Johannes Henricus Regenbogen
Greift nur hinein ins volle MenschenlebenGoethe
Libben
De Snitser Johannes Henricus Regenbogen (1863-1933) wie fuort nei syn stúdzje medisinen yn Utrecht (1883-1889) húsdokter yn Boazum wurden. Hy wie dêr mei syn guod op in hânkarre kommen. Jild om earne in praktyk oer te nimmen hat der miskyn net west. Hy hie him earst yn in ôfsketten romte op de boppeseale fan de herberch ynrjochte,Dit en in pear oare dingen dy’t noch neamd wurde, hearde ik fjirtich-fyftich jier lyn fan âlde Boazumers. mar yn 1890 kocht er in hûs. De praktyk besloech in hiele krite. Ek Dearsum, Lytsewierrum, Wiuwert en Britswert hearden derta. Der wie al in dokter yn Boazum doe’t hy dêr kaam, en oant 1905 bleau dat ek sa. Dat wienen efter elkoar J.S. Anema, stoarn yn 1871, W.J. Driessen en A. Pollius Ferwerda, oan wa’t Driessen de praktyk yn 1893 oerdroech. It wie syn skoansoan. Lykas Regenbogen wienen se allegearre lid fan Vriendenkring.
Regenbogen wie net troud en wenne mei syn suster. By de folkstelling yn 1903 joech er op dat er gjin leauwe hie. Dat waard doe selden dien. Obe Postma is in oar foarbyld. Dy twa ha ek oars wol fan elkoar. Foar it âlde leauwe is in leauwe yn ‘it libben’ yn it plak kommen. Se binne ek fan deselde leeftyd.
Hy stie heech yn oansjen by syn doarpsgenoaten. Doe’t er yn 1914 25 jier dokter west hie, waard yn in lege skuorre op ’e Terp in grut feest organisearre, dêr’t mear as sânhûndert lju oant ta de iere moarn út oan lange tafels ieten en dronken en feestfierden. Se songen, harken nei in koar en ek in orkest, der waarden tonielstikken opfierd en in grut fjoerwurk ôfstutsen. Dêr waard fyftich jier letter noch oer praat. Syn tankbere pasjinten beaën him in mikroskoop oan. Op lytser skaal, mar ek wer mei in fjoerwurk (dat waard altyd fersoarge troch Pieter (ferwer) Tjallema), wie yn 1912 betocht dat skoaljuffer Janke Dijkstra 25 jier yn Boazum stien hie, ek in trou lid fan Vriendenkring. Regenbogen makke mear as ien Frysk liet foar dy gelegenheid.Breuker, Skoalmasters fan Boazum (1967) 84.
Yn 1924 lei er de praktyk del en ferhuze er nei Ljouwert. Dêr lei er him út op biogemysk selûndersyk, dat er ûnder mear mei kikkertfiskjes yn amers die. Dat late yn de jierren 1925 oant 1929 ta fjouwer wittenskiplike fakpublikaasjes oer stase yn bloedfetten, katalase by it ûntstean fan sûkersykte, oksydase by it ûntstean fan kanker en it meganisme fan spierkontraksje yn it Nederlandsch tijdschrift voor geneeskunde en it Frankfurter Zeitschrift für Pathologie en ek ta in boek oer soergraad as in belangrike faktor by it effektyf omsetten fan iten en drinken yn enerzjy, Le rôle biologique de la catalase dans le métabolisme d'énergie (Haarlem-Parys 1932). Ek hie er in konsultative praktyk oan hûs, spesjaal foar ynwindige sykten.Ned. ts. voor geneeskunde 77 IV 46 (1933) 5239-5240.
Hy waard begroeven yn Boazum. Hy wie dan wol berne en opgroeid yn in stêd en hy hie oan de ein fan syn libben noch jierren yn in oare Fryske stêd wenne, syn heale libben lei dochs yn Boazum, en dêr hat er fûn dat er thúshearde.
De diakony fan de Boazumer tsjerke legatearre er tûzen gûne. Ta syn neitins stelde syn suster by har ferstjerren yn 1937 de Stichting Johannes Henricus Regenbogenleen yn, dy’t jierliks pensys útkeart oan ûnbemiddele studinten medisinen of farmasy. Wa’t Fryske âlden of paken en beppen hat, krijt foarrang.
Literatuer
Regenbogen sil mei syn kommen yn Boazum fuort wol lid fan Vriendenkring wurden wêze. Yn alle gefallen stiet er al op de ledelist fan 1893, de earste dy’t bewarre is. Der is hjirfoar al neamd hoe’t Van der Burg him ta it skriuwen fan Frysk brocht hat. Dat sil syn beslach al krigen hawwe yn 1895, doe’t er mei Van der Burg lid fan de Fryske krite yn Snits waard. It oare jiers liket syn toast op de Algemiene jiergearkomste fan it Frysk Selskip it earste west te hawwen dat er yn it Frysk yn it iepenbier nei foaren brocht. Dy gearkomste waard dat jiers yn Grou holden. Hy hie it doe oer de humoristyske krêft fan it Frysk, dat sa linich fan earnst op koartswiligens oergean koe, en prize dokter Eeltsje Halbertsma om syn humor.
Dy hjerstmis skreau er syn earste ferhaal yn it Frysk. Dat gong oer baktearjes. Dêrop folgen mear. Syn niget oan it Frysk hong gear mei syn niget oan it folkslibben. ‘Greift hinein ins volle Menschenleben!’ wie it motto fan ien fan syn ferhalen.Fan ‘It flaggebier’ (Swanneblommen 1901, 3). Dêr koe er mei Goethe (want fan him is it sitaat, út Faust) stof foar alle minsklike gefoelens fine. Mei Faust hat er wat fan in magiër.
De ferhalen spylje yn Britswert en omkriten, dat is te sizzen yn de buorskip Jet en om de Frjentsjerterfeart hinne by Kromwâl.Yn dyselde wrâld is de roman Ien wike útbuorren (1970-’71) fan Douwe Kiestra situearre. Dy spilet yn 1911 en dokter Regenbogen wurdt dêr noch yn neamd. Dy hoeke lei oan de râne fan syn dokterskrite. De wrâld hold dêr by wize fan sprekken op. It wie der min te kommen. Fan de buorren nei Kromwâl lei allinnich mar in fuotpaadsje mei klapstekjes. Sa wie it noch oant likernôch 1970. Hiel folle lokale bysûnderheden wurdt men oars net gewaar. It is mear in lyts doarpke yn ’e Greidhoeke. In stompe toer hie it al sûnt de achttjinde ieu net mear, dat wurdt mar neamd omdat it past yn de ferbylding fan wat in Frysk doarp is. In dea plak wie it oars yn werklikheid alhiel net. Der wie in fleurich doarpslibben en mear as ien knappe kop woeks dêr om 1900 hinne op. It is dúdlik dat dy wrâld Regenbogen yntrigearre hat.
Trije fan de fjouwer ferhalen geane oer in jûnpraterij, it fjirde is ek in moetsjen fan ferskate lju. Fêste oanwêzigen binne boer Haaie Reitses en syn frou Beitske, in âld seekapitein dy’t rintenieret, de domeny en syn omkesizzer Tsjomme Pikes, dy’t medisinen yn Grins studearret en by him útfanhûzet, master en Douwe slachter. Der binne mear boeren, ek mear útfanhûzers, tsjinstfammen, ambachtslju en nearingdwaanden, en ek in pear aparte lju dy’t wat oars as oars binne. Grif sille de skriuwer by it typearjen fan dy minsken lju út syn eigen krite foar eagen stien ha, mar botte skerp binne se net tekene. Syn oandacht giet mear út nei wat der op dy jûnen ferpraat wurdt. Dat binne sykten en baktearjes, sêgen en oare histoaryske stof en spoekeftige histoarjes. It is de geast fan de minsken mear as har dwaan en litten, dy’t him ynteressearret. Dy minsken libje wol op it stuit dat beskreaun wurdt, mar de ferhalen sit ek in soad fan earder tusken en dat eardere wurdt dan ek noch wol presintearre as bestie it noch. By him is it folkslibben in wrâld dy’t ivich bestiet. Fryslân wie in spirituele realiteit foar him wurden. Sjoch mar wat er yn ‘De fûgeljûn’ skriuwt:
It is wier, der leit al in goare rook fan skimmelige âlderdom oer dy [âlde Fryske heidenske] leare, dêr’t wy de noas foar oplûke. Mar dochs fine wy ûnder de púnheapen der ieuwen en ûnder it stof der biblioteken jitte brokstikken, dy, al binne hja yn ús each ek fabels, in minske treffe troch de leaflike en sûne natoerpoësije, dy’t er ús yn al har friskens út temjitte waait -; in poësije dy’t ús oangrypt en pakt, omt hja it suvere en kleare goud is fan ús eigen inerlik fielen en tinken. En dan, al lei dy poësije der net yn, it is in goede saak, dat de skiednisse in folk bybliuwt, sil it net feroarje foar syn tiid. Lykas de bernejierren ús faak ferkwikje, as de gedachten en fielingen derút yn ús opwâlje, sa is it ek goed, dat it folkslibben, as it net ferskromfelje sil, ris fernijd wurdt en wer ris begetten wurdt út de ivige boarne fan it ferline.
Hjir klinkt it romantyske idee dat in folk krekt as in minske jong west hat en syn frisheid ferliest as er him by it âlder wurden net oan it ferline lavet. It wurk fan Regenbogen hat sa wat fan in dreamerij. Dat is it ek yn in oar opsicht. It is de ferbylding dy’t sprekt. Wat by Paulus Scheltema noch rekonstruksje wie fan hoe’t it earder west hie, wie by de Halbertsma’s al ferbylding wurden en om 1900 hinne gemienguod fan elk dy’t him Fries fielde. Regenbogen jildt dat ek foar, mar hy leaude der fansels net echt yn. Hy koe syn ferbylding op ’e rin gean litte, al naam er oan de oare kant alles tagelyk wol goed op.
Dy ferbylding wurdt behearske troch it folkslibben. Dat komt dúdlik út yn it folgjende sitaat. Dêryn hat er beskreaun wat him as skriuwer dreau. It is it antwurd op in fraach fan F. Buitenrust Hettema. Dy hie ek him, lykas safolle oare Fryske skriuwers, yn 1902 frege hoe’t er ta it skriuwen fan Frysk kommen wie.
It is in swier stik wirk hwat oer yen sels to skriuwen. In minske hat sa goed gjin each op him sels as lyk op in oar. Lykwols wol ik, om oan Yens forsiik to foldwaen, jerne inkelde dingen oanhelje dy’t Jo licht wol witte wolle.
Takommende Maeije de 10e fen dy moanne wird ik fjirtich jier en sa’t Jo witte bin ’k nea net oan in dochter fen Eva forboun wêst.
Ik ha myn jongesjierren to Snits trochbrocht en yn dy jieren hie ik al in bulte nocht oan alderhande fryske Litteratuur. Alles hwat ik yn alde boekesamlingen derfan fine koe wier fen myn gading.
Do’t ik yn 1883 nei Utert op studzje gyng hâlde ik de goede saek lykwols net mear oan. En do’t ik yn ’89 klear wier en yn Boazum kaem, ik moat it earlik sizze, wier ik frij indifferent tsjinoer alles hwat de fryske saek oanbilange. Mar dat scoe alhiel gau wêr oars wirde. Sa dré de moaije fryske klanken wer yn myn earen klonken, kaem de âlde geast wer boppe. Binammen de dûbbelklanken, de gebroken klinkletters, hiene fet op mij.
Dochs is er yette hwat oars dat mij oanloek. It wier de fryske folksgeast, it golle natûrlibben en de echte fryske sin yn al syn ‘schakeeringen’, dy’t my trof, en dy’t my de fryske tael sa heech setten diich, om’t ik yn dy sprake dy treflike egenskippen wêrfoun. It folkslibben wier dus noemer ien, dat my er ta oansette om de tael to bistudearjen. En derbei foun ik in stipe dy’t eltsenien net hat. Van der Burg namentlyk wenne destyds yette to Bozum en oan him ha’k it te tankjen, dat ik de wei sa licht fine scoe. Al gau koe ik safolle fen de tael, dat ik myn gedachten yn it frysk úterje koe, en doe wier it spil klear en koe ik bigjinne om oan in drang yn mij ta to jaen, om te probearjen dit moaije fryske libben sa’t ik by de dei lans mei bilibbe en seach en waerdearre to skilderjen for it each fen in oar.
Ik bin bigoun mei de bacteriën, ik hie dalik net in tried for it grypen, en novelles woe ik net yn inoar sette. Derom waerden de bacteriën der for brûkt om in ‘clou’ te wêzen.
Dernei kaem it Flaggebier, weryn ik sa folle wer, as ik koe, it soune en bliere, it humoristyske en it earnstige, it gemiensomme en it ‘gemoedlike’ dat yn de fryske karakters biskûle leit, sjen litte woe.
It tredde stikje: De hjiljoune op ’e helling, hie wer itselde wyt, mar bieage teffens, wer to jaen op hokker wize it fryske folk tinkt oer Walingom, en syn wirken.Brief fan 15 nov. 1902 oan F. Buitenrust Hettema, kolleksje Brieven Buitenrust Hettema, Tresoar. De fjouwer stikken binne publisearre yn Forjit my net! 1898, Swanneblommen 1901 en 1904, en yn Lokwinsken fen Fryske skriuwers en skriuwsters oan Waling Dijkstra; op syn 80e jierdei (1901).
Fryslân hie foar him in djippe sin krigen!
De ‘baktearjes’ binne fan 1896, it ‘flaggebier’ fan 1899, dat er it oare jiers foardroech op de Algemiene jiergearkomste fan it Frysk Selskip yn Ljouwert,Tinkboek 1844-1944 (1948) 105. It waard publisearre yn Swanneblommen 1901, 3-52. en de ‘hjeljûn’ is fan 1901, doe’t er it ek hearre liet op de Fryske krite te Snits. Ut dat jier is ek noch de ‘fûgeljûn’, dat er datselde jiers foardroech op de Snitser Krite. It waard publisearre yn 1904. Grif hat er se ek op Vriendenkring nei foaren brocht.
Alles mei elkoar hawwe it dus mar inkelde jierren west dat Regenbogen Fryske ferhalen skreau. Foar’t neist hat tiidgebrek ien fan de oarsaken west dat er dermei opholden is. Fan 1905 ôf hie er de hiele praktyk yn Boazum en omkriten allinnich. Nei 1901 wurdt hy ek noch mar ien kear neamd ûnder de oanwêzigen op de Fryske krite yn Snits. Dat wie yn 1907. De jûnen dêr wienen doe trouwens ek al fan karakter feroare. It wie doe foaral toniel en dûnsjen.
Mar ik tink ek dat er wolris útskreaun wêze kinnen hat. Syn skriuwerskip bestie by de graasje fan syn folksferbylding en dêr hie er mei ‘De fûgeljûn’ yn berikt wat er jaan koe.
Op fersiken om earne oars lêzingen te hâlden of mear te skriuwen gong er net yn. Sa antwurde er Buitenrust Hettema yn 1901, doe’t dy him frege te sprekken foar de Fryske krite yn Swolle:
It docht mij gjin nij dat de útlânske Selskippen hwat yn tarring binne. Der moatte oare prikken yn it wirk set wirde. Jimmeroan café-chantant stikken, sjonge en dounsje, giet wol for in kear mannich mar net op in djûr. Der moat ek sâlt yn it iten. Scoe Johan Winkler netris wolle? Dy hat tiid en de gawe om in selskip mei op letterkindige higte to hâlden, en der in wittenskiplyke rook oan te jaan. Dat is sa goed for de ljue, om hjar ta stúdzje fen de fryske tael- en skriftenkennisse oan to setten. Deryn sit dochs egentlyk de kneep, mear as yn oare spillen weryn it socht wirdt. Wirdt dit oer ’e holle sjoen den giene al dy frjemde selskippen njonkenlitsen wer yn sliep, en dat scoe my moeije, lykas Jo.Brievesamling Buitenrust Hettema, Tresoar.
Hy gong dêrmei wol tsjin de tiidgeast yn. Want sels yn Boazum hie yn 1872 op de merke it café-chantant syn yntree al dien.
Ynlieding op it ferhaal De fûgeljûn
Dit ferhaal is yn heechromantyske styl in masterlike ferbylding fan it idealisearre Fryske folkslibben. It mei dan de stof yn dat folkslibben fine, folkloaristysk is it net, sa’t Wumkes it wurk fan Regenbogen neamd hat. Regenbogen tilt syn ferhaal yn it filosofyske, fier út boppe oars net as in ferslach, sa’t safolle ferhalen út it folkslibben binne. Hy giet op syn ferbylding, krekt as Joast Halbertsma dat in kear docht yn syn ferbylding fan it feest fan Freyr.Ph.H.Breuker, De mythisch denkende Joost Halbertsma, Doopsgezinde bijdragen 42 (2016) 228-229.
Meislepend wurdt de lêzer opnommen yn oare sfearen, sfearen fan it âlde en ivige Fryslân. Oer alles leit in besieljende gloede. Heech rikt it besef dat alles yn de kosmos in ienheid is. Dat blykt wol as de betsjutting fan it byld fan in skip sûnder roer (dat syn ûnderwerp op dat stuit is) ferklearre wurdt:
Driuwt eltse dei de sinne net fan it easten nei it westen, lykas in skip sûnder roer, en driuwt eigentlik de tiid der ek net sa hinne? Kliuwt maityds de sinne by dagen net heger en heger oan de himmel? Dat wie it wurk fan har goaden. En it kommen en it gean – fan alles, fan de krûden yn ’t wâld, fan de fisken yn it wetter, - fan de dieren yn it fjild - fan alles wat ammet, en fan it minskelibben ek, dat wie allegearre har bestel.
Mei in niget dy’t te fielen en te taasten is, lit er op in oar plak, as er syn fantasy gean lit oer de betsjutting fan it Dryltser stedswapen, de fertellende âlde dûmny de poëtyske stof út de âldfryske rjochtsteksten fan de midsieuwen helje. Libben en dea wurde yn ien ferbân opnommen, de minske is diel fan de natoer.
De romte is mear symbolysk as konkreet ynfulle. Plakken wurde meast allinnich mar neamd om it ferhaal in skyn fan wierheid te jaan. Natoer en loften oerweldigje de lju dy’t it deroer hawwe. De tiid stiet eins ek stil. In moai foarbyld hoe’t mei tiid omgongen wurdt, is it optinksel fan de fûgeljûn sels, dat alle jierren in noflike byienkomst fan lju wêze soe om de opbringst fan it mandelige einehâlden ôf te rekkenjen, mar dat yn werklikheid mar betocht is om der in ferhaal om hinne te meitsjen. It spilet yn Britswert en dêr hat yndied yn de santjinde ieu in fûgelkoai west, mar dy moat al ier opromme wêze, want neitiid is der nea mear in spoar fan te finen. Boppedat is it by koaikjen hiel ûngewoan dat lykas yn dit ferhaal, mear boeren de einen fuorje.Mei tank oan Gerard Mast. Regenbogen hat grif de koai op de kaarten fan de Schotanussen sjoen.
De ein rint út op in fisionêre dream. It hiele ferhaal is eins in dreamde wrâld. Dat jildt ek foar it skeppen fan figueren dy’t ta de folksferbylding sprekke. Hjir binne it Blauwe Murk en de Spoekeboer fan Jet, yn in oar ferhaal is it Oene Klazes, dy’t hjir oars ek noch in rol yn spilet. Dy Oene Klazes liket wol nei Paulus Scheltema alias Paulus Liger makke te wêzen. Scheltema hie ek sekretaris fan in gritenij west en him letter op taal- en skriftekennisse útlein, mar tagelyk foar ôflieding gernierke en jage.Oene Klazes wurdt yntrodusearre yn It flaggebier. Ek hy betocht folksferhalen.Sjoch oer Scheltema ek de ynlieding op it ferhaal ‘De smid fan Earnewâld’ fan Sjirk van der Burg en fierder Breuker, Opkomst en bloei (2014) 223-300.
Wa tinkt by sokke skeppingen as Blauwe Murk en Oene Klazes net oan stikken oer folksfigueren fan Eeltsje Halbertsma, of oan de lettere rigels út in gedicht fan Obe Postma foar syn ferstoarne freon, professor Tsjisse de Boer:
As er earder libbe hie, soe it folk mearkes fan him ferhelle hawwe sa as fan Obe Sikkes en Lijke profeet:
Ut boerelaach komd ta de heechste leardens.
Sa sjocht men yn Regenbogen (en Postma!) wat de útkomst fan in ieu lang Fryske romantyk is! En rekkenje mar dat er súkses hân hat mei in ferhaal as dit. De tiid wie der om 1900 hinne einlik ek ûnder it gewoane doarpsfolk ryp foar.Sjoch de paragraaf ‘Frysksinnich’ yn it haadstik ‘De Boazumer Vriendenkring’.
By alle betsjoening ûntbrekt it nofteren elemint lykwols net. Sa lit Regenbogen de stikken oer Blauwe Murk en it Dryltser skip sûnder roer mei har heechrikkende ferbylding elk foarôfgean troch los gepraat dat it folkslibben werjout. Sitewaasjes en petearen binne goed útwurke, de minsken wurde soms tekene mei har lytse eigenaardichheden, mar binne foaral opnommen yn de tsjoen fan de natoer. It ferhaal is mei syn foarútwizingen en syn spanningsôfwikseling in hechte ienheid en gjin rige fan losse stikjes, lykas de oare stikken fan de skriuwer.
De taal is tige fersoarge sûnder dat it in útstalkast fan wurdboekidioom wurdt. Wol binne der gauris retoaryske werhellingen, lykas : ‘Lykwols dy hat de aaien mar ris fier by it nêst troch lein. Dy hat safier mis west as Starum fan Dokkum leit’, mar dy retoaryske styl steurt net en draacht by oan in krêftige, brede manier fan útdrukken.
Wat oars is, dat inkeld in beskriuwing werhelle wurdt. It ferhaal fan Douwe slachter, dat wat fan it rauwe folkslibben sjen litte moat, is ek wat langtriedderich. In swak punt is fierder dat guon lju dy’t oan it wurd komme, samar pardoes ferskine, sûnder dat de lêzer heart wa’t it binne. Dat komt omt se bekend ûndersteld wurde út eardere ferhalen en miskyn ek wol, omdat minsken net it foarnaamste by de skriuwer binne.
Mar it binne mar lytse dingen, oerhearskje dogge se alhiel net.
Dizze paragraaf komt út de ynkoarten te ferskinen Brekizers fan de foarútgong. Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu
Noaten
- Dit en in pear oare dingen dy’t noch neamd wurde, hearde ik fjirtich-fyftich jier lyn fan âlde Boazumers.
- Breuker, Skoalmasters fan Boazum (1967) 84.
- Ned. ts. voor geneeskunde 77 IV 46 (1933) 5239-5240.
- Fan ‘It flaggebier’ (Swanneblommen 1901, 3).
- Yn dyselde wrâld is de roman Ien wike útbuorren (1970-’71) fan Douwe Kiestra situearre. Dy spilet yn 1911 en dokter Regenbogen wurdt dêr noch yn neamd.
- Brief fan 15 nov. 1902 oan F. Buitenrust Hettema, kolleksje Brieven Buitenrust Hettema, Tresoar. De fjouwer stikken binne publisearre yn Forjit my net! 1898, Swanneblommen 1901 en 1904, en yn Lokwinsken fen Fryske skriuwers en skriuwsters oan Waling Dijkstra; op syn 80e jierdei (1901).
- Tinkboek 1844-1944 (1948) 105. It waard publisearre yn Swanneblommen 1901, 3-52.
- Brievesamling Buitenrust Hettema, Tresoar.
- Ph.H.Breuker, De mythisch denkende Joost Halbertsma, Doopsgezinde bijdragen 42 (2016) 228-229.
- Mei tank oan Gerard Mast.
- Oene Klazes wurdt yntrodusearre yn It flaggebier.
- Sjoch oer Scheltema ek de ynlieding op it ferhaal ‘De smid fan Earnewâld’ fan Sjirk van der Burg en fierder Breuker, Opkomst en bloei (2014) 223-300.
- Sjoch de paragraaf ‘Frysksinnich’ yn it haadstik ‘De Boazumer Vriendenkring’.
Mear fan Philippus Breuker
In busreis mei Trinus Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma |
De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje. |
Sosjology fan in frysk doarp yn de Gouden Ieu Boazum wie yn de Gouden Ieu sosjaal in frij igale mienskip. Adel wenne der net mear. |
Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019 De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy. |
De ungelikense fizy op de Fryske skiednis De skiedskriuwing oer Fryslân, dy’t yn de jierren nei 1560 op gong kommen wie, waard foltôge yn it wurk fan Winsemius en Schotanus |
Obe Postma oer de jonge húshâlding fan syn âlden |
Rougedichten yn de Gouden Ieu Ien dy’t gjin idee hat wat Fryslân yn de santjinde ieu foar in lân wie, sil miskyn tinke dat de taal dêr it Frysk wie. Mar sa wie it net. |
Twivel heart derby By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma |
Skoalmaster yn de Jordaan Yn 1982 belle my in frou út Monnickendam oer Inne de Jong. Sy hie yn 1958 by him yn Amsterdam yn ’e klasse sitten … |