name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3.9, 7 maaie 2017

 

image kulturele haadsted 2018

 

Kaartferkeap

 

De kulturele haadstêd-kultuerpartisipaasje wurdt net ferûndersteld om mear as fysyk (kaartferkeap) en wurdearjend (kaartferkeap) te wêzen en de kulturele haadstêd muozzet retoarysk de neden fan de Friezen wei ûnder de tastiene winsken (kaartferkeap) wei.‘As muzyk yn de earen: Oer de betingst foar Frysk literatuerbelied’, Fers2, 18 jannewaris 2016 <http://www.fers2.eu/foaropwurden-2-16/#betingst-fy-lit> [krigen 26 april 2017]. Sei ik yn jannewaris yn 2016. Humor! Haha, kaartferkeap! De kulturele haadstêd dy’t kaarten ferkeapje wol, LOL!

“Als besturen moeten we besluiten nemen over de vorm en het doorgaan van de voorstellingen. Maar we zijn ook aansprakelijk voor tekorten als de kaartverkoop tegenvalt”, seit, yn it Friesch Dagblad fan tiisdei 25 april, Tjisse Wallendal fan de stichting Faderpaard.Patrick van’t Haar, ‘Vrees voor afblazen voorstellingen LF2018’, Friesch Dagblad, 25 april 2017, 3. Wallendal sprekt foar syn eigen stichtingsbestjoer en ek foar de stichtingsbestjoeren fan de kulturele haadstêdprojekten Lost in the Greenhouse, Under de Toer, Opera Aïda en Celebrating Diversity. Neffens Wallendal—nee, net in stage name, al soe Annie M.G. Schmidt him mei leafde brûkt ha foar ien fan har personifikaasjes fan misbeteard liederskip—ha se al in jier lang besocht om de oerheid oan it ferstân te prutsen dat se net persoanlik boarch stean wolle foar mooglike tekoarten. Provinsje en gemeente Ljouwert seine fan sykje mar sponsors of slút in liening ôf. Dus ha se in kar foarlein oan ’e oerheid: in flink garânsjefûns, mei hûnderttûzenen euro’s, sa net dan wurde de fiif boppeneamde haadeveneminten fan de kulturele haadstêd folle lytser (as útwrydsk megalomaan) of se gean miskien hielendal net troch.‘“Garantiefonds moet voorstellingen LF2018 redden”’, Omrop Fryslân, 24 april 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/714192-garantiefonds-moet-voorstellingen-lf2018-redden> [krigen 26 april 2017].

It wie samar klear. Binnen 24 oeren nei it drigemint fan Wal & Dal sei Ljouwert al ta dat se it winske garânsjefûns ynstelle. Trouwens, Lost in the Greenhouse soe al ris earder weifalle om’t it muzykteaterselskip Orkater, dat de ‘megaproduksje’ útfiere soe, yn augustus 2016 syn subsydzje fan it Fonds Podiumkunsten fan in miljoen it jier ferlear. Trouwens trouwens, Orkater hie mear as oardel miljoen subsydzje frege, € 1.169.400, net foar keunst mar foar har bekende komyske sirkus. Trouwens trouwens trouwens, de inisjatyfnimmer fan Lost in the Greenhouse sei ea:

Nieuwe impuls:

Biedt Culturele Hoofdstad in 2018 ruimte voor een project om de wanorde, onrechtvaardigheid en tegenstrijdigheid van ons subsidielandschap aan de orde te stellen…??Nienke, ‘Lost in the Greenhouse’, 2 febrewaris 2014, Landschapsbeheer Friesland, g.d, 2, http://www.landschapsbeheerfriesland.nl/images/PDF/lwd2018/Lost%20in%20the%20Greenhouse.pdf

En doe… hat Orkater yn oktober in try-out fan Lost in the Greenhouse spile foar in útferkocht Lawei. Der wie dus neat te rêden. En no ek net: ús mienskip is sa iepen dat de miljoenen der oan alle kanten trochhinne rûgelje.

“heb jij als een van de eerste zicht op ons programma en boodschap in 2018??”, twitteret finansjeel kulturele haadstêd­direkteur John Bonnema, as giet it om de jackpot fan ’e steatslotterij, in priis dy’t him sa te sjen noch net yn ’e skerte fallen is.John Bonnema, @lwd2018 #LF2018, Twitter, 25 april 2017 <https://twitter.com/JohnBonnema/status/856870143158358016> [krigen 26 april 2017]. Ferline jier kundige er himsels oan as de lieder fan in organisaasje dy’t in “cultuurimpuls” foarmjaan wol, en wol “bottom-up”, “want het laatste dat John Bonnema wil, is een organisatie leiden die handelt vanuit een ivoren toren”, en dy’t tagelyk de kulturele ûndernimmers, lykas Wallendal, helpt by har plannen.‘Leeuwarden toneel van cultuurimpuls’, Accon-AVM, 18 april 2016 <https://acconavm.nl/kennis/maatschappelijke-organisaties/leeuwarden-cultuurimpuls/> [krigen 26 april 2017]. De kulturele haadstêdorganisaasje sit yn in stichting. Tink net dat it dêrom net in winstmeitsjend bedriuw wêze kin; IKEA, mei yn 2016 in omset fan 34,2 miljard euro, is foar it meastepart yn besit fan in stichting. It is deagewoan sa dat in stichting in rjochtsfoarm is mei mar in bytsje beheiningen: gjin leden, trijemansbestjoer is genôch, personiel yn tsjinst en in betelle bestjoer kin gewoan en de winst moat wol nei in doel ta, mar dat is in minor detail.

Ek binne bestjoersleden fan stichtingen, om’t in stichting in rjochtspersoan is, net persoanlik oanspraaklik foar tekoarten. Der kin gjin beslach op har priveefermogen lein wurde om de skulden út te beteljen, of it moat al sa wêze dat de stichtingen net ynskreaun binne by de Keamer fan Keaphannel—dus gjin stichtingen binne—of malafide hannele hawwe. As der gjin wanbelied wie/is/komt, is de útspraak fan Wal & Dal dat de stichtingsbestjoerders fan de fiif grutte kulturele haadstêdprojekten in finansjeel risiko rinne as de kaartferkeap ôffalt, ûnwier.

Hoe’t dat kin sizze de media net, mar de teoretyske mooglikheden foar it kommunisearjen fan in ûnwiere útspraak binne fluch útput. Of Wal & Dal fersint him by ûngelok (i.e. liedt út de premissen alle stichtingsbestjoerders binne net-persoanlik-oanspraaklik en wy binne stichtingsbestjoerders ôf wy binne persoanlik oanspraaklik), of hy is doelberet út op bedroch (i.e. liicht), of hy seit wat elkenien seit (sofisme, i.e. wierheid is mar in ôfspraak). En sjoch hoe maklik jo út de skjinne logika, dêr’t in bewearing wier of ûnwier wêze kin, by oardielen bedarje dy’t mear of minder korrespondearje mei de werklikheid:

Bij 80 % van de events zijn, gelet op de fase waarin het betreffende event nu zit, geen materiele risico’s geconstateerd. Bij 20% van de events zitten nog aandachtspunten op het gebied van productie en/of financiering die momenteel onderzocht worden. … 91 % van de benodigde financiering is per 30 september 2016 zeker gesteld.Stichting Kulturele Haadstêd 2018, ‘Eenmeting Evaluatie & monitoring Leeuwarden/Fryslân 2018 en Voortgangsrapportage derde kwartaal 2016 van de stichting Kulturele Haadstêd 2018’, Provinsje Fryslân, 7 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=16&fileid=6328&f=f29c264ee22d584d67e983dbfa963efe&attachment=1&c=3430> [krigen 26 april 2017].x

Dêr ha jo ûnwierheid op it mêd fan de net-sa-skjinne etyk, dêr giet it oer de rjochtfeardige maatskippij; dêr moat de elite, en seker de liberale elite dy’t net lykas in tiran sels wol útmakket wat wier en rjochtfeardich is, de ivoaren Blokhúspoarte útkomme om oan “bottom-up” te ferklearjen hoe it sit. Mar dat barde net. Bonnema gie wer sitten en struts syn strik glêd. It bleau by logika. Der wie ek in lakreden, in definysjebetizing. “Het gaat er niet om dat we geld willen. We willen een garantiefonds voor het geval de kaartverkoop erg tegenvalt.”Patrick van’t Haar, ‘Vrees voor afblazen voorstellingen LF2018’, Friesch Dagblad, 25 april 2017, 3. De definysje fan garânsjefûns is lykwols ‘in bedrach oan jild’.“A sum of money pledged as a contingent indemnity for loss.” ‘guarantee fund’, Def.1, Oxford Dictionaries, 2017 <https://en.oxforddictionaries.com/definition/guarantee_fund> [krigen 26 april 2017]. ‘Garânsjefûns’ bestiet net yn it Frysk: “Your search - garânsjefûns wft - did not match any documents”, Google search, 26 april 2017, 9:48 PM <https://www.google.com/>. Mar foar bedroch mist it bewiis—benammen om’t dêr net om socht is. Yndie wie de need heech. Hoe’t de kaarten ferkocht wurde moasten yn it gefal dat de kaartferkeap net ôffoel, wist ommers net ien.

Stel jo moatte withoefolle kaarten ferkeapje. Stel dat it net giet om in kaartsje foar de bus dêr’t jo net sûnder kinne as jo in reis meitsje wolle. Stel ek dat dy reis net nei ien of oare ferplichting ta is mar foar de tagong ta in kulturele aktiviteit, dus eat sûnder in spoar fan needsaak, dêr’t de kaartkeaper boppedat net fan wit wat er der foar weromkrijt, want miskien is dêr wol gjin klap oan kultuer—hoe motivearje jo dan jo potinsjele kaartkeaper? Gelokkich is dêr sa’n enoarm soad ûndersyk nei dien dat de siel fan de kaartkeaper tsjintwurdich in iepen boek is. De âlde quick and dirty tips dominearje noch. Under oaren moat de lokaasje net te fier fuort wêze want minsken keapje krekt in kaartsje as se by it kulturele barren komme kinne. In ringlieding foar dôven is nedich, want algemiene tagonklikens easket fasiliteiten foar minsken mei in hendikep. Tagong foar alle minsken, likefolle wat har bestegings­krêft is, needsaket ta beskikberens fan fergese en redusearre taryfkaartsjes. Dy fergese kaartsjes moatte dan net allinne troch de oerheid finansiere wurde yn rike tiden, sa’t dat barde yn Nederlân, mar foar it juste effekt ek as it folk earmer wurdt.Koen van Eijck, ‘Volatile art audiences’, Economists Talk Art <https://economiststalkart.org/2016/10/25/volatile-art-audiences/#more-745> [krigen 26 april 2017].

Fan de neoliberale jierren njoggentich ôf binne der nije winsken kommen, mei nije ynsjoggen. It belied lei hieltyd swierdere klam op de belutsenens fan it grutte publyk by de kultuer, wylst de kultuer­oanbieders yn in nije frije merksituaasje kommen wiene en fochten om it publyk. De kulturele haadstêdprojekten bekonkurrearje inoar om marketingomtinken, seit kulturele haadstêd-artistyk direkteur Bertels as kin soks net oars; de marketingbudzjetten binne sadanich dat der offers oan ’e foarstelling brocht wurde moatte, seit Wallendal, as heart dat der no iensris by;Irene Overduin, ‘Culturele Hoofdstad verbijt de geldpijn’, Leeuwarder Courant, 29 april 2017 <http://www.lc.nl/economie/Culturele-Hoofdstad-verbijt-de-geldpijn-22174972.html> [krigen 29 april 2017]. “Leeuwarden 2018 kent winnaars en verliezers” relativearret de Ljouwerter Krante, as wie it de gewoanste saak fan ’e wrâld dat kultuer in wedstriidmodel ken,Kirsten van Santen, ‘Geen geld: Lemster Leeuwarden 2018-project gestaakt’, Leeuwarder Courant, 5 maaie 2017 <http://www.lc.nl/cultuur/Geen-geld-Lemster-Leeuwarden-2018-project-gestaakt-22188172.html> [krigen 5 maaie 2017]. om’t ommers de wearde fan risikonimmen yn it hert fan de neoliberale ideology leit,Belinda Wheaton, The cultural politics of lifestyle sports (Abingdon, UK / New York 2013) 4-5. mei winst en ferlies—en giet it om nasjonale tsjinsten dan krije bedriuwen de winst en de steat hâldt it risiko.Tony Judt, Ill fares the land (New York ensf. 2010). Nei’t de gemeente Ljouwert al in garânsjefûns tasein hie (Friesch Dagblad, 26 april 2017) frege Provinsjale Steatelid Margeet Mulder oan DS wat de mooglikheden foar in (ekstra) garânsjefûns fan de provinsje binne, om't de oragnisatoaren fan de fiif grutte KH projekten bang binne foar finansjele risiko's as de kaartferkeap ôffalt (‘D66 vraagt om Fries cultuurgarantiefonds’, Friesch Dagblad, 1 maaie 2017, 21). Hawar, kosten hiene altyd al in grut obstakel yn kultuer­dielnimmen west en no waard de kaartpriis de alder­gefoelichste faktor. Dêrom moasten alle omballingen om kaartferkeap hinne, lykas taslach op bestellingen, weihelle wurde, de kaart moast oanskaft wurde kinne mei in knip fan ’e fingers. Tagelyk woene kultuer­oanbieders har kaartkeaper net ferlieze oan ’e konkurrint en om kaartkeapers oan har te binen diene se war om de single ticket buyers te ferfangen troch subscriptions, seisoenskaarten ensafuorthinne.Louise K. Stevens, Cross cutting themes and findings: A brief summary of the “Shared Wisdom Meeting”, sponsored by the Durham Arts Council (Bozeman, MT: ArtsMarket Consulting, 1998).

As jo no op de kulturele haadstêdwebside binne falt it op dat nettsjinsteande de útskroeven reklame de kaartferkeapprioriteit leech is. It bekende winkelkarikoantsje mist: jo kinne neat keapje. Mar as jo op it kulturele haadstêdprojekt fan Opera Spanga klikke, komme jo by in link nei kaartferkeap foar in Opera Spanga­foarstelling. Klikke jo dêrop dan arrivearje jo op ’e side fan Opera Spanga; dan ha jo de kulturele haadstêdwebside ferlitten, dy’t behalven Opera Spanga ek alle oare projekten oanbiedt. Dat lêste, clicking away, wol de kulturele haadstêdorganisaasje net mear. Potinsjele kaartkeapers meie net mear fuortsurve om miskien nea wer werom te kommen. Ienris op de side moatte se stevich fêstholden wurde en ûnderweis nei de kassa by alle oare oantreklik útstalde kaarteboel lâns laat, om se oer te heljen ta in bulkoankeap. Ultratop slûmslim sakedwaan IKEA mikt dúdlik net op kwaliteit—en likemin op mienskip, sa lit it hege IKEA-relatearre houlikskonflikt­sifer sjenCorinne Purtill, ‘Why Ikea causes so much relationship tension’, The Atlantic, 20 septimber 2015 <https://www.theatlantic.com/business/archive/2015/09/ikea-furniture-fighting-couples-trust/406267/> [krigen 26 april 2017].—mar syn sekuer orkestrearre customer flow troch in totalitêr oandwaand doalhofûntwerp hinne makket dat sechstich persint fan de oankeapen fan de klant net op dy syn boadskiplist stiet en klanten binne der ek faak net bliid mei, mar se komme dochs werom.Alan Penn, ‘Who enjoys shopping in IKEA?’, UCL Lunch Hour Lectures, 18 jannewaris 2011, Youtube, 19 jannewaris 2011 <https://www.youtube.com/watch?v=NkePRXxH9D4> [krigen 26 april 2017]. Dat wol de kulturele haadstêd ek.

Litte wy wol wêze: dat wol elke kulturele haadstêd. De Europeeske Kommisje, de tawizer fan kulturele haadstêden, is sljocht op kommersjalisearring fan kultuer,Greg Richards, ‘Introduction: Culture and tourism in Europe’, yn: Greg Richards (red.), Cultural tourism in Europe (Wallingford 1996) 8-20, 19, ek te finen op <http://www.tram-research.com/cultural_tourism_in_europe.PDF> [krigen 26 april 2017]. dus dy hat al lang lyn foar alle kulturele haadstêden in e-ticket service-systeem foar tillefoantapassing meitsje litten—nee, grapke, ha se net. Dêrom hat de kulturele haadstêdorganisaasje foar de kaartferkeap in bedriuw kontraktearre—“út Amsterdam” set de krante der warskôgjend byPatrick van ’t Haar, ‘Verkoopsysteem maakt LF2018 duurder’, Friesch Dagblad, 26 april 2017, 1.—dat in systeem ûntwikkele hat dat in kaartkeaper tagelyk kaartsjes ferkeapje kin foar ferskate evenemintenten. Dat kostet in miljoen euro. In gaadlik kaartferkeapsysteem kin ek foar op syn heechst in ton, yn bytsje minder avansearre, dat is sa, mar wêrom moat it sa ferfine as it doel is dat minsken de kaartsjes keapje, net hoe’t se dat dogge. Dy fraach is ûnbeändere bleaun om’t it wichtiger fraachstik, wêr hellet de kulturele haadstêdorganisaasje dy miljoen wei, al oplost is. De kosten fan it kaartferkeapsysteem wurde trochberekkene yn it kaartsje.Patrick van ’t Haar, ‘Verkoopsysteem maakt LF2018 duurder’, Friesch Dagblad, 26 april 2017, 1.

Dat argumintearjen, krekt dy redenaasje jildt yn de logika as typyksje redenearflater fan de sirkelredenearring, petitio principii, om’t de sprekker dat wat bewiisd wurde moat as bewiis brûkt. Want hoe sil de kulturele haadstêd dy kaartsjes ferkeapje?

Utsein in ruilsysteem kaart foar jild—bygelyks troch de wei fan 4 fte administratyf personiel dat de ruil ôfhannelet, wat foar ien jier op krekt wat mear as in ton komt (rekkenje it mar nei, Bonnema) en goed is foar de wurkgelegenheid yn Ljouwert—ha jo nammentlik by sa’n ruil ek ferlet fan… kaartkeapers. Mar de kaartferkeap kin wol ris ôffalle, sizze Wallendal en de oare fjouwer bestjoerders fan de haadeveneminten. Wallendal komt út it betelle fuotbal en der is gjin reden om oan syn outdoor event risk management te twiveljen. In taslach op de kaartferkeap, wat oan klantside delkomt op in djoerder kaatsje, is negative faktor; it makket de kâns grutter dat de kaartferkeapers weibliuwe.

Al mei “bottom-up” bliid wêze mei it eksplisite risiko­management fan Wallendal, wy ha gjin idee wat der no feitlik bart. Dat komt faaks ek om’t it risiko fan risikomanagement is dat al it omtinken foar wêr’t gjin kontrôle oer is it idee jout dat it projekt ien kleaun risiko’s is. Gjinien doart dan noch in stap te setten, paralysis by analysis neamd, en elk bout syn eigen skynwissens yn.Peter Markensteijn, ‘Risico’s en projectmatig werken’, Leiderschap en Management <http://www.markensteijn.com/index.php/98-het-pm3-model/270-risico-s-en-projectmatig-werken> [krigen 26 april 2017]. Want de wissens fan de miljoen dy’t himsels werombetellet bestiet derút dat de kulturele haadstêd in ekstra risiko, fan noch mindere kaartferkeap, op de begrutting fan ’e projekten set, benammen fan de haadprojekten.

Mar dy kinne, op har bar, yn it omsetten fan ûnwissens nei wissens—want dat is wat risikomanagement is—foar dat ekstra risiko net in bedrach budzjetearje as post “ûnfoarsjoen.” Ommers it risiko is tige foarsjoen. Om deselde reden kinne de projekt­stichtingen net in fersekering ôfslute tsjin minne kaartferkeap. Sels as der al in fersekering te finen is dy’t net alinne ferliezen fergoedet fan cancellation, ôfsizzen fan ’e event as gefolch fan lege opkomst, mar ek fersekeret tsjin lege opkomst as sadanich, dan beskermet sa’n fersekering dochs inkeld mar tsjin in lege opkomst as dy in act of god is. Hjir giet it om in act of stichting Kulturele Haadstêd, eat dêr’t in fersekeringsbedriuw fan sizze sil dat dat type risiko gewoan op de aksjelist fan de projekt­organisaasjes stean moat, dat it net om in bedrach jild giet mar om in ding dat deagewoan freget om in behearskmaatregel, om’t kulturele haadstêdmeneuvers wis wol ûnder de kontrôle fan Wallendal en de oare bestjoerders steane.

Jo krije it idee dat de gemeente Ljouwert wol better wist en dêrom gau in garânsjefûns byinoar swilet. As gefolch fan dy dekking hoege de grutte kulturele haadstêdprojekten aansen gjin kaart mear te ferkeapjen. Dogge se dat yndie net, dan hat de kulturele haadstêd gjin jild om it kaartferkeapsysteem te keapjen: dan kinne se net iens in kaart ferkeapje. Mar de najonale ferûntweardiging, no mei in oanfal op de “benepen Friezen” yn it NRC, giet oer net-kaartferkeapbûne kulturele haadstêdprojekten, oer fergese dingen dy’t likegoed gjinien ha wol.Joyce Roodnat, ‘Benepen Friezen en de 11 fontijnen’, NRC Handelsblad, 27 april 2017, CS, 4. Kaartferkeap, och, wa wol dêr no gedoente mei ha.