friduwih riemersma image

In mûlfol treast foar de majesteit - Ferhalen

Wjirmgat

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.4, 24 febrewaris 2019

Yn it foarste plak moat ik sels wis wêze fan wat foar my de winsklike útkomst is. It bêste is om dat op te skriuwen, yn in androgyn hânskrift sûnder myn famkeseftige rûne ludzen en om by de feiten te bliuwen. Inkeld it keale feit as road kill op ’e toanbank batse: dat my neat sein is oer de wjirmgatten. As ik myn doel berikke woe moast ik net, soe ik konkludearre ha, by G pleitsje, ûnder in freonskiplik potsje poatsjeheakjen, mar by F. Tink net dat mei har it spylfjild gelikens is.

Ik sil myn kopke tee sêft delsette op it teepantsje neist har selsbakte sânkoekje en har oansjen mei meilibjen—mar net mei begrutsjen, ik bin sels te begrutsjen—en ik sil sizze: “F, ik moat dy wat fertelle datsto net aardich achtsje silst om te hearren.” Ik sil myn lûd net útsette en net sarkastysk wêze en net sasear it ding neame. Want litte wy wol wêze, wat is no in wjirmgat op himsels, of twa of trije, yn ’e hûs. Mar ik sil ûnderstreekje wat der op it spul stiet, noch net hjoed, mar as it sa fierder giet.

Dat bringt, logysk, de kâns mei dat se it bagatellisearje sil en laitsje dat eksoatyske matearje in optinksel is fan de pro-ghost theoremists; litte wy mei beide fuotten op ierde bliuwe. Ik sil dan lilk útroppe wolle Ierde! hokker ierde? Ik haw dochs krekt útlein dat dat—. Mar se sil al healwei de keuken wêze mei har pompeuze bile fan koper, goud en elektrum, in famylje-erfstik sa te sjen, en nije tee meitsje wolle. Mei it âlde pûdsje, sunich as se is. Ik ken har, foar safier’t ien syn hospita kenne kin: se hat gjin fjochtûnderfining en se is âld en ûnhandich en dy bile fan har sil har net helpe kinne.

Mei yn beide hannen in dolk sto ik op har ôf. Efter my klapt myn stoel om. F draait har om. Se siket de stoel. It wyt stjurret yn har eagen. Se sjocht de dolken.

“O.” Rommelich stekt se de hannen yn ’e loft. Rjochts de bile. Lofts it teepûdsje. It bongelet as in suterich wapenstilstânsflachje.

“It wie net de ôfspraak, bliksem!” sisterje ik. “Ik wol net by dy wjirmgatten wenje. Do pakst no de tillefoan en do regelest it, hearst my?”

“Ja mar bern, ik kin dochs—”

It pûdsje falt op myn skoech. In dolk stekt yn har lofterskouder. Stom. Stom frommis. Sis dan ek net fan ‘mar bern’.

“Skilje!”

Se wrigelet nei efteren. De bile falt op ’e grûn. In splinter hout fljocht út de drompel. Ik sei it al, se is in fjochter fan niks.

Ik sil asjeblyft sizze as se freget oft ik noch in bakje wol. Ik sil ‘bêst’ lige as se ynformearret, hoe is it mei jim mem-en-dy. Mar ik sil it petear soepel nei de saak weromliede: dat it te slim is om as lifestyle te sjen, dat jo net alles goedprate kinne mei kultuer slash frije yndividuele kar. Ek sil ik derop wize dat de tiid foarby fljocht. Ik sil har ronfelige hân pakke en fergje dat wy—want ha wy net itselde doel, F—tefoaren komme moatte dat sa’n foarfal, lykas dat dêr by G, in patroan wurdt, hoewol’t de kosmos ien grut patroan is en dat ek it ferwar wêze kin: dat it op ’e grand voyage neat útmakket of dat elts los gefal dêr al yn opnommen is, dat wêr hast it oer?

Mar lit ik fral útsutelje dat ik net kom foar eigenbaat en lit ik my yn de skuon fan de oar sette en betinke hoe’t ik beneiere wurde woe as it omkeard wie. Miskien is it omkeard. Dus wat soene sy sizze, G en syn kat L, en hoe seine se dat?

“Faaks ha wy in ferskillend tinkbyld oer romte,” soene se iepenje, as bemiddelen se yn in konflikt op ’e kantoarflier. G bea my dan in stoel neist sines by it rút oan, yn syn âlde hûs, net it hûs dêr’t wy in lytse moanne letter tegearre (en mei L) yn wenje moasten en dat ik noch nea sjoen hie. L siet midden op it flierkleed tusken de snipels fan de kartonnen doazen dy’t hja graach oan stikken skuorre mocht. Se blies nei my as ik tichterby kaam, ik bleau leaver stean.

“Mar fertel,” soe ik it iis brekke, “want ik snap wol dat wy ús alle trije in bytsje oanpasse moatte sille.”

“Moai.” G soe knikke en mei de lippen tichtritst beide hannen op ’e knibbels lizze en nei foaren wippe mar net oerein komme.

Ik soe wachtsje op G syn omskriuwing fan wat ik tenei, neffens him en L, oars en better dwaan moast. L soe har swijend en superieur útrekke en miene dat elkenien syn ymplisearre mislearringen sels mar ynfolje moat. Mar ik soe gjin aan ha fan wat ik misdien hie. Oan dy wjirmgatten—sa natuerlik, dus ûnskuldich, dochs?—soe ik beslist net tinke. De sinne soe stadich sakje efter de huzen oan ’e oare kant fan de feart. G soe suchtsje dat alle hânskriften like ûnlêsber binne en ûntkenne dat it oan my leit.

*

F klapt yn piama in doaze út en kypt in segmint fan har wrâld deryn leech, wylst ik net better wit as dat ik allinnich ferhúzje moat.

“Do bliuwst hjir dochs F?”

“Haha. De skjinne sliepster wurdt wekker.”

“Dus ik moat der ek út?”

“Ha. Ha. Giet it fierder goed mei dy?”

“Mmm… gefoel fan ûnk op kommendewei…. tusken ûnbestimd en frekte ûntrêstigjend yn… ek wol útdrukt as: shit. Teloarstelling.”

“Wen der mar oan.”

“Thanx foar de tip. Doch ik.”

“Do hast teminsten aanst in hûs, is ’t net sa?”

O tankber moat ik wêze! O ferkeapje se hierhuzen lykas uzes oan wa’t mar graach stjonkend ryk wurdt fan ’e djoere grûn ûnder de folkshúsfêsting en hieltyd mear minsken libje op ’e dyk of yn har auto, as se dy ha? Mar a. binne wy op dat level grif net fûgelfrij en b. my helpe troch my yn in hûs tegearre mei de soan (G) te setten is gjin dearnis.

“Hûs? ’t Is my oars hielendal net dúdlik wat wy feitlik diele sille, de opkeamer, of ek it boudoir en de duvetil? Of alles útsein in eigen bedsteed, dus de facto tegearrewenjen? Ik haw al opskreaun dat ik net tegearrewenje kin mei G yn syn hûs, ek net as syn hûs, ynstee fan it âlde hûs oan ’e feart—dêr’t se, G en L, trouwens komselden binne, kinst wol riede wêrom—in nij hûs op in oar plak is. Want hy nimt se gewoan mei, syn wjirmgatten, nei it nije hûs.”

“Nee. Dat haw ik ommers al sein: hoechst net tegearre te wenjen. Do kinst yn it sûterrain.”

“Ja dat hast al sein. Lykwols, der is gjin sûterrain mear.” It is al in wike fuort, it hûs begjint no gewoan op begeane grûn en dat wist se wier net, beart se, kinst efkes in nije doaze foar my útklappe, wie der net ek in souder dêre, dat is dochs ek hartstikkene aardich? net sa negatyf bern—

Ynienen is der wer aksje. Ik smyt F tsjin de muorre en til myn fûst heech op. Se dûkt fuort, wêr hat se dat ynienen wei? Dat ik skop as in kasuaris. In moaie snjitter puntige pumps, ik skop en ik skop. Sju har definsje falt fuort, earms slop neist de piama. Mar eat rekket myn wang. Hoe hat se dat no? Ik priuw it izer en sâlt. Ik traapje al heger, rjocht yn har búk. De pump boart yn it weake fleis. Doch dan ek net sa stom, stomme F. Ik wjirmje myn foet wer út har liif. Kom, sil se lústerje, sa moatte wy net. Ik sil mei G prate, faaks kin er wat faker stofsûgerje, en it bloed rint oer de ferhúsdoazen.

Ik bedoel mar: oer de wjirmgatten hoege je it dan net iens mear te hawwen. Poer ûntkenning.

*

“Silst te tegearrewenjen?” ropt yn har bloeske sûnder fest yn de wiete snie de studinteferhuzer by F en my yn ’e strjitte. Blykber binne wy al mei harren op yntime foet. Myn antwurd sil net boppe it sûzjen en pypjen fan har ferhúslift út komme.

“F,” sil ik sizze, “F, wy moatte om ’e tafel.”

“Dy is ynpakt. Mar ik begryp de byldspraak.”

“F, Gjin kwea wurd oer dyn kreative enerzjy, mar quite frankly fiel ik my berûgele yn dizze sitewaasje en ek wy binne al moannen net mear op deselde bledside. Wat wolst earst?”

“Doch it berûgeljen mar.”

Dan tikje wy tegearre in kreas houtsje yn ’e drompel en stopje it skouder en it skammel mei sidetrie en sjogge foarút. De loft is al grien fan ’e snie dy’t ringen falle moat as ik lang om let begjin oer de wjirmgatten.

“Aha…” seit F dreamerich en mei de glâns fan gloednij ynsjoch, “en do wolst dysels ta aksje bringe? Do soest tsjin my sizze wolle dat as wy mei syn allen agearje, wy mei súkses it hiele stelsel delhelje kinne?”

“Just! Ja dat kinne wy!”

“Bern, dat tocht ik ek doe’t ik jong wie.”

Pff. Dêr sil ik dus neat oan hân hawwe. Ik hoech net langer te rekkenjen op in mienskiplike epyske mar likegoed hygiënyske einstriid mei memorabele wurden en in oprjocht waarm fûstkjen efterôf.

De stritte is amper wyt mar wol glisterich. De studinteferhuzer hat no wol in fest oandien. It is in ljochtblauwenien dêr’t SF efterop stiet, wat wrâlden liket te iepenjen. Har (de studinteferhuzer) teory oer wjirmgatten, dy’t se leaver portalen neamt om’t har mem dat ek die, is like simpel as har teory oer ferhúzjen: jo geane derút—jo komme der wer yn. Se sil my in kammeraatskiplike klap op ’t skouder jaan. Allé. Dy F moat fuort, net do. ’t Kin amper misbeteare. De kop derfoar. As ik dy net weromsjoch, sil ik witte wêr dy te sykjen.

Ik sil de claims op morele superioriteit fan idealisme en prinsipes ôfwize as naïve hypokrisy; ik sil in Realpolitik fiere en dy wêr’t dat nedich is oanfolje mei Machiavelliaanske strategyen, rjochte op krijen wat men ha wol. Ik sil alle metafoaren skrasse. Ik sil myn dreklearzens oanlûke, mei myn himdsmou myn lippestift fuortfeie en myn hier los falle litte. Ik sil de doar net iens efter my ticht lûke.

As it safier is en G werom appt fan ja ju, ik bin thús, kom mar del! mar nim dyn eigen sigretten mei want ik haw gjint, sil ik nei it hûs fan G ta rinne—it âlde; it nije wit ik noch altyd net wêr’t it is. As jo tichter by G komme, hat de tiid oanstriid om stadiger te gean. Under fan ’e dyk ôf sil ik L sitten sjen foar har rút op twaheech. Ik sil myn hân opstekke; sy sil dy fan har djipper yn ’e bûse triuwe. Ik sil dêr fleksibel mei omgean, it blaumarmeren trepke nei de yngong opklimme, op ’e skel drukke, út de ynterkom mei G syn stim in heu! hearre en de doar iepen klikken fiele. Ik sil de treppen oprinne en de foardoar yn ’t kier fine. It sil der binnen kâld wêze en de stroom is der ôf. De wylde boppebuorman sil oer syn kreakjende laminaat flanearje. G en L binne der net.

F gespt it pantserhimd fêst. Se hupst op G syn flierkleed wat op en del mei it poddehier oerein, sa’t joggers dogge foar it stopljocht. Se krommet har rêch. Ik posisjonearje my yn har flechtpaad. No way dat se hjir noch út wei komt. Har holle sakket. Sil wol in belachlike stoarmrin oankomme. Dan ynienen bûket har hiele flank tsjin my oan. Myn kin kwatst omheech. In nije sjarzje dreunt troch myn bonken. Se pompt har holle yn myn boarst. Ik gybje. Op myn tiennen om romte. Amme. Se sirkelet no. Oerein bliuwe. Lit har der net lâns. By de nije oanfal, dûke. Moast leech bliuwe, op ’e skonken ôf. Silst har ûntwoartelje moatte. Silst har by de ankels út de wrâld skuorre. Silst raze ’k skreau ’t dy dochs, stom wiif. Silst har weikwine litte as it túch op it túnpaad.

Offer

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.3, 10 febrewaris 2019

friduwih riemersma image

Under it lege plafond fan parste strieplaten stiet ien silhûet yn unifoarm. In fint. Se hawwe net iens de muoite nommen om der in froulike bewaker by te heljen. Sa skjin har nocht moatte se fan my hawwe, om har net mear oan har hillige regels te hâlden, fan rjocht op liiflike privacy of hoe’t se it ek krekt neame. Foar de details fan har ûnneifolgbere foarskriften wenje ik hjir godtank net lang genôch.

It komt it tichtst by in treppehûseftige romte, tink ik. Mar al fiel ik in betegele flier, ik sjoch sa gau gjin rutsjes. It iennichste tl-balkje hinget oan syn stroomtriedden efter de rêch fan dy fint. Dat ik mien dat ik him nea earder sjoen haw komt miskien benammen om’t hy my wol sjen kinne moat, mar net docht as ken er my. Faak litte se ûnbekenden de smoarge putstjes opknappe, logysk. Lju yn anonym tsjinsttenu. Syn stielen noazeskuon stean yn in sintimeter wetter en hy siket efkes nei wêr’t de lekkerij wei komt, dat wol sizze, syn kin kypt koart omdel en omheech en fluch wer wach foarút.

Dan hellet er de rjochterhân efter de rêch wei en wiist mei de tomme nei rjochts, foar my lofts, it pikketsjustere neat yn: “Fuort.”

Eat sloarpet syn stim op. Mooglik de parste strie boppe ús.

“Wat sizze jo?”

“Fuort.” Hy stekt de tomme wer út.

Wy kinne hjir net fuort. Dat is ek regel. In hurdenien, dy’t se net brekke.

“Sjit op.”

Ik stap it tsjuster mar yn. De rjochting fan de tomme wie net al te sekuer. Nei in meter of wat skeuveljen rin ik stomp op eat. In stielen balustrade. Parallel, mei in meter dertusken, noch ien. It is in roltrep! Hat dit in winkel west? Dêr is in treptree. Ja, in âlde stilsteande roltrep. It tsjuster leit net oan myn eagen. Gjin spat ljocht hjir. As ik myn foet oer de tree sko, kin ik de nije tree fine. Bin ik allinne? Aansen kom ik ien tsjin. Of dy fint fan boppen komt my efternei. Fersin. Fuort, haha. Fansels net. Kom mar wer gau mei. Mar de treden binne no hast knibbelheech. Ik sit healweis de trep of sa. Noch altyd neat dat my opkeart. No giet it flugger. De treden binne wer plat. De balustrades hâlde op. Hoe no fierder. Ik swit. De hannen dogge my sear. No moat der ien komme dy’t my by de earm krijt. Wat soest stom âld wiif: fuort?

Mei de earms foarút nim ik lytse stappen. In muorre. Ik hear in trem tingeljen. Dat is lang lyn. In richel. Nee in doar! Op mulhichte in âlderwetsk foardoarslot. De pal sit rjochts. Yn it begjin wie it prachtich hjir. Se regelen alles. Al gau wie it har feest, net mines. Wy mar mei syn allen leave lieten sjonge, mar de rottige post steapele him op. De pal fan it slot nei rjochts lûke. De doar sil nei binnen ta iepenje. As er iepengiet. As er echt iepengiet: drave. Want net fuortendaliks, mar krekt as jo in moai eintsje fan har nêst ôf binne stekke se it mes yn jo rêch. Drave. Net efterom sjen.

*

De tillefoan giet. Ik sit op myn bank, noch yn myn kantoarklean en deroerhinne myn Just Do It running vest, dêr’t ik net iens mei foar it rút stean wol, lit stean outdoor sporte. Wy ha in kâlde, grize maaiemoanne mei hjoed de hiele dei in gemien sigen. It is in priveenûmer. Ik kin ek net opnimme. Ik nim op.

“Ja it is mei my. Kinst my helpe? Witst noch wa’t C is? Kenst har noch? Der is in, der is wat mei C. Wy fersykje, ik freegje datsto, soest hjir delkomme kinne asjeblyft? Sa gau mooglik?”

“Bêste mefrou—”

“Ik bin in menear. Makket net út. Ast my sjochst witst it wol wer. Do moast prate mei C. No dalik. Wy hawwe der hiel wat foar oer. Ik mei sels gjin bedraggen neame, mar echt. Komst deroan?”

“Net plausibel.”

“Kom, sawat in jier lang dyn nûmer ferskûlje, om mar wat te dwaan, al helpt it net? Al gau koest it ferskil net mear tusken de eagen wiid iepen om’t se efter dy oan sitte, of gewoan paranoia. Plus, it like better om te witten dat se dy yn ’t fisier hiene. Sa’n tillefoantsje as no past just wol krekt yn it patroan: dy nei ús werom lokje, út frije wil, sizze datsto allinnich ús rêde kinst, belofte fan in substanjeel honorarium, de sinne wat skine litte yn dyn grize bestean? Witte wy wol. Mar wy ha gjin kar.”

“Myn bestean is net griis.”

“Sorry.”

“Ik haw allinne in scooterke. Gjin auto. Wêr moat ik wêze?”

“Tankewol! Selde plak.”

“Echt wier? Jimme binne komplete idioaten.”

“Yep. Kom nei de doar dêrst doe út rûn bist. Dêr stean ik.”

Nei alle gedoch net ûndergrûnsk gien, hmm. Mar de scooter leit oan ’e stroom, hoe koe ik dat no fergetten ha? En dy C dy’t ik net ken, moat ik net taret wêze op wat der mei har is? Ik wit net oft it ferstanniger is om wol of net werom te skiljen, ineminemutte. Mar der is gjin berik djip yn ús parkearkelder. Dat lost alles op. Nee blinder, it lost neat op. Ik lis myn tillefoan ûnder ien fan ’e goed tolve gleaunread knipperje dummy feiligenskamera’s ûnderweis nei de strjitte. Se ha my al. Ik kin no likegoed nei de bushalte.

De wyn hat him dellein yn de djoerdere stedswyk mei yn syn royale portiken de glânzgjend gielkoperen belboerden fol statich klinkende nammen. As se my fertelle dat se my hjir x jier lyn fia de glêstriekabel upload ha, leau ik it ek. Ik kin my net heuge dat ik hjir ea troch in foardoar kommen bin en ik wit neat fan ’e doar dêr’t it út rûn west ha moat. Dy C kin har bêst K neamd ha yn dy tiid, elkenien wiksele dêr kontinu fan hierstyl, bankstel en namme. Efter in gigantyske klimroas, al flink yn ’e knop, skûlet in steech. Hy rint nei fyftjin stappen blyn op in hikke. Drukkend stil hjir, gjin fûgeltsje. Lofts sit in doar. In fuotsje—in bern? Myn hert slacht in tel oer.

Ynienen stean ik op ’e gallerij neist tillefoanman. Hy hat syn unifoarmjaske boppe in running short mei in swoosh en op de ien of oare manier jout dat in bân. Mei syn tillefoan swaait er rûntsjes yn ’e loft.

“Nei ien fan dy twa plakken ta moasto har jeie. Dan komt se moai foar de blinds dy’t wy krekt ynrjochte hawwe. Dan kinne wy har weihelje.”

“Wat? It klinkt nei de dinosaurus yn Novac.”

“Game dogge wy hjir net. Regels.”

“Jo miene it?”

Hy lûkt de mûle fan kin der neat oan dwaan en jout my in reade tsjinsttillefoan mei earkes.

“Prate seine jo niis! Ik tocht dat ik har fan it dak ôfprate moast, lykas de oare kearen. Lit my mei har prate!”

“Se is bewapene. Swier.”

“Bist net wiis! Ik haw har sjoen. Se is in bern! Trettjin, fjirtjin. In famke! Op roaze sneakerkes!”

“Wy geane no yn aksje. Do giest dy kant om.”

Hy sprintet fuort en ik sakje troch de knibbels mei de rêch tsjin de gielige bakstien oan. De kantoarbroek knypt my yn ’e hoksen. Neitinke no. De keale steppe hjirûnder is in sletten binnentún. Dêr hielendal om hinne rinne de gallerijen, fiif heech, mei skânsen oant boarsthichte yn de swiere, sletten, bakstiennen boustyl dêr’t se it gebou om útkeazen ha. Yn in goedkeape of heale renovaasje is der op in stikmannich plakken sa’n tsien meter stielen balkonspilestek kommen. Dêr komt it bern yn de iepenens. Se kin hjir allinne út as se efter de muorre bliuwt, de koartste rûte oer de goeie gallerijen en treppen nei de útgong. Oerein dus, de trepportalen fine, wêr en hoefolle. Fluch.

Dêr’t ik krekt troch tillefoanman nei boppen treaun bin, hy mei syn hân amper amikaal op myn skouder, tank datst der bist flaaikjend, wy wisten dat wy op dy rekkenje koene, dat wie in trep efter in deagewoane húsdoar yn it midden fan ’e gallerij. As ik him iepen lûk hear ik hast de stilte. Hoefolle minsken wenje hjir? Is it inkeld in hânfol, kinne se dy net better evakuearje? Kin dy C har amok útlibje yn in leech pân. Ik skilje. Mar sjoch no: de tillefoan dy’t er my jûn hat kin net skilje, allinne skille wurde. Ik kom hjir nea mear fuort, is no wol dúdlik. Ik set de loop deryn, oer de gallerij, de hoeke om nei de koarte kant. Dêr ropt immen wat. Dan is der in gjalp en in klap. C? Bin ik te let? Ik draaf nei in doar. Ticht, ien fierder. Dy wol iepen. Op ’e drompel draait de wrâld foar myn eagen.

Ien leit op ’e búk ûnderoan de trep. Troch de fuorgen tusken de fliertegels rint bloed twirjend myn kant út. Syn tsjinsttillefoan sit noch yn syn hân.

“Help! Ambulânse! Help!” Ik raas it oer de binnentún hinne, de hannen as in toeter om ’e mûle, sa lûd dat de echo my temjitte slacht.

Mar it bliuwt stil. As bin ik hjir efterlitten. As ha se tocht, wy kinne ús personiel wol fan ’e trep ôf falle litte, mar it net sûnder feminine touch deabliede litte. Ik stap efterút, werom it trepportaal yn. En dan ynienen, skean foar my oer efter de balkonspilen op fjouwer heech, dêr roltsjeriidt C. Jongefammemûtel yn legging en baseballpetsje. Har lange helblauwe mohêren trui mei glitterkes is amper te missen. Se hat neat yn ’e hannen en fansels net in rêchpûde mei in bom. Fuort is se wer.

*

In lange, meagere man mei in tingrize stoppelkop wigelet yn pine. Mei de earmtakken op de knibbels en de hannen foar it gesicht gûlt er yn lange linen mei kletterjende úthalen. De akoestyk is glorieus tusken de hege wite muorren en pleistere plafondbalken en it antike fiskbonkeparket; it appartemint is stikken lúkser as jo tinke soene fan de gallerij ôf. Oan ’e oare kant, wêr helje se har fraters wei, út de rykdom fansels en ik wie har siggelkont en kostepost. Efter de man dy’t gûlt op ’e râne fan syn kerskleurige lounge sofa leit noch krektsa’n lange, griizjende figuer, mei de knibbels wat oplutsen, as yn siësta, mar sûnder de rute tekken oer him hinne dy’t foar kâlde dagen as hjoed oprôle klearleit op it bekling.

Gûlman hat niis myn kant op sjoen mar koe my net yn syn brânpunt krije. In hân op syn skouder, mines om krekt te wêzen, om him efkes út it gûlen te lichten, sil net folle úthelje.

“Um!” seit er en slacht myn hân fan him ôf. In frommis brr.

Ik rin nei it plantetaffeltsje werom en gean wer sitten.

Dan digeret gûlman nei myn Just Do It: “Do bist dochs mei dy fint mei de frouljusstim?”

“Nee hear.” Siet dat him dwers? Of miskien strielje ik mei de earms licht oerinoar mear gesach út: “Asjeblyft menear, wat is der bard?”

De hannen wer foar it gesicht. “Hy moast eat dwaan en kaam der nei in pear minuten wer yn en hy hime doe as hie er rûn.”

“Rûn?”

“Ja, rinne. Dêr hâldt er ornaris net fan.”

“Ah sa. Mar hy die it dochs. Wêrom?”

“Doe sette er him hjir neist my del en sei ’k doch efkes in kniperke pop. Doe gie er plat en ik sjoch sa syn siele nei de himel flinterjen, sa.” Gûlman syn lofterhân wabberet swak. “Hoe kin, hoe kin dat no?”

“Hertoanfal? Ha jo der in dokter by helle?”

“Nee.”

Hommels feit tillefoanman my fan it plantetaffeltsje ôf en giet der sels gau op sitten, as komt er in putsch tefoaren. “Hasto C sjoen?”

Ik skodzje myn holle. “Nee.”

“Wy hawwe in offer, fallene, sneuvele.”

Gûlman kringelet yn smert mar tillefoanman klaut mei de tillefoan oer ’t kin en sjocht it blanko oan.

“’t Is der mei him?—o.”

“Okee. It famke ûntsnapt en twa man dea. Jimme binne noch stumperiger as de Scientology.”

Safary

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.5, 10 maart 2019

friduwih riemersma image

Kinne wy net eat dwaan?” seit se en wipt enerzjyk hak-en-teannen yn de kappersspegel foar myn noas, mei har male no-makeup makeup fan in artyst dy’t earder ljochtkeunst makke by de sneldyk lâns. Ik sjit oerein mar de stylist sit yn myn hier.

“Au. Sorry. Yn ’t wolnimmen frou boargemaster.”

“Tige nein’t sin. Want de boargers ha in hekel oan talking heads op ’t skerm.” Hat har assistint juster it script minusjeus mei my trochpraat, alle anekdoates dy’t sy oer ús fertelle sil en wêr’t ik al of net spontaan om gnize mei, moat it dochs wer oars. Ymprovisearje dan mar. Ek al is it ús misse set, loads har nei in temjittekomming.

“Jawis kinne wy wat dwaan. Wêr tochten jo oan?”

“Top Gear? Kinst oanskôglik fertelle hoe’t jim bern jimme wylde bisten deasjitte?” En sst! mar: al is se formeel de beslútnimmer as haad fan ’e brânwacht, se stiet der dûbel yn. Sju brânprevinsje moat gewoan útfierd. It beslút oanfjochtsje is skealik foar ús allebeide, net dwaan. Tagelyk is stante pede sluten in bytsje kontraproduktive burokrasy. Want jmme lykweardige oplossingen plus it maatwurk foar risikofolle objekten, dy’t de brânwacht sels wrachtsjes beide mei in tsien beoardielet, hoesa kompinsearret dat net de fêste brânprestaasjeeasken dêr’t jimme op in hier nei oan foldogge? Op in betonnen eilân fol leave berntsjes, wêr ha wy it oer. Se begrypt, ja se dielt ús frustraasje; dat se kin wat foar ús park betsjutte, mar pas as it oplost is, nei it simmerreses en “asto meiwurkest.”

Se sjitte net dea! Dat haw ik juster kristalklear útlein en hoe komt se derby dat wy prosedearje wolle soene of net-meiwurkje, by ús witten net! Mar ik sis: “Foar jo help knal ik har allegearre nei de ivige jachtfjilden.”

In pear liuwen rinne al om yn ’e studio. Niks foar de fûst wei. Alles is swier taret blykber: myn optreden is fersiering, garnituer foar har romroftige bernfreonlike profilearring, se sil aanst wol sizze fan sst! dat dit foar har ek in rottich kakkefytsje is. Ik lis de liuwen om. Wylst rint der foar it publyk in ûnderbalke, om ús dialooch aanst de info-dump te besparjen. Myn oerbeppe mei allinne legere skoalle rjochte it famyljebedriuw op, foar útstapkes en fersetsjes foar it bedriuwslibben, myn beppe ferhuze alles út Tansaanje hjirhinne nei it eilân dêr’t it no is en spitste har ta op juniorsafary, ‘tiimbilding begjint by ús bern!’, mei de allernijste technyk út de grinsbewakingsbefeiliging. No moai. Ik mei op har reade bank antwurden reprodusearje.

“De direkteur fan LaSafaritta wurket út de keuken wei! Al 34 jier tige súksesfol, tusken it itensieden en it broek ophisen fan de bern troch! Mei ik freegje, hoe ha jo dat krekt?”

Dat wie de anekdoate. Ik sis no: “Simpel. Feiligens, want dêr ha wy it oer, is in issue, just yn ’e keuken, net yn bygelyks de festibule no? Mar de keuken, mei de riskante prosessen en ek, altyd, de bern. Dus dêr is ús feiligensEarstfilosofy konsip—”

“Mar de feiligensEarstfilosofy blykt gjin feiligensEarstpraktyk?”

“Wy begjinne hjoed mei de oanpassingen oan de nije brânprevinsjenoarmen.”

“In ûnferwachte sluting, krekt yn de grutte fakânsje, fan in tige populêre ferdivedaasje foar ús bern fan fjouwer oant tolve: koe de oanpassing net earder?”

“Of letter? Wy wolle net útstelle, mar dalik oanpasse. Al hawwe wy nea ien kalamiteit hân en al is brân technysk ûnmooglik om reden fan de bisten.”

“De bisten. Hoe kwetsber binne dy?”

“Net. De bern binne bewapene mei rubberkûgelgewearkes en triengasgranaatsjes. Beide liede bewiisd net ta trauma by ús soarten.”

“Dy soarten binne liuwen en tigers?”

“Afrikaanske oaljefant, sjiraffe, sebra, Asiatyske en Afrikaanske liuw, nylhoars, swarte noashoarn, roaibok, Afrikaansk loaihoars, cheetah, kafferbuffel.”

“Binne se net gefaarlik?”

“Se binne licht-domestisearre en te ‘resetten’ mei rubber en fergiftich gas. By it lytste teken fan preditoriale driging slûzje wy de bern wei fia in ûnderoerflakpoarte. Se sakje sis mar troch de grûn. Dy technyk hat bewiisd te wurkjen yn goed 99,99 persint fan de gefallen. Dat is stikken feiliger as in reuzerêd op ’e merke. Wy hawwe in hege kameratichtens en folslein ûnbeminske, digitale kontrôlekeamers om’t ynsidinten by kollegabedriuwen hieltyd kaam troch minsklike misslach.”

“Alles foar de bern en de feiligens?”

“Alles foar de bern en har feiligens,” knik ik mei myn teefeekapsel. Wat in dom petear.

*

In oerke letter stiet It Húshâldingsboun pontifikaal middenyn ’e keuken. Hy tikt op syn tillefoanskermke en ik hear mysels praten. Blykber is Meet your Mayor al útstjoerd. Semi-live seine se noch, mar ik begryp no krekt wêrom’t dy warskôging opnommen is yn har rûtine.

“As it skip lek is rinne de rotten fan board,” seit de bûnsfoarsitter dy’t jo omskriuwe soene as in aktive einfjirtiger. “Hjir binne wy net tefreden oer.”

“Jo? Jo binne net tefreden? Wy binne net bliid. Wy sitte aanst mei in gat fan tonnen. Ik sil no dalik, as jo oan ’e kant gean wolle, alle boekingen foar de simmerfakânsje weromstoarte en de húshâldens wat troaikje mei frijkaarten foar oarmans berneaktiviteiten.”

“Sloppe knibbels.”

“Bêst genôch. Set in slachtofferich blog op jo webside, oer jo ‘santjin húshâldens dy’t slim dupearre’ binne, tiigje ús ‘ûnûnderboude hommelske ‘sluting’ ’ oan en ‘LaSafaritta stikem lukrativer simmereksploitaasje??’ Mar wy bite net yn jo smaad en klachten dêr’t ik neat oan dwaan kin hoech ik hjir net. Ha jo al mei de boargemaster praat?”

“Fansels. Hja is ús skutspatroan.”

“O?” Wêrom fertelt gjinien my wat? “En? Se wol net om lyk? Ha jo jo in slach yn ’e rûnte softlobbyd en iten by kearsljocht en hawwe jo it belied no noch net yn ’e hân? Krijt jo nota bene kommersjele berneoppas wol subsydzje, mar gjin garânsjes? Och earme. No wy krije neat. Dat liich ik: se hat help tasein nei de simmer mitsdat wy no daliks tichtgean en kallefaterje. It is net oars.”

Hy hifket no myn keukenslaadsjes op bernefeilige slutingen. Nei it lêste laad draait er him ynienen om en krijt my by de pols: “It is wol oars.”

Wy rinne by de feart lâns. Stedsplannearders seagen ea it beweegjende wetter as in wolkom ornamint foar de jachtige, hite stêd. Ik sjoch no in stjonkend flues fan blau-alch. It Húshâldingsboun syn earm hinget op myn skouder om it noflik lykje te litten.

“Sis op, is it park wapens kwyt?”

“Is dat wat der oars is, miene jo: de brânprevinsje in dekmantel?” Sûnder syn komplottinkerij soe er in oantreklike man wêze, mei syn rute boesgroentsje dat neffens de media de natuerlike hûd fan de heit is. “Ik haw gjin fuotfal makke mar bin neilittich? Wêr wolle jo hinne?”

Hy seit okee en is efkes stil en tinkt dan dat wy tegearre, LaSafaritta en It Húshâldingsboun, de boargemaster ûnder druk sette moatte. Ik sis dat druk net hoecht, der is ommers al in gentleman’s agreement, of in oanset dêrta. In grau galmet. Hy keart him sa rimpen nei my ta dat ik wrigelje op ’e wâlskant.

“Doch net sa groulik sleau en dosyl!”

Ik hâld de siken yn. Mar hy teart yninoar as in seehynder. Hy skoddet syn holle en teart wer út en seit sorry, ferjou my asjeblyft, ik bin der hielendal ôf. Witst seit er, direkte sluting is in lêste strafmiddel foar balstjurrige regelskeiners, net fan tapassing op in braaf famyljebedriuw. Tinkst net? Dat tinksto dochs ek? Ja, sis ik en skeuvelje in sintimeter by de wâl op. Tink ris, seit er, oan al dy skandalen, dy misbrûksaken om krekt te wêzen, dy’t by jimme net kinne sûnt der hielendal gjin folwoeksenen mear op it eilân kinne. Hearink wêr stjoert er op oan? Geheime gearspanningen fan de machtigen en kweadwilligen, gobaal organisearre Taiske wille foar de jetset? Unsin, wol ik sizze, ús bern binne ûnbegelaat yn it park, ûnbegelaat troch minsken, deagewoan om’t dat stikken goedkeaper is. Mar, wy tinke dochs altyd meiinoar op, seit er, tiimwurk dochs? Ik sis fan jajaja.

Wy rinne no wer nei hûs ta. En no?

“Diplomasy is gjin ferlet fan. Do bliuwst thús, siik, radiostiltme, do nimst gjin tillefoan op tink derom. En dochst de doar net iepen. Snapste?”

In bern wiist nei ús en de oaren laitsje. Ik sjoch om my hinne en der is neat mar ik leau it wol. “Wy binne belachlik. Lit ús in sûne nacht sliepe en moarn fierder prate.”

Ynienen fiel ik de wurgens fan it beslút dat justermiddei foel en it haastskypen mei it foltallige parkbestjoer en de heale nacht trochwurkjen. Myn fuotten plakke oan it paad by de feart. Ik kom hast net mear foarút, de loft is fan sjerp. Ik wol It Húshâldingsboun by de hân pakke mar dy is al fuort. Noch efkes in flugge bullet point briefing nei de famylje en dan koese, o koese.

*

It is ús mem te fris om bûtendoar te praten. Ik haw niis al sein dat dat dochs net kin, om de earen fan ’e buorlju. Ja ju, wy bliuwe mar lekker yn ’e keuken. Ik plantsje har yn in stoel. In broer set fluch kofje en in broer sit heal op ’e keramyske plaat mei in skonk oplutsen en de earms oerinoar. De lamellen binne ticht, as leit der in pasjint dy’t it ljocht net ferneart.

“Jo ferbiede net ien om de tillefoan op te nimmen as jo him dêrnei skilje wolle mei in drigemint,” seit de lêste broer. “Dus it hat It Húshâldingsboun net west. Mar wêrom naamst op?”

“Hat se al sein,” seit de earste broer en werhellet mei de rêch nei ús ta dat ik noch heal yn ’e sliep wie en tillefoan opnimmen automatysk gedrach is dat him samar net úskeakelje lit.

“Minsken binne net rasjoneel en logysk, haw ik ek al sein en ek dat ik net praat haw tsjin dy manljusstim en dat dy de ferbining ferbruts. Dus kinne wy no fierder, fan it wa nei it wat? Please famylje, efkes sintraal? Hjir.”

De beamer skynt it feiligenskamerabyld op ’e muorre en dêr komme se: twa bichjes.

“Bern! Ne—” De lêste broer ploft fan de keramyske plaat ôf en digeret nei de muorre: “O? Biggen? Is dat echt? Gjin miss piggypop? Jeez. Wêrfoar dat? Hoe komme se dêr?”

“Docht der net ta. De fraach is, hoe krije wy har derút. It binne wol hûndert,” sis ik. “Oan no ta liket it der net op dat wy hackt binne, mar se sykje fierder. Want it alaarm gie net ôf. Is test. Docht it gewoan.”

“Mar it alaarm wie der ôf want it wurk is juster begûn? Foar de brânprevinsjefoarskriften? Hasto sein.”

“Haw ik net sein.”

“Wol. Yn Meet your Mayor,” seit ús mem.

“Oja. Mar dat moast ik sizze fan de boargemaster. It wurk is net begûn.” Ik betink dat fan de kant fan it publyk eventuele rampen no ús skuld lykje, it gefolch fan sloardich wurkjen ûnder ús ferantwurdlikens, om’t wy haast ha yn ferbân mei it heechseizoen, en fan neat oars.

“As sy ús kamerabylden ha en úts—“

“As de bliksem derhinne,” seit de earste broer, “derhinne om har derút te heljen.”

“Dat kin net,” sis ik. “Wy net. Allinne bern kinne feilich yn it park. It weislûzjen wurket allinnich foar bern. It systeem kin de bisten omlizze, yn needgefallen, mar net sûnder needgefallen. Om dy bichjes út it park te heljen, troch de poarten te triuwen, of sa, dêrfoar moast bern fan fjouwer oant tolve sykje, beslist bern. Ja of Pygmeeën mar dat is net etysk.”

“Skilje It Húshâldingsboun, op alle nûmers dyst mar fine kinst, om bern.”

Ut de hoek fan it byld komt in loaihoars yn sicht, op in stjotteldrafke. Hy is no fyftich meter fan de bichjes ôf en hâldt yn. De kop komt leger en it útein fan syn sturt swypket. Hy slûpt net iens; hy kuieret fierder as wie it snein. Krekt as er noch tsien meter fierder is stowe de bichjes fuort. Fierstente let fansels. It loaihoars rint ynienen op in hiel oar plak yn de omkearde rjochting. In slop ding mei poatsjes hinget him út ’e bek. No lit er it foar syn poaten falle en draait him om. Efkes letter kuieret er wer troch it byld hinne, mei mear út de bek flabberjende poatsjes, noch lang net wurch nei twa moarden út ’e flecht wei.

In tillefoan giet. Us mem nimt op en seit: “Wy fuorje har royaal, mar natuer is natuer is natuer.”

Elektrisien

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.7, 7 april 2019

friduwih riemersma image

Wêrom hâlde beammen op mei groeien? De wittenskip hat al sa lang foar in riedsel stien—om’t beammen ommers ynearsten as kjelle ljurken omheech sjitte en dan wol hûndert, of hjir sels tûzen jier âld wurde en neat har sa te sjen oan de boppekant yn ’t paad stiet oant, hypotetysk, de jongste twiichjes en blêdsjes út de atmosfear brekke—dat de wittenskippers har instalabs en boukranen ferlitten hawwe. Griene plotleaze ferhalen, sûnder konflikt en mei in sinleas ein, dêr leauwe se grif net yn, dat faaks analisearje se no mar ûntbosking. Se litte de proefbeammen fierder gewurde. En dy gean troch mei op in stuit ophâlden te groeien.

Ik haw neat by my, net myn hântaske, sels gjin sinnebril. Efter my rûkt it nei bedoarne blommist. As bin ik der krekt út stapt, stean ik bûtendoar mei myn rêch nei in rûn gebou ta, sa grut as in sirkustinte, in stolp fan glês mei in izeren skelet. Miskien wie it in glêzen gaskoepel, of in royale kas sa’t jo dy fine yn botanyske tunen of in bistetún; yn alle gefallen tsjinne it earne foar. Mar no net mear.

Cthulhu dreamt dat er dea is. Syn grien útsloegen en roastige tentakels hingje hjir en dêr slop nei de grûn ta. Hegerop yn syn bochel sit der hieltyd mear it waar yn. It glês hat grouwe blierren swarte skimmel. Guon ruten binne út syn fel spat. De diggels lizze op ’e grûn, dat wol sizze, oer de hege farens en helgriene fluwielige klimmers en de skitterende blommen hinne. Soe immen hjir likegoed wetter jaan? In metalen trep rint nei de naal fan de koepel. Sa fier’t de spuitbussen rikke kinne hawwe se de noch skjinne ruten behoffene mei graffiti, meast tags. Yn ljochtblau stiet der ‘dieu il est merveilleux’. Ien nokkeret neist my en lûkt oan myn mou. “Hast it in bytsje besjen kinnen? Dan moatte wy no mar fluch nei it plak fan ûnk ta. Diskant om graach.”

Ik wie mei immen oan it rinnen. It is in tinne man mei swarte krollen dy’t Fortinbras wêze moat? Rufus Sewell, al liket er sûnder keninkryk gewoan op in jonge dêr’t ik in bytsje fereale op wie op ’e middelbere skoalle? Wy rinne neistinoar oer in plato fan oanstampte giele modder, dat om sa te sizzen nei de boaiem fan de almachtige griene flora sakke is. It liket krekt op de fingers fan in ûnberuorre reinwâld, mar minus it leven fan sjimpansees & kaketoes of rein. Sa stil is it. Ik hear de echo fan fuotstappen—uzes—tsjin it glês weromkeatsen, mar fan myn lofterkant komt ûnfertelsumens. Rjocht boppe ús is de loft jiskekleurich. It is net sûn hyt en damp en ljoensk. Skaad falt hjir net. Fortinbras hat der gjin lêst fan. Hy swaait mei in swarte duffeltas dy’t him yn it lofterskouder snijt en glimket yn it rûn.

“Wêrhinne?” freegje ik him, sa blier mooglik by fier boppe de tritich graad.

“Foar’t it de rein falt.” Hy fielt oan syn krollen. “Want dan hast hjir foar neat west. Mar wie de reis noflik en de kofje brún? Gjin searemoanje hear: ast klachten hast, ferbetterje ik it dalik dus. Jawis, o sa near en waarm hjoed, it spyt my.”

It is ústoarn hjir, inkeld in hânfol protters tsiert om neat. Yn in bocht of sirkel royaal om it koepelgebou hinne rint in mear as mansheech sket fan nij en glânzgjend harmoanikagaas yn diamantpatroan, slein yn betonnen peallen. Wy rinne der no by lâns, in stikje fan it gebou ôf. Der sitte net iens gatten yn it gaas, mar in bern of in topmodel kin der sa ûndertroch.

Ik knik nei it stek: “Tsjinnet om it kompleks mear snob value te jaan?”

Fortinbras nokkeret: “Juster hat sa’n society-spantsje hjir syn brulloftsinstagrams makke.”

“Yn Cthulhu? Dat mienst net.”

“Dêrom wie it der sa skjin en oppoetst.”

Fortinbras wie frijfeint. Dy hawwe in oare standert. Hy hat de holle yn ’e nekke as bestudearret er de beamkrunen en ik hie freegje moatten hoe’t it komt dat er ferstân hat fan de koepel. Wy rinne fierder yn in bocht om Cthulhu hinne. Der is noch altyd gjin minske. No wiist Fortinbras mei in útstrekte earm yn de fierte nei fyftich tinten grien en dêrfoar it sket en dêroerhinne in kleurige kleaune lianen, of sokssawat.

“Dêr is it mis. Kinst dyn wille wol op tink. Kom.”

“Hin? Wat is der dan?”

Fortinbras gniist. Mar ik tink dat ik it al sjoch. In tizeboel fan grouwe stroomkabels hinget oer it stek hinne. Dan rinne de kabels fierder yn in loaie bôge nei ien fan de fyftich meter hege beammen en dêr kringelje se om de tûken hinne as wie it in útstjoermêst, of miskien is it wol in útsjoermêst. Mar it liket op de efterkant fan in âlde kompjûter op Lilliput, in fleurige kolossale anargy yn perfekte stiltme.

“Docht er it net mear?”

Fortinbras nokkeret. Hy stiet no stil en kloppet op syn tas as op de nekke fan it skilehynder: “Au boulot!” De protters fleane op, se binne hjir swart mei ljochtgriis en fierder itselde as thús.

*

Mar ik haw in bêzje overall oan. Ik stean op feiligensskuon. Myn mouwen binne opstrûpt en myn hier is yn in hynstesturt bûn. It komt my yn ’t sin dat ik elektrisien bin. Myn rol is simpel, om net te sizzen stereotyp. Ik set ien hân op ’e heup en lis de oare boppe myn eagen, by wize fan sinneklep. De kabels rinne, sjogge jo fan hjir ôf, werom nei it heechste punt fan Cthulhu. Ik blaas myn wangen op en plof sa nuodlik mooglik: “P.”

“It is yndie net eat dat se langer geheim hâlde koene.”

“Hmm. Ha jimme der sels al eat oan dien?”

Fortinbras slokt syn nokkerjen yn: “Nee. Nee, no ja, wat damage control. Miskien.”

“Dwaan as bestie it net.”

“Ja.” Hy skoddet syn holle. De swarte krollen wielje tsjin de griene eftergrûn.

Hoe dan ek sil ik ien fan dy beammen yn moatte, beamke klimme of fia de kabels omheech krûpe, dêr efter it stek. Ik meitsje mei de wiisfinger it gebeart fan deroerhinne wippe. De fraach is wêr’t dat kin. Want in gat knippe yn in hagelnij stek sille se wol net akkoart mei gean. Mar Fortinbras om in ljedder freegje, hjir middenyn de rimboe, sil ek net helpe. Ik sykje om in plak dêr’t it hege gaas, noch sa strak spand en sjippeglêd, in sesam-iepenje hat. Fierderop hawwe se in griis metalen kastke tsjin it stek oan montearre, dat helpt, al sit it te heech om der op te stappen.

Mar Fortinbras is al op ’e knibbels ploft: “Op myn rêch.”

Rêch, kastke, bopperâne fan it stek en oan ’e oare kant der ôf glydzje, voilà. Ik slach myn skonk al oer de stang boppe.

“Hee!” Ynienen raast immen efter my. Net Fortinbras. “Hee! Neeneeneenee! Hee!” In man—it hiem wie dochs leech? hy kin hjir net iens wêze!—yn in unifoarm fjouweret as in bolle op ús ta en swaait mei de earms.

Ik stap werom op it kastke. Fortinbras stiet alwer oerein. Hy stekt syn hannen yn ’e loft. As dat te dramatysk blykt kloppet er fluch it giele stof derfan ôf en heint my op as ik werom op ’e grûn spring. Pardon, och pardon, mompelet er, treurige flater.

De bewaker, sa’t it liket, is net grutter as ik, twa koppen lytser as Fortinbras, en hiel donker mei in fyn gouden brilmontuerke. Hy fljocht mei de eagen oer ús rompen, siket dúdlik om in badge. Ik fiel yn ’e boarstbûsen fan de overall.

“Wat dogge jo hjir?”

“Dit sil nuver hearre,” sis ik, “mar ik moat nei dy kabels dêre ta.” Ik wiis omheech.

“Ah. Bon!” Hy laket en grypt my by it skouder en skoddet dy hinne-en-wer: “As in aapke!” Hy droechklimt yn de loft.

Fortinbras gniist. “Foardat it reint,” seit er.

“O, reint?” Rûtineus triuwt de bewaker Fortinbras oan de kant. Hy set himsels ûnder it kastke skrip mei de rêch tsjin it stek oan en skoot de fingers fan beide hannen yninoar, horizontaal foar syn liif, as in opstapke. Hy glimket breed: “Kom mar.”

Dan hipt er nei foaren: “Wachtsje.”

Hy draaft nei in sânkleurich houten wachthokje, wêrom seach ik dat ding niis net? Dêr ferdwynt er en dûkt wer op mei in swarte duffeltas as in popke yn de earms.

Hy set him foar myn fuotten del mei in bûging: “Myn elektrisiteitsark. Nij. Foar jo.”

*

Wat liket op de finsterbank syn keamerplanten rikt oant fier boppe ús hollen en is sa ticht en taai dat by it stek lâns rinne net kin. No stean wy ûnder de beammen en ynsletten yn it grien en ik wit net mear wêr’t it stek rûn of de kabels krekt lizze of wêr’t wy eins binne. Fortinbras syn suêde learskes doge net foar rûch terrein. Net om antyslip tocht, skodhollet er, en dat spyt him foar my, want it hâldt my mar op, der wie al safolle ûnnedich ophâld en de rein komt deroan. Ik pak him by de boppe-earm as er wer útglidet en freegje oft er wol werom oer it stek hinne komme kin, by Cthulhu werom.

“Wit net,” seit er. Fortinbras syn oanpak is likernôch om him mei de twa duffeltassen foar it liif troch de stâlen en blêden hinne falle te litten. It grien wurdt tichter. Ik freegje mar net fierder.

Hy stroffelet al wer, no serieus. Hy swaait nei my oer. Syn swarte krollen feie oer myn gesicht. Hy feart sa flot mooglik oerein, mar set efkes gjin nije stap. It ankel ferklost? Hy komt no hast net mear foarút. De rjochting is ek oars as niis. Sis, sis ik. Hy teart it struwiel foar my iepen. Hy sjocht my oan glimket, mar keart dan syn rêch wer nei my ta. Sis, dwale wy net ôf? sis ik. Hy skovelet al fierder, mei ien tas no, ik derefteroan mei de oare. Hy ropt oer it skouder fan nee hear. Gjin noed. Al dat grien, seit er, en dy swiete humusrook en dy gigantyske beammen, dat jout in yllúzje fan echtens, dat it út ús skeppende almacht glûpt is, as de swijende oar, hearlik, tinkst net, mar och wat eamelje ik. Ik sis fan sis no net wer: it spyt my. Ik betink dat wy op ’e doele rekke wêze moatte, it koe net mear as twa minuten wêze. Of hy rint mei opsetsin om.

No stiet er stil. De tas falt. Hy rjochtet syn rêch, leit in earm om myn skouders. Hy sakket wat troch de knibbels en nokkeret. Wat no. Mar hy wiist foarút. Hy hat se fûn, de kabels. Har primêre kleurkes skine troch de planten hinne. Noch in stikmannich meters fierder hingje se leech oer de grûn. Dêr moat ik der by op.

“No,” seit Fortinbras en suchtet, “dêr binne wy dan. Mear kin ik net foar dy betsjutte op dit stuit. Ik sil oan dy tinke, dat it noch net reint.”

En de beide tassen steane neist my. Fortinbras is ferdwûn.

De string kabels is sa grou as in oaljefet. Hy skommelet mar amper, klam as er sit tusken de tûken en lianen, alteast it earste stik, foar’t er boppe de jonge oanplant út is. Heucht it jo noch hoe’t jo as beuker by de glydbaan op omheech skoden, wiuwend nei jo mem, tsjin de natuer fan de dingen yn? Ik lis de duffeltassen dwers op de kabels del en gean der sels efter sitten. Ik sil bytsje by bytsje de tassen foar my út nei de beamkrún triuwe. Dat wol bêst. It giet net hurd, mar de beam sels gie ek nea hurd, dy kaam wol boppen.

Ynienen bin ik der. It waait as stoarm op dizze hichte, it raast oer de beammen, út tsjinstelde rjochtingen. Ik knoopje de overall ticht en riboskje en lynje nei efteren yn myn kabels. De loft is egaal bleekgiel. Ik sjoch út oer in ymmins wâld, beevjend, swaaiend en dûnsjend om my hinne. It is grien sa fier’t ik sjen kin nei alle kanten. Cthulhu is ûnsichtber of fuort. It reint al in aardich skoftsje.

Oppas

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.8, 21 april 2019

friduwih riemersma image

gesloten svp’ ferkundiget op in hânskreaun buordsje de garderobe. Se sille tocht ha dat dochs nimmen in mantel oan hat mei dit waar en/of dat it stoarm rint sadat se it personiel grif op in oar plak better ynsette koene. Mar ik sit mei myn pakje fan tsien kilo en kin dat hjir net kwyt. Yn de seal is sa fier’t it each rikt gjin inkelde stoel mear frij. It is smoardrok foar in matinee. Troch alle naden fan ’e skouboarch kringe mear besikers nei binnen.

Ik druk it pakje tsjin myn jurk oan. Der sit neat oars op as my ynslute en meiglydzje litte mei de stream fan bleate, út en troch tatoeearre lidden. Yn myn eigen healbleate earms, hoedzjend om it fleurige read-giel-blau-griene nijntjepakjepapier hinne, krûpt spierkramp op. No en dan falt in blik fan besiden wei op nijntje, in glimke en in soarte fan meiinoar-mantelsoarch foar it pakje, mar fansels gjin aan dat it wol like grut is as in ridlik knyn, mar fiif kear sa swier, en dat it trouwens gjin delikaat presintsje is mar gewoan in ding fan J & F dat út Amsterdam komme moast, dus faaks kinsto… Ik swit troch de deo hinne. Dan komt der in opstapke. Dêrop stiet in betonblokmuorre en dy hat in iepening.

It is in twa kante meter backstagehokje foar postmodern ynteraktyf toaniel, hielendal leech, op nijntje nei, dy’t ik op ’e grûn yn ’e hoeke sko. Efkes lekker de earms útskodzje, hjir haw ik alle romte. Troch it rútsje kinne jo krekt it poadium net sjen. G en H binne net efter my oan rûn, ik sjoch har nearne. It docht der net ta, se kinne op ús reistassen sitte lykas niis yn de trein en bus. J & W stjoerden ús har tagongskaartsjes op om ’t se echt al fuort moasten en wy leave poppen binne dat wy op har hûs passe wolle aanst. Boppedat gie it, sei J, om in lokale celebrity, in Youp van ’t Hek-cover comedian. Hin? frege ik, is dat net ferbean, plagiaat? J andere fan no, feitlik tribute, in dead comedian show. Van ’t Hek libbet noch! sei ik, mar J sei: gean der no mar gewoan hinne. Besjoch it.

Dat ik stap yn de iepening fan it hokje. Krekt op in ûngeunstich stuit. In frou mei in befeiligings-V-tsje winkt mei de holle fan fuort dêr. Se tilt in fleizige earm op yn de rjochting fan in steapel krukjes oan ’e oare kant fan ’e seal. It ljocht giet al út. Skouboarch by klearljochte oerdei bliuwt in aparte ûnderfining. It gebou is keal en betonnich as in útfeartsintrum en glandernij. Eartiids doe’t G en H lyts wiene en wy faak op it hûs fan J & W pasten, op de kanarje en de tún mei it ierdbeifjild, kearde de tsjerke noch alle konkurrearjende ferdivedaasje. Mar no ha wy in út de dea opstiene Van ’t Hek dy’t like flau is as de ûndeade. Tusken it beton is it plesierich lij en it ritmyske kollektive laitsjen jout in strângefoel en ik lûk myn skuon mar efkes út.

As sawat de earsten stean wy wer bûtendoar yn ’e gleone sinne. G en H ferdiele de tassen. My sjit it pakje yn ’t sin.

“Wêrom hast it dan ek dellein,” seit G.

“Maklik praten,” seit H.

“Der hong in buordsje Do not enter,” sis ik, “minsken binne braaf, ik tocht it kin wol. Gewoan fergetten, ik helje it op, wachtsje hjir.”

Mar de besikers brûzje de skouboarchdoar út as kofje út de nespresso en dertsjinyn swimme wol net. Mei de siken ynholden en mysels papiertin leechsûgd en in protte ‘pardon meneer/mevrouw’ kom ik in meter fierder en rin dan stomp op in metalen V. Dêr stiet de fleizige earm, hja skoddet stadich nee.

Myn tillefoan, pypje ik, myn tillefoan asjeblyft myn tillefoan… Fleizige earm slacht har eagen del en lûkt mei de mûle fan dêr ha jo wer sa’n sûch. Mar sûnder oankundiging skuort se my oan ’e boppeearm har korpulinte liif foarby en ik stean yn de hal. Nei trije skeuvelstappen kom ik har kollega tsjin, drok dwaande om de besikers nei bûten te swypkjen. Myn tillefoan, jank ik wer. Gjin sprake fan! seit de swypker en stekt syn earms wiidút as kristus. Hy is al nei hûs, seit er, hy hat gjin sin oan fans yn ’e klaaikeamer. Ha, hy is dea! rop ik. Ik dûk ûnder swypker troch en glûp tusken de besikers wei. Immen jout my in hurde triuw yn ’e rêch, seker op ’e teannen trape. Mar no bin ik yn de seal. Dêr dreutelet noch in inkele besiker om. It ljocht is heal op. Drave nei it betonnen hokje. Leech. It giet my gril oer de lea.

Fuortynienen stean ik yn de skouboarchtún. Dy hat aldergelokst in hiel oersichtlik, Japansk ûntwerp, mei kersrjocht beklaude keizelperken en rigen tinne beamkes mei foarse wite leelje-eftige blommen dy’t nei sûkerspin rûke. Ut speakers komt it kletterjen fan in wetterfaltsje. Der flanterje pearkes om en lytse ploechjes yn wytlinnen frijetiidspakken en beskaafde jûpen en tuttehuodden mei wale. Ien dy’t mei myn pakje omtôgje soe is te werkennen, lykas dat jo immen dy’t in krat bier sjout op ôfstân betraapje, mar soe hjir ek sa bûten de zen falle, dat sa’nien it oerjout. By de beamkes del dan mar. En ja hear, dêr leit it nijntjepakje. Ik flean der op ôf. It papier sit noch kreas om syn ynhâld hinne. ‘Fûn’, app ik nei G.

*

Jo kenne it âlde hûs net mear te werom. J hat de keuken nei de súdkant ferpleatst en wol trije kear sa grut makke. De measte romte giet op oan it momentum fan de ferheffing fan it doarp nei in trendy toeristysk plak: it middenklasse statussymboal fan it keukeneilân. Rustfrij stiel mei aksinten fan granyt, wow! seit H en dat se benijd is nei de jamie-oliver-effectivity fan dit lege, ûntfolke, noch gjin skûteldoek oan it heakje, en brânskjinne barren. Mar de grutte ruten op it suden binne hearlik. It ljocht plûnzget deryn as de earste de bêste party crasher en wy wolle alles dan ek graach dalik iepen hawwe mar kinne de kaaikes net fine. ‘Zitten gewoon in de raamkruk’ appt J werom. Dat is net sa, mar litte wy har net ûngerêst meitsje.

“Krammele.” G hat nijntje útpakt.

“Njaa…” Ik wist it al, ik hie him fuort besjoen nei’t er by my brocht wie troch in fint dy’t foai haw woe foar it ‘transport’: in soart trotwaartegel mei in rûch gat deryn. “Op syn bêst in ûnbetochtsume Hepworth.”

“En do moastest dit mei dyn meagere chihuahua-earmkes meitôgje om’t it te tear is foar de post? It is beslist net kwetsber.”

“Och. It binne in bytsje nuodlike lju. En ik leau dat se it bysûnder… Spekstien dochs?”

“Marmer? ’t Sil marmer wêze. Der is gjin omtrint-wite, ljochtgriene spekstien mear. Dat sit allegearre yn cristo redento. Dat falt der no swietwei fan ôf en hieltyd hurder, al by hiele fingers tagelyk, om’t it hieltyd mear tongeret en stoarmet, troch it klimaatding. En de oarspronklike spekstien kaam earst út Sweden by de Fikingen wei, mar doe út Brasilië sels, want nasjonalisme, en as se restaurearje, moat dat mei in donkerder spekstien. It dilemma is in wite cristo mei swarte plakken of in hielendal aardich negroïde cristo.”

“It sil it earste wol wurde,” seit H, “cristo dalmatio. Mar hoe dogge wy no de ruten iepen?”

“Wy kinne him yn ’e keamer delsette,” seit G, “ha wy der gjin lêst mear fan, hopla.”

*

“Kun je even het warme water niet aandoen?” Ik swar dat ik allinne yn de keuken wie. In minút lyn stapte ik yn in folslein lege romte. Ik haw de doar efter my tichttreaun, út wenst, as wie de kanarje net al tsien jier dea. Ik sjit om myn as. In abnormaal lange man, tin en bonkich mar noch linich, as in middelber jachtloaihoars, stiet efter my by it itensiedeilân.

“Man, wat meitsje jo my kjel!”

“Want ik wil graag even douchen.”

“Hin?” Ik wol freegje wêr’t dy idioat wei komt, mar it rút stiet wiid iepen. De keuken flonkeret ek hjoed wer yn it sintsje en it rûkt nei lanlik bûtendoar en ik hear it sjongen fan de miezen dy’t lykas eartiids fleurich har territoarium tiranisearje en it liket al mei al net it dekor foar in ynbraak. Mar de man wachtet net op myn okee. Hy bûgt syn holle ûnder it plafond en begjint te rinnen.

“Ho! Us G stiet ûnder de dûs.”

“O. No ja.” Hy keart him om nei it kofjeapparaat as is er thús. “U ook een bakje?”

“Swart. Graach.”

“Ja ik haw de kaai, ik brûk salang it hûs fan J wylst ik myn eigen hûs hjirneist bou.”

Wêrom wit ik dat dan net? Hokker voicemail haw ik oer de holle sjoen? “Jo eigen hûs?”

“Hjirre.” Hy wiist, mar der stiet neat. It eardere ierdbeifjild is no ferdwûn ûnder J syn nije keuken en efter it rút is in leech buksushaagje en dan in perseel braaklân. “Ast mei my mei rinst, dan drinke wy dêr de kofje.”

Ik bliuw hjir. “Oare kear, eh buorman.”

Hy gniist optein. “Ik kin de boel moai wat yn ’e gaten hâlde, sa, as buorman fan J.”

Ik knik: “Wis.”

“Ik mei allinne de siedplaten hjir net brûke.” Hy rint nei it koarte oanrjocht ta en tikt op it swarte deksel fan in antyk wytemaillearre trijepitsgastel dat mei in oranje slang oan in gasfleske fêstsit: “Ik doch it mei myn Helco.”

“Dy kinne jo ûnderwilens foar in moai bedrachje feile.”

Hy sjocht my lilk oan. Ja kom no. Wat tinkst wol, Amsterdam seker? Gjin idee fan wearde, bewarjen, kuozjen, omsjen nei mazen de yn it net fan ’e skiednis. Hy stiet no flak by my en lûkt my oan it earmsgat fan myn bloeske.

“Ik bedoel: jo kinne der fan op oan, sa’n Helco, mear as fan ynduksje, is ’t net sa buorm—”

“Stiet dy G fan jimme wol echt ûnder de dûs?”

“Fansels. Fansels.” Ienris ‘fansels’ hie oertsjûgjender heard blinder. Hy moat net tinke dat ik bang foar him bin. Hy bliuwt hjir yn de keuken, G en ik jeie him ta it rút der wer út. Dat is de taktyk. As G op ’e tiid ûnder komt.

“Dyn styfbroerke past hjir ek geregeldwei ris op it hûs, S dochs? Dy dûst ek sa lang.”

Tusken my en de doar stiet it siedeilân. S is twadde lis mar rint nei de fjirtich en is dus lang gjin it-is-hjir-gjin-hotelpuber mear: jo kweekje fansels baaikeameridelens as jo de oppas oppasse litte op inkeld in kanarje om mei in dweil efternei te dossen as jo him frij fleane litte troch de húskeamer en in túntsje om as it derta komt wetter te jaan yn de lijte fan de foarjûn en in hânfol ierdbeien om net opfrette te litten troch de protters, net? Jou har in hûs om te bouwen en it giet al aardich—ik hear dat G boppe út de douche komt. Buorman rottelet yn in keukenslaad fol stielen ark en fernimt neat. Hy pielt oan de raffels fan syn ôfknipte spikerbroek.

Ynienen slacht er in earm om my hinne. Hy riist boppe my út. Wat no wer. Wêrom avensearret G net in bytsje. Moat ik roppe? Mar buorman jout my in knypeach en wiist nei it oare oanrjocht en lústeret fan sjoch no hoe moai, in kolossale samling hat er, J.

“Sis mar oooo, do Amsterdammer dy’t mei swiere pakjes yn pakjepapier omsjout.”

“Oo.” Is dat echt it sulver fan J & W dat er hjir útstald hat? Sit er oan har guod? De trep kreaket. Oer trije tellen stapt G de keuken yn. Ik suchtsje.

Buorman klamt my tsjin him oan: “Hast it goed dien.”

De betsjoening komt my yn ’t sin fan sneintemiddeis tafelklearmeitsjen yn it gers yn it skaad fan de grutte beammen. Hûnderten teeleppels lizze as lytse iezingen sulveren fiskjes soart by soart, oranjehûs, yn- en útlânske stedswapens, skulpen en krúsfarders, te glimjen yn it simmersintsje op it oanrjocht.

Fisk

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.9, 5 maaie 2019

friduwih riemersma image

Jetlaggy kondysje en de ynkomplete kennisiepening: gjin flauwe aan wat ik niiskrektsa dien of sein haw dat har sa te sjen feralterearre op it hel mintgriene badkeamermatsje befriest. Dêr stiet se, ûnferweechlik, de earms strak neist it liif yn har glêde moarnsjûpe dy’t se kimono neamt, de holle foaroer fallen en it eachwyt op my rjochte. No sjocht se fuort, skean nei it handoekrak. Dêr is neat. Mooglik, wierskynlik, wol se my gewoan net op it netflues hawwe en/of hoech ik har triennen net te sjen. De spegel draacht âlde spatten en de toskpasta hat it plankje mei ús heap cruelty-free lippestiften mei wite plakken bespikkele, as holden wy dowen yn de dûs. Ik wifelje op de hege terrazzo badkeamersdrompel, sûnder script foar in fertrietsêne en dialooch komt my ek net út. Wy moatte fuort & de hiele jûn noch prate. “Ik haw de bannen oppompt.”

“Hast al sein,” seit se.

“I need to find the gal that I’ll be, that I’ll be/ You’ve already said that, said to me, said to me,” sjong ik. Omdraaie en fuortrinne no. Har ynterieur stiet yn bourgeois patstelling, de bank by it rút fan ekstrastil glês. Jo hearre hjir neat fan bûten, jo sjogge yn de tsjustere, grimige loft om de twa-trije minuten de ljochtsjes glydzjen, mar de fleanmasine sels efterhelje jo net en jo fernimme allinne josels yn it rút en jo wurde stadich en beskamsum âlder.

“Do hast my hjir falsk yn behelle!” Noch altyd yn kimono.

“Gjinien fynt it paad nei dy werom. In jurk hoecht net, doch in flugge broek en trui, klear.”

“Ja begjin mar gau oer wat oars!”

“Se sille gjin bewiis fine foar dyn—”

Se jout in gjalp: “Hast al sein!” Boppe keft in hûn. Românses spylje sûnder útsûndering yn filla’s en kastielen, om de net troch 112 behindere eskalaasjemooglikheid foar A-prioriteit echtlike rúzjes. Se moat har snút hâlde. Ik fal op ’e knibbels.

“Akseptearje myn amende honorable. Litte wy, no’t neat oars ús noch rêstet, de wyn fan de jûnen nimme.”

Se tikt op har foarholle en pakt in blomkesbroek, traach en skokkerich as in gêrskrûper dy’t loert op in reden foar in nije beskuldiging. Ik meitsje my sa ûnsichtber mooglik. Ik tel fan trijehûndert werom nei nul. Dan moatte wy de doar út wêze, ik tink dat ik dat ek al sein haw: dat it krekt komt, dat it net sûnder har kin en/om’t it harren, de jonges harren, lêste jûn is, dum di dum. Stiet se dêr op hûndert noch mei de sweater yn ’e hannen. In kear hat se my yn ien minút fyftich kear opskriuwe litten fan ‘ik hâld fan dy’, oant it gjin inkelde betsjutting mear foar my hie en ik sels net mear wist oft de wurden wol betsjutting hiene. En sy derneist, mei in fiktoarjegnyske: sjochst no wol trut? Do lúzest my deryn hin!

Dan rinne wy bûtendoar nei de fytserakken. Yn de bedelte foar de flat streamt mear as in desimeter wetter. De lantearns wurkje net. Hjir en dêr stekt in steapeltsje stoeptegels krekt boppe de weagjes út. Après vous, wiis ik har. Stienhoppend komme wy by de fytsen. Wy lizze op skema mar it waait flink.

Sei se wat? “’t Seist?”

“Ik bin myn kaai kwyt.”

“Wat?”

“Myn fytskaai. Ut ’e bûse fallen.”

“Nee. Nee!” Ik lûk myn rjochtermof út. “Wêre?”

“Wit net. Mar niis by it springen op de tegels, tink. Dêr?” Se wiist globaal nei it westlik healrûn.

“Tinkst dochs net dat ik as fleiswurden drinkeldeadedrêchanker de hiele minyoseaan hjirre trocharbeidzje kin? Hup nei boppen, reservekaai. Nee bliuw hjir, ik gean al.”

Se pakt my by de earm. “Gjin minske redigearret dreamen! Harkest wol: gjinien hifket de ferhaalboustiennen op har betrouberens, at eat feitlik wol kin, en rint der dan út om’t it te gek foar wurden is! Om’t er ynienen yn in nachtmerje bedarre is, dêr’t it swurd net wurket tsjin de aliens.”

“It wurket.”

“Hast al sein! Ik sei werom dat it dy net helpt dat se it sels besletten hawwe: selsbeskikking, kom op, sa’n ferljochtingsflauwekul. Do seidest opnij fan it wurket en ik sei: gemysk ja. Do seidest ja, yn ien kear opdrinke en dan, ien of twa oeren letter binne se der net mear.”

*

Wy hawwe reade wyn mei lytse beltsjes op it oerflak, as hat it derop reind. Foar ús oer oan in breed rjochthoekige tafel sitte de beide eigners fan de deli, de jonges, Ro en Re, ûntkleure en tin as in oerbeljochte foto tsjin de eftergrûn fan de âlde bakkersfitrines, op ’e doele yn ien of oare anekdoate. Ro sjocht fronseljend nei it plafond en riert mei de hân yn ’e loft, mar de pointe wol net lânje, dat pitter patter autumn rain,/ as it happens, Abel slain,/ godforsaken lone goes Cain, sjong ik gau, en sy: tank tank tank fankes, cheers! Op ús lêste jûn! Se binne sa dronken as wat.

“Wy witte it wer!” ropt Ro. Salang’t wy har kenne, = sûnt de manlju der ynienen allegearre gesellich as famkes útseagen mei bûntjaskes en make-up en beswierlik hier en sûnt de jonges ús har tsiis en oliifoalje ferkeapje, prate se op in wûnderlik net-forsearre manier fan ‘wy’. “Wy kenne in taalgelearde dy’t Uri Geller ta de kop út snijd is, syn bedrige taal lit him net bûge, mar hiel akademia leppeltsje-leppeltsje, ha ha!”

“O dy. Kin ik de kaart krije, ynstee fan mear heterofobyske lol?” seit se. Ik jou har in skop ûnder de tafel. Se spijt har slok werom yn it glês.

De tafel is opmakke mei krêmwyt damast yn royale blompatroanen en dêr in iepenwurke blaugrize siden tule oerhinne en dêrboppe hingje in pear tûken yn twa glêzene sa te sjen Bauhausfazen mei in geometryk stilearre siedknopfoarm. Dalje? Re knikt en stekt de tomme op: keunstner wie gek op daljes. Ro gûlt noch altyd fan it gnizen en skinkt by út in lege flesse en Re bestelt in oarenien. Se moatte it aanst net útkoarje betink ik, dan giet it feest net troch. Ik sjit oerein mar kin de nije wyn net mear keare.

“Wy rûnen, koartlyn, mei de gongelstôk de gaymienskip yn,” seit Ro, “ratteljend troch har sûn- en jong- en sjykfasade en neat hold ús tsjin, nee, mar gjin minske sei hoi.”

“Unsin,” seit se. Ik jou har in skop, mar Re laket har ta en kloppet de knokkels op de tule.

“Krekt! Op it ein kaam it út: al dy bylden fan iensume homo’s dy’t ienlik & allinne deagean, no, ûndersyk liet sjen dat âlde gay manlju just folle better taret binne op âlderdom, om’t se in libben lang oefene hawwe op it oerlibjen fan stigma en strontsmiterij en it wie allegearre in myte, sekuer opboud troch de homofobe hasjasjin. Proast!”

Ik lis myn hân op it glês mar Ro skinkt troch. De wyn streamt oer it damast. Ik betink in deltaplan fan serfetten en Re smoart hast fan it gnizen. “Jimme eh wy, wy moatte wat ite,” besykje ik.

“Oars wurket it net,” seit se.

Ik skop, sûnder hoop dat it har koerts feroaret; ik mompelje wat kompulsyf dat it wurket. Ro swaait mei beide hannen út ekstravagante kanten mouwen nei de fitrine. Ik tink om de menukaart.

“As it libben hieltyd mear te meitsjen wurdt, oermasteret dat de eigen aard en de djippe eigen wearde fan it minskdom,” seit se.

Ik skop, mar yn it loftliddige, se sil de skonken ûnder de stoel lutsen hawwe. “Hè toe.”

“Jo kinne dus net samar tinke dat alles te meitsjen is: as alles te meitsjen is, is alles op it lêst earmoed.” Jonges gean der no efkes net op yn, bid ik, se sit allinne mar te narjen om it narjen. Mar Re hapt.

“Och leave, dat is al lang lyn oertsjûgjend utinoar set troch de swarte koltruien yn tsjokke wolken sigrettesmook, mar hoe stiet it no yn it skiedboek: absurdisme!”

“It libben is weardefol.”

“Wis. Om’t jo der mar ien fan hawwe. Ekonomy fan de krapte. Dêr is produsintesurplus as de fraach heech is, lykas yn Orbáns machtsstriid om de wite mearderheid of yn de oarloch, wat in heger bertesifer easket. Sadree’t der genôch jong libben is sakket de wearde drastysk en kin it derút as kanonnefuodder, oer de manipulearberens fan ’e dea praat, haha.” Re laket en skoddet de holle en skinkt ús by. Ro begjint in anekdoate oer in hynder.

“It spile yn hoe hjit it, dêr’t de queen wennet.”

“Windsor.”

“Ja. En de hynstesoarch sit fol mei argayske fisys witst wol, dat der komme altyd eselkes by sadat dy hynders net allinne deagean, want dat moat harren net oerkomme, dat eh.”

“Ik kin foar jimme soargje,” seit se.

Ro smyt in túthanke en heft it glês en wol drinke mar betinkt him en sjocht my oan.

“Ik wol in sopke! In sopke ite!” kraait se en klapt yn ’e hannen.

“Dêr. It is njoggen oere,” sis ik en sko de twa amfoarkes oer it deltaplan hinne yn Re syn mou.

“Tank. It wiere wûnder?”

“Ja. Sissy buy me the pet shop solution/ kiss and hide sissy but/ grant me’a little counter-revolution. Jimme hawwe it hjir sa moai, sa stylfol, de sêfte stoffen, de kleuren. Jonges, jimme binne geweldich!”

“Der wie altyd sjampanje en kaviaar by ’t soad,” seit Ro dy’t no efkes fersit en Re fansiden oansjocht, “mar ek it synisme en mar snjiddich wêze, yn de oertsjûging doe,” hy walst it lege wynglês, “dat jo ek mei snoadens oan neat ûntsnappe koene en wy, tink ik, hawwe, net sa as de Grins-case mar dochs, no Re? Mooglik oaren besmet ja.”

“O fielsty skuldich. Dêrom wolst derút. Wie dat alles? Kin ik gean?” Se skoot har stoel nei efteren. Ik traapje fûl tsjin har skonken. Se jout har wer del.

It corps de ballet trippelet om ús hinne en swiert skjinne kleden oer de tafel. It siicht freonlik en it rûkt nei sitrus. Ik sis fan toe jonges wang tsjin wang en sis tsiis. Se wolle dat ik it fotooke likegoed opstjoer. Dan komt it tsjinblêd en ien swaait elegant mar hoeden har sopke foar har del. Ut it aaiskylporsleinen komke stekke bizelokteisters as feanreid. En yn de heldere ljochtgriene consommé swimt in libbene fisk.

*

Se nimt my mei de earm om myn mul mei nei de tsjettels tee en kofje op it readwytblokkich plestik swilk, yn in lytse sportkeet, selsbetsjinning, mei in omspield yoghurtkarton foar donaasjes. Ik set in bekerke del en triuw op de taapkraan. Ut beide tsjettels komt neat.

“Applaus,” seit se. “En do moast bewize datst de bêste koereur fan alle tiden bist.”

“Wat hat dat der mei te krijen? We not cool/we cool?”

“Hast it gewoan net yn dy.”

“Of, hoe meitsje ik fan gjin-kofje in hertferskuorrend ferhaal yn twa simpele stappen. Toe.”

“Ik jou dy oan!”

“Fansels. By coffeeisagatewaydrugdotcom.”

“Moai datst der sels oer begjinst.”

Ik kear my om nei de doar. Dit komt net goed. Mar se springt foar my.

“De needsaaklike eksperiminten hawwe der nea west, wiste?” Skonken wiid en de hannen útspraat neist de heupen. “Wist dat wol?” raast se.

“Sst de buorlju…” sis ik.

“Op de tastimmingsdokuminten fan de farmaseutyske wachthûnen stiene ferfalske hantekeningen!” It ljocht giet op as nei de teaterfoarstelling. It docht sear oan myn eagen en as ik har wer sjoch stiet se flak foar my mei de rjochterhân om myn kin. Se slikt om ’e mûle.

“Op syn bêst bringt it immen foar ivich yn Dante syn limbo.”

“Midsieuske fiksje, ommers, asjeblyft.”

“Dat do hast elkenien oanfretten. En ik koe net oars,” se lûkt har kimono rjocht en sjocht omheech nei de bolle badkeamerlampe, “hawar ik haw de autoriteiten ynljochte.”

Ik dûk nei de doar. Mar ik hear de sirenes al skriemen. Hieltyd lûder no, skrieme en skrieme nei my. Dan ynienen draai ik my om en nim de tillefoan op. H is derfoar. Sille wy te fytsen seit er, sis mar ja. Oja gapje ik, jou my noch in healoerke H, en dan fia it Westerpark. De griene parkytsjes binne werom en de earrebarren nesselje op ’e skoarstien fan de berneopfang.

Pechdei

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.11, 2 juny 2019

friduwih riemersma image

Ik sit yn in kabine mids akoestysk deade romte. Ik klap yn myn hannen. Stilte, tocht ik wol. In feiligensgurdel snijt my yn ’e heupen. De gasp twingt en kin ik him net los krije. Ik kin gjin kant op. Ik klap lûder. Efter it rút rjochts fan my is loft, wyt en kein, en gjin wjuk te sjen. Myn skuon binne út en myn fuotten yn baaistof atletesokken troppe. Ik klap yn myn hannen as in posthumane paukeslach. No komt der in ûntliifd gicheljen troch. Se hawwe altyd myn olympyske sjitterij begekke. Brûns jout in sit op ’e Mytikas, mar mei in fjirde plak krije jo in glês bier en dan opmiterje, loser. Fjirtich jier lyn no en noch jimmer sjit ik elkenien de annalen út. Dochs is der gjin ûntsnappen oan it gicheljend loftliddige.

It crew-plak lofts fan mines is leech. Derfoar, skean foar my, hast in skaadbyld tsjin it panoramyske foarrút, skoddet in swarte afro op de wynstjitten, mei ray bans en foar safier’t ik it oer har skouder sjen kin, de mûle sletten. Rjocht foar my is alles stoelbekling. Der hinget in fjoerreade brândwêster oan, de iennichste fleur yn it grêfswarte ynterieur. Foar it dashboard fol klokjes jotsket no in wite golfskoech. Mei wat flibe, of sa, wriuwt in tomme him skjin. Boppe de stoel kypt in holle skeef, as om it poetsen te hifkjen. De kopiloat bestiet om kreas te wêzen, typysk, en it gichel gichel myn tsiisstolp yn te stjoeren. De sjelei-earkessens fan in koptillefoan plakke op myn wang.

“Ik moat nei it húske,” rop ik.

“Pot efter it gerdyn.” Aha, myn mikrofoan wurket ek.

“Ik kin myn riem net iepen krije.”

“Jawol.”

“Nee, de gasp wol net.”

“Noch gjin fyftich kilometer út de kust en al om raak spinfuotsje. Pain in the ass. Wêrom woest dit eins dwaan? Sensaasje? Hoe dan ek is it no te let.”

“Ik wol neat dwaan! Ik stean op knappen. Help my.”

In personaazje út dystopyske sjenrefiksje draait him nei my ta: Thrasher magazine-mouhimd mei in skul, skateboard en gitaar derop, earms fol domme tatoeaazjes, leeftydleas, mikrofoanearm foar syn tosken. In katoenen sjaal hobbelet him los om ’e nekke en hy praat wat earder as dat it lûd by my is. “Nee.”

“Dy oare is dochs de baas?”

“N is mar piloat, pop, en komt net efter har stjoerkneppel wei.” Hy wiist mei in pripkjend wiisfingerke nei efter my: “Ast moast, giest. Jabbegoeioei.” En keart him om.

Se sille my noch útlitten ha foar ’t se my hjir fêstsetten? Likegoed in needpispot? “Dus in tichte doarreiske?”

“Iepen oer trijenheal oere,” seit N, “as wy it oprêde. Mei dizze wyn. Oars letter.”

“O kinst prate. Wat oprêde?”

Stilte. Stillibben mei sinnebril.

“Hee!” Se hinget de masine nei stjoerboard oer en ûnder myn rút leit in ûneinich griengriis flak mei hjir en dêr freonlike weachjes, mar nearne ek mar in streekje lân yn sicht. “Sa komme wy dus nea mear werom! Ik kin rekkenje. Hoefolle brânstof... suïsidemisje hin? Hee!”

Gichel gichelet. “Point of no return foar in hely, ha! Stil no mar pop. Kenst dy fan twa boeren, dy besykje om in segrinige hynst op in merje te krijen—”

“Hihihi.”

“Bêst. Rinst gjin risiko, of it moat wêze datst tsjinakselest.”

“Rekkenje dêr mar op. It is hjoed myn pechdei. Fannacht by my foar de doar hat immen de bocht te rimpen nommen, dat it foarljocht fan myn splinternije acura derôf, mar gjin briefke ûnder ’e rutewisker, in klassike hit & run. Ik wie der folslein net op taret fansels. Ik wist fan niks foar’t ik de kaai yn ’t portier stuts. Wer sa’n negroïde kloat. En no dus oppakt troch jimme.”

Gicheljen.

“Harkje jimme wol?”

N nimt skodzjend in slok út har fleske dûnsjende cola. “Hoe witsto dat er swart wie?”

“Dat is altyd sa,” sis ik.

“Wy koene,” seit N, “gjin bettere fine as do mar sadreest dy finwalfisk silger hast, fersûp ik dy yn ’e pisamer.”

“Hark hark the dogs do bark! Beknypt yn ’e cockpit, goeie titel foar in militêre thriller: ik bin folle earder by dy as do by my.”

“Basta cosi!” seit Gichel. “Se moat aanst wol sjitte, N. Ik wol har leaver net fêstbine, mar har yn optimale kondysje hâlde. Ik set wol muzyk oan. Foarkar?”

“Ik wol allinne harkje nei muzyk dy’t my myn emosjonele ûnderfiningen yn ’t sin bringt,” sis ik.

“As it mar muzyk is,” seit N.

“Jawis: muzyk,” sis ik. “Elkenien wol syn gefoelslibben weromsjen yn muzyk.”

“Want ik moat noch sân, acht oeren fleane.”

“Muzyk is gefoelslibben en spiritualiteit,” sis ik.

“Mar kwaliteit is ek in punt,” seit Gichel.

“Hoe kinst no sizze dat ik kwaliteit net werken.”

“Ik sis net datsto kwaliteit net werkenst.”

“Jawol. Do seist datsto om kwaliteit tinkst en ik net.”

“Dat seit er net,” seit N.

“Hy makket dochs krekt dy opmerking oer kwaliteit,” sis ik tsjin har, al kinne jo troch it praatsysteem it wurd net ta ien yn ’t bysûnder rjochtsje.

“It is inkeld mar kwestje fan noarm,” seit Gichel, “ik lis de noarm sa heech, dat ik inkeld harkje nei wat foar tachtich euro it kaartsje yn it konsertgebou spilet.”

“En ken ik dy noarm dan net, hin? Kinst dochs net samar tsjin my sizze dat ik net wit wat de noarm is? Rúzjesiker!”

“O kom op, hy is gewoan in snob. Dat is alles. Litte wy deroer ophâlde,” seit N.

“Gjin noed, ik bin hjir net om de wrâld te fertellen wat wiere muzyk is,” seit Gichel.

“Wy soene der dochs oer ophâlde?” sis ik.

“It wurdt hieltyd slimmer,” seit Gichel.

“It is oars ek hiel persoanlik foar my. As in koarsopraan haw ik mear tiid yn muzyk stutsen as de measte minsken.”

“Jo hawwe tsjintwurdich ekstremisten oan beide kanten dy’t de ferskillende opstellingen fan sa’t muzyk wêze moat proklamearje. Mei korporaasjes en ús nije ferdigeners fan it goeie muzyk beharkjen, en it hiele ûnderwerp fan wat muzyk is, en wat it eins net is, is fûneminteel betize mei misynformaasje en persoanlike en bedriuwsaginda’s en sa mear. Spiritualiteit is fier te sykjen.”

“Wy kinne dochs gewoan Michael Jackson dwaan,” sis ik.

“Pff, dêr haw ik it just oer. Of wy kinne populêre operetteferskes dwaan, Drinke wy noch in dripske en Sjoukje fan de sjittinte,” seit Gichel.

“As jimme my op it sear komme wolle… likefolle punten as brûns, dochs mar in fierde plak: skop my der mar út hear.”

*

“Harkje jimme wol?” Ik lûk de feiligensriem iepen en spring oerein. Mei bûgde knibbels en de nekke tusken de skouders pas ik krekt ûnder it plafond. Ik sjoch dûbel fan te lang stilsitten. De holle dûzelt my. “Ik haw in hertsykte. Bin medisynôfhinklik!” Gicheljen. Stilte. Se sille my wol trochljochte hawwe foar’t se my ophellen. Nei fjouwer stappen komt der in yndustrieel finyl heavy duty-gerdyn, harmonieus swart, hast te ûnbûchsum om oan ’e kant te skowen. En ha, dêr trillet in âlde sambalamer mei in giel deksel hinne en wer oer de flier, it wie noch echt wier ek, ik krij in vip-behanneling. Myn sicht glierket op. Se ha it húskepapier en de hânalkohol mei in elastyk oan it lewant. De flesse alkohol triuw ik yn ’e bûse fan myn meksikaanske fest. Ik wrot my wer efterút de kabine yn.

Tsjin de bakboardskodoar oan wiebelet swart swilk oer in langwizich knibbelheech ding hinne, dat swier genôch is om net fan syn plak ôf te skodzjen. Under in flap stiet in skattich selsbou laser-oanwizerke foar late projektilen, mei sulveren duct tape om syn snút en poatsjes. Laser! Folslein yneffektyf mids de science fiction-húsmiddeltsjes Wetter & Dize! Mar gjinien freget my ea wat. Fierder is de flier leech en skjin en stil as in yogadojo. De stjoerboarddoar is beskoattele. Troch de ruten skynt de kleur fan de oseaan no dochs justjes blauwer as niis. It sil hast middei wêze.

“Hoe sit it mei it middeisiten?”

“Tas hinget oan dyn stoel,” seit Gichel.

“Ik bin feganist.”

“Ik ek.”

“Och fansels: snobbie skateboarding lifestyle. Fertel my net dat dyn wite skuontjes koarkjebreide binne fan smjuntegers, hin?”

“Myn skuon binne wiswol bisteleedfrij.”

“Lokwinske. Marianne Thieme is troud mei in slachter.”

Krom foaroer slûp ik op myn sokken werom nei de cockpit, as helpt dat hjir yn de lûdleazens—mar ik tocht it al, dêr bart it. Gichel wiuwt syn fingers tusken afro en foarrút. N knikt har kin omheech fan wattegai? en Gichel wiist mei syn tomme nei efteren, in myn rjochting, en tikt teatraal op syn foarholle. Wylst ík hjir modelfinzene bin yn hárren hiele healwize ideology. Au! It dak brekt myn boppehânske goai. Ynstinktive selsferdigening. Misslach. De alkoholflesse dost foar myn fuotten. Derefter sjoch ik Gichel nei de stjoerkneppel dûken. De masine giselet my nei rjochts. Myn holle kwakt tsjin eat oan. Ik krimp yninoar. Mar ik haw dit ûnder kontrôle, se binne lilk om it fleske, mar ik krij har wol. Ik krabbelje op.

“Skramke! Sûvenir oan in swarte hite loftballonlesbo dy’t lju temjitte komt dy’t sljocht binne op in bytsje kick, sadat se har libbenlang yn ’e steampunk hinget, mosasaurussen lek te sjitten, oant de beteljende klanten te bot deabenaud—”

Gleonhyt fan lilkens mept de godheid de hely út de loft. Eat hiset my op. Myn mage ploft omdel.

*

As ik wer opfladderje hear ik N: “Drone fan in walfiskaktivist yn ’e wjukken, is alles.”

“Drones,” sis ik. “Midden op ’e oseaan: sweet dreams baby.”

“Minder as in healoere ûnder Ierlân, pop.” Gichel stiet foaroerbûgd neist my. “En wy fleane ûnder de hûndert meter en sy meie oant heger as hûndert, dus it is allegearre perfekt legaal. In ûngemakje sis mar. Kom.”

“Wy binne hjir in sitting duck, bedoelst? Se botse ús nei de bliksem? As ik net ‘kom’ is dat dan in fergryp? Pak op ’e bealch mei sintrifugaal fleanwurk?”

“Woest sels.”

“Wis. Ik siet ris mei in kammeraat patat te iten neist in strânhutsje, iere maityd sinneskynwaar. Rint in fint op my ta en freget om him op ’e foto te setten. No bêst, ek al hoegde ik it net te dwaan, ik woe wat betsjutte foar in oar en ik naam syn kamera fan him oan. Mar doe die bliken, hy woe dy foto yn dat strânhutsje! Dat ik joech him in reis en treau de doar ticht, smoarge faggot. De sededelinkwinten by Dr Phil fertelle allegearre itselde: jo ha gjin macht oer josels, it oerkomt jo, it is osa eang en… se woene it sels!”

Gichel gichelet. Hy swaait it swilk fan it ding by de skodoar ôf. “Avensearje do. Serieus.”

“Ik sjit gjin deadlike wapens op leave fauna. Sykje mar in Japanske pirate whaler, giel folk ken gjin skrupules.”

“Wy rinne út de brânstof, pop, en yn de drones. De lêste typmasine wie in ieu lyn: gjin saved game, del = del.”

“Gjinien harket nei my.”

“Tel dyn seiningen. Kom. Sjoch dit, foar it lieden út in dynamyske boarne nei in dynamysk doel.” Gichel set de projektilen yn ’e loop fan in oliifkleurige fjouwer-buis projektyllansearder, amper langer as ik, net grouwer as in kante koksmûtse, past omtrint yn in golftas. “Laser-laat. Want ynfraread, al litte sûchdieren har skoan fine yn it kâlde wetter, de neidielen derfan binne kolossaal.”

“Just ja? Hast yn twa minuten in coolblue lasersiker tusken raket en warhead doch-it-selsd: wol sa goedkeap?”

“Krekt. It kostet skyt. Ut ekonomysk eachpunt wei is it súkses fan ’e islamityske steat maklik te ferklearjen.”

“Dy hie gjin presyzjewapens, primitive burd—”

“Jou dy del, plat. Tiid foar dyn blitzkrieg.” Gichel skuort de skodoar iepen.

Hy yn ’e heale lotus tusken syn wite feganisteskountsjes en ik langút op de earmtakken foar de laseroanwizer. “Jout my in ûnmiskenber folksk of oriïntaalsk gefoel,” sis ik.

“Wy hâlde fan dy.”

“Ik kin gjin laser op it wetter.”

“Loser.”

“Gjinien kin—laser kin net op wetter!”

“Nee. Mar wol op in kop as in karibyske cocktailbar dy’t, salang’t it feest duorret, goed boppe wetter driuwt. Tink om syn spuit, mik foar syn blaasgat, goed mikke, mikken bliuwe, op itselde plak, markearje dat, in pear tellen lang. Tink oan brûns!”

Gichel gichelet. N gichelet mei.

Dêr swimme se myn fisier yn, mei syn twaen, slank, soepel, streamline en argeleas. Fan ien riist in tredde part fan it liif boppe it oerflak, in manjefike holle. Ik skuor de koptillefoan fan myn earen ôf. En sjit de laser.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15