image koart ferhaal friduwih riemersma

Sinjalemint

Gjinien sprekt de wierheid tsjin macht

De tsjûgen fan de macht fan Aggie van der Meer

Friduwih Riemersma - Fers2 5.19, 1 desimber 2019

Wy witte net folle fan de âlde Sumearjers, mar fameus is hoe’t almachtige keningen bindes de oanbuorjende stêdssteatsjes plonderje lieten om it tal slaven thús op peil te hâlden. Fiktoarje oer it minderweardige folk kaam fansels fan de goaden, sadat der gjin gewissebeswieren opbobbelen yn de mienskip dy’t inkeld draaie koe op de trochgeande oanfier fan grutte hoemannichten slaven. Mar dalik nei de titel De tsjûgen fan de macht komme der om in Sumearyske haven te graven frije wurkers, út harsels, mei in eigen skep. “It gie sa: de measten dy’t wurkje koenen, hienen har yn ’e rin fan ’e wiken melden.” De lêzer sit op ’t rântsje fan ’e stoel: net sasear liicht de ferteller dat it printe stiet, en net inkeld jout de skriuwer, Aggie van der Meer, in nije diminsje oan it konsept fan meineed, as wol dat gjinien de wierheid sprekt tsjin macht.

It hat net folle doel om te roppen Hey mr. Trump, you screw up massively! Want de rasjonele, wetlike macht fan in politike wrâldlieder is hiel beheind. Dy hat inkeld iepenbiere macht. Tsjin de ûnbedimme twangmacht fan de âlde Sumearjers—“der koe gjin sprake fan wêze dat de hearen de earen hingje litte soene nei it bretale folk”—ha se wetten betocht. Boppedat is hjoeddedei de private sfear gigantysk njonken de publike. Efter it skerm en dôf foar de wrâld regelje bedriuwen as de Industriële & Kommersjele Bank fan Sina, JP Morgan Chase-bank, Sina BouBank, BoereBank fan Sina, Bank fan Amearika en Apple wat der bart op ierde. Wie dat net sa, dan siet Trump der allang net mear. As har boadskiprindersjonkje kritisearre er de New Green Deal op 16 septimber, de dei dat Van de Meer de pin dellei, de Ynternasjonale dei foar it Behâld fan ’e Oazon­laach en by ús moast in oanpaste stikstofkalkulator de stomprûne bou wer fersmoargingsromte jaan.

Op dy irony giet Van der Meer lykwols net yn. Oars as dat de lêzer miskien wûn is, lit hja yn Tsjûgen de aktualiteiten lizze. In oare brek mei de Van der Meerwisânsje kaam al foar ’t ljocht op har tankpraatsje foar de Gysbert-Japicxpriis: it polarisearjen. Ik↔oaren, ferlieze↔winne, goed↔ferkeard. Myn nauwe jurk liet dochs al net mear ta as it rântsje fan myn stoel, en no sette Van der Meer de Dútske militêren dy’t Seyss-Inquart syn befel krigen hiene ta de grutte klokkerôf swartwyt wei as morele losers, en net ek mar in tikje as slaven yn in oarder mei de kûgel foar desersje. “Ik wist dat de oaren dat ek wisten, dat se mei har kommando’s besochten har eigen ûngemak (…) te beswarren, omdat se it net ferdrage koenen de ferliezers te wêzen.” Van der Meer hantearret sa in nij minskbyld, ien dêr’t elk yndividu frij kieze kin foar de reade of de blauwe pil en der foar de wegerders fan de reade fan realiteit gjin fersêftsjende klausules bestean. Ek brekt Tsjûgen mei it romansjenre foar útjouwer Afûk.

It boek bestiet út in samling net-gearhingjende ekstraatsjes, úttrekselkes, hiel-koarte-ferhalen en net brûkte of skraste sênes út oar proaza. As der al in bytsje systeem yn sit, is dat suver assosjatyf, fan oantinken nei notysje nei kranteknipsel. Twa minskelibbens lyn helle ien by it leechromjen fan in hûs in skuondoaze fol kladden efter it wynrek wei, mei tekene popkes yn ’e marzje en ien papierke werbrûkt as boadskiplist (‘toskeboarstel’, skean mei folpin skreaun) mar in sibbe sei, Net by de jiske blinder! en brocht it op har efterbank fansiden en jepte fuort in âlde freon fan ’e skriuwer. “Manuskript fûn :))”

Al dalik iepenet in ferhaal mei “In dei as tefolle oaren”, en by dy dûbele klasse-8-flater bliuwt it net want in nije iepening giet fan “Ek dea is hy har broer.” Jo tinke oan earbetoan, oan de wil-ta-macht­filosoof Nietzsche. Mar al wiene dy syn saneamde Wahnzettel, dwylsinbrieven, wol losse aforismen, skriuwflaters hiene se net, of se ha har respektfol útjûn, sadat se miening ha en net inkeld medysk nijsgjirrich binne. Mar skreaun, neffens de efterflap, mei útfal­ferskynsels oan skonk en each, falt yn de snipels yn Tsjûgen it doek faak al foar’t de ynderlike steat fan de figueren, har tinken, fielen, langst of eangst, sturje kin yn hanneling, yn strekking. De roomske krokodilletriennen om de joaden helpe fansels net. Se binne dea of traumatisearre oant yn ’e tredde generaasje en it Fatikaan bleau ferkeard oant yn de jierren sechstich, en nei de safolste hear of frou Joad dy’t dochs sa aardich wie, och sa spitich dy oarloch, woe ik it boek weilizze. Want ik haw fertriet by ’t soad hân. De útjouwer hie Tsjûgen sa net útbringe moatten.

Ek yn Fryslân komme jo net mear wei mei minne research, lykas oer it kartel fan (ôfparste) beskermingsbedriuwen Mafia. Wis, de measte Frysklêzers hawwe inkeld ris in Scorsesefilm sjoen en sille net sa gau yn Itaalje wenne ha en meimakke hawwe dat de mafia’s deagewoan oars wurkje. Mar de research hat sels sa min west dat “Maffiosy” mei twa f-en skreaun is, al seit Van der Meer dat se feitlike gegevens út it de bestseller Gomorra fan skriuwer-screenwriter Roberto Saviano oernommen hat. Hawar, de Italjaanske premier Silvio Berlusconi ynformearre him oer de mafia troch teefee te sjen. De tachtiger jierrensearje Piovra wie yn 160 lannen útstjoerd en hie in held mei fjouwerkante kaken dêr’t de mafia net tsjin hoekhold. Mar no hie de premier ek in boek oer de mafia lêzen, nammentlik Saviano syn Gomorra. Dêr hie er sa lang oer dien, fjouwer jier, dat fan Gomorra al hast in teefee-mob drama makke wie. Dat krekt yn 2010, tusken de frijerij mei Ruby troch, en justjes foar’t er har frijkocht út de finzenis dêr’t se siet foar dieverij, kaam er mei fûle krityk op Saviano. It boek joech in min byld fan it lân, sei er.

Dat wie net handich. Berlusconi syn eigen dochter, Marina, wie de ceo fan Mondadori, de útjouwer fan Gomorra. Iroanyskerwize naam de Demokratyske Partij it op foar Marina—net direkt foar Saviano—en wiisde der mei mannemacht op dat de premier dúdlik net wist wêr’t er it oer hie: dêr by syn dochter waard gjin polityk tinkbyld beoardiele, mar de frijheid fan mieningsutering ûnderstipe. Ien sei, minder subtyl, dat Saviano wól tsjin de mafia fochten hie. In pear wiken lyn hat Berlusconi (opnij) wegere om te tsjûgjen yn it heger berop fan immen dêr’t er lang en nau mei oparbeide hat. De rjocht­saak giet om gearspannen fan de Sisiljaanske Cosa Nostra mei it regear, om der minder strange wetten foar mafiosi troch te krijen. Yn 2014 waard Berlusconi yn heger berop frijsprutsen fan it keapjen fan seksuele tsjinsten fan Ruby, in minderjierrige prostituee, en fan amtsmisbrûk. Se fertinke Berlusconi noch altyd fan omkeaperij fan tsjûgen oangeande de seks mei minderjierrigen, foar meiinoar 10 miljoen euro oan swijjild. Ien fan de tsjûgen tsjin Berlusconi yn 2013, in model fan 34 jier, is in healjier lyn op in fertochte manier deagien. Berlusconi rint—à propos macht—frij om.

Sa giet it. Oan it ein fan de 2006-2016 edysje fan Gomorra seit de Albaneeske krante Shkirimi Shqup dat Gomorra in hantlieding foar dapperheid is en Saviano in skriuwer dy’t de stilte brutsen hat mei syn wurden, mar:

Tuttavia per me non è molto chiaro cosa sia esattamente la mafia e quanto malo possa fare. Se sia peggio dei governi disonesti del mio Paese, miopi, mediocre, con uomini e donne che ammanistrano la nazione senza amarla. Che per vent’anni, dopo la caduta del comunismo, hanno finto di governare, di svilupare, di miglorare le nostre vite. O forse la mafia, qui da noi, sono proprio loro?”Shkirimi Shqup, ‘Grazie Roberto per aver parlato e averci fatto parlare / Faleminderit Roberto që flet dhe na bën të flasim’, 20 novimber 2009, yn Roberto Saviano, Gomorra: 2006-2016 Nuova edizione (Milaan 2016) g.s.

“Binne sy it echt?” Of binne it oaren? Jo witte it net. En helpe tsjûgen wol?

Tsjûgenis is de bloeiende man sûnder burdgroei, dy’t wiidút, wat efteroer, mei de earms op 10‑22 skean nei boppen en de eagen yn ’e loft, praat oer ferlossing. Mar tsjûge is net in kristlik begryp. Tsjûge komt út it wurdfjild mei tsjûgeferklearring, net tsjûgenis. Tsjûge is oars net as in juridysk begryp. Bûten de juridyske sfear is immen dy’t in beskaat ‘feit’ seach, hearde of meimakke in taskôger of omstanner (of in teefeedûmny). In tsjûge leit yn de rjochtbank, of in oanpast ferhear troch rjochters, en ûnder eed—offisjeel tasizzen eat te dwaan (of litten)—in tsjûgeferklearring ôf. Mei opsetsin net de wierheid sizze, meineed, is strafber. Dêrom sitte al in stikmannich helpers fan Trump yn ’e finzenis: se liigden om Trump te beskermjen yn Mueller syn Ruslânûndersyk. Oer de wierheid fan Trump syn eigen ferklearringen twivelet it Mueller-rapport op tsien plakken, en jo witte dat de Demokratyske Partij ier of let Trump oer dy tsien stroffelje litte sil, mar op aktualiteiten giet Tsjûgen spitigernôch net yn.

Hoe dan ek, rjochtspraak moat útgean fan ien ûndûbelsinnige wierheid en fan it fermogen fan minsken om dy keale wierheid te sjen, ûnthâlden en wjerjaan. De juridyske foarûnderstelling is dat tsjûgen fia de sintugen de misdie opsûge as rige fan feiten en him bewarje yn ’e sletten bewiisdoaskes fan har ûnhâld, sadat se him sûnder wryt of slyt útpakke kinne yn de rjochtseal. Mar dy foaroanname strykt net. De psychology lit sjen dat minsken wat se meimakke hawwe net ûnthâlde as keatling fan losse feiten, mar as ferhaal. “It gelok, wist er wer, dat er belibbe as in spannend boek fol ûnrie en bedroch, dat sa ôfrûn as er hope hie.”

Tsjûgen meitsje hiel faak in fersin as se fertelle wat se meimakke ha. Hoewol’t sa’n fersin, ien feitsje fuort, ekstra of oars, net har hiele ferklearring weardeleas makket, hat in fersin wol it potinsjeel om wiidweidiger ûnbetrouberens fan de tsjûgeferklearring op te roppen, seit de rjochtsteory. Under de tsjûgeferklearringen jildt it eachtsjûge­ferslach faak as it krêftigste bewiis om de beskuldigde te feroardiel­jen. Mar minsken sjogge net as in fideorekorder. Ek is ús oantinken fan wat wy sjoen ha osa gefoelich foar ûnbewuste ûnthâld­fersteuring en foaroardiel. Dêrtroch kin ús eachtsjûge­ferklearring fan uterst akkuraat oant uterst ûnakkuraat wêze en dy utersten binne sûnder objektyf bewiis net te ûnderskieden. Rjocht­spraak liket dus krekt religy. Gjinien hat ea in god fongen op in feiligenskamera, mar dy’t Him of Syn Soan sjoen hat leauwe wy alle wy alle kearen wer op syn wurd, om oaren mei te feroardieljen. Ek sjocht it rjocht de tsjûge as isolearre inkeling. Mar dy is in keppelbist dat rekkenet mei wat de oaren dogge.

“Se koenen har tagelyk melde (…) derop hoopje dat se J. leauden, dy’t net sizze soe dat er in pakje krigen hie. De twadde mooglikheid wie dat de iene de oare ferrette. Dêr wienen se it ynearsten oer iens. Oantreklik, mar riskant.” Neffens de spulteory is it oantreklik tout court. Salang’t J. en syn mandélige maat mar meiinoar ôfstimme kinne is der gjin gefaar. It finzenendilemma, it klassike tink­eksperimint út de spulteory, lit de tsjûgen net fan inoar witte wat se dwaan sille. De pubersoan fan ’e boargemaster en syn maatsje binne tegearre snipt yn in tsjuster saakje en dalik yn aparte ferhear­keamers set. It is ommers wol dúdlik dat se yn ’t earste plak harsels beskermje wolle en se ha netflix genôch sjoen om te witten dat jo yn in ferhear gewoan gebrûk meitsje kinne fan it rjocht om te swijen. Mar de oankleier seit dit. As ien fan de twa bekent en dêrtroch tsjûget tsjin de oar as dy net bekent, lûke se alle oanklachten tsjin de iene yn en litte de oar opdraaie foar de hiele misdie. As se beide bekenne moatte se beide sitte, mar krije straffermindering. Ha se allebeide gjin sin om de oar te ferklikken dan is der gjin bewiis, útsein foar ferbean sabeare-wapenbesit, dêr’t se alle twa in licht taakstrafke foar krije. It dilemma is dat it foar de jonges apart rasjoneel is om te bekennen, wylst fansels de ideale situaasje is dat se allebeide neat sizze.

It beslút fan Van der Meer har ferhaal is dat de twa dochters fan de gearspanners tegearre kofjedrinke. Mar de nukleêre wapen­wedrin, doedestiids yn de Kâlde Oarloch en no om Irak hinne, giet, kwa spulteory, net sasear oer oparbeidzjen/ôfstimmen, as wol oer libben of dea. De filosoof Bertrand Russell ferlike it mondiale machtsspul mei in game of ‘chicken’. Doarpsbern hingje op freed­temiddei om op in ienbaansdykje om. It wykein komt deroan en der is neat te dwaan, oars as drinke, op ’e tillefoan loere en inoar mis­ledigje. Op in stuit rint skeel om eat in tikje heger op en twa bern dy’t krekt har rydbewiis helle ha—it spilet yn Amearika—springe yn har auto en beslute om inoar temjitte te riden oer de smelle brêge fierderop, om sa ris te sjen wa’t hjir gelyk hat. Allebeide wolle like graach bewize dat se dapperder binne as de oar, dat boppe it kanaal traapje se it gaspedaal plat omdel en ûnder it joeljen fan de famkes en high-fiving fan de bindes komme se hieltyd hurder op inoar ôf. Dy’t op it lêste momint útwykt hat ferlern. Dy is in weiten hin.

Yn dizze opset is kiezen foar it eigen imago, likefolle wat de oar docht, gjin rasjoneel hâlden net mear: dan binne jo dea. Russell lit ús konkludearje dat der in ein komt, aldergelokst, oan de machtsljedder en it ostentatyf sweeslaan fan jo macht. Ek de filosoof Friedrich Nietzsche, alhoewol’t er syn ‘Wille zur macht’ net definiearre, tocht by macht folle mear oan selsûntdekking, of de oerwinning fan de keunst en kreativiteit op ’e grize dea, yn de ivige ‘dionisyske’ syklus fan dea en libben. In neilitten fragmint dat Wille zur Macht beslút seit:

Und wißt ihr auch, was mir „die Welt“ ist? Soll ich sie euch in meinem Spiegel zeigen? (...) —: diese meine d i o n y s i s c h e Welt des Ewig-sich-selber-Schaffens, des Ewig-sich-selber-Zerstörens, diese Geheimniß-Welt der doppelten Wollüste, dieß mein Jenseits von Gut und Böse, ohne Ziel, wenn nicht im Glück des Kreises ein Ziel liegt, ohne Willen, wenn nicht ein Ring zu sich selber guten Willen hat, — wollt ihr einen Namen für diese Welt? Eine L ö s u n g für alle ihre Räthsel? ein L i c h t auch für euch, ihr Verborgensten, Stärksten, Unerschrockensten, Mitternächt­lichsten? — D i e s e  W e l t  i s t  d e r  W i l l e  z u r  M a c h t — u n d  n i c h t s  a u ß e r d e m !  Und auch ihr selber seid dieser Wille zur Macht — und nichts außerdem!Friedrich Nietzsche, Posthumous fragments, eKGWB/NF-1885,38[12], [38 = Mp XVI 1a. Mp XVI 2a. Mp XV 2b. Juni–Juli 1885], Nietzsche Source, Digital Critical Edition (eKGWB) (basearre op de krityske tekst fan G. Colli en M. Montinari, Berlyn/New York, de Gruyter 1967-, red. Paolo D’Iorio), g.d., www.nietzschesource.org/#eKGWB/NF-1885,38[Gruppe], krigen 25 novimber 2019.

De neilittenskip is lykwols hiel kontrofersjeel. Dalik nei Nietzsche syn dea plante syn suster Elisabeth har pontifikaal boppeop ’e nei­littenskip. De skuondoaze papieren oardere se. Tegearre mei in âlde freon en kollega fan har broer joech se yn 1906 in gearstalling of seleksje of sa—in ferantwurding mist, in noateapparaat ek—fan 1.067 ûnderstelde aforismen út as Der Wille zur Macht en neamde it Nietzsche syn haadwurk. Dat Nietzsche yn syn hiele oeuvre de kristlike moraal frij hurd oanfoel siet se net mei, mar/want se seach kâns om it—net slim prosemityske—stânpunt fan har broer oan te foljen mei har eigen antysemityske tinkbylden, dy’t se him yn ’e mûle lei. Dêrtroch waard it boek in bibel foar de Nazys. It waard sa populêr dat Elisabeth yn ’31 it ko-auteurskip kleemde foar’t in oar dat dwaan koe. De kopy fan Der Wille zur Macht yn it ynternetargyf is fan it United States Holocaust Museum. Dochs is it no noch altyd de kanonike útjefte.

Wol hat wilens de krityske wittenskip Elisabeth skrast en de skuondoaze werombrocht nei oannimliker proporsjes. It boppe­steande “Und auch ihr” slút net langer it boek ôf en allinne dêrtroch krijt de tekst al in hiel oare betsjutting. As it haadwurk en ‘slútstik’ fan Nietzsche syn krûmelige teory jildt wer Also sprach Zarathustra. Dêrút lies ús filosofylearaar altyd foar yn ’e lêste les foar de skoalfakânsjes, steefêst deselde siden, dêr’t de koarddûnser nei ûnder tûmelet en lyk neist Zarathustra delploft en dy seit dan tsjin de bluodrige heap fan “Was machst du da?” Wy laken sa lûd dat wy it punt misten: der wie gjin duvel. De macht, de tsjinmacht, dat wiene wy sels.

It folkskonsept fan macht, de sosjokulturele betsjutting fan macht by minsken dy’t der gjin boeken oer lêze, is oars. It is ûnkompli­searre. Macht is hoe’t manlju op ’e golfbaan meitsje dat ús libben giet sa’t it giet -: in knip fan har fingers, lústerjen mei de assistint dy’t amper knikt en kalme logo’s lâns de skyline fan ’e stêd. Dy betsjutting fan macht hâldt Tsjûgen oan. Tsjûgen leit macht by oerheden, organisearre misdie, legeroanfierders, in rektor en oare lju mei in liedingjaande baan dy’t har in mooglikheid jout ta amtsmisbrûk—en leit macht net simpel by it bern dat nee seit. Dochs tekenet dat nee it begjin fan in eigen minske wurden, selsûntdekking, tocht Freud. De psychoanalist Jacques Lacan riddenearre ek dat it praten it bern út syn narsisme helle en yn de symboalyske diminsje sette. Dêr gouwen wetten, mar der wie kultuer, plus in plesierprinsipe dat fierder gie as swetsen oer—in ferbaal útstallen fan de alpha male-kwaliteiten dêr’t de Fryske lit. him noch jimmer om fergriemt, mar Van der Meer giet net yn op aktualiteit—wol santjin sintimeter, wylst de falentynroas foar mem-o-mem wie. Ergo, der kaam folwoeksenens en non wie hast altyd it earste wurd, it wurd dat alles feroaret.

Macht is dat jo it hâlden fan oaren beynfloedzje kinne. De betsjutting fan macht begjint by in boarne fan feroaring. Macht is frij foar safier’t dy macht meidocht yn de boarne fan feroaring, en macht is oplein foar safier’t in oare macht de feroaring bepaalt. Neffens Michel Foucault, de allerwichtste tinker op it mêd fan macht, is macht ferfrissele mei kennis: it komt fuort út kennis, brûkt it, reprodusearret it neffens syn eigen anonime aginda, en werskept troch kennis it mêd dêr’t de macht op útoefene wurde kin. De ferbining mei kennis ûntboksele macht wol syn essinsje dy’t it yn earder, feilich, tinken hân hie: syn soevereiniteit, of masterskip & gesach, of feriene sizzenskip & lieding.

Net dat steatsmacht net bestie, mar de kleare unykheid derfan wie in mearke; krekt oarsom wie macht ferspraat en diffús, mar ferbûn. Foucault lit yn sjen hoe’t de tradisjoneel soevereine romte fan rjochtspraak derta kaam om tsjûgeferklearringen oan te nimmen fan psychiatryske eksperts, dy’t dêrtroch har gesach en macht brûke koene sûnder tapassen fan soeverein geweld. In fonnis koe ferswierre en of fersêfte wurden mei in diagnoaze, ien dy’t fundearre wie yn beskerme ekspertkennis: fan ‘perfers’. Foucault, de fiislak, wie gay, rûn aids op, dy’t yn it begjin net primêr in medyske mar in etysk-politike kwestje wie, en hy gie dea yn it Parise Hôpital de la Salpêtrière, itselde sikehûs as dêr’t er syn ûndersyk dien hie foar Madness and civilization.

Steatsmacht lykas yn Nineteen eighty-four bestiet net. Dy kin hast net bestean. Wylst earder de offisjele krante celebrities stikken skriuwe koe—sadat Foucault syn partner krekt twa jier nei syn dea fertelde dat de dea kaam troch aids—binne hjoed de ûnoffisjele ‘sosjale’ media by steat de kranten stikken te twitterjen. Yn it diskoers sille ûnûntkomber guon har eigen wurdkar ûntjaan, as geheimtaal fan bern dy’t, hoe boartlik ek, needsaaklikerwize de âlderlike macht ûnderwrot, en se sille har eigen ynformaasje ferspriede. Dêrtroch is der gjin twadieling macht↔ûnmacht. Macht is altyd mearfâldich.

Dertusken leit frijheid. Yn de jierren sechstich kaam de frije sneon en de Hema andere mei pakjessop. Dat tenei koe in man iten siede, sadat de frou frij hie, mar: nee pop, do bist wurch fan dyn wurk. Jo sizze net de wierheid tsjin de Hemacht dy’t jo oanrjocht, jo iennichst rjocht bedriget. Jo tinke der net oan, seit Mary Beard, dat jo ‘de stim fan it gesach’ sels konstruearre ha.Mary Beard, Vrouwen & macht: Een manifest, oers. Boukje Verheij (Amsterdam 2018) 54. Just mei frijheid lykje jo alle kanten mar op te kinnen. Om koart te gean, de eangst om de struktueren te feroarjen sil der wêze salang’t wy frijheid sjogge as ûnfoarsisber en macht as essinsje.

Aggie van der Meer, De tsjûgen fan de macht, Afûk, Ljouwert, 2019.

Noaten

  1. Shkirimi Shqup, ‘Grazie Roberto per aver parlato e averci fatto parlare / Faleminderit Roberto që flet dhe na bën të flasim’, 20 novimber 2009, yn Roberto Saviano, Gomorra: 2006-2016 Nuova edizione (Milaan 2016) g.s.
  2. Friedrich Nietzsche, Posthumous fragments, eKGWB/NF-1885,38[12], [38 = Mp XVI 1a. Mp XVI 2a. Mp XV 2b. Juni–Juli 1885], Nietzsche Source, Digital Critical Edition (eKGWB) (basearre op de krityske tekst fan G. Colli en M. Montinari, Berlyn/New York, de Gruyter 1967-, red. Paolo D’Iorio), g.d., www.nietzschesource.org/#eKGWB/NF-1885,38[Gruppe], krigen 25 novimber 2019.
  3. Mary Beard, Vrouwen & macht: Een manifest, oers. Boukje Verheij (Amsterdam 2018) 54.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15