image

Fraachpetear

Froulju ‘heechliterer’ skriuwe litte is befestigjen fan de wite manljuskanon

Corina Koolen wol fan de hokjes ôf

Friduwih Riemersma - Fers2, 4 novimber 2018

De minyreboelje om it boekewiketema ‘Moeder de vrouw’, earder dit jier, liet sjen hoe’t de gender gap yn de literatuer weiwiuwd wurde koe as feministyske drokte om neat. Unoantaaste libje de stereotypen oer froulusboeken fierder. Dy binne sa gefoelich en krije dêrom in eigen hoekje efteryn de boekhannel, foar chicklit. It delbêdzjende eintsjebeslút dat de mem de frou ommers oan it roer stiet—wêr sigesage de feministen noch oer—muozze kreas fuort dat de romte foar boeken fan manlju en froulju beslist net like grut is en froulju amper oan literêre roeren stean.

Al hiel lang binne der yn Nederlân like folle froulike as manlike romanskriuwers. Boeken skreaun troch in frou krije minder resinsjes, se wurde noch wat minder nominearre foar literêre prizen en winne folle minder literêre prizen, nammentlik mar yn in fierdepart fan de gefallen. Dat komt, sa wurdt altyd sein, troch de kwaliteit: boeken fan in frou binne minder goed en fertsjinje dêrom minder faak in priis.

Kwaliteit yn de sin fan ‘goed’ lit him min ûndersykje. Al binne minsken it opmerklik iens oer wat ‘goed’ of ‘literêr’ is, se binne it der ek oer iens dat froulju mei mear emoasje skriuwe en dat dat net literêr en net goed is en sa bedarje jo yn ’e wolles-nettes. Mar kwaliteit is ek hoe’t eat is, ‘hoedanigheid’: jo kinne útfine oft boeken fan in man en boeken fan in frou faninoar ferskille. Jo stopje in kompjûter fol boeken litte him frekwinsjes telle fan wurden út ferskate kategoryen, lykas berop of gefoelens. Fan wurden dy’t te krijen ha mei berop ferwachtsje jo dat se mear foarkomme yn in boek fan in manlike skriuwer en fan emoasjewurden dat dy mear sitte yn in boek fan in froulike skriuwer. Dat is in wisse metoade en fynt de kompjûter no wurd­frekwinsjeferskillen tusken boeken fan in frou en dy fan in man, dan meie jo oannimme dat der in ferskil is. Fynt de kompjûter gjin ferskil, dan kin der ek gjin kwaliteitsferskil wêze.

Dat is wat Corina Koolen die as promoasjeûndersyk. Mei har kollega’s fierde Koolen 401 bestsellers yn, te witten romans en spannende boeken en romantyk. Ut dy gewoane boeken koe de kompûter de boeken fan manlju en froulju aardich ûnderskiede. Mar dat koe er net sa goed as it gie om fyftich Libris Literuur Prijs en Ako Literatuurprijs-nominearren. It sjenre fan ‘hege’ literatuer hellet it genderferskil fuort. Froulju skriuwe objektyf sjoen net oars as manlju: hja skriuwe net minder ‘literêr’ as manlju.

By literatuer heart ek chicklit

Witte oft de skriuwer in man of in frou is foarmet ús oardiel oer in boek, seit Koolen. Mei it inkeld mar ‘kennen’ fan de gender fan de skriuwer komt in hiele rige persepsjes fan froulikheid of manlikheid fan it boek mei. Dat is foaroardiel, in tinkflater. “Ideeën over wat mannelijk en wat vrouwelijk is worden steeds bevestigd. Zoals: een boze vrouw is hysterisch, een boze man tegendraads.” Gjinien kin der wat oan dwaan dat er dy tinkbylden hat en oerdraacht; Koolen freget om kritysk te wêzen mar beskuldiget net. It komt om’t minsken ûnbewust har oardiel ôfstimme it ramt dêr’t de saak yn presintearre is. “Framing is cruciaal. Dat is een sterk mechanisme. Iemand gaf me het raadsel op van het vliegtuigje dat neerstort op een onbewoond eiland, met een piloot, een onvruchtbare vrouw en Leonardo DiCaprio. Pas jaren later worden ze gered van het eiland, waar dan kinderen op rondlopen die sprekend lijken op DiCaprio. Maar die vrouw was onvruchtbaar. Hoe kon dat? Ik kwam niet op het idee dat de piloot een vrouw was.” Dat der yn werklikens ek gjin typyske frouljusberoppen bestean, hâldt de represintaasjes fan froulikens yn stân. “Hoer is het meest voorkomende beroep onder de vrouwelijke personages op de Libris groslijst…”

Corina Koolen studearre literatuerwittenskip, boekwittenskip en taal en keunstmjittige yntelliginsje foar’t se begûn oan har ûndersyk nei it snijflak fan gender, skriuwstyl en literêre wurdearring oan it Institute for Logic, Language and Computation (ILLC) fan de Universiteit van Amsterdam, in ûndersyk ferbûn oan it KNAW-projekt The Riddle of Literary Quality.

“Wat me interesseert is de betekenis en de hiërarchie van kanons. Er is veel meer literatuur dan de kanons, maar wat er overblijft zijn de hoogliteraire werken. Ik vraag me af wat de rol is van literatuurwetenschap, als die alleen kijkt naar de hoogliteraire werken. Alweer een studie over Shakespeare, we hebben kastenvol studies over shakespeare.” De kanon bepaalt de profesjonele standert. Wittenskippers skriuwe oer Shakespeare om derby te hearren, want Shakespearre wurdt erkend en dêrút folget de profesjonele erkenning fan Shakespearewittenskipper. De fertsjinste fan it feminisme is dat se minder erkende froulju bestudearren en romte foar harren makke hawwe, seit Koolen, en har kwaliteit bewiisd hawwe. Mar it tinken yn kategoryen fan ‘kanonkwaliteit’ bliuwt oan.

“Ik wilde vrouwen ook steeds naar die kwaliteit toe hebben. Maar ik ben daarvan teruggekomen. Bij literatuur hoort ook chicklit. En niet alleen chicklit, maar allerlei genres die niet passen in de hokjes. Ik vind dat we de hokjes moeten doorbreken in plaats van vrouwen ‘hoogliterair’ te laten schrijven.” Want kwaliteit fan keunst net in absolute mjitstêf; it is in sosjale konstruksje. Kwaliteit hat te krijen mei status en hegemony en mei hoe’t wy leard ha om simplifisearjend nei de werklikens te sjen. “We denken allemaal kritisch te zijn, maar we zijn allemaal vol vooroordeel. Ikzelf ook.”

“Heb je Nanette van Hannah Gadsby gezien?” ûnderbrekt Koolen harsels. Yn Gadsby har stand-up comedy show, dy’t viral gie nei’t Netflix him oanbea, wiist se hierskerp oan hoe’t foaroardiel wurket. Op in net earder sa meimakke sensitive manier lit se sjen hoe’t wy propagearje om de keunstner los fan syn wurk te beoardieljen: as it in manlike man is, lykas Picasso, wa syn wurk net ûnder syn seksisme, rassisme en homofoby lijt, mar net as de keunstner in lesbyske frou is—dy har keunst bliuwt altyd mar froulik en lesbysk. “Empathie als middel gaat helpen! Gadsby is geniaal, om een etiket te gebruiken dat normaal voor mannen gereserveerd wordt.”

Menopauze is gjin literêr ûnderwerp

It tinken hearsket dat der typyske manljusliteratuer en typyske frouljusliteratuer bestiet. Mar dat feit betsjut oan de oare kant net dat de lêzer dy’t wit dat de skriuwer in frou is, fan betinken is dat it boek minder is as wannear’t er wist dat de skriuwer in man wie. “We vroegen 600 lezers om de kwaliteit van een literaire tekst te scoren. We vertelden hen dat de tekst van een debutant was, die graag een oordeel wilde hebben. Tegen 200 lezers zeiden we dat de tekst van een man was, tegen 200 dat het van een vrouw was en tegen de laatste 200 dat het van een auteur was, dus neutraal. De groepen verschilden niet echt in scores. Het is complexer.”

Mar as jo privee helpe wolle sjogge jo oars as dat jo yn it iepenbier oardielje. Ek wurdt it, dat is út allerhanne ûndersyk bekend, foar froulju lestiger neigeraden hja heger op de literêre ljedder klimme. De ûngelikense genderferhâlding spilet him benammen yn it hegere segmint fan de literatuer ôf. Fiif jier lyn ûndersocht René Appel de genderferhâldingen by de ynstjoeringen foar de Libris Literatuur Prijs tusken 1994 en 2012. It meastepart fan de ynstjoeringen is skreaun troch manlju. It gefolch dêrfan wie likernôch 90 persint manlike winners. “Het telt misschien mee dat we zeiden dat het om een debutant ging. Daar is welwillendheid. Men ziet dat bij debutantenprijzen vrouwen het best goed doen. Maar worden het prestige en het bedrag hoog, dan telt gender wél mee. Er moet nu onderzoek komen naar: waar gaat het mis, bij wat voor prijs. Want dan kun je actie ondernemen.”

“Bovendien moet je meer weten over onderwerpen die we literair vinden. Waarom vinden we een onderwerp als mode niet leuk voor literatuur? Er is geen literatuur over menopauze. Mijn professor zei dat dat geen literair onderwerp is. Ik vroeg hem: wat is er inherent onliterair aan menopauze? Hij zei toen dat hij wel eens een literair boek over anorexia gelezen had. Waarom kan anorexia wel literair zijn en menopauze niet? Maar hem confronteren met zijn eigen vooroordeel, dat vrouwensituaties niet literair zijn, hielp niet. Het zit diep. Zo worden we gesocialiseerd. Kijk naar kinderliteratuur: ik kan voor mijn dochter niets vinden dat niet over avontuurlijke jongetjes gaat. Of ja: dan gaat het over prinsesjes.”

Al binne der hieltyd hite holle oer de genderferhâldingen yn de literatuer en al wurdt om de safolle jier opnij de opkomst fan de froulike skriuwer oankundige, der feroaret net in soad. De literêre noarm is stabyl manlik. “De allermeeste ‘hoge’ literatuur gaat over mannen die proberen met mooie vrouwen naar bed te gaan. Dat heb ik nu wel gelezen.” Foar in froulike lêzer fan hege literatuer, “want ik houd meer van de complexiteit en dat je tot nieuwe inzichten komt, dan van de simpele chicklit”, is identifisearjen mei in haadpersoan is sa goed as ûnmooglik. “Ik heb heel erg gezocht naar hoge literatuur over een vrouw zoals ik, om mezelf in het verhaal te kunnen zetten. Maar zulke hoge literatuur is er niet.”

Hege literatuer, ek as dy skreaun is troch froulju, giet yn de allermeaste gefallen oer manlju. “De gemiddelde hoofdpersoon is de jonge witte mannelijke student. Dat is een bevestiging van de witte kanon en we mogen er niets van zeggen. Maar waarom mag je op dit vlak niet kritisch zijn? O, dat is niet alleen in Friesland. Amsterdammers zijn traditioneler dan je denkt. Ze hangen het op aan kwaliteit.”

Vrouwenliteratuer foar eigen foardiel

Literatuer is in manljuswrâld. Manlju binne oerfertsjinstwurdige as heechliterêre skriuwer en ek as kritikus. Sa’n 70 persint fan de skriuwers en trijefearn fan de besprekkers is man. Manlike besprekkers behannelje froulju net sasear oars as gewoan net. Yn 2012 telde Opzij dat de trije grutte kranten, NRC, Trouw en de Volkskrant, 27 persint fan de besprekken oan boeken fan froulju wijde. Koolen neamt geregeldwei de Lezeres des Vaderlands, dy’t fan de male bias yn Nederlânske boekbylages de beskamsume sifers byhâldt, mei de ferlechjes derby. Dat der folle mear boeken fan manlju besprutsen wurde, soe komme om’t in grut part fan de boeken ek troch in man skreaun is. Aha, dêrom ha wy sa’n bytsje froulike premiers (seit de synikus). Selektyf beleanjen kweket iensidich oanbod. “Het grootste probleem is dat mensen graag ergens bij willen horen. Daardoor zijn vrouwen vaak nog vrouwonvriendelijker dan mannen, anders mogen ze niet meer meedoen.”

Yndie is de krityk fan de froulike besprekker faak, ek yn de Fryske literatuer, dat de personaazjes yn it wurk fan froulju net bûten har priveesfear komme en gjin maatskiplike bining hawwe. Dat is tritich, fjirtich jier lyn al nei foaren brocht; de fraach is oft dy fijannigens net ûnskiedber ferbûn is mei ús polityk en kultuer. “Nee, dat is niet altijd zo want uit het Queen Bee onderzoek blijkt dat vrouwelijke topfunctionarissenen wel vrouwen onder zich aannemen en niet vrouwen weren om zo hun eigen positie velig te stellen. Ook worden Libris- en Ako-genomineerden vaker door een vrouw gerecenseerd. En een recensie door een vrouw is beter dan helemaal geen recensie, ook al is een mannenrecensie meer waard. Van de mannen moet je het sowieso niet hebben. Als mannen wel aan vrouwenliteratuur beginnen is dat vaak ook nog voor eigen voordeel, als nicheliteratuur die goed verkoopt. Deze mannen pronken dan met het prestige, in plaats van iemand uit de groepen zelf. Maar die heeft niet de macht.”

Wylst út ûndersyk bliken docht dat manlju mear niget hawwe oan non-fiksje—“en non-fictie wordt steeds belangrijker; vrouwen lezen fictie, maar misschien is dat straks niet meer literatuur!”—hawwe manlju dus alles te sizzen oer literatuer. Wy wisten al dat it kwantitive argumint, dat it oanbod oan literatuer fan manlju grutter is, net doocht, om’t it oanbod fan froulju beheint wurdt troch manlike gatekeepers. It stimulearret net om troch te skriuwen as der nei in debut gjin besprekken komme. No witte wy, troch it ûndersyk fan Koolen, dat it kwalitative argumint, dat manlju no ienris better skriuwe, ek net doocht, mar de reaksjes binne hertlau. “Er zijn er maar weinig die er rechtstreeks tegen ingaan. Anderen komen met anecdotisch materiaal dat niet strookt met mijn bevindingen. Of ze vinden het erg belangrijk, maar gaan weer verder met hun witte dingen.”

Dus? “Er kwam geen vrouwenkiesrecht voordat mannen toestemming gaven. Er kwam geen anticonceptiepil voordat mannen toestemming gaven. Zijn er nu mannen nodig om de volgende stap te mogen zetten? We moeten uitvinden wat de meest nuttige tactiek is om de gender gap te corrigeren!”

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15