image keunstners

Keunstners?

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3.18, 12 novimber 2017

Yn Fryslân is elkenien in dichter,” is in húsrieme skimp fan ús mem. Elk gedicht is keunstich. Foarsmiten dat it misbrûk fan it wurd keunst begjint op skoalle, dêr’t se by it fingerfervjen leare dat se allegearre keunstners binne om’t trening fan elkenien in keunstsjeny makket, wylst keunst ferlet hat fan mear as dat—it jout neat. Makket net út dat Joseph Beuys, dy’t graach oanhelle wurdt as autoriteit op it mêd fan ’e egale en royale sprieding fan keunstsin oer it minskdom, mei syn “Elkenien is in keunstner” útlei dat de minske in kreatyf wêzen is, in skepper, dy’t produktyf wêze kin op alderhanne manieren; en dat er alhiel net bedoelde: elkenien is in Shakespeare. Yn it ‘elkenien in keunstner’-ramt sjocht men alle foarmen fan rangoarder as groulik elitêr. Boppedat is yn it kommersjele ramt foar alles in merk.

Dat sûnder watfoar hifking of seleksje ek keunstners in keunstnersdoarp bouwe mochten fan kulturele haadstêdsinten wie dêrom net ûnferwacht. Omrop Fryslân berjochte oardel jier lyn sjarmant nayf dat it “keunstnersdoarp” lang net klear, mar de Kulturele Haadstêd-stimulearringssubsydzje “no op” is, wêr’t de “ferskate kreative tinkers” dy’t “mei de hân” “huzen en hokjes” bouwe har “dochs” “gjin “soargen oer” meitsje, want se “hoopje mei frijwilligers en jeften yn natura it doarp ôf te bouwen.”

In keunstner is immen dy’t in goed part fan syn libben yn syn atelier keunst oan it meitsjen is mei it doel dat te fersprieden en der eventueel in ynkommen út te heljen en dy’t, as keunstner, himsels ferienet yn keunstners(belange)kriten en yn ’e beneaming komt foar keunstnersregelingen, mei it each op it skeppen fan keunst, dus fan eat dat de keunstner op ’e lever hat en dat er utere ha wol, dêr’t de fraach oft it gaadlik, winstjaand, trendy of ‘moai’ is gjin rol by spilet. Gearfetsjend is keunstner in berop.

Ek is keunstner in sosjale kategory, lykas dokter. Sosjale kategoryen stjoere it sosjale oardiel. Dêrom is op Instagram elkenien in keunstner. Mar al fier foar’t de sosjale media kamen wiene minsken leaver keunstner as dat se it swijend of lûdop sosjaal feroardiele, beskamsume ‘neat’ wiene. Yn de jierren tachtich gie ús organisaasje fan de Iepen Atelierrûte fan it wyksintrum út. De âlde folkswyk waard fernijd, dus útinoar skuord, it opbouwurk bloeide en de wurkleazens wie heech. Us opdracht wie om net strang te hifkjen: “If I had no job—if I had become an “artist”—I could sit all day in a café, as I’m doing now.” Wy redenearren dat it útsluten fan de sosjale gefallen de wearde fan de keunst fan de keunstners ek net heger meitsje soe—wat myn boarmankeunstner Aat Veldhoen, dat wol sizze syn wiif, want dy die de saken, net oertsjûge om mei te dwaan—en wy hiene yn ús keunstrûte altyd in pear baanleaze, takomstleaze, faak ek hoopleaze sosjale ferliezers.

Hjoed binne atelierrûtes populêr by bekendere keunstners om’t hja har wurk ferkeapje kinne sûnder de fyftich persint kommisje foar de galery en by gemeentes om’t de rûtes it maatskiplik midden­fjild tsjinje soene. Mar wichtiger is dat de ‘aktive maatskippij’ de fersoargingssteat ferfong. Nettsjinsteande de withoefolle arbeidsmaatregels om ek de lang wurkleazen te aktivearjen is in groep oerbleaun dy’t se ûnaktivearber neame. It is deselde marzjinale groep as ús wannabe-keunstners doe: ferslaafden en mentaal siken. Aktyf binne hja wol, mar net by steat har aktiviteit oan te passen oan ’e hjoeddeiske noarm—fan betelle wurk—en, yn de eagen fan oerheden, min te regearjen. Yn alle OECD-lannen binne dêrom programma’s kommen foar it meitsjen fan marzjinale romtes foar de ûnmaatskipliken, sadat se dy dêr besykje kinne te beynfloedzjen ta sa normaal mooglik gedrach.

It wie dus likemin nijs dat Ljouwert, dat it ekstra probleem hat om foar in kreas 2018 elk dy’t net te yntegrearjen is te kamû­flearjen, takom jier yn it fallite en ûnfolsleine keunstnersdoarp in keunstrûte—“bezoekers al wandelend een expositie”—ha sil. In earder keunstnersfrijplak as Ruigoord, dêr’t de keunstners prinsipjeel fierstente spaced out bleauwen om meitsje te kinnen wat de mainstreamkultuer as keunst seach, is no in festival- en konsertplak; foar de oerheid de muoite wurdich om de ekonomy derefter, nammentlik de belestingwinst. Sa’n brûzjend doarp advertearret Ljouwert no ek, mei in “bar en podium, rechtsonder de vuurplaats”, en in slum tour by as ûntregele types sketste “creatievelingen”.

Mar krekt oarsom as “moet niets, mag alles” is sa’n keunstdoarp as marzjinale romte just gjin plak fan frijheid, mar ien fan normalisearring en neoliberale bestjoerlikheid, sis mar gerêst: fan eksploitaasje.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15