image

Iepenbiere romte

werom nei it merkeplak fan eartiids

Friduwih Riemersma - Fers2, 11 febrewaris 2018

It bart gewoan wêr’t jo neist steane.

Dêrom wie it apart dat de Friesch Dagblad-artikels oer keunst it der net oer hiene. De searje, ferline jier, gie oer hoe’t de kulturele haadstêdorganisaasje, yn in kliemsk hântsjefêst mei de oerheid, keunst definiearret as toeristeattraksje, keunst as as in ideologysk ynstrumint brûkt en de artistike frijheid fan ekspresje oan bannen leit troch opdrachten te jaan foar abstrakte, ûnbegryplike bylden en figuratyf wurk, dat troch syn foarstelling gâns wat sizze kin, net langer te tolerearjen yn ’e iepenbiere romte. Mar neat oer it fer­neatigjen fan keunst. Sels gjin sydlingse opmerking oer it bygelyks sûnder de keunstner wat te freegjen bygelyks opsetlik stikkenslaan fan in—bygelyks figurative—skulptuer, bygelyks omdat “[h]et kunstwerk moest wijken” foar de kulturele haadstêdfontein, mei bygelyks de ferromme rjochtfeardiging “De beelden brokkelen af op het moment dat ze zouden worden herplaatst”, sa’t myn bern as se wat sloopt hiene ear’t ik der erch yn hie rôpen fan ik seach der inkeld nei & ik haw it ommers kreas yn it jiskefet huft. Dochs barde krekt dat yn Dokkum.

Oars as yn Charlottesville stie der gjin peloton Mobile Ienheid en gjin eskadron Iepen Mienskip om it Dokkumer monumint te beskermjen, respektivelik del te heljen. Ikonoklasme, it ferneatigjen fan keunstwurken om ideologyske redenen, lykas in healjier lyn yn ’e Feriene Steaten de Confederacymonuminten of it eventueel oerbrêgjen fan de gender gap yn stânbylden of demontearjen fan koloniale bylden yn Austraalje, dêr gie it dus net oer. Yn Dokkum frege it folk nammentlik neat, dat wol sizze it folk protestearret tsjin de fontein dy’t op it plak fan it ferneatige byld komme moat, mar hoe’t Dokkum omgiet mei protestearders witte wy nei de antyswartepytdemonstraasje wol, en ideology ha wy net fernommen.

Folle stiller wie yn Ljouwert keunst út de iepenbiere romte ferdwûn om plak te meitsjen foar in fontein, in toeristyske attraksje yn it ramt fan de kulturele haadstêdevenemint. Frjentsjer krige op in stuit, op it plak dêr’t no in attraksjefontein komt, in demontabele feesttinte dy’t gjinien ha wol en dy’t út himsels stikken gie—net allinne yn Dokkum barre wûnders. De tinte komt lykwols werom want dy past, neffens de krante, “volgens architect Silvester Adema in het herinrichtingsplan voor het plein.” De skulptuer dy’t der stie, ‘Keatsers’ fan Guus Hellegers, is degradearre ta rotondekeunst en rotondekeunst is net in sjenre mar in tsien jier lyn al sa fertutearze obsesje, om’t it sjaufeuren it sjen fan keunst op rotondes ûnmooglik makket, dat it RotondeLab fan de provinsje Utert mar fiif krante­rigeltsjes helle mei in echt ûnsichtber, want ûndergrûnsk rotonde­wurk yn Lopik: “Normaal kost een rotondekunstwerk zo’n twee ton en dit kunst­werk is maar 85.000 euro.” Ljouwert hat it byld van Maria van Everdingen, it bouwende jonkje, de binnenstêd út bonsjoerd, nei middenyn in goedkeap gersfjild en 180 graad út de rjochting, as koe efterkant minder kwea foar de Ljouwerter estetyske fyngefoelich­heden.

Foar it weiheljen fan keunst likegoed as it ferpleatsen derfan is bêst wat te sizzen. It nei-oarlochske kultuerbelied joech in oanwaaks fan iepenbiere keunst, mar de kwaliteit is wikseljend. In omgong troch Fryslân leart jo—sykje net: de Stichting Keunstwurk­webside lit de plaatsjes net mear sjen—in stream anonime wite manlju en tonnen neatsizzende romtefollers dy’t fier bûten de minsklike maat binne en al is de hâldberensdatum allang foarby, om’t gjin kelder grut genôch is foar har opslach mar stean bliuwe en dus ‘keunst’ bliuwe—wêrom stie it der oars noch. In better idee is om iepenbiere keunstwurken rûlearje te litten sadat se op in nij plak nije betsjutting skeppe kinne (en har keunstsinnigens opnij bewize). Mar ho. De fonteinen (hoege net te bewizen dat se keunst binne en) binne just bedoeld foar de attraksje nei Fryslân ta: dy sille har massa ûnwrigber yn ’e Fryske dridze sinke litte. “Er is een begrip in de kunst dat destination art heet,” seit kulturele haadstêd­fontein­monarch Anna Tilroe, “het betekent dat mensen speciaal voor een kunstwerk ergens naartoe trekken. En dit hele project is bedoeld om destination art te worden.”

Mist it argumint oan oertsjûgingkrêft, dan moat Ingelsk jargon it etos fan de sprekker ferheegje. It is net de ferneatiging en ferpleatsing fan bylden sels dy’t nijsgjirrich is, want alle musea helle op in stuit âld wurk fan ’e muorre en weesbylden binne hast net tefoaren te kommen, mar it diskoers deromhinne. Om te begjinnen hat Tilroe de keunst al desennia lyn ferlitten foar de sektor fan it kultureel ûndernimmerskip mei mienskipskeunst-business en stedsûntjouwing; op keunstmêd hat hja amper noch autoriteit. De ‘destination art’ dy’t hja neamt as wie it in keunst­streaming, yn gong set troch keunstners lykas land art, is in útfining fan de toeristemarketing en betsjut touringcars nei de Mona Lisa. Ek giet it petear steefêst net yn it Frysk mar yn de taal fan de hegemony. Deputearre Steaten ferklearren it ûntbrekken fan Fryske bydragen oan it fonteineprojekt út har white man’s burden wei: “Eleven world class artists … are asked to create eleven fountains in a way that the citizens can feel related to their history [sadat hja har tradysje sjogge] in a new and broader cultural perspective.” Behalven dat “in a way that … can feel related” sa’n yndirekt en út de wei geand taalgebrûk is dat jo jo ôffreegje fan is der wat—efter wollige taal skûlje meastal ferhoalen machts­ferhâldingen—is in kultureel perspektyf just hoe’t jo de wrâld leard hawwe te besjen en ûntlearen bestiet net sadat “new” en “broader” ûnmooglike eigenskipswurden binne.

Mar benammen is “their history” in myte. It bestean fan in mienskiplike skiednis is net sasear ûnwier as fol mei betsjuttingen en sintraal yn it iepenbiere debat, sûnder dat immen it sekuer definiearje kin. ‘Harren skiednis’—net ‘ús skiednis’, tink derom!—is in ynstrumint foar elitêre hegemony, kin ek in middel wêze foar polityk ferset, it omsmiten fan de kulturele en bestjoerlike elite en kultuerferoaring, mar hegemony is gjin taastbere oerhearsking, macht of gesach—dan soe alle retoryk om de fonteinen hinne oerstallich wêze. Hegemony is ûnsichtbere kontrôle, ûnbewust, oanstjoerend op selskontrôle: it folk moat nije estetyske wearden leare, omearmkje en tinke dat er hielendal út himsels ta syn nije ynsjoch kommen is. Dat is wêrom’t, ynstee fan it ûnt-ideologisearjen fan it ûnderwiis, learplanfunksjonarissen hieltyd wer it histoarysk en takomstich hanneljen fan ynheemske folken oars foarstelle—‘de Friezen zijn groot en rijzig’ stie yn myn ierdrykskundeboek—en de skoalmasterjende, normative, dominante-kultuernarrative bekrêftigje. Dêrby is betsjutting en wearde fan Fryske keunst net kompleet sûnder syn sosjopolityk en ekomomysk fûnemint.

De fonteinen moatte komme op plakken dêr’t konsumearre wurde moat. De lobbyferiening Vrienden van de Stad Franeker hoecht gjin tinte of ferljochte stiennen op it Bredeplak yn Frjentsjer, “Wij hoeven geen disco-effect”, mar wol leaver werom nei, neffens de krante, “de vroegere functie toen het een marktplein was zonder groen en zonder bomen.” De Frjentsjerter wethâlder wie wiis mei it fonteinplan: “De Breedeplaats is het hart van de stad maar mist nog beleving op het moment dat er geen evenementen zijn. Met dit plan krijgt het centrum van Franeker een enorme kwaliteitsimpuls.” It plan omfettet in grutter ferskaat yn winkels en mear horeka yn ’e iepenbiere romte: terraskes. Wês dus gerêst, Fryslân sil net troch alle keunst op ’e dyk yn in iepenloftmuseum feroarje, lykas Amsterdam, brr. De Fryske binnenstêden wurde ien grutte shopping mall. Frjentsjer ferwolkommet it (leafst) ynternasjonale toerisme as triomf fan it modernisme. Alle warskôgingen út de antropology foar toerisme dat fragile kultueren ferneatiget, foar globalisearring dy’t as katalisator de westersk-Amerikaanske dominânsje fuortsterket en it minkslik ferskaat lytser makket, foar de harsenleaze kommodi­fikaasje, de cultural cleansing en etnoside wurde parearre mei typearjend elitisme en nimbyisme: soks bart by ús net.

Nee, want as ‘wy’ de iepenbiere romte net goed begripe ferljochtsje se him gewoan better, wie it meast ferbjusterjende kulturele haadstêdrelatearre berjocht fan ’e lêste wike. It stasjons­plein fan Ljouwert is opnij ynrjochte as iepen plein, sûnder streken op ’e dyk, sûnder ferkearsbuorden dy’t it blikfjild grôtfol tropje en dy’t, sei syn assistint, Plensa yn ’e eagen waakse. It krige in Ingelsk wurd, shared space, want nettsjinsteande de yntrinsike hierargy yn dat meast gaoatyske stikje Ljouwert, mei de Arriva oan top en de fuortgonger as fersteuring fan de floeiende autostream, is feiligens no de ferantwurdlikens fan ’e dykbrûkers mei-inoar: “Bij het Beursplein vond iedereen het eerst ook gevaarlijk. Maar nu is iedereen eraan gewend.” Foar safier bekend wiene der noch gjin slimme ûngemakken bard, heakket de gemeentewurdfierder deroan ta. De oplossing sil foar it meastepart bestean út mear ljocht op de ‘dielde’ romte. It ‘dielen’ sels bliuwt, de ûnearlike betingsten derfoar ek. Fan wa’t de iepenbiere romte is en wa’t dy eigenlik folje moatte en meie en wêrom bliuwt folslein yn it midden, lit stean wat iepenbiere romte is.

Foar it pleatsen fan objekten yn ’e iepenbiere romte is it motyf faak it minne gewisse fan de ûntwerper. Neist it fjouwerbaans asfalt komt in fleurige ôflieding fan it ekologysk, estetysk en histoarysk ferlies. Mear yn it algemien is it hiele doel fan (keunst)objekten op ’e dyk dat it de tafalligens fan ’e omkriten en de lokrake feroaring, meast feroarsake troch ekonomyske faktoaren, besiket te oarderjen. Dêrom litte de makettes behalven de fonteinen ek sjen wêr’t de minsken rinne sille en wêr’t hja nei sjogge. Sa stiet neist it stik sjippe dat kwa fontein yn Dokkum komme sil in miniatuer­nazi mei in kneppel nei oersjoch te sykjen. De oarder dy’t de kulturele haadstêd oanbringt is rjochte op it bemaklikjen fan winstbringende besites oan Fryslân. Dêrfoar is it sûnder mear, oeral op ’e wrâld, fan eminint belang dat mooglike konflikten op it toeristyske bestimmingsplak ferswijd wurde. Om dy reden sizze net allinne de toeristefolders net dat lang net elke Fries dermei ynstimt dat de oerheid de taal ferdwine lit, mar is de Fryske taal hielendal net opnommen yn it kulturele haadstêd/toerismebelied. Gefoelich­heden binne riskant foar toerisme en meitsje dat oerheden minderheden, lykas de Fryskpraters yn Fryslân, ûnderdrukt of oars foarstelt; inkeld as meartalige taalkeunstner kin dy de iepenbiere romte yn.

Dat wol sizze, meidwaan kin as kulturele ûndernimmer, mar net as boarger: net as subjekt mei politike agency. Yn it omgean mei keunst yn de iepenbiere romte springt it depolitisearjen fan it publyk yn it each. It tsjintwurdige ûnderstreekjen fan in heteronome fisy op it sels en fan selsorganisaasje as suksesfolle spiler op ’e merk hat in post-boargerlike maatskippij skoepen. Dêrtroch is iepenbiere romte net langer it plak fan de boarger, in polityk plak, mar it plak fan normalisearring, ekonomisearring en privati­searring resultearre út de macht fan de middenstân om de funksje fan de romte te bepalen as wie it har eigendom, mei terras­oanwaaks, winkelútstalling en parkearplak middenyn ’e iepenbiere romte. Dat is net ûnproblematysk; bygelyks hawwe de byldhouwers fan it sloopte Dokkumer byld skea ûnderfûn, seine hja, en it wie gjin kwestje fan pech. Kultuerlieders & oerheden dy’t net mear by steat binne om har problemen op te lossen en dy nei it folk weromskowe skeppe in dekadinte mienskip. Bestjoeren dy’t har blyn hâlde foar de problemen dy’t se meitsje en shared space! roppe werspegelje in teheistere beskaving. En machthawwers dy’t lige oer wat der barde yn Dokkum, dat is in stjerrrende kultuer.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15