name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Essee

Fryske kristenen en literêre kanon

Friduwih Riemersma - Fers2 3.20, 10 desimber 2017

 

image Fers2

 

 

Dat de literêre kanon fan de wite kristlike mannen foar de wite kristlike mannen is, jildt tsjintwurdich as in klisjee. Heakje oan de kristlikens elitêr, westersk en nasjonalistysk ta en jo fange alle kanonisearringskrityk fan de jierren santich fan de foarige ieu, dy’t bleatlei dat it ynherint útslutende karakter fan antologyen ynhold dat beskaat wurk en beskate skriuwers altyd ta de besteande privilezjearre tradysje hearden.

De kanondefinysje ken trije drompels. Kanon yn de breedste sin is de de facto kanon, alle literatuer dy’t skreaun is, dus it hiele Fryske korpus, ûntstien út de praktyk sûnder dat dêr perfoarst oerheidsbelied mei muoid is. Mar skriuwers brûke besteande modellen en beare belauwere masterskip nei, dat is de earste drompel. Yn in literêre styl dy’t ûnbekend is yn in kultuer of dy’t mar nuver fûn wurdt, lykas yn Fryslân net-epyske fantasyfiksje, sil net gau skreaun wurde; earder komt der mear fan wat der al is. Yn smellere sin is de kanon dat wat publisearre wurdt. Wat ûnbemind is komt net oer de drompel fan redaksjes fan tydskriften en útjouwers en literatuerkritisy. De smelste en gebrûklike definysje fan literêre kanon is, yn neifolging fan de bibelske kanon, de offisjele gesachfolle list fan goedkarde boeken foar de nasjonale of lokale lesstof, dy’t altyd ûnder bestjoerlike superfisy stiet en it literêre wurk omfettet dat yn offisjele antologyen en hân- en skoalboeken bedarret.

De lêste en beskiedende drompel foarmet de tradysje. Sa komt út reden fan it tradisjonele papieren boek fan ’e boeken oraal wurk selden yn de kanon. De skreaune bibel is yn ús kultuer al sûnt minskewitten superieur oan it sprutsen of songen gospel. De hegere wearde fan papier is, neist tsjerklike en nasjonalistyske kultuer­polityk, in reden dat de literatuer fan de Fryske njoggentjinde ieu, dy’t foar in part ynteraktyf performance-wurk wie, net kanoni­searre is. Itselde lot treft digitaal wurk. De earste jierren fan it Fryske literêre online-tydskrift Farsk, dat letter mei Hjir opgie yn ensafh, binne, hoewol’t Farsk súksesfoller wie as it papieren insiders-blêd Hjir, troch it sin sketten en net bewarre by it Fryske ynstitút dat dêrfoar ferantwurdlik is.

It ûnderwiis—Nederlân ken likemin steatsûnderwiis as skieding fan tsjerke en steat—is in grutte ynstitúsjo­nalisearder fan de kanon. Universiteiten dogge dêr amper oan mei. Wittenskippers mistrouwe kanonisearre wurken, fêstlein yn antologyen, dat is bekend, om de ekonomyske driuw efter antologyen. Geregeldwei moat der in profytlik nij boek op ’e merk ferskine, dat in standertblomlêzing hat alles mei kommersjele popularisearring en neat mei kwaliteit te meitsjen. Ynstee fan in estetyske ûndernimming is blomlêzen in ûntearing fan de keunst.Barbara Korte, ‘Flowers for the picking: Anthologies of poetry (in British) literary and cultural studies’, yn Barbara Korte, Ralf Schneider en Stefanie Lethbridge (red.), Anthologies of British poetry: Critical perspectives from literary and cultural studies (Amsterdam / Atlanta, GA 2000) 1-27, 13. Mar Fryslân hat gjin literatuer­witten­skippers om dy krityk te leverjen, kanonisearrings­meganismen te bedjipjen, te wizen op taboes lykas dat, wylst in skriuwer altyd skriuwt, de Fryske kanon in gat ken fan 1941 oant 1945,It nijste populêre hânboek, Zolang de wind van de wolken waait (2006) nimt 1300 wurden foar de oarloch, mar brûkt dy romte foar sosjale skiednis, net foar literêre. of om sels mar bûten-literêrkrityske yn- en útslutingskritearia bleat te lizzen.

De besteande kanon foarmet it normative ramt, sadat ien groep, de dominante, yn de kanon represintearre wurde kin en de oare net: elitêre hegemony. Mar in Fryske literêre elite ken de Fryske kultuerskiednis net. Yn 1951 soe wol sjoernalist-esseeïst Folkertsma mei in esseebondel “een waardevolle opvoeding aan een elite van zijn volk gegeven”‘Mij. van Ned. Letterkunde vergaderde te Leeuwarden’, Leeuwarder Courant, 15 jannewaris 1951, 2. Jelle H. Brouwer besprekt op in geearkomste fan it Maatschappij der Nederlandse Letterkunde de esseebondel Eachweiding van Eeltsje Boates Folkertsma. hawwe, mar is in esseelêzende elite ek in literêre elite? Yn it nijste hânboek fan de Fryske literatuer sit trije kear it wurd elite, mar as ‘kulturele elite’,It giet om ‘culturele elite’, net spesifisearre (59), ‘stedelijke (vooral Leeuwarder) elite, waardoor er zich veel juristen en ambtenaren onder bevonden’, mei oare wurden de hegere boargerij (71), en ‘cultuurbewuste elite’ (239), Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006). dat wol sizze de lju dy’t de smaak meitsje en de ynfloedrike posysjes op it mêd fan ’e smaakmakkerij tawize—en dy’t gewoanlik natuer romantisearje, om’t en foar salang’t hja der amper mei yn oanrekking komme. Op in literêre Fryske elite wiist ienris in kultuerkritikus, mar ûnderbouwing, kontekst en doel dêrfan misse: “Na de oorlog wilde een verlichte elite, met Fedde Schurer voorop, de verbinding verbreken tussen de Friese beweging en de kunsten.”Huub Mous, ‘Friesland in de moderne ruimte’, HuubMous.nl, 17 maart 2014 <www.huubmous.nl/2014/03/17/friesland-in-de-moderne-ruimte/> [krigen 19 novimber 2017]. De KB-krantedatabase (dy’t oant 2000 rint) fynt neat foar elite yn Fryslân, útsein in fotobyskrift, net botte feitlik: “In de Friese hoofdstad snakt de culturele elite naar de opening van de nieuwe Harmonie.”Peter Blom, ‘‘Mooiste schouwburg van Nederland’’, Nieuwsblad van het Noorden, 29 jannewaris 1994, 13.

Ek as jo kanonisiteit definiearje neffens de postmoderne krityk op de kulturele hegemony, as beskaat troch de sosjale identiteit fan de skriuwer, dan bliuwt faak bûten sicht wat fansels sprekt, seit John Guillory,

that the older the literature, the less likely it will be that texts by socially defined miniorities exist in sufficient numbers to produce a ‘representative’ canon … The historical reason is that, with few exceptions before the eighteenth century, women were routinely excluded from access to literacy, or were proscribed from composition or publication in the genres considered to be serious rather than ephemeral.John Guillory, Cultural capital: The problem of literary canon formation (Chicago 1993) 15.

Dat der yn it offisjele diskoers gjin literêre elite bestiet is dus just it punt. Wa ommers binne de groep dy’t ferantwurdlik is foar de ideology fan in kultureel systeem sûnder elite? Te sizzen dat dy groep, de hegere boargerij, út Fryslân wei lutsen is,Goffe Jensma syn oanname yn Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (1998). bemantelet de saak net minder as it kritisearjen, en retoarysk ferbrekken, fan ’e flirt fan Fryske skriuwers mei it anty-elitêre fassisme.Fedde Schurer, ‘De bining forbritsen’, De Tsjerne 1:1 (1946) 3-5. Dochs is de hegemony net in riedsel, om te begjinnen om’t skriuwer Josse de Haan al jierrenlang de rinkelbel galmje lit, en om te einigjen om’t de CDA-er/kulturele haadstêdlieder Jacco de Boer net oars docht as himsels oppenearjen as elitêre kristlike smaakmakker. Boppedat waard yn de westerske wrâld healwei de njoggentjinde ieu de literêre kanon in rûtine dy’t literêre kwaliteit ferbûn oan de klassike konvinsjes fan kanonfoarming en oan kristlike wearden. Yn roomske likegoed as protestantske naasjes foarme de bân fan de religieuze kanonisiteit—de sanksjonearre wijde teksten—mei de hillige, paternalistyske regels en sintralisearre ynstitúsjonalisearre macht, de mal dêr’t de literêre kanon yn getten waard.Nancy Glazener, Literature in the Making: A history of U.S. literary culture in the long nineteenth century (Oxford 2015) 46.

Kristendom—bedoeld is hieltyd it protestantisme dat earder konservatyf of fûnemintalistysk bleau as meigie yn it moderne liberale etos—en kultuer stean yn in spande ferhâlding. Want kristenen sinjalearje in soad sûnde yn ’e kultuer, dêr’t de kultuer­yndustry om gniist. Kristlike lêzers ha lijd en wrokt om ’e literêre aberraasjes fan Waling Dykstra en de fiislakkerij fan Trinus Riemersma, dat jo soene sizze fan wêrom lûke se de doar nei de wrâldske kultuer net gewoan efter har ticht? Mar hja meie net. Al hoe’t de ûnkristlike kultuer har ek provosearret. Want de minske is in ôffeardige fan Kristus, libbet middenyn en foar it goederbêst fan de kulturele kontekst en syn kulturele libben is tekene troch ynkear en tsjûgenis; 2 Korintiërs 5:20. Om’t froede kristenen har kulturele omkriten nei Kristus rjochtsje moatte, ynstee fan nei idoalen, is har kristlike kulturele ramt sterk egalitêr. Dêrneist is it kristendom yn Europa slim ferfrissele rekke mei it rjochtspopulisme. De populistyske ideology set in homogene ynheemske befolking foar in elitegroep en gefaarlike ‘oaren’ oer, dy’t derop út wêze soene om it soevereine folk syn rjochten, wearden en identiteit ôf te nimmen. Kultuer is yn it populistyske tinken net in kompleks, frij heterogeen, histoarysk ferankere systeem fan betsjuttingjouwing, mar in simpele rige gedrachskoades en symboalen, en kultuer is eat dat mei ‘striid’ ‘bewarre’ wurde moat.Nadia Marzouki, Duncan McDonnell en Olivier Roy (red.), Saving the people: How populists hijack religion (London 2016).

Net tafallich stiet it kristendom noed foar ús kultueruteringen. It kristendom is de godtsjinst dy’t westerske beskaving legitimearre hat en bloeie liet, seit Michel Onfray. Alle beskavingen ûntjouwe har mei geweld, ek ús kristlike, en in beskaving dy’t fundearre is op godstsjinst is ûnderdrukkend om’t der net samar frij tocht wurde kin.Michel Onfray, Décadance (Paris 2017) 20, 37, 38-39. Hoewol’t it kristendom yndividualistysk is, dus elkenien persoanlik aanspraaklik is foar sivilisearring—en persoanlike korrespondinsje in promininte literêre styl yn ’e bibel is—feroardiele de paus noch yn 1930 de frijheid fan tinken: “[L]it de leauwigen ek op har iepenst wêze foar de oerskatte ûnôfhinklikens fan persoanlik oardiel en dy falske autonomy fan ’e minsklike rede.”Pius X, ‘Casti Connubii’, pauslike ensyklyk, 31 desimber 1930, 104.

It ôfwizen fan selsstannich tinken wurdt yn Fryslân oanfolle mei in sterke wurketyk. Immen hoecht gjin tsjerkjende kalvinist te wêzen om de arbeidsmoraal te folgjen; earder as in religieuze is dy in kulturele noarm: ‘Ledigheid is des duivels oorkussen’. It kultureel emansipaasje-effekt fan ‘arbeid makket frij’ en it opfiedend effekt fan ‘arbeid adelt’ litte wurk sjen as in probaat ferbettermiddel foar beskavingsprosessen en in betroubere mjitstêf fan minsklike foarútgong.Albert Benschop, ‘Arbeid: een lastig en omstreden begrip’, Sociosite, Universiteit van Amsterdam, 1995-2017 <http://www.sociosite.net/labor/arbeid/> [krigen 19 novimber 2017]. Earbied foar self-made men, ofterwol ‘sneupers’, selsrêdsumens en—net te yntellektueel—bodzjen stean sintraal yn de Fryske kulturele ideology. Apart is dêrom dat S.J. van der Molen dy’t syn libben lang skrept hat foar de Fryske literatuer, net kanonisearre is.

De fanatykste bodder op it mêd fan antologyen, dêr’t kanons yn dellein wurde, is sûnder mis Douwe Kalma. Kalma lei as hiemhûn foar alle kanondrompels. Hy twong mûnling, op gearkomsten en yn taspraken, en skriftlik, fia nijsmedia, kultuerblêden en pamfletten, ien stylfoarm ôf en hifke dêrnei as redakteur en literêr kritikus wat der oan Frysk wurk ferskynde, yn ’t earstoan op in manier dy’t sûnder oerdriuwing agressyf neamd wurde kin. Hokker wurk de earste drompels net oerkaam is net mear nei te gean. Dat letter, nei de Dútske besetting, it tydskrift De Tsjerne, mei syn kristlike redaksje fan Schurer en Folkertsma, as in autokratyske kwasy-steatsynstelling de koerts fan de Fryske literatuer bewekke is wol bekend,Sjoch bygelyks Trinus Riemersma, ‘De bining foargoed ferbrutsen: Rede by de iepening fan ’e tetoanstelling ‘De skamte de kop ôfbiten’ yn it FLMD, 21 april 1988’, Trotwaer 20:4 (1988) 166-171, 168. mar net hokker ûnkonvinsjonele útstapkes ûntmoedige binne of troch selssensuer opoffere om publikabel achte te wurden. Mar de blomlêsde wurken litte ek sjen wat útsletten waard, mei yn de ferantwurding de formele reden dat de opnommen wurken útkeazen binne. De sydlingse reden om eat op te nimmen docht der foar kanonisearring net ta om’t de antology sels de kanon fêstleit en net de lang deade Kalma waans selsmytologisearring—hy seach antagonisme dêr’t it net wie en skildere syn literêre opponinten stikken gefaarliker en machtiger ôf as dat se wiene—syn wiere motiven mooglikerwiis foar ivich ferhoalje sille.

De naasje is Gods oarder

Yn de ynlieding fan It sjongende Fryslân, Kalma syn earste antology dy’t yn de earste wrâldkriich, 1917, ferskynde, ferklearret Kalma dat de Europeeske krisis net út nasjonalisme ûntstien is mar út it rasjonalisme—religieus rasjonalisme is it inkeld foar wier oannimmen fan dy ynhâlden fan it leauwe dy’t oerstimme mei de rede—dat de woarteling fan de minske yn syn fan god jûne naasje ûntkent. Yn de naasje, dy’t gods oarder is, binne fjouwer rûnten, is Kalma fan betinken, en wol it ik, it húsgesin, de mienskip en de wrâld. Patriottisme en leafde foar it eigene, dy’t Kalma sjocht as ynberne minsklike eigenskippen, meie net oerslein wurde. Mei krêft wiist Kalma literatuer ôf dy’t it ik direkt ferbine wol mei de wrâld, dy’t hja foarmje ta in “Lokssteat”.Douwe Kalma, ‘Ynlieding’, yn idem (gearst. en ynl.), It sjongende Fryslân (Berltsum 1917) 8. Kalma sjocht it “Liet lyk as de Keunst” yn tsjinst fan “de Ivige Goedens”:

O ik soe de rimelders fan goe-Fryslân taroppe wolle, dat hja, troch it hillige lichem fan it Liet te ûntearjen, wylst God har gjin krêft ta skepping tabedielde, net allinne tekoart komme yn har earbiedenis foar wat de goedens allinne tabeheart, mar dêrtroch harsels jouwe yn tsjinst fan de kening fan it tsjuster.Douwe Kalma, ‘Ynlieding’, yn idem (gearst. en ynl.), It sjongende Fryslân (Berltsum 1917) 8.

It ferskil tusken wiere dichters en ‘rimelders’, dy’t ek tagelyk it seleksjekriterium foar de antology is, sit him neffens Kalma net yn it skeppingsproses, mar earder, yn de ynspriraasje ta dichtkeunst. De ‘kening fan it tsjuster’ tsjinnet as befêstiging fan ’e narrative fan it njoggentjinde-ieuske rasjonalisme. In lear wie dat net, mar in fisy dy’t kleurd waard troch it deïsme fan god is yn alle matearje te finen en it romantisisme fan god skûlet yn de natuer, en dy’t útrint yn it eksistinsjonalisme fan philosophischen Glauben en it yrrasjonalisme fan Nietzsche; in fisy dus dy’t god gewoanlik net ûntkende. Mar oft de regels foar goed skriuwen gelikens binne foar rasjonalistysk-kristlike en mystyk-kristlike skriuwers, it kwaliteits­kritearium, docht der net mear ta as dichterlikheid inkeld út mystyk, nasjonalistysk kristlik leauwe fuortkomme kin. Dan kinne jo de dichters selektearje mei de posysje dy’t jo de measte kultuerpolitike macht jout. Sa komt Schepers yn ’e karlêzing, mei in wurk dat estetysk ûnder de mjitte is mar it dichtsjen as persoanlike bea sjen lit en de titel Sielesang hat: “Sa giet it mei ús dichten: / Leed ha wy: moai ef lilk fine ’t de ljue, / Mar ’t libben driuwt ta sang lykas wy plichten.”J.B. Schepers, ‘Sielesang’, yn D. Kalma (gearst. en ynl.), It sjongende Fryslân (Berltsum 1917) 50.

Dat Fryske literatuer ynset wurde kin as middel om it evangeelje oer te dragen, wie in nije gedachte yn it begjin fan de tweintichste ieu. Om’t religy sjoen waard as meast yntime fan de ekspresjes fan it minsklik hert en it meast geheime fan ’e persoan­like konfesjes, wêr’t de minske himsels allinnich syn eangst en ferlies bekent, is de taal dêr’t immen himsels mei oansprekt, dus de eigen taal, it meast geskikt foar de godstsjinst.Sjoch Jan Popkema, De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu (De Gerdyk 2014). Om de posysje fan de Fryske taal yn de protestantske godstsjinst te ferbetterjen kaam it Christlik Selskip foar de Fryske Tael en Skriftekennisse der (yn 1908). De grûnslach wie Hannelingen 2:1, ‘Hoe hearre wy har yn ús eigen taal Gods grutte wurken ferkundigjen’. Wumkes, ien fan de oprjochters, ferbûn in súksesfolle kultuernasjonalistyske beweging sûnder mear mei kristlikheid. In echte folksbeweging koe net sûnder rjochtsinnigens.

Oan ’e taalstriid koe men net takomme.
Fierders wie de libbenbeskôging fan fierwei de measte skriuwers in hiel oare. Hja telden de belidenisse fan de tsjerke net, sieten fol fan it nut en lieten de flagge waaie fan—om ris in frjemd wurd te brûken—humaniteit. Sa fûn har wurd gjin werklank yn it hert fan de grifformearde folk.
Fan ’e leffens en grouwéligens, troch inkelden op ’e merk brocht, sil ik hjir mar swije.
It is spitich, dat it sa beteard is.
As it Fryske letterfjild mear bedauwe wie troch de amme fan Gods wurd, soe de taalbeweging breder djipper, krêftiger weagens makke ha. Want is is ús oertsjûging dat it âld-Kristen geloave, de sine en ier is fan ús folkskrêft en wijing jout oan it folkseigene.G.A. Wumkes, ‘Oanrin’, Yn ús Eigen Taal 1:1 (1909) 1-3, 2.

Om keunst gie it Wumkes net:

Sa mannich foarfal út it libben fan mannich edele Kristenman … is wurdich te boek steld te wurden … Oppronke teltsjes mei in romansk smaakje kinne wy slite. Wy ha ferlet fan wierens en werklikens.G.A. Wumkes, ‘Oanrin’, Yn ús Eigen Taal 1:1 (1909) 1-3, 3.

In apart gefal fan Kalma-ûntkristliking komt goed hûndert jier letter.

Dat in Wumkes’ romantische Fries-nationale visie het Grootfriese verleden en het Christendom verweven waren, maakte een essentieel verschil uit met de opvattingen van Douwe Kalma en anderen uit de Jongfryske mienskip. …
In de brochure Kristlik Frysk Leauwe uit 1936 trachtte Wumkes de direkte verbinding te leggen tussen de Friese strijd en het christelijke geloof.Johan Frieswijk, ‘Geert Aeilco Wumkes: Paadwizer voor Friese historici’, yn: Philippus Breuker, Goffe Jensma en Hylkje de Jong (red.), Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland (Hilversum 2013) 63-84, 72.

It ferskil tusken Wumkes en Kalma leit yn it oansprekken fan it ‘folk’ of fan de middenklassejongerein. Mar al hast tritich, respektyflik tweintich jier earder as de neamde brosjuere leine Wumkes en Kalma in eksplisite en direkte ferbining tusken it Frysknasjonalistyske stribjen en it kristlike leauwe. Hoe kristlik oft it model wie dat Kalma stelle woe yn It sjongende Fryslân docht bliken út syn eigen bydrage, ‘Sonnet op it sonnet’, dat (letterlik) foarskriuwt dat de emoasje wier field wêze moat, oftewol neiferteld nei de suvere ûnderfining ynstee fan kreëarre, want der is mar ien skepper en eigen optinksels bestean net of binne in leagen, en dat it wurk hillich is yn de sin fan makke mei folsleine tawijing, dat de ûnderhearrige de boppe him pleatste wjerspegelje moat, it libben gjin foltôging op ierde hat dus dat it keunstwurk de ivige omgong fan de skepping sjen litte moat en de ivige skientme belichemje of ûntbleatsje, en dat it rêden fan de siele wichtiger is as it meitsjen en bewarjen fan alle epyk op ierde.C.S. Lewis, Mere christianity [1952], (Québec 2014).

Myn ljeafste liet, dyn wirden sinke en rize
Lijk as it bloed streamt troch de blide lea,
’t Bloed fen ’e wrâld streamt bûkjend en yn weagen
Fen súvre lûden oer de leegre groun,
Dy ’t oars sa faken paed is fen de ljeagen.
 
De roazge wolkens driuwe yn rês’ge joun,
Dôch rane allinken wei: dyn lûden teagen
Wol d’iivgens yn en binn’ yet nea toroun.Douwe Kalma, ‘Sonnet op it sonnet’, yn idem (gearst. en ynl.), It sjongende Fryslân (Berltsum 1917) 112.

 

“Wy kinne folle fen him leare, benammen arbeidzjen”

Wumkes syn Kristlik Frysk Selskip wie in machtich orgaan yn de kanonisearring. Sa machtich, soe men sizze kinne, dat it gjin ferlet hie fan eigen antologyen. Folkertsma wie redaksjelid fan it selskipstydskrift Yn ús Eigen Tael, op in stuit sels de iennichste redakteur, wilens ek lieder fan it Kristlik Frysk Selskip en de facto fan de hiele Fryske beweging, tegearre mei Wumkes bibeloersetter, in romantikus ynspirearre troch de Tachtigers en in yntegere, strange kalvinist. Doe’t teolooch en dûmny Wumkes net in antology mar in—net objektive en neutraleKlaas Fokkema, ‘Het jaar 1926 in Friesland’, Opwaartsche Wegen 5:7 (sept. 1927) 222-229, 226-227. Opwaartsche Wegen wie in ortodoksprotestant literêr tydskrift, dat it doel hie de protestantsk literêre kultuer fuort te sterkjen.—samling fan bewegers­portretten skreau, Bodders yn de Fryske striid, bespruts Folkertsma dy, as in feuilleton fan sân dielen. Inkeld al it trochrinnende omtinken foar Bodders ûnderstreke it belang derfan, op sa’n manier dat wa’t neffens Wumkes net ‘leaude’ net kanoninsearre wurde koe.

Dit boek, de Bodders, is in antwurd fan de notiid … Ek de Fryske beweging fan de njoggentjinde ieu hat har antwurd op ’e frage fan de takomst jûn; hja lykwol leauwde net en naam reden út har eigen lytse en ûnbetrousume tiid, om aloan wer te antwurdzjen dat Fryslân mei koarten of langen ûndergean soe. … Mar de jongerein fan de twintichste ieu leauwt en yn dat leauwe is it ûnderskie fan de njoggentjinde en tweintichste ieu … wy leauwe sûnder te wifkjen. Wy binne ta ússels kommen, de Germaanske krêft is yn ús opfearre en de Kristlike genede is yn ús oplôge.E.B. Folkertsma, ‘Bodders yn de Fryske Striid fen Dr. G. A. Wumkes. A. J. Osinga, Boalsert’, 1926’, Boekskôging, Yn ús Eigen Tael 19 (1927) 44-48, 60-64, 90-94, 126-128, 138-141, 153-157, 171-175, 47.
 
Ek ta dy jongeren fan de tweintichste ieu heart, troch it leauwe, Geart Aeilco Wumkes.E.B. Folkertsma, ‘Bodders yn de Fryske Striid fen Dr. G. A. Wumkes. A. J. Osinga, Boalsert’, 1926’, Boekskôging, Yn ús Eigen Tael 19 (1927) 44-48, 60-64, 90-94, 126-128, 138-141, 153-157, 171-175, 48.

Folkertsma miste folslein de popstjeralluere fan Kalma yn dy syn jonge jierren, mar de wurdearring foar Folkertsma wie heech by de minsken op de plakken mei kulturele ynfloed. Sa skreau professor Klaas Fokkema, bûtengewoan heechlearaar yn de Fryske taal oan de VU en letter heechlearaar oan de UVA, yn in ynternasjonale antology foar de Cambridge University:

In 1934 there appeared the second volume of Dr. G. A. Wumkes’s Paden fen Fryslân, collected essays on literature and history. It contains studies of the period 1800-1934. In the same year was published an anthology of the works of E. B. Folkertsma, the best Frisian prose-writer of to-day.K. Fokkema, ‘C. Frisian studies’, yn L.W. Tancock en A. Gillies (red.), The year’s work in modern language studies, diel VIII (Cambridge 1938) 228-232, 228-229.

It bedoelde wurk fan Folkertsma, Toer en tsjerke, is útjûn by Utjowerij Kamminga yn Dokkum. Kamminga wie oertsjûge Frysksinnich mar joech fan alles út yn de Fryske taal en selektearre net op ’e religieuze eigenaardichheden fan de skriuwer. Dat is net ûnopmurken bleaun: “Kamminga is typearre as in ‘a-religieuze individualist’.”Anne Medema, ‘Doederus Johannes Kamminga 1884-1977’, De sneuper. Orgaan van de vereniging van archiefonderzoekers te Dokkum 51 (septimber 1999) 6-10, 9.

Mar skriuwers sûnder ‘leauwe’ fertsjinnen, as men it Kristlik Frysk Selskip syn sin joech, it foardiel fan de twifel net. Op in kritejûn fan it fan it Kristlik Frysk Selskip sprekt Folkertsma oer Waling Dykstra. Kultuer­krityk is in persoanlike misje en mear as ferpylderings­propaganda is it feitlik net: jo helje gjin brea by de bakker fan de oare pylder, al krige de bakkerij der michelinstjer foar. It giet oer de fint, net oer de foarm, mar likegoed is hjoeddedei dat Dykstra syn poëzij net literêr is, dus net yn ’e kanon heart, in iepen doar.

Wat kin ús wurdearring foar him wêze? [Folkertsma] fertelde dan hoe’t hy as jonge fen 14 jier foar it earst ris Frysk lies en oer in beskriuwing fan Waling Dykstra tige optein tsjin syn heit begûn. Mar wat skoerde er rare eagen, doe’t syn heit dêr neat fan witte woe, Waling Dykstra, dy’t ommers oars net koe dan Otterdoksen stikels stekke!
Wie dat oardiel fen ’e Rjuchtsinnigen rjuchtfeardich?
Waling Dykstra … hat him sels ûntwikkele en foarme. Hy hie foar Fryslân sa goed as gjin ideael en seach it krewearjen foar Fryslan altyd tige pessimistysk. Mar [Folkertsma] wiisde op syn greate trou, gevens en soun karakter. Dêryn kin er ús ta in foarbyld wêze, wy dy’t ommers foar Fryslân oer wol idealen ha!
Mei syn dichtwurk yn ’t miene gjin literêre wearde ha, yn syn proaza bewiist er in goed ferteller to wêzen. Tige sterk komt yn al syn wurk it moralisearen en masterjen nei foaren. Hy wol it folk opfiede en foarljochtsje. Hy is dan ek de man fan it rationalisme en it moralisme. De rede sil de minske better meitsje, ferstanniger, etc.

Waling Dykstra hie net yn alles ûngelyk. Waarmmielrinders wiene der. Dat type bistie. ’t Wie net atyd hillich fjoer by alle Otterdoksen.
Waling Dykstra lykwols koe de Otterdoksen hielendal net begripe. Dêrom wie syn krityk as gehiel ûnrjochtfeardich. Hy hie abslút gjin sûndebegryp, der gjin aan fan, dat de minske dy’t yn grute sonde foel, dochs in Kristen wêze kin, in bern fen God.
Dochs ha de rjochtsinnigen him tefier weismiten, hoewol him oan ’e oare kant terjocht ôfwiisd.

Wy kinne folle fen him leare, b.n. arbeidzjen, wy, dy’t ommers foar Fryslan oer wol idealen ha, syn trou, syn gevens fen karakter, etc. etc.‘Kristlik Frysk Selskip. E.B. Folkertsma oer Waling Dykstra’, Leeuwarder Courant, 11 jannewaris 1934, 4.

Neist antologyen binne hân- en skoalboeken ynstitúsjonali­searders fan de kanon. Opmerklik is dat it iennichste hânboek dat in oersjoch fan Fryske antologyen en hânboeken hat, Princeton encyclopedia of poetry and poetics (1972), de karlêzingen fan Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Troelstra & Sytstra net neamd, wat yn it lêste gefal korrekt is om’t dat gjin selektearjend mar sammeljend bondeljen is. Mar, mei de blomlêzing fan Foeke Buitenrust-Hettema as útsûndering, begjint de Princeton encyclopedia krekt nei de njoggentjinde ieu.B.J.F. [Bernard J. Fridsma], ‘Frisian poetry’, yn Alex Preminger, Frank J. Warnke en O.B. Hardison Jr. (red.), Princeton encyclopedia of poetry and poetics, 5de pr. (Princeton, NJ 1972) 301-302, 302. Dat fersterket it byld fan Kalma as earste Fryske kanonisearder; hy wie fral de meast hertstochtlike. Kalma skriuwt ek in hânboekrige, dy’t begjin mei it lêste part fan de njoggentjinde ieu, mar twa jier earder, yn 1937, ferskynt Jan Piebenga syn Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, mei in útwreide printinge yn 1957. Piebenga nimt op wat mar bydraacht oan de Fryske kulturele emansipaasje. Unbewuste partidigens kin men it hânboek net ferwite, it is mar al te dúdlik oer syn engaazjemint.

Dochs sil it fan gjinien te ûntstriden wêze, dat syn wurk bûten de sfear fan it kristlik leauwe net te tinken is, en ek dat syn kristendom it grifformearde stimpel fan de 17de ieu draacht. Ien as dr. D. Kalma, dy’t tritich jier lang bûtengewoane folle foar de Gysbert Japiks-stúdzje dien hat en hast oanhâldend oer him publisearre, hat oan dat feit withoefaak foarbysjoen en dêrtroch de kearn fan dit libben net rekke.Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. pr. (Ljouwert 1957) 51.
 
Romantysk is ek Salverda syn hertstochtlik tsjûgenis fan leafde ta it heitelân. Syn leauwe mei hast kosmysk hjitte. Dichtkunst is foar him ek befrijing en dêrom stribbet er nei it heechste, al sil er it mei syn libben bitelje.Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. pr. (Ljouwert 1957) 100; sûnder noat, it is alderminst klear wêr’t Piebenga syn kennis oer de motivaasje en de boarne dêrfan fan Salverda wei hat.

 
It ‘swiet muzykjen’ fan Gysbert Japiks is [Harmen Sytstra] net hielendal frjemd, mar hy is oars as de Boalserter dichter, dêr’t er mei yn de lytse rige fan Fryslâns begenedige sjongers stiet; syn wurk komt jin fûlder, striidberder, ‘barbaarsker’ oan. Leit der tusken dy twa ek net in tige great ferskil yn it forstean fan godstsjinst en kristlik leauwe?Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. pr. (Ljouwert 1957) 120.
 
Jan fan ’e Gaestmar is in skriuwer op de oergong fan de tiden en dat is in posysje, dêr’t men gjinien mei lokwinskje kin … Hy is in man fan twaspjalt. Under ynfloed fan it Multatuli-rasionalisme rekket er fan it grifformearde leauwe ôf.Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. pr. (Ljouwert 1957) 240.
 
Komt it dêrfan, dat [Douwe Kalma] winlik altyd mei it kristendom oerheap lein hat en dat, nêst syn hellenisme, it germaansk-religieuze fielen him somtiden mear sei? Ek yn de jierren, dat er syn libbensoertsjûging evangélysk-kristlik neamt, (om 1926 hinne byg.), kin er it boadskip fan sûnde en ferlossing dochs min oannimme.Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. pr. (Ljouwert 1957) 238.

In minor poet krijt in romte dy’t net yn ferhâlding stiet ta it bytsje dat er taheakke oan it Fryske korpus:

As Rinze Zylstra (1856 Itens-1878 Itens) ris mear tiid fan libjen hawn hie, soed er dan net folle goeds jûn hawwe? Hy koe goed leare, dat hy waard skoalmaster; ryklik tritich jier, nei’t Harmen ‘Zylstra’ as ûnderwizer yn Seisbierrum begûn wie, komt Rinze Zylstra dêr yn de kristlike skoalle to stean. De earste wie hjir begûn mei syn ‘Iduna’, de lêste brsocht it yn 1876 mei in Kristlik Frysk wykblêd ‘Foar de Friesen. Alle wiken hwet oars’, dat spitigernôch mar in healjier bestie … Zylstra wie ek de man dy’t ferskate fan de ferneamde opwekkingslieten fan Sankey ferfryske en dy’t in ferhael fan de Hollânske skriuwer-evangelist E. Gerdes fertaald hat … Mei de oersetting fan it Lukas-evangeelje is er net klear kommen; dy hat Colmjon letter ferbettere en ôfmakke. … In besykjen om yn Ljouwert mei syn geastessibbe Gerdes kristlik winterjounenocht te jaan, fûn gjin wjerlûd. Efkes jitte leart er ta dûmny, dan stjert er oan de tarring. In jong libben, dat syn trouwe tsjinst likegoed oan it ierdske as oan it ivige heitelân dien hat, is opbrând.Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. pr. (Ljouwert 1957) 170-171.
En Obe “Postma syn dichtsjen is in knibbeljen sûnder bidden.”Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. pr. (Ljouwert 1957) 222.

As der tweintich jier nei de útwreide printinge fan Piebenga syn hânboek ferlet is fan in nijenien, binne der al Fryske minderheids­skriuwers yn de Nederlânske mearderheidskanon opnommen. Yn it Nederlânske literatuerskoalboek fan it gymnasium yn Alkmaar, dêr’t ik yn de jierren santich hinne gie, stie wurk fan Trinus Riemersma. It is mooglik dat hy yn de Nederlânske kanon opnommen wie út politike korrektens, as tokenism, in symboalyske die fan multikulturele ynklusiviteit dêr’t de ûnderrepresintearre groep faak mear lêst as goed fan hat, mei it gefaar dat dy him altyd oanpasse moat oan de noarm fan de ‘oar’ om meidwaan te meien. Mar it wie net sa dat de mearderheids­kanon sletten wie foar Frysk­skriuwende Friezen.

Likegoed boude Fryslân fierder oan in eigen kanon, ûndersteld ûnbeynfloede troch de yntellektualiteit fan de oerhearskjende kultuer. Mar ek om it ferskaat binnen de minderheidskanon moast tocht wurde. It nije Lyts hânboek fan de Fryske literatuer fan Klaes Dykstra giet net út fan de Fryske literatuer as ôfbeakene, mar “yn ’e sigen fan wrâldomfiemjende streamingen” en is “leafst yn beheinder bestek, likegoed oant de dei fan hjoed ta folslein”.Klaes Dykstra, ‘Wurd foarôf, yn Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e ferb. en útwr. pr. (Ljouwert 1997) 5. Apart is dat by ‘folslein’ net de frou, dy’t hast net bydroech oan de Fryske kanon, neamd wurdt, mar de jongerein, dy’t neffens it romantyske idee de sosjale feroaring bringe (al is dat yn werklikheid selden sa). Ynstee fan nei de kwantitative bydrage foar Fryslân sjocht Dykstra, en sjogge yn ’e printinge fan 1997 Dykstra & Oldenhof, nei de eigenheid fan de skriuwer; nei wat dy oarspronklikens bydraacht oan it Fryske ferskaat.

Mar neffens it hânboek binne de njoggentjinde-ieuwers rjochte op mear fan itselde en op wat efter har leit ynstee fan fernijing.

As dichter griep [Harmen Sytstra] withoefaak nei it foarkristlike Aldgermaanske stêfrym werom. Yn ’t ferlingde fan Posthumus, dy’t it op dat mêd by oantsjuttingen litten hie, liet er dat anagronistyske lykop rinne mei in foar dy tiid tige foarútstribjende maatskiplike doelstelling fan ‘lyk rjocht foar elts’, foar Friezen yn Fryslân, foar Fryslân yn Nederlân, foar folken yn ’e wrâld.Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e ferb. en útwr. pr. (Ljouwert 1997) 43-44.

De útkomst is de befêstiging fan de tradysje, sa’t dat giet by kanonisearring: de besteande kanon foarmet de noarm.

Sa’t de Holdermannen langer gjin ‘jonge preesters fen it ljocht’ wiene, mar gewoane Friezen yn Fryslân mei keunstsinnige idealen, sa hiene in jiermannich earder kristliktinkende figueren as Folkertsma … en Schurer har ek al losmakke fan de Jongfryske ‘germaanske’ skôging, wat tagelyk poëtysk in stap tebek west hie … yn ’t koart fan Jongfrysk nei Frysk-nasjonaal.Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e ferb. en útwr. pr. (Ljouwert 1997) 91.
 
Wie Folkertsma njonkenlytsen de ideologyske liedsman wurden, it literêre liederskip foel allinken ta oan Fedde Schurer … lyk as Kalma mear man fan fersen as fan proaza … dy ûnbidige poëtyske fruchtberens dêr’t er de jierren oer de bliken fan jaan soe. Nei in wat wazich Kalmiaanske ynset hiene syn gedichten - en lieten! - al ridlike gau mei in ûn-Jongfryske gollens en swier it hert fan it folk witten te finen en te boeien. Op himsels is allinne yn in sjenre as it dichterlik toaniel it opmerklike ferskeel al oan te wizen: wylst Kalma yn syn poëtyske stikken net alle hâldfêst jout, binne Schurer sines libben, meinimmend, oansprekkend. It bibelsk drama ‘Simson’ … is dan ek yn gewoane folkstaal skreaun dêr’t in soepele linigens dy aparte gloede oan jaan soe.Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e ferb. en útwr. pr. (Ljouwert 1997) 92.

 

“Echte literatuur en christelijke lectuur”

Wat jo tsjin better witten yn ferwachtsje, om’t kanonisearring faak sjen litten hat wat in krêften fan dekonstruksje en rekon­struksje derop komme te stean—Klaes Dykstra ferwiist dêrnei yn syn hânboek mar rûn fuort út de gearstallersgroep fan de Spiegel—en om’t in antology ek in swier omstriden wurkstik heart te wêzen, om’t er fan ynfloed wêze sil op it foarmjen fan ’e literêre kultuer, is dat de gearstallers fan in nije antology har besluten goed trochtocht nimme. Net sa by de Spiegel van de Friese poëzie (1994): “Wij hebben moeten opereren in het spanningsveld van kwaliteit en representativiteit, maar de kwaliteit het zwaarst laten wegen. Goede poëzie is voor ons poëzie die iets met ons als lezers doet”, en wol in trien of laits losmeitsje. Dat bart net mei in “overdaad aan beelden”, noch in “tekort aan taalscherpte”, mar yn in guon gefallen, sûnder dat dêr de regel foar jûn wurdt, “hebben we het argument van de representativiteit laten prevaleren.” Represintatyf foar wat stiet der net by;Teake Oppewal & Pier Boorsma, ‘Voorwoord en verantwoording’, yn idem (gearst.), Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (Amsterdam 1994) 7-10, 8. de njoggentjinde ieu is yn alle gefallen min fertsjintwurdige. Wat de nammen oanbelanget, Troelstra mei royaal romte, Fedde Schurer noch royaler, Obe Postma alder­royaalst, folget de antology de tradysje sa konservatyf en fatsoenlik mooglik.

It nijste populêre hânboek oer de Fryske literatuer is fan 2006. Dat de—slim fergriizjende—Fryske skriuwerspopulaasje wyls gjin praktisearjende moslims, joaden en boeddisten koe leit far de hân. Neat hie dêrom in herfoarming fan de kanon, om dêr mear religieus ferskaat yn te bringen, needsaaklik of sels mar winsklik makke. Oer de yndustriële, kommersjele oanpak is folsleine iepenheid.

Het was van het begin af aan duidelijk … dat het een boek moest worden voor de landelijke markt. Een Friese versie is niet gemaakt omdat … het meest recente Friese boek … nog ruim voorhanden is.De redactie, ‘Voorwoord’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 9.

Like selden as foar antologyen is der literatuerûndersyk by foar de hannel ornearre regioskiednis. Se lêze dêrfoar net út oarspronklik wurk mar helje it út (kanonisearre) sekundêre boarnen. Dat dogge se net om’t it fluch en goedkeap is: kanoni­searring is per definysje in proses fan werhelling fan antology­stikken. Foar it nijste hânboek kopiearren skoalboek­skriuwers, ûnder lieding fan in buroredakteur, nuet as de bibelske skiep, de tradisjonele wurken en har beoardieling, as wenst: “Wij hebben gekozen voor … aandacht voor de belangrijkste literaire werken en hun makers.”De redactie, ‘Voorwoord’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 9.

Dat ‘wichtichst wurk’ is noch altyd wat de fanatykste kanoni­searder, it Kristlik Frysk Selskip, as wichtich oanwiisde. ‘En har makkers’ ferriedt—it is net eksplisitearre en faaks ûnbewust—it kristlike aksioma foar kanonfoarmjen. Want de skriuwer is inkeld wichtich as er de pin yn syn siele stipt: as it bygelyks in betingst foar it meitsjen fan hegere keunst is dat skriuwers har skandlik misdroegen ha, wêr’t best wat foar te sizzen is. De kristlike kanon hat in probleem mei Céline, Pound en Dickens.It sil tafallich wêze dat fan de, oars as Louis-Ferdinand Céline en Ezra Pound, ymins populêre Charles Dickens de minne dieden net sa bekend binne. Ut it fuortstjoeren fan syn frou om’t er genôch fan har hie, nei twaentweintich jier houlik en wylst de jongste bern njoggen en seis jier âld wiene, sprekt in bizarre wredens. Makket net út wat de kwaliteit is fan it wurk, sielen sûnder wryt of slyt komme net yn ’e kristlike kanon, om’t it wurk de spegel fan ’e siele is en de skriuwer gearfalt mei syn wrakseljende protagonist.

Van der Wal [de skriuwer] herschikt en herschept de realiteit tot taal. Cryptische bombast en morbide borrelpraat worden in één adem opgevoerd, verlevendigd met verrassende neologismen en onconventionele metaforen. Zelfverheffing [fan de ik-figuer] valt samen met zelfspot.Harmen Wind, ‘De bezem door de verzen. Poëzie na 1967’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 173-217, 197.

Sels as Brolsma it ferheven Kalmafokabulêr ôfwiist leit it hânboek dat út as gearfallen fan ’e autentike skriuwerspersoan­likheid en karakter(isearring) as literêr stylmiddel. Hoewol’t dúdlik is dat de kombinaasje fan polityk en popularisearring in ferlamjend effekt ha kin op de keunstner, yn dit gefal Kalma’s polityk, is it as soe de skriuwer sels rûch Frysk prate.

De persoon Brolsma ging zo achter zijn vertellingen schuil, dat het volgens zijn biograaf … net leek alsof hij geen persoonlijk leven had gehad.Jelle Krol, ‘In de vaart der volkeren. Van 1915 tot en met 1945’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 93-129, 105. Apart is nammers dat it artifisjele, opdiene taalgebrûk mei argayske en pseudo-argayske wurden, fan W.B. Yeats gelyk kaam te stean mei ‘Ierskheid’, lykas de keunstmjittige taal fan Kalma gou as wier-Frysk en dat beide mannen tige konservatyf wiene en it fassisme oanhongen.

It meast frappante is dat de ‘makkers’ noch altyd hifke wurde neffens deselde kristlike persoanlikheidslear as dy fan Folkertsma, mei de alâlde Matteus 5-7-noarm fan de krêftige, mentaal lykwichtige, goed-yntegrearre siele. Kristlik skeptisisme is dan syklik:

Eeltsje [Halbertsma] had de onharmonische natuur van de echte romanticus.Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 55-91, 82.
 
[D]eze scheiding der geesten, die uitmondde in een scheiding van verschillende circuits van de ‘echte’ literatuur en christelijke lectuur …Babs Gezelle Meerburg, ‘‘De binding verbroken’. Van 1945 tot eind jaren zestig’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 131-171, 159.

docht tinken dat de Fryske ‘wiere’ literatuer net, of net langer kristlik wêze soe. Mar bewiis dêrfoar mist. Krekt oarsom binne der oerfloedige tekens fan de stegens fan de kristlike wearden. Hoewol’t Nederlanners minder tsjerkje en minder fan harsels sizze dat hja kristlik binne, binne de kristlikreligieuze wearden, lykas dat wy fraude by it sakedwaan ôfwize, net feroare. Dat dat gjin typysk kristlike mar dielde sosjale wearden binne, is ôfdwaande fersmiten: dêrfoar falle se te kreas mei de tsien geboaden gear. De yn alle politike debatten wer ferdigene rêstdei op snein (net freed), autonomy fan it húshâlden en royaal jaan oan ‘goeie doelen’ stean yn de bibel en net bygelyks yn fûnemintele rjochtenferklearringen.

Yn it hânboek stiet wol dat

Wadman zelf zei dat het hem enkel en alleen ging om de literaire kwaliteit van de boeken. Christelijk of niet-christelijk, voor alle boeken golden dezelfde maatstaven,Babs Gezelle Meerburg, ‘‘De binding verbroken’. Van 1945 tot eind jaren zestig’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 131-171, 159.

mar net dat Wadman yn ’e roman Yn Adams harnas syn antyheld, dêr’t it glêd ferkeard mei ôfrint, beskriuwt as in frekkige dief, jaloersk, oerhuorrich, sûnder in spoar fan eare foar syn heit en mem en as abbekaat net fiis fan falske tsûgenis. It oerdroegen weardesysteem kin hast net kristliker. Makket net út wat de ‘yntinsje’ fan de skriuwer wie, of dat er, hoewol’t neffens him de kwaliteit fan in boek net ôfhinget fan hoe kristlik oft it is, de lêzer graach fertroude symboalen fan goed en kwea gunde—ek yn syn oare romans. Dizze as net-kristen kanonisearre skriuwer is amper minder kristlik as men net nei syn tsjerkjen sjocht mar nei syn wurk.

Karakteristyk foar it fuortsetten fan de kristlike tradysje yn it hânboek is ek it stilswijend foarbygean oan it altyd skealike gefolch fan byleauwe. Byleauwe hie neat mei it iepenstean foar it godlik wûnder te meitsjen; it wie in feodale religieuze polityk dy’t mislieding en oplichterij mooglik makke. It hânboek lykwols problematisearret net it literêr bestriden fan it byleauwe, mar ‘de tiid’.Cf. Tony Feitsma, ‘Kader en probleemstelling’, Literatuur in sociaal perspectief: lezingen gehouden op het symposium van 6 april 1974 te Leeuwarden/Ljouwert, georganiseerd door de Ynteruniversitaire Stúdzjerie Frysk (Amsterdam 1976) 5-7, 7. Feitsma hâldt út dat krityske literatuer, rjochte tsjin skynhilligens of byleauwe, net typysk is foar de njoggentjinde ieu. Mar hja seit ek dat de sosjale krityk it wurk der net perfoarst minder streekliteratuer om makket. Yndie binne no de praktiken dy’t de tsjerke ynsette of goedkarde om minksen ‘har lijen te ferminderjen’ ferbean troch by de wet. Mar dat de tiden feroare binne komt just troch de krityk fan progressive yntellektuelen.

Dat er daarbij ook aandacht wordt besteed aan het bijgeloof hoort bij de tijd. Er is Waling Dykstra wel verweten dat hij in dit verhaal de orthodoxie en ook de situatie in het onderwijs nogal karikaturaal uitbeeldde, maar beter is het om te zeggen, dat Dykstra de dingen realistisch weergaf, zoals hij ze in zijn tijd en vanuit zijn visie zag. Hij had het geloof van zijn voorvaderen afgezworen en was rationalistisch en liberaal geworden.Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 55-91, 79.

Oan dy trendbrek skriuwt it hânboek Dykstra syn literêre karikatuer ta, in âlde keunstfoarm, yn Pompejy lizze oanwizingen, dy’t direkt ferbûn is mei toaniel en mei syn larger than life-figueren lykas satire brûkt is foar maatskippijkrityk en dy’t yn alle gefallen sûnt Darwin troch kristenen tige beledigjend achte wurdt om’t it de skepping ûnthilligje soe.William R. McKelvy, The English cult of literature: Devoted readers, 1774-1880 (Charlottesville, VA 2007) 144-145. De modaliteit “nogal” en it tsjinstellend bynwurd “maar” suggerearje yndie dat karikatuer, as sjenre, likefolle de kwaliteit, negatyf beoardiele wurde mei, mar ynstee fan ferwyt is it better te sizzen—is in echo fan Folkertsma syn ferjaan wa’t wanachtsjend oer jo praat—dat it realisme is. Oft it oeuvre troch beskate karakteristiken yn dy beskate yndieling past, docht der net ta, want alwer beheint it kultuerrelativisme it oardieljen, Matteus 7:1: it is realistysk út Dykstra syn tiid en fisy wei. Mar wat is subjektyf of karikaturaal realisme?In probleem dat fier bûten de kapasiteit fan it hânboek leit is dat salang’t wy in sjenre opfetsje as ynherint realistysk, wy miene dat wy reagearje op ’e werklike wrâld lykas fêstlein is troch ús reaksjes op ’e ferbyldingen fan de werklikheid, en as gefolch dêrfan leit dat faaks ek fêst: sa’t wy it aardich fine yn’e reality show Mythbusters, sa soene wy it thús ek samar dwaan. Dat wie de redenearring dêr’t Plato Homearus syn—realistyske—Odyssee en Ilias en alle oare populêre kultuer fan syn tiid mei fersmiet; Plato achte in man dy’t wiif en popke foar tweintich jier ferliet om in ûnskuldich folk út te roegjen en oerhoer te begean mei in nymf in ferkeard foarbyld. Alle ôfwizers fan realisme en populêre kultuer sûnt stean yn de tradysje fan Plato, faak sûnder dat te witten dat hja him kopiearje. Sjoch bygelyks Alexander Nehamas, ‘Culture, art and poetry in The Republic’, Course-wide Lecture, Fall 1999, The Core Curriculum, Columbia College, 1999.

Realisme yn ’e literatuer is de technyk fan it beskriuwen fan it direkte hjir en no, mei earbied foar de wittenskiplike metoade, mei wegering om de yn kristlike eagen ferkearde minsklike belibbingen oer te slaan, oftewol neffens de feiten. Soks easket dat de keunstner leaut dat er sjen kin wat der werklik is, of mear yn it algemien dat de minske by steat is ta objektyf waarnimmen. Der binne withoe­folle oanwizingen dat Dykstra dêr net fan oertsjûge is, om te begjinnen hie er in pessimistysk minskbyld. Mar it punt is dat, al stiet de bibel fol mei dat minne minsklike belibjen fan seks en geweld—hjoeddedei ek yn Fryslân sawat de foarnaamste fertelstof, mar it is net te ferwachtsjen dat de nije lesmetoade, dy’t op basis fan it hânboek gearstald wurdt en yn 2018 ferskynt, oan skoalbern “en de geïnteresseerde toerist”,‘‘Salang’t de beam bloeit’: handboek over de Friese literatuur’, Lân fan Taal, Tresoar, s.a. <https://www.tresoar.nl/Pages/L%C3%A2n-fan-Taal.aspx> [krigen 29 novimber 2017]. taljochtsje sil wêrom’t erotyk en agresje sa oantreklik blike—de hermeneutyk fan it bibelsk realisme waard krekt in probleem, en de tsjerke hie wat út te lizzen oer foar hoe wier oft alle moard en ferkrêftiging holden wurde mocht njonken de wiere wûnders fan de wier-godlike soan, doe’t de bibel net mear it iennichste boek wie, om krekt te wêzen: doe’t it moderne literêre realisme kaam.Leland Ryken, ‘Confronting literary realism in the Bible’, Christian Research Journal 30:5 (2007) g.s. (Article ID: JAL020); Anthony Trollope, ‘On prose fiction as rational amusement’ [1870], yn Anthony Trollope, ‎Nicholas Shrimpton (gearst.), An autobiography and other writings (Oxford 2014) 233-258. It kaam mei Dykstra.

In fûnemintele realistyske fisy op moralisme is dat der gjin moralisearjen yn literêr wurk sitte kin. De paradoks fan de realistyske keunstner is dat er de oanlearde moraliteit fersmite moat om sadwaande ûnkleure sjen te kinnen en út it skôgjen fan de wiere werklikheid in djip moreel libben op te bouwen. Dat it hânboek yn 2006 noch gjin fraach stelde oer de spande ferhâlding tusken realisme en Dykstra en realisme en moralisme, is (los fan dat skoalboekskriuwers it nivo misse en it har opdracht net is) om’t al in antwurd jûn wie, in yn de tradysje besletten kristlikenien: it leauwe fan syn foarfaars ôfsward. Mar oars as de kruk fan ’e doar is ‘it leauwe fan syn foarfaars’ net in oanwiisbere, ôfbeakene saak. Ek stiet in psychologyske tastân as leauwe net iepen foar kognitive kontrôle. Jo leauwe eat of net, jo stelle fêst dat jo eat al of net leauwe; stjoeren dat jo eat tenei leauwe of net langer leauwe, dat is, krektsa’t Dykstra oanwiist, ûnmooglik. Mar de needsaaklike útlis, hoe’t de lêzer ‘de religy fan syn stamheiten’ begripe moat, bliuwt út en allyksa it, tink om it bibelsk taalgebrûk: ‘ôfsward’.

Ze [Tiny Mulder] schreef haar kritieken vanuit een positief-christelijke achtergrond.Babs Gezelle Meerburg, ‘‘De binding verbroken’. Van 1945 tot eind jaren zestig’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 131-171, 149.

As it neat om ’e hakken hie soe de eftergrûn net op it aljemint hoege te kommen; dy moat de kanonisiteit fan it wurk ferklearje. Foar literêre kritiken dy’t it hânboek—dus de kanon—helje soe de eftergrûn in bysûndere saakkundigens of foarsprong jaan moatte. Mar dy bysûndere wearde wurdt net útlein, hoewol’t de lêzer op de “landelijke markt” net wit wat in posityf-kristlike eftergrûn is, oft oaren skriuwe út negatyf-kristlikens wei, en wat foar in skriuwer kristendom ûberhaupt is qua eftergrûn. It wol neamen, dus as wichtich postulearjen, mar net útlizzen, makket dat de posityf-kristlikens foar de lêzer leit as eat dat begryplik, logysk of gewoan is. Wa’t dat net samar oannimt en in fluch ynternetsykjen probearret wurdt traktearre op prangjender fragen: “the Nazis put forth their own supraconfessional variety of Christianity which they labelled ‘positive Christianity’”.Richard Steigmann‐Gall, ‘The Nazis’ ‘Positive Christianity’: a variety of ‘clerical fascism’?’, Totalitarian Movements and Political Religions, 8:2 (2007) 315-327, 316. <http://www.tandfonline.com/doi/pdf/10.1080/14690760701321239> [krigen 17 novimber 2017].

It liket derop dat de hânboekskriuwers soargeleas de wizânsje folge ha. De ferantwurding foar it ynsluten fan Mulder yn de kanon is, lykas foar de tradisjonele Fryske favoriten, op de manier sa’t yn it ferline in pear fûle kanonisearders, om kultuerpolitike redenen—want in kanon is altyd kultuerpolityk—besletten ha. Har seleksje­kritearium foar echte keunst en wiere Frysk wie: komôf út in spesjale kristlike pylder. En dat is no noch sa, sels al bestiet dy pylder amper noch—en ek al bestiet de Fryske literatuer amper noch. Kanonformaasje op dizze manier is dus net langer ferstannich as jo mei de kanon dwaan wolle wêr’t kanons foar binne: te stjoeren nei de literêre takomst.

 

 

Noaten

  1. Barbara Korte, ‘Flowers for the picking: Anthologies of poetry (in British) literary and cultural studies’, yn Barbara Korte, Ralf Schneider en Stefanie Lethbridge (red.), Anthologies of British poetry: Critical perspectives from literary and cultural studies (Amsterdam / Atlanta, GA 2000) 1-27, 13.
  2. It nijste populêre hânboek, Zolang de wind van de wolken waait (2006) nimt 1300 wurden foar de oarloch, mar brûkt dy romte foar sosjale skiednis, net foar literêre.
  3. ‘Mij. van Ned. Letterkunde vergaderde te Leeuwarden’, Leeuwarder Courant, 15 jannewaris 1951, 2. Jelle H. Brouwer besprekt op in geearkomste fan it Maatschappij der Nederlandse Letterkunde de esseebondel Eachweiding van Eeltsje Boates Folkertsma.
  4. It giet om ‘culturele elite’, net spesifisearre (59), ‘stedelijke (vooral Leeuwarder) elite, waardoor er zich veel juristen en ambtenaren onder bevonden’, mei oare wurden de hegere boargerij (71), en ‘cultuurbewuste elite’ (239), Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006).
  5. Huub Mous, ‘Friesland in de moderne ruimte’, HuubMous.nl, 17 maart 2014 <www.huubmous.nl/2014/03/17/friesland-in-de-moderne-ruimte/> [krigen 19 novimber 2017].
  6. Peter Blom, ‘‘Mooiste schouwburg van Nederland’’, Nieuwsblad van het Noorden, 29 jannewaris 1994, 13.
  7. John Guillory, Cultural capital: The problem of literary canon formation (Chicago 1993) 15.
  8. Goffe Jensma syn oanname yn Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (1998).
  9. Fedde Schurer, ‘De bining forbritsen’, De Tsjerne 1:1 (1946) 3-5.
  10. Nancy Glazener, Literature in the Making: A history of U.S. literary culture in the long nineteenth century (Oxford 2015) 46.
  11. Nadia Marzouki, Duncan McDonnell en Olivier Roy (red.), Saving the people: How populists hijack religion (London 2016).
  12. Michel Onfray, Décadance (Paris 2017) 20, 37, 38-39.
  13. Pius X, ‘Casti Connubii’, pauslike ensyklyk, 31 desimber 1930, 104.
  14. Albert Benschop, ‘Arbeid: een lastig en omstreden begrip’, Sociosite, Universiteit van Amsterdam, 1995-2017 <http://www.sociosite.net/labor/arbeid/> [krigen 19 novimber 2017].
  15. Sjoch bygelyks Trinus Riemersma, ‘De bining foargoed ferbrutsen: Rede by de iepening fan ’e tetoanstelling ‘De skamte de kop ôfbiten’ yn it FLMD, 21 april 1988’, Trotwaer 20:4 (1988) 166-171, 168.
  16. Douwe Kalma, ‘Ynlieding’, yn idem (gearst. en ynl.), It sjongende Fryslân (Berltsum 1917) 8.
  17. Ibid.
  18. J.B. Schepers, ‘Sielesang’, yn: D. Kalma (gearst. en ynl.), It sjongende Fryslân (Berltsum 1917) 50.
  19. Sjoch Jan Popkema, De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu (De Gerdyk 2014).
  20. G.A. Wumkes, ‘Oanrin’, Yn ús Eigen Taal 1:1 (1909) 1-3, 2.
  21. Id., 3.
  22. Johan Frieswijk, ‘Geert Aeilco Wumkes: Paadwizer voor Friese historici’, yn: Philippus Breuker, Goffe Jensma en Hylkje de Jong (red.), Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland (Hilversum 2013) 63-84, 72.
  23. C.S. Lewis, Mere christianity [1952], (Québec 2014).
  24. Douwe Kalma, ‘Sonnet op it sonnet’, yn idem (gearst. en ynl.), It sjongende Fryslân (Berltsum 1917) 112.
  25. Klaas Fokkema, ‘Het jaar 1926 in Friesland’, Opwaartsche Wegen 5:7 (sept. 1927) 222-229, 226-227. Opwaartsche Wegen wie in ortodoksprotestant literêr tydskrift, dat it doel hie de protestantsk literêre kultuer fuort te sterkjen.
  26. E.B. Folkertsma, ‘Bodders yn de Fryske Striid fen Dr. G. A. Wumkes. A. J. Osinga, Boalsert’, 1926’, Boekskôging, Yn ús Eigen Tael 19 (1927) 44-48, 60-64, 90-94, 126-128, 138-141, 153-157, 171-175, 47.
  27. Id., 48.
  28. K. Fokkema, ‘C. Frisian studies’, yn L.W. Tancock en A. Gillies (red.), The year’s work in modern language studies, diel VIII (Cambridge 1938) 228-232, 228-229.
  29. Anne Medema, ‘Doederus Johannes Kamminga 1884-1977’, De sneuper. Orgaan van de vereniging van archiefonderzoekers te Dokkum 51 (septimber 1999) 6-10, 9.
  30. ‘Kristlik Frysk Selskip. E.B. Folkertsma oer Waling Dykstra’, Leeuwarder Courant, 11 jannewaris 1934, 4.
  31. B.J.F. [Bernard J. Fridsma], ‘Frisian poetry’, yn Alex Preminger, Frank J. Warnke en O.B. Hardison Jr. (red.), Princeton encyclopedia of poetry and poetics, 5de pr. (Princeton, NJ 1972) 301-302, 302.
  32. Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e útwr. pr. (Ljouwert 1957) 51.
  33. Id., 100; sûnder noat, it is alderminst klear wêr’t Piebenga syn kennis oer de motivaasje en de boarne dêrfan fan Salverda wei hat.
  34. Id., 120.
  35. Id., 240.
  36. Id., 238.
  37. Id., 170-171.
  38. Id., 222.
  39. Klaes Dykstra, ‘Wurd foarôf, yn Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e ferb. en útwr. pr. (Ljouwert 1997) 5.
  40. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e ferb. en útwr. pr. (Ljouwert 1997) 43-44.
  41. Id., 91.
  42. Id., 92.
  43. Teake Oppewal & Pier Boorsma, ‘Voorwoord en verantwoording’, yn idem (gearst.), Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (Amsterdam 1994) 7-10, 8.
  44. De redactie, ‘Voorwoord’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 9.
  45. Ibid.
  46. It sil tafallich wêze dat fan de, oars as Louis-Ferdinand Céline en Ezra Pound, ymins populêre Charles Dickens de minne dieden net sa bekend binne. Ut it fuortstjoeren fan syn frou om’t er genôch fan har hie, nei twaentweintich jier houlik en wylst de jongste bern njoggen en seis jier âld wiene, sprekt in bizarre wredens.
  47. Harmen Wind, ‘De bezem door de verzen. Poëzie na 1967’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 173-217, 197.
  48. Jelle Krol, ‘In de vaart der volkeren. Van 1915 tot en met 1945’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 93-129, 105. Apart is nammers dat it artifisjele, opdiene taalgebrûk mei argayske en pseudo-argayske wurden, fan W.B. Yeats gelyk kaam te stean mei ‘Ierskheid’, lykas de keunstmjittige taal fan Kalma gou as wier-Frysk en dat beide mannen tige konservatyf wiene en it fassisme oanhongen.
  49. Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 55-91, 82.
  50. Babs Gezelle Meerburg, ‘‘De binding verbroken’. Van 1945 tot eind jaren zestig’, yn Teake Oppewal, Babs Gezelle Meerburg, Jelle Krol en Tineke Steenmeijer-Wielenga (red.), Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur (Amsterdam 2006) 131-171, 159.
  51. Ibid.
  52. Cf. Tony Feitsma, ‘Kader en probleemstelling’, Literatuur in sociaal perspectief: lezingen gehouden op het symposium van 6 april 1974 te Leeuwarden/Ljouwert, georganiseerd door de Ynteruniversitaire Stúdzjerie Frysk (Amsterdam 1976) 5-7, 7. Feitsma hâldt út dat krityske literatuer, rjochte tsjin skynhilligens of byleauwe, net typysk is foar de njoggentjinde ieu. Mar hja seit ek dat de sosjale krityk it wurk der net perfoarst minder streekliteratuer om makket.
  53. Steenmeijer-Wielenga, 79.
  54. William R. McKelvy, The English cult of literature: Devoted readers, 1774-1880 (Charlottesville, VA 2007) 144-145.
  55. In probleem dat fier bûten de kapasiteit fan it hânboek leit is dat salang’t wy in sjenre opfetsje as ynherint realistysk, wy miene dat wy reagearje op ’e werklike wrâld lykas fêstlein is troch ús reaksjes op ’e ferbyldingen fan de werklikheid, en as gefolch dêrfan leit dat faaks ek fêst: sa’t wy it aardich fine yn’e reality show Mythbusters, sa soene wy it thús ek samar dwaan. Dat wie de redenearring dêr’t Plato Homearus syn—realistyske—Odyssee en Ilias en alle oare populêre kultuer fan syn tiid mei fersmiet; Plato achte in man dy’t wiif en popke foar tweintich jier ferliet om in ûnskuldich folk út te roegjen en oerhoer te begean mei in nymf in ferkeard foarbyld. Alle ôfwizers fan realisme en populêre kultuer sûnt stean yn de tradysje fan Plato, faak sûnder dat te witten dat hja him kopiearje. Sjoch bygelyks Alexander Nehamas, ‘Culture, art and poetry in The Republic’, Course-wide Lecture, Fall 1999, The Core Curriculum, Columbia College, 1999.
  56. ‘‘Salang’t de beam bloeit’: handboek over de Friese literatuur’, Lân fan Taal, Tresoar, s.a. <https://www.tresoar.nl/Pages/L%C3%A2n-fan-Taal.aspx> [krigen 29 novimber 2017].
  57. Leland Ryken, ‘Confronting literary realism in the Bible’, Christian Research Journal 30:5 (2007) g.s. (Article ID: JAL020); Anthony Trollope, ‘On prose fiction as rational amusement’ [1870], yn Anthony Trollope, ‎Nicholas Shrimpton (gearst.), An autobiography and other writings (Oxford 2014) 233-258.
  58. Gezelle Meerburg, 149.
  59. Richard Steigmann‐Gall, ‘The Nazis’ ‘Positive Christianity’: a variety of ‘clerical fascism’?’, Totalitarian Movements and Political Religions, 8:2 (2007) 315-327, 316. <http://www.tandfonline.com/doi/pdf/10.1080/14690760701321239> [krigen 17 novimber 2017].

Ut dit essee sitearje kin sa: Riemersma, Friduwih. “Fryske kristenen en literêre kanon” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 10 desimber 2017. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.