image Fers2

Opiny

Mar trije persint?!

Oer it Letterefûns syn (earlike) subsydzjetakenning oan de Fryske literatuer

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.10, 22 maaie 2019

Yn 2018 kende it Letterefûns fan syn folsleine subsydzje­besteging oan de Frysktalige literatuer in persintaazje ta fan: 1,12. Wûûaaa! Sa’n bytsje! Dat machtige ynstitút hjir oan de Nije Prinsegrêft dat yn namme fan de oerheid it letterebelied útfiert en it jild ferpartet, joech ferline jier meiinoar 7.243.492 euro út en dêrfan oan Frysktalige projekten mar 54.982 euro? Reflektearret It Letterefûns soms noch altyd it alâlde paradigma fan de stedske, kosmopolityske dominante kultuer, yn in konflikt om macht, beskoalmasterjen en prestiizje?

Of, wolle se yn har belied de multykulturele idealen wiswol heechhâlde, en dat sûnder de kritisearre folkoristyske aspekten—kowesturten—fan etnyskkultureel ferskaat te ûnderstreekjen, mei it meinimmen fan de direkte Fryskliterêre noeden fan hjoed, en sûnder oan ’e oare kant it Frysk yn in hokje te tropjen—wat is dan überhaupt rjochtfeardich?

Litte wy earst ris nei fiif jierferslaggen fol jild sjen.

Om te begjinnen is der net ien subsydzje mar in hiel soad regelingen. Guon dêrfan stean streekrjocht ûnder it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen. Elk ken in eigen plafond: bio­grafieregeling, projektsubsydzjes publikaasjes, projektsubsydzjes literêre oersettingen, earejilden, reiskosten promoasje of stúdzje, esseeregeling, yllustrearre berne- en jeugdboeken, Schwob, literêre útjeften oarspronklik, digitale projekten, digitale tydskriften, lite­rêre manifestaasjes ynsidinteel, of mearjierrich, oersetsubsydzjes bûtenlân, algemien reglemint ensafuorthinne. Projektsubsydjes publikaasjes, de eardere wurkbeurs skriuwers, is hieltyd de grutste hap fan de bestege subsydzjesom.

Yn 2014 is de summa subsydzjebesteging 10.171.130 euro. Foar projektsubsydzjes publikaasjes binne 121 oanfragen takend, foar in bedrach meiinoar fan 2.286.500 euro. Dêrfan binne 2 projekt­subsydzjes foar Fryske literatuer. Josse de Haan krijt foar in roman dy’t útjûn wurde sil by de Afûk 20.000 euro en Hanneke de Jong krijt foar in berneboek by de Friese Pers Boekerij 10.000 euro, meiinoar 30.000 euro. Fan de projektsubsydzjes publikaasjes meiinoar (2.286.500 euro) giet 1,31 persint nei Fryske literatuer.

Literêre útjeften oarspronklik is de subsydzje bedoeld om it útjaan better te dwaan te meitsjen foar de útjouwer. Yn 2014 is oan 19 literêre útjeften meiinoar in bedrach takend fan 121.183 euro. Dêrûnder binne trije Fryske útjeften. Bornmeer krijt 973 euro om in boek fan Bouke Oldenhof út te jaan, de Friese Pers Boekerij krijt 925 euro foar in bondel fan Eppie Dam en Frysk en Frij 1.023 euro foar it útjaan fan ien fan Albertina Soepboer. Oer de oanfragen foar literêre útjeften advisearje wikseljende eksterne Fryske lêzers; yn 2014 binne it Babs Gezelle Meerburg, Eric Hoekstra, Hylke Tromp. It oanpart subsidiearre Fryske literêre útjeften is 2,41 persint.

Foar literêre projekten en manifestaasjes wurde meiinoar 19 oanfragen takend, foar in som fan 284.800 euro. Ien Frysk projekt, Explore the North, krijt 10.000 euro stipe. Dat is net hielendal Frysktalich, mar for the sake of the argument, it oanpart fan Fryske stipe is op it bedrach meiinoar 3,51 persint.

De oare subsydzjes gean net nei Frysktalige oanfragen. Al mei al hat it Letterefûns yn 2014 fan it meiinoar bestege subsydzje­bedrach 0,42 persint takend oan Fryske literatuer.

Yn 2015 ken it Letterefûns meiinoar 6.415.236 euro oan subsydzjes ta. Opfalt is dat it Letterefûnsjierferslach deselde opset hâldt, wat de bètaharsens graach wolle, ultime ferlykberens, wylst it ek sicht jout op de ierdske ferskowingen. Wy libje net ûnder in ferstienne godkening fan de keunst mar yn in demokrasy. De subsydzjes ferskille lykwols minimaal. Oan projektsubsydzjes publikaasjes wurde takend meiinoar 112 oanfragen foar 1.950.000 euro; foar Fryske literatuer 5 oanfragen, al mei al 3,84 persint. Promoasjereis, takend meiinoar 89 oanfragen foar 48.999 euro, foar Fryske literatuer 1 oanfraach, 2,57 persint. Stúdzjereis, takend meiinoar 26 oanfragen foar 57.455 euro; foar Fryske literatuer 1 oanfraach, 6 persint. Yllustrearre berneboek meiinoar takend 11 oanfragen foar 50.871 euro; foar Fryske literatuer 1 oanfraach, 3,14 persint. Literêre útjeften meiinoar takend 18 oanfragen foar 95.760 euro; Fryske literatuer 4 oanfragen, 13,92 persint. Dat lêste is opmerklik heech. Fan de summa besteging 2015 giet 94.669 euro nei Fryske literatuer = 1,48 persint.

Yn 2016 wurde oan projektsubsydzjes publikaasjes meiinoar takend 112 oanfragen foar 2.230.500 euro; foar Fryske literatuer 1 oanfraach, 1,12 persint. Literêre útjeften, meiinoar takend 19 oanfragen foar 90.805 euro; Fryske literatuer 4 oanfragen foar 6.719 euro meiinoar, 7,40 persint. Dat telt op ta 31.719 euro oan subsydzjes foar Fryske literatuer, op de summa bestiging yn 2016 fan 11.277.504 euro, is 0,28 persint. Dat persintaazje is leech om’t de mearjierrigge subsydzjes 2017-2020 foar literaire festivals, foar in bedrach fan 4.656.000 euro, de jierbesteging yn 2016 enoarm opjeie. Dy literêre festivals binne yn ’t generaal Nederlânsk- en Ingelsktalich, net Frysk. Dêrfoaroer hat it Letterefûns mei kofinansiering fan de provinsje Fryslân in nije útjefte fan 10 books from Friesland besoarge en in oersetkursus NL-FY organisearre, mar de hichte fan de stipe foar beide projekten stiet net yn it jierferslach en is net meinommen yn berekkening.

Yn 2017 kenne se oan projeksubsydzjes publikaasjes foar skriuwers fan literêr wurk 112 oanfragen ta, foar 2.066.500 euro; foar Fryske literatuer 6 oanfragen foar meiinoar 105.000 euro, is 5,08 persint. Foar literêre útjeften wurde meiinoar 20 oanfragen takend foar 79.187 euro; dêrûnder Fryske literatuer 2 oanfragen foar meiinoar 4551 euro, is 5,75 persint. De oare subsydzjes gean net nei Fryske literatuer. Alles opteld is fan de summa fan 6.886.694 euro oan Fryske literatuer bestege 109.551 euro = 1,59 persint.

As lêste 2018. Oan projektsubsydzjes publikaasjes wurde meiinoar takend 106 oanfragen, foar 2.132.000 euro; dêrfan binne 5 Fryske literatueroanfragen foar meiinoar 78.000 euro, is 3,66 persint. Foar literêre útjeften oarspronklik wurde meiinoar takend 26 oanfragen foar 101.349 euro; dêryn sitte 2 takende oanfragen foar Fryske literatuer, foar 2.982 euro meiinoar, 2,94 persint. Oare subsydzjes wurde net jûn oan Fryske literatuer. Yn 2018 is oan takenningen foar Fryske literatuer meiinoar 80.982 euro bestege, op in summa fan 7.243.492 euro, dat is 1,12 persint.

Dat wie it datasamljen: hieltyd lege persintaazjes foar de Fryske literatuer … twaenheal-trije persint foar de projektsubsydzjes publikaasjes en in pear persint foar de literêre útjeften … op de hiele jierbesteging meiinoar krije Frysktalige publikaasjes meast noch gjin persint takend. En no meie wy dy sifers útlizze. Minsken binne dêr goed yn. De nijslêzer bringt de nijste ferkiezingspeilingen en wy witte dalik oft it ûnsin is of net: data-ynterpretaasje.

Wat wy yn it earste plak sjogge, is dat it oanpart foar Fryske literatuer op de summa fan alle bestegingen in stik leger útfalt as it oanpart projektsubsydzjes publikaasjes en literêre útjeftesubsydzje. Dat komt benammen om’t de subsydzjes dy’t it Letterefûns takent foar alle Nederlânske literatuer ek foar de Friezen binne. Ik genietsje fan in bondel fan Co Woudsma en ik lear dêr wat fan. Ik bin bliid dat Diva Yva net keard wurdt by de doar fan in literêr festival, want út Snits? ha! opsâlte. De krityk dat op dy manier de Fryske literatuer deroan giet, om’t dy nea tsjin it dominante Nederlânsk en aggressive Ingelsk op kin, is mei rjocht, mar: dêr is al rekken mei holden. It Letterefûns hat fan de oerheid de eksplisite opdracht om it ferskaat te ûnderstypjen, en dêrby ta positive aksje. Der is in ekstra maatregel om efterstelling of ûnderfertsjint­wurdiging fan minderheden te minimalisearjen. En dat is dúdlik werom te sjen yn de persintaazjes.

Letterefûnssubsydzjes falle net as rein egaal oer it lân, want it giet om de minsken. Fryslân is wol ien fan de tolve provinsjes, mar makket lang net 1/12 part, of 8,33 persint, fan befolking fan Nederlân út. Op 1 jannewaris 2018 wie it mar 3,76 persint. Boppedat giet it net om de Friezen, mar om de Frysklêzers. Neffens de FA-taalbehearskingssurvey fan 2017 kin 59 persint fan de Friezen, nei eigen sizzen, ‘hiel maklik oant goed’ frysklêze. Lûkt men dêr de helte oan volunteer bias plus de ûnsuverens troch sosjaal winsklik anderjen fan ôf en rekkenet men allinne mei tweintichplussers, dan is it potinsjele publyk foar it Fryske literêre boek 171.403 persoanen = 1,13 persint fan de Nederlânske 20+ers. Dy útkomst is wierskynlik royaal, want as jo fan de 19 persint dy’t neffens deselde survey it skriuwen hiel maklik oant goed kin, de partidigens en ûnsuverens ôflûke, dan komme jo op sis 10 persint fan de 571.343 Fryske 20+ers: in fabeleftich heech getal fan 57 tûzen betûfte fryskskriuwers. It Letterefûns is der net foar de skriuwers mar foar de literatuer, sadat it tal aktive skriuwers op it kultureel-literêre mêd, yn 2018 10.000 yn Nederlân seit kvb Boekwerk, en dêrfan 40 Fryske skriuwers neffens Sirkwy (oanfolle), net fan belang is, al jout it persintaazje fan 0,40 in kleare yndikaasje.

Foar rjochtfeardige fertsjintwurdiging en ekstra beskerming fan de oerhearske Fryske literatuer is it hielendal net sa gek om út te gean fan in belutsen literêre minderheid dy’t 1,13 persint útmakket fan de mearderheid.

As jo dy 1,13 no mei it dûbele persintaazje oan subsydzje betsjinje, om de 2,5 - 3 persint fan de aparte Letterefûnssubsydzjes hinne, soe dat earlik wêze?

Faaks wol. Tagelyk docht út de Kanadeeske striid om erkenning fan de kulturele eigenheid bliken dat sokke berekkeningen feitlik ûnmooglik binne en ek gjin rjocht dogge oan it ferskaat tusken minsken en har ekspresje. Wy binne net werom te bringen nei in bedrach fan de oerheid en doch mar lekker jim ding.

Dochs, dat filosofysk riddenearjen befrediget likemin. De Fryske sifers dogge leech oan. Wy easkje in ferklearring.

Jan Kamp fan it Letterefûns seit dat de sifers yndie leech lykje. Syn yndruk is, mei slach om ’e earm want hy hat gjin hurde sifers, dat der minder oanfragen út Fryslân binnenkomme. By binnen­komst wurdt nei de taal net sjoen en der is gjin kwotum noch in plafond foar Frysktalige subsydzjes, mar it Letterefûns is gjin Nigeriaanske prins dy’t jo spamt oft jo asjeblyft ryk wurde wolle. Skriuwers moatte wol sels subsydzjes oanfreegje.

Wol in plafond hawwe de trije potten dêr’t de projektsubsydzje út bestiet. Starters krije jild foar it twadde boek en oeuvrebouwers foar it tredde oant en mei fyfde boek, sa litte de jierferslaggen sjen, en dan is der de pot foar bedreaune skriuwers. It pottestelsel behinderet de bedreaunen om hieltyd Rely-styl it jild foar de noazen fan de begjinners wei te kapen, sûnder dat der partidigens ûntstiet. Want de potten binne taalblyn, dus jilde foar Nederlânsk- en Frysktalige oanfragen meiinoar, en de plafonds lizze aardich heech. Alle oanfragen wurde apart beoardiele. Fryske oanfragen gean dêrfoar nei Fryske/Frysklêzende (eksterne) adviseurs. Behalven it manuskript of projekt besjocht men ek de ynstjoerder syn ynkommen. Dat is sadat it jild komt wêr’t it nedich is, ommers it is gjin prizejild. Skriuwe jo mei in Graf von Faber & Castellpinne of hawwe jo in moai dosintskip oan de Fryske Akademy, dan kin subsydzje net takend wurde. Dat is earlik mar kin de lege sifers foar in part ferklearje, om’t it oanfreegjen fan subsydzje op de Bûterhoeke de modus operandi is, oars as bygelyks by my in ’e keuken.

Neist en yn ferbân mei ‘te min oanfreegjen’ kin by de wat lege Fryske sifers ek de ferskode boekemerk meispylje. Yn hiel Nederlân, seit Kamp, is der in omdelgeande boekferkeap. Tagelyk is der in ferskowing fan in mear egale merk fan bestsellers-middenmoat-dreech guod, nei in sûzende bestsellerferkeap en in omset fan de middenmoat dy’t weromrint. Sa’n ûntjouwing makket de literatuer smeller.

Ferskaat en Frysk binne essinsjalia yn it beliedsplan fan it Letterefûns. Lykwols, no’t it tal Fryske skriuwers lytser wurdt—deagewoan om’t de Fryske taal net substansjeel ûnderwiisd wurdt en net mear libben is—kinne jo net langer ferwachtsje dat de persintaazjes takende subsydzjes jier nei jier gelikens bliuwe. Minder skriuwers meitsje minder oanfragen. Ek dat ferklearret mooglik de legere sifers.

Boppedat moat it Letterefûns net misbegrepen wurde as multykulturaliteitsstiper. Dat is it net. Offisjele multykulturele stipe docht de provinsje Fryslân, los fan it Letterefûns. Spitigernôch is dy aparte stipe fan de provinsje foar it Frysk gjin reden om it haadstik ferromme te sluten. Want earst hat de provinsje inkeld jild foar taalbehâld, in conreto foar Frysktalige boeken (dêr’t de kwaliteit fan de Fryske taal by bûten beskôging litten wurdt). It boekebudzjet wurdt ad hoc, op oanfraach, ferparte, dat de stipe komt net perfoarst op it plak dêr’t it it meast nedich is. It ûnderlizzend obstakel is dat de provinsje gjin Frysk skriuw & publisear­programma hat. De provinsje fiert gjin keunstbelied út en hat gjin ynstelling dy’t dat dwaan kin. Sadwaande mist it stipebelied de kwalitative ambysjes, en fan gefolgen de fersterkjende strategyen mei bygelyks in redakteureoplieding. Op persoanlik nivo is de reduksje fan keunst ta taal net bemoedigjend foar de literêre skriuwer.

Twad bestiet offisjele multykulturaliteit, dus dat de oerheid twataligens erkent mei in wet, allinne mar op Fryske boaiem. Dat foarmet gjin garânsje foar in yntegrearre multykultureel belied by ientalige ynstellingen lykas it Letterefûns, dy’t wol oanwiisd binne om alle letteren fan it lân gelyk te betsjinjen. It Letterefûns jout it Frysk in foarkarsbehanneling troch syn ‘spearpunt’, mar in better útgongspunt, ek foar it Letterefûns, soe wêze de erkenning fan twataligens yn hiel Nederlân. Want it Letterefûns is net allinne in eselke-strek-dy, mar hat ek, benammen, in literatuerfuortsterkjende funksje. De fruchtberste foarm fan fuortsterking is lânsbrede erkenning fan de twataligens: dêrmei komt de bewustwurding dat ek it Frysk fansels sprekt.

No sa, skriuwers. Oanfreegje dy Letterefûnssubsydzje! It jild leit klear.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15