polityk kaliber fan de Kulturele Haadstêd

Lyts risiko

It politike kaliber fan de Kulturele Haadstêdprojekten

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3.5, 12 maart 2017

It krige amper omtinken. Sels de Trump-tweets deroer rekken hast ferlern yn syn drokke twitterwike fan begjin jannewaris: “Meryl Streep, one of the most over-rated actresses in Hollywood, doesn’t know me but attacked last night at the Golden Globes”, “Hillary flunky who lost big”, “Just more very dishonest media!”Donald Trump, @realDonaldTrump, Twitter, 9 jannewaris 2017 <https://twitter.com/>. Mar Streep har Golden Globe’s Speech wie gjin gratuit kleien oer de polityk. Hja sei wiswol wat wichtichs oer de keunst. Hja rôp op ta it beskermjen fan de frijheid fan mieningsutering en fan sosjale diversiteit. Hja sette keunst middenyn ús werklikheid: “An actor’s only job is to enter the lives of people who are different from us, and let you feel what that feels like” en in keunstner te wêzen is “the privilege and the responsibility of the act of empathy.”Daniel Victor en Giovanni Russonello, ‘Meryl Streep’s Golden Globes speech’, New York Times, 8 jannewaris 2017 <https://www.nytimes.com/2017/01/08/arts/television/meryl-streep-golden-globes-speech.html?_r=0> [krigen 1 maart 2017].

Om’t keunst oer it minsklik libben en oer it minsklik mei-inoar tahâlden giet is it ynherint polityk.Sjoch bygelyks Jacques Rancière, ‘Esthetiek is politiek’, Metropolis M 26:4 (2005) 64-72; Raymond Tallis (mei Julian Spalding), Summers of discontent: The purpose of the arts today (Londen 2014); Dickon Stone, ‘Art for your sake’, The European, 29 maaie 2014 <http://www.theeuropean-magazine.com/dickon-stone/8519-why-art-is-by-definition-political> [krigen 1 maart 2017]. Dêr kaam Streep har speech op del. Net alles dat út Hollywood komt is keunst, mar wat op hege souderkeamerkes komponearre wurdt en wat opsletten leit yn de klûs fan Sotheby’s is likemin keunst. Keunst is krekt keunst as in samling fan minsken it sjocht, heart of fielt en deroer kommuni­searret; keunst hat altyd in sosjale funksje.Yuri Borev, Aesthetics: A textbook [Moskou 1985], webútjefte, g.s. <http://www.independent-academy.net/science/library/borev_est_eng/art_as_a_social_phenomenon.html> [krigen 1 maart 2017]. Mar in samling fan minsken is ek altyd in entiteit dy’t besluten nimt en dy’t yn it earste plak besluten nimt oer wa’t beslisse mei as it oer mienskiplike belangen giet. Dus de sosjale funksje fan keunst is hoe dan ek in politike funksje, al hoe’t Trump Streep har hiele statement ek neutralisearre troch in ad hominem-oanfal—en al hoe’t Fedde Schurer syn nocht al hie yn 1946 en it omkearde úthold. Mar in skandaal waard dat beide kearen net.

Dat wie oars yn 2013 doe’t de festivalregiseur fan it Edinburgh International Festival, John Mills, bekend makke dat er produksjes mei in Skotsk ûnôfhinklikens­tema net meidwaan litte soe. Mills wie fan betinken dat: “We would not wish our festival to be anything other than it has always been, which is a politically neutral space for artists. It is important that it remains that.”Lyn Gardner, ‘Edinburgh festival: is art above politics?’, The Guardian, 12 augustus 2013 <https://www.theguardian.com/stage/theatreblog/2013/aug/12/edinburgh-festival-art-above-politics> [krigen 1 maart 2017]. Hoe’t er derby kaam dat it altyd sa west ha en altyd sa bliuwe koe, wie in riedsel. Teatermakker Andy Field twittere: “Perhaps when he leaves Edinburgh International Festival, Jonathan Mills can try his hand at creating the world’s first food-less restaurant.”Lyn Gardner, ‘Edinburgh festival: is art above politics?’, The Guardian, 12 augustus 2013 <https://www.theguardian.com/stage/theatreblog/2013/aug/12/edinburgh-festival-art-above-politics> [krigen 1 maart 2017]. It programma makke de útspraak fan Mills noch folle nuverder, it hie nammentlik in algemien oarloch- en fredetema en der kamen trije toanielstikken yn oer de Feriene Keninkrykkeningen James fan it hûs Stewart, it hûs dus dat út Skotlân stammet, wat in brike knipeach wie nei it Skotske folk. Der gie praat fan dat it útsluten fan Skotsk-politike stikken samar sa koe om’t der mar in pear Skotten yn ’e top fan de festivalorganisaasje sieten. De fraach waard steld oft Skotske teaterprofesjonals wol sollisitearren nei dy funksjes, of net beneamd waarden.Charlotte Runcie, ‘Politics, darling? Not at our festival’, The Telegraph, 23 maart 2014 <http://www.telegraph.co.uk/culture/theatre/edinburgh-festival/10717180/Politics-darling-Not-at-our-festival.html> [krigen 1 maart 2017].

Fryslân sil gjin ûnôfhinklikensreferindum hâlde, alteast net yn 2018. Mar moatte wy hjir net deselde fragen stelle? Hoe Frysk is de top fan de Kulturele Haadstêd­organisaasje eins? De artistyk direkteur Lieven Bertels is om te begjinnen al in Belch, gjin Fries, stêd&plattelânkoördinator Claudia Woolgar is Britsk, haad marketing&kommunikaasje Marije Jansen is Amsterdamsk. Der binne ek wer genôch Friezen yn it 2018-tiim, mar wêr’t immen krekt berne is seit minder as yn hokker fermidden er alle dagen tahâldt, dat hoe Frysk is haad oparbeidzjen-Ljouwert-Valletta Rudi Wester? Mar de deistige situaasje seit ek net iens alles; de kearnfraach is hoefolle polityk de kulturele haadstêd­top yn it kulturele haadstêd­programma talit—en dan yn ’t bysûnder aktuele Fryske polityk. Want de iernjoggentjinde-ieuske machtsproblematyk oan de Weichsel, de boarne fan de Schimmelreiter-saga dy’t as ynspiraasje tsjinje soe foar it Stormruiterspektakel, is no amper noch as polityk drama te tellen.

Nei de relaasje fan aktuele polityk en de European Capital of Culture is ûndersyk by’t soad dien. It Europeeske Kulturele Haadstê­dynstrumint hie en hat in polityk doel, nammentlik akseptaasje fan fierdere Europeeske yntegraasje. In opmerklik polityk stanpunt fan ‘Europa’ wie yn 1988 de beneaming fan Berlyn ta Kulturele Haadstêd, hoewol’t dy stêd doe noch ferdield wie yn east en west en it evenemint yn ’e praktyk syn beslach krije soe yn west. Nettsjinsteande dy ûndúdlike geopolitike lizzing waard Berlyn sjoen as in stêd moai middenyn Europa, dy’t it bewiis foarme foar “the identity of European culture across nations and blocks.”Alexander Tölle, ‘The regional turn of the European Capital of Culture and its traits in France, Germany, and Poland’, Tafter Journal 77 (2014) <http://www.tafterjournal.it/2014/11/07/the-regional-turn-of-the-european-capital-of-culture-and-its-traits-in-france-germany-and-poland/> [krigen 1 maart 2017]. Sitaat: Volker Hassemer, ‘Berlin – Kulturstadt Europas 1988. Das Programm und seine Organisation’ [Berlin – European City of Culture 1988, The Programme and its Organisation], Zeitschrift für Kulturaustausch, 4:38 (1988) 513-517, 515. It sil net ûnferwacht komme dat in politike ideology dy’t net strykt met dat pan-Europeanisme minder wolkom is. Ron Griffiths wiist op in diskoers oer stêd en kultuer, dat ûntstien is om it tingen nei de Europeeske Kulturele Haadstêd­titel hinne en dat de hearskjende belangen net oanfjochtet. It delbêdzjende type kultuer yn de Kulturele Haadstêden ûntkent de konfliktueuze, antykonvinsjonele boaiem dêr’t wiere kreativiteit út waakst.Ron Griffiths, ‘City/culture discourses: evidence from the competition to select the European Capital of Culture 2008’, European Planning Studies 14:4 (2006) 415-430, 416; sjoch foar kreativiteit en konflikt Mark A. Runco en Sureyya Yoruk, 2013; Mark A. Runco en Garrett J. Jaeger, 2012.

There is there is little sign, in any of the bids of culture being viewed as a medium for collective emancipation; of culture as a field of struggle and resistance; of culture as a source of oppositional identities; of a more fundamental politics of culture.Ron Griffiths, ‘City/culture discourses: evidence from the competition to select the European Capital of Culture 2008’, European Planning Studies 14:4 (2006) 415-430, 430.

Mar no nei Fryslân. Hoefolle fan de grutte njoggenentritich Kulturele Haadstêd­projekten dy’t op ’e Leeuwarden-Fryslân-2018-webside (LF2018) oankundige wurde binne projekten mei politike ynhâld? Sels de datum dat it programma, “waarvan het merendeel nog in ontwikkeling is”,‘Alle projekten’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten> [krigen 1 maart 2017]. bekend makke wurde kin stiet noch net fêst. Dat wurdt “nei de simmer”, wat in tige elastysk tiidrek is, lit stean dat it programma sels fêst stiet; benammen de 900 ‘mienskipsprojekten’ binne noch mar foar in part tawiisd.‘Programma LWD2018 na zomer 2017 bekend’, Finster op Fryslân, g.d. <http://finsteropfryslan.frl/lwd2018/programma-lwd2018-zomer-2017-bekend/> [krigen 1 maart 2017]. Dêrneist biedt LF2018-side net sasear ynformaasje as wol ‘good news announcements’, ‘sharing the accomplishments’ en ‘let’s make ourselves great again’, wêr’t it mar efkes kin yn ’e o sa dominante Ingelske taal en de Nederlânsktalige eksessen dêrfan lykas “community-art-werk”.‘De 8ste dag’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#de-loop-der-dingen-werktitel> [krigen 1 maart 2017]. De projektomskriuwingen op de LF2018-side easkje dêrom wat dekonstruksje en de reklame dy’t de media meitsje foar de projekten allyksa. Mar dan is aardich te sjen wêr’t de Kulturele Haadstêd­organisaasje ús kultuer al en net beskôget as ‘in fjild fan striid en ferset’.

Om te begjinnen de iepening op 27 jannewaris ’18, mei de no-nonsensetitel De Opening—sadat de sluting Re-opening hjitte kin; de projekttitels binne lichtsinnige fariaasjes op de hastige hinnepoat en oare gerjochtnammen op it mensamenu út jo studintetiid—dy’t in bûtendoarspul is foar 200.000 besikers. It is net oannimlik dat jo dy byinoar krije foar wat oars as fuotbalynterlâns en popkonserten. Dan hat it mei keunst neat te meitsjen en mei polityk ek net.Cf. Meryl Streep: “And if we kick them all out you’ll have nothing to watch but football and mixed martial arts, which are not the arts.” yn Daniel Victor en Giovanni Russonello, ‘Meryl Streep’s Golden Globes speech’, New York Times, 8 jannewaris 2017 <https://www.nytimes.com/2017/01/08/arts/television/meryl-streep-golden-globes-speech.html?_r=0> [krigen 1 maart 2017]. In ûnderdiel fan De Opening, neist dan de buorrel foar de sponsors en spesjale gasten, is in kolossale Rube Goldbergmasine. Dy binne hiel spannend om te meitsjen, krekt spannend om nei te sjen as it mis giet, en polityk sit der neffens de keunstner net yn.Kirsten van Santen, ‘De duisternis van Marten Winters’, Finster op Fryslân <http://finsteropfryslan.frl/kunst/4867/> [krigen 1 maart 2017].<

11Fountains is in doelberet apolityk projekt. Keunstners waans wurk polityk is binne of hawwe wegere, lykas Marina Abramović. De polityk dy’t it projekt útlokket, dat wol sizze de publike rede dy’t, nettsjinsteande alle downplay, gjin striid is tsjin in fontein, mar dy’t de publike noarm oansnijt—fan fonteinen as dekorative of sels artistike arsjitektuer ynstee fan wetterfergriemers—en de legitimiteit fan de net sa demokratyske beslútfoarming—fan wa is de iepenbiere romte eigentlik—dêrfoar hâldt de Kulturele Haadstêd­organisaasje him dôf. Dan is der in bernesirkusfestival, rjochte op fergrutsjen fan it selsfertrouwen fan de yndividuele bern, dus net op har kollektive emansipaasje. Ek de Alma Tademaútstalling is apolityk. At the Watergate is ‘de Friese versie van’ in Europeesk muzykprojekt mei in Europeesk yntegraasjedoel, fierder apolityk.

Celebrating Diversity giet net oer sosjale mar oer biodiversiteit, “inmiddels in heel Europa een actueel thema.”‘Celebrating Diversity’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#celebrating-diversity> [krigen 1 maart 2017]. Sintraal yn it projekt stiet it it projekt Kening fan de Greide, dat wol in polityk aspekt(sje) hat, want op ’e Kening fan de Greideside stiet tusken allerhanne ekologyske en kulturele nijtsjes ek in stik oer it juridyske rapport dat de fûgelbeskerming makke litten hat.

Uit de analyse rijst het beeld op van een overheid die, ondanks herhaalde—en ongetwijfeld welgemeende—pogingen iets voor weidevogels te betekenen, structureel onvoldoende doortastend en consequent gehandeld heeft om te waarborgen dat aan de overlevings- en voortplantingscondities van weidevogels wordt voldaan.Rik Nijland, ‘Als Den Haag de grutto niet redt, dan Brussel maar’, De Levende Natuur 118:1 (2017) 4-5, 4 <http://www.kingofthemeadows.eu/wp-content/uploads/Nijland2017-grutto-gered-door-Den-Haag-of-Brussel-column-DLN.pdf> [krigen 1 maart 2017].

Oft dy polityk hoekhâlde sil oan ’e râne fan it projekt is mar de fraach. De LF2018-side omskriuwt Celebrating Diversity as: “Toch gaat het ons niet enkel om de Grutto of weidevogels. In een bredere scope kijken we ook naar bijen, vlinders en vissen als inspiratie voor biodiversiteit. Zij zijn een metafoor!” Dy metafoar foar ferskaat lit it machtsaspekt en benammen subversive macht, lykas dy fan de fûgelbeskerming, folslein bûten de kwasy-poëtyske opfetting fan ekology.

Dada in Dr88888888 is in frij konvinsjoneel city marketing-projekt; byldzjende keunst moat fan Drachten de “meest kleurrijke” stêd fan Nederlân meitsje.‘Dada in Dr88888888’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#dada-in-dr88888888> [krigen 1 maart 2017]. De Reis is in partisipatyf keunstprojekt, wat sizze wol dat it publyk—meastal in útkeazen part dêrfan—oan ’e útfiering—mar meastal net oan it ûntwerp—meidocht, mei it doel om de ‘mienskipssin’ te fersterkjen.‘De Stormruiter’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#der-schimmelreiter> [krigen 1 maart 2017]. De Stormruiter is “een verassende mix van paardenacts”Rozemarijn Strubbe, Kompas voor De reis: Participatie en identificatie in een culturele zoektocht die de kracht van de Friese gemeenschap zichtbaar maakt (Ljouwert 2013). en de politike skiednis fan hynders beslacht mei lijen ien a4 (yn werklikheid hat Kaligula syn hynder Insitatus nea beneamd ta konsul, om foar de hân lizzende redenen). De 8ste dag is de Goldbergmasine út De Opening, bysûnder is dat de “kunstdiscipline ... volksvermaak” diel útmakket fan dit partisipatyf keunstprojekt, dat lykwols net rjochte is op in fusy tusken hege keunst en massaferdivedaasje, mar gewoan op sosjale kohesy. Energy Now! is draachflak kweekjen foar duorsume enerzjy, “laten zien en aanhaken” ynstee fan prate mei de krityske boarger, want Nederlân driget syn Europeeske klimaatdoelen foar 2020 net te heljen om’t it Fryske ferset tsjin wynmûnen, benammen de nije 200 meter hege, grut is. It wurd ‘wynmûne’ falt ûnder diplomatike sensuer; grutsk wurdt sein dat de provinsje “koploper in groen gas” is, mar “[t]och weten veel te weinig mensen van deze ontwikkeling af”‘Energy Now!’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#energy-now> [krigen 1 maart 2017].—en dat is yndie spitich want de produksje fan biogas is in mearke.

European Sports for All Games is in besteand Europeesk multykulty sportaktivearringsprojekt, apolityk. Escher is in leechdromplige útstalling fan wurk fan de grafikus mei dy namme en dêroan ferbûn is in partisipatyf keunstprojekt, net polityk. Explore the North is in breed, leechdrompelich winterfestival mei popkulturele ferdivedaasje, dêr’t it doel fan is dat it in “vaste en goede plek [verovert] in de vaderlandse festivalagenda”‘Explore the North’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#explore-the-north> [krigen 1 maart 2017].—net polityk. Farm of the World lit sjen hoe’t “creativiteit en samenwerking leven kunnen brengen in een voormalig verlaten boerderij”,‘Farm of the World’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#farm-of-the-world> [krigen 1 maart 2017]. mar no’t nei de opheffing fan it bordeelferbod ek de kannabisteelt sawat legalisearre is, is fan it kreative pleatsbrûken dat Fryslân legindarysk makke it politike wol ôf. Finestra Aperta, de titel komt út in Italjaanske Microsofthânlieding (open window), is spektakel, muzyk mei sirkus, apolityk. Giant Steps is ek spektakel, in Frânsk strjitteater, net polityk.

Iepen Doar(p) is in reportaazje oer in doarpke mei al syn ynwenners, wat bêst polityk wêze kin, dêr binne prachtige en effektive foarbylden fan út de krityske etnografy, mar de kâns dêrop wurdt lyts as, ynstee fan de fraach, de dictum is dat it wurd ‘mienskip’ der in betsjutting hat en dat it wat betsjut “om verbonden te zijn met de plek waar je woont en met de mensen die om je heen wonen.”‘Iepen Doar(p)’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#iepen-doarp> [krigen 1 maart 2017]. LF2018 is ûnferwacht konkreet oer syn eigen ynterpretaasje fan ‘mienskip’: “Met onze samenleving bedoelen we inwoners van Friesland die participeren bij de ontwikkeling en uitvoering van het waterprogramma.”‘Water Connecting 2018’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#water-connecting-2018> [krigen 1 maart 2017].

Ut it Lân fan Taalprojekt is de politike angel lutsen troch it mei klam te rjochtsjen op Europa en meartaligens en net op it Frysk. Oer beskerming, dus oer wetten en regels foar it Frysk, om’t it oars ferdwynt, giet it just net:

Wij willen openheid binnen de gegeven orde creëren en ongeregelde orde bevorderen. Alle talen bestaan naast elkaar, er is geen hiërarchie. ... De Friese taal en geschiedenis spelen hierbij natuurlijk een grote rol, maar wel binnen de context van een wereld die steeds meertaliger wordt.Roos van Geffen, ‘Lân fan taal’ <http://roosvangeffen.com/lan-fan-taal/> [krigen 1 maart 2017].

Mar stel dat yn it bernedokumintêreprojekt Look@Me (Behind the Front Door) in bern in filmskript skriuwt oer hoe apart oft it is dat er yn syn Kulturele Haadstêd syn eigen taal net heard. Stel dat de beropsfilmers dy’t it projekt begeliede beslute dêr in film fan te meitsjen, soe dat projekt dan politike ynhâld krije kinne? Mar hoe soe dat passe tusken muzykteater oer ‘mienskip’, Europeeske ienwurding en mei-inoar libjen?

Opmerklik is yn it Kulturele Haadstêd­programma it byld dat oerdroegen wurdt fan de preyndustriële maatskippij, dêr’t de hearskippij oer de eleminten en de wylde bisten sintraal stiet en ek de homogeniteit binnen de groep. It is in romantyske, pastorale opfetting fan it sosjale libben basearre op in ienriedige minske­soarte, dy’t ferwiist nei de relaasjes yn it doarpslibben fan eartiids. It byld is net dat fan de moderne steat—lit stean dat fan it Europeeske ferbûn—dêr’t grutte mannichten ticht neistinoar wenje mar, fan in ideaal fan reedlikheid en selsbewustwêzen út, net needsaaklikerwize itselde doel neistribje en deselde wearden oanhâlde.Jose Harris, ‘General introduction’, yn: Ferdinand Tönnies, Jose Harris (red.), Community and civil society (Cambridge / New York ensfh. 2001) ix-xxx, xxviii. It yn it Kulturele Haadstêd­programma ymplisyt oerdroegen kommunitaristyske ideaal—ûnder it eksplisite mar net definiearre ‘mienskip’—is lykwols net stridich mei in gruttere ienheid as it net langer besteande doarp. De bedrigingen binne pluralisme en kultureel ferskaat; folkloare mei wol mar ôfwizen fan de mienskiplike moraal kin net. De minne gefolgen fan ’e kommunitaristyske sentiminten litte har al sjen yn it tribalistysk oandwaande wegerjen fan net-Europeeske flechtlingen—mar dat is in sydpaad, dêr giet it net oer yn ’e Kulturele Haadstêd.

De fraach is, hoe soe wat polityks passe tusken de withoefolle projekten, alle eins, rjochte op Europeeske kontakten en netwurk­foarming yn de cultural economics-sfear, mei “internationale”—hokker lân stiet der nea by—sympoasia en “workshops”,Sjoch bygelyks ‘Strangers on Stage’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#strangers-on-stage> [krigen 1 maart 2017]. ekonomyske fuortsterking lykas promoasje fan de jirpelbrache, toeristyske Fryslânpromoasje lykas yn Sailing on the Grass en Sense of Place, “met een positieve uitwerking op de lokale economie”,‘Sense of Place’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#sense-of-place> [krigen 1 maart 2017]. en in fêst foarnimmen om in breed publyk as konsumint te binen oan de (kommersjele) ferdivedaasje dy’t foar harren oernearre is.Sjoch bygelyks ‘Oranjewoud Festival’, <http://www.2018.nl/nl/projecten#oranjewoud-festival> Hoe past in mooglike politike útspraak tusken it kombinearjen fan alle mooglike ‘keunst’-tûken ta spektakelstikken dy’t driuwe op technyk—11Fountains, Finestra Aperta, Water Connecting en sa—dus op foarm? In swiere klam op foarm makket de ynhâld neatich. Yn ’e projekten giet it boppedat om ynhâld dy’t ferhalen sintraal stelt, faak persoanlike, lykas fan de iensume Marijke Meu en fan ’e bewenners fan in doarpke,‘Under de Toer’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#under-de-toer> [krigen 1 maart 2017]; ‘Iepen Doar(p)’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#iepen-doarp> [krigen 1 maart 2017]. mar gjin sosjale realiteiten. En hoe stiet in politike utering neist de hûnderten Mienskipsprojekten, dy’t meast ferdivedaasje binne ynstee fan ferfoljen fan kollektyf ferlet en dus gjin bliuwende wearde oan ’e lokaasje jaan sille en dêrom de yndruk meitsje fan stilhâlderkes?

Dúdlik is ek dat keunst amper plak krijt yn de projekten. Yn de lêste desennia hawwe ynstitúsjes keunst ynkapsele, bygelyks troch de macht fan it keunstûnderwiis, op skoalle, yn museums en as ‘workshops’, dy’t bepalend is foar wat yn museums hinget.Max Ryynänen, ‘Institutional Stress. When Bureaucracy Replaces Art…’, Art Pulse, g.d. <http://artpulsemagazine.com/institutional-stress-when-bureaucracy-replaces-art> [krigen 2 maart 2017]. Ynstitúsjonalisearring hat enoarm bydroegen oan de kommodifikaasje fan keunstwurken mei as gefolch dat krityske, eksperimintele keunst—dus alle keunst—depolitisearre is en mainstream-kultuer wurden.Max Ryynänen, ‘Institutional Stress. When Bureaucracy Replaces Art…’, Art Pulse, g.d. <http://artpulsemagazine.com/institutional-stress-when-bureaucracy-replaces-art> [krigen 2 maart 2017]. Dat dy ûntjouwing net oan Fryslân foarbygien is fernuveret net; jo soene allinne hoopje dat der refleksje op kaam yn 2018.

Mar nee. Ek Opera Spanga bringt in brede publyksfoarstelling mei in protte spektakel, dêr’t LF2018 wat pedant oer seit “Verdi is maatschappelijk geëngageerd,” as wisten wy net dat Verdi al goed hûndert jier dea is en dat er jierrenlang yn Parys wenne en him ynsette foar Italjaanske assimilaasje en perfoarst net foar diversiteit.‘Opera Spanga’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#opera-spanga> [krigen 1 maart 2017]. Projekten om Friezen hinne binne nammers ek hieltyd oer lang deade, itsij fertrokken itsij ferkearde Friezen, lykas Slauerhoff en Mata Hari. It popfestival Welcome to the Village, rjochte op mear publyk, soe in idealistyske komponint hawwe om’t it in middel wêze wol om in duorsumer ‘wrâld’ te beävensearjen. Dat dat tichterby en op beskiedener skaal, op en om it festival­terrein, net iens slagget litte de rapporten fan Groene Ster Duurzaam sjen.‘Nieuwe beleidsregel geluid bij evenementen in de open lucht 2017’, Groene Ster Duurzaam, 9 febrewaris 2017 <http://groenesterduurzaam.nl/category/festivals/> [krigen 2 maart 2017]. It is de fraach oft pop events wol duorsum wêze kinne. De fersmoarging bart foar in grut part bûten de festival­terreinen, om’t alles en elkenien dêrhinne ferfierd wurde moatAlden Wicker, ‘Can a music festival be 100 percent sustainable? 7 creative ways festivals are getting close’, mindbodygreen, 12 augustus 2016 <http://www.mindbodygreen.com/0-26179/can-a-music-festival-be-100-percent-sustainable-7-creative-ways-festivals-are-ge.html> [krigen 1 maart 2017].—mar krekt hjir misse de “ynternasjonale” krityske workshops; it politike nivo is nihil. As lêste de moeting fan Jiddyske, Fryske en oare kultueren, dêr’t tusken alle muzyk en kontaktlizzen net op ’t aljemint komt dat ús oerheid, nettsjinsteande withoefolle reprimandes fan de Rie fan Europa dy’t de Jiddyske taal erkent, neat docht om it Jiddysk te beskermjen.

Dus polityk op de Kulturele Haadstêd? Lyts risiko.

Noaten

  1. Donald Trump, @realDonaldTrump, Twitter, 9 jannewaris 2017 <https://twitter.com/>.
  2. Daniel Victor en Giovanni Russonello, ‘Meryl Streep’s Golden Globes speech’, New York Times, 8 jannewaris 2017 <https://www.nytimes.com/2017/01/08/arts/television/meryl-streep-golden-globes-speech.html?_r=0> [krigen 1 maart 2017].
  3. Sjoch bygelyks Jacques Rancière, ‘Esthetiek is politiek’, Metropolis M 26:4 (2005) 64-72; Raymond Tallis (mei Julian Spalding), Summers of discontent: The purpose of the arts today (Londen 2014); Dickon Stone, ‘Art for your sake’, The European, 29 maaie 2014 <http://www.theeuropean-magazine.com/dickon-stone/8519-why-art-is-by-definition-political> [krigen 1 maart 2017].
  4. Yuri Borev, Aesthetics: A textbook [Moskou 1985], webútjefte, g.s. <http://www.independent-academy.net/science/library/borev_est_eng/art_as_a_social_phenomenon.html> [krigen 1 maart 2017].
  5. Lyn Gardner, ‘Edinburgh festival: is art above politics?’, The Guardian, 12 augustus 2013 <https://www.theguardian.com/stage/theatreblog/2013/aug/12/edinburgh-festival-art-above-politics> [krigen 1 maart 2017].
  6. Lyn Gardner, ‘Edinburgh festival: is art above politics?’, The Guardian, 12 augustus 2013 <https://www.theguardian.com/stage/theatreblog/2013/aug/12/edinburgh-festival-art-above-politics> [krigen 1 maart 2017].
  7. Charlotte Runcie, ‘Politics, darling? Not at our festival’, The Telegraph, 23 maart 2014 <http://www.telegraph.co.uk/culture/theatre/edinburgh-festival/10717180/Politics-darling-Not-at-our-festival.html> [krigen 1 maart 2017].
  8. Alexander Tölle, ‘The regional turn of the European Capital of Culture and its traits in France, Germany, and Poland’, Tafter Journal 77 (2014) <http://www.tafterjournal.it/2014/11/07/the-regional-turn-of-the-european-capital-of-culture-and-its-traits-in-france-germany-and-poland/> [krigen 1 maart 2017]. Sitaat: Volker Hassemer, ‘Berlin – Kulturstadt Europas 1988. Das Programm und seine Organisation’ [Berlin – European City of Culture 1988, The Programme and its Organisation], Zeitschrift für Kulturaustausch, 4:38 (1988) 513-517, 515.
  9. Ron Griffiths, ‘City/culture discourses: evidence from the competition to select the European Capital of Culture 2008’, European Planning Studies 14:4 (2006) 415-430, 416; sjoch foar kreativiteit en konflikt Mark A. Runco en Sureyya Yoruk, 2013; Mark A. Runco en Garrett J. Jaeger, 2012.
  10. Ron Griffiths, ‘City/culture discourses: evidence from the competition to select the European Capital of Culture 2008’, European Planning Studies 14:4 (2006) 415-430, 430.
  11. ‘Alle projekten’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten> [krigen 1 maart 2017].
  12. ‘Programma LWD2018 na zomer 2017 bekend’, Finster op Fryslân, g.d. <http://finsteropfryslan.frl/lwd2018/programma-lwd2018-zomer-2017-bekend/> [krigen 1 maart 2017].
  13. ‘De 8ste dag’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#de-loop-der-dingen-werktitel> [krigen 1 maart 2017].
  14. Cf. Meryl Streep: “And if we kick them all out you’ll have nothing to watch but football and mixed martial arts, which are not the arts.” yn Daniel Victor en Giovanni Russonello, ‘Meryl Streep’s Golden Globes speech’, New York Times, 8 jannewaris 2017 <https://www.nytimes.com/2017/01/08/arts/television/meryl-streep-golden-globes-speech.html?_r=0> [krigen 1 maart 2017].
  15. Kirsten van Santen, ‘De duisternis van Marten Winters’, Finster op Fryslân <http://finsteropfryslan.frl/kunst/4867/> [krigen 1 maart 2017].
  16. ‘Celebrating Diversity’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#celebrating-diversity> [krigen 1 maart 2017].
  17. Rik Nijland, ‘Als Den Haag de grutto niet redt, dan Brussel maar’, De Levende Natuur 118:1 (2017) 4-5, 4 <http://www.kingofthemeadows.eu/wp-content/uploads/Nijland2017-grutto-gered-door-Den-Haag-of-Brussel-column-DLN.pdf> [krigen 1 maart 2017].
  18. ‘Dada in Dr88888888’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#dada-in-dr88888888> [krigen 1 maart 2017].
  19. Rozemarijn Strubbe, Kompas voor De reis: Participatie en identificatie in een culturele zoektocht die de kracht van de Friese gemeenschap zichtbaar maakt (Ljouwert 2013).
  20. ‘De Stormruiter’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#der-schimmelreiter> [krigen 1 maart 2017].
  21. ‘Energy Now!’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#energy-now> [krigen 1 maart 2017].
  22. ‘Explore the North’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#explore-the-north> [krigen 1 maart 2017].
  23. ‘Farm of the World’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#farm-of-the-world> [krigen 1 maart 2017].
  24. ‘Iepen Doar(p)’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#iepen-doarp> [krigen 1 maart 2017].
  25. ‘Water Connecting 2018’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#water-connecting-2018> [krigen 1 maart 2017].
  26. Roos van Geffen, ‘Lân fan taal’ <http://roosvangeffen.com/lan-fan-taal/> [krigen 1 maart 2017].
  27. Jose Harris, ‘General introduction’, yn: Ferdinand Tönnies, Jose Harris (red.), Community and civil society (Cambridge / New York ensfh. 2001) ix-xxx, xxviii.
  28. Sjoch bygelyks ‘Strangers on Stage’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#strangers-on-stage> [krigen 1 maart 2017].
  29. ‘Sense of Place’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#sense-of-place> [krigen 1 maart 2017].
  30. Sjoch bygelyks ‘Oranjewoud Festival’, <http://www.2018.nl/nl/projecten#oranjewoud-festival>
  31. ‘Under de Toer’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#under-de-toer> [krigen 1 maart 2017]; ‘Iepen Doar(p)’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#iepen-doarp> [krigen 1 maart 2017].
  32. Max Ryynänen, ‘Institutional Stress. When Bureaucracy Replaces Art…’, Art Pulse, g.d. <http://artpulsemagazine.com/institutional-stress-when-bureaucracy-replaces-art> [krigen 2 maart 2017].
  33. Max Ryynänen, ‘Institutional Stress. When Bureaucracy Replaces Art…’, Art Pulse, g.d. <http://artpulsemagazine.com/institutional-stress-when-bureaucracy-replaces-art> [krigen 2 maart 2017].
  34. ‘Opera Spanga’, LF2018 <http://www.2018.nl/nl/projecten#opera-spanga> [krigen 1 maart 2017].
  35. ‘Nieuwe beleidsregel geluid bij evenementen in de open lucht 2017’, Groene Ster Duurzaam, 9 febrewaris 2017 <http://groenesterduurzaam.nl/category/festivals/> [krigen 2 maart 2017].
  36. Alden Wicker, ‘Can a music festival be 100 percent sustainable? 7 creative ways festivals are getting close’, mindbodygreen, 12 augustus 2016 <http://www.mindbodygreen.com/0-26179/can-a-music-festival-be-100-percent-sustainable-7-creative-ways-festivals-are-ge.html> [krigen 1 maart 2017].

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15