name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Opiny

Sjonge wy it út, ja of nee?

Gerrit Breteler oer de frije poadiumkeunst en de populismepandemy

 

Populisme, in pontifikaal pro-boerebelied, need yn ’e folkssûnens, de macht en net de taskôger dy’t bepaalt wat keunst is, dat alles hinget nau meiinoar gear, seit engazjearre-teaterman Gerrit Breteler.

 

Friduwih Riemersma - Fers2 6.3, 10 maaie 2020

 

image gerrit breteler frije poadiumkeunst

 

 

Karlheinz Stockhausen soe tocht ha dat it skitterend wie: sa’n yntelligint tuskenromte skeppen. Foar it helikopterstrykkwartet fan Stockhausen stapten ferline jier de leden fan it Arditti Quartet yn aparte helikopters. Dy fleagen op hûnderten meters ôfstân fan inoar yn ’e loft boppe it Amsterdamske Westerpark, wylst it konsert djip derûnder te hearren wie yn in eardere gasfabryk. Dit jier hat Gerrit Breteler it slotkoraal út syn rekwiem opnij opnommen, yn de Teatertsjerke Nes, mei op syn minst oardel meter ôfstân tusken alle musisy en koarleden. It is skitterend. Mar foar dizze romte tusken lûd stjoere en lûd opfange wie de oanlieding net it eksperimint ins blaue hinein, mar it ‘yntelliginte’ beskoatteljen dêr’t it besmetlike koronafirus ta twong. “Nei oanlieding fan de koronakrisis binna alle konserten ôfsein”, seit de webside fan muzikus, byldzjend keunstner en teatermakker Breteler.

“De stipe foar selsstannige ûndernimmers yn ’e kultuersektor is 1500 euro it húshâlden,” seit Breteler. Syn frou, Anke Bijlsma, is ek kultuer-zzp-er. Sy sit ek sûnder ynkomsten. De 1500 is in tydlike ‘oerbrêgingsregeling’ en gjin universal income dêr’t, mei it each op ’e minne metafoar—brêge oer de maitydsoerstreaming fan it frije­merkpopulisme?—keunsters oer de hiele wrâld hieltyd driuwender foar pleitsje. In lyts keunstbedriuw hat hast nea in stevige finansjele buffer, sis ik. As jo krekt allerhanne dekôrs leaset ha en rekwisiten hierd en de kosten net mear werom krije kinne, is it jild op en ha jo dan pech? “De bargeboeren binne krekt útkocht 600.000 it bedriuw trochinoar. Dêr is no al 1,8 miljoen foar útlutsen. It is dúdlik hokker kar oft de oerheid makket: foar it kapitaal.”

Hy ferbetteret himsels: “De 75 persint fan ’e keunstners dy’t harsels bedrippe kinne, bringe mear op as de boeren meiinoar.” Wy liezen ferline jier dat de boer dy’t de doar fan it Grinzer provinsjehûs derút bûke dat jier goed 120.000 euro stipe krige. In trochsneed húshâlden betellet yn 2020 mear as 500 euro oan belesting om de ynkommens fan de agraryske sektor te stypjen. De grûn ûnder de merkbeneiering fan ’e agraryske kultuer, dat it folk te iten ha moat, is flauwekul. Net mear as in fearn fan wat hjir produsearre wurdt is foar Nederlânske konsumpsje. “It is in kar foar de boeren.” De keunstners ha gjin lobbymacht: dy ha gjin trekkers.

Fiif jier lyn by Breteler thús filosofearren wy, de dichters Abe de Vries en Jaap Veenstra en Breteler en ik, oer de twadieling tusken subjekt en objekt, de minske en de natuer. Wy hiene gjin aan fan de min yn ’e stringen te hâlden sykte dy’t út de natuer opdûke soe. Stel, it minskdom soe op in stuit gearfalle mei de natuer, wat soe dan bliuwe? De kultuer, dus it minskwêzen sa’t wy dat kenne, soe ynstoarte, om de begjinnen de kristlike cda-kultuer. Soe der dan in soart lokkige-minske oerbliuwe dy’t boartet, leavet en oan keunst docht? Te let. Breteler fertelde hoe’t de jarretenks út Brabân al jierrenlang it lân om him hinne ynjektearren, sadat de ynsekten deagiene en it op in stuit deastil wurden wie bûtendoar. Der song gjin fûgel mear.

Hjoed is de relaasje fan yntinsive bou mei koronafirusútbrekken ûnbewiisd, mar wol troch allerhanne wittenskippers suggerearre. De Covic-19 begûn yn Brabân mei al syn bioyndustry. “Mansveld har adfys oer it gefaar fan lânboufergif foar bewenners doogde net,” seit Breteler, “en dat komt no nei bûten.” Yn 2014 soe de steats­sekretaris in list meitsje fan tastien fergiffen en ynstruksjes om dy te brûken. It tige kontrofersjele metam-natrium stiet gewoan op ’e list. Ek mancozeb mei fan minister Schouten brûkt wurde, om’t de EU it tastiet, ek al is de relaasje derfan mei Parkinson bekend. Breteler skept syn keunst út de bân mei de omkriten wei. Op it koronafirus kin er net reagearje sa’t er dat op oare ûnderfiningen docht, op it poadium, mei de direkte bân mei it publyk. Dat is hoe dan ek in polityk aspekt.

“Sjonge wy it út, ja of nee?” seit Breteler. “Wy ha nea gebrûk makke fan subsydzjes. Jo tinke wol fan: hoe wichtich fine se keunst eins yn Fryslân?” Wy sjogge keunst as net-essinsjele tsjinst­ferliening, tink ik. Kultuer ferûnderstelt in minimale mjitte fan rykdom. Minsken moatte earst ite en in bêd en in dak hawwe. Keunst sit net yn ’e basis, mar tagelyk is de krityk op Maslow dat, alhoewol’t minsken it sûnder de neden fan de legere nivo’s stelle moatte, se dochs stribje nei de top fan de piramide, selsaktuali­searring oftewol dingen dwaan dêr’t de wrâldkultuer wat oan hat. Dus wat docht jild mei keunst, yn Fryslân?

“Nim no it byld fan dy blauwe hûn yn Burgum: de bestjoerders foar en de boarger tsjin. In wanskepen ding, alwer gjin Fryske keunstners dy’t de iepenbiere opdracht krigen ha. Gjin demokrasy, likemin as as de kulturele haadstêdfonteinen.” Dy sille no út moatte om it risiko fan fersprieden fan it firus op wetterdripkes. Folks­sûnens wie mar ien punt tusken alle arguminten dêr’t Breteler de fonteinen mei bestriden hat. “It synisme fan [fonteinymperialist] Anna Tilroe, mei har fêste sprekbuis Joyce Roodnat, om de Friezen én de keunst sa leech te lizzen. En dy hûn: jo kinne der net iens safolle fan sizze want dan binne jo wer te kritysk, dan ha jo it wer dien.”

Breteler sit yn goed selskip. Ek Hans Achterhuis is opfallend ôfwêzich sûnt it koronafirus ús petear bepaalt. Hjir myn wolwêzen- en geloksfraach: ferdwine de pear poadiumkeunstners dy’t Fryslân hat no foar ivich? “It toanielselskip Tryater hat in fêste baan.” Dat wist ik net, mar it klinkt logysk. Se ûnderstypje de Fryske taal en bringe dêrom leechdrompelich laits- en trientoaniel. Mar, earst, De Haach sil ekstra jild jaan oan teaters en poadiums dy’t yn problemen komme. Twad seagen wy nei de resesje fan 2008 dat de kultuer­sektor hurder kromp as de ekonomy as gehiel, en it frije merkpart it alderhurdst. De frije, net-stipe produsinten fan poadium­keunsten krigen de grutste klappen. Ek al waarden kaartsjes goedkeaper, der kamen minder besikers. Yn ’e perifery hat der in kealslach west fan benammen lytse kultuerynisjativen, ek de byldzjende, net inkeld poadiumkeunst. Dat ik wol net delsjen op net-oefene taskôgers dy’t keunst dreech fine, mar wol spesifyk freegje oft keunst wol weromkomt yn ’e provinsje.

“Keunst is net inkeld moai en amusemint. Keunst lit jo de wichtige topics sjen en wiist op op alternativen. Keunst is in part fan it deistige libben. Jo jouwe minsken ek wat mei,” seit Breteler, “der binne méár problemen.” It koronafirus leit just, tocht ik, de mondiale krisissen en fraachstikken bleat dy’t ynternasjonaal koördinearre en oplost wurde moatte. “Ik lês in boek fan Andreas Kinneging, de rjochtsfilosoof. Ut sok wurk sitearje ik graach yn foarstellingen. Makket net út dat dy man in rjochtse tinker is: hy seit wol dingen dêr’t jo oer trochprakkesearje kinne.” Mar it opwaarmjen fan ’e ierde, de etyk fan keunstmjittige yntelliginsje, biotechnology, cyberfeiligens… it ferset yn Fryslân tsjin de koronafirusmaatregels liket grut. Dat is wol in bytsje begryplik yn in provinsje mei mar goed 500 posityf teste lju, mar wat mear minsken har net oan ’e maatregels hâlde, wat stadiger de grafyk wer omdel giet en wat minder gau kin de poadiumkeunst wer iepen, of net? “Ik haw lyts teater. Ik haw in eigen, trou ploechje publyk om my hinne.”

Kinne jo dat ferlieze? Bygelyks as jo trije moannen net útfiere meie en wy witte: it ekosysteem yn Fryslân is absolút net sûn. “Dat bepraat ik faak genôch mei Ids Willemsma, dy problemen binne ek yn ’e oare keunsten, de byldzjende lykas de poadiumkeunsten.” It komt derop del dat wol bekend is, by kultuereksperts en gewoan yn it fjild, dat plattelânske keunstorganisaasjes mear net-pleatslik publyk nei har sealen lûke en in gruttere ‘civic leadership’ en ferbûnenheid mei har taskôgers fiele as har kollega’s út de stêd. Mar lokale, nasjonale en ynternasjonale projekten foar regioûntjouwing yn ’e mande mei in rjochtspopulistyske polityk jout in mei tonnen subsidiearre, alles platwalsende fun-programmearring. Festivals en bûtendoarkeunst binne sterk op it plattelân, sizze se dan. Mar sok belied bringt ‘keunst’ sûnder ien memorabel idee of in byld dat hingjen bliuwt: liberale platitudes dy’t de keunst ferkringe.

“De kar dy’t makke wurdt is antykeunst, populêr dwaan. De LTO dy’t blommen útdielt is in sigaar út eigen doaze: dêr hat de belestingbeteller sels foar betelle.” Foar de blom opkomme ynstee fan foar de kweker, skilderje de pro-boeredemagogen ôf as linkse agresje. “CDA’er Bleker syn feganisme-útspraak, Lit dy net troch in hânfol loser-eftige feganisten en bisteaktivisten op ’e kast jeie!, dat is skandalich. De polityk hat echt in mediastruktuer krigen. Troch de wei fan de byldmedia moatte de boarger en de kiezer beynfloede wurde. Ik sjoch nea nei teefee.”

Jout echte, waarmbloedige belutsenens—want it sterile kant & klearhumanisme fan Fryske festivals is just drinzge yn medialeafde—dochs in kâns op oerlibjen fan Breteler syn sosjaal engazjearre poadiumkeunst yn Fryslân? Efkes letter bellet Breteler opnij. “Ik slaan de krante iepen en ja hear: it CDA sil oparbeidzje mei it Foarum, de boerepartij mei de keunst-is-elitêr, ik bedoel mar.”