manlike. Mar wylst se ferwachten dat der yn twa ieuwen hieltyd mear froulike personaazjes komme soene, is der fan 1960 ôf in konstant ôfnimmen. Ek is it oanpart froulike skriuwers weromrûn fan hast de helte oant amper in fierdepart, mei de delgong om 1970 hinne. De ûndersikers tinke dat dat komt troch de “gentrification” fan de roman. Yn de njoggentjinde ieu wie romanskriuwen gjin fak mei in hege status, mar dat waard it wol, sadat it oantrekliker waard foar manlju.Ted Underwood, David Bamman, and Sabrina Lee, ‘The transformation of gender in English-language fiction’, Journal of Cultural Analytics, 13 febrewaris 2018 <http://culturalanalytics.org/2018/02/the-transformation-of-gender-in-english-language-fiction/> [18 maaie 2018]. Binne der ienris in stikmannich manlju, dan is it saak om in glêzen plafon te lizzen. Want wat mear froulju yn in sektor, wat leger it prestiizje, de leanen, ferkeap, prizebedraggen ensafuorthinne.

Mar de bettere posysje fan manljusliteratuer is net direkt oan har sekse ferbûn. Corina Koolen socht foar it Huygens Instituut nei de oarsaak fan de efterstelling fan froulike skriuwers yn de Nederlânske literatuer, dy’t troch it hiele fjild yn stân holden wurdt, ynbegrepen froulike lêzers. Hoe sterk kinne romanteksten oan de skriuwer keppele wurde, wie de krekte fraach. Bliken docht dat de kompjûter fan boeken dy’t nominearre binne foar in literêre priis wol sjen kin hokker oft skreaun binne troch in man, mar by de helte fan de froulju sit er derneist. Fan in fûneminteel oare styl by manlike skriuwers is gjin sprake. Dat frouljuswurk húslik, emosjoneel en triviaal is, of sa’t auteur Matt Forney seit “har frou­wêzen in frijbrief is foar min skriuwen” sadat se “nea har kop ticht dogge oer harsels” en “gjin risiko’s nimme”,Matt Forney, ‘3 Reasons why most female writers are garbage’, Return of Kings, 6 april 2015 <http://www.returnofkings.com/60508/three-reasons-why-most-female-writers-are-garbage> [18 maaie 2018]. Forney wiist op trochklikgedrach fan blog nei blog, en dat dêrby keazen wurdt foar de meast sensasjonele en meast konformistyske nikserichheid, sadat froulike bloggers, dy’t neffens him meastal konvinsjoneler skriuwe, faak mear folgers oanlûke. en dat manljus­literatuer dêrtroch mear literêr is, is dus net sa. “Het antwoord op al die vragen is: Nee.” De ymplikaasje is: “Kijk nu eens daadwerkelijk naar literaire kwaliteit.”Hanneke Chin-A-Fo en Toef Jaeger, ‘In de literatuur is de vrouw nog steeds een cliché’, NRC, 18 maaie 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/05/18/de-vrouw-nog-steeds-een-cliche-a1603386> [krigen 18 maaie 2018]; ‘Promotie – Corina Koolen (Universiteit van Amsterdam)’, Ondersoekschool Literatuurwetenschap, g.d. <https://www.oslit.nl/6655-2/> [krigen 18 maaie 2018].

Wis, dat is wat jo dwaan moatte en dêrneist moatte jo mear froulju op bestjoersplakken sette, seit de The Global Gender Gap Report 2017,Sue Duke, ‘The key to closing the gender gap? Putting more women in charge’, World Economic Forum, 2 novimber 2017 <https://www.weforum.org/agenda/2017/11/women-leaders-key-to-workplace-equality> [29 maaie 2018]. as jo de seksekleau oerbrêgje wolle. Mar count your blessings dames, positive diskriminaasje, frij fan bestjoerlike ferantwurdlikens, literêre opdrachten dy’t jo krije om’t se gjin ûnôfhinklik tinkende alpha females wolle mar dy’t likegoed betelle wurde neffens hearenoarmen, in manljuspriis mei in protte prestiizje, en as jo net winne kinne jo jo ferskûlje efter de efterstelling—wolle jimme werklik de seksekleau oerbrêgje?

Noaten

  1. Joke Corporaal, Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer (De Gerdyk: Bornmeer, 2018) 108.
  2. Wichtich is ek de befining dat literêre sjuerys har karakterisearje troch konformisme (sjoch Claire Squires) en grutsk binne op ‘unanime’ oardielen oer de nominearring, wat de dominante manljusliteratuer yn ’e kaart spilet; allinne al dêrom moat it beoardieljen út de sletten sjuerygearkomsten wei. Seksekleau-oerbrêgjende maatregels binne fierder: jeugdferhalewedstriden mei (in grut tal winners en) kwota; positive aksje yn media-omtinken, media-omtinken foar it wurk ynstee fan de jurk; froulike anchors foar boekeshows, froulju op liedende posysjes, en froulike besprekkers foar manljusliteratuer en manlike besprekkers foar frouljusliteratuer ta regel meitsje.
  3. Anne Wadman, Mei Abraham fûstkje (Drachten: Laverman, 1969) 177.
  4. Margriet van Heesch, Evenemint ‘Andere perspectieven op de rechtszaak van Geert Wilders’, Spui25, Amsterdam, 22 maaie 2018.
  5. Jant van der Weg-Laverman, ‘Froulju út it ferline’, Trotwaer 17:1 (1985) 46-67, 46.
  6. Jelma Sytske Knol, ‘út syn aerd wei froulik’: De Fryske dichteressen en it misferstân (Wiuwert: Hispel, 1993) 187.
  7. Naomi Wolf, ‘Young women, give up the vocal fry and reclaim your strong female voice’, The Guardian, 24 july 2015 <https://www.theguardian.com/commentisfree/2015/jul/24/vocal-fry-strong-female-voice> [29 maaie 2018].
  8. Joanna Russ, How to suppress women’s writing [1983] (Austin: University of Texas Press, 2005) 18.
  9. Joke Corporaal, Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer (De Gerdyk: Bornmeer, 2018) 108.
  10. Otto Jespersen, ‘The Woman’, yn idem, Language: Its nature, development, and origin [1922] (London: Allen and Unwin, 1968) 237-54, 248.
  11. Jelma Sytske Knol, ‘út syn aerd wei froulik’: De Fryske dichteressen en it misferstân (Wiuwert: Hispel, 1993) 185.
  12. Linda Nochlin, ‘Why have there been no great women artists?’, yn Vivian Gornick and Barbara Moran (red.), Woman in sexist society: Studies in power and powerlessness (New York: Basic, 1971) 145-178, 149 <https://archive.org/details/NochlinGreatWomenArtists> [krigen 18 maaie 2018], letter opnij printe yn ARTNews 69:9 (jan. 1971) 22-39 en 67-71.
  13. Robyn Wiegman en Elena Glasberg: Literature and gender: Thinking critically through fiction, poetry, and drama (New York ensf.: Longman, 1999) 3-8.
  14. Anne Wadman, ‘Fragmintarys ‘fragmint’ (Margryt Poortstra, Fragmint, roman, KU 1989)’, Frysk en Frij, 14 oktober 1989.
  15. Jitske Kingma, ‘Se set op sêfte toan har tosken yn de wurden: It oeuvre fan Margryt Poortstra’, Trotwaer 34:4 (2002) 177-188, 181.
  16. Jacobus Q. Smink, Sondelfal: Gedichten (Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2009) 12.
  17. Ale van Zandbergen, Litenser merke (Ljouwert: Friese Pers Boekerij: 2013) 294.
  18. @whitneyarner, ‘new twitter challenge: describe yourself like a male author would’, Twitter, 31 maart 2018 <https://twitter.com/whitneyarner/status/980330317247545349> [29 maaie 2018].
  19. Susan Elisabeth Shepard, ‘Replaying to ‘new twitter challenge: describe yourself like a male author would’ ’, Twitter, 2 april 2018 <https://twitter.com/SusanElizabeth/status/980858349825740801> [29 maaie 2018].
  20. Katie J.M. Baker, ‘Want to be a successful writer? Be a man.’, Jezebel, 12 july 2012 <https://jezebel.com/5966528/want-to-be-a-writer-then-ideally-dont-be-a-woman> [29 maaie 2018].
  21. Claire Squires, ‘Judging women’, Claire Squires, 5 juny 2015 <https://clairesquires.com/2015/06/05/judging-women/> [krigen 29 maaie 2018].
  22. Nicole Krauss, ‘Do women get to write with authority?’, The New York Times, 22 septimber 2017 <https://www.nytimes.com/2017/09/22/opinion/sunday/i-knew-i-had-to-fight-for-authority-so-i-wrote-like-a-man.html> [18 maaie 2018].
  23. Ted Underwood, David Bamman, and Sabrina Lee, ‘The transformation of gender in English-language fiction’, Journal of Cultural Analytics, 13 febrewaris 2018 <http://culturalanalytics.org/2018/02/the-transformation-of-gender-in-english-language-fiction/> [18 maaie 2018].
  24. Matt Forney, ‘3 Reasons why most female writers are garbage’, Return of Kings, 6 april 2015 <http://www.returnofkings.com/60508/three-reasons-why-most-female-writers-are-garbage> [18 maaie 2018]. Forney wiist op trochklikgedrach fan blog nei blog, en dat dêrby keazen wurdt foar de meast sensasjonele en meast konformistyske nikserichheid, sadat froulike bloggers, dy’t neffens him meastal konvinsjoneler skriuwe, faak mear folgers oanlûke.
  25. Hanneke Chin-A-Fo en Toef Jaeger, ‘In de literatuur is de vrouw nog steeds een cliché’, NRC, 18 maaie 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/05/18/de-vrouw-nog-steeds-een-cliche-a1603386> [krigen 18 maaie 2018]; ‘Promotie – Corina Koolen (Universiteit van Amsterdam)’, Ondersoekschool Literatuurwetenschap, g.d. <https://www.oslit.nl/6655-2/> [krigen 18 maaie 2018].
  26. Sue Duke, ‘The key to closing the gender gap? Putting more women in charge’, World Economic Forum, 2 novimber 2017 <https://www.weforum.org/agenda/2017/11/women-leaders-key-to-workplace-equality> [29 maaie 2018].

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.10, 20 maaie 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen X: Berltsum

image Fers2

Wat is Berltsum? Telefoonboek.nl seit:

Meer over Berlikum

Berlikum is een dorp in de provincie Friesland. Berlikum hoort bij de gemeente Menaldumadeel. Berlikum telt ongveer 2500 inwoners. Berlikum staat bekend om zijn akkerbouw. In de 14-de en 15-de eeuw had Berlikum stadskenmerken. Dit zou betekenen dat Berlikum de twaalfde stad van Friesland is. Echter is er nooit hard bewijs gevonden dat Berlikum ooit stadsrechten heeft gehad, wellicht heeft Berlikum die zichzelf toegediend.‘Meer over Berlikum’, Telefoonboek.nl, g.d. <https://www.telefoonboek.nl/plaatsen/b/berlikum/> [krigen 12 maaie 2018].

De Hânzestêd Lübeck neamde Berltsum wiswol in stêd, seit de iene gelearde. Ekonomyske goeie tiden yn it fyftjinde-ieuske Berltsum meitsje it net ta in stêd, seit de oare. “Een edelman beheerde het dorp en wilde er echt wat van maken. Maar dat lukte niet, omdat het dorp te dicht bij Leeuwarden ligt.”‘Friesland heeft wel degelijk elf steden, en geen twaalf’, Trouw, 14 febrewaris 2005 <https://www.trouw.nl/home/friesland-heeft-wel-degelijk-elf-steden-en-geen-twaalf~a2afbc19/> [krigen 12 maaie 2018].

De Berltsumer nijsside lit sjen dat it der altyd komkommertiid is. Mar in inkeld berjocht is, mei syn eksplisite foto, ûngeskikt foar de bern:

Is iemand zijn fiets kwijt?

Tegenover De Gulf ligt een fiets in de berm met een kapot slot.‘Nieuws’, Berlikum, g.d [2 febrewaris 2018] <http://www.berlikum.com/nieuws-11/> [krigen 12 maaie 2018].

Berltsum hat himsels ek in kulturele haadstêdfontein jûn, dus de toeristeattraksje dy’t yn de alve Fryske stêden komme moast, mar Berltsum oersloech. De Berltsumer tolfde fontein is makke troch in feriening mei de namme fan KKK, dus nei de alâlde, noch altyd tige aktive klup foar yntolerante white supremacy, wyt nasjonalisme en anty-immigraasje. Mar ’t is mar in fontein.

Underwilens sette Berltsum yn op groei. Yn in hoekje tusken de Berltsumer Feart en de fjilden fan SC Berlikum, dêr’t earst kassen wiene, is no in nijbou-keapwenteprojekt fan boubedriuw Lont. “Zo kan iedereen die in De Pôlle wil komen wonen een huis laten bouwen dat echt bij hun past.”‘Welkom in De Pôlle’, Mooi Wonen in Berltsum, g.d. <http://depolleberltsum.nl/de-polle/welkom-in-de-polle> [krigen 12 maaie 2018]. Wenten foar alle smaken, “die passen bij verschillende leefstijlen. … Geen huishouden is hetzelfde, maar er zijn toch veel overeenkomsten.Woonthema’s, Mooi Wonen in Berltsum, g.d. <http://depolleberltsum.nl/woningen/woonthema-s> [krigen 12 maaie 2018]. As de earste heipeal de grûn yn giet ûnderstreket de arsjitekt nochris foar de wissens it ferskaatskredo:

Woningbouwproject De Pôlle in Berlikum voorziet in behoefte. Eenheid in verscheidenheid.Johan Sijtsma (Architect AVB BNA), ‘Realisatie woningbouwproject De Pôlle’, Johan Sijtsma Architect&team, g.d. <www.johansijtsma.frl/nl/nieuwsblog/387/realisatie-woningbouwproject-de-polle> [krigen 12 maaie 2018].

Lyk súdeast dêrfan leit Berltsum syn glêstúnbou. De Greenhouse Dili fan de bruorren Jan en Frans Zeinstra is it meast súdlike kasbedriuw, mei syn 24 hektare freonlik lytsskalich, ferdield oer twa kassen. Ien sit fol trostomaten.

Tafallich makket Orkater yn it ramt fan de Europeeske kulturele haadstêd in toanielstik dat giet oer kassen fol tomaten. Of fol paprika’s, of komkommers of dochs tomaten, dat witte se net krekt,‘Lost in the greenhouse’, FrieslandStyle, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/agenda/2087070461/lost-in-the-greenhouse> [krigen 12 maaie 2018]. mar hoe dan ek giet it oer de mankearjende kontrôle op de Wet oanpak skynkonstruksjes, de slepende ûnearlike konkurrinsje ûnder útstjoerburo’s, it moaras fan regels en dus útrûpelpraktiken.Gerrie Lodder, ‘Dwalen door een woud van regels: De uitgebuite arbeidsmigrant en zijn mensenrechten’, Nederlands Juristenblad 493/10 (2018) 668-676 <http://www.njb.nl/Uploads/2018/3/NJB-1810-ART-1.pdf> [krigen 12 maaie 2018]. It giet oer de noch hieltyd sa minne posysje fan arbeidsmigranten yn de glêstúnbou dat fakbûn FNV it “de moderne slavernij” neamt.Max Berghege, Marjolijn de Boer, Sylvana van den Braak, Sacha Hilhorst en Simone Peek, ‘ ‘Ik had mijn eigen huid in mijn handen’ ’, De Groene Amsterdammer 2018-12, 21 maart 2018 <https://www.groene.nl/artikel/ik-had-mijn-eigen-huid-in-mijn-handen> [krigen 12 maaie 2018]. Fansels giet it ek oer misrinnen fan steatynkomsten en mooglik ferkringing op de arbeidsmerk. Mar fral giet it oer de minske­rjochten fan de arbeidsmigrant,College voor de Rechten van de Mens, ‘Misstanden EU-arbeidsmigranten’, Mensenrechten, g.d. <https://www.mensenrechten.nl/dossier/misstanden-eu-arbeidsmigranten> [krigen 12 maaie 2018]. it lege lean, nihil opklim­perspektyf, ôfhinklikens fan it útstjoerburo—foar fyftich euro rjochtet immen by de Keamer fan Keaphannel in útstjoerburo op en in sertifikaat is net mear nedich. It giet oer minne húsfêsting. It giet oer te min kânsen om lângenoaten te moetsjen en fierstentemin gelegenheid om hjir sosjale kontakten oan te gean, wat arbeidsmigranten graach wolle.Sjoch bygelyks KIS, Poolse arbeidsmigranten in Nederland en hun behoefte aan informatie en hulp (Kennisplatform Integratie & Samenleving / Verwey-Jonker Instituut, 2015) 3. It giet deroer dat dat in Europeeske kwestje is dêr’t alle Europeeske oerheden kritysk nei sjen moatte, en beslist dy oerheden dy’t direkt mei de túnbou-arbeidsmigranten te krijen hawwe lykas gemeente Waadhoeke. Dêrom giet it, just op de Europeeske kulturele haadstêd, oer doarpskfryske diskriminaasje fan arbeidsmigranten en lokale belangepolitike krústochten tsjin bûtenlânske tomatekaswurkers. De foarstelling is útferkocht.

Nettsjinsteande alle minne ferhalen dy’t men sadwaande heart oer de glêstúnbou, bart it ek wol ris oars: yn Berltsum sjogge de bruorren Zeinstra kâns en doch it krektsa’t Berltsum it net wol. Sa besteegje de Zeinstra’s it winnen fan personiel út oan in hiel bonafide útstjoerburo, ien mei in lange ûnderfining yn it pleatsen fan útlânske wurknimmers en ien dy’t goed tweintich jier lyn oprjochte is troch immen dy’t it ferlet fan it personiel yn ’e kassen it allerbêste ken:Sjoch ek Jan Cremers, De inzet van arbeidsmigranten in de gemeente Westland: Eindverslag, Tilburg Law School, 2 maart 2018 <https://pure.uvt.nl/portal/files/23311515/Eindrapport_Westland_inzet_arbeidsmigranten.pdf> [krigen 12 maaie 2018]. in âldbedriuwslieder yn de glêstúnbou. Ek sjogge de Zeinstra’s goede húsfêsting foar it personiel net as eat dêr’t it útstoerburo him mar mei rêde moat, mar as in mienskiplike ferantwurdlikens fan harsels en har VZM Utstjoergroep. Dêrom, doe’t in lokale projektûntwikkelder, it boubedriuw Lont, in nijbou­wyk mei fariabel bouplan—ek geskikt foar it alternatyf-hillege húshâlden—bouwe soe yn Berltsum, fuort by it kassekompleks, kochten de bruorren Zeinstra dêr fjirtjin noch te bouwen wenten foar har wurknimmers. In swarte wolk sakke oer Berltsum. De maityd woe net komme. In fyts lei ferlitten yn ’e sleatkant.

Krekt ein septimber 2017 brekt de pleuris út. In oanlieding is der feitlik net, of it moat al wêze dat twa Berltsumer bern middenyn de simmerfakânsje it gebou fan ’e muzykferiening ta de grûn ôfbaarne en dat in wike letter samar ien in man deastekt yn Berltsum en dat dêrnei wat lju út Berltsum fuortgean om te praten oer ‘leefbaarheid’ yn it meast rassistyske, ksenofobe en yntolerante lân fan Noard-Europa (Denemarken), of dat it Centraal Bureau voor de Statistiek fernijt: ‘Steeds minder buurtoverlast’.Centraal Bureau voor de Statistiek, ‘Steeds minder buurtoverlast’, CBS, 23 septimber 2017 <https://www.cbs.nl/nl-nl/nieuws/2017/38/steeds-minder-buurtoverlast> [krigen 12 maaie 2018]. De Ljouwerter krante lei dat út as:

Het aantal Friezen dat overlast ervaart van buurtbewoners is licht afgenomen, blijkt uit een onderzoek dat het Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) zaterdag op Burendag publiceert.

In 2016 zei 37,4 procent van de ondervraagde Friezen veel buurtoverlast te hebben.‘Fries heeft minder last van de buren’, Leeuwarder Courant, 23 septimber 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Fries-heeft-minder-last-van-de-buren-22520173.html> [krigen 12 maaie 2018].

Mar 37,4 is in oerlêst-optelsom, gjin ekstreme-oerlêstsifer.Sjoch Centraal Bureau voor de Statistiek, ‘Leefbaarheid en overlast in buurt; regio’ [2016], Statline, 1 maart 2018 <http://statline.cbs.nl/Statweb/publication/?DM=SLNL&PA=81924NED&D1=24-57&D2=0&D3=6,8-17&D4=4&HDR=G1&STB=T,G2,G3&VW=T> [krigen 12 maaie 2018]. ‘Overlast in buurt’ > ‘Overlast totaal’> ‘Ervaart een of meer vormen van overlast’ > ‘Friesland’ > ‘2016’: ‘% veel overlast’ ‘37,4’ = in optelsom fan alle persintaazjes fan de ûndersyksgroep dy’t sizze dat hja net allinne witte dat ien beskate foarm fan oerlêst wolris bart (% ‘komt weleens voor’), mar ek persoanlik dy foarm fan oerlêst ûnderfûn ha. It is net it persintaazje fan de ûndersyksgroep dat in protte oerlêst yn alle foarmen ûnderfynt. Dêrom jout it CBS yn 2016 oan Ljouwert, dat in persintaazje ‘ûnderfynt in protte oerlêst’ hat fan 45,7, it rapportsifer 7,4. Amsterdam krijt in 7,3. No-go-buerten ha wy net yn Nederlân.Math Akkermans/CBS, Buurtoverlast: Stand van zaken, trends, achtergronden (De Haach: Centraal Bureau voor de Statistiek, 2017) 24, 25. It persintaazje ûnderfrege lju yn Fryslân dat yn 2016 seit dat it ‘in protte oerlêst’ ûnderfynt op it mêd fan ‘Sosjale oerlêst’ is 8,8, mei in flatermarzje fan 1,4, dus faaks mar 7,4. De krante fertelt ûnrjochtlik dat in protte oerlêst fan jo buorlju earder regel as útsûndering is.

Hoe dan ek, in wike letter stiet yn deselde krante dat húseigners út de nijbouwyk De Pôlle yn Berltsum ûntdutsen hawwe dat fjirtjin noch te bouwen huzen yn har wyk kocht binne as ûnderdak foar “Poalske” arbeiders yn de Berltsumer kassen. De buertferiening “vreest overlast en overbewoning. Van vier opgekochte woningen wordt volgens [de buert] beweerd dat er meer dan honderd arbeiders in gevestigd worden.”Maria Del Grosso, ‘Nieuwbouwwijk vreest Poolse kasarbeiders als buren’, Leeuwarder Courant, 29 septimber 2017, 24. Mear as 25 man yn ien gesins­went is klearebare panykskopperij. Boppedat stiet oerbewenning net yn ’e Wenningwet mar yn it Boubeslút en giet it oer it risiko foar de sûnens fan de bewenners, sadat, ek al ha gemeentes soms wol wenbesettingsnoarmen, it foechhawwend gesach net gau optrede kin. Mar Lute Pen, oan ’t ein fan syn sân jier riedslidskip en santjin jier wethâlderskip, lit noch ris syn ballen sjen: “Alles wat wij wettelijk kunnen doen om dit te keren, zullen we doen.”Maria Del Grosso, ‘Nieuwbouwwijk vreest Poolse kasarbeiders als buren’, Leeuwarder Courant, 29 septimber 2017, 24. <http://www.lc.nl/friesland/Nieuwbouwwijk-vreest-Poolse-kasarbeiders-als-buren-22535018.html> [krigen 12 maaie 2018].

De digere lêzer wit no al dat se dan in wet betinke moatte en wilens de pylken, ynstee fan op oerbewenning, rjochtsje op oerlêst. Mar earst komt der in reality soap fol kattegefjochten en jankduels; wa sjocht de stereotypen net leaver yn it echy befêstige as yn in tomateromance dêr’t de Poal spile wurdt troch in Fries? Yn Berltsum fersjit de nasjonaliteit fan de kaswurkers fan Poalsk fia Gryksk, fia Gryksk-fan-Turkske-komôf, dêr’t se brr moslim mei bedoele en slypút Turkije sit net yn ’e EU, nei Gryksk en Hongaarsk en Bulgaarsk. Ek “Het begrip ‘gezin’ is rekbaar” yn Berltsum, seit de waarnimmend boarge­master doelend op in bouferoardering foar wenhuzen, net op in bestimmingsplan.Pier Abe Santema, ‘Woningen naast kassen in Berltsum’, Leeuwarder Courant, 16 novimber 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Woningen-naast-kassen-in-Berltsum-22664986.html> [krigen 12 maaie 2018]; de libbensmiljeuferoardering (Wet op de steds- en doarpsfernijing) dêr’t bewenjen troch húshâldens mei stipulearrre wurde koe, is ferfallen op 1 july 2008 en wat in húshâlden is moast tenei yn in bestimmingsplan formulearre wurde mar yn it bestimmingsplan fan Berltsum is dat net bard; by de bouferoardering giet it om it boutechnyske doel fan permaninte bewenning troch in partikulier húshâlden, mar net om de relaasje tusken de bewenners. De helte is frou, seit it útstjoerburo: “Het zijn families waar we al jaren mee werken. Dat hebben we expres zo gedaan, zodat er ook interne controle is.”‘Uitzendbureau verrast door onrust over kasarbeiders’, Omrop Fryslân, 18 oktober 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/764649-uitzendbureau-verrast-door-onrust-over-kasarbeiders> [krigen 12 maaie 2018]. Net wier, seit in bewenner: “Zes mannen in één huis die naar elkaar schreeuwen, te hard rijden, callgirls uitnodigen en gebruikte condooms bij ons in de tuin gooien. Het is een hel.”‘Raad zet in op minder huizen kasarbeiders in Berltsum’, Leeuwarder Courant, 3 novimber 2017, 28. Yn Berltsum is de keapers fan de nijbouhuzen mei opsetsin neat ferteld oer de komst fan bûtenlânske buorlju, sizze buertbewenners en gemeente. Utsein yn Berltsum wurdt warskôgjen foar bûtenlanners nea ferwachte, seit it útstjoerburo: “Wij huisvesten mensen overal in Nederland op deze wijze, en er zijn nooit problemen.”‘Uitzendbureau verrast door onrust over kasarbeiders’, Omrop Fryslân, 18 oktober 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/764649-uitzendbureau-verrast-door-onrust-over-kasarbeiders> [krigen 12 maaie 2018].

Dan sjocht Fryske Nasjonale Partij (FNP)-riedslid Sijbe Knol it lintsje foar syn noas bongeljen, de keninklike ûnderskieding foar goed Hollannerskip dy’t wethâlder Pen krije sil. Knol wifket net: fan no ôf binne de tomatekasbûtenlanners syn persoanlike krústocht. Hy wit bêst dat de gemeente Menameradiel net in soad dwaan kin, om’t de húsfêsting fan it kaspersoniel oan alle easken foldocht, seit er. “Mar wy kinne as ried wol oan it kolleezje de opdracht jaan om skerp ta te sjen op it neilibjen fan de rigels [regels bedoelt er, f2] en om daliks yn te gripen as der wat mis giet.”‘Zorgen in De Pôlle over komst kasarbeiders naar Berltsum’, Leeuwarder Courant, 19 oktober 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Zorgen-in-De-P%C3%B4lle-over-komst-kasarbeiders-naar-Berltsum-22590347.html> [krigen 12 maaie 2018]. Knol kûndiget krekt seis juridyske moasjes oan, en lûkt dy wer yn om ’t er de ried net mei krijt, as boubedriuw Lont berjochtet dat de hear Lont sels mei in oplossing komt. Yn fjirtjin dagen hat Lont it plan klear om seis fan de fjirtjin wenten op it terrein fan tomatekweker Zeinstra te bouwen; provinsje is al akkoart, ’t bestimmingsplan kin oanpast. Tagelyk befêstiget Zeinstra dat der yn De Pôlle ien bûtenlânske famylje de went komt, sadat der gjin oerlêst wêze sil. Knol lit him net út it fjild slaan. Hy wol dat no ek de oare acht wenten op in oar plak komme. De alsa oanfjurre buertbewenners easkje hurd belied ynstee fan tasizzingen: “Ons vertrouwen in de gemeente is tot het nulpunt gedaald.”Maria Del Grosso, ‘Wijk Berltsum niet gerust op verkassen arbeidsmigranten’, Leeuwarder Courant, 17 novimber 2017, 22. De gemeente Menameradiel couldn’t care less: dy waard dochs opheft en gie op yn gemeente Waadhoeke.

Wat Waadhoeke yn maart 2018 docht is à la bananerepublyk: hja eigenje har fluch it arbeidsmigrante-húsfêstingsbelied ta út in âld diskusjestik út 2009 fan de gemeenten Frjentsjeradiel en It Bilt. Dat stik seit dat der net mear as ien persint byboud wurde mei foar útlânske arbeiders, der mar fjouwer yn ien hûs wenje meie en hja net yn rekreaasjeparken en sa wenje meie. Ek moatte huzen foar arbeidsmigranten op syn minst 25 meter fan inoar ôflizze, wit de FNP dêr mei in leechhertich amendemint oan ta te heakjen—“FNP ferbynt!” is it partijbiedwurd.

It anty-arbeidsmigrante-wenbelied, dat hast dalik yngiet, makket, dat snapt de gemeente wol, “De kans … groot dat veel arbeidsmigranten verdwijnen in illegale huisvestingsvormen.”Riedsútsel ‘Beleidsharmonisatie Huisvesting Arbeidsmigranten’, 20 febrewaris 2018 (aginda 8 maart 2018), nû. 18.200706, Gemeenteried Waadhoeke, 1. Mar se sille hânhâlde mei it pypsysteem. Boargers mei in klacht oer yllegaal wenjen of oer de omkriten kinne dy melde op ’e gemeente­webside. De VVD achtet it riedsútstel freegjen om swierrichheden. Want hoefolle arbeidsmigranten der binneIn yndikaasje jout de gemeentlike Basisregistraasje Persoanen. Centraal Bureau voor de Statistiek, Migrantenmonitor, 2015-2016, 19 april 2018 <https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2017/06/migrantenmonitor-2014-2015> Op 31 desimber 2015 wiene der yn Nederlân 860 tûzen migranten mei in baan en/of ynskriuwing yn de BRP, dy’t komme út de EU-27, EU-11 en kandidaat-lidsteaten fan ’e Europeeske Uny. wit net ien, der hat gjin oerlis west mei wurkjouwers en útstjoerburo’s, noch mei wyk en doarpsbelangen, de grins fan fjouwer man it hûs hat hielendal gjin grûn, der is gjin belied foar as de ienpersintskapasiteit berikt is en der is gjin hânhâlding as de boarger net earst pypt.VVD/Wethouder N. Haarsma, ‘Vragen Raadsvoorstel 8 Beleidsharmonisatie huisvesting arbeidsmigranten met antwoord’, Gemeenteraad Waadhoeke, 8 maart 2018 <https://online.ibabs.eu/ibabsapi/publicdownload.aspx?site=waadhoeke&id=a5936098-f255-406f-85cf-22eac66da3f3> [krigen 12 maaie 2018]. Mar dat der om gemeenten te helpen mei goede belieds­oplossingen splinternije data beskikber binne, spesjaal foar de oanpak fan knyppunten yn ’e arbeidsmigrante­húsfêsting,‘Data voor aanpak huisvestingstekort arbeidsmigranten’, I&O Research, 27 maart 2018 <https://ioresearch.nl/Home/Nieuws/ArtMID/445/ArticleID/998/Data-voor-aanpak-huisvestingstekort-arbeidsmigranten> [krigen 12 maaie 2018]. dat De Haach in hantrekken hatVROM-Inspectie/Ministerie van Infrastructuur en Milieu, Ruimte voor arbeidsmigranten, Handreiking voor de huisvesting van werknemers uit de EU die tijdelijk in Nederland verblijven (De Haach: VROM-Inspectie, 2010); mear resint hat it ministearje fan Ynlânske Saken opdracht jûn ta it eksperimint Huisvesting Arbeidsmigranten, einferslach Tineke Lupi en Anne-Jo Visser / Platform31, Huisvesting EU-arbeidsmigranten (De Haach: Platform31, septimber 2015). en de Feriening fan Nederlânske Gemeenten in searje factsheets makke om riedsleden te ûnder­stypjen by it regelen fan húsfêsting fan arbeidsmigranten—in fact is bygelyks dat húsfêsting gjin ynstrumint is om algemiene migraasje te berongjen—‘VNG Raadgever ‘Huisvesting arbeidsmigranten’ ’, Expertisecentrum Flexwonen, 6 novimber 2017 <https://flexwonen.nl/vng-raadgever-huisvesting-arbeidsmigranten-2/> [krigen 12 maaie 2018]. en dat it Expertisecentrum Flexwonen wiist nei súksesfolle praktyk­foarbylden foar arbeidsmigrante­húsfêsting, nota bene yn Sint Anne, fiif kilometer fierderop,‘Praktijkvoorbeelden’, Expertisecentrum Flexwonen, g.d. <https://flexwonen.nl/praktijkvoorbeelden/> [krigen 12 maaie 2018]. koartsein dat de nijste know how der is en Berltsum net werom hoecht yn ’e tiid, dat seit de VVD net. Gjinien seit dat. Yn Seisbierrum wiene der foar 2009 problemen mei arbeidsmigranten en, fersekeret ien fan de riedsleden, nei 2009 net mear.

Hoewol’t in soad gemeentes in pypsysteem hawwe, dêr’t der boarger de oerheid wiist op in yllegale situaasje en om hânhâlding freget, gean neffens de nasjonale ombudsman gemeentes net gau ta hânhâlding oer om’t de situaasje meastal al langer bestiet en it beslút ta yngripen in komplisearre proses is.De Nationale Ombudsman, Helder handhaven: Hoe gemeenten behoorlijk omgaan met handhavingsverzoeken van burgers (De Haach: De Nationale Ombudsman, 2010) 18. Mar it punt yn Berltsum is om earst oertrêdingen te kreëarjen dy’t bewiisber en non-stop binne, ynstee fan sa ynsidinteel, tydlik en subjektyf as oerlêst. Want hoe jeit Berltsum de bûtenlanners fuort as der gjin ûnwjerlisbere stelselmjittige oerlêst is, sadat der net serieus te pipen falt? Oerlêst is persepsje, sa’t in priiswinnend ûndersyk yn 2010 sjen liet, dêrfandinne dat oerlêst (just) net minder wurdt as de oerheid dy fûler bestriidt.Marnix Eysink Smeets, Hans Moors, Koen van ’t Hof en Esther van den Reek Vermeulen, Omgaan met de perceptie van overlast en verloedering: Een beknopt advies voor de bestuurspraktijk (Tilburg: IVA, 2010). “Een ongemakkelijke relatie met buren die psychologisch op afstand staan kan een rol spelen”, follet it SCP yn 2017 oan.SCP, De sociale staat van Nederland, webversie (Den Haag, Sociaal en Cultureel Planbureau, desimber 2017) 207. Mar der is gjin oerlêst yn Berltsum, ek gjin persipiearre. Lûd prate en famkes útnoegje is gjin oertrêding. Nachtrêstfersteuring is dat wol, mar de plysje riidt net alle nachten út yn Berltsum—sels net ien kear, neffens de naming & shaming-webide Geluidsoverlast. De media oer ‘Berltsum’ melde hielendal gjin oerlêst.

Ek is der gjin kranteberjocht te finen oer oerlêst yn Seisbierrum, net foar 2009, net nei 2009. As se de kassen yn Seisbierrum útwreidzje wolle nei mear as 200 hektare is de FNP lilk: “Wy binne net tsjin glêstúnbou, wy wolle allinnich hoeden omgean mei it lânskip.”‘Kassenplan: botsing tussen banen en natuur’, Leeuwarder Courant, 4 juny 2008, 15. In Frjentsjerter makelder seit dat tocht wurde moat om goeie wenten foar de bûtenlânske wurknimmers want, wat soms bart, tsien man yn in hûs foar trije, kin net. De FNP wol Fryske wurkleazen yn de kassen oan it wurk hawwe. Tasein wurdt dat de Ljouwerter bystânsrjochtigen mei buskes nei de tomaten brocht wurde sille. Mar de oerheid kin wol moai wolle dat mar ien op ’e trije wurknimmers in Poal is, Fryske wurknimmers foar de kassen binne amper te finen, docht bliken út ûndersyk. Doarpsbewenners binne bang dat de kassen ekstra ferkearsdruk jouwe en wetter­oerlêst yn de Ried. In steancaravan fan fjouwer Poalske tomateplokkers baarnt út, seit in lyts artikeltsje middenyn in krante. Dat is alles. Mar ek is der in ynstjoerd briefke.

Kaswerkers

… In het artikel ‘Kassencomplex is Sexbierums hoop’ (LC 19 juni) snijdt makelaar De Waard een belangrijk probleem aan: waar moeten de buitenlandse, vnl. Poolse, werknemers van de kassen wonen? De woning achter de onze wordt sinds september 2006 verhuurd aan een uitzendbureau, dat er gemiddeld tien kort verblijvende Poolse jongeren huisvest.

Het zijn misschien hardwerkende mensen, maar wij hebben ze ook van een andere kant leren kennen: in hun vrije tijd bezorgen ze ons vrijwel dagelijks overlast. Na maanden van getouwtrek met de gemeente is uiteindelijk erkend dat het gebruik van deze woning strijdig is met het bestemmingsplan en dat deze tijdelijke werknemers niet in onze woonwijk gehuisvest mogen worden. Het is zaak dat gemeenten beleid ontwikkelen op dit gebied en zorgen voor, voor alle partijen, acceptabele opvang.

Berlikum.

Fam. Renkema.

It ‘wichtige probleem’ slacht yndie op dat iene sintsje yn ’e krante fan de makelder oer ‘somtiden tsien man yn hûs foar trije’. Apart is it neamen fan it bestimmingsplan: de mediator of wykplysje sjocht net earst nei in bestimmingsplan as se immen beneierje om wenfraude en oerlêst. It bestimmingsplan fan Berltsum, trouwens, hat de gemeente Menameradiel krekt noch oanpast foar’t er opheft waard. Oan de bestimming ‘Wenjen’, de bestimming dus dy’t de nijbouwyk De Pôlle hat, feroaret lykwols neat:

Wonen

17.1 Bestemmingsomschrijving

De voor ‘Wonen’ aangewezen gronden zijn bestemd voor:

- woonhuizen, al dan niet in combinatie met ruimte voor een aan-huis-verbonden beroep of bedrijf.Bestimmingsplan Berltsum-Wier, identificatienummer NL.IMRO.1908.BPBer-Wier-0401. Wiziging en fêststelling fan it bestimmingsplan Berltsum-Wier bekendmakke troch Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Menameradiel yn syn gearkomste fan 7 desimber 2017. <http://www.ruimtelijkeplannen.nl/web-roo/roo/bestemmingsplannen?postcode=9041AA>; <https://zoek.officielebekendmakingen.nl/stcrt-2017-73098.html>; <http://www.ruimtelijkeplannen.nl/documents/NL.IMRO.1908.BPBerWier-0401/r_NL.IMRO.1908.BPBerWier-0401.html#_17_Wonen> [krigen 12 maaie 2018].

Oer in maksimum tal bewenners de kante meter, tydlik wenjen, relaasjes tusken de bewenners—lykas: ‘gezin’—en bûtenlanners seit it bestimmingsplan echt neat. Bestimming ‘wenjen’ is (en wie al) dat elkenien der wenje mei. Mar de Renkema’s út, jawis, Berltsum wolle oerdúdlik net in ein oan ’e oerlêst, se wolle in juridysk dokumint dat brûkt wurde kin foar âlderwetske segregaasje, skjinne wite wiken: de Poalen derút. En de gemeente achte dat doe, yn 2007, nei wat neitinken, in goed idee. Wat noch miste wie in bûtenlannerkearend juridysk stik dêr’t se no mei swaaie: it nije húsfêstingsbelied foar arbeidsmigranten, dat yngie op 29 maart. Op it pipen fan ’e De Pôllebuert soene jo sa besjoen net lang hoege te wachtsjen.

Op 10 maaie is it sa fier. Buertbewenners ha fêststeld—mei kamera’s?—dat der mear bûtenlânske bewenners yn har huzen sitte as dat it nije húsfêstingsbelied tastiet. Unakseptabel seit FNP-riedslid Knol. Hy stiet derop dat de gemeente fuortendaliks yngrypt. In dei letter komt it nijs dat de gemeente “signalen gekregen” hat dat der wier in oertrêding is.‘Waadhoeke onderzoekt klachten over buitenlandse tuinbouwers’, Omrop Fryslân, 11 maaie 2018 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/810159-waadhoeke-onderzoekt-klachten-over-buitenlandse-tuinbouwers> [krigen 12 maaie 2018]. De wethâlder mei de arbeids­migranten yn de portefeuille, Nel Haarsma, seit dat de gemeente dat o sa earnst nimt. Untromjen komt net te praat. De ombudsman sei it al: gemeentes stjoere amtners te kontrolearjen en sizze fan foei! en dêr bliuwt it by want foar yngripen ha se gjin proseduere. Mar yn dit gefal hat de gemeente net iens in wetsgrûn.

Ommers útstjoerburo VZM, dy’t de húsfêsting fan de kas­wurkers regelet, hat ôfpraat mei de gemeente Menameradiel: op syn heechst seis bewenners yn ien hûs. Dy gemeente bestiet net mear, mar as de nije gemeente Waadhoeke sûnder oerlis mei it útstjoerburo—of mei oare partijen—dy ôfspraken skrast, seit in meiwurker, kin it útstjoerburo in rjochtssaak net útslute. Dat sprekt fansels. Oergongsrjocht moat de makke ôfspraken bestean litte. Om’t net sjoen is nei de negative gefolgen fan de nije gemeente­regeling foar de rjochtssituaasje fan in beskate groep húseigners, gefolgen dy’t ta in foarm fan oergongsrjocht needsaakje, sil de rjochter de gemeente Waadhoeke net samar gelyk jaan. Om’t it útstjoerburo fierder sein hat dat se prate wolle oer in echte oplossing, mei de gemeente en ek mei de buert, mar dy komme net, sil de rjochter de wynbrauwen oplûke, want by it opstellen fan goed wenbelied en hege sosjale kohesy is oparbeidzjen fan de gemeente mei de wenkorporaasjes ensafuorthinne essinsjeel en dat is logysk.Vereniging Nederlandse Gemeenten, Iedereen = gelijk: Handreiking lokale aanpak van discriminatie (De Haach: Vereniging Nederlandse Gemeenten, 2009). Om’t boppedat VZM de útlânske kaswurknimmers de bêste húsfêsting jout dy’t mar mooglik is—en trouwens ynlânske kaswurkers noch altyd net te finen binne en it buske bystânslûkers nea by de tomaten oankommen is—sil de rjochter Berltsum yn it ûngelyk stelle.

Wit Berltsum dat wol? Opmerklik is dat de FNP de krústocht fan har Berltsumer riedslid Knol folslein bûten de FNP-kommunikaasje hâldt. De FNP wijt net ien eigen artikel, post, blog of tweet oan ‘Berltsum’. De stilte kin op neat oars wize as benaude fermoedens dat, as Knol op syn raamkoerts bliuwt nei in juridysk einspul, de rjochter yn it feestjier 2018, jier fan de iepen mienskip, oardielje sil dat Berltsum in affreus diskriminearjend wenbelied fiert—en dat dat dan yn ’e krante komt.

Berltsumer wendiskriminaasje skeint minskerjochten tomateplokkers; FNP handédich

Och FNP, it kin gjinien wat skele! In bûtenlânske kaswurker is net nijsgjirrich foar it Fryske publyk as er oerlêst jout mar krekt as er dea yn ’e sleat leit. Want hoe koe dat oars komme as fan in fatale Fryske leafde? Deanodze dochs, de bûtenlânners, bedobbe ûnder de oerstalpjende leafde fan Berltsum?

Noaten

  1. ‘Meer over Berlikum’, Telefoonboek.nl, g.d. <https://www.telefoonboek.nl/plaatsen/b/berlikum/> [krigen 12 maaie 2018].
  2. ‘Friesland heeft wel degelijk elf steden, en geen twaalf’, Trouw, 14 febrewaris 2005 <https://www.trouw.nl/home/friesland-heeft-wel-degelijk-elf-steden-en-geen-twaalf~a2afbc19/> [krigen 12 maaie 2018].
  3. ‘Nieuws’, Berlikum, g.d [2 febrewaris 2018] <http://www.berlikum.com/nieuws-11/> [krigen 12 maaie 2018].
  4. ‘Welkom in De Pôlle’, Mooi Wonen in Berltsum, g.d. <http://depolleberltsum.nl/de-polle/welkom-in-de-polle> [krigen 12 maaie 2018].
  5. Woonthema’s, Mooi Wonen in Berltsum, g.d. <http://depolleberltsum.nl/woningen/woonthema-s> [krigen 12 maaie 2018].
  6. Johan Sijtsma (Architect AVB BNA), ‘Realisatie woningbouwproject De Pôlle’, Johan Sijtsma Architect&team, g.d. <www.johansijtsma.frl/nl/nieuwsblog/387/realisatie-woningbouwproject-de-polle> [krigen 12 maaie 2018].
  7. ‘Lost in the greenhouse’, FrieslandStyle, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/agenda/2087070461/lost-in-the-greenhouse> [krigen 12 maaie 2018].
  8. Gerrie Lodder, ‘Dwalen door een woud van regels: De uitgebuite arbeidsmigrant en zijn mensenrechten’, Nederlands Juristenblad 493/10 (2018) 668-676 <http://www.njb.nl/Uploads/2018/3/NJB-1810-ART-1.pdf> [krigen 12 maaie 2018].
  9. Max Berghege, Marjolijn de Boer, Sylvana van den Braak, Sacha Hilhorst en Simone Peek, ‘ ‘Ik had mijn eigen huid in mijn handen’ ’, De Groene Amsterdammer 2018-12, 21 maart 2018 <https://www.groene.nl/artikel/ik-had-mijn-eigen-huid-in-mijn-handen> [krigen 12 maaie 2018].
  10. College voor de Rechten van de Mens, ‘Misstanden EU-arbeidsmigranten’, Mensenrechten, g.d. <https://www.mensenrechten.nl/dossier/misstanden-eu-arbeidsmigranten> [krigen 12 maaie 2018].
  11. Sjoch bygelyks KIS, Poolse arbeidsmigranten in Nederland en hun behoefte aan informatie en hulp (Kennisplatform Integratie & Samenleving / Verwey-Jonker Instituut, 2015) 3.
  12. Sjoch ek Jan Cremers, De inzet van arbeidsmigranten in de gemeente Westland: Eindverslag, Tilburg Law School, 2 maart 2018 <https://pure.uvt.nl/portal/files/23311515/Eindrapport_Westland_inzet_arbeidsmigranten.pdf> [krigen 12 maaie 2018].
  13. Centraal Bureau voor de Statistiek, ‘Steeds minder buurtoverlast’, CBS, 23 septimber 2017 <https://www.cbs.nl/nl-nl/nieuws/2017/38/steeds-minder-buurtoverlast> [krigen 12 maaie 2018].
  14. ‘Fries heeft minder last van de buren’, Leeuwarder Courant, 23 septimber 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Fries-heeft-minder-last-van-de-buren-22520173.html> [krigen 12 maaie 2018].
  15. Sjoch Centraal Bureau voor de Statistiek, ‘Leefbaarheid en overlast in buurt; regio’ [2016], Statline, 1 maart 2018 <http://statline.cbs.nl/Statweb/publication/?DM=SLNL&PA=81924NED&D1=24-57&D2=0&D3=6,8-17&D4=4&HDR=G1&STB=T,G2,G3&VW=T> [krigen 12 maaie 2018]. ‘Overlast in buurt’ > ‘Overlast totaal’> ‘Ervaart een of meer vormen van overlast’ > ‘Friesland’ > ‘2016’: ‘% veel overlast’ ‘37,4’ = in optelsom fan alle persintaazjes fan de ûndersyksgroep dy’t sizze dat hja net allinne witte dat ien beskate foarm fan oerlêst wolris bart (% ‘komt weleens voor’), mar ek persoanlik dy foarm fan oerlêst ûnderfûn ha. It is net it persintaazje fan de ûndersyksgroep dat in protte oerlêst yn alle foarmen ûnderfynt.
  16. Math Akkermans/CBS, Buurtoverlast: Stand van zaken, trends, achtergronden (De Haach: Centraal Bureau voor de Statistiek, 2017) 24, 25.
  17. Maria Del Grosso, ‘Nieuwbouwwijk vreest Poolse kasarbeiders als buren’, Leeuwarder Courant, 29 septimber 2017, 24.
  18. Maria Del Grosso, ‘Nieuwbouwwijk vreest Poolse kasarbeiders als buren’, Leeuwarder Courant, 29 septimber 2017, 24. <http://www.lc.nl/friesland/Nieuwbouwwijk-vreest-Poolse-kasarbeiders-als-buren-22535018.html> [krigen 12 maaie 2018].
  19. Pier Abe Santema, ‘Woningen naast kassen in Berltsum’, Leeuwarder Courant, 16 novimber 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Woningen-naast-kassen-in-Berltsum-22664986.html> [krigen 12 maaie 2018]; de libbensmiljeuferoardering (Wet op de steds- en doarpsfernijing) dêr’t bewenjen troch húshâldens mei stipulearrre wurde koe, is ferfallen op 1 july 2008 en wat in húshâlden is moast tenei yn in bestimmingsplan formulearre wurde mar yn it bestimmingsplan fan Berltsum is dat net bard; by de bouferoardering giet it om it boutechnyske doel fan permaninte bewenning troch in partikulier húshâlden, mar net om de relaasje tusken de bewenners.
  20. ‘Uitzendbureau verrast door onrust over kasarbeiders’, Omrop Fryslân, 18 oktober 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/764649-uitzendbureau-verrast-door-onrust-over-kasarbeiders> [krigen 12 maaie 2018].
  21. ‘Raad zet in op minder huizen kasarbeiders in Berltsum’, Leeuwarder Courant, 3 novimber 2017, 28.
  22. ‘Uitzendbureau verrast door onrust over kasarbeiders’, Omrop Fryslân, 18 oktober 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/764649-uitzendbureau-verrast-door-onrust-over-kasarbeiders> [krigen 12 maaie 2018].
  23. ‘Zorgen in De Pôlle over komst kasarbeiders naar Berltsum’, Leeuwarder Courant, 19 oktober 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Zorgen-in-De-P%C3%B4lle-over-komst-kasarbeiders-naar-Berltsum-22590347.html> [krigen 12 maaie 2018].
  24. Maria Del Grosso, ‘Wijk Berltsum niet gerust op verkassen arbeidsmigranten’, Leeuwarder Courant, 17 novimber 2017, 22.
  25. Riedsútsel ‘Beleidsharmonisatie Huisvesting Arbeidsmigranten’, 20 febrewaris 2018 (aginda 8 maart 2018), nû. 18.200706, Gemeenteried Waadhoeke, 1.
  26. In yndikaasje jout de gemeentlike Basisregistraasje Persoanen. Centraal Bureau voor de Statistiek, Migrantenmonitor, 2015-2016, 19 april 2018 <https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2017/06/migrantenmonitor-2014-2015> Op 31 desimber 2015 wiene der yn Nederlân 860 tûzen migranten mei in baan en/of ynskriuwing yn de BRP, dy’t komme út de EU-27, EU-11 en kandidaat-lidsteaten fan ’e Europeeske Uny. VVD/Wethouder N. Haarsma, ‘Vragen Raadsvoorstel 8 Beleidsharmonisatie huisvesting arbeidsmigranten met antwoord’, Gemeenteraad Waadhoeke, 8 maart 2018 <https://online.ibabs.eu/ibabsapi/publicdownload.aspx?site=waadhoeke&id=a5936098-f255-406f-85cf-22eac66da3f3> [krigen 12 maaie 2018].
  27. ‘Data voor aanpak huisvestingstekort arbeidsmigranten’, I&O Research, 27 maart 2018 <https://ioresearch.nl/Home/Nieuws/ArtMID/445/ArticleID/998/Data-voor-aanpak-huisvestingstekort-arbeidsmigranten> [krigen 12 maaie 2018].
  28. VROM-Inspectie/Ministerie van Infrastructuur en Milieu, Ruimte voor arbeidsmigranten, Handreiking voor de huisvesting van werknemers uit de EU die tijdelijk in Nederland verblijven (De Haach: VROM-Inspectie, 2010); mear resint hat it ministearje fan Ynlânske Saken opdracht jûn ta it eksperimint Huisvesting Arbeidsmigranten, einferslach Tineke Lupi en Anne-Jo Visser / Platform31, Huisvesting EU-arbeidsmigranten (De Haach: Platform31, septimber 2015).
  29. ‘VNG Raadgever ‘Huisvesting arbeidsmigranten’ ’, Expertisecentrum Flexwonen, 6 novimber 2017 <https://flexwonen.nl/vng-raadgever-huisvesting-arbeidsmigranten-2/> [krigen 12 maaie 2018].
  30. ‘Praktijkvoorbeelden’, Expertisecentrum Flexwonen, g.d. <https://flexwonen.nl/praktijkvoorbeelden/> [krigen 12 maaie 2018].
  31. De Nationale Ombudsman, Helder handhaven: Hoe gemeenten behoorlijk omgaan met handhavingsverzoeken van burgers (De Haach: De Nationale Ombudsman, 2010) 18.
  32. Marnix Eysink Smeets, Hans Moors, Koen van ’t Hof en Esther van den Reek Vermeulen, Omgaan met de perceptie van overlast en verloedering: Een beknopt advies voor de bestuurspraktijk (Tilburg: IVA, 2010).
  33. SCP, De sociale staat van Nederland, webversie (Den Haag, Sociaal en Cultureel Planbureau, desimber 2017) 207.
  34. ‘Kassenplan: botsing tussen banen en natuur’, Leeuwarder Courant, 4 juny 2008, 15.
  35. Bestimmingsplan Berltsum-Wier, identificatienummer NL.IMRO.1908.BPBer-Wier-0401. Wiziging en fêststelling fan it bestimmingsplan Berltsum-Wier bekendmakke troch Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Menameradiel yn syn gearkomste fan 7 desimber 2017. <http://www.ruimtelijkeplannen.nl/web-roo/roo/bestemmingsplannen?postcode=9041AA>; <https://zoek.officielebekendmakingen.nl/stcrt-2017-73098.html>; <http://www.ruimtelijkeplannen.nl/documents/NL.IMRO.1908.BPBerWier-0401/r_NL.IMRO.1908.BPBerWier-0401.html#_17_Wonen> [krigen 12 maaie 2018].
  36. ‘Waadhoeke onderzoekt klachten over buitenlandse tuinbouwers’, Omrop Fryslân, 11 maaie 2018 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/810159-waadhoeke-onderzoekt-klachten-over-buitenlandse-tuinbouwers> [krigen 12 maaie 2018].
  37. Vereniging Nederlandse Gemeenten, Iedereen = gelijk: Handreiking lokale aanpak van discriminatie (De Haach: Vereniging Nederlandse Gemeenten, 2009).

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.9, 6 maaie 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen IX: Achtbaanriden, of

nije media foar de literatuer—dy’t literatuer altyd al hie

image Fers2

Tachtich euro foar ien sympoasium! En gjin podcast, lit stean live-stream, gjin fergese útstjoering op Youtube. It Earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres fan de Fryske Akademy wie dus in min plak om literatuer te bringen as kulturele died dy’t oer mediagrinzen hinne giet. Wis mocht men prate oer literatuer as praksis dy’t de macht & wearde fan papier wjerstiet, mei echo’s fan de tradisjonele orale, foar de hiele mienskip iepen tagonklike hanneling. Ek koe men attindearje op it fertellersmedium, episoaderitmyk, fertellersfiguer, de ferteller syn ‘dialooch’ mei it publyk en oar direkt kontaktlizzen, lardearjen fan ‘situated story’ mei moraalsang.Bydrage Abe de Vries, ‘Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme’, paper presintearre op it Earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres, Fryske Akademy, Ljouwert, 23-26 april 2018, 25 april 2018. Mar al datte is iermodern yn de Fryske teleo­logyske literêre skiedskriuwing: no fier foarby loefd. Literatuer sjen as in yntrinsyk transmediaal netwurk, om it hearksjende idee fan literatuer as sletten medium fan en foar in isolearre bubble fan eliterati te ferfangen, dat koe net. It idee fan letterkunde as eat dat him eksklusyf rjochtet op yndividueel en stil te lêzen highbrow littérature siet feilich efter in € 80-buffer.

In wike earder op in Skriuwersboungearkomste wie dat net oars. It gie oer ‘Ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer’. It Skriuwersboun tinkt by toaniel net oan skouspul. It doelt net op doarpspoadiums dêr’t it orale kreative optreden in mienskiplik hanneljen is, ynstee fan it produkt fan ien bysûnder sjeny. Wol toaniel oanskowe by literatuer dan moat it skreaun wêze, fan in inkeling en autentyk sines: de sprekker op de gearkomste wurdt yntrodusearre as “skriuwt yn opdracht nij, oarspronklik toaniel en set stikken oer yn it Frysk … en skriuwt eigen stikken.”‘Ferfolch temagearkomste toaniel en literatuer’, It Skriuwersboun, g.d. [2018] <http://www.skriuwersboun.nl/> [krigen 26 april 2018].

Tresoar/kult.haadstêd wol mei mediapoëzy gjin transliteracy lykas Sokrates bedoelt: om kennis en meipraten.Plato, Phaedrus [sa. 370 f.d.j.], 275a-e. Se wolle just poëzy ‘oanjeie’ om stilte en passiviteit; har 2018-biedwurd is “Ssst.”

Apart is dat Fryslân tagelyk syn literatuer de dyk op stjoere wol: “Welke stad heeft zoiets: lopen over gedichten?”‘Highlights Leeuwarden’, Historisch Centrum Leeuwarden, g.d. <https://historischcentrumleeuwarden.nl/nl-NL/onderzoek-huis-of-locatie/42-onderwijs/onderwijs-algemeen/voortgezet-onderwijs> [krigen 28 april 2018]. It wol it de ‘digitaliteit’ yn skoppe: “Friese literatuur straks digitaal.”‘Taal’, Redbot, g.d. <http://www.redbot.frl/projecten/taal/> [krigen 28 april 2018]. En út syn skriftlikens lûke: “Swalk is it Frysk multymedia spektakel mei byld, lûd, muzyk en ferhalen”, sa priizge Tresoar syn literêre evenemint oan.‘Swalk in Franeker’, Tresoar, 13 septimber 2016 <https://www.tresoar.nl/agenda/pages/13-9-2016-frjentsjer.aspx> [krigen 28 april 2018]. Multymediaal, digitaal en ostensibel. Ut syn steat fan letters op papier. Fluch mei yn ’e ‘mondiale’ ferskowing nei it fisuele en firtuele yn ‘alle’ hoeken fan tekstualiteit? Mar wêrom?

Wat literatuer op ’e dyk lykas stoeprymkes en scrolling text displays oangiet, dit. De iepenbiere romte, dus de iepen stikken bûtendoar dy’t elkenien brûke mei, waarden de plakken dêr’t politike opskuor syn utering fûn en ús heech ferstedske wrâld yn groeide. Krekt dy keunsten dêr’t de moderniteit ús fan leard hie dat se net te beskôgjen binne as publike hannelingen en seker gjin politike, literatuer en byldzjende keunst, bemasteren de iepenbiere romte, en wol as relasjonele keunst.Lionel Ruffel, Matthew H. Evans (oers.), ‘The public spaces of contemporary literature’, Qui Parle: Critical Humanities and Social Sciences 22:2 (2014) 101-122, 102. By relasjonele keunst is de taak fan de keunstner om it publyk net in artistike mar in sosjale ûnderfining te jaan, lykas mei-inoar ite.Kyle Chayka, ‘WTF is… Relational Aesthetics?’ Hyperallergic, 8 febrewaris 2011 <https://hyperallergic.com/18426/wtf-is-relational-aesthetics/> [krigen 28 april 2018]. Dat it net artistyk ‘hoecht’ is net om’t se útgean fan it ferlet fan it publyk; ek de kulturele haadstêdfonteinen binne relasjonele keunst. Joe Scanlan ferliket relasjonele keunst mei ‘shared space’: “Recently the town of Drachten, Holland, adopted an approach to traffic safety that not only defies conventional wisdom but is eerily similar to relational aesthetics.” Dat se har kreas oan ’e regels hâlde komt troch groepsdruk: “Peer pressure is effective because it uses one of our most basic fears—public humiliation—as a built-in mechanism for controlling behavior.” Keunst hat absolút gjin ferlet fan noarm­optwingerij, mar: “[O]ne of the best ways to control human behavior is to practice relational aesthetics.”Joe Scanlan, ‘Traffic control’, Artforum International 43:10 (2005) 123 <https://www.mutualart.com/Article/TRAFFIC-CONTROL/FBC1A92B4838F138> [krigen 28 april 2018].

“De opkomst fan de digitale kultuer twingt literatuer­witten­skippers om nei te tinken oer wat literatuer yn dy nije kultuer is,” seit it iennichste Fryske essee oer digitale kultuer. Under it kopke “Wat is digitale kultuer?” stiet dêrnei net wat digitale kultuer is want “Dy definysjes smite lykwols ek wer swierrichheden op.”Meindert Reitsma, Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (2), Y-Skrift, 6 maaie 2016 <http://www.skanomodu.nl/index.php/2016/fan-skriftkultuer-nei-digitale-kultuer-2/> [krigen 28 april 2018]. Pragmatisme, nice! Hoe lang gie de pragmatyske u-turn fan kultuerlieder Fedde Schurer ek al wer mei, fan “populair, populair, biljeaven populair” nei “de forspijde litteraten”?Fedde Schurer, ‘De bining forbritsen’, De Tsjerne 1:1 (1946) 1-1, 1, 3.

Digitale kultuer is in oerkoepeljend konsept foar hoe’t technology en it ynternet—om krekt te wêzen de ûneinige tagong ta it krijen en jaan fan ynformaasje—de manier sa’t minsken yn in sosjale kontekst dogge, tinke, ynteraktearje en kommunisearje yngripend foarmet. Digitaal, seit Charlie Gere, ferwiist net allinne nei it gefolch fan beskate technology. “As Gilles Deleuze points out, ‘the machine is always social before it is technical. There is always a social machine which selects or assigns the technical elements used.’”Charlie Gere, Digital culture, útwr, 2e pr. (Londen: Reaktion Books, 2008) 17. Dêrom omfiemet ‘digitale kultuer’, útsein kultuerstilen dy’t in hieltyd gruttere rol spylje yn mainstream konsumpsjekultueren, de ekonomyske en sosjale aspekten fan de ynformaasjemaatskippij dy’t ferbûn binne mei ‘kultuer’. In goed begryp fan digitale kultuer hat ferlet fan in lykwichtige, krityske analyse fan globalisearrings­prosessen, mienskip, identiteit, belonging, yndividualisearring, konsumintisme, feroaringen yn ûngelikens en macht. Access Now jout hieltyd wer ‘updates’ oer beheiningen fan privacy en frijheid fan ekspresje en it risiko dat autoritêre rezjyms bepale wat ‘wier’ is of ‘fake news’.‘EU “fake news” strategy needs to be based on real evidence, not assumptions’, Access Now, 26 april 2018 <https://www.accessnow.org/fake-news-strategy-needs-to-be-based-on-real-evidence-not-assumptions/> [krigen 28 april 2018]. Andrew Keen ferliket de digitale revolúsje mei de yndustriële, dêr’t Google en Facebook samar hast monopoaljes wurde koene en de skatrike Mark Zuckerberg yn skrille tsjinstelling stiet ta hieltyd mear gewoane minsken mei fleksibele en ûnbetelle banen.Bernard Hulsman, ‘Red de digitale revolutie’, NRC, 26 april 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/04/26/red-de-digitale-revolutie-a1601010> [krigen 29 april 2018]. De Frankfurter Schule-hoop op e-democracy, troch it brekken fan it ienrjochtingsboadskip fan de machthawwer dy’t de populêre kultuer besit en ferspriedt, wat it publyk passyf makket en de status quo bewarret, is al lang ferflechtige; de massa’s hawwe har noflik delflijd yn ien of oare ynformaasjeluchtbel. Hie Waling Dykstra hjoed libbe, dan hiene it de digerati west dêr’t er syn pylken op rjochte hie.

Multymedia, seit de Cambridge Dictionary, is “using a combination of moving and still pictures, sound, music, and words, especially in computers or entertainment.” O. Ferdivedaasje.

Op de opmerking “Is het toch weer een thriller” andere Saskia Noort: “Het verschil tussen romans en thrillers is aan het vervagen, al heel lang.”Jan van Mersbergen, ‘ ‘Afstand nemen van jezelf. Dat is een overlevingsmechanisme’ ’, NRC, 26 april 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/04/26/afstand-nemen-van-jezelf-dat-is-een-overlevingsmechanisme-a1600993> [krigen 27 april 2018]. Hiel lang as: it hat nea oars west en it seit ek neat? Yn 1963, yn it boek dêr’t er in Nobelpriis foar krige mar dy net ophelle om’t er prizen o sa bourgeois achte, seit Sartre ek dat er leaver thrillers lêst: “[J]e continuai paisiblement ma double vie. Elle n’a jamais cessé: aujourd’hui encore, je lis plus volontiers les « Série Noire » que Wittgenstein.”Jean-Paul Sartre, Les mots (Parys: Gallimard, 1964) 64-65. Bon, mar Sartre soe likegoed gjin whodunnits skriuwe, sa dûbel wie syn libben wier net. Noch soene de aldermeaste Série Noirelêzers, hoewol’t Sartre sawat in standertartikel waard, ea wat fan him lêze. Ferskil is der. En dy ûngeryflike ferdivedaasje is net it punt. De diskusje oer it literatuer-lektuerûnderskied hat tûkelteammen dy’t ûnbeminder binne as dat gjin minske Infinite jest echt útlêst.

Litte wy sizze dat literatuer komplekser is as lektuer, om’t it útwurke karakters hat ynstee fan goede en kweade figueren en de yntrige net kersrjocht rint. Mar de rest is smaak. Dus kinne skriuwers net earst in bluodrich spektakel skriuwe om’t minsken dêr sljocht op binne en dan har lêzers ôfmeunsterje om’t dy horror lêze;Damien Walter, ‘Literature vs genre is a battle where both sides lose’, The Guardian, 20 novimber 2015 <https://www.theguardian.com/books/booksblog/2015/nov/20/literature-vs-genre-is-a-battle-where-both-sides-lose> [krigen 28 april 2018]. eat dat Waling Dykstra wol wist. Keunst is troch syn kompleksiteit djoerder te meitsjen en dreger om te ferkeapjen, wat de merk ferpest.Joe Rule, ‘The myth of pure art & how it kills business’, LinkedIn, 10 augustus 2015 <https://www.linkedin.com/pulse/myth-pure-art-how-kills-business-joseph-rule> [krigen 28 april 2018]. Mar keunst dêrom ôfskaffe kin ek net—dat wol sizze it kin, it Tredde Ryk die it, mar it is gjin goed idee—om’t lektuer faak highbrow literatuer as model hat en noch mear om’t de literêre praktyk in aspekt fan politike en klasseskeel is. Ek yn de literatuerwittenskip, fier boppe de echte wrâld, is de machtsstriid lykas yn it sosjale bestean. Al hoe’t jo in literêre tekst ek sjen wolle as ôfrûne produkt ferheft nei de status fan autonoom en absolút, in literêre tekst is de útkomst fan wurk, wat altyd beynfloede is troch materiële betingsten en gewoanlik ek karakterisearre is troch de sosjale klassekontekst.Terry Eagleton, The ideology of the aesthetic (Oxford: Basil Blackwell, 1990) 3. Mar dat Theun de Vries pas as senior yn ’t Frysk en lyrysker begûn te dichtsjen, hypotetisearre Jabik Veenbaas net as los wêzen fan maatskiplike restriksjes, fan produktiviteit en tagonklikens: ferkeapberens is yn ’e ivoaren toer in profaniteit.Bydrage Jabik Veenbaas, oer de Fryske gedichten fan Theun de Vries, presintearre op it Earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres, Fryske Akademy, Ljouwert, 23-26 april 2018, 25 april 2018.

Highbrow-lowbrow is de skepping fan wat Umberto Eco de apokalyptisy neamt: kulturele elites dy’t bang binne foar ferneatiging fan har wrâld troch massakommunikaasje en populêre ferdivedaasje, en lêzers mei hege literatuer de treast biede dat der noch in Übermensch bestie nei’t yn W. Dykstra’s tiid it lêsûnderwiis in ûnberonge sosjale mobiliteit levere.Umberto Eco, Robert Lumley (red.) Apocalypse postponed (Bloomington / Indianapolis: Indiana University Press, 1994) 17-18. Bestseller-literatuerkritikus Peter Swirski ferdigenet de populêre boeken. Oan in fracht sosjologyske en estetyske ynsjoggen yn populêre en highbrow literatuer heakket er net sasear teory ta, as syn eigen foarbylden, lykas “Robert Ludlum who, with almost a quarter billion copies sold to his credit, single-handedly defines the popular in contemporary fiction.”Peter Swirski, ‘Popular and highbrow literature: A comparative view’, CLCWeb: Comparative Literature and Culture 1:4 (1999) 1-14, 9 <https://doi.org/10.7771/1481-4374.1053>. Ien foar ien ûntkrêftiget Swirski de oanfallen op populêre literatuer. Dat ekonomyske prigels talintearre skriuwers by de hege literatuer weilûke, jout er ta, mar lektuerskriuwers besykje ek om hege literatuer te skriuwen, al of net lokke troch it prestiizje. Dat populêre fiksje ûntlient oan hege literatuer en dy dêrtroch ferleget, achtet er ûnsin om’t lienen fan beide kanten al sa’n skoft bart dat, as der echt ferleegjen bestie, literatuer dy’t troch serieuze kritisy behannele wurdt eins al lang lege lektuer is.

Lykwols mei dat binnen ien kultuer wier wêze, dy egalitêre útwikseling is der net fansels yn diglossyske mienskippen, likemin as tusken east en west. Net inkeld liet in oersetting fan Natsuo Kirino har misuterii novel Out sân jier op him wachtsje, as wie in serieuze en feministyske spegel fan de maatskippij minder de muoite wurdich as in gewoan detectiveke. Mar ek kaam der nei fjouwer jier fan har Grotesque in sensurearre oersetting, om’t de boekferkeapers mienden dat it in breder publyk oansprekke moast. Dat in net-autorisearre komplete ferzje, dêr’t de minderjierrige prostitúsje net út suvere is, wol op it www sirkulearret, docht neat ôf oan it feit dat de offisjele fersimpeling fan de tekst in ‘dumbing down’ fan it—Japanske—sjenre mei him meibringt, wat skriuwers—en sjenres—wiswol ûntmoediget.Rachel Hertzler, ‘The bitter women of Japanese Noir’, The New Inquiry, 26 febrewaris 2014 <https://thenewinquiry.com/the-bitter-women-of-japanese-noir/> [krigen 28 april 2018]. Guon kulturele uteringen kinne doelberet útsletten wurde fan hokker brow dan ek.

Dat de kleau tusken highbrow en lowbrow him tichtsje soe en it ‘dûbellibben’ dertusken minder fertocht rekket, dêr’t de middlebrow al of net ferantwurdlik foar is en faaks iepenbierens, digitaliteit en multymedialiteit as hantlangers hat, is trouwens ek net sa. De hjoeddeiske ûnferskilligens fan de eliteklasse foar hege literatuer en alle oare sosjale kânsen, sadat opera lykas popferskes wurdearre wurdt as ‘cool’, komt neffens Shamus Khan fan de typysk heech-kulturele learstyl fan kontakt meitsjen mei uteringen sûnder drege djippe belutsenens by ideeën en teksten. Net it kulturele allesiten sels, mar de maklikens dêr’t de elite dat mei docht is in manier om de mobiliteit, oftewol de tagong ta kultureel kapitaal te behinderjen. “This ease of life is not just a mark of privilege. It is also a mark of protection. For if the truly elite embraced hard work, they could be outworked. Ease is both an obscure thing and hard for the rising classes to master. They must work hard to achieve, and it is nearly impossible for this hard work not to leave its mark on them.”Shamus Rahman Khan, ‘The ease of mobility’, yn Thomas Birtchnell en Javier Caletrío (red.), Elite mobilities (Abingdon, UK / New York, NY: Routledge, 2014) 136-148, 146; sjoch ek ‘Shamus Rahman Khan describes life at St. Paul’s School’, Youtube, 28 septimber 2011 <https://www.youtube.com/watch?v=symFERJZGx0> [krigen 28 april 2018].

De rest is ek net sa. It like ûnferhoalen as ûnútsprutsen Fryske motyf foar de trendy fisu- en firtualisearring fan literauer: taal­stimulearring? Mear literatuer op ’e dyk in kin minderheidstaal net rêde. Earst net om’t der sa hurd minder foar ferdivedaasje lêzen wurdt, ek ûnder de Série Noirelêzers, dat it Nobelkomitee samar de literatuerpriis oan in popsjonger jaan koe.Paula Wilson, ‘Reading is in decline: If not you, then who?’, Public Libraries Online, 20 jannewaris 2017 <http://publiclibrariesonline.org/2017/01/reading-is-in-decline-if-not-you-then-who/> [krigen 26 april 2018]. Twad net om’t wurden krekt foarm krije yn de hollen fan minsken dy’t de taal behearskje,Joseph Tabbi, ‘New media and its utility and liability for literature and for life’, Konferinsjestik op de International Workshop on Databases and Bibliographic Standards for Electronic Literature, 20 - 21 juny 2011 yn Bergen, Noarwegen, IV <http://www.remixthebook.com/new-media-its-utility-and-liability-for-literature-and-for-life> [krigen 26 april 2018]. hoe leechdrompelich, oansjitsk en ynformeel literatuer ek oanbean wurdt.

Al betsjutte ‘literatuer’ oarspronklik ‘in skriuwen’, út it perspek­tyf fan estetika en kultuerwittenskip wei is net te ferdigenjen dat literatuer yn de sin fan narrative dy’t yn oarmans geast tinkbylden opropt, ea monomediaal wie: sjongen, ferhale­fertellerij, ‘multiplat­form’ en graffiti binne fan alle tiden.Sjoch Karen Swallow Prior, ‘The new, old way to tell stories: With input from the audience’, The Atlantic, 18 oktober 2013 [krigen 26 april 2018]. À propos, de Fryske tekst op ’e dyk is perfoarst gjin grassroots wyldplakte poëzy; it is sekuer útsocht troch amtners om ‘ús’ toan oan te jaan. Syn ûntlienen oan byld en muzyk rjochtfeardigjend seit in Baskyske skriuwer: “No, writers who are working in languages like mine do not have less artistic awareness than those who are working in major languages. We are creating, we are doing, we are normalising.”Anjel Lertxundi, ‘Conclusions from a small language: Some thoughts by a writer’, yn Council of Europe (red.), Minority language protection in Europe: Into a new decade (Strasbourg: Council of Europe Publishing, 2010) 199-207, 203. Doch, om’t ferhaal, dus tinkbyldigens en subjektive geast, sintraal stiet, binne mediaspesifike soarten fan ferbyldzjen en ûntfangen en ek oergean fan mediagrinzen saken om rekken mei te hâlden yn ’e literêre praktyk. En, seit kultuerûndersiker Heike Schaefer, “it seems crucial to insist that all versions of a literary text—and the different modes of composing, disseminating and engaging with the text that these entail—are part of literary culture.”Heike Schaefer, ‘Poetry in transmedial perspective: Rethinking intermedial literary studies in the digital age’, Acta Universitatis Sapientae, Film and Media Studies 10 (2015) 169-182, 178 <https://doi.org/10.1515/ausfm-2015-0033>. Literatuer is trans­mediaal. Dat literatuer dêrfoar feroarje moat, is dan net sa. Alde wyn yn nije sekken is meast hegemonysk stjoeren fan ús smaak.

Digitaliteit is wol nij. Mar dat de digitale literatuer sa ticht tsjin de moadrige popkultuer oanhinget dat se de digitale lêsûnderfining ferlykje mei achtbaanriden,Janez Strehovec, ‘The e-literary text as an instrument and a ride’, yn Marcel Cornis-Pope (red.) New literary hybrids in the age of multimedia expression: Crossing borders, crossing genres (Amstersdam / Philidelphia: John Benjamins, 2014) 340-356, 348-349. dat is net nij: Don Quichot, Madame Bovary? Hypertexts stelle ús by steat om dy wurken, likegoed as alle subkanonike, einleas opnij te ûnderfinen tegearre mei oare lêzers yn ferline en takomst; dat is fansels geweldich. Mar it bart hast net, seit Joseph Tabbi. Digitaliteit is de triomf fan persoan­likheids­kultus, benammen yn blogging dy’t steefêst in fragmintearre werklikheid sjen lit en krityk nei binnen ta rjochtet. Digitaliteit makket literatuer ta objekt. It snijt de ferbylding ôf troch direkte fysike ûnderfining, wat neat oan de fantasy oerlit. It kwantifisearret earbied, it ropt miljoenen sprekkers yn libben dy’t der gjin spat gelokkiger op wurde. It jout in remix fan skriuwstilen, mei auteurskip dat minder giet om taalûntjouwing as om ‘identiteit’, mei karakteristyk idioom mar úteinlik hieltyd mear fan itselde om’t kritisy har net weagje oan it oanwizen fan werklik botsende kultu­rele fisys en ‘wy op it ynternet allegearre ien binne’. As digitaliteit delkomt op in ûntsachlik grut ûnthâld en romte foar ûneinige dialooch, “Can we not instead look to new media for expressions of our thought’s plasticity in the course of literary history?”Joseph Tabbi, ‘New media and its utility and liability for literature and for life’, Konferinsjestik op de International Workshop on Databases and Bibliographic Standards for Electronic Literature, 20 - 21 juny 2011 yn Bergen, Noarwegen, IV <http://www.remixthebook.com/new-media-its-utility-and-liability-for-literature-and-for-life> [krigen 26 april 2018].

Wis wolle wy in nij medium foar de dynamyk fan ús literatuer­krityk! As der ien sfear is dy’t wy net op ’e dyk en normalisearrre ha wolle, maklik en ‘cool’, bloggy en nei erkenning snakkend, multymediaal en keunst ta objekt redusearjend, amusant mei plaatsjes en lûdsjes en hieltyd minder nuansearre oardielen, of demokratysk mei harsenleaze ‘liking’ fan elke trendy achtbaan­dilettant, dan is dat wol de sfear fan de literêre krityk. Dêr heart it stadige yngeande tinken, it tinken oer ús tinken, it yntellektuele libben dat it alfa en omega is fan wittenskip en keunst. Mar de wiere yntellektualiteit is altyd by de bûtensteanders, ferskûle, yn ’e marzje fan de maatskippij. Har in moai nij medium tawize hmm, dat klinkt noch mear nei ideology as in Earste Geasteswittenskiplik Kongres dat te djoer is om hinne te gean.

Noaten

  1. Bydrage Abe de Vries, ‘Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme’, paper presintearre op it Earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres, Fryske Akademy, Ljouwert, 23-26 april 2018, 25 april 2018.
  2. ‘Ferfolch temagearkomste toaniel en literatuer’, It Skriuwersboun, g.d. [2018] <http://www.skriuwersboun.nl/> [krigen 26 april 2018].
  3. Plato, Phaedrus [sa. 370 f.d.j.], 275a-e.
  4. ‘Highlights Leeuwarden’, Historisch Centrum Leeuwarden, g.d. <https://historischcentrumleeuwarden.nl/nl-NL/onderzoek-huis-of-locatie/42-onderwijs/onderwijs-algemeen/voortgezet-onderwijs> [krigen 28 april 2018].
  5. ‘Taal’, Redbot, g.d. <http://www.redbot.frl/projecten/taal/> [krigen 28 april 2018].
  6. ‘Swalk in Franeker’, Tresoar, 13 septimber 2016 <https://www.tresoar.nl/agenda/pages/13-9-2016-frjentsjer.aspx> [krigen 28 april 2018].
  7. Lionel Ruffel, Matthew H. Evans (oers.), ‘The public spaces of contemporary literature’, Qui Parle: Critical Humanities and Social Sciences 22:2 (2014) 101-122, 102.
  8. Kyle Chayka, ‘WTF is… Relational Aesthetics?’ Hyperallergic, 8 febrewaris 2011 <https://hyperallergic.com/18426/wtf-is-relational-aesthetics/> [krigen 28 april 2018].
  9. Joe Scanlan, ‘Traffic control’, Artforum International 43:10 (2005) 123 <https://www.mutualart.com/Article/TRAFFIC-CONTROL/FBC1A92B4838F138> [krigen 28 april 2018].
  10. Meindert Reitsma, Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (2), Y-Skrift, 6 maaie 2016 <http://www.skanomodu.nl/index.php/2016/fan-skriftkultuer-nei-digitale-kultuer-2/> [krigen 28 april 2018].
  11. Fedde Schurer, ‘De bining forbritsen’, De Tsjerne 1:1 (1946) 1-1, 1, 3.
  12. Charlie Gere, Digital culture, útwr, 2e pr. (Londen: Reaktion Books, 2008) 17.
  13. ‘EU “fake news” strategy needs to be based on real evidence, not assumptions’, Access Now, 26 april 2018 <https://www.accessnow.org/fake-news-strategy-needs-to-be-based-on-real-evidence-not-assumptions/> [krigen 28 april 2018].
  14. Bernard Hulsman, ‘Red de digitale revolutie’, NRC, 26 april 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/04/26/red-de-digitale-revolutie-a1601010> [krigen 29 april 2018].
  15. Jan van Mersbergen, ‘ ‘Afstand nemen van jezelf. Dat is een overlevingsmechanisme’ ’, NRC, 26 april 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/04/26/afstand-nemen-van-jezelf-dat-is-een-overlevingsmechanisme-a1600993> [krigen 27 april 2018].
  16. Jean-Paul Sartre, Les mots (Parys: Gallimard, 1964) 64-65.
  17. Damien Walter, ‘Literature vs genre is a battle where both sides lose’, The Guardian, 20 novimber 2015 <https://www.theguardian.com/books/booksblog/2015/nov/20/literature-vs-genre-is-a-battle-where-both-sides-lose> [krigen 28 april 2018].
  18. Joe Rule, ‘The myth of pure art & how it kills business’, LinkedIn, 10 augustus 2015 <https://www.linkedin.com/pulse/myth-pure-art-how-kills-business-joseph-rule> [krigen 28 april 2018].
  19. Terry Eagleton, The ideology of the aesthetic (Oxford: Basil Blackwell, 1990) 3.
  20. Bydrage Jabik Veenbaas, oer de Fryske gedichten fan Theun de Vries, presintearre op it Earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres, Fryske Akademy, Ljouwert, 23-26 april 2018, 25 april 2018.
  21. Umberto Eco, Robert Lumley (red.) Apocalypse postponed (Bloomington / Indianapolis: Indiana University Press, 1994) 17-18.
  22. Peter Swirski, ‘Popular and highbrow literature: A comparative view’, CLCWeb: Comparative Literature and Culture 1:4 (1999) 1-14, 9 <https://doi.org/10.7771/1481-4374.1053>.
  23. Rachel Hertzler, ‘The bitter women of Japanese Noir’, The New Inquiry, 26 febrewaris 2014 <https://thenewinquiry.com/the-bitter-women-of-japanese-noir/> [krigen 28 april 2018].
  24. Shamus Rahman Khan, ‘The ease of mobility’, yn Thomas Birtchnell en Javier Caletrío (red.), Elite mobilities (Abingdon, UK / New York, NY: Routledge, 2014) 136-148, 146; sjoch ek ‘Shamus Rahman Khan describes life at St. Paul’s School’, Youtube, 28 septimber 2011 <https://www.youtube.com/watch?v=symFERJZGx0> [krigen 28 april 2018].
  25. Paula Wilson, ‘Reading is in decline: If not you, then who?’, Public Libraries Online, 20 jannewaris 2017 <http://publiclibrariesonline.org/2017/01/reading-is-in-decline-if-not-you-then-who/> [krigen 26 april 2018].
  26. Joseph Tabbi, ‘New media and its utility and liability for literature and for life’, Konferinsjestik op de International Workshop on Databases and Bibliographic Standards for Electronic Literature, 20 - 21 juny 2011 yn Bergen, Noarwegen, IV <http://www.remixthebook.com/new-media-its-utility-and-liability-for-literature-and-for-life> [krigen 26 april 2018].
  27. Sjoch Karen Swallow Prior, ‘The new, old way to tell stories: With input from the audience’, The Atlantic, 18 oktober 2013 <https://www.theatlantic.com/entertainment/archive/2013/10/the-new-old-way-to-tell-stories-with-input-from-the-audience/280682/> [krigen 26 april 2018].
  28. Anjel Lertxundi, ‘Conclusions from a small language: Some thoughts by a writer’, yn Council of Europe (red.), Minority language protection in Europe: Into a new decade (Strasbourg: Council of Europe Publishing, 2010) 199-207, 203.
  29. Heike Schaefer, ‘Poetry in transmedial perspective: Rethinking intermedial literary studies in the digital age’, Acta Universitatis Sapientae, Film and Media Studies 10 (2015) 169-182, 178 <https://doi.org/10.1515/ausfm-2015-0033>.
  30. Janez Strehovec, ‘The e-literary text as an instrument and a ride’, yn Marcel Cornis-Pope (red.) New literary hybrids in the age of multimedia expression: Crossing borders, crossing genres (Amstersdam / Philidelphia: John Benjamins, 2014) 340-356, 348-349.
  31. Joseph Tabbi, ‘New media and its utility and liability for literature and for life’, Konferinsjestik op de International Workshop on Databases and Bibliographic Standards for Electronic Literature, 20 - 21 juny 2011 yn Bergen, Noarwegen, IV <http://www.remixthebook.com/new-media-its-utility-and-liability-for-literature-and-for-life> [krigen 26 april 2018].

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.8, 22 april 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen VIII: Priismakelderij

image Fers2

Prizen hawwe altyd kontoversjeel west. Dat is logysk. As in ploech minsken oardielje moat oer de prestaasjes fan oare minsken, wurdt it al gau dizenich. Want immen betinkt fan tefoaren dat it wichtich is om eat te dwaan of te skeppen. Geandewei it wurk­proses hat er wurdearring krigen fan mei deselde matearje wrakseljende kollega’s, bewûndering fan syn perfeksjonistyske partner en filosofyske feedback fan beropsdeformearre keunst­resinsinten. Hoesa sille bûtensteanders him dan efterôf fertelle dat syn wurk it omtinken mear fertsjinnet as nea echt ferlykbere lyktidige prestaasjes en dat it dêrom in oarkonde, in bosk blommen en oersetten nei in echte taal wurdich is?

Mar de winner—stel, dy is in yntegere keunstner—rekket sa min mooglik by alle dizenigens belutsen as de sjuery profesjoneel is, dat wol sizze grut en breed genôch, mei algemien erkende saak­kundigens en fan tefoaren bekendmakke oan en goed berikber foar it publyk, en oardielet neffens profesjonele en transparante kritearia, as dy sjuery earlik is, dus gjin lobbyisten yn efter­keamerkes ûntfangt, en gjin ferburgen aginda hat en/want de priis net drinzge is yn polityk. De winner hat in priis fan net-kontroversjele wearde om te winnen as er net de iennichste of de iennichst kânsrike kandidaat is; yn dat ferbân is it apart dat de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) syn dichtersdebutantepriis net útrikte doet’t der net ien debutearjende dichter wie, mar wol doe’t der twa (2!) debutanten wiene. De winner kin in priis mei ûnbestriden earfolheid ferwachtsje as dy priis de iennichste yn syn soart is, it foardragen en útrikken fan de priis yn alle iepenbierens bart en de rige fan yllústere eardere winners stik foar stik ek bûten de priis har eksepsjonele prestaasjes sjen litten hawwe, op it mêd fan de priis wolteferstean.

Yn Fryslân binne aardich wat skimige, kontroversjele winners oan te wizen en benammen ûnearfolle. Want yn de lêste trije jier is nije Fryske literatuer publisearre fan mei-inoar—wy ha net lytsbernich west en chicklit en wannabee ek meiteld—36 skriuwers en dichters. Telle wy dêr noch de tydlik-ôfwêzige jonge heiten en karriêrefroulju en Jaap Krol by op, tsien persint sis mar, dan binne der fjirtich aktive Fryske literators. Wy fan Fers2-trendbehear suchtsje ferromme, it koe minder. Mar hoefolle prizen hat Fryslân wol net foar Frysktalige literatuer? De Fryske Ferhalewedstriid foar amateurs, de Rink van der Veldepriis foar ‘low literature’, de Douwe Tammingapriis foar gewoane debutanten, de Rely Jorritsma­priis foar seriële debutanten en de Gysbert Japicxpriis foar boeken en oeuvres fan bysûndere kwaliteit. Dat binne fiif prizen. Dis­proporsjoneel is it understatement fan it feestjier. Rikke alle sjuerys in platina, gouden, sulveren, oant en mei blikken trofee út dan ha wy hjir de Dodo bird verdict, “Everybody has won and all must have prizes”, makket net út oft de yn ’e kraach fette skriuwer eigentlik wol in priis ha wol.

Gjin priisbehearder tinkt der lykwols oer en docht suniger oan mei syn erkenningen en earbetoanen. Ferjit net dat de Slauerhoff­priis foar skoalbern der ek noch is, al is al lang bekend dat prizen bern earder ûnt- as oanmoedigje. Betink boppedat dat it absolút mooglik is om de Gysbert Japicxpriis twaris te winnen, dat is al trije kear bard, of sels om him trije kear te krijen; jo hoege dêr inkeld mar âld foar te wurden en jo boek te lansearjen yn in publikaasje-earme priisperioade. Oan de assosjaasje mei it priisisme fan de Sovjet Uny is hast net it ûntkommen. Held fan de Sovjet Uny, 12.755 kear útrikt en dêrfan 101 kear twaris, trije kear trijeris en twa kear fjouwerris; Held fan de Sosjalistyske Arbeid, 20.812 kear útrikt; Men Heldin, 454.142 kear útrikt—ho Afûk, ha wy no neat leard fan it burokratysk-autoritêr kommunisme: wêr bliuwt ús memmeliteratuerpriis?

Fansels spilet realpolitik mei. Trije literêre prizen binne oerheidsprizen, hielendal of (op papier) foar in part. Oerheden en har ynstellingen funksjonearje tsjintwurdich allegearre as ûndernimmingen en elke ûndernimming hat syn wall of fame mei in rige foto’s fan lju dy’t lytsere en gruttere súkseskes hellen en it potinsjeel fan har yndustry sjen litten ha. Dy earbetoanen kinne de wurkdrift fan it personiel oanpoene, mar benammen bestean se om klanten betrouwen yn te jitten yn de kwaliteit fan it produkt. Prizen binne sadwaande gjin eare op harsels mar se binne earfol yn it ljocht fan it mei-inoar bouwen fan it grandioaze bedriuw. It docht der dêrom ta dat der alle jierren nije portretten hingje, net wat de portrettearre persoan dêrfoar dien hat. Yn de measte gefallen wit er dat wol en triuwt er it lintjse yn ’e bûse en de blommen yn it jiskefet en giet nei hûs om netflix te sjen.

Normalisearring spilet ek in rol. De move fan literatuer­fuortsterkjen nei taalshow-organisaasje, fan stypjen fan kreatyf skriuwen nei boekjemarketing en fan Frysk fia meartaligens nei Achterhoeksk: ûngemurken gien, no de gewoanste saak fan ’e wrâld, wa kin him noch foarstelle dat tweintich jier lyn folkloare en provinsjalisme ferhune waarden. De Afûkdirekteur hat dêr in haadrol yn spile. Mar al krijt er aanst in gouden horloazje fan de kommissaris fan de Kening, normalisearjen, it automatysk tolerearre krijen fan earder ûnakseptabele attitudes en praktiken, giet maklik. Want as in feroaring net in sichtber min gefolch jout, lykas it ‘sjongende asfalt’ yn Jelsum mei syn traumatisearjende lûdsoerlêst, tinke minsken dat se dermei weikomme, dat it sa wol kin, dat it sa slim no ek wer net is, en litte har standert omdel gean, want minsken binne sljocht op gewoan. Nei wat ûngewoans wolle se sa gau mooglik werom nei de comfort zone fan it gewoane, wat har ree makket om wat net sa gewoan is mar foar gewoan te nimmen.

Dat ek de devaluaasje fan kreativiteit spilet mei. Kreatyf is kommen te betsjutten: it heljen fan in praktysk doel en it oars as oars útfieren fan de taak. Om teaterkaartsjes te ferkeapjen feroarje jo yn it Romeo + Julietdrama de Guelfi en Ghibellini yn Friezen en Poalen en voilà: kreatyf. Mar lykstellen fan de talinten fan útsûnderlik artistike minsken oan dat soart kreativiteit is ûntkennen fan de keunsten. Yn de keunst sit ‘kreatyf’ him yn yntellektuele arbeid, dissipline en artistyk en sosjaal engaazjemint. Gysbert-winner Eppie Dam syn oeuvre lit in kategoarysk oar soart kreativiteit sjen as de mei de Gysbert-Japicxpriis bekroande detective fan Koos Tiemersma. Har beide deselde priis ta te kennen is it honorearjen fan midsmjittigens. De—hypotetyske yntegere—keunstner sil de Gysbert net mear ha wolle.

Mar dêr is wat op fûn: trije Fryske literêre prizen sille regele wurde troch ien klup! De stifting FLMD wie al eigner fan de Douwe Tammingapriis en hat it behear derby krigen oer de Rely Jorritsma­priis (yn eigendom fan de gemeente Ljouwert) en de Rink van der Veldepriis (fan de gemeente Smellingerlân). Unbekend is oft de stifting de Rely- en Rinktradysje fuortsette sil om sjuerys gear te stallen út lju fan wa’t de ekspertise nea oan it ljocht brocht is. Foar de Rely komt der lykas earder in “ûnôfhinklike sjuery”, seit de FLMD-side, as wie de mooglikheid fan in ôfhinklike sjuery oertocht mar fersmiten, om in tûzen europriis ta te kennen oan in like elastysk tal dichters as skriuwers, ien oant fiif; de ratio derefter sil wêze dat elk sjuerylid in winner oanwiist, dat skeelt moai wat praterij. De stifting easket foar meidwaan oan ’e Rely net dat it ynstjoerde wurk fan de ynstjoerder sels is—in oar syn wurk mei ek—mar wol, tink derom Apple-brûkers, dat it Microsoft sponsorret, “It ferhaal of gedicht moat skreaun wurde yn Word.” Hoe’t se de Rink, 2000 euro en de priis mei de meast ûn­trochsichtige útferkiezing nei de Grammy, tenei takenne sille, wit gjinien en docht der net ta. Want dit jier is, sa’t sels Piter Boersma yn syn foaropwurd fan de nije Ensafh sinjalearret, inkeld Willem Schoorstra in gadingmakker.

Oei. Stifting FLMD hat al ris in priis net útrikt. It oare jier ha se him hurd wer jûn, ek al foel der neat te winnen. Slimmer noch as gjin kandidaat is opfolkandidaten dy’t der foar de skyn by sitte om’t har wurk al al earder bepriizge is; se binne de keizels yn ’e soepele priismasinery. Dêrom hat stifting FLMD it hiele idee ferlitten fan de priis as skeppen fan in kompetityf, oanmoedigjend, Fryslân op de kaart settend—priiskultuer as nation-building—en talint fan eigen boaiem kweekjend, op persoanlike prestiizje rjochte, materialistysk, ta mear en better opswypkjend, ynklausk, ynskiklik—skriuwe ‘yn de geast fan Rink’ = kassa—of ta plagiaat útnoegjend, fraude yn ’e hân wurkjend, oan de betjutting fan keunst domwei foarbygeand klimaat. Freegje tenei stifting FLMD net wat de priis dwaan kin foar de skriuwer; freegje wat de skriuwer dwaan kin foar de priis.

Yn in wol-orkestrearre distribúsje fan prizen om yn alle gefallen it Fryse priiskwotum te heljen is de stifting FLMD de priismakelder dy’t in konstante stream letteren nei de Gysbert Japicxpriis ta dirigearret en in egale tekken fan jild en fyftjin minuten rom en oare stilhâlderkes oer it literêre fjild hinne flijt. Want prizen binne steefêst in foarm fan selsfelisitaasje en hast neat makket in slûf oerlangjende machthawwer sa minsklik as lige fan “I love to read. I don’t get to read much.” Gjin—hypotetysk yntegere—skriuwer dy’t aanst oan ûntkomme kin oan it yn ’e hichte stekken fan de priis­útrikker en syn rezjym. Mar in lêste ûnkompromittearre Gysbert winne kin no noch krekt, foar’t stifting FLMD de hân derop leit, dus hup Aggie, drave!

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.7, 8 april 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen VII: Blame Amelân!, of

‘fossylfrij’ is bûter op ’e oerheidshollen

image Fers2

In 2030 fossielvrij zijn.” Fossylfrij wêze. Net beskiedener klinkend (mar likegoed oan no ta mislearre): fossylfrij ferfiere, ûndernimme of pinsjoenfûnsynvestearje. Ek net it oeral sosjaal yn capslock dielde libje fossylfrij fluch/hjoed/no, nee noch tolve jier te gean (mar wêrom 12?). En perfoarst net fossylfrij as politike kwestje, mar as de twadde natuer fan Fryskpraters lykas wy, fossilen per se. Dus wis wiene wy benijd nei wat it wie om fossylfrij te wêzen yn 2030. Mar reality meidwaan oan ’e gearkomste fan “bedriuwen, bestjoerders en entûsjastelingen”‘Fossielvrij Fryslân: “In 2030 fossielvrij zijn”’, Omrop Fryslân, 3 maart 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/702658-fossielvrij-fryslan-2030-fossielvrij-zijn> [krigen 31 maart 2018]. dêroer, yn Ljouwert, koe net want wy hawwe krekt besletten om ús reizgjen te beheinen ta it needsaaklike. Firtueel oanheakje koe ek net want in life stream-ke hiene de entûsjastelingen ensf. net om tocht. Hjir dus in ferslach fan in mist barren.

“Een groep studenten van de NHL gaf het startschot voor de actie “Fryslân fossielvrij””, sei Omrop Fryslân in jier lyn.‘Fossielvrij Fryslân: “In 2030 fossielvrij zijn”’, Omrop Fryslân, 3 maart 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/702658-fossielvrij-fryslan-2030-fossielvrij-zijn> [krigen 31 maart 2018]. Dat wie net hielendal wier. “Een idee van onze eigen Friese jeugd,” seit de kulturele haadstêdreklame.‘Fossylfrij Fryslân’, Friesland Style, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/programma/fossylfrij-fryslan> [krigen 31 maart 2018]. Dat is hielendal net wier. It wie Bouwe de Boer, Neuro Linguistic Programming-trener—jo witte wol, de yndustry fan kwasyreligieuze selstransformaasje fan Emile Ratelband en Terror Jaap út de TalpaTV-show De Gouden Koai—en enerzjygoeroe mei tsientallen fideo’s op Make money from home - Start making your own internet bussines today! Be your own boss! Join our website and start learn HOW! - Speed Wealthy.<https://speedwealthy.com/search/bouwe-de-boer> [krigen 31 maart 2018]. Dy De Boer begûn en dinderet troch, tsjakka!, nei syn persoanlike doel “dat iedereen in Fryslân in de eerste twee weken van juli 2018, het jaar dan Leeuwarden culturele hoofdstad van Europa is, geen gebruik maakt van vervoer dat rijdt op fossiele brandstof.”‘Fossielvrij Fryslân: “In 2030 fossielvrij zijn”’, Omrop Fryslân, 3 maart 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/702658-fossielvrij-fryslan-2030-fossielvrij-zijn> [krigen 31 maart 2018]. Jo koene lid wurde fan ’e klup dy’t troch in lúm fan it lot Fossylfry Fryslân kaam te hjitten: “Er wordt wel enig commitment en een kleine financiële bijdrage gevraagd, maar ik ben ervan overtuigd dat het je veel gaat opleveren.”‘Word ook Freon fan Fossylfry Fryslân!’, Dzyzzion, 24 maart 2016 <http://www.dzyzzion.nl/single-post/2016/03/24/Word-ook-Freon-fan-Fossylfry-Frysl%C3%A2n> [krigen 31 maart 2018]. Us kursyf.

Sa waard Fryslân Fossylfrij in projekt fan it kulturele haadstêd­evenemint. “Heel Fryslân verplaatst zich zonder ook maar een druppel diesel of benzine te verbruiken. Elektrische taxi’s en boten, Segways, groengasbussen en e-bikes zullen het verkeers­beeld bepalen.”‘Fossylfrij Fryslân’, Friesland Style, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/programma/fossylfrij-fryslan> [krigen 31 maart 2018]. Prachtich! Yn Amsterdam bepale fytsers it ferkear en dat wurdt mei mingde gefoelens oanskôge, want oan fytsers en kuierders falt gjin sint te fertsjinjen. De beskiedende betingst fan in grien business plan is dat it ekonomysk libbensfetber is; ekologyske sûnens moat yn it alderearste plak ferkocht wurde.Thomas H. Tietenberg en Lynne Lewis, Environmental and natural resource economics, 9e útj. (Boston ensf.: Pearson, 2012) 10. Kategoaryske duorsumens, dus nihil fergrieme wolle, ek gjin griene enerzjy, is eat dat de potinsjele konsumint op alle manieren út de holle praat wurde moat. In lytse gemeente as Achtkarspelen krijt jiers wol 100.000 euro dividind út syn minder as twa persint oandielen fan it enerzjybedriuw Eneco, dat tusken de 2,5 en 4 miljard wurdich is.Wilbert Elting, ‘Waarom verkopen gemeenten hun Eneco-aandelen? (Of juist niet)’, Leeuwarder Courant, 6 oktober 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Waarom-verkopen-gemeenten-hun-Eneco-aandelen-Of-juist-niet-22511544.html> [krigen 31 maart 2018]. Dat wêrom de oandielen ferkeapje, ek al is Eneco minder skjin is as it seit te wêzen.Peter van der Wilt, ‘De beste energieleverancier’, De Consumentenbond, 14 novimber 2017 <https://www.consumentenbond.nl/energie-vergelijken/beste> [krigen 31 maart 2018].

Doe’t Fryslân noch dividind krige út syn absolút net duorsume gas&ljochtbaten, fan Nuon dy’t in grutte fersmoarger is en, hûndert kear leaver as sinne- en ierdwaarmte te distribuearjen, CO2-kompinsaasje betellet oan for profit-bedriuwen dy’t beammen yn fiere bûtenlannen plantsje of CO2-krediten ferhannelje op de emissymerk, doe mochten wy Friezen de enerzjy dertroch jeie as kaam der gjin ein oan. Noch altyd twingt neat de ferhierder om dûbeld glês te pleatsen yn ús went yn Aldsyl. De Ljouwerter oerheid stiet syn horeka ûnbeheind de enerzjysloarpjende terras­ferwaarming ta—tegearre mei airco fijân nûmer ien fan duorsumens, benammen om’t er de boarger it ferkearde sinjaal jout: de ferkeap fan terrasferwaarmers foar thús is o sa omheech gien. Gjin Fryske literator dy’t syn noed blike lit mar it CBS lit sjen dat yn Nederlân de Friezen sawat it measte gas brûke.‘Grote regionale verschillen in aardgasverbruik’, CBS, 27 febrewaris 2018 <https://www.cbs.nl/nl-nl/achtergrond/2018/09/grote-regionale-verschillen-in-aardgasverbruik> [krigen 31 maart 2018]. “De echte groot­verbruikers wonen op Ameland. Daar werd in 2016 gemiddeld 1840 m3 gas verstookt.”Wilbert Elting, ‘Kaart: Waar in Friesland wordt het meeste gas verstookt?’, Leeuwarder Courant, 2 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Kaart-Waar-in-Friesland-wordt-het-meeste-gas-verstookt-22959804.html> [krigen 31 maart 2018]. Aha: Unesco-Waadsee wrâlderfskip, mar wol de Parise klimaatakkoarten brekke. Blame Amelân!

Tink net dat ús oerheid ea ferstannich omgie mei syn gas.Vrijdenker, ‘Dutch disease en hoe Nederland de gasbaten verkwanselde’, Wetenschap, 15 juny 2009 <https://wetenschap.infonu.nl/onderzoek/37792-dutch-disease-en-hoe-nederland-de-gasbaten-verkwanselde.html> [krigen 31 maart 2018]; Robert Giebels, ‘Waar is de 500 miljard uit de Groningse gasbel gebleven?’, de Volkskrant, 17 jannewaris 2014 <https://www.volkskrant.nl/politiek/waar-is-de-500-miljard-uit-de-groningse-gasbel-gebleven~a3579125/> [krigen 31 maart 2018]; Herman Damveld, ‘Regering en NAM verdienen ruim 400 miljard euro aan aardgas’, Co2ntramine, 23 septimber 2016 <www.co2ntramine.nl/regering-en-nam-verdienen-ruim-400-miljard-euro-aan-aardgas/> [krigen 31 maart 2018]; ‘Wat heeft Nederland aan al dat gas verdiend en wat willen partijen nu?’, NOS, 1 maart 2017 <https://nos.nl/artikel/2160767-wat-heeft-nederland-aan-al-dat-gas-verdiend-en-wat-willen-partijen-nu.html> [krigen 31 maart 2018]. Op 22 july 1959 waard op it lân fan Kees Boon, yn ’e buert fan Slochteren, ien fan de kolossaalste gasfjilden op ierde. Boon fertsjinne der neat oan, de Mynwet fan 1810 ferhindere dat. De Nederlânske oerheid krige it aldergrutste part fan ’e gasbaten. Dy wiene ûnfoarstelber. Hie der, nei Noarsk model, in steatsfûns foar it gas kommen dan hie dat no 350 miljard euro wurdich west,J. Verhulst et al., Besteding van aardgasbaten: feiten, cijfers en scenario’s (De Haach: Algememe Rekenkamer, 2014) 29. dêr’t Nederlân jiers maklik 13 miljard oan ûntlûke koe, faaks oant it ein fan ’e tiden, foar it wolwêzen fan de takomstige generaasjes. Mar de sunige minister fan Finânsjes Jelle Zijlstra besleat yn 1960 tsjin in belizzingsfûns foar bysûndere doelen. Fan it kabinet Den Uyl ôf, begjin santiger jierren, permitearre Nederlân him in lúkselibben. Dêr moast de gasferkeap op oanpast wurde: yn de jierren tachtich besloegen de gasbaten tweintich persint fan de ryksynkomsten. Yn ’95 kaam der dan in fûns, foar ynfrastruktuer, mar dêr waard yn fyftich jier tiid mar 15,4 persint fan it gasjild oan bestege, ûnder mear oan flopte djoere projekten lykas de Betuweline en Hege­snelheidsline, en de measte projekten droegen hielendal net by oan maatskiplike wolfeart. Yn 2009 tocht de NAM dat krekt sa’n 60 persint fan it gas wûn wie en Nederlân noch 25 jier lang by ’t soad hie, as hie net al op 26 desimber 1986 de earste fan in lange rige gasboaring-ierdbevingen Noard-Nederlân troffen. De kassa rinkele troch. Yn 2016 skatte de NAM dat der noch mar 26 persint gas oer wie; 2013 hie in hiel lukratyf jier west. Nederlân stoppet it gaswinnen krekt yn 2030—aha, dêr komt De Boer syn magysk jiertal wei: fossylfrij te ferkeapjen giet stikken makliker is der gjin gas mear is.

Fryslân krijt ien persint fan de gasbaten. As de NAM yn 2012 in grut gasfjild fynt by Ee en de demisjonêre Ekonomyminister op in keamerfraach anderet dat de fynplakken miskien wol mear profitearje meie fan it gas, stroffelje de happigen oerinoar hinne. De FNP easket op syn minst tsien persint fan de lokale gasbaten foar Fryslân, de PVV hûndert. Deputearre Poepjes wol har foar it al gasjild ynsette foar “it welfaren fan de provinsje Fryslân”,‘GrienLinks: “Opeisen gasbaten is onzin”’, Grienlinks Statenfractie Fryslân, 30 jannewaris 2012 <http://www.grienlinks.nl/2012/01/30/grienlinks-opeisen-gasbaten-is-onzin/#more-3389> [krigen 31 maart 2018]. Fryske-autonomystriders sjogge de ekonomybetingst hast foldien, neffens Hans van der Heijde syn De republyk stiet de Fryske beweging klear om fan de gasbaten wapens te keapjen. Mar it feest giet net troch. En wilens wiene ek de Nuonjilden fan de provinsje Fryslân yn reek opgien.

Op tiisdei 16 juny 2009 besletten Deputearre Steaten fan Fryslân ta de ferkeap fan de provinsjale oandielen by enerzjy­produsint en -leveransier Nuon. Krekt derfoar, op deselde dei, hie Provinsjale Steaten al tastimming jûn. It Sweedske enezjybedriuw Vattenfall kocht de Nuon op, Fryslân hie 12,5 persint fan de oandelen fan Nuon en soe 1,3 miljard fertsjinje oan de oername troch Vattenfall. De provinsje woe dat jild duorsum beheare. De opbringsten fan it behear, i.e. de ynkomsten út it enoarme fermogen foar in lytse provinsje, de gigantyske rinte,Bram Logger en Parcival Weijnen, ‘Gratis geld’, De Groene Amsterdammer 39 (2016), 28 septimber 2016 <https://www.groene.nl/artikel/gratis-geld--2> [krigen 31 maart 2018]. soe it kolleezje jierliks ynfestearje yn de Fryske minksen, sei deputearre fan Miljeu Sjoerd Galema: “Het geld moet op een structurele manier renderen ten gunste van de Fryske mienskip.”‘Nuon wordt Vattenfall’, Persbureau Ameland, 16 juny 2009 <https://www.persbureau-ameland.nl/nuon-wordt-vattenfall-> [krigen 31 maart 2018]. Dêr wie al it populisme wol ûnder te beflappen.

Earst stiet it jild stiltsjes op in bankrekken. Belizze mei net fan de Wet Fido. De provinsje hie it jild tydlik útsette kinnen yn obligaasjes om it te fermearderjen, mar dat diene se net. Dus yn 2013—wilens is der in nij provinsjebestjoer—is der noch 1,1 miljoen oer. Dan komt de wet Hâldberens Oerheidsfinânsjes. Dy stelt legere oerheden mei-oanspraaklik foar it Nederlânske finansierings­tekoart, mei in boeteregeling foar de desintrale oerheden as dy de tekoartnoarm fan de wet skeine. Sparjild moat no op in rekken fan it ministearje fan Finânsjes, mei nul persint rinte.‘Nul procent rente op NUON-reserve’, Leeuwarder Courant, 13 febrewaris 2015 <http://www.lc.nl/archief/Nul-procent-rente-op-NUON-reserve-20901932.html> [krigen 31 maart 2018]. Nei 2017 soe de provinsje de Nuonreserve minder hurd útjaan kinne, warskôget deputearre Jannewietske de Vries.‘Friesland steekt deel Nuon-opbrengst in economie’, NU.nl, 3 maart 2013 <https://www.nu.nl/economie/3360785/friesland-steekt-deel-nuon-opbrengst-in-economie.html> [krigen 31 maart 2018]. Om finansjele frije romte te skeppen betellet de provinsje yn ien klap de âlde skulden fan ynfrastrukturele projekten ôf.De provinsje besteget 500 miljoen fan de Nuon-reserve oan it ôflossen fan skulden. ‘Provincie Fryslân investeert 438 miljoen euro in 2017’, Omrop Fryslân, 23 septimber 2016 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/668501-provincie-fryslan-investeert-438-miljoen-euro-2017> [krigen 31 maart 2018]. Foar de besteging fan de Nuon-miljoenen dy’t noch oer binne, meie yn de simmer fan 2013 oerheden, bedriuwen, organisaasjes en boargers ideeën nei deputearre De Vries opstjoere.

In hiel soad fan de binnenkommende ideeën gean oer kultuer en rekreaasje. “De Vries maakt hieruit op dat in deze sector veel behoefte is aan provinciale steun”, mar docht neat. Want de provinsje ûndersiket oft de ideeën wol oan de kritearia foldogge: “Zo moeten de projecten blijvend de Friese samenleving versterken.”‘Meer dan genoeg ideeën voor Nuon-pot’, Friesch Dagblad, 6 juli 2013 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=64650> [krigen 31 maart 2018]. Yn 2013 wie blykber, want de ideeën wurde net honorearre, kultuer & rekreaasje noch net automatysk ‘bliuwende mienskipsfuortsterking’. Boppedat hie de kandidatuer foar de kulturele haadstêdtitel mear as in miljoen koste.Roel Leers, ‘Kosten meedingen Culturele Hoofdstad ’18 buitenproportioneel hoog’, HartLeers, 28 septimber 2012 <http://hart-leers.nl/kosten-meedingen-culturele-hoofdstad-18-buitenproportioneel-hoog/> [krigen 31 maart 2018]. Ek is in doelstelling dat Fryslân de ynnovaasjegraad opskroeft nei boppe it lanlik trochsneed. De ynstream fan skoalbern yn heger ûnderwiis moat fan 30, “De provincie gaat de effecten bijhouden”, nei 36 persint—in sifer dat dan al út himsels omheech giet, dêrby holpen troch de hege jeugdwurkleazens dy’t it langer nei skoalle ta motivearret.‘Meer dan genoeg ideeën voor Nuon-pot’, Friesch Dagblad, 6 juli 2013 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=64650> [krigen 31 maart 2018]; Centraal Bureau voor de Statistiek, ‘Steeds meer jongeren volgen hoger onderwijs’, CBS, 27 juny 2011 <https://www.cbs.nl/nl-nl/nieuws/2011/26/steeds-meer-jongeren-volgen-hoger-onderwijs> [krigen 31 maart 2018]. “Stek it Nuon-jild yn enerzjy,” sjongt Bouwe de Boer.‘“Steek NUON-geld in energie”’, Omrop Fryslân, 16 april 2013 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/239042-steek-nuon-geld-energie> [krigen 31 maart 2018]. Nee, seit deputearre De Vries. Want: “Je ziet hier overal bedrijven omvallen.”‘Friesland steekt deel Nuon-opbrengst in economie’, NU.nl, 6 maart 2013 <https://www.nu.nl/economie/3360785/friesland-steekt-deel-nuon-opbrengst-in-economie.html> [krigen 31 maart 2018]. Oars as alle oare provinsjes komt Fryslân min út de finansjele crash fan 2008. Noch yn 2014 hie der in ekonomyske krimp west, fan 0,4 persint, hie provinsje net syn gaswinning hân dy’t in groei jout fan 0,3 persint.‘Gaswinning voorkomt krimp Friese economie’, Fryslan1, 17 desimber 2015 <http://www.fryslan1.frl/2015/12/17/friesland-onderaan-met-economische-groei/> [krigen 31 maart 2018]. Earder wie it noch dramatysker; yn 2012 helle it tal bedriuwen dat fallyt giet de 52 persint.

It Nuon-jild sil dêrom brûkt wurde om banen te skeppen. Dy neoliberale oanpak—skop se nei de arbeidsmerk—lost lykwols it probleem net op, seit de direksjefoarsitter fan Kredytbank Nederlân. “Het echte probleem van de crisis zit natuurlijk bij de banken, de bouw en de woningmarkt.” De gewoane banken wolle der net oan, dus krijt Kredytbank hieltyd faker de fraach om in trochstartend bedriuwke fan fallisemint te rêden, mar dy mist it jild foar de finansiering fan ûndernimmingen mei takomst. As de provinsje de Kredytbank in liening jout, “dan gaan wij ervoor zorgen dat kleine bedrijven door kunnen gaan met ondernemen en dat Friezen meer woningen gaan kopen en bouwen.Ger Jaarsma (Direksjefoarsitter Kredytbank Nederlân), ‘Leen Kredietbank deel NUON-gelden’, Kredietbank Nederland, 5 april 2013 <https://www.kredietbanknederland.nl/nieuws/Leen-Kredietbank-deel-NUON-gelden> [krigen 31 maart 2018]. Mar sa’n ferhaal is fierstente solide. De provinsje slacht werom mei it stimulearringsprogramma ‘Wurkje foar Fryslân’ dat inte is op in popkultureel en al 33 jier passé marketingkonsept:

Vooral door technologische ontwikkelingen vervaagt de aloude grens tussen consument en producent steeds meer. De prosument komt op. Een prosument is een consument die invloed heeft op de totstandkoming van het product dat hij consumeert, en als het ware producent en consument tegelijk is. … Een voorbeeld van een bedrijf dat de consument tot producent maakt is het Amerikaanse Quirky. Ook is in de Verenigde Staten de eerste auto geprint.

Op termijn kan 3D printing een deel van het transport vervangen. De binnensteden zullen hier gevolgen van ondervinden. Autonoom goederenvervoer levert de grondstoffen voor 3D printen thuis.‘Opkomst van de prosument’, Provinsje Fryslân, g.d. <https://informatiedossier-fryslan.nl/trends/economie/opkomst-prosument/> [krigen 31 maart 2018].

Om duorsumens giet it net. Plestik dat brûkt wurdt foar 3D-printsjen is lang net altyd duorsum, akrylonitril-butadieen-styreen is dat beslist net. Ek as de printe auto in elektryskenien is wurdt dy elektrisiteit opwekt út fossile stoffen. Nei Wurkje foar Fryslân giet 180 miljoen fan it Nuon-jild. Dêrfan is 10 miljoen foar it befoar­derjen fan eksport. Eksport is sa’t jo witte maklik; it duorsum te krijen is hiel dreech oant ûnmooglik. Mar hoe’t it ôfrûn is ûnbekend want de Wurkje foar Fryslân-“pagina is helaas niet (meer) beschikbaar.”Wurkje foar Fryslân <https://www.fryslan.frl/wurkjefoarfryslan> [krigen 31 maart 2018]. 140 Miljoen giet op oan “urginte” ynfestearringen lykas de bou fan in universiteits-‘campus’.‘Provincie Fryslân wil Friese export stimuleren’, Balkster Courant, 17 oktober 2014 <https://balkstercourant.nl/2014/10/17/provincie-frysln-wil-friese-export-stimuleren> [krigen 31 maart 2018]. En de provinsje ferminderet de opsinten foar de moterreaubelesting foar 270 miljoen.‘Friese wegenbelasting fors omlaag’, NOS, 17 desimber 2015 <https://nos.nl/artikel/2075703-friese-wegenbelasting-fors-omlaag.html> [krigen 31 maart 2018]. “[Deputearre] De Rouwe vindt niet dat de provincie geld over de balk heeft gegooid.”‘Nuon-gelden provincie drogen snel op’, Friesch Dagblad, 24 septimber 2016 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=71875> [krigen 31 maart 2018].

In pear wiken lyn krige de provinsje de kâns om syn gewisse skjin te poetsen. Vattenfall, it bedriuw dêr’t Fryslân syn Nuon-oandielen oan ferkocht—de namme betsjut wetterfal mar lit jo net meislepe yn ’e romantyk want fan de jierren 1970 ôf dogge se in soad kearnenerzjy—soe in knikje minder fersmoargjend wurden wêze.Lars-Magnus Kihlström, ‘Positief resultaat voor Vattenfall in 2017’, News from Vattenfall, 7 febrewaris 2018 <https://news.vattenfall.com/nl/article/positief-resultaat-voor-vattenfall-2017> [krigen 31 maart 2018]. Vattenfall is foar hûndert persint yn eigendom fan de Sweedske steat, it hat tûken yn Sweden, Finlân, Poalen, Dútslân, Denemarken, it Feriene Keninkryk en Nederlân. It is in machtige ûndernimming. Doe’t de winst negatyf waard troch lege stroom­prizen en btw op kearnenerzjy drige Vattenfall ienfâldich de ûnrindabele kearnsintrales te sluten en Sweden skraste de btw. Yn 2016 die Vattenfall Dútslân in proses oan om it Dútske beslút om syn kearnenerzjy flugger ôf te bouwen, mei in skea-eask fan 4,7 miljard. Yn maaie 2009 wûn Vattenfall de Climate Whitewash Award foar bedriuwen dy’t earder de klimaatferoaring ûntkenden en har dan opsmite as griene helden, foar

its mastery of spin on climate change, portraying itself as a climate champion while lobbying to continue business as usual, using coal, nuclear power, and pseudo-solutions such as agrofuels and carbon capture and storage.‘Climate Greenwash winner revealed’, Corporate Europe Observatory, 24 maaie 2009 <https://corporateeurope.org/pressreleases/2009/climate-greenwash-winner-revealed> [krigen 31 maart 2018]. Sjoch ek Pao-Yu Oei, Felix Reitz en Christian von Hirschhausen, Risks of Vattenfall’s German lignite mining and power operations - Technical, economic, and legal considerations (Hamburg: Greenpeace, 2014) <https://www.greenpeace.de/files/publications/vattenfall_risky_business_23092014.pdf> [krigen 31 maart 2018].

Twa moannen letter ferkeapet de provinsje Vattenfall syn oandielen, dêr’t se it griene karakter fan priizgje. Dy stap is noch nuverder om’t efkes foar’t Vattenfall syn ynteresse yn Nuon bekendmakke it Dútske enerzybedriuw RWE in bod dien hie op Essent, mar De Haach de legere oerheden dy’t Essent-oandiel­hâlders wiene mei klam ûntriedt dêrop yn te gean, want RWE wie o sa smoarch.Michael Persson, ‘Nuon kiest voor ‘groene’ Vattenfall’, de Volkskrant, 23 februari 2009 <https://www.volkskrant.nl/economie/nuon-kiest-voor-groene-vattenfall~a315110/> [krigen 31 maart 2018]. “Vattenfall en Dong zijn milieuvriendelijk,” seit professor enerzjymerkregulearring Annelies Huygen yn deiblêd Trouw, “Dong is gespecialiseerd in windenergie. Bovendien ontberen deze bedrijven een machtspositie op het Europese vasteland. Dat is een groot voordeel.”Annelies Huygen, ‘Wat is er zo goed aan overname van Essent door RWE?’, Trouw, 20 jannewaris 2009 <https://www.trouw.nl/home/wat-is-er-zo-goed-aan-overname-van-essent-door-rwe-~a7a4f08d/> [krigen 31 maart 2018]. Dat is ûnsin: Dong wûn it tredde plak op de Climate Whitewash Award 2009, fuort nei Shell, en Vattenfall blies tagelyk mei syn griene ambysjes syn Europeeske ambysje eksplisyt op: “creating Europe’s largest producer of offshore wind power.”Catherine Hornby en Quentin Webb, ‘Vattenfall to buy Nuon unit for $13.3 billion’, Reuters, 23 febrewaris 2009 <https://www.reuters.com/article/us-nuon-vattenfall/vattenfall-to-buy-nuon-unit-for-13-3-billion-idUSTRE51M3AX20090223> [krigen 31 maart 2018]. De Sosjalistyske Partij makket dalik dúdlik dat fjouwer fan de tritich Vattenfall-sintrales yn de Dirty Thirty fan it Wrâldnatuerfûns stiene en it NRC skriuwt dat it oanpart duorsume enerzjy fan Vattenfall op 1,5 persint stiet, njonken 3 persint fan RWE.Marcel aan de Brugh, ‘Verkoop energiesector lijkt niet te keren’, NRC, 24 febrewaris 2009 <https://www.nrc.nl/nieuws/2009/02/24/verkoop-energiesector-lijkt-niet-te-keren-11688434-a834158> [krigen 31 maart 2018]; Mark van Baal, ‘Zweed met een luchtje’, FEM, 20 juny 2009, 12-14. Uteinlik bliuwe twa redenen oer om yn see te gean mei it rücksichtlose Vattenfall: de gigantyske som jild en de eangst dat de oandielen neat mear wurdich wêze soene as it gas oprekke. Dat is genôch om alle moraal fleane te litten.

Hoefolle bûter hawwe jo dan wol net op jo holle as jo no de boarger freegje om fossylfrij te ‘wêzen’. De neoliberale oerhearskings­meganismen, basearre op—it Kyotoprotokol syn trúk fan—de frije en apolitike ynset fan de boarger foar nommele doelen, nei’t morele moaipraat alle demokratyske wjerstân delbêde hat, binne al sa faak kritisearre. Want as iepenbier belied rjochte op ‘konsuminterasjonaliteit’ al liedt ta duorsum gedrach, hoe soe, sjoen de urginsje fan de klimaatproblematyk, de yndividuele boarger ea de wrâld rêde kinne? It ynternet stiet fol mei duorsumenseksperiminten fan idealisten. In freon besocht om yn Nederlân in wike plestikfrij—foar alle dúdlikens: plestik wurdt makke fan ierdoalje en ierdoalje is in fossile stof—te libjen: ûnmooglik. De slachter it fleis ynpakke litte yn papier slagget wol mar jo kinne de drogist net shampoo yn in kopke taapje litte. Wat fossylfrij reizgjen oangiet, Fryslân hat, foar in proefperioade fan in jier, fjouwer (4!) biogasbussen.‘Schonere Volvo-bussen voor Arriva in Noord-Nederland’, Ovpro, 1 febrewaris 2018 <https://www.ovpro.nl/bus/2018/02/01/schonere-volvo-bussen-voor-arriva-in-noord-nederland/> [krigen 31 maart 2018]. Elektryske boaten, fytsen, segways, taksys en neam mar op rinne op stroom. Stroom wurdt yn Nederlân hast altyd makke fan… gas! Wy geane nei it Amelân.

Noaten

  1. ‘Fossielvrij Fryslân: “In 2030 fossielvrij zijn”’, Omrop Fryslân, 3 maart 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/702658-fossielvrij-fryslan-2030-fossielvrij-zijn> [krigen 31 maart 2018].
  2. ‘Fossielvrij Fryslân: “In 2030 fossielvrij zijn”’, Omrop Fryslân, 3 maart 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/702658-fossielvrij-fryslan-2030-fossielvrij-zijn> [krigen 31 maart 2018].
  3. ‘Fossylfrij Fryslân’, Friesland Style, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/programma/fossylfrij-fryslan> [krigen 31 maart 2018].
  4. <https://speedwealthy.com/search/bouwe-de-boer> [krigen 31 maart 2018].
  5. ‘Fossielvrij Fryslân: “In 2030 fossielvrij zijn”’, Omrop Fryslân, 3 maart 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/702658-fossielvrij-fryslan-2030-fossielvrij-zijn> [krigen 31 maart 2018].
  6. ‘Word ook Freon fan Fossylfry Fryslân!’, Dzyzzion, 24 maart 2016 <http://www.dzyzzion.nl/single-post/2016/03/24/Word-ook-Freon-fan-Fossylfry-Frysl%C3%A2n> [krigen 31 maart 2018]. Us kursyf.
  7. ‘Fossylfrij Fryslân’, Friesland Style, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/programma/fossylfrij-fryslan> [krigen 31 maart 2018].
  8. Thomas H. Tietenberg en Lynne Lewis, Environmental and natural resource economics, 9e útj. (Boston ensf.: Pearson, 2012) 10.
  9. Wilbert Elting, ‘Waarom verkopen gemeenten hun Eneco-aandelen? (Of juist niet)’, Leeuwarder Courant, 6 oktober 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Waarom-verkopen-gemeenten-hun-Eneco-aandelen-Of-juist-niet-22511544.html> [krigen 31 maart 2018].
  10. Peter van der Wilt, ‘De beste energieleverancier’, De Consumentenbond, 14 novimber 2017 <https://www.consumentenbond.nl/energie-vergelijken/beste> [krigen 31 maart 2018].
  11. ‘Grote regionale verschillen in aardgasverbruik’, CBS, 27 febrewaris 2018 <https://www.cbs.nl/nl-nl/achtergrond/2018/09/grote-regionale-verschillen-in-aardgasverbruik> [krigen 31 maart 2018].
  12. Wilbert Elting, ‘Kaart: Waar in Friesland wordt het meeste gas verstookt?’, Leeuwarder Courant, 2 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Kaart-Waar-in-Friesland-wordt-het-meeste-gas-verstookt-22959804.html> [krigen 31 maart 2018].
  13. Vrijdenker, ‘Dutch disease en hoe Nederland de gasbaten verkwanselde’, Wetenschap, 15 juny 2009 <https://wetenschap.infonu.nl/onderzoek/37792-dutch-disease-en-hoe-nederland-de-gasbaten-verkwanselde.html> [krigen 31 maart 2018]; Robert Giebels, ‘Waar is de 500 miljard uit de Groningse gasbel gebleven?’, de Volkskrant, 17 jannewaris 2014 <https://www.volkskrant.nl/politiek/waar-is-de-500-miljard-uit-de-groningse-gasbel-gebleven~a3579125/> [krigen 31 maart 2018]; Herman Damveld, ‘Regering en NAM verdienen ruim 400 miljard euro aan aardgas’, Co2ntramine, 23 septimber 2016 <www.co2ntramine.nl/regering-en-nam-verdienen-ruim-400-miljard-euro-aan-aardgas/> [krigen 31 maart 2018]; ‘Wat heeft Nederland aan al dat gas verdiend en wat willen partijen nu?’, NOS, 1 maart 2017 <https://nos.nl/artikel/2160767-wat-heeft-nederland-aan-al-dat-gas-verdiend-en-wat-willen-partijen-nu.html> [krigen 31 maart 2018].
  14. J. Verhulst et al., Besteding van aardgasbaten: feiten, cijfers en scenario’s (De Haach: Algememe Rekenkamer, 2014) 29.
  15. ‘GrienLinks: “Opeisen gasbaten is onzin”’, Grienlinks Statenfractie Fryslân, 30 jannewaris 2012 <http://www.grienlinks.nl/2012/01/30/grienlinks-opeisen-gasbaten-is-onzin/#more-3389> [krigen 31 maart 2018].
  16. Bram Logger en Parcival Weijnen, ‘Gratis geld’, De Groene Amsterdammer 39 (2016), 28 septimber 2016 <https://www.groene.nl/artikel/gratis-geld--2> [krigen 31 maart 2018].
  17. ‘Nuon wordt Vattenfall’, Persbureau Ameland, 16 juny 2009 <https://www.persbureau-ameland.nl/nuon-wordt-vattenfall-> [krigen 31 maart 2018].
  18. ‘Nul procent rente op NUON-reserve’, Leeuwarder Courant, 13 febrewaris 2015 <http://www.lc.nl/archief/Nul-procent-rente-op-NUON-reserve-20901932.html> [krigen 31 maart 2018].
  19. ‘Friesland steekt deel Nuon-opbrengst in economie’, NU.nl, 3 maart 2013 <https://www.nu.nl/economie/3360785/friesland-steekt-deel-nuon-opbrengst-in-economie.html> [krigen 31 maart 2018].
  20. De provinsje besteget 500 miljoen fan de Nuon-reserve oan it ôflossen fan skulden. ‘Provincie Fryslân investeert 438 miljoen euro in 2017’, Omrop Fryslân, 23 septimber 2016 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/668501-provincie-fryslan-investeert-438-miljoen-euro-2017> [krigen 31 maart 2018].
  21. ‘Meer dan genoeg ideeën voor Nuon-pot’, Friesch Dagblad, 6 juli 2013 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=64650> [krigen 31 maart 2018].
  22. Roel Leers, ‘Kosten meedingen Culturele Hoofdstad ’18 buitenproportioneel hoog’, HartLeers, 28 septimber 2012 <http://hart-leers.nl/kosten-meedingen-culturele-hoofdstad-18-buitenproportioneel-hoog/> [krigen 31 maart 2018].
  23. ‘Meer dan genoeg ideeën voor Nuon-pot’, Friesch Dagblad, 6 juli 2013 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=64650> [krigen 31 maart 2018]; Centraal Bureau voor de Statistiek, ‘Steeds meer jongeren volgen hoger onderwijs’, CBS, 27 juny 2011 <https://www.cbs.nl/nl-nl/nieuws/2011/26/steeds-meer-jongeren-volgen-hoger-onderwijs> [krigen 31 maart 2018].
  24. ‘“Steek NUON-geld in energie”’, Omrop Fryslân, 16 april 2013 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/239042-steek-nuon-geld-energie> [krigen 31 maart 2018].
  25. ‘Friesland steekt deel Nuon-opbrengst in economie’, NU.nl, 6 maart 2013 <https://www.nu.nl/economie/3360785/friesland-steekt-deel-nuon-opbrengst-in-economie.html> [krigen 31 maart 2018].
  26. ‘Gaswinning voorkomt krimp Friese economie’, Fryslan1, 17 desimber 2015 <http://www.fryslan1.frl/2015/12/17/friesland-onderaan-met-economische-groei/> [krigen 31 maart 2018].
  27. Ger Jaarsma (Direksjefoarsitter Kredytbank Nederlân), ‘Leen Kredietbank deel NUON-gelden’, Kredietbank Nederland, 5 april 2013 <https://www.kredietbanknederland.nl/nieuws/Leen-Kredietbank-deel-NUON-gelden> [krigen 31 maart 2018].
  28. ‘Opkomst van de prosument’, Provinsje Fryslân, g.d. <https://informatiedossier-fryslan.nl/trends/economie/opkomst-prosument/> [krigen 31 maart 2018].
  29. Wurkje foar Fryslân <https://www.fryslan.frl/wurkjefoarfryslan> [krigen 31 maart 2018].
  30. ‘Provincie Fryslân wil Friese export stimuleren’, Balkster Courant, 17 oktober 2014 <https://balkstercourant.nl/2014/10/17/provincie-frysln-wil-friese-export-stimuleren> [krigen 31 maart 2018].
  31. ‘Friese wegenbelasting fors omlaag’, NOS, 17 desimber 2015 <https://nos.nl/artikel/2075703-friese-wegenbelasting-fors-omlaag.html> [krigen 31 maart 2018].
  32. ‘Nuon-gelden provincie drogen snel op’, Friesch Dagblad, 24 septimber 2016 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=71875> [krigen 31 maart 2018].
  33. Lars-Magnus Kihlström, ‘Positief resultaat voor Vattenfall in 2017’, News from Vattenfall, 7 febrewaris 2018 <https://news.vattenfall.com/nl/article/positief-resultaat-voor-vattenfall-2017> [krigen 31 maart 2018].
  34. ‘Climate Greenwash winner revealed’, Corporate Europe Observatory, 24 maaie 2009 <https://corporateeurope.org/pressreleases/2009/climate-greenwash-winner-revealed> [krigen 31 maart 2018]. Sjoch ek Pao-Yu Oei, Felix Reitz en Christian von Hirschhausen, Risks of Vattenfall’s German lignite mining and power operations - Technical, economic, and legal considerations (Hamburg: Greenpeace, 2014) <https://www.greenpeace.de/files/publications/vattenfall_risky_business_23092014.pdf> [krigen 31 maart 2018].
  35. Michael Persson, ‘Nuon kiest voor ‘groene’ Vattenfall’, de Volkskrant, 23 februari 2009 <https://www.volkskrant.nl/economie/nuon-kiest-voor-groene-vattenfall~a315110/> [krigen 31 maart 2018].
  36. Annelies Huygen, ‘Wat is er zo goed aan overname van Essent door RWE?’, Trouw, 20 jannewaris 2009 <https://www.trouw.nl/home/wat-is-er-zo-goed-aan-overname-van-essent-door-rwe-~a7a4f08d/> [krigen 31 maart 2018].
  37. Catherine Hornby en Quentin Webb, ‘Vattenfall to buy Nuon unit for $13.3 billion’, Reuters, 23 febrewaris 2009 <https://www.reuters.com/article/us-nuon-vattenfall/vattenfall-to-buy-nuon-unit-for-13-3-billion-idUSTRE51M3AX20090223> [krigen 31 maart 2018].
  38. Marcel aan de Brugh, ‘Verkoop energiesector lijkt niet te keren’, NRC, 24 febrewaris 2009 <https://www.nrc.nl/nieuws/2009/02/24/verkoop-energiesector-lijkt-niet-te-keren-11688434-a834158> [krigen 31 maart 2018]; Mark van Baal, ‘Zweed met een luchtje’, FEM, 20 juny 2009, 12-14.
  39. ‘Schonere Volvo-bussen voor Arriva in Noord-Nederland’, Ovpro, 1 febrewaris 2018 <https://www.ovpro.nl/bus/2018/02/01/schonere-volvo-bussen-voor-arriva-in-noord-nederland/> [krigen 31 maart 2018].

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.6, 25 maart 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen VI: Stedslanskipsuntwerp

image Fers2

Adriaan verwoord Sense of Place, we moeten veel trotser worden op het landschap dat we zelf gecreëerd hebben.” Dat set Oeroloprjochter en kulturele haadstêd(mei)grûnlizzer Joop Mulder op ’e Facebookmuorre fan kulturele haadstêd(mei)ideolooch Klaas Sietse Spoeltra, as kommentaar by “Nederlands landschap is in de afgelopen dertig jaar sneller verdwenen dan ooit”, quot lânskips­professor Adriaan Geuze. It krijt in like fan Spoelstra en byldzjend keunstner Daan Levy. Wa’t “we”, “we” en “sels” binne leit Mulder net út. “Nederlanders zetten het landschap al meer dan 1.000 jaar naar hun hand, zegt landschapsarchitect Adriaan Geuze”,Nienke Beintema, ‘ ‘Nederlandse landschap is in de afgelopen dertig jaar sneller verdwenen dan ooit’ ’, NRC, 12 maart 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/03/12/parijs-londen-die-koesteren-hun-landschap-a1595257> [krigen 18 maart 2018]. yn in fraachpetear mei it NRC, mar yn 1018 wiene der noch hielendal gjin “Nederlanders”. Wa skoep dan sels wa syn lânskip?

Aberdeen is geografysk mar 80 myl noardlik fan St. Andrews dêr’t krektlyn twa jonge Fryske dichters taholden mar tematysk spitigernôch fier bûten berik—fan de “rhyme and reasoning”Beth Cochrane, ‘StAnza 2018: Rhyme and Reasoning’, The Skinny, 16 maart 2018 <http://www.theskinny.co.uk/books/features/stanza-2018-rhyme-and-reasoning> [krigen 18 maart 2018]. wie allinne de rhyme al behyplik, “[Tigchelaar:] “Dat moat op rym!” Kingma: “Dat wie pittich ja””, en riddenearjen oer lânskip diene de poëtepuppys net, “Ik ha wol wat omfytst mar … der binne gjin fytspaden lykas hjir”Rixt Oenema, ‘Friezen en Skotten, dy passe inoar wol’, Leeuwarder Courant, 14 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Friezen-en-Skotten-dy-passe-inoar-wol-22992779.html> [krigen 18 maart 2018].—want Aberdeen ken de iennichste oerwinning ea fan de demokrasy op de privatisearring fan publike romte.

It ferhaal begjint as healwei de tweintichste ieu oalje yn ’e Noardseeboaiem ûntdutsen wurdt flakby Aberdeen. Fluch transformearret it fan fiskersplakje yn ’e meast avansearre ierdoaljetechnologystêd op ierde, sûnder dat de oaljeynkomsten lykwols de lokale befolking wolstân bringe.

Weeds … broken windows, dereliction and crappy shop front facades in the city centre of Union Street. It was once rather splendid … but sadly … no more. In the ‘oil boom’ town I saw little evidence of the trickle down of wealth.Annie Lennox, op har Facebookmuorre, 2012. ‘Annie Lennox launches scathing attack on Aberdeen's City Gardens project’, The Guardian, 13 juny 2012 <https://www.theguardian.com/uk/2012/jun/13/annie-lennox-aberdeens-city-garden> [krigen 18 maart 2018].

Yn 2012 lansearret de lokale oaljeyndustrymagnaat Sir Ian Wood it plan om it stedspark de Union Terrace Gardens om te foarmjen ta in maatskiplik kultureel sintrum, in city park eksploitearre troch it bedriuwslibben. Al folle earder hie Wood kund dien fan syn steds­ûntjouwingsideeën mei nije bedriuwichheid en yndustry, om, as oer in pear desennia de oalje minder lukratyf wurdt, mei it nije sintrum, dat ynnovaasje oanlûke sil, de wolfeart fan de stêd feilich te stellen en syn eigen rykdom ek. Dat plan sinniget lang net alle boargers. Guon wolle de besteande beammen hâlde, oaren wolle in alternatyf hjoeddeistige-keunstprojekt. Yn 2010 beslút de gemeente­ried om mei it projekt fan Wood troch te gean, troch in ynternasjonale (sic) stedsûntwerpwedstriid út te skriuwen. No lôget de eangst op foar it privatisearjen fan de iepenbiere romte.

Tsjinstanners wize op de minstens 70 miljoen pûn dy’t de stêd liene moat foar de nije City Gardens, in skuld dy’t inkeld werom­betelle wurde kin troch hegere tariven foar nije sake­kontrakten yn har stêd dy’t dochs al slim te rêden hat mei skulden. Wood seit dan 50 miljoen ta. De gemeente stimt foar it oannimmen fan dy skinking. As de stêd ferlet hat fan mear stipe kin Wood wol 75 miljoen betelje, seit er. Ek warskôget er dat as se it projekt wegerje, hy syn jild yn it bûtenlân útjaan sil en nea mear Aberdeen helpe. Dat is oalje op it fjoer fan de krityk. Ald-Eurythmics­sjonger Annie Lennox, hikke en tein yn Aberdeen, is op Facebook al in fûle aksje begûn tsjin it parkprojekt. Yn jannewaris 2012 wint in tiim fan it renomearre New Yorkse arsjitekteburo DS + R de wedstriid. Ein maart 2012 helje de foarstanners fan it projekt yn in referindum dat se sels organisearren in lytse oerwinning, 45,301 foar en 41,175 tsjin. Mar de Skotske Labour­partij wint it grutste oantal sitten yn de gemeenterieds­ferkiezingen, mei in manifest om it projekt te kearen. Op 22 augustus 2012 stimt de gemeenterie mei 22 - 20 foar it skrassen fan it projekt. De Aberdeenske iepenbiere romte is fan de boarger.

“We”, moannet Mulder oan, “moeten veel trotser worden.” Grutsk is net in emoasje, tink derom. Fryske grutskens is “stevich, de smaak is swiet en bliuwt lang hingjen, krekt as de oantinkens oan Fryslân”;‘Smaakfolle Fryske grutskens’, Friesland.nl, 20 febrewaris 2018 <https://www.friesland.nl/fy/nijs/smaakfolle-fryske-grutskens> [krigen 18 maart 2018]. grutskens simplex is in opsetlik grutsprekkerich selsbyld bedoeld om tinkbylden fan superioriteit njonken oare minsken te fieden, ta skea fan kognysjes fan tankberens en beskiedenheid. ‘Wês grutsk(er)’ giet dus fierder as ‘wês mar bliid’, dêr’t ‘bliid’ ek gjin emoasje is mar gewoan betsjut dat jo better gjin krityk leverje kinne.

Op sneon 17 maart gie troch Snits in stille protesttocht tsjin it delsetten fan de kulturele haadstêdfontein by de Wetterpoarte. De organisaasje skat dat 90 oant 95 op ’e hûndert bewenners fan Snits tsjin it oantaasten fan har histoaryske plak binne. Mar de ûntwerper wol de fontein beslist dêr ha. Oan it standertargumint fan toerisme-boost leauden se in jier lyn net, “De Waterpoort is het icoon van Sneek. Daar hoef je geen traffic te genereren voor toeristen”,Henk van der Veer, yn ‘Friesland en de 11 fonteinen’ [fideo], NPO, 18 febrewaris 2018, 1:12 <https://eenvandaag.avrotros.nl/item/friesland-en-de-11-fonteinen/> [krigen 18 maart 2018]. en no noch net: “Er wordt gezegd dat de fonteinen meer toeristen zullen trekken … Maar de toeristen komen voor de Waterpoort en zien dan de fontein. Dát is de gedachte erachter.”Wietske Koen, ‘Protest: handen af van historisch Sneek’, Leeuwarder Courant, 19 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Protest-handen-af-van-historisch-Sneek-23010056.html> [krigen 19 maart 2018]. Ek it klisjee dat it ding presint dien is wol har net oan. Mei ûnderhâldskosten fan 12.000 euro de fontein it jier en seis fonteinen yn ’e gemeente, traktearret de kulturele haadstêd Súdwest-Fryslân op in grouwe sigaar út eigen doaze.

De arguminten foar en tsjin binne fier fan orizjineel. Fan ’t simmer spile yn ’e stedswyk Cathedraltown, Markham, Ontario in fermaaklike—as jo der net wenje—kwestje. Dy die tinken oan Dokkum: dat is fjouwer kear sa grut, mar is ek in katolyk beafearts­plak, hat ek agraryske woartels, is ek pittoresk boud om ek in monumintale tsjerke hinne en sit op dat ymposante en boppedat iepenbiere plak ek opskipe mei in ‘keunstwurk’ dat se net yn ’e bek sjen meie. In pear jier lyn stelde in lokale ûntwikkelder en erfgenamt fan de mynbougigant Stephen Roman, dy’t it lân derfoar skonk en de bou fan de katedraal finansiere, út om Cathedraltown in stânbyld te jaan. Op 13 april 2016 naam de gemeenteried de útstelde skinking oan, al wie dat mei it foarbehâld dat de skinker ferantwurdlik wie foar in oare opstelling as it platfoarm op stelten net te dwaan wie.

Sadwaande kaam der yn july 2017 in kolossale gromen ko, glimmend as in spegeltsje, fan 1,2 miljoen dollar (yn euro’s sa’n sânenheal ton), op fiif meter hege stelten en mei in krâns fan flymskerpe maple leaves om ’e nekke, al mei al in hulde oan de priiswinnende Friesian Holstein-ko Charity, dy’t op dat plak fokt wie troch de boeren fan doe, fan hast acht meter heech. Ek stiet de ko, stipulearre troch de skinker, yn in minyparkje mei de huzen der ticht omhinne en mei de noas nei de katedraal ta, sadat in part fan de bewenners direkt tsjin de efterkant oansjocht: “We have a perfect view of the cow’s butt.”Josh K. Elliott, ‘ ‘Moooove’ it: Residents have beef over giant cow statue’, CTV News, 27 july 2017 <https://www.ctvnews.ca/canada/moooove-it-residents-have-beef-over-giant-cow-statue-1.3521166> [krigen 19 maart 2018].

Toeristen komme al dalik nei it kontrofersjele byld Charity: Perpetuation of Perfection ta. Ko-eksperts en keunstkritisy nimme it ûnder de lûp, bewenners binne oerémis oer har útsjoch dêr’t hja nea ynspraak yn hân hawwe, in pleatslike Deli-restauranthâlder makket bekend dat hy it bist graach ha wol, mar foar de skinker telt it lytse parkje tige want de priisko hie der wenne dus it byld bliuwt dêr’t it is. De bewenners oefenje druk út op it stedsbestjoer. Der komt in moasje mar “It’s not going away. It [ferset, f2] is something we have to address.”‘Will controversial cow sculpture be moooved?’, MSN, 15 augustus 2017 <https://www.msn.com/en-ca/news/canada/will-controversial-cow-sculpture-be-moooved/ar-AAq8ShI?li=AAacUQk&ocid=spartandhp> [krigen 19 maart 2018]. Hieltyd mear media folgje it skeel.

Bekend rekket dat de ûntwikkelder/keunstner/erfgenamt de skulptuer al ris earder presintearre hat oan de iepenbiere keunst­kommisje fan de stêd en dat dy de skinking wegere, ûnder mear om de grutte en de lokaasje. Yn augustus fynt The Star út dat Charity nea yn Markham west hie mar syn hiele libben op in pleats yn Port Perry tahold. In wurdfierder fan de skinker seit dat it yndie net echt giet om wêr’t Charity libbe mar om it feit dat Friesian Holstein-kij bydroegen hawwe oan de groei en bloei fan Cathedral­town. De nije kennis makket dat de riedsleden ein septimber 2017 mei oerweldigjende mearderheid stimme om Charity te ferfarren—sadree’t it stedsbestjoer it stânbyld yn eigendom hat en as hja der in oar plak foar fine kinne. Yn desimber 2017 sjogge de bewenners stikken granyt om de foet fan it stânbyld hinne lizzen, as binne der gjin plannen mear om it te ferhúzjen. Hjoed stiet it der noch.

Unskiedbere beweechredenen yn it stedslânskipjen binne toerisme, ûntjouwing, histoaryske woartels en fergees krigen. Dat dat lêste ûnwier is oertsjûget de folksfertsjintwurdiging yn Fryslân net samar om nee te sizzen. It pleatsen fan de fergese fontein kostet 2,9 miljoen euro oan “opwaardering van het centrum van Dokkum, die als catalysator kan dienen.” Mar in pakket fan fjouwertûzen yn oardel wike garre hantekeningen, in tredde part fan ’e Dokkumer befolking is dus tsjin, keart it opnij ynrjochtsjen fan de iepenbiere romte net.Hans Halbesma · Strategish adviseur bij Gemeente Súdwest Fryslân, kommentaar, g.d., ‘2,9 Miljoen Markt Dokkum? Waanzin !’, Petitie24.nl, g.d. <http://www.petitie24.nl/petitie/1198/29-miljoen-markt-dokkum-waanzin-> [krigen 19 maart 2018]. It Dokkumer beswier is tsjin it ferspyljen fan parkear­plakken en dat “is een veelgehoord punt van kritiek”, seit de krante—mar seit der net by dat dat it argumint is dêr’t de oerheid noch wol ris nei harkje wol.‘Rechter legt bouwstop op voor Markt en IJsfontein Dokkum’, Leeuwarder Courant, 21 desimber 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Rechter-legt-bouwstop-op-voor-Markt-en-IJsfontein-Dokkum-22768179.html> [krigen 19 maart 2018].

Kosten hearre se net en morele motiven ek net, al roppe jo as boarger noch sa hurd dat eat djoer is en ferkeard. Op 18 septimber 2015 waard in ûntwerp foar in objekt mei beferzen wetter presin­tearre. Dat it befriezen fan wetter in soad enerzjy kostet witte wy sûnt rûchwei de neandertalers, dat dêrom ûnder oaren iiskasten in etyske kar binne waard yn de jierren njoggentich algemiene kennis en de Jaap Edenbaan makket net om ’e nocht reklame foar syn duorsum belied. Mar krekt in moanne lyn kamen de fontein­bazen (efkes) ta in ho. De oannimmer hie sein dat in beferzen wetterobjekt “een ware energievreter is, gelijk aan de energie­verbruik van 100 huishoudens” en dat soks in min sinjaal ôfjout.Irene Overduin, ‘IJsfontein Dokkum haalt deadline niet’, Leeuwarder Courant, 24 febrewaris 2018 <http://www.lc.nl/friesland/IJsfontein-Dokkum-haalt-deadline-niet-22941617.html> [krigen 19 maart 2018]. It komt der likegoed: mei wat goedkeaper iis. Want estetyk hat fan it begjin ôf gjin argumint west. Funksjoneel foar toerisme wiene klinkende nammen.

De faam van deze kunstenaars maakt, in combinatie met de schoonheid en rijke historie van de elf steden en het Friese landschap, de route van de elf fonteinen tot een internationale cultuurtoeristische topattractie die sterke impulsen geeft aan de lokale en regionale cultuur en economie.Gemeente Harns, Raadsinformatiebrief GR16.00095, Underwerp: 11Fountains, 23 juny 2016, 5 <https://www.harlingen.nl/document.php?m=95&fileid=45724&f=ca55b038b37c059f2225d04eeedec2a0&attachment=1&c=33038> [krigen 19 maart 2018].

Kwaliteit, seit deputearre Poepjes fan Kultuer, is net keunst of skientme, mar dat er frieze moat, bliksem.

It giet derom dat hy it goed docht. Kwaliteit is wichtiger as it heljen fan in datum.‘Vijf maanden vertraging voor IJsfontein Dokkum’, Leeuwarder Courant, 16 maart <www.lc.nl/friesland/Vijf-maanden-vertraging-voor-IJsfontein-Dokkum-23004498.html> [krigen 19 maart 2018].

Ynspraak fan de boarger, fan wa’t de iepenbiere romte is, wie nea in argumint. Lânskipsarsjitektuer, dat urbanisme of steds­foarmjouwing omfettet, is it nije wurd foar lúksetúnkjen, wat opkaam op achttjinde-ieuske bûtens dêr’t grûn net brûkt hoegde te wurden foar de jirpeltsjes. Dêrtroch wie yn ’e lânskipsarsjitektuer “we” nea de demokratyske kliber fan bewenners. “Adriaan” suggerearret wol fan “We zijn het landschap als een object gaan beschouwen”, mar ûntkent hielendal net dat lânskip net fan elkenien is: “Dichters schreven erover. De elite wilde erin wonen.”Nienke Beintema, ‘‘Nederlandse landschap is in de afgelopen dertig jaar sneller verdwenen dan ooit’’, NRC, 12 maart 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/03/12/parijs-londen-die-koesteren-hun-landschap-a1595257> [krigen 18 maart 2018]. Us kursyf. As (gast- en bysûnder) heechlearaar ûnderstipet er de lânskips­technokrasy. Hy lit syn studinten prate mei “bewoners, politici, bedrijven en overheden”, foar tapast ûndersyk nei parken mei dêryn stedsjes dy’t har rjochtsje “op het chiquere toerisme­segment” en in park om “Eindhoven Brainport [een hightechregio met bedrijven en kennisinstellingen, red.]. Dat geeft allerlei nieuwe mogelijkheden … bijvoorbeeld voor een nieuwe hightechcampus.”Nienke Beintema, ‘‘Nederlandse landschap is in de afgelopen dertig jaar sneller verdwenen dan ooit’’, NRC, 12 maart 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/03/12/parijs-londen-die-koesteren-hun-landschap-a1595257> [krigen 18 maart 2018]. Dêr is neat demokratysks oan. Net inkeld wurkje akademys tsjintwurdich yn betelle opdracht fan oerheden en bedriuwen, binne net wittenskiplik neutraal en dogge ynstee fan teory benammen technyk. Ek beslist de engineer oer it te ymplemintearjen lânskipsplan yn de iepenbiere romte, net de boarger—sa’t de stelteklausule en friestechnyksaak sjen litte—en is technology beskiedend; net wêr’t it folk seit dat it ferlet fan hat.

Hoe dan ek is hiemdekoraasje mei ‘sense of place’ net in Amerikaanske dernier cri. It moaimeitsjen fan “ûmjouwing”, sa’t sjoernalist Rixt Oenema it neamt,Rixt Oenema, ‘Friezen en Skotten, dy passe inoar wol’, Leeuwarder Courant, 14 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Friezen-en-Skotten-dy-passe-inoar-wol-22992779.html> [krigen 18 maart 2018]. hat altyd in elitêre en autoritêre hobby west. Wat feroare, is dat se de makeovers en relookings net mear ta eigen hûs en hiem beheinden mar it folk holpen mei iepenbiere folksparken en plantsoenen mei ‘kijkgroen’—jo mochten dêr dus net mear rinne—yn de publike romte fan sleatkanten en sa. Doe kaam de demokratisearring fan de jierren sechstich-santich, mei in kritysker en mûniger boarger en mei allerhanne ynspraak­rûntes dy’t neat hiel lieten fan de ferheven lânskips­ûntwerpen. Al gau beheinde de lânskipsarsjitektuer him ta de útfiering fan romtlike oardering en bestimmingsplanbelied. Yn de jierren njoggentich rôpen urbanisten, dy’t it stedslânskip ûntwurpen, dat de planning dea wie. Immen betocht doe it aai fan Kolumbus: dat jo ek fan tefoaren mei de boarger prate koene.

Mar yn de praktyk falt dat ôf.

Regardless of the increased means for local input, too many people still do not participate. Lack of participation is in part the result of cynicism about the potential of politics in general and local planning politics in particular, particularly when implementation takes so long.John Kaliski, ‘Democracy takes command: New community planning and the challenge to urban design’, Harvard Design Magazine, S/S 2005, 1-6, 5 <http://www.harvarddesignmagazine.org/issues/22/democracy-takes-command-new-community-planning-and-the-challenge-to-urban-design> [krigen 18 maart 2018].

Dêrfandinne, seit fonteinbaas Anna Tilroe, dat

we speciale fonteincommissies hebben gevormd, van inwoners uit de stad. Die zijn heel enthousiast en betrokken.Gretha Pama, Waarom zijn de Friese fonteinen niet door een Fries ontworpen?, 50Plus in Friesland, 20 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/20/hoe-kijkt-een-japanner-naar-ijlst-8304934-a1555144> [krigen 18 maart 2018]. Us kursyf.

Dy fonteinkommisjes krije har beslach net demokratysk; “we” is de ekonomyske en politike elite, dy’t mear en mear besit nimt fan de iepenbiere romte. Sa set Lân fan Taal, in privee-projekt, withoefolle reklamebuorden yn ’e Prinsetún, as wie it eigen grûn en dat is gjin wyldplakkerij hear, it mei gewoan. Op papier binne diken, pleinen, wetters en parken noch fan alle boargers mei-inoar, mar al lang wurdt deroer beskikt troch ûndernimmers, hân yn hân mei neoliberale rezjyms dy’t mar ien sosjale romte erkenne, dy fan de frije merk. Om’t de boarger dêr yn it foarste plak konsumint is bestiet de consumer fix typysk út mass personalization: in kar tusken twa, trije foarselektearre ûnnoazele opsjes.

Ik wist ook: ik moet niet degene zijn die zegt dat de fontein daar of daar moet komen, daar gaat de gemeenschap zelf over. Want het is bekend dat kritiek op kunst in de openbare ruimte bijna altijd met de locatie te maken heeft.Gretha Pama, Waarom zijn de Friese fonteinen niet door een Fries ontworpen?, 50Plus in Friesland, 20 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/20/hoe-kijkt-een-japanner-naar-ijlst-8304934-a1555144> [krigen 18 maart 2018].

Tilroe slacht de spiker op syn kop: yn Aberdeen en Catherdraltown en hjir wol de boarger net samar in objekt yn syn romte hawwe. Set it mar op jo eigen private lokaasje. Want, los fan de betrouberens fan Tilroe har ‘mienskips’-aginda, just it oerdreaune idealisme fan New Urbanism mei syn sosjale doelen stiet it goed funskjonearjen fan de iepenbiere romte yn it paad.Emily Talen, ‘Bad parenting’, yn Alex Krieger en William S. Saunder (red.), Urban design (Minneapolis /Londen: University of Minnesota Press, 2009) 183-185. Want arsjitekten wolle nijichheid, leafst mei ‘katalisatorwurking’, mar alles dêr’t boargers ferlet fan hawwe is saai en gjin besite wurdich, lykas berinbere stoepen, diken dy’t jo oerstekke kinne en in oersichtlik pijefront. De boarger wol net in shared space mei in wietich elemint deryn. Yn ’e eagen fan de stedsarsjitekt is de boarger dy’t gjin sin hat oan nommel platbulldoazjerjen en oanlis fan eat dat de mienskip rjochtdocht in dwers bern en “benepen”;Joyce Roodnat, ‘Benepen Friezen en de 11 fonteinen’, NRC, 27 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/27/benepen-friezen-en-de-11-fonteinen-8430375-a1556198> [krigen 18 maart 2018]. in heechmoed dy’t op gjin inkelde manier ferdigene wurde kin want hoefolle stedswiken mei in sosjaal doel ûnderstipen net al dalik de segregaasje, lykas Skieringen yn Ljouwert.

Oars sein, Mulder: der is net in soad om grutsk op te wêzen. Lit earst de arsjitekten ris bettere gebouwen delsette as it Obe­gedrocht, lit de oerheid ophâlde mei it ûnbeskamsum tastean dat private partijen de iepenbiere romte ynfolje sûnder rekken te hâlden mei bewennersferlet en -ferwachting, lit de boargers mei-inoar har eigen romte ynrjochtsje sa’t se ieuwenlang dien hawwe. En litte dy dan oanlizze wat om de estetyske fyngefoelichheden fan stedsarsjitekten nea koe, mar út sosjaal en demokratysk tinken wei altyd moast: in deagewoan keatsfjild op it Aldehouplein.

Noaten

  1. Nienke Beintema, ‘ ‘Nederlandse landschap is in de afgelopen dertig jaar sneller verdwenen dan ooit’ ’, NRC, 12 maart 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/03/12/parijs-londen-die-koesteren-hun-landschap-a1595257> [krigen 18 maart 2018].
  2. Beth Cochrane, ‘StAnza 2018: Rhyme and Reasoning’, The Skinny, 16 maart 2018 <http://www.theskinny.co.uk/books/features/stanza-2018-rhyme-and-reasoning> [krigen 18 maart 2018].
  3. Rixt Oenema, ‘Friezen en Skotten, dy passe inoar wol’, Leeuwarder Courant, 14 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Friezen-en-Skotten-dy-passe-inoar-wol-22992779.html> [krigen 18 maart 2018].
  4. Annie Lennox, op har Facebookmuorre, 2012. ‘Annie Lennox launches scathing attack on Aberdeen's City Gardens project’, The Guardian, 13 juny 2012 <https://www.theguardian.com/uk/2012/jun/13/annie-lennox-aberdeens-city-garden> [krigen 18 maart 2018].
  5. ‘Smaakfolle Fryske grutskens’, Friesland.nl, 20 febrewaris 2018 <https://www.friesland.nl/fy/nijs/smaakfolle-fryske-grutskens> [krigen 18 maart 2018].
  6. Henk van der Veer, yn ‘Friesland en de 11 fonteinen’ [fideo], NPO, 18 febrewaris 2018, 1:12 <https://eenvandaag.avrotros.nl/item/friesland-en-de-11-fonteinen/> [krigen 18 maart 2018].
  7. Wietske Koen, ‘Protest: handen af van historisch Sneek’, Leeuwarder Courant, 19 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Protest-handen-af-van-historisch-Sneek-23010056.html> [krigen 19 maart 2018].
  8. Josh K. Elliott, ‘ ‘Moooove’ it: Residents have beef over giant cow statue’, CTV News, 27 july 2017 <https://www.ctvnews.ca/canada/moooove-it-residents-have-beef-over-giant-cow-statue-1.3521166> [krigen 19 maart 2018].
  9. ‘Will controversial cow sculpture be moooved?’, MSN, 15 augustus 2017 <https://www.msn.com/en-ca/news/canada/will-controversial-cow-sculpture-be-moooved/ar-AAq8ShI?li=AAacUQk&ocid=spartandhp> [krigen 19 maart 2018].
  10. Hans Halbesma · Strategish adviseur bij Gemeente Súdwest Fryslân, kommentaar, g.d., ‘2,9 Miljoen Markt Dokkum? Waanzin !’, Petitie24.nl, g.d. <http://www.petitie24.nl/petitie/1198/29-miljoen-markt-dokkum-waanzin-> [krigen 19 maart 2018].
  11. ‘Rechter legt bouwstop op voor Markt en IJsfontein Dokkum’, Leeuwarder Courant, 21 desimber 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Rechter-legt-bouwstop-op-voor-Markt-en-IJsfontein-Dokkum-22768179.html> [krigen 19 maart 2018].
  12. Irene Overduin, ‘IJsfontein Dokkum haalt deadline niet’, Leeuwarder Courant, 24 febrewaris 2018 <http://www.lc.nl/friesland/IJsfontein-Dokkum-haalt-deadline-niet-22941617.html> [krigen 19 maart 2018].
  13. Gemeente Harns, Raadsinformatiebrief GR16.00095, Underwerp: 11Fountains, 23 juny 2016, 5 <https://www.harlingen.nl/document.php?m=95&fileid=45724&f=ca55b038b37c059f2225d04eeedec2a0&attachment=1&c=33038> [krigen 19 maart 2018].
  14. ‘Vijf maanden vertraging voor IJsfontein Dokkum’, Leeuwarder Courant, 16 maart <www.lc.nl/friesland/Vijf-maanden-vertraging-voor-IJsfontein-Dokkum-23004498.html> [krigen 19 maart 2018].
  15. Nienke Beintema, ‘‘Nederlandse landschap is in de afgelopen dertig jaar sneller verdwenen dan ooit’’, NRC, 12 maart 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/03/12/parijs-londen-die-koesteren-hun-landschap-a1595257> [krigen 18 maart 2018]. Us kursyf.
  16. Nienke Beintema, ‘‘Nederlandse landschap is in de afgelopen dertig jaar sneller verdwenen dan ooit’’, NRC, 12 maart 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/03/12/parijs-londen-die-koesteren-hun-landschap-a1595257> [krigen 18 maart 2018].
  17. Rixt Oenema, ‘Friezen en Skotten, dy passe inoar wol’, Leeuwarder Courant, 14 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Friezen-en-Skotten-dy-passe-inoar-wol-22992779.html> [krigen 18 maart 2018].
  18. John Kaliski, ‘Democracy takes command: New community planning and the challenge to urban design’, Harvard Design Magazine, S/S 2005, 1-6, 5 <http://www.harvarddesignmagazine.org/issues/22/democracy-takes-command-new-community-planning-and-the-challenge-to-urban-design> [krigen 18 maart 2018].
  19. Gretha Pama, Waarom zijn de Friese fonteinen niet door een Fries ontworpen?, 50Plus in Friesland, 20 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/20/hoe-kijkt-een-japanner-naar-ijlst-8304934-a1555144> [krigen 18 maart 2018]. Us kursyf.
  20. Gretha Pama, Waarom zijn de Friese fonteinen niet door een Fries ontworpen?, 50Plus in Friesland, 20 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/20/hoe-kijkt-een-japanner-naar-ijlst-8304934-a1555144> [krigen 18 maart 2018].
  21. Emily Talen, ‘Bad parenting’, yn Alex Krieger en William S. Saunder (red.), Urban design (Minneapolis /Londen: University of Minnesota Press, 2009) 183-185.
  22. Joyce Roodnat, ‘Benepen Friezen en de 11 fonteinen’, NRC, 27 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/27/benepen-friezen-en-de-11-fonteinen-8430375-a1556198> [krigen 18 maart 2018].

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.5, 11 maart 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen V: Kollektyf unthald, of

wat wy leare fan ljochtshows

image Fers2

By ‘memoarje’ tinke jo oan it ferline. Jo steane der net by stil dat wat hjoed bart moarn yn jo ûnthâld sit as oantinken. Jo reali­searje jo net dat it barren fan no ús kollektyf ûnhâld oanpoene kin op in te berekkenjen manier.Ruth García-Gavilanes, Anders Mollgaard, Milena Tsvetkova en Taha Yasseri, ‘The memory remains: Understanding collective memory in the digital age’, Science Advances 5:4 (2017) e1602368 <http://dx.doi.org/10.1126/sciadv.1602368>. Mar dat jout neat. Fryslân lit gjin gelegenheid foarbygean om jo attint te meitsjen op syn entûsjaste politics of memory.

Lânskipspine(?) - In útdaging foar de Fryske dichters.

Obe Postma is ien fan de grutste Fryske dichters. Takom jier 2018 is it syn 150ste geboartejier. Takom jier is ek it jier dat Ljouwert de Kulturele Haadstêd wêze mei. Dat der binne twa redenen om yn dat ramt even stil te stean bij Postma.Geart van der Meer, Oankundigingstekst Obe Postmamiddei, Tresoar, 6 april 2018.

Nammentlik [P wie dichter] + [P is dea] = [P is in deade dichter]. Mar it giet net om it kweekjen fan in unike en memorabele brand personality, in aaiber deadedichtersgesicht by it 2018-merk.

“Stilstean”, commemoration, hat altyd mar ien reden: it spesjale út it gewoane te tillen en it bûtengewoane út it deistige, sadat wy witte wa’t wy binne as groep. Betinken is it oanwizen fan guon foarfallen, ûntjouwingen en minsken út it ferline as histoarysk wichtich en ornearre foar opslach yn it ûnthâld, tagelyk mei it fia publyk ritueel en offisjele ferhalen takennen fan in mienskiplike betsjutting oan dy te ûnthâlden saken. Mar “lânskipspine” dy’t “in útdaging foar Fryske dichters” is om’t it Fryske dichters­lânskip fiifentweintich jier nei Jelma Knol har knappe stúdzje nei de ûnderskode posysje fan froulike dichters noch slimmer gendearre is as doe, dêr steane wy net by stil. Foar in jubileumprojekt Ut syn aerd wei froulik: Opnij besjoen hie de kulturele haadstêd gjin romte.

Hoe’t in barren de skiednis yn giet beslisse wy net sels, liet krektlyn wer de iepening fan de kulturele haadstêd sjen. Polityk ynfloedrike figueren selektearje hokker aspekten oft wy ûnthâlde sille, en hoe krekt, en hja drage dat oer mei taspraken, iepenbiere diners, fjoerwurk of oare ljochtshows, slogans, bylden en symboalen, gewoanlik fia de tillefyzje, de grutste fersprieder fan kollektive oantinkens. As dy tillefyzje it net goed docht binne se teloarsteld.

Vragen, vragen, vragen. Wie na afloop op de website van AvroTros naar extra informatie zocht – Sissing had ons er nog speciaal naar verwezen – en op de knop ‘lees meer’ klikte, ontving de mededeling: ‘Sorry. De pagina die je zocht is niet gevonden.’ Treurig.Job van Schaik, ‘Recensie tv-uitzending LF2018 (★★): Waarom om zes uur thuis?’, Leeuwarder Courant, 28 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Recensie-tv-uitzending-LF2018-%E2%98%85%E2%98%85-Waarom-om-zes-uur-thuis-22859560.html> [krigen 6 maart 2018].

Stymje, tebeklûke út arguminten, “tryst”: in ivich moai stikje passive agresje, Ljouwerter krante! Alle regels oer sjoernalistike objektiviteit en ûnpartidigens mochten, ja moasten oan ’e kant foar dizze kear.

Soe it ûnthâld gean oer dingen dy’t al ferline binne en dêr’t dêrom neat mear oan te dwaan is, wat hie it der dan ta dien? Wêrom hie dan just dy ynternetside in punt west? Mar kollektyf ûnthâld is gjin skiednis. It is net eat dat kreas opburgen wurdt yn ’e argiven op ’e Bûterhoeke sadat gjinien der mear lêst fan hat. Krekt oarsom fangt it wol foarfallen dy’t djip yn de skiednis lizze of fier fan de aktuele maatskippij ôf stean, lykas de dichter Postma, mar it stelt de belangen fan no foarop. Kollektyf ûnthâld set it ferline rjocht om it te brûken yn politike arguminten foar hjoed en de takomst. Kollektyf ûnthâld is ûnferoarlik it risseltaat fan bewuste manipulaasje en ûnbewust opsloarpjen. Kollektyf ûnthâld is altyd oerdroegen ynstee fan sels meimakke. Want ûnthâld, al hoe’t dat leit yn de harsens fan de inkeling, is in sosjaal ding, dat witte wy al mear as in ieu, en ûnthâld komt ta utering yn wat minsken dogge en sizze.Emile Durkheim, The elementary forms of religious life [1912], oers. Karen Fields (New York: The Free Press, 1995); Maurice Halbwachs, On collective memory [1952] red. en oers. Lewis Coser (Chicago, IL: University of Chicago Press, 1992).

Kollektyf ûnthâld is ferbûn mei ‘kultuer’ en ‘identiteit’ en oare like dizige as pregnante begripen en ûnthâldspolityk hat altyd it doel fan ideologysk stjoeren fan minsken sûnder har in pistoal op ’e sliep te setten of mei in korrektyf kamp te driigjen. Dat giet net altyd sa’t Winston it die yn in Nineteen eighty-four, troch âlde kranten opnij te skriuwen, mar mear as Kundera’s Mirek, dy’t om syn neitlittenskip te pimpen syn leafdesbrieven oan in ûnoantreklik frommis weromhellet.

Veel winkels in de Leeuwarder binnenstad herinneren aan de banden met Duitsland, schrijft Ludger Kazmierczak, correspondent van de WDR, die er uitgebreid op bezoek is geweest. Hem vielen namen als Voss, Lampe en Schweigmann op.

Lyrisch

Hij … is lyrisch over de schilderachtige grachten, de ‘gezellig smalle stegen’ en de gevels.‘Buitenlandse aandacht voor Leeuwarden: lyrisch over schilderachtige grachten’, Leeuwarder Courant, 5 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Buitenlandse-aandacht-voor-Leeuwarden-lyrisch-over-schilderachtige-grachten-22796059.html> [krigen 6 maart 2018].

Rektifisearjen en retûsjearjen fan papier en inket is swit ûnder de earmswurk. Simpel te ‘updaten’ siden, de digitale edysjes fan media, dêr’t dan leafst op prime time tillefyzje nei ferwiisd wurdt, binne de lusthôf fan ’e ûnthâldspolityk. Mar in hyperlink moat nea nei in korrespondint ta dy’t jo net behearskje. Ien mûsklik iepenbieret dat syn “erinnern” net giet oer de Ljouwerter winkeltsjes:

Die Namen vieler Geschäfte in der historischen Altstadt von Leeuwarden erinnern bis heute an die engen Bande zwischen Friesen und Deutschen.Ludger Kazmierczak, ‘Leeuwarden - Schräge Stadt mit schiefem Turm’, MDR, Mitteldeutscher Rundfunk, g.d. <https://www.mdr.de/kultur/europaeische-kulturhauptstadt-leeuwarden-100.html> [krigen 6 maart 2018]. Us kursyf.

Hy wie net lyrysk mar sei dat de Ljouwerter grêftegurdel “erinnert” oan, fansels, Amsterdam:

Mit seinen malerischen Grachten, den gemütlichen engen Gassen und den fein herausgeputzten Giebelhäusern erinnert Leeuwarden durchaus an die niederländische Hauptstadt Amsterdam.Ludger Kazmierczak, ‘Leeuwarden - Schräge Stadt mit schiefem Turm’, MDR, Mitteldeutscher Rundfunk, g.d. <https://www.mdr.de/kultur/europaeische-kulturhauptstadt-leeuwarden-100.html> [krigen 6 maart 2018].

Boppedat iepenet de korrespondint net mei it yn it omtinken bringen fan de ûnferjitlike Ljouwerter shop & stop industry, mar fan de talige eigenheid fan Fryslân:

Etwas eigenwillig und verschroben. Das fängt schon mit der Sprache an. Für die Friesen heißt Leeuwarden nämlich nicht Leeuwarden, sondern Ljouwert.Ludger Kazmierczak, ‘Leeuwarden - Schräge Stadt mit schiefem Turm’, MDR, Mitteldeutscher Rundfunk, g.d. <https://www.mdr.de/kultur/europaeische-kulturhauptstadt-leeuwarden-100.html> [krigen 6 maart 2018].

Us kollektive ûnthâld is dus keunstmjittich en spegelet it no; it projektearret aktuele besonjes yn it ferline. In ôflibbe taaltsje heart net ta de soargen fan hjoed, hannelsbannen wol. Foar de ynhâld fan it kollektive ûnthâld moat men net sjen nei de yndividule ûnder­finingen of de foarfallen, mar nei wat de aktoaren yn formele oerheids­ynstellingen nei foaren bringe en de kanalen dy’t dy ideeën oer it ferline trochjouwe, sensurearje, bagatallisearje en bestride bûten dy formele plakken.Peter J. Verovšek, ‘Collective memory, politics, and the influence of the past: the politics of memory as a research paradigm’, Politics, Groups, and Identities 4:3 (2016): 529-543. Fansels rint de ûnthâldspolityk as it efkes kin net efter de feiten oan; liedende figueren organisearje spektakels en events om it tinken oer ús mienskiplike ferline in beskate rjochting út te stjoeren.Katharyne Mitchell, ‘Monuments, memorials, and the politics of memory’, Urban Geography 24:5 (2003) 442-459 <http://dx.doi.org/10.2747/0272-3638.24.5.442>. In oantinken oan Ljouwert, pardon Leeuwarden, as tichterby Dútslân as Amsterdam is mar in detail. Want hjir komme de kulturele haadstêdprojekten.

De Stormruiter jout ús it kollektive oantinken oan de ivige striid tsjin it wetter dat deadlik is as it te heech komt; de dea fan eksimplaren en sels fan hiele soarten trochdat it wetter te leech stiet is in ferprest oantinken. Kening fan ‘e Greide [psst Kening, yn de Fryske taal is it kommaatsje foar e net in lyts seiske mar in lyts njoggentsy],

Driewerf hoera voor biodiversiteit in Fryslân. Nergens vind je zo’n divers landschap als in de noordelijke provincie. Water, wouden, wadden, veenpolders en uitgestrekte weides wisselen elkaar snel af. Die diversiteit dreigt te verdwijnen. Kening fan ‘e Greide brengt in 2018 een ode aan onze prachtige omgeving‘Kening fan ’e Greide’, Friesland.nl, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/programma/kening-fan-e-greide> [krigen 6 maart 2018].

nimt bioferskaat as synonym mei ôfwikseljend “lânskip” en “prachtige omkriten” en brûkt kollektyf ûnthâld op de typyske ûnthâldspolitike manier, om te ferjitten wat net barre mocht,Todd Gitlin, ‘The fabric of memory’, New York Times - Books, 2 maart 1997 <www.nytimes.com/books/97/03/02/reviews/970302.02gitlint.html> [krigen 6 maart 2018]. de ekologyske krisis, ûntstien om’t it net-byldbepalende fiedsel­keatling­part bêst út de fariaasje fuortfalle mocht. Under de toer, “Zoveel ‘tsjerken’, zoveel verhalen”, bout fierder op de kristlik-smoute mienskipsnarrative en bringt net yn it omtinken dat de ûnderhâlds­tastân fan in soad tsjerken net bêst is en dat foar in nije bestimming fan tsjerken dy’t net mear yn gebrûk binne faak gjin jild of gjin draachflak is yn ús ‘iepen mienskip’. Sense of Place bringt yn it kollektyf ûnthâld dat it waad skoepen is foar ferdivedaasje en festivals—lânskip soe de ideale boarne wêze foar “more sustainable outcomes for both people and nature”‘Terry Sunderland – Landscape talks’, Global Landscapes Forum, g.d. <http://www.globallandscapesforum.org/video/terry-sunderland-landscape-talks/> [krigen 6 maart 2018], ús kursyf; Global Landscapes Forum, ‘Terry Sunderland - Integrated landscapes approaches: From theory to practice’, Youtube, 19 desimber 2017 <https://www.youtube.com/watch?v=hu_5_Q688yg> [krigen 6 maart 2018]. Sjoch ek de TED Talks oer lânskip foar de tige oerhearskjende fisy yn it duorsumens- en klimaatdebat, dat politykekonomyske belangen net stridich binne mei ekologyske en sûnensbelangen, mar dat just de saneamde holistyske fisy op ‘lânskipsnivo’ de ideale oplossing bringt, nammentlik fan ‘profitable landscape’ foar floara en fauna en itens- en toerismeproduksje.—en smoart it oantinken oan de flugge en ûnomkearbere toerismerelatearre kulturiside op de eilannen.

WaterConnecting moat as “Zeg je Fryslân, dan zeg je water. Leeuwarden is dé Europese koploper op het gebied van water­technologie” it kollektyf ûnthâld yn. Net memorabel is dat wy in reinwetterstonne yn ’e tún hawwe, yn Amsterdam dus, om’t—dat bringe se net tebinnen—duorsumens yn ’t foarste plak baat hat by low tech solutions. Skrast út it ûnthâld wurdt dat de planeetrêdende en minskelibbensparjende wettertechnologyske ûntjouwing net út Ljouwert kaam. Nanotechnology yn filterjen, wat 1,6 miljoen deaden as gefolch fan drinken fan besmet wetter tefoaren komme kin, sit yn Yndië, ôffalwetterferwurkingstechnyk sit yn Londen, yntelligint yrrigearjen yn de Feriene Steaten, wetter­monitoring om it lekken tsjin te gean yn Austraalje, wetter­ûntsâlting yn Singapoer, membraangemy yn It Hearrefean, ensafuorthinne. Is it Ljouwert trouwens al slagge om de net sa planeetrêdende mist om it Plensading hinne oan ’e gong te krijgen?

Mata Hari moatte wy kollektyf ûnthâlde as rankune tsjin Fryslân: ûnbewiisde fertinking tsjin ús famke.

Maar de talloze affaires met mannen in uniform en haar reizen door Europa tijdens de Eerste Wereldoorlog maken haar verdacht in de ogen van de Franse geheime dienst. Begin 1917 wordt ze opgepakt op verdenking van spionage voor de Duitsers.‘Mata Hari, de mythe en het meisje’, Friesland.nl, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/agenda/3661895951/mata-hari-de-mythe-en-het-meisje> [krigen 6 maart 2018].

Fuortkrongen út it ûnthâld is it ûndersyks- en rjochtlike dossier, dat sa geheim net wie nei’t it al yn 1984 ris iepene wie foar in sjoerna­list en dat wiswol bewiis sjen lit.Yn 1917 is it Frânske militêre dossier foar hûndert jier sletten mar yn 1984 is it geheime dossier iepene foar de Amerikaanske sjoernalist Russell Warren Howe en ein 2016 is it op hjit fan de Frânske preisidint Hollande mei oare âlde rjochtlike dossiers op it ynternet publisearre. Mata Hari hat spionnearre, foar Frankryk, en wie net in bêste spion. Nei trije dagen op bêd mei in Dútske militêr hie se inkeld âlde of net-strykjende ynformaasje en barde in soad jild foar weardeleaze flauwekul. Mar dan Iepen Doar(p): dorpsportret van de mienskip. Dat giet mei it Perzyske tafelkleed fan tafelkledenshop.nl en al ús ûnthâld yn as âlderwetske noflikens, mei-inoar poeiermolke, kastleinske gol en gastfrij. Fuortpoetst is de rikeljus-glamour­doarps­mentaliteit fan “De foarrie wenningen bestiet allinnich út keaphûzen en dat docht it doarp wol goed.”‘Wolkom op de thûsside fan Feanwâldsterwâl’, Feanwâldsterwâl.nl, 2008 <http://www.veenwoudsterwal.nl/> [krigen 6 maart 2018]. Derút is de selssuchtige ús-ken-ús-mienskip, streekrjocht gefolch fan de weromstappende oerheid, dy’t boargers tuchtigje wol ta rendabele krêften, mei eigen ferantwurdlikens foar har wolwêzen,Wouter Achterberg, ‘Can liberal democracy survive the environmental crisis? Sustainability liberal neutrality and overlapping consensus’, yn Andrew Dobson en Paul Lucardi, The politics of nature: Explorations in green political theory (Londen / New York: Routledge, 1993) 81-104, 90. Achterberg basearret syn tinken op de ideeën fan ekologysk ekonoom Hans Opschoor, yn it bysûnder op Na ons geen zondvloed, 1989. om’t hja yndividu binne, gjin ferlet fan oaren ha,Paul Verhaeghe, ‘Neoliberalism has brought out the worst in us’, The Guardian (International Edition), 29 septimber 2014 <https://www.theguardian.com/commentisfree/2014/sep/29/neoliberalism-economic-system-ethics-personality-psychopathicsthic> [krigen 6 maart 2018]. dy’t har kont sels rêde moatte, mar wol gesellich meiproaste, wylst de tebekwikende oerheid dyjingen dy’t it meast ferlet fan him hawwe it meast yn de stiik lit, dy yn ’e lytse, jimmer krimpende doarpen dy’t mear en mear reservaten binne fan ’e happy few.

Hawar. Kollektyf ûnthâlde betsjut dat kollektyf ferjitten ek bestiet. Yn 2019 sil, tink om ús wurden, gjin minske mear witte wa’t Jannewietske de Vries wie.

Noaten

  1. Ruth García-Gavilanes, Anders Mollgaard, Milena Tsvetkova en Taha Yasseri, ‘The memory remains: Understanding collective memory in the digital age’, Science Advances 5:4 (2017) e1602368 <http://dx.doi.org/10.1126/sciadv.1602368>.
  2. Geart van der Meer, Oankundigingstekst Obe Postmamiddei, Tresoar, 6 april 2018.
  3. Job van Schaik, ‘Recensie tv-uitzending LF2018 (★★): Waarom om zes uur thuis?’, Leeuwarder Courant, 28 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Recensie-tv-uitzending-LF2018-%E2%98%85%E2%98%85-Waarom-om-zes-uur-thuis-22859560.html> [krigen 6 maart 2018].
  4. Emile Durkheim, The elementary forms of religious life [1912], oers. Karen Fields (New York: The Free Press, 1995); Maurice Halbwachs, On collective memory [1952] red. en oers. Lewis Coser (Chicago, IL: University of Chicago Press, 1992).
  5. ‘Buitenlandse aandacht voor Leeuwarden: lyrisch over schilderachtige grachten’, Leeuwarder Courant, 5 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Buitenlandse-aandacht-voor-Leeuwarden-lyrisch-over-schilderachtige-grachten-22796059.html> [krigen 6 maart 2018].
  6. Ludger Kazmierczak, ‘Leeuwarden - Schräge Stadt mit schiefem Turm’, MDR, Mitteldeutscher Rundfunk, g.d. <https://www.mdr.de/kultur/europaeische-kulturhauptstadt-leeuwarden-100.html> [krigen 6 maart 2018]. Us kursyf.
  7. Ludger Kazmierczak, ‘Leeuwarden - Schräge Stadt mit schiefem Turm’, MDR, Mitteldeutscher Rundfunk, g.d. <https://www.mdr.de/kultur/europaeische-kulturhauptstadt-leeuwarden-100.html> [krigen 6 maart 2018].
  8. Ludger Kazmierczak, ‘Leeuwarden - Schräge Stadt mit schiefem Turm’, MDR, Mitteldeutscher Rundfunk, g.d. <https://www.mdr.de/kultur/europaeische-kulturhauptstadt-leeuwarden-100.html> [krigen 6 maart 2018].
  9. Peter J. Verovšek, ‘Collective memory, politics, and the influence of the past: the politics of memory as a research paradigm’, Politics, Groups, and Identities 4:3 (2016): 529-543.
  10. Katharyne Mitchell, ‘Monuments, memorials, and the politics of memory’, Urban Geography 24:5 (2003) 442-459 <http://dx.doi.org/10.2747/0272-3638.24.5.442>.
  11. ‘Kening fan ‘e Greide’, Friesland.nl, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/programma/kening-fan-e-greide> [krigen 6 maart 2018].
  12. Todd Gitlin, ‘The fabric of memory’, New York Times - Books, 2 maart 1997 <www.nytimes.com/books/97/03/02/reviews/970302.02gitlint.html> [krigen 6 maart 2018].
  13. ‘Terry Sunderland – Landscape talks’, Global Landscapes Forum, g.d. <http://www.globallandscapesforum.org/video/terry-sunderland-landscape-talks/> [krigen 6 maart 2018], ús kursyf; Global Landscapes Forum, ‘Terry Sunderland - Integrated landscapes approaches: From theory to practice’, Youtube, 19 desimber 2017 <https://www.youtube.com/watch?v=hu_5_Q688yg> [krigen 6 maart 2018]. Sjoch ek de TED Talks oer lânskip foar de tige oerhearskjende fisy yn it duorsumens- en klimaatdebat, dat politykekonomyske belangen net stridich binne mei ekologyske en sûnensbelangen, mar dat just de saneamde holistyske fisy op ‘lânskipsnivo’ de ideale oplossing bringt, nammentlik fan ‘profitable landscape’ foar floara en fauna en itens- en toerismeproduksje.
  14. ‘Mata Hari, de mythe en het meisje’, Friesland.nl, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/agenda/3661895951/mata-hari-de-mythe-en-het-meisje> [krigen 6 maart 2018].
  15. Yn 1984 is it geheime Frânske militêre dossier iepene foar de Amerikaanske sjoernalist Russell Warren Howe en ein 2016 is it op hjit fan de Frânske preisidint Hollande mei oare âlde rjochtlike dossiers op it ynternet publisearre.
  16. ‘Wolkom op de thûsside fan Feanwâldsterwâl’, Feanwâldsterwâl.nl, 2008 <http://www.veenwoudsterwal.nl/> [krigen 6 maart 2018].
  17. Wouter Achterberg, ‘Can liberal democracy survive the environmental crisis? Sustainability liberal neutrality and overlapping consensus’, yn Andrew Dobson en Paul Lucardi, The politics of nature: Explorations in green political theory (Londen / New York: Routledge, 1993) 81-104, 90. Achterberg basearret syn tinken op de ideeën fan ekologysk ekonoom Hans Opschoor, yn it bysûnder op Na ons geen zondvloed, 1989.
  18. Paul Verhaeghe, ‘Neoliberalism has brought out the worst in us’, The Guardian (International Edition), 29 septimber 2014 <https://www.theguardian.com/commentisfree/2014/sep/29/neoliberalism-economic-system-ethics-personality-psychopathicsthic> [krigen 6 maart 2018].

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.4, 25 febrewaris 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen IV: Masine

image Fers2

Syds Wiersma warskôge ús, yn ’e Lytse Tsjerkestrjitte, krekt op ’e tiid: “Yn Tresoar dêr steane gedichtemasines.”

Masine! Gedichten! Us leafde foar de selsoperearjende masine mei minsklik-eftige funksjes, de automaton, is wierskynlik pre­histoarysk. Homearus fertelt oer de goudene tsjinstfammen fan de masterhânwurker Hefaistos, dy’t fan him minsklike spraak krije sadat, as praatapparaten, de ûnderhearrige froulju in noch effektiver ynstrumint wurde, lykas dat tûzenen jierren letter de robots Nadine en Sophia mei it fermogen te ynteraktearjen net langer har masinale gong gean koene en har lêste autonomy ferlearen. “She is the most perfect and most obedient tool which mankind ever possessed! Tonight you will see her succeed before the upper ten thousand. You will see her dance…” swetst de útfiner yn de gothic dystopy Metropolis. Fan it automatisearjen fan it húshâlden wie it blykber mar in lytse stap nei Dedalus syn automatyske goaden en dan nei de populêre midsieuske reuseftige bewegende poppen op folksfeesten—tink net dat Ljouwert fan’t simmer mei wat nijs komt.

Mar it duorret oant 1845 en de Fiktoriaanske preokkupaasje mei automatons foar’t de earste poëzygenerator útfûn wurdt, de Eurekamasine. Foar in shilling koene besikers it ding, dat derút seach as in houten buro mei rotteljende houten staven en metalen triedden, opwine. Yn it skerm ferskynde dan yn gramma­tikaal en metrysk korrekt Latyn in fersrigel yn de daktylyske heksameter. Nettsjinsteande de skepsis—‘boartersguod’—en de beheining ta mar seis wurden koe de masine nei skatting 26 miljoen farianten produsearje. No Eeltsje Hettinga wer.

Dêrnei ûntdutsen kranten hieltyd wol wer in poëzymasine, faak ûntmaskere as in homunkulus yn in kastke of in ferburgen swittende alkoholist dêr’t se wûnderlike rigels út wrongen, of ien dy’t op wetterkrêft rûn. Under alles lei de—Fiktoriaanske—fassinaasje foar freaks, om krekt te wêzen foar it snijpunt fan wittenskip en yslik fermeits. Wilens gou foar de dichter de Shakespeare­noarm: wiere poëzy kaam út de guozzefear en net út in masine. Noch yn 1950 wie de typmasine sa profaan dat Punch mei in spotprint ‘A Plague On The Machine-Age Poets’ kaam, fan nota bene in bekende masine-útfiner. Mar dat soe de kompjûter net keare. Tsjintwurdich stiet it ynternet fol mei poetry generators en ek mei kleurleas prefabrisearre dichtwurk—‘Was elke automaat maar een BMW’.

Mar sykje yn Tresoar net om in ferslaafde swalker út it stadich groeiende Ljouwerter reservoir oan betize eleminten yn de iepen mienskip. Want der is gjin emploai foar him. De gedichtemasines yn Tresoar meitsje nammentlik gjin poëzij. Der is gjin produksje, allinne konstante beheinde reproduksje. De masines litte yn in einleaze lus in lape fan stasjonêre, foarprinte tekst sjen, dêr’t de lettereftige tekens net lêsber fan binne om’t se te fluch bewege foar it minske-each. Primed troch Wiersma misten wy de masines gelokkich net, op ús deistich paad fan literatuer, yn dit gefal Ta de moarn fan Sybesma, nei polityk, op de Tresoarkrantetafel, en wer werom. Want de masines stean mei de syd-efterkant nei de foardoar ta, as is it doelpublyk fan ’e gedichtemasines te finen yn it gers fan de Prinsetún.

Oer de bedoeling fan ’e masine hie Wiersma neat sein, útsein dat it like op in literêr projekt. “En wat tochtst fan in gebedsmûne? // Mei in mantra. // Dêr tocht ik it earste oan”, apte skriuwer Sjieuwe Borger. Wy tochten dêr net oan. Watfoar doel hat, sa giet it boeddistysk debat, in gebedsmûne dy’t op elektrisiteit draait? Just it sels ruorjen en draaien fan de hânskreaune, lêsbere gebeden suveret de bidder fan minne karma’s en fertsjusteringen en it sels oanreitsjen fan de wyn of it wetter dy’t gebedsmûne yn beweging set hat, iepenet de wei nei ferljochting; dat is de winst fan eigen enerzjy. As de lama dy’t de elektryske mûne delset de elektrisiteits­rekken betellet, giet de opbringst nei it stroombedriuw, en dêr giet jo sielshygiëne. Wa’t de stroom betellet fan de Tresoarmasines witte wy net, oft se de masines bûten kantoartiid net útskeakelje ek net—tsjin ’e ynherinte autonomy fan it perpetuum mobile-idee sille se oan skytskoarje, dat hup stekker derút—mar dúdlik is dat de masines net ‘ynnovatyf’ rinne op wyn, wetter, sinne of selsdwaan. Dat lêste, fûnen wy út, is pertinint net de bedoeling. “Nee, rinbân,” apten wy werom, “foar lytsbehuze lju dy’t m rjochtop bewarje, of hâlde fan tsjin de berch op drave.”

Dichter Elmar Kuiper hie by de ûntbleating fan ’e masines klage dat it gers grien is: “Wat der no krekt stiet? Docht it der wat ta?” En: “It waard in bern mei kreas kjimde hierkes, mei in kreas pakje oan … dat … him oanpasse moatst oan serieuze wetten … oan de wetten fan ssssttt!” En it masine-ûntwerp wie net botte orizjineel. Logysk, dat kaam fan reklameflaggefabrikant AVI in & outdoor prints—is specialist in het bedrukken van reclame op doek. Hoge kwaliteit printwerk tegen een scherpe prijs voor wederverkopers en end-user—mooglik de flaggemakker fan it hiele 2018-barren. Ek neamt elke trochsneedreklamejonge syn logo’s tsjintwurdich ‘visual poetry’, dat is algemien bekend. Dat fierder Tresoar syn literatuer­befoardering fan passive aard is, rjochte op lêzen, tagonklikens en kennis en net op literatuerproduksje, en dat Tresoar ynvestearje moat yn Lân fan Taal, in 2018-gearswylsel fan “multymediale presintaasjes om it tema taal en literatuer en hinne” en yn “moderne presintaasjes fan de rykdom fan de Fryske taal en literatuer yn Europeesk perspektyf”, koartsein fan folkloarehow & -spektakel, ha se gewoan ferteld.Sjoch it lêste jierferslach fan Tresoar, ‘Bestuursverslag 2016’, Ljouwert, maart 2017, te finen op https://www.tresoar.nl/.

Apart is likemin dat de masines ek Kuiper tinken dogge oan kingsize rinbannen: dat binne it. Wol nijsgjirrich is dat ek hy harren yn ferbân bringt mei it fabryk: “At de tiidklok seit: jim tiid is om, dan draaie se wer. Se draaie sa stil, dat nimmen se heart.” Mar net it brekken fan de organyske bân tusken skepper en skepping, lykas yn de yndustry, is it probleem; it is krekt oarsom. Ferlost fan it diktaat fan de rinnende bân ha wy de masine ynternalisearre, seit Mark Greif yn syn essee ‘Against exercise’. It ferlies fan it fabryk bringt ús massaal nei de rinbân yn ’e sportskoalle: “We leave the office, and put the conveyor belt under our feet, and run as if chased by devils.”Mark Greif, Against everything: Essays (New York: Pantheon Books, 2016) 3. De masine ûnder ús fuotten jout ús de beskikking oer ús boargerlik stikje technyske foarútgong. Dêrom jouwe wy ús yn folle frijheid oer oan de ientoanige hanneling, of better sein, want it liif as meganyk kompletearret it idee fan ús holle as kompjûter, oan de masine dy’t yn ús sit en oan kontrôle dêroer: wy binne de masineminske. “Where am I? I felt panic. No part of my body was doing what I wanted. “You’re in a research and development facility.””Max Barry, Machine man (New York: Knopf Doubleday, 2011) 270.

Wis, de útstallingsûntwerper hie him op elk oar plak as Tresoar folslein belachlik makke troch de ikoanyske beweging Dada te neamen yn ferbân mei syn ‘byldzjende dichtkeunst’. De Dadaïsten reagearren op ’e oarlochsdriging en op it nuete nasjonalisme en it kulturele en yntellektuele konformisme yn ’e keunst en de bredere maatskippij, dat se seagen as de oarsaak fan oarloggen. De Dadadichtmasine bestie út Tristan Tzara—in antynasjonalistysk pseudonym: tryst yn it lân—dy’t op it plak sels in—oraal!—gedicht makke troch op goed gelok wurden út in hoed te lûken; Dada hie de Tresoarmasines sjoen as in dystopyske warskôging foar de takomst. Mar in tsjinstim, ferwolkomme as de ferlechje­brechje, dy’t dat nei foaren bringt en dan de klisjees opsommet fan foar-kodearre masine, einleaze werhelling fan homogenisearre matearje, ûnderhearrige yndividuen, konformiteit, sosjale cloning, stereotype opbringst, uteringen as funksjonele struktueren, oardere en oarderjende etikette(n), totalitêre dit of dat, it op ienheid rjochte apparatus, kommersjeel massaprodukt, en net te ferjitten ferboargerliking fan de literatuer, anty-autentisiteit en kultuerkorrupsje?

Sokke krityk is in effekt fan ’e masinale beheining fan jo frijheid fan ekspreksje. It bêste is om gjin wurd mear smoarch te meistjen oan keunst en as keunst.

Noaten

  1. Sjoch it lêste jierferslach fan Tresoar, ‘Bestuursverslag 2016’, Ljouwert, maart 2017, te finen op https://www.tresoar.nl/.
  2. Mark Greif, Against everything: Essays (New York: Pantheon Books, 2016) 3.
  3. Max Barry, Machine man (New York: Knopf Doubleday, 2011) 270.

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.3, 11 febrewaris 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen III: Ferfrjemding, of

Wêrom’t de iepen mienskip inkeld deade lju talit

image Fers2

Ferbjusterjend oan Hitchcock syn Vertigo is it minskbyld. In by hege útsûndering rasjonele, krêftige Hitchcockblondine, mei middenyn har hûs in high tech-bh útstald, skokte it publyk fan 1958. Noch djipper die dat de weiten hin dy’t foar de kontranormative frouljusrol oer nammerste weaker útkomt. Hichtefrees, in korset drage al is it om rêchklachten, leauwe yn paranormale ûnsin en in noch yrrasjoneler skuldkompleks: it ûntseit him syn identiteit as keardel. Mar boppe-al oerfalt jin de hyperrealistyske behanneling fan de Doppelgänger-trope. Wylst Scottie tinkt in look-alike te skeppen fan it deade ideaal Madeleine, skept er in look-alike fan ’e Doppelgänger fan Madeleine. De echte Madeleine, mei de inisjalen M.E., ‘ik’, hat nea yn syn libben west. Jo bliuwe efter mei de fraach wat identiteit feitlik is. En dat nettsinsteande alle kearen dat de Tresoardirekteur it jo útlein hat.

Al fersekere noch gjin jier lyn de Tresoar Stoomkursus “Klaar voor KH 2018” ús dat wy Friezen allegearre in stik foarâlden op ús DNA bewarje, niiskrekt joech de iepening fan de kulturele haadstêd ús in unike oarspronklike identiteit fan “laten zien wie je bent en wat je kunt … we zijn allemaal verschillend en allemaal hebben we dezelfde lotsbestemming [Europa] … ast al it âlde stean litst … om te fleanen … de takomst ropt ús.”AVROTROS, ‘Leeuwarden culturele hoofdstad 2018’, NPO, sneon 27 jannewaris 2018, 21:35, 38 min., <https://www.npo.nl/leeuwarden-culturele-hoofdstad-2018/27-01-2018/AT_2093363> [krigen 31 jannewaris 2018]. Hoe koe in oar no net dalik sjen dat de Friezen binne wa’t se no binne en net in âld stereoptype?

Dêrop is it antwurd net dat identiteit in beweechlik sosjaal konstrukt is, dat jo mei identiteit alle kanten op kinne, dat it dêrom in sintraal konsept yn ’e toerismemarketing is en dat autentisiteit yn kapitalistyske produksjeferhâldingen mei konsumintisme folklore en ferfrjemding opsmyt. It sit sa. It kulturele haadstêdmediaplan bestiet út eigen reklame en it keapjen fan romte yn de Fryske media foar sponsored content,‘Organisatie Culturele Hoofdstad met extra miljoenen onder curatele’, Liwwadders, 18 mei 2017, <http://www.liwwadders.nl/organisatie-culturele-hoofdstad-met-extra-miljoenen-onder-curatele/> [krigen 19 jannewaris 2018]; Kirsten van Santen, ‘LF2018: Wat gaat de Leeuwarder Courant doen?’, Leeuwarder Courant, 20 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/cultuur/LF2018-Wat-gaat-de-Leeuwarder-Courant-doen-22837342.html> [krigen 20 jannewaris 2018]; foar sponsored content yn ’e Leeuwarder Courant sjoch de webside http://www.lc.nl/LF2018/. al sette de kranten der oan no ta net by dat it om betelle berjochten, dus reklame giet. Foar de net-ynkochte media hat de Blokhúspoarte kwa mediaplan in foarljochter en dat is it.Radboud Droog; fierdere ynformaasje oer wurdfierderskip, parsekontakt of oare ynformaasje oer organisaasje en bestjoer is net mear iepenbier sûnt de kulturele haadstêdwebside 2018.nl opheft is. Kear mar ris in pûster as “Het is hartstikke vol … Te gek!” nei eat dat de media bettere ynformaasje jout as in hint nei bearen­burch en lilke boeren.Nynke de Jong, “Het is hier hartstikke vol. Mensen hebben weer en wind getrotseerd, te gek!” AVROTROS, ‘Leeuwarden culturele hoofdstad 2018’, NPO, sneon 27 jannewaris 2018, 21:35, 38 min., 4:40 <https://www.npo.nl/leeuwarden-culturele-hoofdstad-2018/27-01-2018/AT_2093363> [krigen 31 jannewaris 2018]. Fuort brocht de Ljouwerter krante it ‘nijs’ oer de ûntefredenens mei it NPO-ferslach fan de kulturele haadstêdiepening, fan “tientallen twitteraars”.Wilbert Elting, ‘Veel kritiek op televisie-uitzending van opening LF2018’, Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Veel-kritiek-op-televisie-uitzending-van-opening-LF2018-22859358.html> [krigen 31 jannewaris 2018]. De Leewarder Courant berjochtet op 4 febrewaris ek oer it ûntbrekken fan in ferslach fan de iepening fan de kulturele haadstêd yn De Volkskrant; dat wie in neffens de Volkskrant-ombudspersoan in beslút, de krante hie nammentlik de freed foar de iepening al in stik fan twa siden pleatst, mei de kop ‘Een ode aan de alledaagsheid in Feanwâldsterwâl’ en in nij stik soe neat taheakje. Pront reagearre De Volkskrant mei in ekstra klisjee: “Friezen boos.”Jurre Van den Berg, ‘Friezen boos: Leeuwarden wil als Culturele Hoofdstad de folklore ontstijgen, maar tv-uitzending helpt niet mee’, De Volkskrant, 29 januari 2018 <https://www.volkskrant.nl/televisie/friezen-boos-leeuwarden-wil-als-culturele-hoofdstad-de-folklore-ontstijgen-maar-tv-uitzending-helpt-niet-mee~a4563228/> [krigen 31 jannewaris 2018].

It kulturele haadstêdburo hat nea útlein oft de iepening publyk­rjochte wêze soe of mediarjochte. It wie it lêste. Mei de 40.000 direkte taskôgers dy’t de Ljouwerter boargemaster telde‘Openingsfeest LF2018 trekt 40.000 bezoekers’, Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Openingsfeest-LF2018-trekt-40.000-bezoekers-22859456.html> [krigen 31 jannewaris 2018]. wie gjin inkelde ynteraksje, ha jo it sjoen? Hja tsjinnen as commodity yn de kommersjele populariteit fan Ljouwert, as bewiis foar (potinsjele) sponsors dat it boadskip massaal ûntfongen wie.‘Researching audiences’, Media Studies 101, 13 desimber 2013 <https://mediatexthack.wordpress.com/category/audience-research/> [krigen 31 jannewaris 2018]. Troch de militêre drill die de massashow tinken oan ’e Ameri­kaanske troepe­toernoaien dy’t ôfstamje fan vaudeville, sirkus en—boarne fan’e simultane opset—wild west show en dy’t út middenklassenoasjes fan eigendom wei stribben nei fatsoenlike ferdivedaasje foar elkenien, mei deugden as moed, dissipline en lichemskrêftRoger Possner, The Rise of militarism in the Progressive Era, 1900–1914 (Jefferson, NC / Londen: McFarland, 2009) 41-42.—de Fryske ‘spesjale reporter’ ferwiisde nei it minne waar mei “trotseren”, as gie it om in tsjinstanner.

De elite bringt gjin massa op ’e dyk troch te harkjen nei har sosjoekonomyske ferlet, oerheden en kulturele lieders krije gjin mannichten yn beweging mei in berop op ’e rede; hja slagje dêryn mei in berop op ’e net-rasjonele weake belongingness yn minsken, mei symboalen fan etnonasjonalistyske poëzy, meisjongmuzyk, etnoskiednis en famyljemetafoaren. Dat is in wichtige prigel foar kollektive aksje en sa ha wy it op ’e iepening yn wurking sjoen, mei fadostjer Laverman as gûlend hynderfamke en in sentimintele wylde gok nei it mem-wêzen fan Mata H., en net inkeld wy seagen it. De kulturele haadstêdlieding hat der sa te sjen nea rekken mei holden dat der oare parse is yn ’e wrâld, dy’t se net lykas Pûtin sensurearje kinne en dy oar makket, mei de kennis dy’t er hat, sels wol út wa’t jo binne. “L’enfer, c’est les autres”, lit Sartre ien fan syn trije figuren yn ’e hel sizze as dy útfynt dat net de duvel mar gewoan de twa oaren him fonnisje sille.

Identiteit is selskonsept: de opfetting dy’t jo en oaren oer josels hawwe. It tinken dat ús selskennis makke is fan hoe’t wy ússels sjogge yn de Oar is in grûnprinsipe fan it eksistisjalisme. Yn it Sartriaanske model is it ferskinen fan de oar it desintralisearjen fan it sels. De Blik fan de Oar op it sels liedt ta in krisis fan alteriteit dy’t de persoan út syn selsmislieding fan macht weilûkt nei erkenning fan de macht fan de Oar. Mar foar de ûntdekking fan it sels moat der útsein de Blik ek in bewustwêzen fan de kwetsberens fan it Sels wêze; gjin eksistinsje sûnder skamte.Jean-Paul Sartre, L’être et le néant [1943], (Parys: Gallimard, 1976) 259-260. De tsientallen twitterders? Jin skamje kin net op Twitter, de kollektive emoasjes dêre binne grutskens, noed en mei-inoar lekker lilk wêze op de oaren. En dat ek al is de ‘oar as objekt’ fan josels net kenber om’t dy oar der earder wie as jo ‘sels’, seit Lévinas. Sûnder jo ferant­wurdlikens foar de oar is der gjin identiteit—it net deadzjen fan de oar is just de oarsprong fan jo sels.Emmanuel Lévinas, Totalité et infini: Essai sur l'extériorité [1961] (Dordrecht: Kluwer Academic, 1987) 161, 194, 238. Mar de clones fan Houellebecq syn Daniel dogge it net folle better as de twitterders. Har libbensferhaal makket har identiteit út, neffens de fisy fan Locke, mar altruïsme kinne hja noch net meiregenerearje litte, sadat de clone isolearre yn in sletten elektroanyske sel libbet; oaren tsjinkomme ‘hoecht’ net mear.

Us ûnbeskamme opfetting oer ús sels is gjin teory mar mear in ideology, eat dêr’t jo net neutraal foaroer steane mar mei in priveebelang, want de minske is oanwiisd op it ferdigenjen, ek foar himsels, fan syn selskonsept.Viktor Gecas, ‘The self-concept’, Annual Review of Sociology 8 (1982) 1-33. As wy net foar it bestean fan ús wêzentlike sels pleitsje glidet it ûnder ús wei. Ommers it sels sa’t it echt is, dat bestiet neist it sels sa’t de feilbere minskeholle it befettet, is in net-tagonklik, net empirysk te hifkjen ‘non-empirysk sels’ dêr’t jo yn leauwe moatte, sei ateïst-yn-’e-kast Kant. Kristenen binne dêr no noch lilk om want de minske soe mar ien sels ha, gjin twa. Wat op it spul stie wie identifikaasje as needsaaklike betingst foar morele ferantwurdlikens, oftewol it wyt foar straf en skuld, ek yn juridyske sin. As NPO-presintator Sissing himsels net mear identifisearje kin as de Sissing sels, kin er dan de skuld wol krije fan it klisjee-earjen fan Fryslân? Om’t wy ússels dochs (wer)kenne kinne moasten waard it ‘sels as subjekt’ fierder ûndersocht yn in psychofilosofysk ramt, mei de no-self-theory fan James Giles as in lêste strie, dêr’t it sels as evolusjonêr restant de taak hat fan tiid sparjen yn ’e omstannichheden dêr’t it foar makke wie, foar salang’t it wurket.

Al wie in substantyf, liiflik sels al in ieu foar Kant fan ’e baan, de neurowittenskip beneiere it sels objektyf en biologysk, mei fynsten dy’t kreas oanslute op de no-self. Yn it nijste model is it sels in trochgeande ynteraksje tusken in kearn-‘selsnetwurk’ fan bygelyks de mediale prefrontale korteks, in kognitive kontrôlenetwurk fan bygelyks de dorsolaterale kwabbe en in salience network yn ûnder mear de insula. It sels as objekt leit dus wiid ferspraat oer de harsens, wat te ferwachtsjen wie om’t selspresintaasje sintraal stiet yn it mentaal funksjonearjen. It sels is sa ynstabyl as wat, wat by Kant al bekend wie. It feroaret by alle psychiatryske krupsjes, ynbegrepen depresje dy’t mei in prevalinsje fan 18,7 persint hast epidemysk is. In ymplikaasje fan de fynst is dat de artificial intelligence-kollega’s har by it skeppen fan minsklike robots mei bewustwêzen net mear hoege te bekroadzjen oer it útfinen fan in keunstmjittich sels, alteast net ien analooch oan it broazele minsklike sels. Mar dat wisten wy al, want HAL 9000 syn synte­tyske sels feroare al troch de psychyske tastân fan almachtswinsk en lytsbernigens en it rûn tragysk ôf.

Al mei al ha wy in osa te beynfloedzjen selskonsept. Us libbensferhaal stiet iepen foar de groulikste suggestjes sa’t it Stanford Prison Experimint sjen liet, dus seker foar ‘keunst’ as polityk en it opnij skeppen fan identiteiten troch ‘kultuer’-toerisme. Tink net dat Stanford en it identiteitspolityk ûnderstypjen fan ús kulturele haadstêd mar oer groepsidentiteit gean. It ûnderskied tusken groepsidentiteit en persoanlike identiteit is net ynherint, mar komt fan de skieding fan akademyske dissiplines, sosjologen foar psychologen oer. By Plato en Protagoras is persoanlike identiteit sosjale identiteit. Yn de filosofy is minsklike identiteit in produkt fan de needsaak om mei oare lju om te gean op ierde; it minsklik wêzen docht net oars as ynteraktearje want hy sil wol moatte. It aktivearjen fan ‘by hokker groep hear ik’ of ‘wa bin ik djip binnenyn’ wurdt beskaat troch kontekst en de twa wikselje út.Rina S. Onorato en John C. Turner, ‘Fluidity in the self-concept: The shift from personal to social identity’, European Journal of Social Psychology 34:3 (2004) 257–278. Makket net út dat Frits Sissing jo net sjocht sa’t jo josels sjogge, identiteit slacht op it eksterne sosjale en it ynterne subjektive tagelyk. De metamorfose fan romtes en gewoantes fan minsken foar it toerisme-oanbod bringt samar—it bekendste foarbyld is de feramerikanisearre Sineeske muorreregio—in reproduksje fan sosjaalromtlike identiteiten, dêr’t ynternasjonalisme likegoed as deistich, banaal nasjonalisme en polityk nasjonalisme funksjoneel yn binne; en skuort ús selskonsept út syn ferbân.Sjoch Tourism Geographies - An International Journal of Tourism Space, Place and Environment 16:2 (2014) Special issue: Cultural geographies of tourism: Image, identity and place.

Unnedich te sizzen dat toeristyske transformaasjes mei in protte retoryk omklaaid wurde, net tafallich mei ‘identiteit’ as beswarjende formule. Fan de moderne identiteitsfoarming mei it each op homogenisearjen fan de befolking, sadat se mei syn allen konfliktleas ‘partisipearje’, falt it klearlizzen om oerwûn te wurden troch globalisearring en neoliberalisme op en tagelyk de near­geastigens. Oerheden swaaie mei rjocht op autentisiteit, “it rjocht fan minsken om erkend te wurden sa’t hja echt binne”K. Anthony Appiah, ‘Identity, authenticity, survival: Multicultural societies and social reproduction’, yn: Amy Gutmann (red.), Multiculturalism: Examining the politics of recognition (Princeton, NJ: Princeton University Press, 1994) 149-164, 149., lykas troch de NPO, ek al is yndividueel noch sosjaal libben te redusearjen ta in dynamyske mar permanente kearn. De identiteits­foarmings­meganismen binne dûbelsinnich om’t identiteit, as it slacht op de relaasje fan sels mei oar, betsjuttingsleas is as der net feroare wurdt. Dêrom wurde autentisiteiten wol foarsteld as natuerlik en oanberne, mar konstruearre foar de sosjale situaasje dêr’t se har omtsjoenen yn dwaan moatte. Skiedkundich betsjut identiteit net inkeld in fêst punt yn ’e rin fan ’e skiednis, mar ek de feroaring fan (stjoerde) omfieming en ynfloed op minsken fan identiteitsaspekten. Oerheden bringe identiteit as kontinu en feroarjend sûnder dy twa stridich te meitsjen.Hüsamettin İnaç en Feyzullah Ünal, ‘The construction of national identity in modern times: Theoretical perspective’, International Journal of Humanities and Social Science 3:11 (2013) 223-232. <http://www.ijhssnet.com/journals/Vol_3_No_11_June_2013/24.pdf> [krigen 3 febrewaris 2018]. De contradictio in terminis ‘iepen mienskip’ leit foar de hân en wie net in ynventyf keunststikje út de keuken fan Jannewietske. “Cities are the most important communities of the world: almost all our identity comes from cities,” sei kreative stêdgoeroe Evert Verhagen op in lêzing yn 2013 yn Ljouwert, oer hoe’t kreativiteit (de ekonomy fan) de stêd feroaret.Evert Verhagen, ‘Creative cities: Evert Verhagen at TEDxStendenUniversity, Youtube, 13 juny 2013, 1:20 <https://www.youtube.com/watch?v=W2lZYKX80EM&feature=youtu.be> [krigen 3 febrewaris 2018]. Faak rint it kulturele homogeniteitsdoel fan identiteits­foarming as ‘nation-building’ neist dat fan it skeppen fan in lokale ekonomy.Hüsamettin İnaç en Feyzullah Ünal, ‘The construction of national identity in modern times: Theoretical perspective’, International Journal of Humanities and Social Science 3:11 (2013) 223-232. <http://www.ijhssnet.com/journals/Vol_3_No_11_June_2013/24.pdf> [krigen 3 febrewaris 2018].

“Identity reveals a new way that preferences can be changed … because identity is fundamental to behavior, choice of identity may be the most important “economic” decision people make,” skreau Nobelpriiswinner George Akerlof oer identiteit en toerisme.George A. Akerlof en Rachel E. Kranton, ‘Economies and Identity’, The Quarterly Journal of Economies 115:3 (2000) 715-753, 717. <https://public.econ.duke.edu/~rek8/economicsandidentity.pdf> [krigen 3 febrewaris 2018]. Ek de foar toeristen kommersjalisearre regionale identiteiten kinne it selskonsept fan dejingen nei wa’t it toerisme ta komt feroarje en sels de machtsstruktueren dy’t dy identiteitsfoarming bepale.Sjoch bygelyks Kathleen Adams, Art as politics: Re-crafting identities, tourism and power in Tana Toraja, Indonesia (Honolulu: University of Hawaii Press, 2006). “Wie helpt ons dan om samen te dromen over wie je wilt zijn?”: de geast fan ’e takomst kin net frij fleane.Karen Bies, ‘Wat niet helpt is naar elkaar schreeuwen’, Friesch Dagblad, 9 jannewaris 2018, 25. Nijsgjirrich is it ûnferhoalen pleit fan kulturele haadstêdprogrammalieder Sjoerd Bootsma foar de tradisjonele, foar in grut part ferlitten bedriuwshierargy, mei weiwiuwen fan grassroots agency (“Iedereen was tegen”) en hegemonyske arrogânsje (“Het is logisch. Mensen moeten wennen”), wylst de fisys brocht wurde as revolúsjonêr nij (“Het is utopisch misschien”). It rjochtsjen fan ’e konsu­minte­kar yn de fûle Europeeske konkurrinsje om it evenemint­toerisme—de ‘kultuer­toerist’—fia ‘identiteits­basearre motivaasje’ moat ûnferkeapbere narrativen ûnderdrukke—cultural cleansing—en de Fryske identiteit yn oerienstimming bringe mei ‘ús’ nije bedriuws­wearden. Dat makket de noasje fan identiteit yn it Fryske petear net in empirysk, mar in symboalysk—tink by symboal oan ’e appel fan Apple, ferwizend nei fris mar fertroud—en hiel normatyf ding. Friezen binne it ynnovatyfst fan Nederlân betsjut, útsein in kreative útlis fan it CBS-rapport,Dries Faems, ‘Opinie: Friezen kunnen wel innoveren, maar niet zo goed als ze zeggen’, Expertisecentrum Vinci, 16 maart 2017 <https://www.rug.nl/vinci/blog/blog-16-03-2017-opinie-friezen-kunnen-wel-innoveren-maar-niet-zo-goed-als-ze-zeggen> [krigen 3 febrewaris 2018]. dat wy ús mar better hastigje kinne om braaf ynnovatyf te wêzen.Karlijn ter Horst, ‘Top Dutch werft personeel voor Gigafactory van Tesla’, Leeuwarder Courant, 18 juny 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Top-Dutch-werft-personeel-voor-Gigafactory-van-Tesla-22296244.html> [krigen 3 febrewaris 2018]. Ek is Fryslân net mear ‘boppe’ mar in ûnbeskaat noardlik gidslân ohne Eigenschaften. Identiteiten wurde boud troch de wurking fan empty signifiers, begripen en symboalen dy’t har spesifykheid ferlern ha om oare easken dy’t as soartgelyk sjoen wurde te ferfangen, want inkeld sa kinne de utinoar rinnende easken fan in sosjale struktuer feriene wurde:Ernesto Laclau, On populist reason (Londen / New York: Verso, 2005) 76. ‘frijheid’, ‘(seis oere) thús’.

De oarsaak fan de alarmearjende werklikheid dy’t de Blik fan ’e Oar, de NPO, ús tsjinkomme liet is dat alle polityk út de Fryske identiteitsmarkers fuortsuvere is. Part útmeitsje fan de politike mienskip is kwalifisearre libben, i.e. gesachfol, tsjinsteld oan natuerlik, biologysk libben.Giorgio Agamben, Homo sacer: Sovereign power and bare life, oers. Daniel Heller-Roazen [1995] (Stanford: Stanford University Press, 1998) 1-2, 7. Mar just dat autentike libben, krekt lykas swartwyt ferbylde foar de Fryske fyftiger jierrentoerisme­promo, mei blanke fammen as ûnkorrumpearre hetero­normativiteit, swarte hynsten as suvere natuer en sosjale relaasjes sa symmetrysk as de greiden,Jan R. Bergsma, ‘Planning of tourist routes: The Green Coast Road in the northern Netherlands’, yn Brian Goodall en Gregory Ashworth (red.), Marketing in the tourism industry (RLE Tourism): The promotion of destination regions (Abingdon / New York: Routledge, 1988) 91. Ek doe, jierren fyftich, mikten de Fryske autoriteiten net op it lûken mar op it beethâlden, dus oernachtsjen fan toeristen. wat polityk útslút troch it ûnnedich te meitsjen, dat liet him identifisearje as ‘klisjee’. It is net sasear it ûnderdrukken fan identiteiten dy’t neat ‘sjen te litten hawwe’ oan macht, status en bysûndere kapasiteiten en it selfie-ekshibisjonisme derfoar misse—dat it neoliberalisme syn belofte fan al-ynklusiviteit fia ‘de merk’ nea wiermeitsje kin en it ynnovasjonisme tige útslutend wurket is al fan alle kanten nei foaren brocht—mar it is de reduksje ta in dierlik ‘goed libben’ dat minsken ferfrjemdet fan har minsklike sels. De ‘mienskip’ neffens de tradisjonele fisy dy’t de iepening sjen liet is boud op ferlies, hjir fan de ‘frijheid’ en de yntimiteit fan ‘thús’ fan eartiids en in ‘fernijing’ dêr’t wy sjoen de globalisearring fergees yn ynfestearje, en op in fêste mienskiplike lotsbestimming en is dêryn ûnferoarlik: sa’n mienskipsopfetting lit gjin libben subjekt ta, inkeld deade.Jean-Luc Nancy, The inoperative community, oers. Peter Connor, Lisa Garbus, Michael Holland en Simona Sawhney (Minneapolis, MN / Oxford, UK: University of Minnesota Press, 1991) 1-42. Grutte Pier bliuwt kreas by syn fertikaal woartele ksenofobyske identiteit. Mar in ynstabyl sels, ferantwurdlik foar de oar, wat in polityk libben ûnderstelt: sa’n sels kin net.

Sa’n subjekt sil, neist dat er syn wenplak, syn deistige werklikens, minder werkent as sines mei alle op oaren rjochte romtes, it sosjale systeem dêr’t er yn libbet, dêr’t identiteit him in link nei jout, net oanslutend op syn ferlet en ûnferdraachsum achtsje, him weromlûke yn ’e badkûp lykas yn A streetcar named Desire of in finzenisútbraak út it demoralisearre Denemarken beknopedraaie sa’t Hamlet die om it sels te rêden út it sosjale konflikt; mar hy sil, sûnder minsklike funksjes, it sels ferlieze, dus meidwaan oan ’e ynnovaasje as fatum, sûnder spontaniteit en enerzjy, “what is left but activity?—as an activity which is turned against him, independent of him and not belonging to him.”Karl Marx, ‘Economic and philosophical manuscripts of 1844: Estranged labour’, Marxists Internet Archive, g.d. <https://www.marxists.org/archive/marx/works/1844/manuscripts/labour.htm> [krigen 3 febrewaris 2018].

Noaten

  1. AVROTROS, ‘Leeuwarden culturele hoofdstad 2018’, NPO, sneon 27 jannewaris 2018, 21:35, 38 min., <https://www.npo.nl/leeuwarden-culturele-hoofdstad-2018/27-01-2018/AT_2093363> [krigen 31 jannewaris 2018].
  2. ‘Organisatie Culturele Hoofdstad met extra miljoenen onder curatele’, Liwwadders, 18 mei 2017, <http://www.liwwadders.nl/organisatie-culturele-hoofdstad-met-extra-miljoenen-onder-curatele/> [krigen 19 jannewaris 2018]; Kirsten van Santen, ‘LF2018: Wat gaat de Leeuwarder Courant doen?’, Leeuwarder Courant, 20 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/cultuur/LF2018-Wat-gaat-de-Leeuwarder-Courant-doen-22837342.html> [krigen 20 jannewaris 2018]; foar sponsored content yn ’e Leeuwarder Courant sjoch de webside http://www.lc.nl/LF2018/.
  3. Radboud Droog; fierdere ynformaasje oer wurdfierderskip, parsekontakt of oare ynformaasje oer organisaasje en bestjoer is net mear iepenbier sûnt de kulturele haadstêdwebside 2018.nl opheft is.
  4. Nynke de Jong, “Het is hier hartstikke vol. Mensen hebben weer en wind getrotseerd, te gek!” AVROTROS, ‘Leeuwarden culturele hoofdstad 2018’, NPO, sneon 27 jannewaris 2018, 21:35, 38 min., 4:40 <https://www.npo.nl/leeuwarden-culturele-hoofdstad-2018/27-01-2018/AT_2093363> [krigen 31 jannewaris 2018].
  5. Wilbert Elting, ‘Veel kritiek op televisie-uitzending van opening LF2018’, Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Veel-kritiek-op-televisie-uitzending-van-opening-LF2018-22859358.html> [krigen 31 jannewaris 2018]. De Leewarder Courant berjochtet op 4 febrewaris ek oer it ûntbrekken fan in ferslach fan de iepening fan de kulturele haadstêd yn De Volkskrant; dat wie in neffens de Volkskrant-ombudspersoan in beslút, de krante hie nammentlik de freed foar de iepening al in stik fan twa siden pleatst, mei de kop ‘Een ode aan de alledaagsheid in Feanwâldsterwâl’ en in nij stik soe neat taheakje.
  6. Jurre Van den Berg, ‘Friezen boos: Leeuwarden wil als Culturele Hoofdstad de folklore ontstijgen, maar tv-uitzending helpt niet mee’, De Volkskrant, 29 januari 2018 <https://www.volkskrant.nl/televisie/friezen-boos-leeuwarden-wil-als-culturele-hoofdstad-de-folklore-ontstijgen-maar-tv-uitzending-helpt-niet-mee~a4563228/> [krigen 31 jannewaris 2018].
  7. ‘Openingsfeest LF2018 trekt 40.000 bezoekers’, Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Openingsfeest-LF2018-trekt-40.000-bezoekers-22859456.html> [krigen 31 jannewaris 2018].
  8. ‘Researching audiences’, Media Studies 101, 13 desimber 2013 <https://mediatexthack.wordpress.com/category/audience-research/> [krigen 31 jannewaris 2018].
  9. Roger Possner, The Rise of militarism in the Progressive Era, 1900–1914 (Jefferson, NC / Londen: McFarland, 2009) 41-42.
  10. Jean-Paul Sartre, L’être et le néant [1943], (Parys: Gallimard, 1976) 259-260.
  11. Emmanuel Lévinas, Totalité et infini: Essai sur l'extériorité [1961] (Dordrecht: Kluwer Academic, 1987) 161, 194, 238.
  12. Viktor Gecas, ‘The self-concept’, Annual Review of Sociology 8 (1982) 1-33.
  13. Rina S. Onorato en John C. Turner, ‘Fluidity in the self-concept: The shift from personal to social identity’, European Journal of Social Psychology 34:3 (2004) 257–278.
  14. Sjoch Tourism Geographies - An International Journal of Tourism Space, Place and Environment 16:2 (2014) Special issue: Cultural geographies of tourism: Image, identity and place.
  15. K. Anthony Appiah, ‘Identity, authenticity, survival: Multicultural societies and social reproduction’, yn: Amy Gutmann (red.), Multiculturalism: Examining the politics of recognition (Princeton, NJ: Princeton University Press, 1994) 149-164, 149.
  16. Hüsamettin İnaç en Feyzullah Ünal, ‘The construction of national identity in modern times: Theoretical perspective’, International Journal of Humanities and Social Science 3:11 (2013) 223-232. <http://www.ijhssnet.com/journals/Vol_3_No_11_June_2013/24.pdf> [krigen 3 febrewaris 2018].
  17. Evert Verhagen, ‘Creative cities: Evert Verhagen at TEDxStendenUniversity, Youtube, 13 juny 2013, 1:20 <https://www.youtube.com/watch?v=W2lZYKX80EM&feature=youtu.be> [krigen 3 febrewaris 2018].
  18. Hüsamettin İnaç en Feyzullah Ünal, ‘The construction of national identity in modern times: Theoretical perspective’, International Journal of Humanities and Social Science 3:11 (2013) 223-232. <http://www.ijhssnet.com/journals/Vol_3_No_11_June_2013/24.pdf> [krigen 3 febrewaris 2018].
  19. George A. Akerlof en Rachel E. Kranton, ‘Economies and Identity’, The Quarterly Journal of Economies 115:3 (2000) 715-753, 717. <https://public.econ.duke.edu/~rek8/economicsandidentity.pdf> [krigen 3 febrewaris 2018].
  20. Sjoch bygelyks Kathleen Adams, Art as politics: Re-crafting identities, tourism and power in Tana Toraja, Indonesia (Honolulu: University of Hawaii Press, 2006).
  21. Karen Bies, ‘Wat niet helpt is naar elkaar schreeuwen’, Friesch Dagblad, 9 jannewaris 2018, 25. Nijsgjirrich is it ûnferhoalen pleit fan kulturele haadstêdprogrammalieder Sjoerd Bootsma foar de tradisjonele, foar in grut part ferlitten bedriuwshierargy, mei weiwiuwen fan grassroots agency (“Iedereen was tegen”) en hegemonyske arrogânsje (“Het is logisch. Mensen moeten wennen”), wylst de fisys brocht wurde as revolúsjonêr nij (“Het is utopisch misschien”).
  22. Dries Faems, ‘Opinie: Friezen kunnen wel innoveren, maar niet zo goed als ze zeggen’, Expertisecentrum Vinci, 16 maart 2017 <https://www.rug.nl/vinci/blog/blog-16-03-2017-opinie-friezen-kunnen-wel-innoveren-maar-niet-zo-goed-als-ze-zeggen> [krigen 3 febrewaris 2018].
  23. Karlijn ter Horst, ‘Top Dutch werft personeel voor Gigafactory van Tesla’, Leeuwarder Courant, 18 juny 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Top-Dutch-werft-personeel-voor-Gigafactory-van-Tesla-22296244.html> [krigen 3 febrewaris 2018].
  24. Ernesto Laclau, On populist reason (Londen / New York: Verso, 2005) 76.
  25. Giorgio Agamben, Homo sacer: Sovereign power and bare life, oers. Daniel Heller-Roazen [1995] (Stanford: Stanford University Press, 1998) 1-2, 7.
  26. Jan R. Bergsma, ‘Planning of tourist routes: The Green Coast Road in the northern Netherlands’, yn Brian Goodall en Gregory Ashworth (red.), Marketing in the tourism industry (RLE Tourism): The promotion of destination regions (Abingdon / New York: Routledge, 1988) 91. Ek doe, jierren fyftich, mikten de Fryske autoriteiten net op it lûken mar op it beethâlden, dus oernachtsjen fan toeristen.
  27. Jean-Luc Nancy, The inoperative community, oers. Peter Connor, Lisa Garbus, Michael Holland en Simona Sawhney (Minneapolis, MN / Oxford, UK: University of Minnesota Press, 1991) 1-42.
  28. Karl Marx, ‘Economic and philosophical manuscripts of 1844: Estranged labour’, Marxists Internet Archive, g.d. <https://www.marxists.org/archive/marx/works/1844/manuscripts/labour.htm> [krigen 3 febrewaris 2018].

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.2, 28 jannewaris 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen II: Legacy

image Fers2

Legacy wie it buzzword fan 2012. Dat kaam troch de Olympyske Simmerspilen.

The future of the Olympic Stadium will remain uncertain until after the London Games after the body responsible was forced to delay a final decision over its legacy.Paul Kelso, ‘London 2012 Olympics: bidding process for Olympic Stadium extended by eight weeks’, The Telegraph, 15 maaie 2012 <http://www.telegraph.co.uk/sport/olympics/9264558/London-2012-Olympics-bidding-process-for-Olympic-Stadium-extended-by-eight-weeks.html> [krigen 19 jannewaris 2018].

Yn ’e kompjûtertechnology gûnzele legacy doe al in skoft. De CD-ROM dêr’t de Keninklike Bibleteek yn De Haach ús digitaal literêr erfskip op oanlevere ha wol, want withoe lang lyn ha se feromme de floppys nei de kelder brocht en CD-rekjes kocht en kompjûters mei in CD-lêzer, wat noch bêst wurket dat wêrom soene se oerstappe op flash drive, sadat se harsels en de klant twinge ta hieltyd djoerder ûnderhâld fan in ferâldere ding: legacy. Net foar neat is de konnootaasje fan legacy yn ’e ICT ‘hoe komme wy fatsoenlik fan dy âlde rotsoai ôf’; “Het is een synoniem geworden voor woorden als ‘hoofdpijn’, ‘brandend maagzuur’ en ‘frustratie’”.Jeannot Bos, ‘Waarom gebruiken we de term ‘legacy’ als scheldwoord?’, CIO, 27 novimber 2015 <http://cio.nl/software/90426-waarom-gebruiken-we-de-term--legacy--als-scheldwoord> [krigen 19 jannewaris 2018].

Omgean mei ferrûne brûkberens is noch in stik lestiger as it giet om in olympysk stadion en in baan foar it hurdrinnen. Jo kinne wol wolle dat as de atleten fuort binne—lês: toeristen nei hûs binne, want it gie de organisator fan de spilen, earder as it fieren fan sportgeast en kultuer, om it lûken fan toeristen, kommersje en omset, kompleet mei ambush marketing en tickettrochferkeapMark James en Guy Osborn, ‘London 2012 and the impact of the UK’s Olympic and Paralympic legislation: Protecting commerce or preserving culture?’, Modern Law Review 74:3 (2011) 410-429; Mark James en Guy Osborn, ‘The Olympics, transnational law and legal transplants: the International Olympic Committee, ambush marketing and ticket touting’, Legal Studies 36:1 (2016) 93-110.—der nije brûkers en besikers komme en jo rjochtsje in London Legacy Development Corporation op, mar de wrâld draait troch. It ynternet stiet fol mei unheimliche foto’s fan “abandoned olympic venues”, makabere symboalen fan weismiten jild en nea neikommen beloftes fan ûntjouwing en foarútgong. Yn alle gefallen hie dat no in namme: erfskip. “Vier jaar na Londen: hoe is het daar met de olympische erfenis?”Tim de Wit, ‘Vier jaar na Londen: hoe is het daar met de olympische erfenis?’, NOS, 5 augustus 2016 <https://nos.nl/rio2016/artikel/2123346-vier-jaar-na-londen-hoe-is-het-daar-met-de-olympische-erfenis.html> [krigen 19 jannewaris 2018].

Lykwols is de mooglikheid fan erfskip, “the potential legacy of the title in the cities”, neffens de Europeeske Kommisje “essential for the future development of the initiative” European Capital of Culture.European Commission, Summary of the European Commission conference “Celebrating 25 years of European Capitals of Culture”, Brussels, 23-24 March 2010, 3 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/library/capitals-culture-25-years-conclusions_en.pdf> [krigen 19 jannewaris 2018]. It probleem dat hja as kulturele haadstêdgodfather sinjalearje is hoe’t de kulturele haadstêden witte kinne dat der sprake is fan legacy: mei watfoar kritearia en metoaden mjitte dy de potinsjele legacy en dat fan tefoaren? Mar as aansen bliken docht dat toeristen foar fonteinen nei Rome gean, ek as in fleanticket dêrhinne net mear hast goedkeaper is—hjoed €28,99—as in treinkaartsje fan rânestêd nei Fryslân—€25,30—en ús kulturele haadstêdfontein sadwaande syn attraksjedoel mist, dat dy dan dochs as in ûnfersetlike party lingerer (& crasher, yn dit gefal) kleevjen bliuwt, lykas in olympysk doarp, snapt de Europeeske Kommisje dat net út himsels? Wêr wurket Anna Tilroe no sa hurd foar?

De Europeeske Kommisje hold der in konferinsje oer (net oer Tilroe mar oer legacy) dêr’t de legacy-definysje like algemistysk útrôle as dat er der alomfetsjend yn gien wie—gjin wûnder dat ús kulturele haadstêdkongsi der net mei út de fuotten koe. De Europeeske Kommisje stelt dat der “a large variety of possible legacies” is, ûnderstreket dat de kulturele haadstêd “first and foremost a cultural event” is, fertelt net oft in kultureel barren in (life) útfiering, foarlêzing of resinte-keunstútstalling wêze moat of dat fideo-opnammen en teksten rinnend op led screens ek wol jilde as kultureel barren, en wiist op it belang fan “jobs in the cultural and creative industries – a sector with strong growth potential in a knowledge-based economy.” Mar úteinliks sjocht it legacy benammen—en út wenst want ferwachtsje fan de EU gjin radikale fisy op kultuer—as grûnslach foar lange-termyn kulturele planning, dus as bliuwende ymmateriële struktueren, fan organisaasjes en netwurken en regelingen—gjin fonteinen.European Commission, Summary of the European Commission conference “Celebrating 25 years of European Capitals of Culture”, Brussels, 23-24 March 2010, 7, 12 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/library/capitals-culture-25-years-conclusions_en.pdf> [krigen 19 jannewaris 2018]. As dy struktueren der al leine foar’t de kulturele haadstêdtitel yn ’t sicht wie sadat de titel en de city-boost inkeld as katalisator wurkje, kin dat de Europeeske Kommisje neat skele; as se mar oerholden wurde.

It waarmst fan ’e ytlike Fryske legacy-útlizzers wie kulturele haadstêddirekteur Ton van Dijk, “Tevens bestaat er een samen­werkingsagenda tussen de gemeente en provincie – welke doorloopt tot 2025 … Dit is in feite de legacy”,Richard Tjalsma, ‘Ton F. van Dijk: “Het gaat niet alleen om een feestje in 2018”’, LEO, 29 juny 2015 <http://omroepleo.nl/ton-f-van-dijk-het-gaat-niet-alleen-om-een-feestje-2018/> [krigen 19 jannewaris 2018]. folge troch it akkountents­kantoar dat de kulturele haadstêdorganisaasje helpt: “[W]at zijzelf ‘the Legacy’ noemt: het structureel inbedden en het realiseren van sociaaleconomische veranderingen in de regio Friesland, en daarbuiten.”‘Leeuwarden toneel van cultuurimpuls’, AcconAVM, 18 april 2016 <https://acconavm.nl/kennis/maatschappelijke-organisaties/leeuwarden-cultuurimpuls/> [krigen 19 jannewaris 2018]. Rekkenje mar dat it giet om in positive feroaring: “Wat is de zogenaamde legacy? De doelstellingen zijn ambitieus: onder meer 60% kinderen uit armoede participeren, duurzaam consumeren en produceren, 7.500 nieuwe banen, 4 miljoen bezoekers of meer,”‘Geslaagde vijfde bijeenkomst CH2018 in Burgum’, Gemeente Tytjerksteradiel, 17 juny 2016 <https://www.tytsjerksteradiel.nl/inwoners-t-diel/nieuws_43817/item/geslaagde-vijfde-bijeenkomst-ch2018-in-burgum_32141.html> [krigen 19 jannewaris 2018]. koartsein, bestindich selsfertsjinne jild útjaan yn Fryslân.

Mar jildproblemen wiene der fan it begjin ôf, wit immen dat noch? Yn 2011 neamden se Drachten as mooglike kulturele haadstêdkandidaat, mar ja Drachten, dus blierke de provinsje nei de kandidatuer, fergees, want in provinsje wie likemin in stêd, dat de kandidatuer gie nei Ljouwert en provinsjale steaten woe wol foarfinansierje mits Ljouwert earst ynfestearre, mar Ljouwert moast slim besunigje, ek op kultuer, en wûn dochs de kulturele haadstêdtitel. Doe’t lang om let it finansjele risiko bekend waard, maityd 2017, definiearren de kulturele haadstâdorganisaasje, provinsje Fryslân en gemeente Ljouwert legacy skrutelich as it moarnskoft dernei, “de jaren na 2018, de zogenaamde ‘legacy’”,Gretha Pama, ‘Overheden Friesland lossen miljoenentekort Culturele Hoofdstad 2018 op’, NRC, 18 maaie 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/05/18/4-miljoen-euro-extra-voor-leeuwarden-culturele-hoofdstad-2018-9318579-a1559387> [krigen 19 jannewaris 2018]. “de jaren daarna: de legacy”,‘Zes vragen over Culturele Hoofdstad’, Leeuwarder Courant, 24 juny 2015 <http://www.lc.nl/friesland/Zes-vragen-over-Culturele-Hoofdstad-20956913.html> [krigen 19 jannewaris 2018]. of wat krekter as eat dêr’t jo oan fêst sitte, “de legacy: de blijvende opbrengsten die LF2018 voor Friesland moet opleveren”,Atze Jan de Vries, ‘Hoe de provincie en de gemeente ingrijpen bij LF2018’, Leeuwarder Courant, 18 maaie 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Hoe-de-provincie-en-de-gemeente-ingrijpen-bij-LF2018-22223283.html> [krigen 19 jannewaris 2018]. lykas de ferburgen kosten, “het onderhoud van de fonteinen (de legacy)”; “De kater komt in 2019 wel. Wethouder Feitsma (PvdA), vanmiddag ook present, blijft dat echter steevast ‘de legacy’ noemen.”Organisatie Culturele Hoofdstad met extra miljoenen onder curatele, Liwwadders, 18 maaie 2017 <http://www.liwwadders.nl/organisatie-culturele-hoofdstad-met-extra-miljoenen-onder-curatele/> [krigen 19 jannewaris 2018].

In pear moanne letter wie it wurd legacy sa besmet rekke dat de provinsje it ferfong troch “Aginda 2028”.Atze Jan de Vries, ‘Legacy van 2018 heet nu ‘Agenda 2028’ en de politiek moet er flink aan trekken’, Leeuwarder Courant, 13 septimber 2017 4 januari <http://www.lc.nl/friesland/Legacy-van-2018-heet-nu-%E2%80%98Agenda-2028%E2%80%99-en-de-politiek-moet-er-flink-aan-trekken-22493319.html> [krigen 19 jannewaris 2018]. “Dat woord ‘legacy’, daar houd ik eigenlijk niet zo van. Ik spreek liever over ‘opbrengst’”, sei ienriedich de legacy-direkteur fan ’e kulturele haadstêdorganisaasje, “Bijvoorbeeld in het groene thema … op de agenda.”‘Oeds Westerhof: “De afstand is te groot”’, Omrop Fryslân, 4 augustus 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/736970-oeds-westerhof-de-afstand-te-groot> [krigen 19 jannewaris 2018]. Agenda: dingen dy’t (noch) dien wurde moatte.

Wêrom dan al dat legacy-praat? Dat is om’t ûndernimmers har merk promoatsje fia har legacy, dat wol sizze, in súksesfolle ûndernimmer is ien dy’t in legacy neilit.Sjoch bygelyks Peter Jaskiewicza, James G.Combs en Sabine B. Rauc, ‘Entrepreneurial legacy: Toward a theory of how some family firms nurture transgenerational entrepreneurship’, Journal of Business Venturing 30:1 (2015) 29-49. ‘Hallmark’ en ‘mega-event’ makken sûnt de jierren tachtich in grut part fan it toerisme­diskoers út, mei in hieltyd sterkere kompetysje fan stêden en lannen om plak te jaan oan de events, mar de gaststêd­konkurrinsje is dêr­neist ferhurde troch it opnimmen fan de legacy-narrative mei syn breed tasizzen fan stedsfernijing, nije kultuer- en sportfasili­teiten, mear toerisme, positive effekten as gefolch fan in better imago en ek—efterôf net altyd mei-evaluearre—sosjale en kulturele opbringsten.Semiha Sultan Eryilmaz en Hüseyin Cengiz, ‘The mega-event experience: the Formula 1 Grand Prix in Turkey’, yn: Valerie Viehoff en Gavin Poynter (red.), Mega-event cities: Urban legacies of global sports events (Londen / New York: Routledge, 2015) 229-248, 230. Legacy koe in dominant ferhaal wurde yn it toerisme­bedriuw om’t it minder banaal klinkt nei kommersjali­searring en marketing, wylst it net minder rjochte is op tydlikens en ekonomy.Erin Sullivan, ‘Olympic Shakespeare and the idea of legacy: Culture, capital and the global future’, yn Paul Prescott and Erin Sullivan (red.), Shakespeare on the global stage (London: Bloomsbury, 2015) 283-321, 284. De magyske klank fan legacy makket it konsept sels in perferkte panasee foar watfoar problemen ek en dus in legitimearring foar riskante finansjele ynjeksjes.John J. MacAloon, ‘‘Legacy’ as managerial/magical discourse in contemporary olympic affairs’, The International Journal of the History of Sport 25:14 (2008) 2060-2071. “Een half miljoen wordt uitgetrokken voor de zogenaamde legacy, dat is de nalatenschap van LF2018, die onder meer naar voren komt in het project 11Fountains.”‘Overheden trekken de beurs voor LF2018’, Friesch Dagblad, 19 mei 2017 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=72861> [krigen 19 jannewaris 2018]. “Door nu te investeren stellen we het rendement in de toekomst veilig. … We willen volgend jaar op de kaart staan, nationaal en internationaal.”‘Legacy LF2018 doorslaggevend voor CDA’, CDA Fryslân, 21 juny 2017 <http://cda.frl/nl/nieuws/1726/legacy-lf2018-doorslaggevend-voor-cda/> [krigen 19 jannewaris 2018]. Feitlik koe alle krityk delslein wurde mei it wizen nei de legacy.

Legacy kaam mei de—yn Fryslân nea tsjinsprutsen—suggestje dat it fan en foar ús allegearre wie. Yn ferbân mei de Olympyske Spilen is wiisd op it ferskil fan it Frânske héritage, dat ek yn syn juridyske betsjutting in breder fjild beslacht as inkeld guod, dus boel en jild, dat nei immens dea oergiet nei syn neiteam en kulturele, religieuze en oare ymmateriële saken omfetsje kin. Yn it Frysk is der, lykas yn it Ingelsk, in ûnderskied tusken ‘erfskip’ en ‘neilittenskip’, om te begjinnen yn perspektyf, as yn ‘myn erfskip wie ús heit syn neilittenskip’, en dêrneist yn breedte en abstraksje. Want wylst ús berte ús in frij ekslusyf rjocht jout op in neilittenskip, in rjocht dat juridysk fêstlein is, is erfskip alles dat oerlevere is út it ferline, as fan in foarfaar of foargonger en dat,Mei tank oan Henk Wolf, dy’t yn syn wurdferklearring in pragmatyske beneiering kombinearret mei in etymologyske; erfskip en neilittenskip wurde wol synonym brûkt mar erfskip is geskikter foar in tapassing dy’t breder is as oerdracht fan beskate objekten nei de dea fan in persoan dêr’t de erfgenamt mei yn in (wetlike, testamintêre) relaasje stiet. oars as in neilittenskip dy’t út skulden en oare rottichheid bestean kin, altyd posityf is, as yn “Piter Jelles is ûnderdiel fan it kultureel erfskip fan dizze provinsje.”Bertus Mulder, De miskende taaiheid fan it Frysk (Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2007) 42. Legacy—dat om syn bestjoerlike en betsjoenende aura net te ferpingeljen gewoanlik net oerset is nei erfskip of neilittenskip—hat neist in deistige in finansjeel-juridyske betsjutting: de bydrage fan hjoed oan de opbringst yn de takomst. Yn wat de legacy foarmje sil moatte wy noch ynfestearje en legacy wurdt neffens de juridyske betsjutting opfette yn sommen jild. It is in suver ekonomysk konsept; krekt dat makket it sa perfekt geskikt foar it ûndernimmerskip.Erin Sullivan, ‘Olympic Shakespeare and the idea of legacy: Culture, capital and the global future’, yn Paul Prescott and Erin Sullivan (red.), Shakespeare on the global stage (London: Bloomsbury, 2015) 283-321, 284.

Al kinne kulturele eveneminten dy’t toersime op gong bringe goed bydrage oan ekonomy en sosjale kwaliteit, it legacy-ramt is skerp feroardiele. Want tasizzingen wurde selden neikommen, seit Laurence Chalip.

Legacy-discourse is framed in a rhetoric focused on event-organising and on the francisor/franchisee relationship that reinforces the hierarchy of power that event owners enjoy over event organising committees (MacAlloon 2008). Concentrating on legacy as a responsibility for event organisers deflects responsibility from those who are the best positioned to leverage positive outcomes for the host destination, such as local businessess, local trade associations, and local NGO’s (Chalip 2014). After all, organises must stage their event successfully; legacies are secondary to that goal … Any responsibility for legacies is not merely a distraction for event organisers; it is an added expense and a potential impediment to the necessary focus and implementation. Even if event organisers can and to take up legacy planning, their organising committee is normally disbanded (in the case of one-off events) or temporarily downsized (in the case of recurring events), which can make legacy development unsustainable.Laurence Chalip, ‘The tourism agencies’ and local business actors’ perspectives’, yn: Milena M. Parent en Jean-Loup Chappelet (red.), Routledge handbook of sports event management (Londen / New York: Routledge, 2015) 248-266, 261.

It is ûnbekend hoe’t events bydrage oan toerisme en toerisme­marketing bydraacht oan de event. Deputearre Poepjes hat gjin idee hoefolle toeristen oft har fonteinen lokje sille. Want wat it krekt is út de kultuer fan de gastlokaasje dat de toerist syn kar foar de Fryske stêden beskaat, witte wy deagewoan net; wy witte sels net oft goeie marketing it súkses fan de fonteinen helptScott A. Cohen, Girish Prayag en Miguel Moital, ‘Consumer behaviour in tourism: Concepts, influences and opportunities’, Current Issues in Tourism 17:10 (2014) 872-909.—konsuminte­gedrach is in drege saak en it kin goed wêze dat de berjochtjouwing oer it folksferset tsjin de fonteinen mear docht foar har attraksje­faktor. Mar dúdlik is wol dat foar ekonomysk en sosjaal-kultureel effekt oparbeidzjen ûnmisber is, fan toerisme-ûntwikkelders en event-organisators en alle lokale partijen mei in belang by toerisme, en dat foar dy yntegrearre oanpak it doel net by legacy lizze moat, mar by de hevelpealwurking: it finansjeel ûnderstypjen fan lokale partijen sadat dy maksimaal ynsette kinne.Laurence Chalip, ‘The tourism agencies’ and local business actors’ perspectives’, yn: Milena M. Parent en Jean-Loup Chappelet (red.), Routledge handbook of sports event management (Londen / New York: Routledge, 2015) 248-266, 262. City-boost giet dus úteinliks oer finansieringspatroanen. Ferjit it glêde legacy-ferhaal.

Trouwens, foar safier’t de ferwachting skoepen wie dat him yn it jier 2018, troch de wurking fan de kulturele haadstêd, weardefol kultuerguod foar ús opheapje soe, yn de sin fan ‘erfskip’, dat breed ferwiist nei it yn it ferline garre (kulturele) kapitaal dat aansen frij komt, ferjit dat ek mar. Legacy yn dy betsjutting is wat oars as der gjin oer te dragen wearde is, lykas foar de bou fan in stadion sûnder legendaryske NFL-klup, of in olympysk doarp op in plak sûnder sportyf ferline dat makket. Foar syn legacy liende Londen it mondiaal bekende literêre ikoan Shakespeare, it meast weardefolle besit yn it Britske kulturele fermogen, mar yn in nije foarm getten, mei útfieringen yn allerhanne oare talen as de oarspronklike en foar it uterjen fan nije, ûnshakespeariaanske, ‘olympyske’ wearden, lykas kultureel ferskaat.Maev Kennedy, ‘Biggest Shakespeare festival ever will straddle the London Olympics’, The Guardian, 6 septimber 2011 <https://www.theguardian.com/culture/2011/sep/06/shakespeare-festival-straddle-london-olympics> [krigen 19 jannewaris 2018]. De olympyske evenemintorganisator gie dus net sa fier as ús kulturele haadstêdorganisaasje dy’t foar de legacy, dy’t yn Fryslân lykas yn London essinsjeel foar it evenemint neamd waard, it kultureel erfskip foar de takomst alhiel nij fabrisearret. De fonteinen binne neat oars as branding, se binne de alve logo’s foar it merk Fryslân. Mar ja, in Shakespeare wie hjir net foar hannen.

It Heareakkoart, dat keunst yn Grinslân konsintrearre yn ruil foar ûnderwiis yn Fryslân, resultearre yn in kultureel braaklân mei kultisme (om idoalen as ‘Grutte Pier’ en ‘Mata Hari’ hinne), poadiums foar kultuerpolitike drama’s (de salarissen fan ’e kulturele haadstêddirekteuren), kontrôle fan de offisjele media (hawwe har as ‘frije ûndernimmers’ ynkocht yn ’e evenemint­organisaasjeSjoch ek Kirsten van Santen, ‘LF2018: Wat gaat de Leeuwarder Courant doen?’, Leeuwarder Courant, 20 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/cultuur/LF2018-Wat-gaat-de-Leeuwarder-Courant-doen-22837342.html> [krigen 20 jannewaris 2018].) en massahystery (‘ús’ ‘unike’ ‘meartaligens’). It útstel fanwegen in universiteit,Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017) 148-162. net tafallich yn it kulturele haad­stêdjier, om de yn Fryslân berne very minor poet J.B. Schepers te kanonisearjen om’t in part fan syn publikaasjes yn it Nederlânsk is en in part yn it Frysk, is kanonisearring fan twataligens om de twa­taligens sels en in lêste stap nei it kanonisearjen fan wurd­boeken, mei ferskuorrende ûnferskilligens foar it statusferskil tusken de talen. De fermerkting, privatisearring en finansjalisearring fan de universiteitssektor makket ekspertise ûnderhearrich oan macht ynbegrepen soft power, dus kultuerkontrôle; neoliberaal late kennisynstituten binne sadwaande part fan it taal/kultuerprobleem dat se bestudearje. Dat der dêroerhinne al hast tritich jier amper Frysk kultureel libben is jout de kulturele haadstêdorganisaasje frij paad foar linguistic imperialism as in ekonomysk machtsspultsje: de titels fan ’e eveneminten en festivals binne hast sûnder útsûndering yn ’e Ingelske taal want sa wol de marketing it ha.

De provinsjale en Ljouwerter oerheden moedigje de neoliberale bestjoerlikheid oan mei skema’s fan ekonomyske ûnjouwing dy’t útgiet fan útlânske ‘fernijende kreativelingen’ en feroaret de lokale kulturele opfettingen fan wearde. Ynstee fan de doarps-, steds-, en bûtenommienskippen te helpen om wjerstân te bieden tsjin it kultureel ymperialisme en de útputting fan de natuerlike platte­lâns­boarnen fan rêst en romte, stypje de oerheden en finansierende partijen de ymperialistyske ferdivedaasje­ûndernimmers, in foarbyld is it dark sky park-projekt ‘Feel the night’, dat stilleit om “er ook gewerkt aan nieuwe inkomstenbronnen.”‘Welkom bij Feel the Night | Even pauze’, g.d. <http://www.feelthenight.eu/> [krigen 19 jannewaris 2018]. Soks is slimmer as it plannen fan de sosjale legacy fan better iten foar de efterstânsbuert East Londen, dêr’t it nivo fan obesitas heger is as op oare plakken, mar ûnderwilens bedriuwen as Coca-Cola en McDonald’s te beneamen as offisjele leveransiers foar it olympyske evenemint; kultureel ymperialisme is slimmer om’t identiteiten feroaret. It ferset dêrtsjin rekket oan it ferset tsjin erfskip as sadanich.

Erfskip en skiednis stean sintraal yn wat wittenskippers en beliedsmakkers as kultuer beskôgje. Dêrtroch is it iepenbiere en politike brûken fan erfskip (en skiednis) in wichtige foarm fan kulturele objektifikaasje. Ienris objekt is kultuer ta-eigene yn in hieltyd kapitalistyskere postmoderne wrâld, foar konsumpsje en commodification, wat yn de foarige ieu late ta in eksponinsjele groei fan kritykleas erfskipbewarjen en in historisisme dat, neffens Fredric Jameson, komt

with a whole historically original consumers’ appetite for a world transformed into sheer images of itself and for pseudo-events and “spectacles”.Fredric Jameson, Postmodernism, or, the cultural logic of late capitalism (Durham: Duke University Press, 1984) 66.

Bewarjen fan erfskip is sa omfiemjend en etysk fansels en it ferdwine litten fan erfskip sa skande of barbaarsk, dat de goede redenen om it bewarjen fan erfskip ôf te wizen selden nei boppen komme. Mar ek as de erfskipobjekten net eksplisyt en doelberet in ideology en polityk útdrage fertsjintwurdiget har styl en foarm ien of oar âld gedachteguod dat hjoed net mear akseptabel is en fersmiten wurdt. Dêrby wurdt inkeld bewarre wat moai is, wat by definysje in hegemony wjerspegelet; net krekt no mei de kukturele haadstêden sette stedspommeranten grutte bouwurken foar harsels del en tinke der net oan om de miene lju kultureelhistoaryske betsjutting definiearje te litten troch harren aktyf meidwaan te litten oan kultuer. Erfskip wie fanselssprekkend de bettere smaak fan de hege klasse, wat dus, seit Wessel Krul, altyd tinken docht

aan standsverschil, angstvalligheid en bekrompenheid, aan hiërarchie, elitisme en arrogantie, aan uitbuiting en onderdrukking, aan onvrijheid en afgedwongen gehoorzaamheid. Weg ermee!Wessel Krul, ‘Tegen het erfgoed: Over vooruitgang en vandalisme’, yn: Frans Grijzenhout (red.), Erfgoed: De geschiedenis van een begrip (Amsterdam: Amsterdam University Press, 2007) 265-303, 287.

Oant hjir de legacy; ekonomyske ûntjouwing sil it ús net samar bringe, lit stean sosjale rjochtfeardigens en wolwêzen.

Mar kultuer hat sosjale diminsjes; dy kinne de ûntjouwing bringe, seit Thierry Verhelst, ekspert foar Unesco.

Culture inspires strategies for resistance by creating a counterweight. Resistance to everything which is imposed from outside and which is considered to be damaging and unacceptable, is an essential element for the harmonious development of every community. After selecting everything which can be usefully adopted and earmarking the harmful elements for rejection, a strategy of resistance has to be organized. If this is not done, power politics mean that a society will rapidly be overrun by unwanted elements, and finally will passively or unconsciously accept them.

So resistance is to be advised.Thierry Verhelst, ‘The social dimensions of culture: Culture and rural development’, Rural Europe/European Commission, 1994 <http://ec.europa.eu/agriculture/rur/leader2/rural-en/biblio/culture/art04.htm> [krigen 19 jannewaris 2018].

Gjin goerie nedich: kommersjalisearring fan ’e publike romte en yn it algemien it rücksichtlose ekonomyske reduksjonisme fan kultuer kweket fansels ferset. Al hielendal as se de boarger neat freegje, wat wizânsje is yn Fryslân en oars wol meikommen wie mei de mondiale neoliberale trend fan fan boppenôf stjoerd steds­opkwikkerjen as ‘kultuerstêd’.

Mar politike reaksjes fan ûnderôf tsjin de eksploitaasje wurde yn ’e regel ynkorporearre yn it belied. Hoe goed opset ek, it ferset is neutralisearre foar’t it syn doel berikt om’t it opnommen wurdt troch de macht dy’t it nei syn eigen sin draait.Peter Bloom, ‘Re-thinking radicalism between politicization and depoliticization’, paper presintearre op de Political Studies Association Conference 2015, Londen, 31 maart 2015, The Open University, g.d. <https://www.psa.ac.uk/sites/default/files/conference/papers/2015/Re-thinking%20Radicalism%20between%20Politicization%20and%20Depoliticization.PSA%20Conference%20Paper.Peter%20Bloom.pdf> [krigen 19 jannewaris 2018]; Idem, Beyond power and resistance: Politics at the radical limits (Londen: Rowman and Littlefield International, 2016); en Idem, The Ethics of neo-liberalism: The business of making capitalism moral (New York / Londen: Routledge, 2017). Ferset helpt it opbouwen, útoefenjen en de reproduksje fan macht. Deistige wjerstân werspegelet en befêstiget it hegemonyske diskoers. It hiele bestean fan ferset is foar in part hegemonysk om’t it hearskjende weardesysteem makket wa’t wy binne, ek yn ús ferset, en wat wy oan sosjale ferbetteringen waarnimme.Peter Bloom, ‘The power of safe resistance’, Journal of Political Power 6:2 (2013) 219-239. Dêrtroch jouwe hearskjende, normative fersetsfoarmen minsken in feilige fersetsidentiteit, op grûn fan ûnderlizzende dominante wearden, lykas frijheid en kreatyf liederskip en hja ûntwerpe feilige fersetstaktiken.Peter Bloom, ‘Resisting the power of organisational resistance’, yn: Alison Pullen en Carl Rhodes (red.), The Routledge companion to ethics, politics and organizations (New York: Routledge, 2015) 368-383, 374. De protestfontein tsjin de top-down-beslút­foarming oer de kulturele haadstêdfonteinen die as boeropper mei oan ’e promoasje fan dyselde fonteinen, wie neffens in kulturele haadstêdfunksjonaris as protestfontein “‘leuk.’ ‘De kritiek wordt omgezet in een gevalletje humor’”,‘Piemelfontein’ als protestsignaal, De Telegraaf, 27 maart 2017 <https://www.telegraaf.nl/nieuws/92312/piemelfontein-als-protestsignaal> [krigen 19 jannewaris 2018]. stiet op de kulturele haadstêd­marketingwebside en feroaret de sosjopolitike en organisaasje­struktuer gjin spat; krekt oarsom bekrêftiget it ferset de legacy.

De aktive foarm fan ynkorporearjen fan ferset yn it kulturele haadstêdbedriuw is te sjen yn in ‘kritysk’ projekt oer lânskip dêr’t it protest fan ’e dielnimmer al foarformulearre op basis fan mainstream estetyske wearden, as ‘jou ús de kij yn de greiden werom’. It punt is net dat dat oar protest ûntmoediget, lykas tsjin it feit dat in ‘humane’ agraryske oanpak folslein ôfhinklik is fan ’e fraach fan keapers en dat as der gjin lukrative merk foar wie, de Kening fan ’e Greide hielendal net bestean soe; it punt is dat ús ferset al politisearre foar ús leit. Mar dêr skûlet, neffens Peter Bloom, krekt de ûntsnapping út de dissiplinearring en morali­searring fan de hearskjende systemen: politisearje net, gean net yn ferset, kear jo net tsjin eat mar kies in revolúsjonêre, grass-roots, radikale posysje foar eat, hoe ûnwis en ûnwolkom sa’n posysje ek is.Peter Bloom, Beyond power and resistance: Politics at the radical limits (Londen: Rowman and Littlefield International, 2016). Op it mêd fan kultuer en Jameson, Krul en Verhelst folgjend betsjut dat: stribje gjin kultuer nei mar doch wat dat oerslein wurdt as subkultuer. In alternatyf is der net, of ja, omearmkje de flaggestokken.

Legacy

De masten in en rondom Leeuwarden zijn geplaatst in samenwerking met Stichting Kulturele Haadstêd 2018. Ook na 2018 worden deze masten blijvend ingezet. Gemeente Leeuwarden gebruikt ze dan voor stadsmarketing-activiteiten.‘Start signing Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa 2018’, Mooi Leeuwarden, g.d. (ein desimber 2016) <https://www.mooileeuwarden.nl/pagina/start-signing> [krigen 19 jannewaris 2018].

Noaten

  1. Paul Kelso, ‘London 2012 Olympics: bidding process for Olympic Stadium extended by eight weeks’, The Telegraph, 15 maaie 2012 <http://www.telegraph.co.uk/sport/olympics/9264558/London-2012-Olympics-bidding-process-for-Olympic-Stadium-extended-by-eight-weeks.html> [krigen 19 jannewaris 2018].
  2. Jeannot Bos, ‘Waarom gebruiken we de term ‘legacy’ als scheldwoord?’, CIO, 27 novimber 2015 <http://cio.nl/software/90426-waarom-gebruiken-we-de-term--legacy--als-scheldwoord> [krigen 19 jannewaris 2018].
  3. Mark James en Guy Osborn, ‘London 2012 and the impact of the UK’s Olympic and Paralympic legislation: Protecting commerce or preserving culture?’, Modern Law Review 74:3 (2011) 410-429; Mark James en Guy Osborn, ‘The Olympics, transnational law and legal transplants: the International Olympic Committee, ambush marketing and ticket touting’, Legal Studies 36:1 (2016) 93-110.
  4. Tim de Wit, ‘Vier jaar na Londen: hoe is het daar met de olympische erfenis?’, NOS, 5 augustus 2016 <https://nos.nl/rio2016/artikel/2123346-vier-jaar-na-londen-hoe-is-het-daar-met-de-olympische-erfenis.html> [krigen 19 jannewaris 2018].
  5. European Commission, Summary of the European Commission conference “Celebrating 25 years of European Capitals of Culture”, Brussels, 23-24 March 2010, 3 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/library/capitals-culture-25-years-conclusions_en.pdf> [krigen 19 jannewaris 2018].
  6. European Commission, Summary of the European Commission conference “Celebrating 25 years of European Capitals of Culture”, Brussels, 23-24 March 2010, 7, 12 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/library/capitals-culture-25-years-conclusions_en.pdf> [krigen 19 jannewaris 2018].
  7. Richard Tjalsma, ‘Ton F. van Dijk: “Het gaat niet alleen om een feestje in 2018”’, LEO, 29 juny 2015 <http://omroepleo.nl/ton-f-van-dijk-het-gaat-niet-alleen-om-een-feestje-2018/> [krigen 19 jannewaris 2018].
  8. ‘Leeuwarden toneel van cultuurimpuls’, AcconAVM, 18 april 2016 <https://acconavm.nl/kennis/maatschappelijke-organisaties/leeuwarden-cultuurimpuls/> [krigen 19 jannewaris 2018].
  9. ‘Geslaagde vijfde bijeenkomst CH2018 in Burgum’, Gemeente Tytjerksteradiel, 17 juny 2016 <https://www.tytsjerksteradiel.nl/inwoners-t-diel/nieuws_43817/item/geslaagde-vijfde-bijeenkomst-ch2018-in-burgum_32141.html> [krigen 19 jannewaris 2018].
  10. Gretha Pama, ‘Overheden Friesland lossen miljoenentekort Culturele Hoofdstad 2018 op’, NRC, 18 maaie 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/05/18/4-miljoen-euro-extra-voor-leeuwarden-culturele-hoofdstad-2018-9318579-a1559387> [krigen 19 jannewaris 2018].
  11. ‘Zes vragen over Culturele Hoofdstad’, Leeuwarder Courant, 24 juny 2015 <http://www.lc.nl/friesland/Zes-vragen-over-Culturele-Hoofdstad-20956913.html> [krigen 19 jannewaris 2018].
  12. Atze Jan de Vries, ‘Hoe de provincie en de gemeente ingrijpen bij LF2018’, Leeuwarder Courant, 18 maaie 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Hoe-de-provincie-en-de-gemeente-ingrijpen-bij-LF2018-22223283.html> [krigen 19 jannewaris 2018].
  13. Organisatie Culturele Hoofdstad met extra miljoenen onder curatele, Liwwadders, 18 maaie 2017 <http://www.liwwadders.nl/organisatie-culturele-hoofdstad-met-extra-miljoenen-onder-curatele/> [krigen 19 jannewaris 2018].
  14. Atze Jan de Vries, ‘Legacy van 2018 heet nu ‘Agenda 2028’ en de politiek moet er flink aan trekken’, Leeuwarder Courant, 13 septimber 2017 4 januari <http://www.lc.nl/friesland/Legacy-van-2018-heet-nu-%E2%80%98Agenda-2028%E2%80%99-en-de-politiek-moet-er-flink-aan-trekken-22493319.html> [krigen 19 jannewaris 2018].
  15. ‘Oeds Westerhof: “De afstand is te groot”’, Omrop Fryslân, 4 augustus 2017 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/736970-oeds-westerhof-de-afstand-te-groot> [krigen 19 jannewaris 2018].
  16. Sjoch bygelyks Peter Jaskiewicza, James G.Combs en Sabine B. Rauc, ‘Entrepreneurial legacy: Toward a theory of how some family firms nurture transgenerational entrepreneurship’, Journal of Business Venturing 30:1 (2015) 29-49.
  17. Semiha Sultan Eryilmaz en Hüseyin Cengiz, ‘The mega-event experience: the Formula 1 Grand Prix in Turkey’, yn: Valerie Viehoff en Gavin Poynter (red.), Mega-event cities: Urban legacies of global sports events (Londen / New York: Routledge, 2015) 229-248, 230.
  18. Erin Sullivan, ‘Olympic Shakespeare and the idea of legacy: Culture, capital and the global future’, yn Paul Prescott and Erin Sullivan (red.), Shakespeare on the global stage (London: Bloomsbury, 2015) 283-321, 284.
  19. John J. MacAloon, ‘‘Legacy’ as managerial/magical discourse in contemporary olympic affairs’, The International Journal of the History of Sport 25:14 (2008) 2060-2071.
  20. ‘Overheden trekken de beurs voor LF2018’, Friesch Dagblad, 19 mei 2017 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=72861> [krigen 19 jannewaris 2018].
  21. ‘Legacy LF2018 doorslaggevend voor CDA’, CDA Fryslân, 21 juny 2017 <http://cda.frl/nl/nieuws/1726/legacy-lf2018-doorslaggevend-voor-cda/> [krigen 19 jannewaris 2018].
  22. Mei tank oan Henk Wolf, dy’t yn syn wurdferklearring in pragmatyske beneiering kombinearret mei in etymologyske; erfskip en neilittenskip wurde wol synonym brûkt mar erfskip is geskikter foar in tapassing dy’t breder is as oerdracht fan beskate objekten nei de dea fan in persoan dêr’t de erfgenamt mei yn in (wetlike, testamintêre) relaasje stiet.
  23. Bertus Mulder, De miskende taaiheid fan it Frysk (Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2007) 42.
  24. Erin Sullivan, ‘Olympic Shakespeare and the idea of legacy: Culture, capital and the global future’, yn Paul Prescott and Erin Sullivan (red.), Shakespeare on the global stage (London: Bloomsbury, 2015) 283-321, 284.
  25. Laurence Chalip, ‘The tourism agencies’ and local business actors’ perspectives’, yn: Milena M. Parent en Jean-Loup Chappelet (red.), Routledge handbook of sports event management (Londen / New York: Routledge, 2015) 248-266, 261.
  26. Scott A. Cohen, Girish Prayag en Miguel Moital, ‘Consumer behaviour in tourism: Concepts, influences and opportunities’, Current Issues in Tourism 17:10 (2014) 872-909.
  27. Laurence Chalip, ‘The tourism agencies’ and local business actors’ perspectives’, yn: Milena M. Parent en Jean-Loup Chappelet (red.), Routledge handbook of sports event management (Londen / New York: Routledge, 2015) 248-266, 262.
  28. Maev Kennedy, ‘Biggest Shakespeare festival ever will straddle the London Olympics’, The Guardian, 6 septimber 2011 <https://www.theguardian.com/culture/2011/sep/06/shakespeare-festival-straddle-london-olympics> [krigen 19 jannewaris 2018].
  29. Sjoch ek Kirsten van Santen, ‘LF2018: Wat gaat de Leeuwarder Courant doen?’, Leeuwarder Courant, 20 jannewaris 2018 <http://www.lc.nl/cultuur/LF2018-Wat-gaat-de-Leeuwarder-Courant-doen-22837342.html> [krigen 20 jannewaris 2018].
  30. Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017) 148-162.
  31. ‘Welkom bij Feel the Night | Even pauze’, g.d. <http://www.feelthenight.eu/> [krigen 19 jannewaris 2018].
  32. Fredric Jameson, Postmodernism, or, the cultural logic of late capitalism (Durham: Duke University Press, 1984) 66.
  33. Wessel Krul, ‘Tegen het erfgoed: Over vooruitgang en vandalisme’, yn: Frans Grijzenhout (red.), Erfgoed: De geschiedenis van een begrip (Amsterdam: Amsterdam University Press, 2007) 265-303, 287.
  34. Thierry Verhelst, ‘The social dimensions of culture: Culture and rural development’, Rural Europe/European Commission, 1994 <http://ec.europa.eu/agriculture/rur/leader2/rural-en/biblio/culture/art04.htm> [krigen 19 jannewaris 2018].
  35. Peter Bloom, ‘Re-thinking radicalism between politicization and depoliticization’, paper presintearre op de Political Studies Association Conference 2015, Londen, 31 maart 2015, The Open University, g.d. <https://www.psa.ac.uk/sites/default/files/conference/papers/2015/Re-thinking%20Radicalism%20between%20Politicization%20and%20Depoliticization.PSA%20Conference%20Paper.Peter%20Bloom.pdf> [krigen 19 jannewaris 2018]; Idem, Beyond power and resistance: Politics at the radical limits (Londen: Rowman and Littlefield International, 2016); en Idem, The Ethics of neo-liberalism: The business of making capitalism moral (New York / Londen: Routledge, 2017).
  36. Peter Bloom, ‘The power of safe resistance’, Journal of Political Power 6:2 (2013) 219-239.
  37. Peter Bloom, ‘Resisting the power of organisational resistance’, yn: Alison Pullen en Carl Rhodes (red.), The Routledge companion to ethics, politics and organizations (New York: Routledge, 2015) 368-383, 374.
  38. ‘Piemelfontein’ als protestsignaal, De Telegraaf, 27 maart 2017 <https://www.telegraaf.nl/nieuws/92312/piemelfontein-als-protestsignaal> [krigen 19 jannewaris 2018].
  39. Peter Bloom, Beyond power and resistance: Politics at the radical limits (Londen: Rowman and Littlefield International, 2016).
  40. ‘Start signing Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa 2018’, Mooi Leeuwarden, g.d. (ein desimber 2016) <https://www.mooileeuwarden.nl/pagina/start-signing> [krigen 19 jannewaris 2018].

Foaropwurd

Fers2 nû. 4.1, 14 jannewaris 2018

De iepen maatskippij en syn fijannen I: Lekkerij, of

De noflike by-effekten fan de kulturele haadstêd

image Fers2

In pear jier lyn alwer mocht de Ljouwerter krante it útlizze.

Het is de bedoeling dat de Culturele Hoofdstad in zo’n jaar de rijkdom en de verscheidenheid van de uiteenlopende Europese culturen toont, maar tegelijkertijd laat zien wat ons Europeanen bindt.

Wis. De ferhearliking fan kultureel ferskaat hat oeral yn Europa laat ta stipe foar nasjonale taaltoetsen en kennis fan heitelânske skiednis en ynheemske gewoantes as betingst foar ymmigraasje en naturalisaasje. Mar dat wie it noch net.

Dat gebeurt door allerlei activiteiten, die als het goed is ook de nodige prettige neveneffecten hebben. De stad in kwestie wordt er beter van, door grote naamsbekendheid, een aangejaagde economie, meer toerisme, vernieuwde infrastructuur, nieuwe samenwerkingsverbanden, enzovoorts.‘Zes vragen over Culturele Hoofdstad’, Leeuwarder Courant, 24 juny 2015 <http://www.lc.nl/friesland/Zes-vragen-over-Culturele-Hoofdstad-20956913.html> [krigen 11 jannewaris 2018].

Taal is ynherint ambifalint, miende Habermas al: “als het goed is”, “ook”, “nodige prettige effecten”. Mar dat makke taal just sa polityk en minsken hiene in oanberne kommunikaasjebejeftigens en koene moai omdjoeie mei jildichheidsclaims en sa koe it minskdom him emansipearje. Mar ja, wierheid fan útspraken kin logyskerwize inkeld fêststeld wurde as de uteringen frij tsjinsprutsen en hifke wurde kinne, dus yn in ideal speech situation—foar wa’t dat te lêzen al te pynlik is: in eardere freon hat as studint al syn boeken fan Habermas ferbaand. Ek is de wierheid fan in—wa sines feitlik?—bedoeling (mei de KH) min te hifkjen. En ek besit de Ljouwerter krante hielendal net de kennisautoriteit om boppesteande tasizzing te dwaan, as wie it domwei wierheid ynstee fan mar in parse­berjocht út in âld-finzenis. Mar hoe koene wy de wierheid fan “nieuwe samenwerkingsverbanden” befreegje? Jo hiene jo freegjende finger noch net opstutsen of it petear sloech fleurich om nei plensabumperstickers. Gean der foar de wissens mar fan út dat gjinien siet te wachtsjen op jo boargerlike emansipaasje.

Mar wilens binne de earste barsten yn ’e potskuorre kulturele haadstêdglâns ûntstien. Fan ’e wike stie yn ’e krante dat feeststêd Ljouwert, dêr’t wy hieltyd berjochten út hearre dat it net goed giet op sosjaal mêd—hege wurkleazens, mear betize minsken op ’e dyk, misdie, ynienen in jonge spoarleas ferdwûn en krekt nei in moanne dea fûn, Verslavingssoarch Noord Nederlân dy’t net mear op­arbeidzje wol mei de gemeente L—yngripend besunigje wol op it sosjale domein. Dat dat net útmakket foar de boarger om’t de soarch allinne “anders georganiseerd”‘Nieuw college Leeuwarden bezuinigt op sociale hulp’, Friesch Dagblad, 10 jannewaris 2018, 3. wurdt, is min te leauwen. Nettsjinsteande it jierliks tekoart fan tolve miljoen yn ’e sosjale soarch en de trochgeande besunigingen waard oan no ta goed ynvestearre yn previnsje fan sosjale problematyk,‘Nieuw college kort wijkteams in Leeuwarden’, Friesch Dagblad, 10 jannewaris 2018, 17; ‘Transformatie Sociaal Domein, Gemeente Leeuwarden <http://financieel.leeuwarden.nl/begroting/2016-2019/thema/transformatie-sociaal-domein/> [krigen 12 jannewaris 2018]. want, sei wethâlder Ekhart yn 2016, “als we nu doorgaan met bezuinigen op de zorg gaan we een grens over.”‘Grotere tekorten Leeuwarden’, Friesch Dagblad, 26 septimber 2016 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=73420> [krigen 12 jannewaris 2018]. Dat snijen yn sosjaal belied net navenant skandaliger is nei’t Ljouwert heapen ekstra jild oan de kulturele haadstêd joech, om’t ‘dat in oar potsje wie’, is hielendal ûnsin. Jild wurdt net earmerke printe en gemeenten ha in algemiene reserve foar finansjele risiko’s en tsjinfallers dy’t se ferstannich oansprekke moatte (tip: net foar clowns).

Dan de feestprovinsje Fryslân. Dy kocht ferline jier fan ferfierder Arriva 67 tûzen fergese deikaarten foar kulturele haadstêdtoeristen foar 52 euro it stik wylst kommersjele deikaarten mar 19 kostje en de werklike kosten foar it ferfieren fan in ekstra reizger fansels folle leger lizze,‘Fryslân betaalt fiks voor toeristendagkaart’, Friesch Dagblad, 20 december 2017 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=73830> [krigen 12 jannewaris 2018]. kosten mei-inoar foar de Fryslân Card € 1.442.000.‘Friese proef met gratis OV uitgebreid’, OVPRO, 22 desimber 2017 <https://www.ovpro.nl/innovatie-2/2017/12/22/friese-proef-met-gratis-ov-uitgebreid/> [krigen 12 jannewaris 2018]. Tagelyk, yn oktober, besleat de provinsje ta in proef yn simmer 2018 mei it “strekken” fan buslinen, sadat dy minder troch doarpskearnen komme, yn guon doarpen de nije halte twa kilometer fierderop te lizzen komt, wat foar de bus moai is want dy kin de nije, koartere, rjochtere rûte hurder ride en de útsparre tiid makket 5600 oant goed 26.000 ekstra ritten it jier mooglik, dus kassa! En provinsjale steaten ferlingde de konsesje mei Arriva.‘24 Friese buslijnen worden ‘gestrekt’?’, Actief Online, 25 oktober 2017 <https://www.actiefonline.nl/nieuws/politiek/25509/24-friese-buslijnen-worden-gestrekt-> [krigen 12 jannewaris 2018]; ‘Proef: bushaltes buiten dorp en extra lijnen scholieren’, Leeuwarder Courant, 17 oktober 2017 <www.lc.nl/friesland/Proef-bushaltes-buiten-dorp-en-extra-lijnen-scholieren-22586676.html> [krigen 12 jannewaris 2018].

Op 17 oktober 2017 werd bekend dat de provincie de busconcessies in Friesland met twee jaar heeft verlengd. Samen met Arriva wil de provincie het openbaar vervoer in Friesland duurzamer en efficiënter maken.‘Concessie Noord- en Zuidwest-Fryslân en Schiermonnikoog’, OV in Nederland.nl, g.d. <http://wiki.ovinnederland.nl/wiki/Concessie_Noord-_en_Zuidwest-Frysl%C3%A2n_en_Schiermonnikoog> [krigen 12 jannewaris 2018].

Effisjint is yndustryjargon foar maksimaal produktyf en reizgers bringe minimaal ferlies salang’t de bus net foar har stil hoecht te hâlden, okee. Mar duorsum? De kulturele haadstêd is provinsjaalsk ûnduorsum mei syn kerosinesûpende kulturele útwikselingen. Globaal draacht toerisme fiif persint by oan ’e broeikasútstjit en it measte dêrfan, fyftich oan tachtich persint, komt troch it reizgjen, yn haadsaak mei fleanmasine en auto. Yn Stokholm ride sûnt 2004 biogasbussen, yn 2008 rieden yn Leien en Grins de earste griene bussen en Arriva hat yn Ingelân in in pear rûtes op biogas. Yn 2025, ha de Nederlânske provinsjes dy’t bustsjinsten oanbesteegje mei-inoar ôfsprutsen, moatte alle bussen skealik útlaatgasfrij ride. Mar krekt yn 2014 is yn Fryslân de nije oanbestegingsrûnte en de provinsje hat in foarbehâld op de hurde oanbestegingseask: elektrysk of wetterstofbussen meie net ta skea fan de eksploitaasje gean. Foarearst riidt Arriva yn Fryslân troch op ierdgas en disel.

Foar toerisme meie sa te sjen offers brocht wurde oan folkssûnens en wolwêzen. En dan te betinken dat oan Ljouwert de kulturele haadstêdtitel tawiisd krige om it buzzword community. It community-based tourism-konsept skaait út it power-to-the-people-ûnjouwingsidee fan de jierren santich en stiet sintraal yn de promoasje fan lanlike omkriten, oft dat no yn moderne lannen is lykas Ierlân of yn ûntwikkelingslannen lykas Gana, mei it nije paradigma fan respekt foar de lokale kultuer. It tinkt oer effekt & oanlûken fan toerisme as fuortsterkjen en bewarjen fan lokale kultuer en neilittenskip en rjochtet him op mienskipsûntjouwing, ferskaat­fuortsterkjen en erkenning en bewarjen fan erfskip.It ferskil tusken de Fryske wurden ‘neilittenskip’ en ‘erfskip’ leit op dit stuit op ’e ûndersykstafel fan Henk Wolf; yn dit stik is erfskip dat wat takend wurdt oan dingen dy’t minsken wurdearje, dus alles dat oerdroegen wurdt út it ferline (en dat wy moai fine), as fan in foarfaar of foargonger, en neilittenskip as dat wat immen yndividueel takomt op grûn fan syn berte, om’t er bûn is oan tiid en plak, wat ek negatyf wêze kin, as yn ‘ûnfeiligens as neilittenskip fan massatoerisme’. Erfskip (legacy) is bedoeld foar ‘ús allegearre’, dus foar in ymplisite ideologyske groep, oft dat no ‘it minskdom’ of ‘de Friezen’ is. Erfskip, lykas as de âlde literêre papiereboel yn Tresoar, wurdt net inkeld beskôge as oerstallich want efterhelle, net mear brûkber en relevant yn de aktuele tiid, mar ek as eat dat troch syn styl en smaak altyd stânsferskil wjerspegelet en hiërargy, elite en arrogânsje en dat o sa normatyf is. Sjoch Wessel Krul, ‘Tegen het erfgoed: Over vooruitgang en vandalisme’, 2007. Yn ruil krijt de toerist in autentike reisûnderfining. Yn de kulturele haadstêd is dat net it gefal: Mata Hari, Alma Tadema en hynder­sirkus binne gjin autentike Fryske kultuer; se binne toeristyske attraksjes lykas oeral, niks community-based.

Wat ekonomyske ûntjouwing—want te min wurk, te min kânsen yn Fryslân—oangiet, sa lang as ropt wurdt dat toerisme so wie so de top-yndustry is fan dizze ieu is om’t it massa’s banen skept, ien op ’e alve wrâldwiid, en seis persint fan de mondiale hannel útmakket en goed is foar hast tsien persint fan it bruto binnenlânsk produkt op ’e wrâld, want toeristen binne selden sunich en kritysk, sa lang as dus konkludearre wurdt dat toerisme de perfekte earmoedbestriding is yn begrutlike gebieten, sa lang witte wy ek dat it apart is dat dy efterbleaune gebieten dat net sels betocht ha. Net allinne yn Egypte mar ek yn Londen wurkje yn de hotelkeukens legers studinten en illegalen. Yn ’e OECD-lannen is it oanpart arbeiders fan 15 oant 24 jier hiel heech, 21 persint, twa kear it oanpart fan de folsleine ekonomy in de OECD-lannen en ek froulju binne bûtenwenstich represintearre yn it toerismewurk. Lean, rjochtswissens en omstannichheden binne faak sa min dat in klup dêr’t jo it wol it alderlêst fan ferwachtsje, de G20, besletten hat te soargjen dat der mear echte banen komme yn ’e toerismesektor.

Community-based toerisme docht it amper better. It is ûnder fjoer kommen te lizzen troch syn loaze tasizzingen. Yn werklikheid is der in leech ekonomysk effekt op it stik fan banen en ynkomsten, as gefolch fan lytsskalige yntervinsjes, in minne libbens­ferwachting nei’t de eksterne stipe ophâldt, monopolisearring fan ’e opbringst troch lokale elites en in tekoart oan lokale saaklike feardichheden om de boel fan ’e grûn te krijen. Opmerklik is hoe’t dat rychje it Fryske besykjen wjerspegelet: it tsjinfallend entûsjasme fan ynvestearders, it skeppen fan banen dy’t ûnbetelle binne oftewol “frijwillich”, de lukrative putsjes dy’t har konsintrearje yn in beheind rûntsje fan kulturele ûndernimmers, evenemintorganisators dy’t it net rêde sûnder fangnet fan de oerheid en in hastich delset djoer event-gebou dat foarearst leechstean bliuwt.

It probleem by it community-based toerisme liket de tradisjonele top-down-oanpak te wêzen, folslein organisearre en finansiere troch in eksterne partij; as it toerisme in inisjatyf fan de lokale bewenners is binne de effekten op ’e ekonomy geunstiger en duorje de projekten langer. Beliedsmakkers en finansierders soene dus de macht en it jild út hannen jaan moatte oan de lokale mienskip mar dat dogge se net en yn ferbân dermei is it slimste fan it hierar­gyske toerismebelied de lekkerij, leakage: de toerisme­ynkomsten floeie út de lokale ekonomy wei om’t der ymportearre guod mei betelle wurdt en útheemske salarissen en franchisefergoedingen. Lekkerij is foar in part ûnûntkomber mar yn goedkeap massatoerisme kin de lekkerij oprinne ta 95 persint,United Nations Environment Programme (UNEP), ‘Towards a green economy: Pathways to sustainable development and poverty eradicationn - A synthesis for policy makers’, United Nations Sustainable Development Knowledge Platform, 2011 <https://sustainabledevelopment.un.org/content/documents/126GER_synthesis_en.pdf> [krigen 12 jannewaris 2018]. en lekkerij giet ek op foar high end-toerisme dêr’t lokale ûnder­nimmers net eksplisyt útnoege en holpen wurde om mei te dwaan yn ’e sektor.House of Commons - International Development Committee (Great Britain Parliament), Sustainable development in a changing climate: fifth report of session 2008-09, dl. 1 (Londen: House of Commons, 2009) 30. Fan lekkerij út Frysk toerisme wei bestean gjin rapporten, mar bygelyks it Oerolfestival is in ynternasjonale event dêr’t sawat alles foar oanfierd wurdt—no nei Skylge mar Oerol kin yn prinsipe op elk festivalterrein delset wurde—en foar grut part ek wer fuort giet.

De oarsaak fan lekkerij is ekonomyske laisser faire, it neo­liberalistyske tinken dat groei en wolwêzen har beslach it bêst krije by net-late en net-plande toerisme-inisjativen en foar safier’t der planning is de tsjinsten frij oan te besteegjen, makket net út wêr’t de ûndernimmer weikomt, of just mei foarkar foar net-lokale ûndernimmers om’t it ynternasjonaal imago meitelt—ek dat wjerspegelet de Fryske gong fan saken, yn it bysûnder it fontein­inisjatyf. It gefolch is priisynflaasje by meastal lykbliuwende lokale leanen, wetterkrapte, jiskeproblemen, want toerisme is fersmoargjend troch de ‘eask’ fan ien-poarsjeferpakkingen en it tsjin sa leech mooglike arbeidskosten dus mei agressive gemyske middels skjinmeitsjen fan sliep- en itensfoarsjenningen en benammen festivals lizze in enoarme druk op jiskemanagement, romteproblemen om’t bygelyks strannen privatisearre wurde of parken ôfsletten foar publyk yn ’e tiid fan eveneminten, lûdsoerlêst ommers toeristen komme foar har ‘ûntspanning’, en kulturele problemen. Want yn de regel wurdt foar de toeristen de typyske toeristekultuer as in matte oer it lokale plak hinne rôle—Ljouwert krijt deselde natuerstiennen strjitfluorring as it A’damske Leidse- en stasjonsplein, sadat de toerist wit dat er goed sit—en de grutskalige renovaasje fan Ljouwert docht yn alles tinken oan it plat­bulldozerjen fan kilometers kustline foar de sub-Saharan beachlife dêr’t neat noch tinken docht oan eardere ynheemske libbensfoarmen.

Bewenners fan in pear súd-Europeeske stêden hawwe fan’t simmer protestearre tsjin it stedstoerisme om de effekten fan gruttere sosjale differinsjaasje as gefolch fan toerisme-ûntjouwing, tawizing fan de measte lokale bewenners ta lege status, leech-betelle, tydlike banen, minder tagong foar lokale bewenners ta eigen natuerlike boarnen, eskalearjende prizen om’t hegere grûnprizen as gefolch fan hotelbou hegere hier- en pachtkosten en dus djoerdere winkels en kappers ensafuorthinne mei har meibringe, ferlies fan wenfunksje (as jo út it stasjon fan Ljouwert komme sjogge jo it dalik: hjir hat in toerismeadvysburo aktyf west, want der wennet gjin minske), opfretten fan ’e iepenbiere romte troch toeristeattraksjes, lânspekulaasje, tanommen ekstern eignerskip fan lokale middelen, it minder wurden fan de biofysike omkriten, riskante ôfhinklikens fan it plak fan toerisme en opjaan fan oare yndustryen, seisoenbûnens mei gefolch foar wurk­gelegenheid en foar it brûken fan de stêd (spoekstrjitten yn ’e winter), mear kriminaliteit, ekonomyske kosten fan toerisme en benammen: dat de eigen kultuer ferdwynt.

Dat it yn Fryslân net sa fier of sels hiel oars is, is mar hoe’t jo it besjogge. Op de diskusjejûn yn novimber oer de ‘Katalaanske situaasje’—mei dat dizige, probleemferswijende tema sil de Fryske Nasjonale Partij, dy’t de Katalaanske autonomy wiswol ûnderstipet, gjin affiniteit field ha sadat har byldmerk net tusken de debattante­logo’s stiet—is tusken de der by de hieren byskuorde oerienkomsten tusken de Fryske en Katalaanske “situaasje” hielendal net sjoen nei de relaasje fan de toerisme­ôfhinklikens fan Kataloanje, hoe fanatyk oft de Barcelonezen ek wjeraksjelje tsjin it ferlern gean fan ’e eigen kultuer troch toerisme, en it politike autonomystribjen. Mar de psychology fan it toerisme ferskilt net fan plak ta plak.

Eveneminttoerisme is krekt as mediteraan sinnetoerisme willetoerisme: it giet deroer dat men fuortgiet, net wêrhinne. It fuortwêzen út it deistich bestean docht derta, net de geografyske en kulturele bestimming. Rekkenje dêrom net op niget oan de lokale kultuer, lit stean respekt. Couleur locale is perfoarst net nedich; it liket der just op dat it út ’e sleur brekken fuortsterke wurdt troch placeless toeristeplakken, anonym as fleanfjilden. Placelessness is dus it kredo. Dat nimmen nee seit tsjin dy noflike by-effekten is om’t it toeristysk fuort wêzen in demokratysk rjocht wurden is, net yn it lêste plak bekrêftige troch de toerisme-ûndernimmer: it rjocht op bernlike behoeftebefrediging mei kopieuze mielen en ûnbeheind ‘shoppe’ oanfolle mei kwasyspiritualiteit lykas sense of place, en boppe-al it rjocht om efkes fan ’e wrâld ôf te wêzen en wei te lekken nei in homogene non-kultuer. En dat kin dan yn Fryslân!

Noaten

  1. ‘Zes vragen over Culturele Hoofdstad’, Leeuwarder Courant, 24 juny 2015 <http://www.lc.nl/friesland/Zes-vragen-over-Culturele-Hoofdstad-20956913.html> [krigen 11 jannewaris 2018].
  2. ‘Nieuw college Leeuwarden bezuinigt op sociale hulp’, Friesch Dagblad, 10 jannewaris 2018, 3.
  3. ‘Nieuw college kort wijkteams in Leeuwarden’, Friesch Dagblad, 10 jannewaris 2018, 17; ‘Transformatie Sociaal Domein, Gemeente Leeuwarden <http://financieel.leeuwarden.nl/begroting/2016-2019/thema/transformatie-sociaal-domein/> [krigen 12 jannewaris 2018].
  4. ‘Grotere tekorten Leeuwarden’, Friesch Dagblad, 26 septimber 2016 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=73420> [krigen 12 jannewaris 2018].
  5. ‘Fryslân betaalt fiks voor toeristendagkaart’, Friesch Dagblad, 20 december 2017 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=73830> [krigen 12 jannewaris 2018].
  6. ‘Friese proef met gratis OV uitgebreid’, OVPRO, 22 desimber 2017 <https://www.ovpro.nl/innovatie-2/2017/12/22/friese-proef-met-gratis-ov-uitgebreid/> [krigen 12 jannewaris 2018].
  7. ‘24 Friese buslijnen worden ‘gestrekt’?’, Actief Online, 25 oktober 2017 <https://www.actiefonline.nl/nieuws/politiek/25509/24-friese-buslijnen-worden-gestrekt-> [krigen 12 jannewaris 2018]; ‘Proef: bushaltes buiten dorp en extra lijnen scholieren’, Leeuwarder Courant, 17 oktober 2017 <www.lc.nl/friesland/Proef-bushaltes-buiten-dorp-en-extra-lijnen-scholieren-22586676.html> [krigen 12 jannewaris 2018].
  8. ‘Concessie Noord- en Zuidwest-Fryslân en Schiermonnikoog’, OV in Nederland.nl, g.d. <http://wiki.ovinnederland.nl/wiki/Concessie_Noord-_en_Zuidwest-Frysl%C3%A2n_en_Schiermonnikoog> [krigen 12 jannewaris 2018].
  9. It ferskil tusken de Fryske wurden ‘neilittenskip’ en ‘erfskip’ leit op dit stuit op ’e ûndersykstafel fan Henk Wolf; yn dit stik is erfskip dat wat takend wurdt oan dingen dy’t minsken wurdearje, dus alles dat oerdroegen wurdt út it ferline (en dat wy moai fine), as fan in foarfaar of foargonger, en neilittenskip as dat wat immen yndividueel takomt op grûn fan syn berte, om’t er bûn is oan tiid en plak, wat ek negatyf wêze kin, as yn ‘ûnfeiligens as neilittenskip fan massatoerisme’. Erfskip (legacy) is bedoeld foar ‘ús allegearre’, dus foar in ymplisite ideologyske groep, oft dat no ‘it minskdom’ of ‘de Friezen’ is. Erfskip, lykas as de âlde literêre papiereboel yn Tresoar, wurdt net inkeld beskôge as oerstallich want efterhelle, net mear brûkber en relevant yn de aktuele tiid, mar ek as eat dat troch syn styl en smaak altyd stânsferskil wjerspegelet en hiërargy, elite en arrogânsje en dat o sa normatyf is. Sjoch Wessel Krul, ‘Tegen het erfgoed: Over vooruitgang en vandalisme’, 2007.
  10. United Nations Environment Programme (UNEP), ‘Towards a green economy: Pathways to sustainable development and poverty eradicationn - A synthesis for policy makers’, United Nations Sustainable Development Knowledge Platform, 2011 <https://sustainabledevelopment.un.org/content/documents/126GER_synthesis_en.pdf> [krigen 12 jannewaris 2018].
  11. House of Commons - International Development Committee (Great Britain Parliament), Sustainable development in a changing climate: fifth report of session 2008-09, dl. 1 (Londen: House of Commons, 2009) 30.