Fryske Akademy

Oer taak en mooglikheden fan de Fryske Akademy yn it undersyk fan de Fryske literatuer

Philippus Breuker - Fers2 nû. 2.12, 12 juny 2016

Lesten waard my troch Eric Hoekstra en Reinier Salverda fan de Fryske Akademy frege nei myn ideeën ‘as it derom giet om de letterkunde oan te fiterjen, benammen om de Fryske letterkunde yn de kontekst fan de (ynter)nasjonale letterkunde te lûken’. Der waarden mear lju frege, wa waard der net by sein. It wie in pryslik initiatyf nei al dy jierren dat der amper mear wat oan letterkunde op de Akademy dien is. Wy hienen in ôfspraak om te praten op de dei dat it sa izele, dat ik ha myn ideeën op papier set en opstjoerd.

Grif sil op de Letterkundedei yn oktober wol ferslach dien wurde, mar ik jou hjir dochs wat ik sa likernôch skreaun ha. It kin no of letter oanlieding jaan ta in diskusje oer de taken en de mooglikheden fan de FA op dit gebiet. Behalve gebrek oan jild, dat oant no ta fan Akademywege altyd as argumint neamd is as ferlklearre wurdt wêrom’t der nei it fertrek fan Goffe Jensma net mear ien foar letterkundich ûndersyk oansteld is, spylje der grif ek oare dingen. Dat is bygelyks de ynterne prioritearring fan it hiele ûndersyk dat de FA docht. Blykber hat de Fryske literatuer net in hege prioriteit. Miskyn spilet ek wol de swierrichheid om mei in besetting fan mar ien fte der wat sinfols fan te meitsjen.

Doe’t ik nochris neitocht oer wat ik skreaun hie, foel my op dat it wol in soad like op wat ik sels oan letterkunde op de FA dien hie. Dat kaam del, net op it sels ûndersykjen, mar op it organisearjen fan it ûndersyk fan oaren, foaral ek yn de foarm fan publikaasjes. Der binne yn myn tiid tsientallen publikaasjes oer en fan Fryske literatuer yn ûnderskate rigen fan de FA útkommen en it literêrhistoarysk wurkferbân hie syn funksje yn it by elkoar bringen fan ûndersikers en de likegoed ûnmisbere leafhawwers. Dat lêste ûntlient de FA syn rjocht fan bestean ommers foar in belangryk part oan.

It like en liket my noch altyd in goeie saak foar in letterkundich ûndersiker oan de FA om soks as dit te dwaan, ek al betsjutte it dat ik de measte tiid besteld wie mei redaksjewurk en gearkomsten. Sels skriuwe die ik meast yn ’e wykeinen en de fakânsje. Dat wie fansels gjin ideale sitewaasje. Mar ik ha in moaie tiid hân.

  1. Utjeften meitsje, en dy sawol op papier as digitaal útjaan. Tema betinke, lju freegje.
  2. Digitaal ûndersyksapparaat opsette. Wumkes.nl útbouwe, of leaver: dy opgean litte yn in (ynter)nasjonale site, want Wumkes.nl fynt net in ûndersiker. Teksten derop sette en bibliografyen fan ûndersikers.
  3. Objekt fan ûndersyk: konsintrearje op Fryske literatuer sels sawol as yn it ramt fan meartalichheid, mar net op meartalichheid as sadanich. Wol fansels fernijende tema’s kieze. Needsaaklike deskundichheden foar ûndersyk Fryske letterkunde binne kennis fan
    • hiele literatuer yn Fryslân, ynklusyf Latynske en Nederlânske
    • histoaryske kontekst
    • kontekst moderne media
  4. Konsintrearje op ûndersyk. Tresoar en oare ynstellingen dogge oare dingen, lykas it ûntsluten fan primêre boarnen en bibliografyen fan skriuwers.
  5. Bining mei leafhawwers organisearje.

Mear fan Philippus Breuker

Johannes Henricus Regenbogen Hy wie dêr mei syn guod op in hânkarre kommen.
Brekizer fan de foaurtgong Yn Boazum hat fan 1863 oant ca. 1917 in lêsselskip bestien, dat de namme droech fan Vriendenkring
It bestean fan in Frysk folk foargoed ynpipere De doarpskultuer wie oan de ein fan de njoggentjinde ieu wakker frysknasjonalistysk wurden. Frysksinnichheid wie net langer …
It lêsselskip te Boazum Frysksinnichheid wie om 1900 hinne algemien, mar lêzen waard Frysk noch net folle.
Reaksjes op Fers2 In debat is nedich as der in probleem is en dat sjoch ik hjir net.
Europa Wy hawwe op ús âlde dei nei Trier west en alhiel deselde bin ik net bleaun.
Nasjonalisme: alheidkeamers en V.V.V. … al sil it noch even duorje ear’t ek de arbeiders gjin heger binend ideaal mear hawwe as it Fryslân boppe!
De Fryske doarpswrald dert de Jongfriezen as earsten yn grut waarden … no wienen sels lytse doarpen frysksinnich wurden …
‘Leuk foar letter’: bûtensteanders en Bûtensteanders Eins hienen wy ússels útnoege, want wy wisten fan it bestean fan it oerlis allinnich út de krante.
1 2