name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Opiny

Help mem, der sit in korona under myn bed!

Fryske kranten yn panyk
smite literatuersjoernalisten derut?

Friduwih Riemersma - Fers2 6.2, 8 april 2020

 

image Fryske kranten yn panyk smite literatuersjoernalisten derút

 

 

It praat giet dat Keats fermoarde is troch in min besprek. Hy lies de fianige oanfal op syn Endymion, lei syn pinne del en joech him oer oan ’e tuberkuloaze. Wy witte al in hiel skoft dat it net sa is. De besprekker syn oantigingen hiene grûn en Keats joech trochstrings gjin belies ûnder minne besprekken. Dochs sirkulearret yn alle rûnten de myte fan de bloedtoarstige boekbesprekker dy’t it jonge talint bruts; net ien betinkt dat Keats just zum Tode betrübt west ha koe as der gjin besprek mear kaam.

 ferfolch…

 

LC-literatuerbesprekkers
wer oan it wurk

 

 

De Leeuwarder Courant (LC) sil de tsjinsten fan syn (freelance) literatuerbesprekkers net einje. It literatuer­besprekken giet gewoan fierder. Yn maart besleaten Friesch Dagblad (FD) en LC dat de freelance kultuer­sjoernalistyk stoppe moast, om korona. Op tongersdei 16 april is de LC, dêr’t it de literatuer oanbelanget, weromkommen op dat beslút. Dat is geweldich nijs.

Om te begjinnen, sa’t ús mem sei: “Der is folle mear kultuer om ús hinne as korona.” Korona kin net in ferlechje wêze om samar fanalles te dwaan dat earder ek net koe (seit ek it stedstafersjoch yn ús park). “Skokkend”, sei ús mem, dat de krantetop sa’n bytsje rekken hâldt mei syn âldste generaasje krantlêzers. Yn har Parise jierren hold se it abonnemint op ’e LC oan, om ’e literatuer; moast se no it ynternet mar op foar dy boekesaken? Heechweardige spesjalistyske literatuerartikels en boekbesprekken, fan bygelyks Doeke Sijens, hearre just yn ’e krante. Dêr berikke se in breed en algemien publyk.

De COVID-19-pandemy raande de adfertinsjeynkomsten wei. Yn in besunigingsneedsprong joegen de haadredaksjes fan LC en FD alle freelancers ‘dien’, ek bygelyks dy fan sport, want dêr soe dochs neat te ferslaan wêze. “Mar de literatuer giet fansels wol troch,” seit Jacob Haagsma, kultuerferslachjouwer foar de LC. Hy hat pleitte foar it oan it wurk hâlden fan de literatuer­besprekkers by de LC. “Der is dus nei my lústere, wêrby’t de haadredakteur eksplisyt de ferantwurdlikens dy’t de krante hat tsjin de Fryske literatuer en kultuer oer beneamd hat. Nochris: dat hat nea oars west, dat hat ek nea ter diskusje stien.”

De ferfrissele prosessen fan kommersjalisearring en digitalisearring hawwe de rol fan kultuersjoernalisten yn ’e maatskippij ferbrede en oanpoarke. Besprekkers binne der net mear inkeld om literatuer en ballet te ferslaan. Neist de estetyske aspekten sjogge se ek nei hoe’t kultueruteringen gearhingje mei wa’t wy tinke dat wy binne hjir op ’e wrâld en hoe’t wy it ‘goeie libben’ liede wolle. Us konsumintisme hat fan kultuer in kompleks ferskynsel makke. Iten, teefee & klean stean op itselde plan as Shakespeare. Dêrom ha wy mear as ea ferlet fan in krityske blik op de ekonomyske aspekten fan kultuer: fan yngeande, betûfte, ûnôfhinklike ferslachjouwing fan autonome kultuersjoernalisten.

Wy binne bliid dat de LC der ek sa oer tinkt.

 

 

Op sneon 20 maart einigje de Leeuwarder Courant (LC) en it Friesch Dagblad (FD), beide fan NDC Mediagroep, de opdrachten fan de freelance kultuerferslachjouwers. De LC-sjef kultuerredaksje meldt dat yn in ploech-mail ynstee fan persoanlik—en tillefoanysk—nei de adressearren, as gie it om in útnoeging foar in feestje: “Beste mensen, het zijn bijzondere tijden.” Mar dêrnei pakt de sjef it prekêre punt sa yn ûnderskikte sinnen yn, dat elkenien it snapt: dit is in min nijsberjocht. “Voor jullie als gewaardeerde medewerkers van de cultuurredactie betekent dat, nu nagenoeg alle culturele activiteiten stil liggen, we voorlopig geen gebruik kunnen maken van jullie diensten.” “Deze boodschap komt waarschijnlijk niet als een verrassing, maar het is vervelend nieuws en helaas de realiteit.” “We hopen dat als alle door de overheid opgelegde maatregelen zijn op­geheven, we de draad weer kunnen oppakken.” “Voor nu is prioriteit nummer één dat we er met zijn allen goed doorheen komen.”

Oja? Yn panyk smyt de NDC-mediagigant mei goed 70 digitale kanalen, 30 events, 40 wykblêden, 7 nijsblêden, 3 deiblêden, deistich berik 2 miljoen, jieromset 100 miljoen euro, de kultuer­sjoernalisten derút? Help mem, der sit in korona ûnder myn bêd!? It snijen yn ’e kultuer leit alderminst oan ’e pandemymaatregels. Ommers de oerheid hie de museums en konsertsealen dy’t noch net út harsels ticht wiene sletten en gearkomsten fan mear as 100 man ferbean, al acht dagen foar de Beste mensen-email. Alle yt- en drinkgelegenheden wiene al fiif dagen ticht. De hiele wrâld wist al fiif dagen lang hoe let at it wie. En just in krantebedriuw dan tafallich noch net? Of wie it desimearjen fan kultuer sa’n drege beslissing dat de NDC-top der fiif oant acht dagen mei omtôge hat? Net oannimlik: út neifraach blykt dat guon útsette opdrachten, kultuerartikels dy’t wilens skreaun wiene, net iens mear betelle binne en gjin claim mooglik—sa’n haast wie der om mei kultuer ôf te rekkenjen.

Dumpen fan ’e kultuersjoernalistyk treft goed in doazyn sjoernalisten, en dêrûnder de Frysk boekbesprekkers en literêre ynterviewers Doeke Sijens, Arjan Hut, Sietse de Vries en Elmar Kuiper. De lêste hie twa dagen foar’t de Beste mensen-email kaam praat mei ien op ’e kultuerredaksje, dy’t noed hie oer de LC. Se soene amper adfertearders ha, sei dy, it wiene krappe tiden. “De omstandigheden waarop je doelt hebben vast te maken met de financiële huishouding,” skriuwt Kuiper oan de sjef. Kuiper krijt gjin antwurd. Dochs foel der amper eat geheim te hâlden.

Yn 2017, as wy—iksels bin nammers gjin kultuersjoernalist en gjin boekskriuwer dy’t no it kranteomtinken foar syn wurk ferlern gean sjocht—ús noch drok meitsje oer hoe’t de kulturele haadstêd kranteromte konfiskearret foar ‘sponsored content’, dus reklame bemantele as nijs, bart dit. NDC nimt in kommunikaasjeadfysburo, in fideoprodusint en Boom uitgevers Nieuwsmedia oer. Dat ferheget de omset struktureel mei 5 persint, 12 miljoen euro, oant 108 miljoen. Mar de oankeapen feroarsaakje in ferlies fan 7 miljoen euro. Tagelyk binne der minder kranteadfertinsjes en stipers as earder. Dy skea wol NDC bylizze mei kaartsjeferkeap, eveneminteorganisaasje en ‘cross media campaigns’, dus reklame & marketing fia in netwurk fan media, dy’t se ommers allegearre besitte. Sa, tinke se, sille de risseltaten yn 2019 of 2020 wer omheech gean. Mar op 8 jannewaris ’20 seit direkteur Baarsma dat de oandielhâlders “nei de lange termyn sjogge”: foar dy takomst moatte 60 banen skrast. Hy wol yn 2020 7 miljoen besparje, wylst der 6 miljoen oan “nije omset” by komme moat.

De iennichste lukrative nije omset op dat stuit lykwols, is húskepapier. De need wie bekend. Yn ’e earste wike fan jannewaris skreaune in Sineeske en in Ingelstalige Hong Kongkrante oer in nij, hiel besmetlik firus, in Koreaansk parseburo brocht de epidemy­driging ta kennis en wittenskippers kundigen it nije koronafirus oan: de útbraak fan in besmetlike, heftige longsykte dy’t like op ’e severe acute respiratory syndrome (SARS) fan 2002-03. Dat lokale media ynternasjonale rampen net oerlibje, wit elkenien. En likegoed doek omke NDC-Dagobert yn it jild sûnder himsels sear te dwaan—sûnder ús suspension of disbelief te brekken?

Dêrom oertsjûget NDC syn rjochtfeardiging fan it snijen net. “[W]at sparje se no út mei it op non-aktyf stellen fan ien as Elmar [Kuiper]?” seit FD-kultuerbesprekker Arjan Hut. Hy hat syn lêste muzyk- en literatuerartikels dochs opstoerd foar publikaasje, oft se no betelle wurde of net. “Krekt no soe it in moaie gelegenheid wêze om boeken, bondels, muzyk, films ûnder de oandacht te bringen … kom mar op mei dy oanrikkemendaasjes.” FD-kollumnist Jaap Krol krige wol in berjocht fan de NDC-haadredaksje, mar dat sloech nei syn tinken net op him: “Dêrfoar bin ik te lyts, tink ik.” Dus, NDC wit dat skriuwers, lykas kollumlju, gewoan trochskriuwe, bygelyks foar har eigen kranten? “Uiteraard; tal van culturele activiteiten liggen nu stil, maar in tijden van ‘crisis’ blijft er genoeg te bespreken”, skriuwt Kuiper oan syn sjef. “Ik zou zeggen, besteed een pagina minder aan dat Coronavirus, zodat er ruimte blijft om literatuur te bespreken.” Doeke Sijens relativearret: der komt net in soad Frysk út. Oan ’e oare kant, “it idee [fan de LC] is dat de fêste minsken it oernimme, mar wa’t dat binne?”

Ernst Bruinsma fansels, wa oars :) Mar it oernimmen fan kultuerferslachjouwing troch in ‘fêst’ klupke hat konsekwinsjes foar it ferskaat en de kwaliteit fan de kultuersjoernalistyk, dêr’t de kranten harsels mei yn ’e fingers snije. It is net foar neat dat topkranten, The Guardian of New York Times, just ynsette op in ferskaat oan (gast)skriuwers en kulturele topics: dat is wat krantlêzers wurdearje. Mar wat NDC eins wol makket de Beste mensen-email, alhoe’t jo der in politike diskoersanalyse op tapasse, net dúdlik.

Frappant is ôfskowen fan de ferantwurdlikheid foar ympopulêre besluten op in anonime autoriteit: net de krante hat it dien, nee, de oerheid ferbiedt kultuer. Dat is net sa. Elske Kampen mailde dat se net minder hurd trochdichtet oan har sechsde bondel en Fers2 krijt ynstjoeringen lykas altyd of sels wat mear. Noch idioater is dat de LC, mei “We hopen dat als alle door de overheid opgelegde maat­regelen zijn opgeheven, we de draad weer kunnen oppakken”, it wer opstarten fan kultuersjoernalistyk ôfhinklik makket fan it ryks­sûnensbelied, sûnder korrelaasje tusken dy twa. Wat no as de oerheid noch trije jier—foar’t der in goed hifke faksin is, wat in reedlike eask is—gearkomsten fan mear as tûzen en ynternasjonale ‘events’ ferbiedt? Dat soarte festivals is krekt wat de Fryske bewegers wolle mei kultuer. Dan rekket it snijen yn ’e Fryske kultuersjoernalistyk aardich permanint.

So what? suchtet de adfokaat fan ’e duvel al sûnt de ‘crisis of cultural journalism’ begûn yn de jierren fyftich. Literatuersjoerna­listyk kin likegoed of sels better nei de spesjalisearre blêden. Dy erkenne ommers de autonomy fan ’e kultuersjoernalist. Goeie literatuer hat hielendal gjin ferlet fan flugge reklame mei wurdearringsstjerkes. De krante syn ivige marketingklisjees ‘baanbrekkend’, ‘net del te lizzen’ en ‘in triomf fan de minsklike geast’ binne deadliker foar de ambisjeuze skriuwer as Keats syn minne besprek en de tuberkuloaze mei-inoar. Kuiper stjoert ek tenei syn besprekken nei de literatuerfakblêden. Mar dat is in ferlegenheidskar. Dat wit er bêst.

De media binne de sintrale ynstitúsje as it giet om it produsearjen, rjochtfeardigjen en fersprieden fan kulturele klassifikaasjes: wat der op jo salontaffeltsje lizze moat sadat de frouljusslipkes om jo hinne op ’e grûn rûgelje of wat wy yn ús kontbûse stekke moatte sadat elkenien wol graach mear as oardel meter ôfstân bewarret. Nijskranten binne yn ’e posysje om kultuer oer te dragen. Stúdzjes fan kultureel sjoernalisme litte sjen dat kultueroerdracht noch altyd hiel nau ferbûn is oan nasjonale identiteit en nasjonale kulturele ynstitúsjes. Dêrom spilet de krante in enoarme rol yn ’e ferdivedaasje, ynformaasje en it ferbreedzjen fan ’e ûnderfiningshorizon fan de lêzer, mei it each op maatskiplike kontinuïteit, op it mêd fan kultureel stânpunt. Sa polityk as dat hjoed liket, ynearsten gou it as de sêftere kant fan it nijs.

Har artikels hiene emoasjes en bias en subjektiviteit. Sadree’t de massakrante der kaam, mids njoggentjinde ieu, moasten kultuersjoer­nalisten har wurk konstant ferdigenje, foar it publyk en benammen foar de kollega’s fan de politike ferslach­jouwing oer, mei har ‘echte’ nijs. No ha de kultuersjoernalisten dy slach ûnûntstriidber ferlern, want NDC smyt de politike ferslach­jouwers der net út—wat apart is jo de ticketing en reklamebusiness yn wolle—mar doe wûnen se. Yn ’e tweintichste ieu foarmen kultuerûnderwerpen in hieltyd wichtiger part fan nijsproduksje. Tsjintwurdich wurdt kultuer wiidweidich ferslein. Alle serieuze Europeeske deiblêden hawwe in folsleine side foar fraachpetearen en diskusjes oer kultuer en keunstsaken.

Mar tagelyk waarden kultuer, lifestyle en konsumpsje tanimmend beskôge as part fan de tabloidisearring en kommersjalisearring fan ferslachjouwing. Dêrtroch is der geregeld krityk op kultuersjoerna­listen, om’t se har te ôfhinklik opstelle fan de kultueryndustry en de merk. It is sa: om de goeie bannen mei de útjouwers ensafuorthinne en om de adfertinsjes, kinne kultuersjoernalisten folslein frij­bliuwend skriuwe, sûnder dat de haadredakteur yngrypt, wylst de lêzer rjocht hat op in opiny fan de literêr ekspert dy’t de kultuersjoernalist ommers wêze moatte soe, lykas dat de polityk ferslachjouwer in ekspert is dy’t jo syn ûnderboude fisys jout.

Noflike lêsberens, want tink om de abonnees, as foldwaande eask oan kultuersjoernalisme is dêrneist ek in âld probleem. Alice James skreau yn har deiboek dat har broer Henry frege wie om te skriuwen foar de populêre parse en op ’t hert drukt waard dat er alles dwaan mocht dêr’t er nocht oan hie “so long as there’s nothing literary in it.” It populêre boekbesprekken waard sa sleau en de swiete oardielen widzen it algemiene lêzerspublyk sa yn ’e sliep dat de útjouwers fan Lolita besochten om de boekferkeap oan te poenen troch tusken de wenstige, werhelle goeie reviews ek de minne te sitearjen. Ek yn ’e Fryske skriuwerij hearsket it tinken dat in beprek op syn simpelst fertelle moat wat der yn in boek stiet—krektlyn bekritisearre in Fryske romanskriuwer myn boekanalyses om’t ik fanalles sei sûnder dat ik de boeken ‘lêzen hie’—mar dêrby tinke jo oan Ensafh en miskien de Moanne. Just de deiblêden, ek de Fryske, kenne fan de jierren santich ôf in serieuze beneiering.

Fan in krisis yn it kultureel sjoernalisme hat gjin sprake west as men nei it wurdetal fan besprekken sjocht. Sa krige it debút fan Tsjits Peanstra yn 1955 yn ’e LC 530 wurden, it debút fan Tine Bethlehem yn 1995 krige 525 wurden, en myn debút yn 2016 krige 600 wurden. Boppedat stjoere estetyske en artistike prinsipes al fyftich jier lang it literêre fraachpetear en besprek yn de kranten. Kultuer en literatuer bliuwe in fierhinne sjoernalistyk sjenre en der is, ek yn Fryslân, gjin omdelgean fan it yngeande kultuersjoerna­lisme—der is inkeld in nije wurdearring foar de populêre kulturele uteringen.

Dy halleluja foar poppoadiums komt net allinne fan de Fryske oerheid & bewegers. Wa’t tinkt oan de krante as in kultureel ynstitút dat it mienskiplik algemien belang foarop stelt, rint in hiel stik efter op “de realiteit”, sa’t de sjef kultuerredaksje it neamt. Yn ús kulturalisearre—ûntpolitisearre—en mediatisearre wrâld binne kranten mediabedriuwen dêr’t it primêre doel kommersjeel en mediatechnysk fan is. Dus de hjoeddeiske kultuersjoernalistyk dy’t him dwaande hâldt mei kultuerkonsumpsje is objektyf sjoen osa wichtich foar in krante. Losse kranten, of losse mediabedriuwen bepale sels, op hiel ferskillende manieren, de foarm en ynhâld fan de ferslachjouwing fan de kultuerûnderwerpen, neffens har redaksjo­nele profilen.

Mar de autonomy fan de kultuersjoernalist? In bedriuw dat eksplisyt ambiearret om miljoenen winst te meitsjen yn de eveneminteorganisaasje sil syn kultuer­sjoernalisten echt net minder ynstruminteel ynsette as dat Silvio Berlusconi die (of docht). En dan, bêste minsken—nettsjinsteande al jimme spesjalisme op it literêre en literatuerkrityske mêd, dêr’t fansels de provinsjale boekhanneler mei syn boeksinjaleminstjes net oan tippe kin—dan kinne jim likegoed skriuwe foar de mafia.