image

Poëzy

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 6.1, 16 febrewaris 2020

  ➰➰

Limoenen is min oan te kommen en wy minge de rum mei wetter mar it is goed sa! de irisearjend lila loft boppe de reade grûn fan Srinagar dêr’t syn Joanna Lumley yn in femme fatale-wale lekker hazzefleis sean yn sider yt as always larger than life en hy mar gnize, in bytsje tipsy.

      Gelearden dogge earne al jierrenlang ûndersyk nei in wearwolf oan ’e keatling wilens oerlibjend op nescafé en brea mei ljirre en sjoch ús no! de hûn sliepend op it fuottenein alfêst bondele yn bêdlinnen.

      As er triennen fan de hik hat sprinkelje ik sâlt by syn drompels lâns om asjeblyft net anneks mei de rottige poltergeist dy’t hjir aanst it glêsguod oan gruzeleminten slacht en faaks ferset ik, hast floeipapier, syn teefee foar’t de gieren de deaden útraffelje.

*

Longerje net. Klibje net. Lit myn earblib gean ommers gjin slak sil oan dy frette sasto rûkst nei kamfer op de efterbank mei de ekstra kessens yn ’e flanken sûzje ik de ruten omdel dan kin it trienspoar út dyn eachhoek sige foar’t skielk de grinspost komt dêr’t ik dy mucha mierda winskje sil en dan dyn wite kraachboard yn it tsjuster flitsen sjen as ûntbleate hûnetosken en letter ferfarskje ik it blommewetter.

*

Guozzedûnzen mantelke en in kwastfol ferve prommemûltsje foar de schwung of tsjin it op ’e lippen biten hjir oan de lofterflank fan it terras ha wy no al wat roaze poeierpofkewolkjes boppe ús amuletten it jakkerjende lûd fan molkopskomjen dat ynienen ho. Gjin minske seit in wurd.

      Ik hie oant koartlyn in maat dy getten se fol mei aromatyske oaljes lykas fan de eukalyptusbeam en skodden him sadat er lichtûntflamber waard.

      Mar wa wit hat de riger by him thús net wilens alle fisk opfretten en soest dat dan yn dyn deiboek sette lykas Anaïs Nin of silst dat litte sa kwasy nippe fan dyn okergiele chai latte en fan de ecstasy bekomme mei belvista op ’e koloniale rôfbút en de fierste lekkere ober.

image

  ➰➰

Makriel is begûn te ferskinen yn ’e ril ha de jonges by de bedieling sein wylst ik al wiken blikjesiten en fantasearje yn ’e make-upspegel dus ik gryp myn fearkeslinen te seil op seefûgels dy’t altyd fan in iezing slikje mei it ûngeduld fan famkes.

      Mar gjin byt! streamop de oare pier sa bleekbrún troch it sesium foarby it fjild fol readwytlinten dat streupers mei port en sjem ferbiedt no sjoch dêr it wetter sieden en hûnderten fisken springe it brutsen brûs oer har beteutere snuten hinne.

      Och net wer omdôch beswar ik mei spijen op ’e rubbersoalen: toe dat se ropsk as bulldogs bite ja lit my elk sneinsmiel by de jonges swetse oer in fluwielen bêd fan it djipste blau mei in fette moanne dy’t as in rôfbist krôlet op myn fliering.

*

As wy wekker wurde hast noch de paublauwe maxfactor fan juster woest inkeld hanwaskje mei dettol en lûd tanti auguri joelje fan de stoel op it balkon ôf kinst samar sjen hoe’t it skip etteret al yn ús binnenwetter:- mon dieu wat in flau grapke:- in sekonde klaut it syn kloeren oer dyn jierdeisjurkje en hjoed fuorje wy ús sidewjirms pop hear se smûzen fan har moerbeiblêd.

*

Ik haw mysels ta grafeur drild sadat ik ús kust yn sinkplaat etse kin mei in nonsjalant lyntsje om’t gjin passant fansels blanko plakken wol dêrt’t ik nei de sykte net weagje te ferkennen hoe’t de boeien of beakens lizze neist de lossleine arsearringen fan weisonken perikels.

      (Us heit dêr is it brânskjinne neiletype en ien dy’t de bûterfloat kersrjocht manûvrearret op it rútsjestaffelswilk wylst myn mem nettsjinsteande aardich minder romte foaryn ’e noazen fan har spitzen my fleurich leart sabeare klear te kommen en ús skipwrak op te fikjen.)

      Myn útpost op ’e kaap yn ’e rein of wiete snie as in oerfersêde heliografuere stean wy stjonkendryk hoera te balten mei de earms wiid sa blier mei petroalje oant oaremoarn wuolje ik myn skonken om dyn mul dan draaisto pirûetten mei de holle yn ’e nekke nei ús giele karantêneflach.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15