image loaiingea

Essee

Loaiingea

I. De kwestje fan de lanskipbeskriuwing

Friduwih Riemersma - Fers2 3.20, 10 desimber 2017

De unferwacht kalde, wiete maartwyn liet amper ta om op fuotten it alderearste paad fan myn libben del te gean. De eartiids foar in part behurde reed wie no in read asfaltpaad, in út de toan fallend aksint tusken sleat en greiden. Op it lêste hiem einige it paad yn in brede, rûnrinnende, út de romantyske literatuer bekende rikeljusoprit, lykas dy út Pride and prejudice, by de lúksjeuze pyldergong lâns dêr’t steefêst it ûnoandiene moanneljocht op rêste, dêr’t it fjouwerspan hynders mei reau kreakjend keare koe om it fonteinkletterjen hinne. Mar hjir stiene inkeld keale reinplassen. Dit wie net in boek mar myn berteplak. Us keuken wie in gonkje wurden. Us ienris ûnmjitlike hûs wie no it tillevyzjehoal yn de sudwestwjuk fan de nij oanboude went. Yn it bedstee dêr’t ik berne bin bewarren de nije bewenners har dvd-boel. It wie hiel stil. Der strúnden gjin keallen en hokkelingen mear foar ús ruten lâns. De fûgels wiene fuortflein of hiene har betiid deljûn. De wylgen oan de râne fan ús blikke wiene net uzes, sei ik. Dat strykt, sei in nije bewenner, se wiene harres.

Wy ferhuzen doe’t ik trijeënheal wie. Op dy âldens binne de harsenstruktueren foar it opslaan fan oantinkens noch net klear. Mar twa foarfallen út Loaiïngea bleaune frij helder bewarre. Op in dei mei skerpe skaden en in stoffige, swietige striker kaam myn nicht Gryt oer ús reed oanrinnen, sûnder in spoar fan fertriet of skamte, mei yn har wrede bleate earmen in pop mei in grut gat yn ’e holle. In oare kear rûnen myn broer en ik moarns nei bûten foar ús deistich boartsjen. Wêr’t altyd ús hiem lein hie stie no in ûnmjitlike plasse wetter.

Letter soe ik witte dat it it hege wetter wie fan novimber of desimber 1965. De identifisearberheid fan de oarsaak—in soad rein foel nei fluch teiwaar dat op syn bar kaam nei betide froast, yn kombinaasje mei de djippe lizzing fan midden Fryslân dat dêrtroch faak de fergearbak foarme fan de heger lizzende klaaigebieten yn it westen en it sân yn it easten, plus it feit dat inkeld in lege Noardsee-wetterstân goed ôfwetterjen mooglik makke—suggerearre kontrôle. Eartiids wie frisse lucht it adagium fan it grutbringen fan de bern. Mar ynienen koe ús mem út ús foardoar nei de waskline stowe en ús dan ûnderweis werom oan ús kapúsjontsjes mei rame: “Kom jonges, it reint!” De natuer fersteurde de fatsoenlike rin fan it libben.

Ein achttjinde ieu seach men, fan in smelle opfetting fan natuer út, bergen, stjerren, planten en bisten as ûnderwerpen foar natuerwittenskip. It moderne toerisme wie der noch mar krekt. As achttjinde-ieuske neoklassisisten dichters oanbefellen om de natuer te folgjen bedoelden hja de omfiemjende wetten en oarder, it systeem fan de dingen of de minsklike natuer. Hiel spesifyk waard bygelyks Hieronymus van Alphen net yn de natuerbeskriuwing, want it gie om de morele allegoaryske ferbylding fan natuer as oarder en harmony fan it universum, jûn troch god sadat it de wize lêzer deugd die dêrneffens te libjen: “Daar rijst het tintlend sterrenheir! / En de aarde zwijgt verbaasd.” De neoklassisisten doelden wis net op it opsykjen fan de natuer bûtendoar. Bergen, oseanen en rivieren waarden feroardiele as in ôfwiking fan de oarder, dus yn striid mei de sivilisearre libbenswannel en foar de reizger dy’t der oer hinne moast in earnstige behindering.

Wat Fryslân no natuer neamt is feitlik kultivearre lânskiplikens. Foar de natuer dy’t dy lânskiplikens oerbrêgje moat, foarmet de kultuer in earnstige, faak fatale behindering. Mar dat is net in idee dêr’t in soad literêre tsjûgenis fan is. Twa moanne nei myn reis nei Loaiïngea en himelsbreed tweintich kilometer fierder waard in lanlik lizzend, driuwend literêr atelier dat Fryske literators fan in natuerferiening ta har foldwaan krije, konfrontearre mei natuer dy’t hieltyd mear de Fryske kultuer oerlibbet. Stienmurden binne typysk solitêr libjende, nachtaktive omnivoarkes fan fjirtich sintimeter, poerbêste swimmers, net langer bedrige mar wol beskerme. Se meie net ferjage wurde of fongen en op in oar plak útset. Al binne se maklik tam te krijen en holden de âlde Griken en Romeinen se as húspoes, it is ferbean se te ferhanneljen as oankrûpdier. Ien sa’n murd hold ta ûnder it atelier, as in beskerme dus ûnbehearsber stikje natuer. In literator flechte fuort. In oarenien sloech literêr alarm. Der wie sprake fan ‘terreur fan in stienmarter’, ‘oanslaggen’ en ‘sabotaazje fan de literatuer’. Mails soene stjoerd wurde, tillefoanpetearen fierd en gearkomsten belein: it kristlike skriuwerslibben like folslein út de foegen skuord.

It logboek op dat atelier befette ien bydrage dy’t net fan in Fryske literator wie mar fan twa biologen. Opmerklik wie dat it stik folle better skreaun wie as de oare. Faaks fielden de biologen har mear op har plak, sosjaal likegoed as fysyk. Hja beskreaune de murd op in moreel neutrale manier en de natuer as natuer ynstee fan lânskip. Lânskip is net alinne de wrâld dy’t wy sjogge, yn de sin fan de opbringst fan ús waarnimmen. Lânskip is ek in manier om de wrâld te sjen; it is in komposysje en in sosjale konstruksje en altyd symboalysk en ideologysk. Lânskip is tagelyk dat wat wy belibje as werklikheid en byld: it is in taastber, fysyk medium fan sosjaal libben en in kulturele represintaasje. Yn de Fryske literatuer tsjinnet yn it algemien it lânskip as ‘scenery’. Oarspronklik wie dat in praktysk teaterding, nammentlik in toanielôfbylding fan natuer. Letter rekke it fan tapassing op de fysike natuer sels en betsjutte ‘dramatysk’ of ‘teatraal’. ‘Scenery’ sit no earne tusken natuer en lânskip yn en is net langer samar in efterdoek.

Yn de saneamde Fryske boereroman, lykas dy fan Reinder Brolsma, stiet it plattelân as de topos fan lottering of moraal tsjinoar de stêd. Yn dy presintaasje klinke de ûnskuld fan de natuer en it korrumpearjen fan de maatskippij troch, as in echo fan de superfilosoof fan de romantyk, Rousseau. Sadwaande liket de natuerbeskriuwing fan de boereroman realistysk, mar dy is altyd kleurre. It doel is etysk of religieus, lykas fan de ideële midsieuske lânskippen; yn it kwasi-mytologyske ideaal fan lanlike superioriteit springe de restaurative langsten yn ’t each. De like lowbrow en populêre—karaktertistyk foar mytology—gedichten fan Obe Postma beskriuwe syn gea ek net om it gea sels. Postma’s gea wjerspegelet in ymmanente ûnderfining fan ivichheid. As der yn it neioarlochske Fryske proaza al lânskip beskreaun waard foarme dat meastal net mear as in ûnferskillige eftergrûn foar it eksistearjen fan de ienling. Dat makket Abe de Vries syn dichtbondel Fangst fan de demoandolfyn frij unyk yn it tematisearjen fan it lânskip as subjekt, dus lânskip as himsels kreëarjend en útsprekkend.

Sa ienfâldich as it liket om werom te gean en te beskriuwen wat it lânskip jin skept en seit, sa ûnmooglik wie it my. In sentimental journey koe myn reis nei Loaiïngea perfoarst net wurde. Oft literêre sentimintaliteit no ferwiist nei oerdreaune sympaty fan de lêzer, troch in ûnrealistyske of betiisde ferbylding fan it ûnderwerp, of nei it begeunstigjen fan it gefoel boppe de rede, as reaksje op it strange rasjonalisme fan it neoklassisisme—it gefoel dat ik tocht dat it bernetiid-lânskip oproppe soe, wie der net. It lûd fan de klokkestoel fan Loaiïngea kin ik my helder te binne bringe. Mar it seit my minder as it dimmene lieden fan de Noardertsjerkeklokken flak efter my: it is njoggen oere, de stêd iepenet syn kantoaren en winkels. No is sentimint organisearre gefoel. Oars as emoasjes dy’t ynstinktyf en persoanlik binne en útlokke wurde troch situasjonele sinjalen en fysiologyske responsen, is sentimint heechst sosjalisearre. Om’t in trijejierrich bern noch gjin idee hat fan lijen, dea en tiid koene de Loaiïngeaster klokken gjin objektyf-korrelaat fan fergonklikheid foarmje. Mar dy ferklearring rôp fuortendaliks de fraach op wêr’t de persoanlike emoasje dan bleau dy’t it sentimint, bygelyks dy fan fergonklikheid, as sosjaal oanlearde mentale hâlding fuortbringe moast.

It idee dat lânskip emoasje oerbringt komt benammen út de Romantyk. Krekt de njoggentjinde ieu lit dúdlik literêre delslach sjen fan leafde foar de natuer. De romantisy kearden har ôf fan de symboalyske ferbylding fan natuer as ivige oarder fan de skepping en allyksa fan de achttjinde ieuske pittoreske beskriuwing fan lanskip as dekor. Yn de direkte, realistyske ferbylding fan it natuerlike lânskip fûnen hja de ekspresje fan har emoasjes. Mar wat it meganisme fan dy oerdracht fan emoasje wie, dêr is de romantyk nochal dizich oer. Filosoof Edmund Burke seit dat in grut en súblym objekt út de natuer de geast sa kompleet follet mei fernuvering dat der gjin plak oerbliuwt foar oare saken en ek net foar de rede. Yn dy wat naïve volume-opfetting fan de geast giet waarnimming fan de natuer foarôf oan emoasje. Natuer is dus gjin fehikel fan gefoel, mar in boarne.

Dat slút oan by it moderne idee dat bern in spesjale bân oangeane mei har primal landscape. Elk letter lânskip sil ferlike wurde mei wat in bern as earste lânskip seach en, wichtiger, dat lânskip sil altyd in spesjaal gefoel oproppe. Dat ‘gefoel fan plak’ soe in eigenskip fan it lânskip wêze; as sadanich soe it los stean fan de minsklike waarnimming en ynterpretaasje. Gefoel fan plak hat yn de wittenskiplike en populêre literatuer ymplisyt in hegere morele status as de plakleazens fan de net-woartele, migrearjende, ûngeduerige, romantyske minske. Gefoel fan plak soe gearhingje mei de belutsenens fan de individu, dy’t by it—net-migrearjende—bern yn syn bernetiid-lânskip garandearre is troch de spesjale bân. Op ’e poppeterreur en it spulbedjerrende wetter nei wiene al myn bylden fan Loaiïngea dizich en statysk. De ivige wyn lit de wask fleane en de griene ûnderkant fan it lânskip stjit stadich tsjin de skierwite boppekant oan. Dat byld riisde ris ynienen rjochts fan my op doe’t ik fan it Spui nei hûs fytste. Ik bin ôfstapt en haw de galery it skilderij út de etalaazje helje en ynpakke litten. It wie makke flakby Loaiïngea. It yn romme streken del smarde ekspressionis­tyske lânskip jout my ‘plak’ en in ‘gefoel fan’ dat Loaiïngea sels net docht. De bân is der. Ek de ûnderfining fan it sublime, pittoreske of estetyske is der—mar inkeld yn de represintaasje, net yn it lânskip sels. Lykas by Oscar Wildes Picture of Dorian Gray liket de foarstelling libben en it subjekt hedonistysk en leech.

De reis nei Loaiïngea liet sjen dat it sykjen fan fernijende manieren fan Fryske lânskipsbeskriuwing it dilemma net is. It kin fansels wêze dat de bewegingsfrijheid—de contradictio in terminis dy’t de Fryske kultuer it skerpst tekenet—beheind is. Ofwikingen fan keunstkonvinsjes rûnen yn de njoggentjinde ieu al it gefaar fan anneksearjen en bedimjen, as ‘minor romanticist’, ‘biedermeijer’ of oare standertbeskriuwing mei in oerflakkige, leechlizzende kwalifikaasje. Hoewol’t keunst, as manifestaasje fan ûnútputlike fariaasje, ferlet hat fan konvinsje likegoed as ôfwiken dêrfan, is der no noch net in soad romte tusken de klassyk-moderne lânskip­beskriuwing dy’t, op Franske wize, inkeld it dekor foarmet foar it opgroeiende yndividu, en de konvinsjoneel-kristlike beskriuwing fan lânskip as ferlieding en libbensstriid, of de konservative midden­klasse­metafoar fan lânskip as earlikheid en ûnskuld. Dêrbûten lizze de klisjees fan de opportunistysk rjochtse beskriuwing fan it leaflike, ekonomyske lânskip sûnder ferline en konsekwinsjes en de loftse beskriuwing fan it lânskip as de oantaasting fan in weardich en etysk libben fan de ûnder de foet rûne ynheemske bewenner, troch de ynvaazje fan ymperialisme, kolonialisme en yndustrialisearring. En last but not least komme fan boppen ôf de konvinsjes, opfettingen, ensafuorthinne fan wat wol en net kin yn de Fryske lân­kipsbeskriuwing en hoe’t lânskip bydraacht oan de wier-Fryske stimming, kontekst of tema. Mar al dy literêre obstakels komme net needsaaklik in nije beskriuwing fan lânskip tefoaren.

It begjint by it lânskip, seit Burke, om krekt te wêzen it natuerlike lânskip, de ‘scenery’ dy’t it gefoel en de ekspresje oproppe. De nije bewenners fan myn hûs reizgje moarns nei Snits en hawwe eksoatyske strúkjes út in túnsintrum plante op it hiem, dêr’t earder ús lekkens en ruften leine te blikken yn it gers. Hja binne net bûn oan de grûn. Túnsintrums meitsje it lânskip der net natuerliker op yn de sin fan troch de ieuwen hinne organysk groeid tusken de oare organismen of funksjoneel woartele yn de besteans­situaasje. Mar in bytsje partikuliere keunstmjittigens is gewoanlik net it probleem as it giet om behâld fan de wyldlibbenhabitat en it tefoaren kommen fan losmakke, ûnpersoanlik, leech lânskip. Mear spontane bottom-up bemuoienis mei it lânskip soe krekt hiel wolkom wêze, tsjinoer de ûnbedamme Fryske frijheid dêr’t it provinsjebestjoer him mei op de asfaltisearring en dong­ynjektearring fan it lânskip smyt. Mar de bewenner fan Fryslân liket net yn dy termen oer lânskip te tinken. It kearn­probleem is it goed orkestrearre optwingen fan de belibbing fan it Fryske lânskip.

Lânskip is in krêftich symboal fan nasjonale kultuer. Ynearsten wie lânskip in ûnderdiel fan gods skepping en ek in territoarium binnen troch wetten fêstleine grinzen. Dat late ta de ûntjouwing fan in nasjonale identiteit dy’t stevich woartelet yn de grûn. Dy lânskip­identiteit soe tsjintwurdich yn problemen komme kinne, benammen dêr wêr’t feroaringen binne yn de patroanen fan lanlik lângebrûk, sadat de identiteit fan tradisjonele lanlike mienskippen bedrige liket. It idee fan bedriigde lânskipidentiteit is lykwols basearre op in persepsje fan romtlike identiteit as fysyk ferskynsel, wylst it, lykas by alle typen fan identiteit, yn werklikheid giet om in him altyd ûntjaande relaasje. De populêre opfetting fan nasjonale identiteit definiearre troch symboalyske plakken en spesjale lânskipssoarten is dus net abslút. De sosjale konsepsje fan nasjonale romte is dat lânskip­identiteit it resultaat is fan kommunikaasje en feroaret yn de tiid en ek dat it ferskillende betsjuttingen oannimt yn ferskate sosjale strata en groepen, ôfhinklik fan de kontekst fan it brûken fan it lânskip. Oars sein, lânskipidentiteiten binne net needsaaklik bûn oan watfoar konstatearre fysyk lanlik skaaimerk ek, der besteane alderhanne Fryske lânskipidentiteiten neistinoar en dat hat altyd sa west. En it folk wit dat ek bêst.

Dus as ‘de’ Fryske lânskipidentiteit, dy’t yn abslute sin net bestiet, problematisearre wurdt, fielt de ynwenner fan Fryslân him gjin eigner fan it probleem. Logysk. Mar mar al te maklik wurdt it objekt fan it (non-)probleem by it subjekt weiskuord. “Hoeveel geschiedenis heeft Fryslân nodig om Fryslân te zijn?” freget is krante-artikel, as gie it om in fysyk gebiet sûnder ynwenners. Foar de “nieuwkomer” yn Fryslân—dy’t net definiearre wurdt, mar dy’t eksplisyt gjin bewenner is en dus blykber wer foart giet; men neamt se ornaris ‘toeristen’—giet it artikel fierder, is de identiteitsopbou basearre op “experience” fan wetter en sport. Toeristyske reklame wie altyd in utering fan nasjonale lânskipidentiteit, mar by experience is it paad oarsom. Consumer experience, CX yn sales jargon, wie yn it âlde Rome al in marketingmiddel. Hûndert jier lyn kaam as yn lytse revolúsje de luxury experience mei it grutste lúkselineskip op ierde, Titanic, en de iepening fan it Ritz-Carlton Hotel dêr’t de stêf klaaid wie as it personiel fan de Ingelske adel, dus black & white tie, en mei de primeur fan priveebadkeamers en farske blommen op alle tafels. Wetter spile net tafallich in grutte rol: wetter is lúkse.

It ferskil tusken de CX fan doe en dy fan no is de automati­searring fan it CX-management, CXM, en dêrmei de fiergeande top-down kontrôle fan lânskipsbelibbing. Al desennia lyn is CXM oanwiisd as de takomst fan de sales industry. Bedriuwen dogge net oars as antisipearjen op en bewurkjen fan de mindset fan konsuminten. Fan harren Media & Industry Programs meitsje Experience Development Strategies diel út. Foar de experience moat der in experience seeker wêze, in ‘nijkommer’: “What do they desire in a holiday? They search for active engagement and participation and want to get involved with the day-to-day culture of local people and places. Therefore, the wider experience on offer at a destination is critical to its appeal for the Experience Seeker.” De kursiven binne fan my; de iennichste manier om it lokale lânskip de krityske brede befining offerje te litten is ommers om de ‘Frisian experience’ fan wetter en sport mei alle foarmen fan media-yndoktrinaasje en behavioral control op te lizzen oan ‘Fryslân’.

It is net dat ik fjouwerkant foar in lânskipsbelibbing bin dy’t talich en histoarysk is. Ik bin hielendal net bang dat de “Fryske taal syn posysje yn it kennisdomyn ferliest” as Fryslân net mear toeristysk ferhannele wurdt as “it lân fan Obe Postma”, mar as “Waadgebiet”, sa’t it krante-artikel ferûnderstelt. It is ek net dat ik gjin experience haw mei sport en wetter. Ik hâld fan silen en kin goed swimme. As achttjinjierrige sette ik my as frijwilliger yn foar de rêdingsbrigade yn Bergen oan See. Op in stuit wie in trettjin­jierrich famke tesiik. De âlden hawwe lang by de plysje sitten te wachtsjen. Doe’t wy jûns har famke noch net fine koene, giene se nei hûs yn Dútslân. Werom nei har strânhúske hie se gjin sin oan. Krekt de oare moarn fûnen myn kollega’s it liifke. Fansels hat de Fryske kulturele CXM gjin romte foar in lânskipbelibbing sa groulik as dizze, lykas de lânskipbelibbing fan de Fryske skriuwer gjin romte lit foar natuer ynklusyf murden. Mar elke tekentafel-experience stiet autentyk, persoanlik belibjen yn it paad. De Fryske beweging leit miskien de literêre frijheid fan mieningsutering oan bannen, mar de Fryske kultuerlieders de frijheid fan belibjen én fan tinken. Ommers it idee is dat lânskip belibbe wurde moat; de ‘nijkommer’ moat der net oer neitinke. As ik in synikus wie soe ik sizze: likemin as de âlden fan it Dútske famke.

Yndie stiet lânskip net los fan minsklike konfrontaasje. In antropomorf lânskip mei in ‘gefoel fan plak’ bestiet net. Lânskip moat waarnommen en ynterpretearre wurde om betsjutting te krijen. Mar belutsenens by it lânskip, troch refleksmjittige identifikaasje mei de bertegrûn, is, as soks al bestiet, gjin betingst. Tahâlden yn natuerlike omkriten is net moreel better as yn urbane, sa’t de Fryske CXM suggerearret. It jinsels delsetten is, fansels, ek net moreel better as reizgjen, noch is it hohâlden in betingst foar in ‘gefoel fan plak’. Yeats, waans gedichten altyd oer ‘gefoel fan plak’ gean, adoptearre it plak dêr’t er krekt letter kaam te wenjen al earder as syn spirituele lânskip. Gjin plak bestiet foar’t it minsklik omtinken krigen hat, dat wol sizze, opnommen is mei de iepen, yntelliginte fynfielichheid dy’t experience just net is. Experience fan it lânskip is nea spontaan, mar stjoerd troch snoade CXM. Experience is altyd, lykas alles wat de reklame ús foarhâldt, in yllúzje, faak fan lúkse en frijheid, dy’t ús belibjen homogenisearret. Experience giet foar it lânskip út; men is yn it lânskip om de hedonistyske—want fakânsje—belibbing dy’t men fan tefoaren socht. De fernuvering fan Burke komt dêrom net, it persoanlike gefoel net en de autentike ekspresje ek net. In lânskip dat it produkt is fan CXM is leech en net literêr te beskriuwen. De betingst foar ‘gefoel fan plak’ is in lânskip mei te meitsjen, net inkeld as wat wy sjogge as ús fysike werklikheid mar yn al syn foarmen en funksjes, biologysk, sosjaal ensafuorthinne, by sinneskyn en rein, moarns en jûns.

En de heechste foarm fan dat omtinken is de poëtyske lânskipbeskriuwing. Of yn Yeats syn wurden, gjin plak is in plak oant it in dichter hat.

Juny 2015

Loaiïngea

II. De affêre mei it lânskip

image loaiingea

Us heit skode alle wurkdagen twa kear syn brommer en himsels oer in glêde planke, by in lininkje lâns, flak boppe it einekroas. Want hielendal om ús hûs yn Loaiïngea hinne lei wetter. It stie hast like heech as it gers. Loaiïngea mei dan in terpdoarp wêze, wy, it rosmos, wennen oan de râne, yn de bedelte, fier fan de ferdwûne tsjerke ôf dêr’t it hôf noch fan tsjûget. Der leit no in asfaltearre daam mei in dûker yn ús sleat. Binnen gehoarsôfstân leit de bûtenwyk fan it ‘leaflike wettersportstedsje’ Snits. It markant-Fryske wetterlânskip fan sleatten, batten, mieden en altyd wiete grûn dêr’t ik om droege fuotsjes te hâlden it rinnen learde op klompkes, dat is der net mear. Homogenisearring fan lânskip like de kwestje—mar geandewei myn Loaiïngea-reis soene alle kwestjes bysaken blike fan in folle omfiemjendere affêre dy’t Fryslân hat mei lânskip. Lânskip soe foar ’t ljocht komme as lotter in rekonstru­earre en as ien holistysk ‘Fryslân’ represintearre toeristysk bestimmingsplak, dêr’t foar bewenners inkeld plak is as advertearder fan in homogene ‘Fryske identiteit’.

Lânskip as territoarium

Mar dat kaam krekt letter. Alderearst moast lânskip net yn ’e wei lizze. Wol ik nostalgysk wiete fuotten krije, dan moat ik net nei Loaiïngea mar nei de Waadsee, is de provinsje fan betinken. Kulturele Haadstêd 2018, in fjouwerjierrich ‘city-boosting’ programma fan toeristyske en rekreative eveneminten yn of foar Fryslân, ferbynt de ‘Fryske lânskiplike identiteit’ of ‘sense of place’ mei it waad, de ekologysk unike somplân-tijsône dy’t fan Den Helder oant Denemarken rint—net langer mei it Fryske plattelân dat syn identiteit ferlern ha soe troch de agrikulturele yntinsivearring.

(Dit binne de klisjees: der is minder tradisjoneel beheard lânskipskarakter, tradisjonele gewaakswiksel en biodiversiteit. De monokultuer nimt ta, dêrtroch is der minder diversiteit yn lânskips­patroanen. Der binne minder mingde bedriuwen; troch hegere input kin de greidhoeke alle grûn benutte foar gers, dus it lânskip is minder fisueel harmoanysk—felgriene lapen greide. Betiid meane makket dat krûden har siedden net ferspriede. De tanommen fjildmjitte om makliker gruttere masines te brûken liedt ta minder hagen en sleatten, sadat de fisuele ienheid en it skala fan wyldlibben­habitats lytser wurdt. Gruttere ploechdjipte en subsoiling ferheegje it risiko fan boaiemeroazje en ferlies fan fiedingsstoffen. Yntinsivearring fan boerebedriuwsaktiviteiten—mear ferhurde paden—fersteurt it plante- en wyldlibben; der is domestisearring fan it lânskip. De kompetysje yn it gerskjen tusken domestisearre en wylde bisten—guozzen, mûzen—is heger.)

Efter ús wenne in byldhouwer, Maria. Foar har figurative brûnzen naam se as model de bern fan Loaiïngea. Dy wiene bûtendoar; bern hearden doe út ’e hûs te boartsjen. Loaiïngea is al lang net mear grien. De greidhoeke fergrizet. Mar it is earder troch tanimmende domestisearring dat, mei de hûnehokken mei hûnen en kninehokken mei kninen, it bern út it lânskip ferdwûn. Ek de jonge bisten, de âlde wurkhynders, bollen, hinnen, hoannen en geiten oan it spit yn de bermen binne fuort. De smelle klinkerdykjes tusken de wylgen binne no asfaltstripen, sa breed dat der gjin gers mear neist past. Earne stiet wol wat klaproas, roggeblom en piipkrûd neist de dyk, mar sa te sjen út in pûdsje fjilblommemjuks fan de Hema. Fierder is alles wer monotoan grien. Lânskiplik ferskaat, dêr’t romtlike ynrjochtingsplanners net de soarterykdom, lit stean selsregulearring fan de natuer of oare foarmen fan wanoarder mei bedoele, mar inkeld de fariaasje yn it lânskiplike byld, ûntbrekt. Mar fan-alles-wat is wol de betingst foar ‘belibbing’ fan it lânskip. De regiomarketingorganisatie foar de Provinsje Fryslân, Merk Fryslân, mei syn motto Beleef Friesland, water en méér! hat dus in probleem. ‘Opnij ynrjochtsjen fan it wetterfront’ is in al te maklike, faak skynbere oplossing. Sa giet it provinsjale koalysjeakkoart út fan in surrealistyske lânkaart as it stelt dat nije “[wyn]molens net yn ’e Iselmar, mar by de Ofslútdyk komme te stean.”

Yn novimber 2014 kaam der einlings in buste fan Obe Postma, mear as 51 jier nei de dea fan de grutte Fryske dichter en natuer- en skiedkundige. Opmerklik wie dat it boarstbyld dêr’t de wrâld sa lang op wachtsje moast pleatst waard op in plak dêr’t Postma nea west hie, yn de Tresoarbibleteek op de Bûterhoeke yn Ljouwert. Yndie hie Postma altyd te finen west yn it Ryskargyf en de Provin­sjale Bibleteek, mar dy wiene doe noch net dêr op ’e Bûterhoeke dêr’t de nijbou krekt begûn yn 1964 en doe wie Postma al dea. Sa’n boarstbyld heart yn Postma’s berteplak, Koarnwert, digerjend oer de Sudersee dêr’t er sa faak oer dichte hat: “En lofts dêr leit de wide see, / En de weagen rôlje oan, / En falle en brekke, wurde wei / En komme, komme aloan.” De reden dat Postma ferside brocht is yn Tresoar is net dat it boarstbyld in lilk ding is, want smaken ferskille spitigernôch, en ek net dat foar Koarnwert no in dyk leit sadat de Sudersee net mear bestiet, want de Ofslútdyk dy’t yn 1932 klear wie is—noch mar krekt—in ryksmonumint mei lânskiplike wearde. It is dat in wynpark it histoaryske wetterlânskip foar Koarnwert fersteurt. It boarstbyld dêr te pleatsen betsjut it mei de noas boppe-op de wynmûnen del te setten. Dan soe men tinke kinne dat Fryslân ien fan syn grutste dichters mislediget. Boppedat soe Fryslân net wiis lykje mei it wetter dat it as syn eigen identiteit nei foaren skoot.

Wrâldwiid binne der foarbylden fan gedichten dy’t it lânskip beskermen. Faak reflektearje de pittoreske gedichten in ûnderlizzend gefoel fan skieding fan de minske fan syn lânskip. In sportfytser út Grins hie tachtich kilometer yn de wyn op trape nei it hôf fan Loaiïngea, op ’e sneup nei syn efternamme Looyenga, en ja, wy fûnen ien stien mei de namme Looienga. Ea begroeven wy ús neisten dy’t ús namme drage flak neist ús: “The little graveyard where my people are! So small the window frames the whole of it.” It plattelânslibben dat Robert Frosts gedicht sjen lit, mei de organyske fisy op libben en dea, slút oan by de ipehaach, it type haach dat men faker om âlde hôven hinne sjocht, te heech en te ticht foar de beuker dy’t ik wie doe’t ik yn Loaiïngea wenne om de grêven te sjen, mar it hôf earder mei it libben ferbinend as derfan isolearjend. Pittoreske, ‘estetyske’ gedichten laten ta wurdearring fan it besongen lânskip en sadwaande ta beskerming, bygelyks resint yn de Feriene Steaten en yn Sina. It Lake District yn Ingelân, beskreaun troch William Wordsworth en de Lake Poets, is in nasjonaal natuerpark. It koe gjin wrâlderfguodplak wurde om’t der te folle minsklike aktiviteit sichtber is, dat wol sizze te min natuer. Beskerming as kultureel lânskip kin dus wol foar it Lake District, hat men doe tocht en de oanfraach foar dy wrâlderfguodstatus rint no. Yn Fryslân binne gjin ynspanningen dien om lânskip dat beskreaun is yn it wurk fan Postma of fan hokker oare skriuwer dan ek, te beskermjen.

Dat se it oeral yn de wrâld dogge makket it net in needsaak en net foar Fryslân it bêste om te dwaan. Nettsjinsteande de ferwitten­skipliking fan toerisme en lânskipsarsjitektuer en de prestaasjes fan human, cultural & social geography, witte wy net wa of wat it lânskip weardefol makket—en foar wa. De persoanlike betsjutting fan lânskip waard yn it ûnderwiis wol oppakt troch oan de bern op skoalle te freegjen om har favorite lânskip oan te wizen en te fertellen wat se der spesjaal oan fûnen en wêrom’t se by dat lânskip hearden. Wy diene dat net yn de klasse. Dat kaam net om’t myn heit, dy’t de master wie, net hold fan sokke nasjonalistyske eksersysjes; it kaam om’t der mar ien lânskip bestie foar de bern. Myn broer en ik wiene de iennichsten op skoalle dy’t ferhuze wiene, út Loaiïngea dat fjouwer kilometer fierder lei, nei Gau. It massa­toerisme ûnstie krekt yn de jierren sechstich en sântich. Noch mar inkelde húshâldens hiene tillevyzje en dy waard geregeld foar bern te ûnkristlik fûn om nei te sjen. Us iennichste lânskip wie grien, plat, hjir en dêr licht gloaiend nei in plôkje beammen ta, mei in pleats of in robúst tsjerkje en wat huzen der tusken en in hege loft der boppe.

Mar de saneamde ‘karakteristike lânskipswearden’, dy’t de sine qua non foarmje foar agrarysk kultuerlânskip lykas Loaiïngea en dêrom faak mei bestimmingsplannen beskerme wurde, binne net basearre op fisuele identifikaasje. Der binne rûchwei twa betsjuttingen fan lânskip. De earste is de fysike betsjutting fan lânskip as territoarium. Mei dat lânskip hâldt de lânskipekology him dwaande; natuerbehear soe dat dus dwaan moatte. Yn realiteit spile lânskip mar in lytse byrol yn it ryks- en provinsjaal belied fan de ôfrûne desennia. It natuernetwurk dat de kwaliteit fan de Nederlânske natuer stabilisearje moast, rjochte him benammen op de ynrjochting fan ‘nije natuer’ en ‘lân weromjaan oan de natuer’. Lânbou hie altyd it heechste belang en bliken die dat yntinsive lânbou him goed kombinearje liet mei ‘nije natuer’, sadat omtinken en jild dêrhinne gie en net nei ‘âlde natuer’ en lânskip. Echte soarch foar kultuerlânskip yn agraryske gebieten hat ferlet fan oan­passingen yn de bedriuwsfiering, mar dat proses kaam net op gong. De Fûgelbeskerming neamde it agrarysk kultuerlânskip dan ek in grien yndustryterrein dêr’t mar in hiel lyts bytsje romte foar soarten is om âld te wurden.

(Mear klisjees: minder fearten en sleatsjes stiet gelyk oan ferlies fan habitat foar wetterplanten en -dieren. Foar de lânbou is it wetterpeil omleechbrocht, wat late ta grûndelgong, sadat it wetterpeil opnij omleech moast; it lege midden fan Fryslân wurdt hieltyd leger. De ôfrûne tritich jier is it feanlânskip mei tolve persint ôfnommen. Minder somplân betsjut dat greidefûgels, benammen de pykjes en ynbegrepen de markant-Fryske skriezen, te min te iten ha en ferdwine. Foksen en oare rôfdieren kinne yn de koarte mono­kultuergreiden fan no de greidefûgel­aaien makliker fine. It oerbleaune wetter fersmoarget om’t it te yntinsyf ynset wurdt foar toerisme, bygelyks litte kreaze glêde oanliskaaien gjin wetter­suverjende planten en bisten ta. Feroaringen yn lânbewurking binne de alderbelangrykste reden foar legere miljeukwaliteit.)

Loaiïngea hie knobbelswannen. Om in reden dy’t ik no net mear efterhelje kin fûn ik se sa aardich dat ik nei se ta gie en myn earmkes om se hinne sloech. Swannen kinne har nêst hiel agressyf ferdigenje, mar myn oprjochte swanofily tolerearjend sizen se net iens. Hoewol’t swannen sterk hiemsk binne sitte se leau ’k net mear yn Loaiïngea. Troch de ûleboerden, dy’t fan ein santjinde ieu ôf skuorren fersierden en yn de jierren santich herwurdearre waarden as in oertsjûgjend bewiis fan Fryske identiteit, is de swan in byldbepalend symboal. Dochs kaam de swan yn it wyld net foar yn Fryslân. Yn de midsieuwen hiene grutte boeren it swannerjocht—it ûleboerd ferwiist nammers net nei de midsieuske swannejacht—en oan de ôfsluting fan de Sudersee ta wiene der inkeld tamme swannen. Wierskynlik bleaune dêrnei noardelike, oerwinterjende wylde swannen yn Fryslân hingjen en de Loaiïngeaster swannen wiene dêr dan it neiteam fan. Sûnt de midsieuwen is it hâlden fan tamme swannen makliker wurden. Jo hoege net mear ryk te wêzen. Mar tsjinoer dy foarútgong stiet dat men de wylde knobbelswan gewoan fan syn eigen grûn fuortjeie mei, makket net út dat de swan der earder wie, neffens de swannefuortjeihânlieding “mei ferskate fisuele en akoestyske middelen,” lykas “fûgelferskrikkers, flaggen, knalapparaat, fûgelôfwarpistoal en skriklint/koard.” In opfetting fan lânskip as fysyk territoarium, dat oanfretten en beskiten wurde kin, jout it lânskip amper romte.

Lânskip as objekt

Yn de fisuele betsjutting is lânskip ferbylding. It wurd lânskip is gearstald út lân en it âldfryske -skip, dat fan kreëarjen komt en aard of stal betsjut, ferlykber mei freonskip as de aard fan in freon. Yn de Gouden Ieu wie lânskip in technyske term foar in skilderij of tekening dat natuerlike ynlânske omkriten foarstelde mei sa min mooglik minsken, oars dus as it portret en it seegesicht. It begryp lânskip is al lang loskeppele fan syn oarspronklike keunstsinnige ferwizing. Dochs is it hearskjende idee fan lânskippen noch altyd dat fan in beskreaun oerflak, as in plattegrûn of tekst, dêr’t kulturele betsjutting en sosjale foarmen gewoan fan ôflêzen wurde kinne. In lânskipspark is dêrtroch wol taastberder, mar net werkliker, en ek net minder imazjinêr as in lânskipsskilderij of in gedicht. De dichter Postma hold him ek dwaande mei geakunde, de histoaryske geografy fan de eigen leefomkriten. Geografy is letterlik: lânbeskriuwing. Wy libje earder yn de beskriuwing fan in plak as yn it plak sels.

Fan kultuer, as dielde patroanen fan betsjutting en gedrach, is lânskip in ûnderdiel. Lânskip is in stik lân dat in sosjaal-skoepen ienheid krigen hat troch de hannelingen dy’t minsken der útfierden, of troch de betsjutting dy’t hja der oan joegen, of beide. Kulturele aktiviteit lit, by ûngelok of mei opsetsin, spoaren nei dêr’t letter kultureel hanneljen troch stjoerd wurdt. Lânskip hat in behâldende wurking. Loaiïngea hat syn foarm krigen troch de foar Nederlân karakteristike maatskiplike krêften fan ynpoldering, turfwinning, ûntbosking, ruilferkaveling, ieuwenlange striid tsjin en benutsjen fan it wetter en agraryske bewurking. It belangrykste effekt op it lânskip wie, en is noch, it him hieltyd oanpassende boerebedriuw. Dêrneist moast it lân tsjin it wetter beskerme wurde, mar dat wie faak sa’n agraryske oanpassing. Doe’t Stevin yn de santjinde ieu útstelde om Sudersee en Waadsee ôf te sluten—omrekkene nei hjoeddeiske bedragen in miljarde-ynvestearring—wie dat net yn it earste plak om nije stoarmfloeden mei tsientûzenen deaden te kearen mar om de besteande bougrûn te beskermjen en nij lân by te winnen. Loaiïngea is djip agrarysk lânskip.

Mar de konservative wurking fan kultureel lânskip omfettet hjir de maatskiplike oanpassing. Lytsere boeren oerlibben de nei-oarlochske besunigingspolityk fan Lieftinck en de Ruilferkavelings­wet fan 1954 net. Fan it pleatske fan ús buorlju yn Loaiïngea komme de dizige bylden fan kolossale kowepoaten om my hinne, dêr’t de kliemske rook fan ôf dampt. De buorfou paste dêr altyd leaf op ús mar makke op my as trijejierrige in frjemde yndruk. Se wie schizofreen, wit ik no. Mei it ferstjerren fan har heit is de pleats bûten bedriuw steld. Dy is der net iens mear. Der is no in camping. Op de oerlibjende bou- en feebedriuwen is sûnt de jierren fyftich it boerebestean sterk modernisearre. De agraryske produksjeprosessen binne reorganisearre nei yndustrieel model. De oerheid sjocht dat graach sa. Dat it Fryske plattelân syn identiteit ferlern ha soe troch yntensive bou en suvelproduksje is amper in offer; it is in positive kar. Ek ‘de Nederlanner’ is, neffens in tsien jier âlde enkête, foar yntinsive feehâlderij. Tagelyk tinke se dat de oerheid de boeren better beleanje moat as dy goed foar de natuer soargje. Se achtsje plattelân wichtich oant tige wichtich en tinke by plattelân it earst oan kij en op ôfstân oan pleatsen. Dat ‘tinken’ is net hiel realistysk. De mei it plattelân assosjearre ‘natuerlikheid’, rêst en romte bestean al lang net mear. Swiere boumasines dreune somtiden oant yn de nacht troch. De Ljouwerter skyline is oeral oanwêzich. Mar riskant is krekt it tinken dat it Fryske kultuer­lânskip per definysje dynamysk is dus dat yngripen goed is: fan natuer kultuer meitsje.

De agrarysk-praktyske opfetting fan it plattelân, it kulturele lânskip, falt dus net perfoarst gear mei de idyllyske foarstelling fan plattelân, it symboalysk lânskip. Symboalysk lânskip is net inkeld lânskip dat doelberet oanwiisd is as symboal, lykas dat sa’n santich jier lyn it betinken fan de Fryske striid en frijheid takend waard oan it Reaklif. In boer út dy omkriten donearre de markante swerfstien. Sa kaam it buorskip Skarl, tichtby it Reaklif en fierder ferlykber mei Loaiïngea, mei inkelde bewenners, in hôf, in klokketoer dy’t no ryksmonumint is en fierder neat te dwaan, op de kaart. Mar it lânskip om Skarl hinne, dat net oanwiisd is as monumint, erfguod of plak foar jubilea, is in net minder krêftich ikoan fan it libben fol bodzjen en wrotten fan de Friezen. In symboalysk lânskip hoecht net in moai lânskip te wêzen, as it mar de betsjutting oerdraacht fan de essinsje fan it libben, sa’t dat bygelyks bart yn films. By in byld fan muorren fol graffiti witte wy daliks dat wy te meitsjen hawwe mei in rûch, grutstedsk, antysosjaal efterbuertlibben. Wetter-mei-boatsjes ferwiist nei wat ea iennichste Nederlânske manier fan transport wie, dus nei aventoer en tradysje.

Lânskippen wurde symboalyske, dus ideale lânskippen troch seleksje op grûn fan werkenberheid en symboalyske krêft en dêrnei troch befoarriedzjen fan it publyk mei lânskippen yn fisuele media en yn literatuer, bygelyks de gedichten fan Postma. Symboalyske lânskippen binne de populêre taferelen op kalinders en ansicht­kaarten, dêr’t it toeristyske lanskip lyksa fan bekend is. Mar it ferskil is grut. It toeristysk lânskip is konstruearre troch searjes fan transformaasjes fan it fysike en sosjaalekonomyske lânskip, mei spesifyk de bedoeling om de belangen fan de toeristeyndustry te tsjinjen. By it toeristyske lânskip moat men tinke oan de uterste konsekwinsje fan it ferskaffen fan it toeristyske lânskip oan de massatoerist, Center Parcs. Yn Noardlik Europa gou fan de renêssânsistyske ynteresse yn it lanlike lânskip ôf, mei Rubens as popularisearder fan it lânskipsjenre, it mediterrane lânskip as it ideaal dat tekene, skildere en besongen wurde moast. Dat wie dan ek it lânskip dat daliks doe’t yn de njoggentjinde ieu it toerisme begûn it te promoatsjen objekt wie. It Center Parcs-filladoarp is direkt beynfloede troch it eksoatysk-mediterrane ideaal en lokket de toerist mei oantreklik frijetiidslânskip dêr’t de natuer ûnbehindere belibbe wurde kin.

It is al lang gjin nijs mear dat it opfetsjen fan natuer en kultuer as ûnderskieden en sels tsjinoersteld, yn de ienentweintichste ieu in riskante misfetting oer de wrâld is. De gjalp ‘Werom nei de natuer’ is ûnsinnich om’t natuer oeral troch minsklike objekten en gedachten tekene is. De natuer dy’t wy sjogge, fan it panoramysk útsjochpunt of de boattocht nei tsjuster Fryslân ôf, is alderminst natuerlik en op syn heechst in represintaasje fan in ûnmooglik suvere, net troch minsken befolke wrâld. It meisjen fan in kultuer fan natuer, om net te sizzen it kweekjen fan de kultus fan de natuer, is riskant. It gefaar derfan leit yn de foarstelling fan de relaasje fan minske ta natuer—as apart en sûnder ynfloed—en it fersprieden en tapassen fan dy foarstelling op de sosjale struktuer. It systematysk útgean fan in subjekt dat los stiet fan de natuer-as-objekt liedt ta in ferlies fan mienskip, betsjutting en selsbeskikking. Mar dat ik net langer yn de greide stean soe mar apart derfan of der foaroer, like ek net de kearn fan de kwestje: net it lânskip sels, dat him mei in postkoitale traachheid foar my útrekte, ek net de objektifikaasje fan de natuer foar populêre en kommersjele kultuer sadat it syn oarspronklike nut ferlear en in weardefoarm krige, en sels net dat ik redusearre waard ta in konsumint fan dy kultuer. Want ik wie noch altyd in subjekt dat feroaring bringe koe—yn teory.

Ynstitusjonalisearring fan lânskip

Fan de rige fan ûnbegryplike oant katastrofale fersinnen fan de Fryske kultuer-fan-natuerplanners falt yn it earste plak de smelle lânskipsopfetting op, nammentlik lânskip as bestimming foar toeristen. In twadde fersin giet it devys sense of place oan. De Kulturele Haadstêdpromoasje brûkt ‘sense of place’ synonym mei ‘Fryske lânskiplike identiteit’. Nasjonale of regionale identiteit skept ferskil troch in sense of sameness te kweekjen. Yn de oanskôglike konstruksje fan nasjonale of regionale identiteit spilet lânskip in grutte rol. Wa’t der yn libbet makket him syn lânskip eigen, en dat net op in neutrale, ûnthechte wize, mar mei de yn it lânskip ferankere ideologyske boadskippen dy’t de kulturele of politike mienskip oerdrage wol. De Dútske byldzjend keunster Anselm Kiefer fette it gear as: “Der is gjin lânskip dat hielendal ûnskuldich is.” Sense of place, oan de oare kant, giet net út fan sosjale situatedness, dus fan ferankering yn in spesifike ‘eigen’ kultuer, mar fan in sintralisearre, homogene, ûnôfhinklike, moderne minskheid.

It sense of place-konsept gie oer de wrâld yn de jierren santich en is sûnt faak kritisearre, benammen om de talleaze dizige defi­nysjes. Dy sirkelje om de som fan betsjuttingen, ideeën, symboalen, wearden en gefoelens hinne dy’t yndividuen of groepen hawwe mei in beskate lokaasje—de mjitberheid fan soks is nihil. De reden dat yn in tiid fan tanimmende ferwitten­skipliking fan lânskips­planning en toerismemanagement dochs sa’n ûnwitten­skiplik konsept brûkt wurdt is dat sense of place regionaal-toerismemanagers in mooglikheid biedt om de spirituele en emosjonele bân fan minsken mei lânskip oan te wizen en deroan temjitte te kommen. Mar it lânskip sels giet yn dy holistyske oanpak moai beskûl en hieltyd wer ferjitte de planners dat har plan om de lokale sense of place te beskermjen op himsels in sense of place is, mar ien fan minder wearde as de bân fan de bewenner mei syn lânskip.

Inkeld en allinne it útgean fan dy lokale, besteande sense of place makket it konsept tapasber. Ommers foar de toerismeplanner efter de tekentafel is de lokaasje in plak op de kaart lykas elk oar plak. Dêrom moat er mei de lokale mienskip yn petear oer betsjuttingen fan it lânskip, dêr’t twaspalt oer wêze kin tusken subgroepen. Dêrom moatte altyd de nammen dy’t lokaal jûn wurde oan plakken wer brûkt wurde, om de bewenners net fan har eigen grûn te ferfremdzjen en om’t dy âlde nammen betsjutting hawwe. Nije nammen, lykas ‘noardlike alvestêdefarrûte’ klinke sels yn de earen fan de ynternasjonale toerist nei in kâlde kantoarmoarn; dêr wol gjinien hinne. Dêrom meie, ek yn it gefal dat de symboalen dy’t it lânskip foar de bewenner in symboalysk lânskip meitsje, gearfalle mei foar toeristen oantreklike lânskiplike eleminten, dat gjin etiketten wêze. Mar sa’n etiket mei in beskate karakteristyk is der wol, de saneamde identiteit, dy’t op elk lânskip plakt wurde kin, antisipearjend of yn reaksje op toeristewinsken. Dêrneist moat de lokale sin fan lânskip liedend wêze as der in konflikt tusken symboalyske en toeristyske funksje ûntstiet. De symboalyske funksje kin al skea tabringe oan it lânskip. De massale religieuze besites hawwe de Ganges yn India fersmoarge en de hillichdommen derom hinne slitaazje tabrocht. Nammerste wichtiger is it dat de Ganges en omkriten net noch ris ta in eksoatyske toeristyske attraksje bestimpele wurde.

Yn de striid om de titel fan Kulturele Haadstêd—in definysje fan Kulturele Haadstêd kin ik noch hieltyd net fine; inkeld dat it giet om (kulturele) yntegraasje (wat oarder en stabiliteit befoarderet)—wie in trochsneed city branding campaign foar Ljouwert net genôch. Nei’t de stêd alles wat it brûzjend meitsje kinnen hie, lykas keunst- en wittenskiplik ûnderwiis en underground-poadiums, ferruile hie foar semi-lúksjeuze bûtenwiken sûnder in spat fan fernimstigens, moast alles yn it wurk steld wurde om toeristen, ynvestearders en talint oan te lûken, de eksport—fan wat ek al wer?—te stimulearjen en de Ljouwerters te ferfoljen mei grutskens. Dat mislearre. Njoggen fan de tsien city branding campaigns mislearje. Dat komt om’t foar feroaring fan de reputaasje fan in stêd wat díen wurde moat, troch alle stakeholders fan de stêd, dus ynvestearders en bestjoerders én bewenners. In kampanje komt top-down, mei inkeld moaie wurden. Ljouwert is yn werklikheid noch altyd like kultuerleas. Yn 2013 wie yn Ljouwert mar seis persint fan de minsken yn ’t wurk by alle kommersjele bedriuwen yn ’t wurk by it toerisme, njonken ek seis persint yn Swol en tritich persint yn Amsterdam; Ljouwert bliuwt it slûge provinsjestedsje dêr’t it himsels by it fuortdwaan fan konservatoarium, keunstakademy en orkest yn 1989 ta degradearre hat.

Wilens hie de provinsje de Kulturele Haadstêd Ljouwert ferbrede nei KH Ljouwert/Fryslân en besocht doe en bou mei it Waterfrontplan Ljouwert om nei in oantreklik wettersportplak. “Water sport” neamde in kranteartikel fol Ingelsk promoasjejargon it lêsten, yn in manjefike akt fan Fryske meartalichheid water recreation betiizjend mei de like populêre, mar in oar slach toeristen lokjende, pisseks. Om wettersport gie it oars ek net, likemin as yn oar belied. Want foar swimmen hat Ljouwert it klimaat net en foar seekajakjen, kanoën, hurdroeien en fierljeppen hat it gjin wetter. It giet om wettertoerisme, dat beleaven net boat-centered is. Mar de binnenstêd, i.e. middenstân, fan Ljouwert is net berikber fia de eastlike farrûte om’t de Prins Hendrikbrêge in fêste en lege brêge is. Opheegjen derfan koe Ljouwert net betelje en de provinsje woe it net. Dy wie yn 2013 al miljoenen kwyt oan de noardlike alvestêdefarrûte dêr’t te min boaten komme en dy’t der wol farre, lizze net oan sadat de middenstân der net fan profi­tearret. It karakterstike parkeftige Fryske lânskip, mei sêft op en delrinnende greiden, ferskillende soarten fean en wetter, in wide kym en ûnbedoarne Iselmar-kustline, bestiet al mei al net mear. De branding likegoed as de cityscaping fan Ljouwert mislearren. Foar syn place branding wie de provinsje twongen om op te skowen nei it noarden: nei de Waadsee, dy’t sûnt 2009 op de Unesco-wrâld­erfguodlist stiet. It populêre kultuerfestival Oerol, op Skylge, keas yn 2013 foar in mearjierrich waadtema, Sense of Place, en skode dat yn it Kulturele Haadstêdprogramma.

Sa hie de provinsje syn wetter en op himsels koe dat gjin kwea. Hieltyd mear helje minsken har oanskôglik idee fan lânskip fan tv en ynternet. Yn Fryslân komme jongerein net by werklik wetter yn de buert, al wenje se der neist. De provinsje snapte dat net en liet Waterrecreatie Advies ûndersyk dwaan, mar dy kaam net fierder as: “Friese ondernemers maken zich zorgen over de jeugd en de toekomst van de watersport.”

It sence of place-konsept is munte troch Yi-Fu Tuan. Tuan leit út dat in plak krekt ta bestean komt as minsken betsjutting jouwe oan in stikje fan de widere, net-differinsjearre romte. It neamen fan in plak hellet it los út de ûnbepaalde omkriten en jout it syn sense of place. Dat slút oan op it doel fan de Unesco; mienskiplik erfguod fan de minskheid is sinleas as dat erfguod gjin betsjutting hat. Dy betsjutting moat konstruearre wurde yn ûnderfining, wat Tuan omskriuwt as “alle manieren sa’t in persoan de werklikheid ken en konstruearret” en dêr’t er de foarbylden breed hellet út analfabete kultueren likegoed as út romans en teology. Dat lit de subtiliteit fan ûnderfining sjen en keart it ôf fan arbitrêre klassifikaasje en maklike generalisaasje, sadat it konsept geskikt wurdt foar diskusjes oer miljeu-ûnderfiningen. Mar fierder fan Tuans humanitêre beneiering wei as dat de provinsje ôfrekke is kin hast net. De Kulturele Haadstêd is him derfan bewust dat de Waadsee, ek al hat dy de Wrâlderfskipstatus, hieltyd oanpast wurdt troch minsklik yngripen. Dus “Sense of Place leit de klam op de mentaliteit om dat yngripen yn de natuer mei gefoel foar de omkriten te dwaan”; gefoel makket alle yngripen goed, is it idee. Bestjoerlike organen transformearje lânskip yn in objekt en analisten meitsje dingen fan abstrakte konsepten en maatskiplike relaasjes. Mar ek it feit dat de objektivikaasje fan it lânskip dien is troch elites fan ynstituten ynbegrepen universiteiten, is net de kearn fan de kwestje. It probleem leit yn wat hja dernei dogge mei it objekt, mei it lânskip dat foar de minsken in objekt fan it libben is.

(Noch mear klisjees: it wurdt hieltyd drokker op it waad. Rekreanten, hoe stil ek, bringe altyd ljocht mei, dat it waad fersteurt. Steatsboskbehear seit: “In Nederlân dêr’t wy natuer en lânskip koesterje, mar dêr’t ek plak is foar belibjen en brûken” [myn kursyf: tsjinstellend bynwurd]. De NAM wint al tritich jier ierdgas op en tichtby it Amelân yn Noardsee en Waadsee, plus fan 2007 ôf op ferskate lytse gasfjilden ûnder de Waadsee “sûnder negative gefolgen foar de natuer.” Minister Kamp beslút healwei 2016 oft Tulip Oil ek in gaswinfergunning krijt. Sâltwinning sil ta sakjen fan de seeboaiem liede, waadplaten dy’t earder droech foelen kinne dan ferdrinke en fûgels mei koarte snaffels kinne har iten net mear berikke. Grenatefiskerij lit in soad jonge fisk as byfangst ferlern gean. It nije fergunningestelsel hoedet foarearst mar seis persint fan de Waadseegeulen foar grenatefiskerij. De nije koalesintrale fan RWE/Essent by de Waadsee mei by boarnamer­follen giftich kwik lossen bliuwe. Mokselbanken werstelle har net fluch. Nettsjinsteande de yndieling fan it waad yn rekreaasjesônes, mei de eastlike waadkant foar it grutste part as ‘beheind rekreatyf’, is der fersteuring yn wichtige briedgebieten. Yn it heechseisoen binne de Waadsee-jachthavens oerbeset. Oan it Balchsân wurde nije yndustrygebieten en depots foar fersmoarge baggerspeesje ynrjochte, der wurdt baggerspeesje stoart, der is oerbefisking op skulpdieren en waadwjirmen, en yndustry ynbegrepen toerisme brûkt hieltyd mear lampen. Smoarch swiet wetter fan de rivieren, dat troch de sluzen yn de Oflsútdyk yn de Waadsee komt, is skealik foar it boaiemlibben. Troch de waarmere winters binne der minder skulp- en skaaldieren, wat it haadfiedsel is foar strânljippen, eidereinen en in soad trekfûgels. Der binne net folle tijsônes; se binne ûnmisber foar de stúdzje fan ekosystemen.)

Lânskip as natuerlebnis

Rêst en romte oanbiede foar massatoerisme is in yntern stridich doel. Mar in oar ding is, hoe de toerist by dy rêst en romte te krijen? In moai produkt is faaks in pull factor, sa learre de healoers-seminars foar polityk & bestjoer, mar de toerist syn motivaasje is in push factor. As de toerist net wol komt er net en jout er gjin jild út, dus de toeristmotivaasje is wêr’t toeristyske regio’s om fjochtsje. De toerist wol net in produkt. Dat komt goed út, want oars as in operahûs ferkeapet in stêd of regio ek gjin produkt. De toerist wol in ‘experience’. Dat ynsjoch is net nij; it late yn Dútslân, de grutste produsint fan neologismen, ta de kontraksje natuerlebnis. Like âld nijs is dat dy belibbing benammen ôfhinklik is fan it waar—sa’t elkenien út eigen ûnderfining wit, giet fan ús fakânsjes it waar daliks troch nei it langetermynûnthâld—mar altyd yn wikselwurking mei de plannen en ferwachtingen fan de toerist. Op dy kenbere prospekten, net op de ferhoalen motivaasje, kin men nau oanslute. Mar de Fryske toeristemarketing makket opnij in fersin. Dy ferkeapet de belibbing as produkten, nammentlik as Fryslân en as identiteit. Op it pasklear meitsjen fan it kontakt mei alle mooglike ‘echt Fryske’ kulturele eleminten, lykas lânskip of taal, foar kommersjele doelen is al genôch wiisd, benammen yn relaasje mei de Kulturele Haadstêd. De beskriuwing fan identiteit as produksje is ek bekend—mar belangryk om te werheljen. It kombi­nearjen fan marketing en produksje makket dat in ‘ynheemske’ kultuer fabrisearre en foar toerisme ynset wurde kin. Al desennialang wurdt oanfierd dat toerisme de wichtichste bedriging foarmet foar oarspronklike lânskippen en kultueren, mar de belangen fan ekonomyske ûntwikkeling binne faak grut.

Op in wintersnein naam myn omke myn broer en my by de hân. Wy kuieren it hûs fan myn pake-en-dy yn Ferwert út nei it ein fan ’e wrâld. De seedyk wie noch net ophege. Oer de lânoanwinning dêr bûten wie krekt, om 1965 hinne, de opskuor begûn. Bestjoerlik wie de Ferwerter polder mei it bûtendykse gebiet miskien minder nijsgjirrich as de Noarderleechpolder westlik derfan. Dêr wie nammentlik oan 1852 ta gjin reglemintearre bestjoer. Dêr libbe it anargisme. Dêr regelen de grûnbesitters de saken sels wol. It stikje seedyk wurdt no noch net beheard troch Wetterskip of gemeenten mar troch de BV fan de eigners. Lânskiplik wie en is it seedykgebiet by Ferwert allike amorf, turbulint, iepen, griisgrien, sâltich, wietich, sûnder ophâlden yn beweging en, ek doe’t it om healwei fiven tsjuster wurden wie, bolderich mei de ivich razende wyn en de gjalpende seefûgels, dêr’t wy oerhinne balte moasten om inoar te berikken. Gelokkich is it der net stil wurden. Natuer- en miljeu­organisaasjes as Waadseeferiening, It Fryske Gea en de Kening fan ’e Greide hawwe in mislike hekel oan stilte.

(Opnij klisjees: Kening fan ’e Greide, ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêdprogramma, is in kollektyf fan Fryske boeren dat, fia publyksbewustwurding fan it unike [Fryske] greidelânskip, duorsum en rendabel buorkjen mooglik meitsje wol. Al stiet it buorkjen sintraal, Kening fan ’e Greide brekt mei it agrarysk natuerbehear. Foar agrarysk natuerbehear, dus lânbou en suvelproduksje mei omtinken foar de natuer, wurdt Europeeske subsydzje jûn. Sadwaande is it jild oan de boeren jaan. Natuer is gjin issue. Fan alle kanten yn Europa komme nuodlike artikels fan ekologyske wittenskippers dat “agrarian nature management does not seem to work...” Kening fan ’e Greide hat as maskotte de skries; it wol de skriezen rêde. Heal july 2015 hat Wallasea Island yn Essex, in nij natuerpark en it grutste fan Europa, dat bestiet út somplân, de lêste seediken trochbrutsen. Al yn 2012 binne dêr skriezen sjoen. Essex is tichby. De skriezen rêde harsels wol. De Kening fan ’e Greideboeren ferkeapje in kommersjeel produkt, greidefûgelfreonlike suvel. Net inkeld mist Fryslân de greidefûgels om freonlik foar te wêzen, ek hat Kening fan ’e Greide gjin ynnovatyf agrarysk plan foar beskermjen en fergrutsjen fan ekosystemen, sintraal wetternivo­behâld, natuerlike prosessen fersus duorsum management, en ymplemintaasjeramt ynklusyf it ekonomysk-politike paad. Krekt oarsom warskôget it ‘rapport’ fan de Universiteit Wageningen, makke yn opdracht fan in Kulturele Haadstêdorganisator, mei klam: “This is not an official publication of Wageningen University.”

De taktyk fan lokaal ferminderjen fan skealike miljeufaktoaren is perfoarst net gelyk oan it haaddoel fan sûne natuer; de sabeare countercultural thinking fan Kening fan ’e Greide tsjinnet de ferkeap fan it produkt, as reklame. De konsumint kin helpe troch yn de winkel greidefûgelfreonlike molke te kiezen; ik brûk nea kosuvel, dus ik kin net helpe. De provinsjale oerheid priizget Kening fan ’e Greide oan as in inisjatyf fan ûnder-op, fan de mienskip út. Mien­skip betsjut dus: frije merk. Kening fan ’e Greide kin der net in soad oan dwaan. Yn de hiele westerske wrâld komt it troch de wjerstân fan it grutte publyk—yn Fryslân: de boeren—tsjin sinjfikante ôfwikingen fan syn libbensstyl en tsjin hegere ekonomyske kosten, dat polityk en bedriuwslibben tegearre úthâlde dat har hannen bûn binne. Dat liedt derta dat miljeuaktivisten útstellen dogge binnen de beheiningen. Sokke útstellen kinne wiswol ris súksesfol wêze, mar it is dúdlik dat wichtige belieds­feroaring en bedriuws­maatregels folle ambisjeuzere yngrepen easkje. Attitudes fan minsken, lykas miljeu-engaazjemint, binne relatyf maklik te bewurkjen, mar attitudes binne tydlik en liede net ta stabyl pro-miljeugedrach. De belangrykste faktor foar bliuwend miljeu-engaazjemint is identiteit, om krekt te wêzen net identifikaasje mei de hiele abstrakte regio Fryslân, mar mei it lokale ‘eigen’ plak.)

Foar Sense of Place is in regio fabrisearre, Waddenland, dy’t in geografyske útwreiding is fan Oerol, dus fan it strân en de dunen fan Skylge. It lânskip fan Waddenland bestiet út diken, greide, bosk en see plus it âlde Oerollânskip fan de sânkust. Polders en pôlen binne der net. Dat liket logysk. It earste wurdt gauris ferfeelsum fûn, it twadde is foar it grutste part ferbean en slyk is boppedat folle minder sexy as see of sân. Dat de slikige waadplaten ekologysk fan fitaal belang binne mar bedrige wurde troch see—sâltwinning—en sân—in te heech gehalte neffens it slyk troch befisking—is net de ‘fokus op bewustwurding en betsjutting fan it lânskip’ dy’t Sense of Place bedoelt. Nei 2018 moat Sense of Place in permaninte útstalling fan land art wurde. Mar land art is nea permanint; de natuer komt altyd werom, dat is just it artistike idee. De permaninsje, de tiid, fan Sense of Place is in fabrikaazje lykas it plak, ferlykber mei elk Fakânsjelân, bygelyks Center Parcs, dêr’t de tiid stil stiet. Oerol is as festival by definysje tydlik. Just de tydlik­heid derfan makket it ferskynsel festival sa enoarm populêr. De ûntsnapping oan de soargen fan it echte libben, fersterke troch de omkriten dy’t fabrisearre binne op ûnderdompeljen en troch aktyf dielnimmen yn de groep, makket de fûnemintele festival­ûnderfining fan safe haven. Mei oare wurden, festivals blokkearje it bewustwêzen fan it echte libben en de echte omkriten. Tradisjonele foarmen fan minsklike aktiviteit binne yn de kultuer fan natuer ynstruminteel reorganisearre en op mjitte makke. Mar ek dat is net de kwestje, want Oerolbesikers witte dat bêst en wolle nei in pear dagen wer gewoan nei hûs.

Dehumanisearring fan it lânskip

Likegoed stiet Waddenlân al hast gelyk oan Fryslân. Want de autentike toeristyske belibbing easket ien oerkoepeljend ferhaal fan Fryslân en ien Frysk DNA om fan út te gean. De target fan de regiomarketing fan Fryslân is de ynternasjonale toerist, net in omke dy’t twa bern út Loaiïngea har seedyk sjen litte wol—googleje nei Noarderleech leveret dan ek hast neat op. Al meitsje bûtenlânders mar in lyts part út fan alle toeristen yn Fryslân, foar dy bûtenlânske toerist is fan de toeristekonsumpsje ien belibbingspakket ‘Fryslân’ makke. Yn it homogeen toeristyske bestimmingsplak ‘Fryslân’ lizze wol alve unike stêden en ferskate unike regio’s, mar dy frjemde tsjinspraak liket earder bedoeld foar ekstra profilearring fan ‘Fryslân’ as foar it ôfwiken derfan om regionaal toerisme binnen de provinsje fuort te sterkjen. Sa kin in homogene toeristekultuer ûntstean. Regionale toeristen komme dan net mear om’t oeral itselde produkt ferkocht wurdt; de toeristeyndusty negearret dus in ekonomysk nijsgjirrige boarne. Ek net-Fryske toeristen wolle trouwens faak, hoe tsjinstridich it ek klinkt, in ‘lokale’ ûnderfining. Toerisme jout mooglikheden foar bewenners en besikers om de wearde fan lokale kultueren te herbeoardieljen en begripen. Mar it herwurdearjen fan kultuer wurdt no tefolle oerhearske troch ekonomysk potinsjeel en in yngeand kommodofikaasjeproses. Dus ek it sosjale aspekt bliuwt derby. Kampearje by de boer, ite by de boer en op bêd mei de boer is folkloare dy’t gjin differensjaasje ken en net bedoeld is om kulturele ferskillen te aksintuearjen en te oerbrêgjen. Omkeard leit stereotypearring foar de hân.

(De lêste klisjees: neffens de Europeeske Kommisje is yn Nederlân de bydrage fan lânbou oan it bbp tusken de 0,5 en 1 persint en neffens it Ministearje fan Ekonomyske Saken is de primêr tafoege wearde fan de lân- en túnbousektor 1,3 persint; yn bygelyks Roemenië en Bulgarije is it mear as 3 persint. Tachtich persint fan de Fryske grûn wurdt agrarysk brûkt. Yn 2011 droech Fryslân 3,1 persint by oan it bbp fan Nederlân, in mear as 20 persint leger sifer as lanlik. Yn 2013 wie yn Fryslân de totaal­opbringst fan de agraryske sektor 1,2 miljard. Yn 2013 wie de bydrage fan toerisme yn Nederlân oan it bbp 3,6 persint; Fryske sifers binne net of noch net betrouber, mar de jierlikse omset fan rekreaasje en toerisme is sawat 1 miljard. As ferliking, de omset yn Grins wie yn 2014 761 miljoen en toerisme en rekreaasje makke der 5,7 persint fan de wurkgelegenheid út. Yn Fryslân soe toerisme en rekreaasje yn 2013 6,5 persint fan de wurkgelegenheid beslein ha, dus de provinsje fan dy sektor ôfhinklik meitsje.

Noard-Fryslân is earm. Ljouwerterradiel wie yn 2008 fan de Nederlânske gemeentes mei de lytste ynkommensferskillen nûmer trije, haadoarsaak is it hege tal fan lege ynkommens, in oare faktor is lizzing—lânskip; asfalt. Fryslân hat yn 2012 foar ûntjouwing fan toerisme en rekreaasje jild fan it Europeesk Struktuerfûns oanfrege. [Krekt] yn 2012-13 is foar de ûntjouwing fan Frysk provinsjaal erfskipbelied keazen. Hoewol’t de Partij foar de Dieren tichtby komt, hat gjin politike partij yn syn provinsjale ferkiezings­program 2015 agraryske skaalferlytsing opnommen. Hieltyd mear wittenskippers pleitsje foar ‘griene’ skaalferlytsing as de iennichste metoade dy’t de natuer én de ekonomy yn lykwicht bringe kin, troch de klam op boaiemfruchtberens, in premoderne, mear arbeidsyntinsive organisaasje en lokale distribúsje fan de produkten. Ek bewiist de florearjende, ekologysk sûne, fisueel oantreklike lytsskalichheid fan lânbou, greidbuorkerij en toerisme yn East-Fryslân, Niedersachsen, dat lytsskalichheid perfoarst gjin produkt fan reaksjonêr Jip&Janneketinken is, mar fan rasjonele, ferantwurdlike, demokratyske en progressive fisy.)

As de wearde fan lânskip allinne bepaald wurdt troch merkkrêften en as syn lânskip inkeld belang hat as toeristyske belibbing, dan ferliest de bewenner syn eigen plak-identiteit. Tagelyk sjocht de regiomarketing fan Fryslân de bewenner as in drager fan in holistyske ‘Fryske identiteit’. De bewenner is in ‘Frisian’ dy’t ‘nei de eilannen wiist as de toerist freget wêr’t de see is’ en dy’t dêrtroch ambassadeur fan de Fryske branding is. Dat bart sûnder dat der omtinken is foar de relaasje dy’t de bewenner hat mei syn eigen plak. Foar de betsjutting fan it kulturele lânskip fan it perspektyf út fan de bewenner is gjin romte. Net-merkkrêften hawwe gjin stim yn de toerismeplanning. De oerheid en syn toerismemarketingburo’s fertelle sa faak wat de wearde fan lânskip en ‘identiteit’ fan ‘de Fries’ is, dat harren ferhaal net inkeld as basis foar toeristebelibbing te tsjinnet mar foar de bewenner ek de noarm wurdt. It is dan logysk dat it lânskip is sa’t it is en de wearde hat dy’t it hat, en dat is goed foar elkenien. De kearnkwestje oangeande it Fryske lânskip is de reïfikaasje, net fan natuer, want it giet net om natuerlik “terreinbehear” leit it Lânskipsbehear Fryslân op syn side út, mar om “kultuerlânskip [dat] troch minsken ûnderholden wurde [moat].” Dat der gjin omskriuwing te finen is fan Kulturele Haadstêd, útsein de neat ferklearjende tautology ‘haadstêd fol kultuer’, wiisde der al op dat de Kulturele Haadstêd sjoen wurdt as logysk gefal, in natuerlik objekt, in ding dat is sa’t it is. It probleem is de reifikaasje fan kultuer: de aktiviteit fan minsken sels is no in objekt dat ûnôfhinklik fan harren is en dat te feroarjen is in paradoksale opjefte.

It ferhaal oer it lânskip fan de bewenner fan Fryslân is net it ferhaal fan de bewenner. Mar slimmer noch is dat de bewenner part is fan it fabrisearre lânskip. De bewenner is ynpast yn in earder as him en ûnôfhinklik fan him besteand rasjoneel systeem en redu­searre ta in statistysk begryp, ‘650.000 ambassadeurs’. Dochs blykt Center Parcs mei ambassadeurs gjin goede ferliking; ‘Fryslân’ is mear in Disneyland mei ûnfrijwillige akteurs. Wannear’t dat stomp rint is de fraach. As alle froulju en manlju op it plattelân wis binne fan har deistich brea en har deistich ferlet is befredige, hâlde se fansels op mei oaren nei de see te ferwizen. Mar Fryslân hat te min banen. En lannen dy’t op grutte skaal commodities eksportearje, produsearje dy meastal yn te lytse hoemannichten en, dus, mei in te hege priis foar gebrûk troch de bewenners. Tagelyk feroveret yn fluch feroarjende—bygelyks ferearmjende, fergriizgjende en krimpende—Europeeske regio’s in nije foarm fan populisme, dy’t net rjochts mar sintrum-lofts oriïntearre is, de herten fan de minsken, mei in retoaryk fan bottom-up, solidariteit en mienskip. De belofte is dat alle Friezen likefolle meiprofitearje sille fan de Kulturele Haadstêd sels en de ûnderstelde tafloed fan hûnderttûzenen ynternasjonale toersisten. Doe’t Fryslân ynternasjonaal hannel dreau ûnder Karel de Grutte giene de froulju fergnist yn goud, no? Foar wa’t de ekonomyske mystifikaasje net trochsjocht—yn Amsterdam bestege de toerist ferline jier tsien miljard euro, mar de bewenners hawwe net elk tsien mille krigen—liket ‘meidwaan’ lukratyf.

Dêrom it is goed om nei ús earste ûnderfiningen werom te gean. Yn myn gefal nei Loaiïngea. Yndie binne de ferskynsels derfan, lykas it lânskip om my hinne, in wurking fan myn bewustwêzen. Mar nee, ûnderfining moat dan net opfet wurde as as ‘erlebnis’ oftewol belibbing, mar as ‘erfahrung’, dus as leard hawwen; as kognysje ynstee fan stimming fanwegen in meislepend barren. Want de bedoeling fan it weromgean is beslist net it oannimmen fan in bulkidentiteit ‘Frysk’. It weromgean nei de earste ûnderfiningen tsjinnet just it befreegjen fan de oarsprong. It kin in kritysk ljocht smite op it begjin fan ús tinken yn de kategoryen dêr’t wy it lânskip mei beoardielje, lykas de perfekt-ymperfektdichotomy, dy’t tegearre mei de kristlike minske-natuerdichotomy de minske sjen lit as de folslein-makker fan de natuer. Utsoarte is weromgean foarbehâlden oan wa’t der earder tahold, de bewenner. Mar dy is no figurant yn syn eigen lânskip. Hoe lang’t dat noch duorret is ûnwis. Wis is lykwols dat ien type toerisme fan it begjin fan de ienentweintichste ieu ôf enoarm hurd groeit: it ramptoerisme. Sa komt it hoe dan ek wol goed mei Fryslân.

July 2015

Loaiïngea

III. It probleem fan plak-identiteit

image loaiingea

De reis hie ‘stof’ opsmiten, sa’t de skoalboeken, earder mystifisearjend as ferhelderjend, it mentale reservoir fan bylden en wurden neame dêr’t de keunstner syn stik mei komponearje sil. Ta de ‘stof’ hearden de útsinnich byljende statussymboalen fan in útlânsk ras dy’t lang om let de fremdling dêr’t se my foar holden gewurde lieten en hymjend yn ’e hûs giene—it hûs dat myn bertehûs yn Loaiïngea wie. Wat no te dwaan mei de ‘stof’ wie, útsein yn tapaste, technyske sin, allerminst dúdlik. Elke konfrontaasje mei in kreative ferbale reproduksje fan lânskip, oftewol literêre lânskip­beskriuwing, lit dalik de kompleksiteit fan dy ûndernimming sjen. Wat beskriuwing en represintaasje binne as it oer lânskip giet, oft in represintearre lânskip, of plak—dus romte mei minsklike diminsje—betsjutting fan himsels hat of dat betsjutting krekt komt fia identifikaasje mei in plak, wat taal docht mei in plak, en wêr’t in plak eigentlik wei komt is, binne saken dy’t elke oade oan it lânskip akút makket.

In oade oan Loaiïngea bestiet net. Wêrom wit ik net. Op it praktyske nivo is al wat in oade easket konsistinsje. Mar dizze njoggen mooglike begjinrigels foar sa’n Loaiïngeaster oade sille folstean foar it doel fan yllustraasje fan de kompleksiteit fan literêre werjefte fan lânskip:

Myn lân, as manljusmoade sakegriis

en legergrien, leit likegoed fragyl;

jout jong fee oan ferstienning priis.

In poalwyn fjochtet troch it doarpsk fossyl

—ik soe net bûten boartsje meie hjoed—

fan ienris machtich ryk myn ierdse skyl.

Mei mem nei ’t koalehok, de rook fan roet,

neist blabberpaad, gefaarlik glêd, dêr neil’t

ús sleat de greidwrâld del en sloech myn groed.

Oft om te begjinnen it beskriuwen fan lânskip sinfol is, is mar de fraach. De opstân fan de modernisten tsjin it wielderich dekoratyf lânskipjende fiktorianisme is tagelyk rebellearjen tsjin, neffens William Butler Yeats, irrelevante natuerbeskriuwingen. “Betink dat de skilder in lânskip folle better beskriuwe kin as dat jo kinne en dat er der in soad mear oer witte moat,” seit Ezra Pound. Hûndert jier letter is dat net langer wier. Wy beskikke no allegearre oer kant en klearfotografy en oer Bob Ross, en kennis fan lânskiplike struktueren, tekstueren, transparânsjes, ljocht, wearden, foarmen, kleuren en linen is net langer nedich foar in skerpe, realistyske ôfbylding fan it lânskip.

Ek Pound syn ferdigening dat poëzij net beskriuwt mar presintearret—alderminst in modern idee, mar oernommen út Longinus’ Oer it sublime dat op Plato werom giet—is gjin abslute wierheid. Net tafallich is foar de oerienkomsten tusken beskriuwen, presintearjen, represintearjen en ôfbyldzjen it konsept lânskip it meast gaadlik. As fisueel ferskynsel is it in primêr ûnderwerp foar ekspresje yn de skilderkeunst. Dêrneist is it lânskip ien fan de meast ferbaal beskreaune objekten. Boppedat is it lânskip altyd min of mear ferbûn mei wat wy de werklikheid neame. It lânskip is dêrom te goed te ûndersykjen as ferbale ekspresje fan in werklik—alteast konsensuswerklik—objekt. No noch jildt dat in poëtyske útspraak net beskriuwend is, yn de sin sin fan in opsomjen fan karakteris­tiken en eigendommen. Presintearjen is eat oan immen sjen litte, in nije ûntdekking. “Lit de manier fan de wittenskippers yn jo omgean,” seit Pound.

Apart is dat beskriuwing just faak ôfwiisd is as wittenskiplik objektyf—of as fersiering, as soene objektiviteit en ornamint saken wêze dy’t stridich binne mei poëzij—dus as sûnder gefoel of sûnder dat der in private betsjutting yn de ‘dingen sa’t se binne’ beskûl leit. Mar sûnt in pear desennia is in ein kommen oan de ieuwenlange sterilisaasje fan de wittenskip troch objektive metoaden. It ynsjoch kaam dat, needsaaklikerwize, it it subjekt is dy’t mjit en ynter­pretearret. Ek beskriuwen is subjektyf en nea netraal. De beskriuwer hat altyd in doel en in ‘ik’, al ken er dy sels net beslist. Beskriuwen ferskilt dus mar gradueel en yn gjin gefal kategorieel fan it ferwizen en taspyljen dêr’t de modernistyske poëzij nei stribbet. In wrâld sûnder beskriuwing, dy’t in wrâld yn himsels is, kin net bestean. Keunst moat dêr ek net nei stribje; it moat net tawolle nei in perfekte imitatio mei, sa’t David Shields úthâldt, de honger nei realisme fan alle keunstbewegingen fan de big bang ôf, om’t just de subjektive beskriuwing wol ris de kearn fan poëzij wêze koe.

Net om’t ik de oade sa konstruearre haw mar om’t poëzij der ta twingt, is de dichter tagelyk yn it lânskip dêr’t er oer dichtet en apart fan de ferskynsels fan dat lânskip. Fansels is it lânskip in abstraksje. Bisten kenne gjin lânskip, inkeld territoarium. It ferskil tusken lân en lânskip is dat lân in gebiet is dat begrinzge is toch see en lânskip in part is fan in gebiet, mei alle dingen en wetter deryn, dat it minsklik each fongen hat en dêr’ in mentale print fan efterbleaun is. It lânskip feroaret; de werjefte fan it plak, de topografy, wurdt in ynderlike ûnderfining. Dat sa’n mentale ûnderfining better mei natuerlike objekten beskreaun wurde kin, neffens Pound, is in technyske tafoeging dy’t gjin ynfloed hat op it proses. It lânskip sprekt net mear de dichter as observearjende bûtensteander oan, mar in subjekt dat net gearfalt mei de dichter.

En dêr bliuwt it net by. Fuortgong is problematysk yn in lânskip. Net foar neat sleat de romantysk-nasjonalistyske lânskips­ferbylding, dêr kom ik letter op werom, alle feroaring út. Fuortgong bringt it bewustwêzen fan ferlies en ferfrjemding of ferwoasting, dat ferbûn is oan it fraachstik fan modernisearring. De dichter wurdt tagelyk oanlutsen troch ferheffing, dus de relaasjes mei oaren of mei de konkrete wrâld, en destruksje. Yn sa’n situaasje definiearret de dichter romte net as in gearstalling fan ferhâldingen tusken objekten—in rychje wylgen, in batte oer in sleatsje—mar as ynderlik libben, iepen foar yndrukken, bewust­wêzen. It lânskip ûndergean is der net foar te stean mar deryn op te gean, jin yn te libjen, seit fenomenolooch Maurice Merleau-Ponty, dy’t pro-deskripsje wie: “By einsluten is de wrâld hielendal om my hinne, net foar my.” Mar dat de wrâld om jin hinne of just foar jin leit is gjin natuerwet. Sa’t de wrâld ús ferskynt is ferbûn mei hoe’t wy ús omkriten leard ha te ûnderfinen: mei hoe’t de betsjutting fan de wrâld foarme is yn ús ûnderfining.

De betsjutting fan de fysike omkriten komt fuort út minsklike ûnderfining. Mar dat ropt de fraach op nei de bewustheid en yntinsjonaliteit fan de ûnderfining. Minsken kinne ek oer plakken tinke en dy ûnderfine, dy’t der net binne. Mar it is nea oerstallich om te ûnderstreekjen dat tinzen de iennichste werklikheid binne. Betink dat anestesy der krekt goed oardel ieu is, mar sirurgyske yngrepen sûnt minskeheugenis dien wurde, sadat in erkende manier fan ferdôving wie om de pasjint tinke te litten dat er gjin pine fielde. Ek giet it by lânskippen dy’t der net binne net allinne om fantasy­lânskippen. Want ‘plak’ is in twaslachtige term. It kin brûkt wurde foar in objekt fan in passend type. Yn ‘It doarp Loaiïngea is in plak’ is ‘plak’ in telber substantyf dat útwreide wurde kin nei alle ynstânsjes fan mear spesifike plakeftige substantiven, lykas lannen, steden, marren, gebouwen en sealen. Al ferskille de typen fan plakobjekten, de funksje is altyd dy fan pleatse, hâlde of ferankerje. De twadde tapassing fan ‘plak’ is net foar konkrete plakeftige objekten lykas ‘Loaiïngea’, mar as ferwizing nei lokative romtlike eigenskippen. De útspraak ‘tusken de klokkestoel en de greiden’ wurdt field as in plakferwizing; as sadanich opfette plakken falle gear mei reïfikaasjes fan lokative eigenskipsbepalingen. Boppedat binne it plakken yn dizze sin dy’t gearfalle mei de mooglike antwurden op de fraach: “Wêr?”

Neist dat semantyske probleem fan ‘plak’ is der it sosjaalgeografyske probleem fan betsjutting fan plak. Minsken hawwe betsjutting en kinne it sintrum fan har wrâld wêze, mar hoe kin grûn, beton of stien romte om him hinne slute en plakken wurde, dus sintra fan wearde en betsjutting? Yn it begryp ‘bewustheid fan plak’ (sense of place) is net it plak bewust, mar de minsken. Bewustheid fan plak is gjin yntrinsike hoedanichheid fan in fysike lokaasje dy’t wachtet op werkenning en wurdearring fan de minsken—al is it offisjele belied wol boud op de foarsizzing dat, mocht it gas opreitsje, de ierde noch in twadde erts herberget, plakidentiteit, dat inkeld ûntdutsen en oanboarre hoecht te wurden. De skulptuer Bouwend jonkje yn in feroarjende wrâld fan Maria van Everdingen lit de transformaasje sjen fan in tafallich oanwiisd punt op in grut grien flak yn in bouwwurk dêr’t it omtinken op rjochte is. Yn it Loaiïngeaster atelier soe in stikmannich fan Fryslâns belangrykste iepenbiere keunstwurken ûntstean, de Quakers soene der gesellich gearkomme en deunby soe fan de buorman fan Van Everdingen (myn heit) it skriuwerskip likegoed as de paterfamilias de earste lûde fazen trochfiterje. De stilte, dy’t de ferlittenens fan Van Everdingen har bunker yn de greiden flakby it eardere Fliegerhorst Bergen fuortsette moast, kaam amper, dêr yn Loaiïngea. Yn in dynamysk proses jouwe minsken in lokaasje de eigenskip fan bysûnderheid, troch dermei of, lykas it Bouwend jonkje dat him út de wrâldske heisa en yn himsels weromlûkt, dertsjin te identifisearjen.

Loaiïngea, hoewol’t dat inkeld yn de eagen fan in klúzner in sosjale en kulturele hotspot wêze koe, slagge der gjin momint yn de minske ôf te sûnderjen. It yntrinsyk sosjale gedrach fan minsken lit it manko sjen fan de konseptualisaasje fan de persoan-plak­relaasje. Plakidentiteit is as konsept de lêste trije desennia populêr wurden yn de miljeupsychologyske en miljeufreonlikheidsliteratuer. Dy dissiplines ûndersochten it faak yn ferhâlding ta in aparte persoan of in ‘sels’: as in substruktuer fan de selsidentiteit. Plakidentiteit dy’t in yndividuele persoan oangiet is te omskriuwen as in komplekse relaasje dy’t dy persoan opbout mei in beskaat fysyk plak. Sa opfette is plakidentiteit in fysike manifestaasje fan immen syn selsidentiteit en útferkarde plakken fan de fysike omkriten.

Faak wurdt it konsept fan plakhechting yn ien sike neamd mei dat fan plakidentiteit. Want as plak part fan jins identiteit wurdt kinne jo jo hechtsje oan dat plak en as in persoan him oan in plak hechtet kin dat plak in part fan syn identiteit wurde. Mar dat bart net needsaaklikerwize en in grut ferskil is dat plakhechting altyd posityf is, mar plakidentiteit kin ek in negative betsjutting drage, bygelyks nei in minne ûnderfining. Boppedat is oer plakhechting as ‘thús wêzen’ al in soad skreaun, mar yn de kompleksiteit fan ‘thús’ is noch gjin ynsjoch—lân en kultuer tsjinje net samar as hoek­stiennen fan ‘thús’ noch fan ‘identiteit’. Foar it begripen fan plakidentiteit hoecht dat lykwols net. Ynstee fan plakidentiteit op te fetsjen as in mentale struktuer dy’t foarme is troch yndividuele útwikseling mei immens omkriten, moat de klam lein wurde op de kollektive konstruksje derfan, dat dy’t beslach krijt en oanpast wurdt troch minsklike dialooch. It is it petear dat makket dat minsken har locatedness, har sels yn de romte, tsjutte kinne.

Kollektive plakidentiteit is in konsept mei deselde issues as kollektyf ûnthâld: it ûnderstelt in opsteapeling fan yndividuele plakidentifikaasjes dy’t ûnmooglik gelikens fan ynhâld wêze kinne om’t ommers minsken it identifisearjen dogge. Net allinne is de minsklike identifikaasje yn de measte gefallen net mei in dúdlik geografysk definiearre doarp, of in Fryslân ôfbeakene troch provinsjegrinzen, mar mei in reïfisearre ‘dêr tusken de ûnder­geande sinne en de waaksende moanne’ dat nea itselde plak is as in oar persoanlik antwurd op de fraach “Wêr?” Ek is it sa dat twa ferskillende minsken wierskynlik ferskillend identifisearje mei deselde lokaasjes. Boppedat sil plakidentiteit feroarje as nije generaasjes har ferbylding—it ferienigjen fan yndrukken en ideeën yn de holle—oars brûke. Want plak as produkt fan sosjale hannelingen kin, op transaksjonele wize, sjoen wurde as de entiteit tusken aspekten fan betsjutting, fysike eigen­skippen en betreklike aktiviteit. De kollektive persepsjes fan plak foarmje de kearn fan wat it plak ís; de kollektyf holden betsjuttingen dy’t it plak hat foar syn bewenners en brûkers. It is de útkomst fan sosjale funksjes, doelen en beoardielingen, dy’t ôfhingje fan fysike karakteristiken fan it plak likegoed as fan noarmen, ferwachtingen ensafuorthinne, en benammen fan affeksje en motivaasje. Kollektive plakidentiteit is dus noch minder as yndividuele plakidentiteit in fêst omskreaune kondysje. Om’t plakidentiteit net kondysjonearber is sil nasjonalisme dat it essinsjele ‘thús’ ferankeret yn lânskip op in stuit misbetearre; reizgers sille mar al te gau ûntdekke dat oer ‘thús’ o sa te ûnderhanneljen falt.

Sadwaande is it logysk dat simpele fragen, lykas ‘wêr komt it plak wei?’ selden steld wurde. It ferklearringsproses liket te rinnen fan konkreet en fansels nei ûngrypber en ôfhinklik fan tiid en tinken. Dat is heuristysk sinleas en polityk fergees. Polityk, oft dy no technokratysk is of leaut yn de positive psychology fan propaganda, moat it hawwe fan it positivisme fan heldere útspraken en it idee dat kennis oardere wurde kin op in dúdlike, algemien akseptearre manier, sadat der ien bêste oanpak fan de saken is, lykas der ien bêst antwurd op wittenskiplike fragen is. Mar dat is net sa. Wêr komt it plak wei? It is de identifikaasje fan minsken dy’t romte, in geometryske foarm, transformearret yn plak, in kulturele konstruksje. Wat is de betsjutting fan plak? It is de betsjutting dy’t yndividuen it mei-inoar jouwe. Dat plak sosjaal konstruearre is en yn syn wurk giet, omfettet neist it hanneljen fan minsken it ynstitúsjonalisearre lângebrûk, politike en ekonomyske beslissingen en de taal fan represintaasje. Mar fragen oer ‘wa’t wy binne’ binne meastal ynlik ferbûn mei fragen ‘wêr’t wy binne’, dus it idee dat fongen wurdt mei it psychologyske konsept fan plakidentiteit, en dat faak oangeande de yndividu, net oangeande sosjaal dielde skemata.

De wearde fan it konsept plakidentiteit is dat it sicht jout op de pleatste aard fan subjektiviteit, lykas it konsept fan situatedness it subjekt fêstiget yn de tiid. Mar as men fokust op de persoanlike betsjutting en identiteit fan plak bliuwe ynfloeden fan regionale en globale ekonomy, nasjonale polityk en mear omfiemjende ynstitúsjonele faktoaren folslein bûten sicht. Plakidentiteit is in boarne fan retoarysk en ideologysk hanneljen. Maatskippijen skriuwe politike gewichtigens ta oan plakken en naasjes binne sa boud dat minsken mei plakken emosjonele bannen oangean, krekt dy relaasjes dy’t geografen en oerheden ‘sense of place’ neame. Leafst brûke oerheden de fraze ‘grûnen fan identiteit’ yn ’e dûbele betsjutting fan thúshearren en dat it territoarium beskate sosjale praktiken en relaasjes rjochtfeardiget. De ideologyske funksjes fan plakidentiteit, behâld fan machtsrelaasjes en tradysjes, sizze de psychologen Dixon en Durrheim, binne ferwaarleazge troch miljeupsychologen en lânskipsarsjitekten.

As it giet oer it ûnstean fan plak sels, dat in kollektiver proses ferûnderstelt as de konstruksje fan yndividuele plakidentiteit, leit de sosjale geografy just de klam op de ekonomyske en materiele ynfloeden. Mar de rol fan taal, dy’t neffens geograaf en munter fan de term ‘bewustheid fan plak’ Yi-Fu Tuan beskiedend is, wurdt net erkend. Tuan wiist der op dat minsken sûnder taal har ideeën net formulearje en besprekke kinne en se net oersette yn aksje om in plak mei te bouwen. Taal makket plak, neffens Tuan, en wol troch de waarme konversaasje thús, it oernimmen hoe’t eardere bewenners objekten neamd ha, ynformele of offisjele negative oardielen, en de formele skreaune stikken oer it plak. In talige beneiering fan plak, sa’t Tuan útstelt, kin min oan ’e ideologyske funksje fan plakidentiteit foarbygean.

De ompratende politike taal fan lânskip as nasjonaal symboal, faak yn koar mei de ynstrumintele taal fan toeristereklame, is sa problematysk om’t sokke taal it lânskip hâldt foar fysike omkriten—gewoanlik in pear symboalyske of represintative, unifoarme ‘typysk Fryske’ plakken—ynstee fan it resultaat fan minsklike útwikseling. De reïfikaasje fan it lânskip hat grutte gefolgen foar de minsklike relaasjes dy’t lânkip makken: dy wurde kwantifisearbere objekten. Ofsnijd fan de kwaliteiten fan har relaasjes reitsje de bewenners redusearre ta iendiminsjonale karakters, har eigen­skippen binne har ôfnommen en yn de etalaazje set as keapwaar en hja bliuwe isolearre en atomisearre efter yn har eigen lânskip. Wêr’t hja strjitljochtleas opgroeiden, as bern redendielend oer it riedsel fan de efterkant fan ’e moanne, is in Dark Sky Event: no camping allowed!

De njoggentjinde ieuske fisy op lânskip en it romantysk nasjonalisme wiene mei-inoar ferfrissele. It kulturele, politike byld fan lânskip wie as in passyf lizzende substânsje, de jonkfrou ûnder the male gaze, wylst om ideologyske redenen elke ferwizing nei de produktive sojale relaasjes radikaal út de foarstelling ferballe wie. Estetysk geniet waard lykwols altyd sabotearre troch op ’e loer lizzende technology en foarútgong, sa’t it lânskip ien ferskynde wie ‘jûn’ oan it bewustwêzen en it lânskip en it deryn doarmjende dreamende sels wiene ynsletten yn ’e beskriuwing. Emansipaasje út de natuer wie ûnmooglik; de krityske tsjinhinger fan dizze foarstelling wie hieltyd dy fan de ferfrjemding fan de natuer, troch sosjo-ekonomysk fetisjisme en selsferfrjemding. De Twadde Wrâldkriich taaste net allinne de nasjonalistykse etyk oan mar fege alle wearden wei en dat twong keunstners, stelde de Situationist International fêst, om de fraach nei de betsjutting fan it libben te stellen. As der gjin betsjutting wie hie it libben gjin nut útsein it te konsumearjen. Net-plande kuiers troch it urbane lânskip moasten helpe de keunstmjittige werklikheid te trochbrekken en de eigen, minsklike emoasje werom te bringen yn ’e ûnderfining; stimming, dus hoe’t wy ús fiele, is de meast fûnemintele hint foar it begripen fan ús yn-’e-wrâld-wêzen, Dasein. Mar it konsept fan nasjonale of etnyske identiteit, en resint ek dat fan kulturele identiteit, krige nettsjinsteande de wrâldoarloggen, sa’n universele erkenning dat it in normatyf byntliif wurden is.

En dat is net alles. Want hoewol’t der djippe, net oer te kommen ûnienichheid is oer de kwestje oft identiteit essinsjeel of eksistin­sjeel, primordiaal of konstruearre, inkelfâldich, kontinu of mearfâldich is, en identiteitskonsepten om dy reden hieltyd oanfochten en fersmiten wurde, is der gjin debat oer de fraach oft identiteiten wol bestean of net. Us identiteit is net mear as in sa goed mooglik oanpassen oan de maatskippij dy’t wysels meitsje, seit Paul Verhaeghe, en dat is no in neoliberale maatskippij dy’t ‘abnormale’ yndividuen net behannelet mar korrizjearret en dissiplinearret oant it meidwaan kin. Wie de noasje fan plakidentiteit no just sa weardefol fanwegen de keppeling fan subjektiviteit oan plak, dat subjekt is útskeakele. Plakidentiteit as mei populêre retoryk oanpriisde commodity en tagelyk as homogenisearjend model dat ymmún is foar krityk. Plakidentiteit blykt solitêr, ûnbestriden, mentalistysk en apolityk. Mar ek dat is noch net alles. Want yn Fryslân hat it foarmjen fan identiteit as literêre ûndernimming altyd de lânskipbeskriuwing oerhearske en no noch is lânskip in eftergrûn en selden in relevant plotûnderdiel. Dat alles makket foar de Fryske skriuwer it probleem fan represintaasje fan it lânskip noch stikken grutter.

Net as sadanich herkend, komt der yn 1818 krityk op it pittoreske lânskip. Jane Austen wol, neist it opfiedende effekt dat harmonieuze omkriten op minsken ha soene, ek it emosjonele effekt fan it lânskip yn it beskriuwen derfan belûke. Yn dy tiid rekkene de estetyk fan it sublime froulju ta objekten dy’t hiel geskikt wiene foar artistike werjefte, mar it froulju waarden net by steat achte om as subjekten it sublime it ûnderfinen. Ek topografyske poëzij, dy’t yn de breedste sin lânskipspoëzij is, koe yn de santjinde ieu al in politike aginda hawwe. It sjenre stamt út de let-klassike perioade, 400-323 foar nul, is definiearre as lokale poëzy dy’t as kearn­ûnderwerp in beskaat lânskip, dat wol sizze in spesifyk neamd echt besteand plak, hat om poëtysk te beskriuwen, en dat moaier meitsje kin mei taheakke histoaryske oantinkens of hjir of dêr in bespegeling. Ein jierren sechstich rekke it sjenre út de graasje. De krityk rjochte him op it ferdivedaasjemaniërisme, de opbou út standertûnderdielen en de ûnnoazele moraal—tink oan de Fryske ‘folksskriuwerij’ en betink ek dat lânskipspoëzij yn Rome maatskippijkritysk wie, ûnder oaren wurk fan Fergilius. Wat Grykske lanskipsfersen oanbelanget ferwiist sels Sappho, dy’t wy gewoanlik arkadysk portrettearje as fier fan de manluswrâld ôf, no en dan nei polityk. Lânskipspoëzij is dus beslist net inkeld pastoraal, statysk, in ivich dekor foar it skeppen fan ienheid út wat ferdield en net-harmonieus is.

It modernisme kaam mei syn foarkar foar ferwizing, faak fan private aard—it hjoeddeiske gedicht lit de lêzer mar riede wat it poëtyske ik meimakke ha kin bûten de dichterlike iepenbiering—en syn lûd ôfwizen fan beskriuwen en syn yntellektualisme, koartsein syn ponearjen fan in wrâld sûnder beskriuwing, dy’t in wrâld yn himsels is. Mar krityk op beskriuwing wie der al foar it modernistysk antyrealisme, troch de hiele skiednis hinne. Want represintearjen is eat feriviearje dat foar jo brocht is, of it plak ynnimme foar in oar en hannelje yn dy syn belang of mei syn gesach. Dat jout in keunstner gjin eigen ekspresje, is it idee. Krekt it oarderjen fan it materiaal nei in literêre, lyryske foarm is nijsgjirrich, hoewol’t, of just om’t it dalik alle kwestjes oer de represintaasje fan lânskip opikkeret. In plicht- of sketsmjittige boelbeskriuwing is gjin keunst oan en sprekt net it yntellektuele omtinken oan dat ymplisyt oanwêzich is yn sels it measte ambachtlike skriuwen. Mar dat is net sa. Beskriuwing is faak trochinoar helle mei wittenskiplike objektiviteit of inkeld fersiering, mar beskriuwing mist nea in motyf, it is nea ûnskuldich of neutraal, nea suver of sûnder betsjutting of gefoel; der is neat bûten subjektiviteit dy’t dield wurdt, of sa’t Tuan seit, neat bûten narratyf-deskriptyf lânskip. Watfoar beskriuwing ek fan it objekt beskriuwt de beskriuwer mei.

Moarns wie it it gewoanste lân:

De wask lilk skuorrend oan de line,

Hanneblazend, want sûnder moffen oan,

Soe de bakker aansen efter hûs ferdwine.

Konvinsjes—mar al te faak ridikulisearre en fuortskopt troch jongerein dy’t neat oannimme wolle en fernijing net as middel mar as doel sjogge—binne de karakteristiken en beheiningen dy’t tapasber, relevant en berjochtige binne foar de fêste praktyk yn it fjild fan lânskipbeskriuwing. Se omfetsje literêre konvinsjes, bygelyks ûndersyk, modellen en oplossingen, technyske konvinsjes lykas sjenre en styl, en piktoriële en konseptuele konvinsjes lykas realisme, iroany en doelpublyk, dy’t mienskiplike kennis binne op in beskaat plak. Sa brûke wy de lânskipsmetafoar om alle minsklike ûnderfiningen fielber mei te meitsjen, hoe groulik oft dy ek binne, mar oarsom heart de projeksje fan minsklike ûnderfiningen yn it lânskip binnen it leaflike register te bliuwen. In antropomorf, iepenlizzend, bliedend en, it slimst fan alles, harsels net skamsum bedekkend lânskip falt bûten de bânbreedte fan konvinsjonele ferbyldberens. Mar wilens stiet fêst dat ferbyldberens überhaupt, ynbegrepen ûnkonvinsjonele en ‘fernijende’, net organysk en yn it fjild syn beslach krijt, mar altyd polityk en ideologysk orkestrearre is. Bygelyks de ferbyldberens fan of yn geometryske foarmen, jubeljend ferwolkomme as abstrakte keunst, lykas yn de hannen fan it Bouwend jonkje: abstrakt seit neat oer persoanlike ûnderfining, amper wat oer de ôfstân tusken it direkt waarnommen plak en de artistike ferbylding i.e. it abstrahearjen, en (dus) alles oer de wil ta restauraasje en weropbou, yn it nei-oarlochske o sa skuldige Parys en likegoed yn ’e Loaiïngeaster blikke.

It omkearen fan it ôfsnijen fan de bewenner fan syn plak, syn identifikaasje dermei en represintaasje derfan, hat just gjin ferlet fan dat soart útstippele ferbyldingsrevolúsjes of regele radikale dekonstruksjes fan de literêre lânskipskanon. Literêre lânskiplike takomst is hoe dan ek it foegjen fan it lânskiplike ferline yn it lânskiplike no. Keunst­konvinsjes binne net inkeld de foaroardielen oer lânskip­beskriuwing as eroatyske setting en metafoar en striid tsjin de technology en de eleminten; se binnne ek konstitutive sosjale krêften foar it ombûgen en opnij organsearjen en ynterpretearjen fan lânskips­represintaasjes. Paradigmawiksels barre net apart, mar der middenyn: middenyn de wrâld.

In plak hat plakferbyldberens, wat de eigenskip is om mei syn foarmen, kleuren en komposysje in sintúchlik mentaal byld by de taskôger út te lokjen, libbene, krêftige, relevante en maklik thús te bringen kognitive plaatsjes. Mar it is de social imageability, de sosjaal konstruearre en útwiksele plakoantsjuttingen dy’t it plak symboalysk bepale en betsjutting jouwe: it ‘wat is it plak dêr’t ik bin’ ûntstiet yn ’e sosjale ferbylding. Foar it praten oer ús plakken brûke wy taal, dy’t der dus al is, mar ferbyldberens omfettet it better oppikken, ferwurkjen en opslaan yn it ûnthâld fan beskate wurden mei beskate klankeigenskippen dy’t by dat plak passe. Ferbyldberens beynfloedet it mentale leksikon. Mei oare wurden, de beskriuwer ûntlient syn ‘stof’ net oan it lânskip en de stof is net in ôfspegeling fan it lân dat sjoen is, mar it lânskip makket aktyf de kognitive bylden en sels de taal dy’t foar it beskriuwen fan dy bylden opkomt. Wat te dwaan mei de ‘stof’ dy’t it plak, Loaiïngea, levere wie dus in non-fraach; it docht himsels. Stilstean en yndividualistysk beskôgjen hoecht net en bringt op syn heechst mear ferfrjemding. Trochrinnen op ûnfoarsisbere sosjale paden is genôch en yndie ek it iennichste dat dien wurde kin, wolle wy de fuort êbbe metafysika wer werom bringe yn it lânskip en it tinken oer it yn de wrâld wêzen opnij opnimme yn de beskriuwing. In plak is inkeld te beskriuwen troch hielendal op dat plak te wêzen.

July 2015

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15