Opiny
Nije bylden!
& de rol fan de keunstner
Yn ’t ljocht fan ’e mondiale en winnende antyrassismeaksjes—se ha de moraal oan har kant—is it rêden fan swarte pyt en seeheldestânbylden in ebjend efterhoedegefjocht; mar, al stiet de keunst ree foar sosjale feroaring, hoe skeppe jo werklik nije bylden?
Jerry Afriyie hat wûn: it dispút oer de swarte piten is foarby loefd! Skuonpoetsersguod op jo gesicht jildt no, post-pauslike feroardieling fan de “sûnde fan rassisme”, as sosjale suïside en toeristen bliuwe fuort út in plak dêr’t Lonely Planet fan seit dat se ‘blackface’ dêr kuozje as har nasjonale erfskip. Mar wylst de sneldykblokkearders fan alearen hieltyd drôver omrinne mei har efterhelle sandwichbuorden, ha wy alwer in nije oerstallige en troch de aktualtieit ynhelle diskusje: de byldestoarm.
Wa hat him net yn ’e kroech fermakke mei strjitnammen nei wrede en barbaarske figueren, de Idi Amindyk en it Pol Potplein, dêr’t dan gjinien in hotel op wol mei monopoly. Mar yn ’e echte wrâld is it hiel oars. Dêr rinne steefêst frij wite lju om dy’t sizze dat stânbylden fan slavehannelers en koloniale, rassistyske massamoardners, dat moatte jo breed sjen. Ald-CDA-politikus Kathleen Ferrier seit op 15 juny fan
het met geweld omver halen van standbeelden of bekladden van erfgoed [is] geen duurzame oplossing. De juiste context bieden en meerdere perspectieven tonen is een betere manier.
Bylden oanfalle is dom, sei Gertjan van Schoonhoven fan it lilke wite manneblêd Elseviers Weekblad op 14 juny. “Feiten doen er niet toe, zo laat de bekladding van het Piet Hein-standbeeld zien.”
Mar in ‘feit’—wat dat ek wêze mei—komt nea sûnder kontekst. Benammen nei Charlottesville binne stânbylden en koloniale memorablilia omklaaid mei konnotaasjes fan haat en wanachting. Wite rassisten en wite nasjonalisten kamen gear om, nei’t it stedsbestjoer besletten hie om it wei te heljen, it stânbyld fan Conferderate General Robert E. Lee te rêden. Mear omfiemjend wie it doel fan har protest: Unite the Right. Binnen in pear oeren wiene der trije minsken dea. In 20-jierrige wite rassist hie mei opsetsin syn Dodge Challenger hurd op in kloft tsjindemonstranten ynriden. Hy deade in frou fan 32 dy’t foar har rjochten opkomme woe en ferwûne 28 oaren.
Hoewol’t dúdlik dat it gjin hanneljen út selsferdigening wie, is de fabrisearre ferûntweardiging, stuolke op misynformaasje, lykas de slachtofferpolityk fan Baudet, sa besmetlik as wat. In pear dagen lyn skeat de rassistyske New Mexico Civil Guard op in demonstrant dy’t in stânbyld omhelje woe (hoe dogge jo dat solo?). Londen hat by de Black Lives Matterprotesten ekstreemrjochtse ‘tsjindemonstranten’, “ostensibly, they say, to protect the statues,” sei de boargemaster. Yn Nederlân ha wy Feyenoord- en ADO-hooligans om de bylden fan Willem van Oranje en Pim Fortuyn te beskermjen, mei spandoeken tsjin Antifa en foar All Lives Matter en Geen 1,5 Meter Samenleving.
Fryslân hat ien boarstbyld fan in antyrassist, Jan Jacob Slauerhoff, dy’t al foar syn achttjinde út Ljouwert fertrok om nea werom te kommen. Dêrfoaroer komme sân bylden yn ’e beneaming om te bekladzjen. Kultuerdeputearre Poepjes kin de Cambuurhooligans alfêst oproppe as se har CDA-punt meitsje wol oer ‘ús’ kultuer of VOC-mentaliteit—betink dat de Fryske VOC-bylden lang net histoarysk binne: se stean der noch mar krekt 20 jier. De swarte list is: it boarstbyld fan Egbert Douwes de Jong dy’t koloniale waar fan ’e VOC ynfierde yn De Jouwer; it stereoptype portret fan ‘De Indiaan’ yn Ljouwert; it Ynjemonumint te Ferwert dat de dieders en net de slachtoffers betinkt; it stânbyld fan de VOC’er Willem de Vlamingh op Flylân; it brûnzen stânbyld fan kolonialist en útsprutsen rassist Pieter Stuyvesant yn Wolvega; it beton-en-brûnzen monumint foar Pieter Stuyvesant yn Skerpenseel; de plakette fan Pieter Stuyvesant yn Pepergea. Ek net feilich is it hurdstienen stânbyld ‘Jongen met politiepet’ yn Nes, it Amelân.
Hoe oangripend it ek is dat hooligans har bekeard ha fan fandalen ta keunstbeskermers, it sil net in soad mear úthelje. Foar it ôfskilderjen fan de byldebekladders as de ultragewelddiedige Alex & syn Droogs op penismoard út en ryp foar de weropfieding, is it te let. Elkenien hâldt fan moaie keunst, ek Helden van Nooit, it aktivistyske kollektyf dat agearet tsjin koloniaal, rassistysk ferhearlikjen en koloniale nostalgy op ’e dyk. Mar fisuele dingen om jo hinne meitsje foarstellingen yn jo holle mei de byhearrende taal, konsepten en tinkbylden, as in taspilingsbasis foar al it lettere interpretearjen fan de wrâld. Rekkenje dêrom net dat immen fan slaafmakke komôf in stânbyld fan Piet Hein ea ‘breed’ sjen kin. De koloniaal selektive blik op ’e skiednis stelt de oerwinner en privilezjearre boarger sintraal en plein publique: en dat skoarret it ynstitúsjoneel rassisme dat net-wite minsken no noch alle dagen ûnderdrukt. It ûntnimmen fan ‘agency’ yn histoaryske ôfbyldingen, op grûn fan de kleur fan it fel, beskriuwt Isaac Saney ‘The case against To Kill a Mockingbird’ as:
They are robbed of their role as subjects of history, reduced to mere objects who are passive, hapless victims: mere spectators and bystanders in the struggle against their own oppression and exploitation.
Wy begripe dat boadskip bêst, seit it Tropenmuseum en docht gjin oanjefte fan bekladding.
It boadskip is sa wichtich dat Helden van Nooit de bylden net stikken ha wol. Se hearre yn it slavernijmuseum. Om de symboalwurking bart it bekladzjen doelberet estetysk mei lapen en lekkens en reade verfe; sa estetysk sels, dat it Witte de With-museum besleat om de gevel sa te litten. De bloedreade hannen op de wite stien tsjinje sa as in statement dat der nije bylden komme moatte.
Mar hoe litte jo keunstners mei nije bylden komme?
Hoe dogge jo dat yn Fryslân? It Witte de With—dat yn 2017 de diskusje oer it ‘ferkearde’ Piet Heinbyld oanfitere—makket him net skuldich oan it iensidich útstallen fan wite keunst. It Fries Museum wol. Tweintich jier lyn fermoannen de lyts-rjochtse steatefraksje en kultuerdeputearre Bertus “Ik praat niet met Van Krimpen” Mulder de direkteur fan it Fries Museum dat dy te modern waard en sa it museum syn Fryske identiteit ferpingele. Dêrnei brocht Huub Mous wol it ûntbrekken fan moderne keunst yn de plannen foar it nije Fries museum op it aljemint, mar rassisme of diskriminaasje komt net foar yn syn boekje dat wrachjes De kleur van Friesland hyt.
Yn de literêre keunst hie in (wite) Fryske-nasjonalist it dogma fêstige dat keunst los stiet fan de maatskippij en boppe polityk en macht útgiet. Keunst draaide folslein om foarm en (deade) wite manlju wûnen prizen. Dat is nea kritisearre; feministyske keunstteory kaam Fryslân net yn. Likemin kaam der in reaksje op de formalistyske bekommernis mei de doe-hjoeddeiske keunst, lykas dy fan McLuhan dy’t wiisde op de fûnemintele bining fan kulturele feroaring en technologyske mooglikheden. Mei it werhelle, fragmintearre mozaykbyld fan teefee hie foar it earst it grutte publyk—nei it lytse publyk fan it kubisme—in direkte sintúchlike yndruk fan it gehiel. Sa wie sosjale ferbettering mooglik.
It iennichste programma foar sosjale keunst dat Fryslân sjoen hat, ûntsprute út it kulturele haadstêdjier: de mienskipskeunst. Mar mienskipskeunst hat hielendal net it doel om sosjale, politike of ekonomyske struktueren te ferbetterjen; it bedekt dy mei kleurige ferve. Saneamd sosjaalpolityk engazjearre keunst omfettet yn West-Europa gauris de demokratisearring fan it proses fan artistike produksje en brede partisipaasje fan it publyk yn it projekt. It jout it folk de kâns om mei de wiere keunstner, de yntellektueel, yn kontakt te kommen. De keunstner moat dan “seinen Ort neben dem Proletariat finden”, sa’t Benjamin minachtsjend fêststelt as er siket nei de rol fan de skriuwer yn de maatskippij. “Was ist das aber für ein Ort? Der eines Gönners, eines ideologischen Mäzens. Ein unmöglicher.” It is dreech om hjir net oan de fonteinen fan Tilroe te tinken. De keunster Abramović betanke foar sok kwasykeunstnerskip.
Identiteit waard keapwaar. Steatsútjouwerij Afûk begûn yn 2017 mei kursussen foar ûndernimmers om dy mear bewust te meitsjen fan de Fryske identiteit. “De gasten die vooral van buiten Friesland komen vinden de taal nieuwsgierig en proberen aan de ontbijttafel de Friese woorden uit te spreken die op de placemats afgedrukt staan.” It keunstdebat yn Fryslân oer it ferbyldzjen fan identiteiten giet oer de rol fan de ynstituten deryn, oer foldwaande fertsjintwurdiging en derby hearren—“museumdirecteur Kris Callens is klaar met Frysk hynder en Us Mem”—wylst wy de ideologyske grûn it debat ûntkenne. It petear hâldt ho foar de fraach hoe’t in yndividuele libbene keunstner himsels waarnimme kin en him uterje yn relaasje ta de gongbere opfettingen oer wa’t er is. Mei oare wurden, wy beprate identiteit as ferkeapers fan sjenrestikjes en net as keunstners: net as in konstante ferkenner fan ússels en ús hanneljen yn ’e wrâld.
Omreden fan dat trochgeande eksplorearjen is keunst by definysje in ‘elitêr’ (ik tink solitêr) hanneljen. Ek is keunst altyd rjochte op it skeppen fan in alternative sosjale romte en tagelyk is dat frijstellen fan alternative romte net wêr’t sosjaalpolityk belutsen keunst om bestiet. In keunstner kin net stykjen bliuwe tusken de skjintme fan it apolityk-wêzen en de letterlikheid fan aktivisme, want der is gjin kleau. “Je est un autre,” sei Rimbaud, dy’t, ferjit dat net, in stikmannich ûnmiskenber politike en sosjale fersen skreau: Qu’est-ce pour nous, Mon Cœur, que les nappes de sang / Et de braise, et mille meurtres…” Jo ‘ik’ is altyd in oarenien, tinken en fielen binne út har aard wei flechtich, it transformearjen fan jo selsbyld stiet nea stil. Dêr begjinne nije bylden: dy komme fuort út praktiken dy’t troch de keunstner oandreaun binne en dêr’t sosjaal kommentaar en polityk niteljende ynhâld it essinsjele hanneljen fan in inkelde keunstner útmakket.
En watfoar bylden?
Yn 1993 sette Jens Galschiøt, binnen 55 oeren en sûnder dat de autoriteiten op ’e hichte steld wiene, yn tweintich Europeeske stêden in stânbyld del fan in baarch yn minskeklean. De ien ton swiere swart-betonnen My Inner Beast-skultueren wiene in oanklacht tsjin it tanimmende rassisme. Se poenden oeral yn de polityk en de parse en op ’e dyk in debat oan, mar de bestjoerlike reaksje derop rûn utinoar. Guon stêden holden har ynderlik bist as in kado foar de stêd, oaren ferneatigen de bylden.
Géricault syn sosjale kommentaar Scène de Naufrage hat in swarte matroas yn it brânpunt fan de komposysje, wat heechstwierskynlik ferwiist de keunstner syn antyslavernij-stânpunt. It ôfbyldzjen fan it drama fan de skipbrek feroarsake in ynternasjonaal polityk skandaal oer hoe’t it Frânske regear in skip grôtfol minsken de see op stjoerd hie sûnder deugdlike tarieding en mei in ynkompetinte kapitein dy’t sa’t it like syn post krigen hie om’t er de nije monargy stipe. De swarte figuer wie doe in sterk teken. Hjoed binne jo der net mei in swart persoan op in opfallend plak yn jo keunstwurk.
Mar de Fryske kanon ken sels gjin swarte personaazjes, op ien nei. In detective dy’t mei de Gysbert bekroand waard fiert de archetypyske jonge swarte thússoarger yn in efterstânsregio op, Elsa, ynklusyf it foaroardiel dat Antilliaanske manlju by hieltyd in nije frou in bern oansette en har dan yn ’e stiik litte. It Lee Harper-klisjee fan in swarte figuer dy’t holpen wurde moat troch heger pleatste wite figuer sit yn in roman út 2008, opnommen yn ’e rige Fryske Modernen: in “eksoatysk frommiske” út in fiktyf Afrikaansk lân wennet yn in opfangsintrum foar asylsikers. De skriuwer wol ha dat er yngeand ûndersyk dien hat nei it personaazje, wat tinken docht oan Géricault dy’t alle (15) oerlibbenen apart wiidweidich ûnderfrege foar’t er ta de definitive komposysje kaam; mei dit ferskil dat foar de Fryske roman it komôf-lân ûnder de lûp nommen is—net de frou. Skriuwer Charles Johnson seit:
In the 21st century, we need new and better stories, new concepts, and new vocabularies and grammar based not on the past but on the dangerous, exciting, and unexplored present… These will be narratives of individuals, not groups.
Fan de platitude fan de agressive, hyperseksuele swarte man en de dupearre swarte frou, de mem fan Elsa, binne jo dan samar ôf. Ek Piet Hein stiet der net as himsels mar—mei in frappant gelikense poaze as de slavehâlder Washington yn New York—as setbaas fan “ús glorieuze skiednis” sa’t Baudet sei mei in dimmen boskje giele roazen + robynreade gerbera’s yn ’e hân.
It werheljen fan de ‘negro story’, dêr’t de ûnderfining fan slachtofferskip de logika en struktuer fan is, feroaret neat. Tagelyk kinne jo de swarte stereotypen fan de meimakke ûnderdrukking en it faaljen, it trauma, misbrûk en it lijen net ferfange troch sukses, macht, fleurigens, agency en kompleksiteit fan karakter, djoere auto’s en bling, want dat lit neat sjen. No hoecht realisme net yn keunst dy’t barbaarsheid omset yn sosjale feroaring, sjoch nei Picasso syn Guernica—“Now is the time … in this period of change and revolution to use a revolutionary manner of painting and not to paint like before”—mar tsjin-ferhalen bliuwe in digerjen nei rassistyske ferbyldingen. It is just it negative formulearjen fan swart as net-wyt dat, analooch oan Freud syn definiearjen fan de frou as net-man troch it missen fan in begearlike fysike eigenskip, minsken as frjemdlingen bûten de symboalyske oarder set. Wolle jo nije bylden dan kin dat dus, sa’t Ai Weiwei grif adfisearje soe, inkeld radikaal.
Litte wy begjinne mei it drastysk redigearjen fan de buordsjes by de bylden: Piet Pieterszoon Hein (1577-1629), a Dutch admiral and successful buccaneer, was a commander in the Dutch transatlantic slave trade company (WIC) that would transport over 550,000 slaves. Koarts: Killer. Dief.
Mear fan Friduwih Riemersma
De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021 |
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot |
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021 |
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuerynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine |
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten |
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot |
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet |
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’ |
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten |
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma |