Opiny
Fryslan as failed state
De reden dat eartiids it najonalistysk sentimint fan fraternité, frij oer te setten as ‘mienskip’, sa súksesfol om him hinne sloech—sadat de Europeeske naasjesteat de modelfoarm waard—is deselde as dat it kulturele haadstêdtema akseptearre wurdt: arbeidsmerkmigraasje. Boerefeinten en komelkende fammen wurde nei de stêd twongen om wurk te sykjen en dêr fiele hja har thúsleas en ûntwoartele en iensum en binne in maklike proai foar it romantysk-nasjonalistysk panasee.
Ek hjoed rint it plattelân leech. ‘Greidelokaasjes’ om te wenjen en wurkjen binne efterhelle.Planbureau voor de Leefomgeving (PBL), Kiezen én delen: Strategieën voor een betere afstemming tussen verstedelijking en infrastructuur (De Haach: PBL, 2014) 10; Centraal Planbureau en Planbureau voor de Leefomgeving, Kansrijk mobiliteitsbeleid (Den Haag: CPB en PBL, 2016) 263. Yn Ljouwert kamen yn dit millennium mear minsken mar minder banen.Planbureau voor de Leefomgeving, ‘Tussenbalans van de Leefomgeving 2017’, 15 septimber 2017, 32, fig. 5.1 <http://themasites.pbl.nl/balansvandeleefomgeving/wp-content/uploads/pbl-2017-tussenbalans-van-de-leefomgeving-2908.pdf> [krigen 13 maart 2018]. Fan de likernôch 2250 “asylsikers”—de Ljouwerter krante wegeret te sizzen dat it om statushâlders giet—dy’t yn 2015 yn Fryslân kamen hawwe mar 42 in baan krigen.Hildebrand Bijleveld, Vluchteling amper aan het werk, Leeuwarder Courant, 10 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Vluchteling-amper-aan-het-werk-22983076.html> [krigen 13 maart 2018]. Statushouders mei wurk ha meastal mar in bytsje oeren en minne kontrakten,Suzanne IJzerman en Roelof van der Velde (red.), Regio in beeld - Friesland (Amsterdam: UWV, 2017) 12. wat min is foar har sûnens en selsrespekt en faaks ek foar de yntegraasje.World Economic Forum, Organisation for Economic Co-operation and Development (OECD), International Monetary Fund (IMF), International Organization for Migration (IOM) en it Feriene Naasjes Hege Kommissariaat foar de Flechtlingen (UNHCR) hawwe oertsjûgjende literatuer op it mêd fan sosjale en ekonomyske lykweardigens en lykberjochtiging fan humanitêre migranten.
Mar wat mei yntegraasje wêze? De Fryske Nasjonale Partij hat gjin definysje. Sosjologen sizze út har ivoaren toer wei dat ‘sosjale yntegraasje’ betsjut dat alle minderheidsgroepen opnommen wurde yn in ’e mainstreammaatskippij en mei-inoar freedsum prate oer maatskiplike saken; oer lykweardigens yn dy dialooch hawwe hja it net, mar oer harmony en dat der by sosjale yntegraasje gjin sprake is fan twang. Dichter JJ Bola seit sweet dreams: op ierde is de dialooch yn de taal fan de machtichste groep en it giet wiswol om twongen assimilaasje.‘JJ Bola | Curb Call | Refuge | Spoken Word | Word On The Curb’, Youtube, 9 febrewaris 2014 <https://www.youtube.com/watch?v=0uWqV31QqLo> [krigen 13 maart 2018]. Wêrom al dat bearen oer yntergraasje, as it sa’n freedsum proses wie, no?
It ynternet neamt ‘yntegraasje’ yn ien siken wei mei ‘iepenbiere oarder’ en ‘feiligens’. Twitter syn #yntegraasje wriuwt, wit wêr’t jo handoek is, de massale twongen migraasje de slachtoffers sels oan:
@FryskeBeweging · 25 Oct 2016 Yntegraasje fan flechtlingen yn de Frysk(e)(talige) mienskip #yntegraasje #flechtlingen #mienskip #Frysk #yntegraasje, Twitter, 25 oktoer 2016 <https://twitter.com/search?q=%23yntegraasje&src=hash> [krigen 13 maart 2018].
Ien en oar lykwols op ien betingst: der moat wol sprake wêze fan (yn kultureel opsicht) lykweardichheid en de wil om te yntegrearjen. Dêr binne twivels oer as it tal ynkommers sa heech is en dat der yn dy omstannichheden gjin goed yntegraasjeklimaat ûntstean kin. Grutte of krekt lytse azc’s om lykweardichheid nei te stribjen?Tom Dykstra, ‘Yntegraasje fan flechtlingen yn de Frysk(e)(talige) mienskip’, It Nijs, 24 oktober 2016 <https://www.itnijs.frl/2016/10/yntegraasje-fan-flechtlingen-yn-de-frysketalige-mienskip/> [krigen 13 maart 2018].
En dus organisearre Mercator/Fryske Akademy in jûn oer kultureel brekme en ferlies fan taal en identiteit as gefolch fan flechtsjen nei de oare kant fan ’e ierde? In konferinsje miskien oer wêr ha sy no ferlet fan, fan ús, dy’t neat efter hoegden te litten? En dernei in searje pittige debatjûnen oer ‘The effects of bad province policy on the position of minority languages’? Nee hear, se rôpen knappe koppen gear om yn it Ingelsk te praten oer it risiko fan humanitêre migraasje foar minderheidstalen: “What can Fryslân learn from all this?”‘Mercator Symposium The effects of migration on the position of minority languages’, Fryske Akademy, g.d. [2016] <https://www.fryske-akademy.nl/en/news-and-events/eardere-eveneminten/the-effects-of-migration-on-the-position-of-minority-languages/> [krigen 13 maart 2018]. All this: wêrom spesifyk wêze as ynsinuearjen in folle krêftiger wapen is.
Tagelyk is it kulturele haadstêdevenemint in grutte promotor fan ’e mienskipsideology, it kommunitarisme, dat it primaat leit by de sosjale groep, en dat mei stipe fan de oerheden. Mei in yn Fryslân net earder sa meimakke propagandamasine strielje de kulturele projekten út dat der in natuerlike lotsferbûnens bestiet yn de Fryske romte:
Mienskip: het gemeenschapsgevoel; sociale waarden; solidariteit; de samenwerking tussen verschillende mensen en de kracht van diversiteit in een samenleving.‘Mienskip; Sociale gemeenschap; Community’, Friesland.nl, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/agenda/1945976928/mienskip-sociale-gemeenschap-community> [krigen 13 maart 2018].
De etnyske mienskip is ien fan de meast kommunale foarmen fan de kulturele groep. Ek is it de meast romantyske, want it is ferbûn mei grûn en oerfolken. It Europeeske steatsnasjonalisme ymplisearret etnysk konfliktmanagement, wat etnisiteit samar in skied makket. As it publyk net earst troch al it o heden deromhinne fertroud makke wie mei de noasje fan etnisiteit—de ferfanger fan it besmet rekke rassekonsept—hie it kulturele haadstêdprojekt Lost in the Greenhouse hielendal gjin ûnderwerp hân. Leafde tusken twa persoanen, duh. Dus werhellet de kulturele haadstêdmarketing it klisjee fan ien fan ús folk en ien fan oar folk dat rint mis; de ynspiraasje ta Lost wie it finen fan it lyk fan dy bûtenlanner earne yn in sleat.
Yn de kulturele haadstêd-bubble sprekt de deugdlikens en superoriteit fan mienskip fansels:
Iepen mienskip betekent open samenleving. Klinkt goed, maar hoe doen we dat?‘Iepen Up’, Friesland.nl, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/programma/iepen-up> [krigen 13 maart 2018].
Dat wy it hielendal net dwaan moatte, om’t it kommunitarisme it belangrike neidiel hat dat in oligargy beslist oer jo belangen as yndividu, hâldt it tichte wâld fan kulturele haadstêdreklame bûten ús sicht. Mar de mienskipsideology bringt ús patsboem werom yn de tiid fan ’e útlânkse dynastyen en de almacht fan ’e tsjerke, dêr’t nasjonalisme en demokrasy—yndividuele frijheid en lykweardigens, witte jo noch?—just in antwurd op sochten.
Ek makket it net út oft de mienskipsromte echt of firtueel is, gjin ferlechje mear mooglik, elkenien mei in tillefoan kin meidwaan as er wol.
Kern van ‘Stimmen fan Fryslân’: … Binnen een online community kun je kennis over meertaligheid vinden en delen.‘Stemmen van Fryslân’, Friesland.nl, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/agenda/85948130/stimmen-fan-fryslan> [krigen 13 maart 2018].
Want, stiet derboppe: “Eigenlijk iedereen is meertalig.” Nota bene, ‘eigentlik’ elkenien. Der binne dus ek guon dy’t minder meartalich binne. Dy wolle blykber net yn ús community. Dat binne dy ferrekte oaren.
Fierfuortysk prate?- opmiterje: mar al te maklik koe ûnrêst oer migranten skoepen wurde om Brexit te forsearjen. Mar ek al is dat sa’n klap foar de Europeeske politike en morele ‘mienskip’ dat de Britske elite noch dikke triennen gûlt oer wat foar ûnminsken hja binne,Tom Slayer, ‘No, Brexit was not a cry for help’, Spike, 3 jannewaris 2018 <http://www.spiked-online.com/newsite/article/no-brexit-was-not-a-cry-for-help/20715#.WqfjC-Yo9BQ> [krigen 13 maart 2018]. sa glêd wie de metamorfose gien fan Magna Cartapolityk nei in Hongarije-eftige mislearre steatgedrach, it net bysteat wêzen ta kontrolearre gesach en oerlis mei de ynternasjonale mienskip en it net langer biede kinnen fan basisfeiligens oan minsken om’t se minsken binne, om’t migranten der gjin minsken mei rjochten binne mar problemen dy’t út de wei gien wurde moatte. Wy witte hiel goed dat ksenofobe motiven en in fergiftige hâlding njonken humanitêre migranten har yntegraasje—alwer: wat dat ek is—beslist net fuortsterket. Mar dat hâldt yn Achtkarspelen de listlûker fan de Fryske Nasjonale Partij net tebek fan mear ksenofoby en fergiftigens.
Ymmigraasje wie nea te ferienjen mei it model fan de Europeeske naasjesteat, dy’t etnyske en kulturele homogeniteit foarûnderstelt. Dêrby is Nederlân wûn oan de polarisaasje dy’t dat joech, mei groepen dy’t fijannich foarinoar oer steane. Dat statushâlders har sels net it tinken oan stellingnimmen tsjin ‘ús’ permittearje kinne, al bongeljend oer de râne fan ’e sosjale ôfgrûn, wurdt foar it gemak fergetten. Ek praat de Partij voor de Vrijheid selden yn wurden fan ‘maatskippij’ en kiest hast altyd foar it neatsizzende mar folle mear ymplisearjende ‘mienskip’ (‘samenleving’, ‘gemeenschap’); foar harren bringt de kulturele haadstêd inkeld mar goeie reklame. It wie dus, op de listlûkersdebatjûn juster, net mear as ûnskuldich strategysk posisjonearjen. De Fryske Nasjonale Partijtop sil der wier net wekker fan lizze. De listlûker bewiisde inkeld mar dat er de Fryske mienskip troch alles hinne ferdigene. Troch gewoan efkes op it gefaar te wizen fan noch mear flechtlingen:
GrienLinks wol mear jild stekke yn keunst en kultuer, mar se wolle hjir ek mear minsken hinne helje mei in hiel oare kultuer.‘PvdA en FNP op stoel van GroenLinks en PVV in Achtkarspelen’, Friesch Dagblad, 13 maart 2018 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=74244> [krigen 13 maart 2018].
Hy woe, sei er, net noch in asylsikerssintrum. Sa’n sintrum sit hielendal net yn ’e planning, mar it statement wie moai makke: dêr hâlde oaren ta, oaren dy’t nea lykas ús wurde. No sa.
Dêrnei barde der neat. It doek foel net, it ljocht gie net oan (of út), net ien rôp boe, nimmen rûn derút, gjinien frege om it hanthavenjen fan de minskerjochten en it respekt foar de oar. Dat Fryslân faalt yn it effektyf beskermjen fan de minskerjochten op it mêd fan taal—en kultuer—is âld nijs. Dat der yn dat beliedsfakuüm en by dat sloppe hanneljen immen oerein komt, in priveeboarger of in snoade politikus, om oan te trunen ta doelberette minskerjochteskeining is in logysk gefolch.Neil A. Engelhart, ‘State capacity, state failure, and human rights’, Journal of Peace Research 46: 2 (2009) 163-180. Mar dat wy dat gewoan barre litte, dat, Fryslân, binne de earste tekens fan in failed state.
Noaten
- Planbureau voor de Leefomgeving (PBL), Kiezen én delen: Strategieën voor een betere afstemming tussen verstedelijking en infrastructuur (De Haach: PBL, 2014) 10; Centraal Planbureau en Planbureau voor de Leefomgeving, Kansrijk mobiliteitsbeleid (Den Haag: CPB en PBL, 2016) 263.
- Planbureau voor de Leefomgeving, ‘Tussenbalans van de Leefomgeving 2017’, 15 septimber 2017, 32, fig. 5.1 <http://themasites.pbl.nl/balansvandeleefomgeving/wp-content/uploads/pbl-2017-tussenbalans-van-de-leefomgeving-2908.pdf> [krigen 13 maart 2018].
- Hildebrand Bijleveld, Vluchteling amper aan het werk, Leeuwarder Courant, 10 maart 2018 <http://www.lc.nl/friesland/Vluchteling-amper-aan-het-werk-22983076.html> [krigen 13 maart 2018].
- Suzanne IJzerman en Roelof van der Velde (red.), Regio in beeld - Friesland (Amsterdam: UWV, 2017) 12.
- World Economic Forum, Organisation for Economic Co-operation and Development (OECD), International Monetary Fund (IMF), International Organization for Migration (IOM) en it Feriene Naasjes Hege Kommissariaat foar de Flechtlingen (UNHCR) hawwe oertsjûgjende literatuer op it mêd fan sosjale en ekonomyske lykweardigens en lykberjochtiging fan humanitêre migranten.
- ‘JJ Bola | Curb Call | Refuge | Spoken Word | Word On The Curb’, Youtube, 9 febrewaris 2014 <https://www.youtube.com/watch?v=0uWqV31QqLo> [krigen 13 maart 2018].
- #yntegraasje, Twitter, 25 oktoer 2016 <https://twitter.com/search?q=%23yntegraasje&src=hash> [krigen 13 maart 2018].
- Tom Dykstra, ‘Yntegraasje fan flechtlingen yn de Frysk(e)(talige) mienskip’, It Nijs, 24 oktober 2016 <https://www.itnijs.frl/2016/10/yntegraasje-fan-flechtlingen-yn-de-frysketalige-mienskip/> [krigen 13 maart 2018].
- ‘Mercator Symposium The effects of migration on the position of minority languages’, Fryske Akademy, g.d. [2016] <https://www.fryske-akademy.nl/en/news-and-events/eardere-eveneminten/the-effects-of-migration-on-the-position-of-minority-languages/> [krigen 13 maart 2018].
- ‘Mienskip; Sociale gemeenschap; Community’, Friesland.nl, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/agenda/1945976928/mienskip-sociale-gemeenschap-community> [krigen 13 maart 2018].
- ‘Iepen Up’, Friesland.nl, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/programma/iepen-up> [krigen 13 maart 2018].
- ‘Stemmen van Fryslân’, Friesland.nl, g.d. <https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/agenda/85948130/stimmen-fan-fryslan> [krigen 13 maart 2018].
- Tom Slayer, ‘No, Brexit was not a cry for help’, Spike, 3 jannewaris 2018 <http://www.spiked-online.com/newsite/article/no-brexit-was-not-a-cry-for-help/20715#.WqfjC-Yo9BQ> [krigen 13 maart 2018].
- ‘PvdA en FNP op stoel van GroenLinks en PVV in Achtkarspelen’, Friesch Dagblad, 13 maart 2018 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=74244> [krigen 13 maart 2018].
- Neil A. Engelhart, ‘State capacity, state failure, and human rights’, Journal of Peace Research 46: 2 (2009) 163-180.
Mear fan Friduwih Riemersma
De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021 |
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot |
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021 |
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuerynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine |
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten |
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot |
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet |
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’ |
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten |
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma |