image it lyryske wurk fan Douwe Tamminga

Besprek

Gjin formalisme om ’e nocht

It lyryske wurk fan Douwe Tamminga

Friduwih Riemersma - Fers2 6.2, 29 maart 2020

Tsjinakseljen tsjin grutskens, grandeur en klettergoud is in ûnûnderbrutsen tema yn ’e literatuer. In wolkomme en needsaak­like kompinsaasje foar de celebrity-oanbidding fan dizze tiid foarmet Douwe Tamminga. In Johnny the Selfkicker wie er net, konstatearre er as ier-tritiger, begjin jierren fjirtich.

Gean út ’e wei, ik bin poète maudit!

In dichter-divel, bret út oare djerre

as dy’t yn Fryslân langer libje en stjerre:

libje yn Deugd en stjerre oan Harmoany.

Slûksturtsjende ethici, hja neame my forsearre,

myn dicty ûnbesnoeid, myn spleen would-be.

Hja ha gjin kunde oan de briljante esprit

fan in Rimbaud, Verlaine of Baudelaire.

Mei sokken sit ik oan by’t bacchanaal.

Ik skaak sultanes, ’k duëllearje, ’k dwaal

troch stêden dêr’t ferlied en ûntucht spoekje.

Orgyen hâld ik yn in kafferkraal.

Tewyl ik teetiid yn myn daagliks hoekje

betochtsum plúzje oan in bitterkoekje.

De gewoanlike Frânske fertochten wiene alle trije hiel fruchtbe­re sonnettiers. It is net tsjin har dat ‘Poète maudit’, in Shakespeare­aansk sonnet yn strak heldejambe, him satirysk keart. Jo kinne Tamminga syn komplete oeuvre klear en bûnich karakterisearje as foarmfêst. Mar om 1931 hinne waarden de foarmeasken fan it wurk en de persoanlikheid fan de dichter, foarm en fint, alhoewol’t der net in logyske tsjinstelling is, geskikt achte om âld en nij mei ôf te beakenjen. It argumint fan ’e fint-kant wie benammen dat foarm nei te bauwen is, wylst in dichter syn persoanlikens unyk en autentyk is. In epigoan is de poète lykwols net: hy set sels orgyen op tou, yn in strieën hutsje. Aldmannich tsjin bacchanalen is er likemin. Want hy skoot by oan Un coin de table, Fantin-Latour syn ferneamde skilderij fan de duvelsdichters, Rimbaud & Verlaine, en har symbolistekrite le Parnasse en it iene kopke tee.

Wol set de dichter himsels yn it konkludearjend kûplet doelberet op ôfstân fan syn tekst. Hy stjoert de sûp- of seksfeesten de wrâld yn “tewyl” er efterbliuwt yn syn “deistich hoekje”: as triviale produsint fan kommunikaasje. Autonomisme, de autonomy fan de keunstige tekst en in auteur dy’t der net ta docht—prachtich werombrocht ta it bitterkoekje—gou ynienen yn ’e Nederlânske poëzy as âldmoadrich: it ‘sierfers’ of ‘foarmkultus’. Tamminga bewarret de klassike foarmen, ek al pakt er moderne tema’s op, hjir de ferhâlding fan de dichter ta syn fersen en syn ynkompetinte kritisy. Lykas de oare foarmlju, yn it foarste plak Nijhoff, brûkt Tamminga alledeiske sprektaal en kiest er ierdske ûnderwerpen: mem of bern of thús tegearre waarmite.

Nea sloech it waarme reabekape

ljocht meilydsumer en kliener

bemanteling om dy, it memmich wêzen

bûgd oer it miel, dat tusken iensumheid

fan ús tegearre-wêzen reeskikt stie. Nea tagediener

tape in frouwehân it yngoe drinken

mei sok ûnrimpen en stil skinken

oer yn de glêzen fan gemiensumheid.

It byld fan it plingoffer foar de deade krijt efkes letter fersterking yn in wyt taffelslekken; mar it wreedst brekke yn dit memento mori de enjambeminten de yntimiteit tusken de twa net mear jonge geleafden. It is sûnder mear unheimlich sa’t “reabekape” rymt mei “nea”, ôfbrutsen is fan it “ljocht” en dan ferbûn is mei “tape”. Rym helpt net inkeld de struktuer, de bân tusken de rigels en it ritme, mar stiet foar wat hegers. In stikje fierder moatte “úttsjinne (…) pompeblêden yn de grêften/ fan it ferjit” oer de strofebrek hinne rikke nei “it lims en de biennen hêften” fan foark-en-messen op it wite taffelskleed dat in “lyts en faai fjild-fan-krêften” is. Yndie, grêften binne keunstmjittich, en wy hawwe it mes sels beetholden. It jammerjende ê-lûd ûnderstreket symboalysk dat wy no om ússels tinke moatte. As “de kraften fan ús kinnen” leechgetten binne dan “sil dizze lytse sitadel in/ lêste festing ús wêze”.

Tamminga syn bylden binne nea inkeld mar situasjoneel en altyd mear as in skets dy’t sa trou mooglik is oan ’e werklikheid. Der is gjin sprake fan dat er it symbolisme ferlit; tsien jier letter sil er de pre-symbolist Poe syn út symboalen weefde fers ‘The raven’ oersette nei it Frysk en dat yn 1984 opnij ferskine litte as in selsstannige útjefte.

As struktuer en it brûken fan symboalen ensafuorthinne yn de fersen net ymplisyt wat sizze oer de literatueropfettingen fan de dichter dogge in stikmannich stikeldichten yn de bondel Leksums dat wol eksplisyt. Horror treft de dichter dy’t sjerpstruts by de Dútsers: “O Kalma, nuete reizger nei Den Haach!/ O bouwer, mar oan eigen sarkofaach!” Mar it foarm-en-fintdebat gie net inkeld oer hoe’t jo literêr wurk meitsje; it fertelde ek wat de noarmen fan literatuerkrityk wêze moatte. Hoewol’t de skriuwer noch lang net ‘dea’ wie, sil foar in foarm-man as Tamminga de selsrepresintaasje fan dichters en de auteurspoëtika fan folle minder belang west ha as de tekst sels. Keunst koe weromfalle op syn fûnemintele kapasiteit om, mei estetyk en stylmiddels, in koherinte eigen wrâld te skeppen doe’t it net mear hoegde te stribjen nei in transindinte hegere wearde, lykas it ûntbleatsjen fan in glorieuze wrâld.

Dochs skreau Tamminga in hiele protte dat wol yn tsjinst stie fan in hegere wearde. Dat binne meast balladen.

‘De himel is iepen, de Heilân is myld

En foldie foar alle kwea;

De wrâld is dôfhûdich, de tiden swier

En it lean fan de sûnde is de dea.’

Dat preket de “sjongende heilsoldaat” op “in skrouske jûn” ta de minsken dy’t “hastich” foarby rinne op de “winige grêft”. It ticht­plakken mei eigenskipswurden is typysk jongfrysk—de formule wie in yndividualistyske, boargerlik-stedske ynhâld yn opdiene styl, kreatyf metrum, wielderige taal, neologismen—wat wy net langer wurdearje. Mar de anapest en de balladesesuer komme der noch like prachtich ûnderút. Dialooch is karakteristyk foar de ballade want dy is in narrative foarm, hoewol’t er fan de njoggentjinde ieu ôf brûkt waard foar de lyryske poëzy, tink oan Coleridge. Lyryk is dan net sasear jongfrysk-‘persoanlik’, en likemin ‘fint’, as wol egoïstysk, want de dichter besjongt himsels, en dêrby binne it ûnderfinen, tinken en gefoel sa simpel, koart, fris, spontaan en muzikaal mooglik troch it ferbyldingsfermogen modellearre. Mar op ’e minachting foar foarm en de selssucht wie al krityk kommen, ûnder mear fan de symbolisten, mei Rimbaud syn ‘Je est un autre’, en in klassyk weroplibjen.

De balladefoarm is om de krêftige ritmes, rimen en werhellingen, sadat se pakkend en maklik mei te sjongen binne, faak brûkt foar bernelieten. Dêrom hat de ballade sterke assosjaasjes mei de bernetiid.

Net yn in kein en keunstich tún

Mar, as de maaietwirren prykje,

Fljocht oan in bochtich binnendykje

Him it bloeisel nei de krún.

Stek de rigeljende fruchten

Mei dyn koarte oerdied oan

En bliuw bloeiend, hagedoarn

Yn ’t lij fan ús gehuchten.

Hjir is net sasear de formele mjitte, it metrum, benutte, as wol it natuerlike taalritme: nei alle koarte kribelwurdsjes komt it fjouwer­liddige “maaietwirren” as in dúst. De donkere lange aa set dat nochris oan: it wiist faai bûten “ús gehuchten”. Ingelske balladen drage de oantinkens oan de eigen nasjonale bernetiid. Op in stuit waard de ballade ynset om in korpus teksten gear te stallen dat nasjonalistyske ympulsen wjerspegelje soe, ek yn Fryslân.

dochs sit gjin Starumer yn noed

om eigen folk, om have en goed,

har gaazje is besomme;

de himpen float leit op ’e ree

ferank’re tsjin de boaze see,

dat lit de stoarm mar komme.

Eigen folk en god (en famkes) wolle hjoeddedei net mear rjocht bekoare. Allinne in pear formidabele losse strofen kipe derút, dy’t gauris lyrysker binne, oftewol, dy’t sjen litte hoe’t lyryk foar kwali­teit is kommen te stean.

Soms waait in fûgel yn ’e nacht

Fan ’e lânkant, wurch en stom,

As er fielt hoe rêd it hertsje slacht

Dan flokt de man fan ’e hûnewacht

En wouteret dêr mei om.

Dan komt de bondel It griene jier: In leafdesliet. Tamminga droech him op oan syn twa deaberne dochterkes, Ant en Ant, en fertelt oer in nije ferwachting. De boarne fan westerske poëzy leit yn ekstreme ûnderfining, tink oan de Ilias. Mar safolle as der oer oarloch dichte is, hoewol’t net in soad minsken dêryn fjochtsje—ek Tamminga net—sa’n bytsje hat de wrâldpoëzy it bern krijen ta ûnderwerp nommen, lit stean kanonisearre, ek al is elke dichter berne. Tagelyk is de narrative fan swierens folslein, wis net inkeld yn ’e bibel, behearske troch manlju, mei meager súkses yn har bedjip­jen fan it frouljusliif. Dochs is yn It griene jier de ‘ik’ in frou. Mei in “Sjoch breugeman de hôven ree/ It tún is sêftbepade” ropt hja har geleafde op bêd. En dêr begjinne de njoggen moannen fan maityd nei winter yn de trije bibelske skiften fan ûntfinzenis, advint en berte en in beslútskift fan ferfolling en ferromming, “Hoe sûnder dy moast ik net rinne/ In tsjernpaad om in bientsjekou”, en fan bidden om begrutsjen mei de froulju—net de manlju—dy’t gjin bern krije kinne.

Yn idealisearjende natuerbylden en eleminten dy’t ynblaasd lykje troch it Heechliet, lykas de hôf, de appel en de krinten, bedriuwt de frou de leafde.

No lis ik wiid oan alle seamen

En ’k fiel troch my de weagen slaan

De springfloed en de sterke ûnderstreamen

Fan dy o oseaan.

De toan is fan pasjonearre freugde: “dû hast myn tonge kuolle (…) Hoe soe ik fan dyn bysliep sjonge wolle”. De finale hat it tryste fan in ôfskied: “It liet is dien, grut wie de nacht en goed// Wie ek it liet dat yn my kûzet/ Al is myn kessen no fan triennen wiet”. Dat heart iepenhertich genôch. Oan de oare kant is it braaf njonken de eroatyske ekstaze fan Marsman, dêr’t sa’t it liket nei sjoen is, al is it model foar It griene jier de 9-ferse-syklus ‘Geboorte’ fan Ed Hoornik. Dy ferskynde trije jier foar’t Tamminga yn 1941 útein sette en folge yn ferskate fersfoarmen, fan kwatryn yn manlik/froulike pearrym oant sestet en kwintet, in swiere frou dy’t praat oer de ferwachte berte fan har poppe, bang is om it te ferliezen, benammen as se it efkes net skoppen fielt, wrantelich is oer god, útskroeven is om it earste lûdsje fan it bern en bidt foar de berneleaze froulju. Tamminga nimt, op it kwintet nei, alles oer en ferwurket it mei syn eigen byldryk symbo­lisme. Dat jout in idee fan oarder of útlisberens, “Ik bin de eker, dû de siedder”, sadat it barren en de dingen as sinfol nei foaren komme, op in manier dêr’t er mooglik de Fryske kulturele grinzen mei oergie.

Want net langer wie it fuortplantsjen hillich; it is minsklik. Prachtich is hoe’t nei de jubeljende leafdesnacht de setting ynienen realistysk is, “No gean ik troch it hûs myn gongen/ Stil nei de lûde dei fan doe”. Der is twivel, “Doe’t der bazunen yn my songen/ O breugeman en ’k wit net hoe”, en eangst, “Ferrifeljend is it lûd fan dowen/ As blommen op in deadebier”. Wat it godbyld oanbelanget—religy is by Tamminga altyd oanwêzich en nea optwingerich—is de mem net tankber, mar earder lilk: “O trien, it kin de Hôfker misse/ It krintsjen fan de druvetros.” Sa sit it skift Advint fol mei oanwizingen dat it swier-wêzen fier fan soargeleas is. It park, mei de swannen dy’t “Har ronflich oarbyld efternei” swimme en de blauspjocht en sweal dy’t nêsten bouwe, liket har in “dwaaltún” ta.

En ’t iverjen fan sweal en spjocht

In liep gepleach om my allinne …?

O as de frage my befljocht.

Nije hoop ferrast har. Se hâldt de siken yn om it wûnder, mei spondeeën en in trochbrutsen ritme: “Doe kaamst my oan (…) Sêft woestû yn my ferwege/ Sêft kaamstû yn.” Mar opnij is der eangst: “No’t ús ferlossing is op hannen (…) O boarterke, bekòarje nea.” De ‘tink-rym’ fan nea op dea ûntgiet jo net. As dêrnei de mem it ûn­berne bern beskriuwt as finzene yn it tsjuster, “In útgong taastende op ’e fiel”, tinke jo oan it ûngelokkige bûtensletten bern dat net berne wurde sil. Dan, úteinlik, iepenbieret him de tragyk: dat it bern in gat opfolje moat, “Bringe ta genêzen/ ’t Grut ûnwennich-wêzen.”

De foarm is frij rigide, krúsrymkwatrinen en trochayske pearrym­sestetten, mei tradisjoneel alle rigels mei haadletter. De retoryk beskermet tsjin in oerdie oan gefoel: tsjin sentimintaliteit. It ûnderwerp lient him net foar in parlandotoan. Mar ûntradisjoneel is dat de punt of komma meast weilitten is. Dat jout in stream of consciousness-effekt: “Hoe is dan no de eangst// My op it netflues fallen?/ Bylden omglûpe my op sêfte soal.” It fers biedt alle romte oan de gefoelens fan de mem, har eangst en hoop. It is dêrmei in foarrinder fan it nij-realisme fan de jierren sechstich, dat omtinken opeaske foar de grutte emoasjes om libben, leafde, sykte, fergonk­likens en dea hinne. Opmerklik yn ’e monolooch fan de mem is de ûnder­hûdske kulturele observaasje, hast kulturele krityk, yn de bea om froulju dy’t tsjin it ein fan har fruchtberens rinne wat ferdivedaasje te jaan.

Jou, as de kimen jûnich wurde,

Wat ynhâld oan har liddichheid

En blies jins amme, Hear

Sjogge jo nei wêr’t er it gefoel mei oerbringt, dan falt earst Tamminga syn singeliere hâlding njonken emosjonele driuw op. De dichter dy’t efterfolge wurdt troch it fisioen fan in harkjende wrâld en dêrmei prate wol, wie âlderwetsk makke. De jongfryske definysje fan poëzy is as it spinnen fan myn kat: út suvere selsekspresje, sa oars mooglik as it miaukjen om nodzjen fan it brede publyk. Mar It griene jier is gjin solipsistyske autobiografy. De bysûnderheden, “Soms sjoch ik in glêzen brêge skowen/ Spand oer in donkere rivier”, sprekke foarby harsels. It ferskaat oan betsjuttingslagen komt út de taalkonsintraasje en -kompresje wei, sa’t bygelyks de weeën—mei opnij in subtyl tink-rym—op-en-delje: “Dû fielst sa apelich en moai.../ Armeeën stampe troch de steppe”.

De faak flinke reduksje ta symboalen, “En alle liet wurdt naneliet”, easket raasjo: betsjutting ôfliede út tekens. Mar is dy ferbale essinsje keppele oan it hearbere aspekt, troch rym, dan is de ‘mood’ der altyd earder. Want rym is in direkt waarnommen, ûn­beriddenearre struktuer dy’t saken ta in ein bringt. Rym is tagelyk lûd en sin.

Hat dy de wintertiid befongen

’t Is nacht, de flearmûs yn ’e toer

Hat slûch him oan ’e balke hongen

De bij it ylgat fan syn koer (…)

Opmerklik is ek it boartsjen à la Baudelaire—Tamminga koe Frânske poëzy yn it orizjineel lêze—mei rympatroanen grûne op it Frânsk syn froulike en manlike wurdútgongen, op in stomme e, dan wol sûnder dy e. Al of net in e stjoert automatysk ús persepsje. ‘Lune’ resonearret, sadat jo ferwachtsje dat der noch mear tekst komt; ‘soleil’ heart abrupt, as stie der in punt efter. Dus wol de alexandrine, net om it snobistysk gûchelspul mar deagewoan om ús oanberne kommunikaasjefermogen, earst it froulik rym, dat ús tariedt op de nije rigel, en dan ôfslute mei it manlike. Mar, Macron is manlik en resonearret dochs, lykas as alle nasale lûden. Dat is de trúk dy’t Tamminga konsekwint tapast. Syn manlik rymlûd is sa faak in twalûd of lang lûd, dat as it ris net sa is, en it rymlûd wol subyt de strofe ôfkapt, der dalik drama is. Sil it bern it bertekanaal oerlibje? “Lit, Ingel (…) in waarme wjuktop fan dy fiele/ Nodat de smert my iepenslút”. It werhelle ‘út’ fersterket de ôfsluting fan it swierwêzen.

De Nije gedichten binne faak net nij, mar koene yn ’e oarloch net ferskine. Yn in pear gedichten bliuwt wol it rym, soms yn yngewik­kelde patroanen—dêr’t ik it doel net altyd fan sjoch, om’t rym ûnder mear wurket troch elemintêre ferwachting en ferfolling—mar giet it formele metrum deroan.

De tiid is om.

Wa’t no werom-

paad socht, fynt alle doarrren ta,

rint stomp op ieuwen dy’t fertoarren ta

ien grut fersom.

Sânris yn ivichheid rûnom.

(…)

Wrâld-esk, ûntwoartle

wraggelt. De eleminten,

pûdeagjende wolven op sprong,

hoarte oan ’e skoatle

poarte fan ’e ûndergong.

Dea, op syn telle

swinglet de wrâld-tersk:

fermuozze talinten,

gelde kerlen.

Nazy-Dútslân wie krekt Poalen binnenfallen, Ingelân en Frankryk ferklearren de oarloch. In tige ûnrêstich en ûnwis tiidrek hie in groulik beslút krigen. It fers libbet troch syn kompakt steapeljen fan bylden. It sit grôtfol symboalen. De Styks út de Grykske mytology wie de wichtichste rivier fan ’e ûnderwrâld en rûn dêr sân kear om hinne. Yn de Noarske mytology sleept it úteinlike lot fan ’e goaden (ragna-rök) de wrâld mei, dy’t dan ûnder giet. No’t de wrâldbeam omslein is, komt de doem ûnmijber. Mar likefolle as de ynhâld wurkje de stylmiddels meiinoar op om de benearjende sfear del te setten. De koarte frasen en brutsen rigelkes fersterkje it ferfrjem­dzjend effekt fan de homonymrym doarren ta~fertoarren ta. It fynmazich reach fan binnenrym—faak froulik, wrâld-esk~wraggelt, hoarte~poarte, lykas Sybesma yn ’e sonnetten en Poe yn ‘The raven’—en alliteraasje en it warjen fan fersierende wurden, en sels skrassen fan wurden dy’t grammatikaal needsaaklik binne, lûke it fers potticht.

Lytsskalige styleksperiminten tendearje lykwols nei ferlern gean yn de Fryske iver om braaf-lanlike sfearen mei in sentimintele, nostalgyske ‘ik’ te kanonisearjen, lykas ‘Sa âld te wurden…’

Sá âld te wurden, yn de jûnpetearen

fan ’t geafolk jin te jaan en alle weet

te hawwen fan har wize en rûge mearen,

de Spoekesingel en de Muontsereed

te kennen mei har spoaren, kûlen, bochten,

yn mimer toevje foar in kâld hússteed

Yn ritme, rym en enjambemint dat it Nederlânske hardersdicht wjerspegelet komt ‘It hart’:

Pinsiele tsjin de snie dyn silhûet?

Moatst al te lang bedimje dyn ferlet

En ’t krappe leger mei de hûnger diele,

Of hawwe driften, nimmen ea bekend,

Dy warleas nei de rûnte mend?

It is absolút frij fan lek en brek. It is sa byldzjend, mei de prachtich fûne “haffeljende blibben”, dat de muskusrook fan it bist jo yn ’e noasters krûpt. Mar it oerdreaune berop op ús gefoel, troch de twa fraachtekens sa ticht byinoar en it melodramatyske oansetten fan “nimmen” mei “ea”, skeint de skjintme dy’t jo yn it moed treffe moat. Ek is ús estetyske kontekst feroare; tsjintwurdige lêzers ha Bambi sjoen. Hoe dan ek, in sinteklaasdicht foar kollegadichter Jan Wybenga ferlit Fryslân en it klassike metrum, mar net de lûd­harmonyen dy’t Tamminga hieltyd wer ynspirearje. Dat leveret in juwieltsje fan in puntdicht op, dat hielendal mei rjocht opnommen is tusken de lyryk yn de bondel Floedmerk.

BURREL

                              foar dulcinea

swarte p

wite p

P pyt

pyt hat de p yn

dul-cineac

sanctus SANCTUS SANCTUS

trijeris sanctus

dit is de skoarstien

net troch te kommen

fiks oan ’e langte, us?

BISKOPPEN ROSSE FOARBY

p is der by

sûnder sek

yn ’e p

Dat soart iepen fersrigels is in fernijing yn Fryslân. Allinne Obe Postma brûkte de natuerlike praattaal en J.D. de Jong keas foar de kompleksiteit fan wikseljende mjitte en rigellingte en net-bûn lûd. Dochs foldiene Tamminga blykber de oanrinnen ta it frije fers net. It liket derop dat it ferlies dat der by him steefêst oan komt, en dat gjin romantyske natuerlike of organyske fergonklikens is, mar earder it gefolch fan it minsklik destruktyf-wêzen, ynbûn moat yn foarm; hjir is gjin formalisme om ’e nocht.

Noch rinne wraggeljende en yn ferfal

Rûmmantelige memmen dizze paden.

Bleatskonke tennisfammen komme neigeraden

En boartsje – mar hoe lang noch? – heinebal.

Noch is it formalisme stiif as út in ballade/sonnetgenerator lutsen; foarm foeget him nei de keunst, lykas by in skulptuer ís foarm betsjutting. In pylderhillige leit ús syn fraach foar yn sonnet­foarm: “Ik groef my yn, ik libbe mei de dieren,/ Ik feste en ’k waard myn eigen silhûet.” Mar wylst it sonnet as wenst—Shakespeare, Poe—yn in (slot)kûplet mei it antwurd komt, is hjir alle kûplet­foarming út de wei gien en dêrmei liket de sprekker in oplossing fan tafel te feien as noflik, skynhillich. “Mar ’k sjoch as oer it libben ik my niich,/ Myn eigen minsklikheid en swij beskamme.” Hoe ynkringend ek, de sonnetten dogge faak wat ad hoc oan. Mooglik befalt it sykluseftige wurk him better. Yn ’68 ferskynt In memoriam, foar Tamminga syn fierste ier ferstoarne iennichste soan.

Ik rop syn namme tsjin de simmersee,

syn leave namme rop it tsjin de brekkers,

hy hat jim kend o ivige skombrekkers,

jou my beskie, skodkopje net fan nee:

is hjir yn wetter, ljocht en wyngetwir

net in nei-ebjen fan syn stim bewarre?

dy hege skatterlaits, och mocht it barre

him wer te hearren, ienris klonk er hjir;

yn dizze weagen hat hy stoeid en geid,

de brâning kletsend tsjin syn geve ribben,

hjir boarte er yn it brûs en like it libben

ien lange roes fan fleur en feestlikheid;

“Ik rop syn namme”; fan de nije ekstreme ûnderfingen fertelt de dichter yn notiid, live, wylst er by de plakken lâns giet dêr’t er mei syn jonge west hat. It ankerjen fan ús oantinkens yn it lânskip is, sa’t de withoefolle geografyske metafoaren foar rou en drôvenis sjen litte, net in betocht ritueel mar in gewoane minsklike reaksje: ien dy’t folle mear as metafoarysk is. Wy kaderje ús rouûnderfiningen yn detailearre topografy fan betsjuttingsfolle romtes en hannelingen yn. Nei de simmersee rinne wy by de feart lâns, it alâlde slachje om, dêr’t “’t fotteljen waard trêdzjen linkenoan”. De heit betrapet himsels net iens mear op sykjen, dat wit er al, en ek dat er him dêr likemin fine sil, “elk omsjen is fergees”. Hy sil inkeld leechte hearre.

deselde nachtloft speeg’let yn ’e feart

en ’t is deselde tille fan foarhinne,

mar ’k mis syn stap nêst mines, ’k hear allinne

de rein, de rein, de rein en fierder neat;

Elk fan de fjirtjin kuiers is ien lange meanderjende, elliptyske sin dy’t op in raffinearre manier de sêne likegoed as it gefoel beskriuwt. It byld fan de inisjalen dy’t de soan skraste yn it skeppefiem, wylst se “as maten, freonen” op “simmerige sneonen” de tún te liif giene, glidet oer yn “dat wat it bejoech” en dêrta “behearre ek de tekens hjir ynkarne;/ och eltse letter is in neil, in toarne”. De slûpende, diffuze pine twingt ta lytse beweginkjes. It haadletterjen dat by de IM-stanza (fan Tennyson) hearde, soe dit gemis te materieel meitsje en is weilitten, en de kwatrinen kinne net op IM-wize strofysk, want dit fertriet komt net yn kreaze blokjes. It tige regelmjittich troch­geand massyf patroan dat sa ûntstiet, fan 20 pentameter-rigels yn krús- of ynsletten rym, liket werom te gean op it lândicht. Men nimt oan dat lândichten ús prehistoaryske, basale dichtfoarm binne, grot­skilderijen yn taal, sadat it nea de foarkar fan de prúkpoëten hie. It echoot it ûnderfinen fan it folk, sa’t Homearos die: in allinnich­spraak fan in rekke sprekker, sûnder filosofyen en boppenatuerkunde, of faunen, nimfen, of Noarske mytology en, gek genôch, sûnder ús deugden en ûndeugden te neamen.

Oars formulearre, al stapt de dichter bûtendoar, dat bliuwt sûnder sosjaal of polityk gefolch. It kin net oars as de kuiers barre yn syn holle, oer en oer en oer.

Winige jûn: en longerjend nei rêst

hear ik as doe syn keamersfinster klappen;

nachtlûden, beamgerûs en ’t swypkjend flappen

fan ’t flagetou ientoanich tsjin de mêst;

De bonkjende rym klappen~swypkjend flappen bringt Poe syn binnenrym dreary~weary, napping~tapping yn ’t sin. It ferskil is, dat de ‘ik’ hjir net ferlost wurde wol fan it tinken oan syn geleafde deade, mar dat just opsiket.

Sjoch hoe’t de kikkertsleat bylâns it spoar

oerizele tenacht mei nulle en spjelde;

(…)

en bylden komme en meitsje sêft gewach

fan kriigjen op in grêft en fan ús tochten

troch wytberime lân en as wy opsochten

de fierten fan ien sin en fan ien slach

De wurdomkearing “opsochten de fierten” skept in gefoel fan earlikheid. De dichter stiet hakkelich stil by wat er opropt en wrot yn it ûnthâld om hoe mear klearens te jaan. Tagelyk falt komselden de frase, dêr’t in sprekker natuerlikerwize nei skoftet, gear mei de fersrigel. De enjambeminten meitsje dat de dichter syn gedachte­stream net ûnderbrutsen wurdt. Se bringe in grutte driuwende krêft; dy’t lykwols wreed ferrinne kin. Dan manifestearret it rigelein him as it ymminse gat dat slein is: “sa’t hy fergiet dy’t hjir no ûndersnijd/ leit”. Treffend is hoe’t it symboal fan ûnderweis wêzen, dat hieltyd opdûkt yn Tamminga syn oeuvre, yn In memoriam fersteurd is. Want faak is de kwintessens út it begjin fan it fers werhelle oan it slot derfan, “neisimmerrite” as “neisimmerlân”, of “oerizele” as “beferzen”, wat mar in skym fan dynamyk jout: it fers is in sirkelgong fan rou.

De doffe jambe neilet de retoryk fan de utering krêftich fêst, sadat wy de ûnûntkomberens fiele. Wurden en frasen beskoattelje har, wylst it ritme it fers fierder triuwt, mei it gearfallen fan it wurdlid dat yn de poëtyske foet klam krijt en de wurdlidden mei de essinsjele betsjutting: “ferside yn syn simmergriene terp/ (…) it jout gjin treast, want skerp, o flimich skerp”. Geregeldwei bestiet ritmyske oertsjûging just út antymetry, troch mei it beklamme wurdlid yn te setten, eventueel nei in pynlike sesuer: “hoe soe ik oars as sykje it by de deade/ yn dizze wite wrâld, hoe soe ik oars?” Neat is oan it tafal oerlitten. De ienfâld is sa ferrifeljend dat de lêzer likemin as de dichter tinkt oan de grins fan realisme, it besef fan it ûnsisbere en de ûnmooglikheid om de dingen te beneamen sa’t se echt wiene.

De kleau tusken de poëtyske en de echte werklikens krijt op in prachtige manier iroanysk stal as de soan syn boekeplank de dichter ferdútst hokker “wrâlden” oft de jonge binnengie: “sjoch hjir de Ilias, mei ezelsearen,/ sjoch Philoktetes, skibbich yn dyn hân”. It oare fers fiert de dichter nei poëzy ta dy’t net “dije [koe] yn ’e maaierein”: it neilitten “ûnbedreaune” dichtsjen fan syn soan.

en ûnder ’t lêzen, troch de rigels hinne,

krij ik fòàr my itjinge er skreaun ha soe,

hie de Dea him net roofd en yn besit

nomd (…)

De Dea is lykwols net allegoarysk yn de fersen fan syn heit. De dichter hat gjin heger boadskip foar de taharker. Inkeld freget er by de ôfsluting fan de syklus noch oan “dit grêf”, syn soan, om him bitterheid te ferbieden: “dan sil dit libben, no’t wy fierder moatte/ mear wêze as idel wachtsjen op de dea.”

Wat de lêzer troch de tragyske fisy yn de gedichten en it soms makabere lânskip—“soe wat fergie en wat de maitsen ieten/ herrize”—hinne skuort, is de kombinaasje fan de moaie ienfâldige taal sûnder argayske wurden of keunststikjes en de komplekse bespegel­jende tropes. Dêryn stiet net de metafysika út it iere lyryske en lettere psalmewurk sintraal, want “wa wit? wa wit? wy witte fan de wrede/ fertwiivling fan gemis en fan ûnfrede”. De minske blykt de mjitte fan ’e dingen, om’t er him, dom of ferstannich, allinne ferlitte kin op syn sintugen. Dêr komt de krêft fan de fersen wei. “dat feintepraat yn ’t lêst, de klap op ’t skouder/ nea wie er neier my en nea fertrouder …”

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15