image

Essee

Pleit foar in planeet mei in keunstprinsyp

Stienkeal fan Elmar Kuiper

Friduwih Riemersma - Fers2 5.15, 6 oktober 2019

Driuwender as syn foargonger is er, de dichtbondel Stienkeal dy’t útkaam mids de hoempapa fan ’e Ljouwerter festivalsimmer 2018. Hy is minder potskuorre en mear raffelich oan ’e ranen. Ferwachtsje gjin skjinne einen, want der is wol swetserij oer “kûgel” en sels “bom”, mar lang gjin ‘play the man, stand up and end you’. It bizige is der (dus) ôf. Wissens oer wiere betsjutting is der amper. Yn it plak dêrfan is der hieltyd in werklikenshifkjen en dan de desyllúzje, wat Thomas Leitch ‘the debunking rhythm’ neamt: ôfdwaan mei it kulturele mytemeitsjen.

Fan it eponime stienkeal hawwe, sa blykt, de inkeld manlike Stienkeal-besprekkers har noflik ôfmakke. No, it ferstienjen fan de frucht yn ’e búk bestiet ek by de minske; Freud soe it grif in foarm fan hystery neamd ha. Yn Edvard Munch syn lito Madonna hat it model foar de foetus mooglik it mummifisearre popke west dat de École de Médicine no noch útstalt. De njoggentjinde-ieuske obsesje mei ôfwiking, wanskepsels en ‘evil twin’ hinget ek hjoed om de froulju hinne dy’t soms wol fyftich jier fierder libje yn it positive witten fan de ‘bonken fan ’e poppe’ yn har liif. Kij ha likemin lest fan de hurde massa fan ‘kwea’ dy’t jo fan de bûtenkant ôf fiele hinne. Mar de fraach wa’t eins ferantwurdlik is foar de berteôfwiking kaam by de besprekkers net op. By de dichter, sa’t it liket, wol. It útdroegjen fan kowefoetussen yn it liif komt net in soad foar, mar de Holstein-Fryske ko, dy’t wy om ’e molke fokten, hat in deadlike genetyske ôfwiking: ús skuld. Dat dêr leit de bondel mei syn yndustriële IKEA Sans lettertype, mar net giel en blau, nee, swart en makaber.

‘DE DEA’ hjit, plichtmjittich, it earste fan de romantysk tematisearre skiften dea, tiid—mankelikens; it ferline hjoed libje wolle—leafde, dwylsin—fallen helden—en frijheid. Allyksa binne de motiven premodern: natuer, de betsjuttingsfolle libbensfigueren—i.e. dêr’t skuld op projektearre wurde kin—heit en mem en geleafde, de wearde fan keunst, de allegory fan de libbensreis, de irony fan ’e dea ensafuorthinne. Modernisme is der faaks allinne mar troch mear tema’s yn ien fers te ferskûljen; mar wat is feitlik it modernistysk eksperimint noch, yn de stûkjende Fryske poëzy? Mei wilens in riskant lyts ferskaat oan stimmen en in anorektysk smel skala fan ûnderfiningen, meast fan babyboomers dy’t by ’t neierjend pinsjoen de provinsjaalske identiteit ûntdekke en de rimelderij, is it eksperi­mint krompen ta knypeachleaze pastorale ferbylding & it brekken fan alle poëzy-, grammatika- en taalregels. Sa besjoen is dizze bondel syn weromkommen fansels. Hup út it universum sûnder betsjutting—útsein de minske sines—wei, wer nei de romantyk fol driuwende krêft.

Stienkeal iepenet mei in sibbe stienklútmotyf: de planeet.

hold de planeet himsels yn sliep

omdat er oars te swier sykhelje soe?

‘Ierde’ is ús matearje, ‘wrâld’ is wat derfan weilein is foar de minsklike berêding, mar ‘planeet’ is in astronomysk objekt dat los fan de minsken bestiet. ‘Planeet’ is dêrtroch wat wittenskiplike diksje. Dêrby binne de measte planeten (bûten Doctor Who) dea. Dochs krije wy hjir net neoklassisistysk rasjonalisme à la ‘Death in itself, is nothing; but we fear/ To be we know not what, we know not where’. Earder is ‘planeet’ in plak dat pikt is om út te roppen dat it werklik is, sa’t in literêr-realist úthâldt dat syn werjefte fan de dingen ‘wier bard’ is troch wittenskiplike wurden te brûken. Ek sil de planeet weromkomme yn ferskate fersen; dat is wêrom’t ik tink dat ‘planeet’ net samar in passive setting is, mar in middel ta feroaring, om der in nije poëtyske kultuer op del te setten.

De stien en ferstienning binne synekdokee en metonym foar it hûs, it thús:

dyn hân hold in gieltsje beet

der siet in ferstienne slak yn

en ik frege noch wêr’t

húske wie

Fûgels, fan merkel oant earn en fan wjuk oant flerk, wiene altyd al in wichtich symboal foar de dichter, fan spirituele aard: de siele sûnder liif, “dit hifket in fûgel/ dy’t útbrekke wol út/ in gewoane man”. Merk op dat yn ’e bondel in fûgel hast altyd allinnich komt. Faaks binne se yn kloften te machtich en net like kwetsber as de dichter? Mar hieltyd draait it fers fan byldzjend nei narratyf en is net langer rjochte op it lânskip mei de fûgel, noch op empaty, mar op it werheljen fan âlde ferhalen: dy oer de needsaak fan ’e dea. “Lit him gewurde// as er net mear slacht/ mei syn heal folgroeide wjukken”. De dea komt sûnder nostalgy want it enzjambemint hearsket; lêstekens binne der net en de lêzer moat troch en troch mei amper in skoft om te sykheljen. De driuwende gong dy’t dêrtroch ûntstiet wurdt fersterke troch it werheljen fan “no” oan it begjin fan ’e strofen, en fan “do”: it ta ferantwurding roppen.

Wat der feroaret nettsjinsteande dy werhelling is net—lekker dichterlik—tastân, tiid, plak, aksje of gefoel. De feroaring is it te boppe gean fan it ‘ik’. Sûnder ‘ik’ kinne jo net wêze yn ’e wrâld dêr’t wy yn libje, dêrom de fûgels. Mar al dalik yn ’e bondel komt der ek in boeddist: “do sjochst my oan/ as in melaatske Samaritaan”. Want de kristlike motivaasje om ûnrjocht te bestriden, mei it nei de himel razen om wraak, “ik woe it wol útraze”, komt út in wrâldbyld wei dat it kwea bûten de minske lokalisearret. Wy binne osa lilk om rassisme, seksisme en alle situaasjes dêr’t minsken net nei inoar harkje wolle, mar ús superioriteitsgefoel lit ús blyn wêze foar it feit dat wy part útmeitsje fan haat en kwea. It boeddisme begrypt it beskuldigjen tusken klobben minsken net en tinkt dat as minsken har doel fan gelikens berikke wolle, se earst de lilkens en it geweld yn harsels delbêdzje moatte. Yn it fers hat de boeddist krekt “de lytse dea sjoen” en noeget de ik-figuer út om mei him de katarsis te fielen. Mar dat slagget de “ik” net: “wêrom jousto dy samar oer” wylst hysels troch de ellinde foltere wurde “moat”?

wêrom hat de lytse dea

fan dy reade kraaleachjes

lykas myn neuroatyske

albino hamster

dy’t biet ast him aaie woest

En dat is noch mar de earste miste kâns, krekter sein, it earste fersaakjen fan de plicht om de neiste te rêden. Ta dy plicht, dy’t hillich is = it kwea by jo weihâldt, wurdt de lêzer hieltyd manipu­learre mei in oandwaanlike wurdkar: “hy gûlde: help my bêste man!” Mar inkeld as immen syn mankelikens te boppe giet, kin er oaren delsette yn har eigen wurden, ynstee fan har werom te bringen nei syn eigen narsistyske byld. Dizze ‘ik’ klammeret him oan syn eigen gesichtspunt fêst. Dat docht er lyksa yn it skift mei de útlizzerige ûndertitel ‘Wat de man op ôfdieling E my tafertroude’: “Doe’t ik mei him fûstke/ sei er dat ik God sels wie.” Yn dat skift is der ynter­punksje, dat is sa. Mar yn ’e mande mei de klam op “ik” dat faak de fersrigel iepenet, de dúdlik retoaryske, ‘dichterlik’ lange sinnen, de opbrekkende enzjambeminten en de ta in oarderlike blêdspegel twongen strofestruktuer, snije de punt-en-komma’s de bân mei it ‘realistyske’ petear troch, likegoed as mei it fan âlds strofeleaze ferhaalfers.

hie gjin nocht de bonkjes út syn fers te fisken. Ik sei

jou him in spuit en prevele o hear en winske dat de frede

Hokker wrâldfisys normalisearret de bondel dan? Hoefolle protest is der tsjin minne ûntjouwingen, watfoar protest? Hawwe de ynsjoggen wol in sosjaal gefolch, of inkeld in yndividueel psychysken­ien? Dus, is de dichter fisjonêr, in klokkelieder, ien dy’t moedich skriuwt wat er tinkt? Wolnee. It stiet altyd sa moai heechliterêr as de efterflap seit: de dichter kritisearret dit of dat, mar hjir stean op it swarte omslach mei rjocht allinne mar klisjees: de dichter kriti­searret neat. It kaaikonflikt is in egokonflikt. De soan fan it realisme, nammentlik, komt, noch sûnder in soad wurden, en sûnder dat se harkje wolle, yn opstân tsjin it realisme en ponearret syn eigen keunstprinsipe (das Realitätsprinzip wie dochs nea mear as in lid op it fet fan ’e lusten, is’t net sa, Kuiper?) Ek de lytsere konflikten, tusken “ik” en “do”, binne machtskonflikten:

wat ik sizze wol

datst my oansjen moatst

as ik tsjin dy praat

sjoch my oan

Hjir is de ynset seks. Ien net oansjen as er praat is syn status net erkenne. “Do hast neat yn te bringen”, giet dat yn it skift fan ôfdieling E.

Dwylsin yn literatuer is swier klassyk. Sofokles syn Ajaks waard yn 444 fK de gekte al ynlutsen troch de goaden. Doe’t er nei syn psygoaze seach wat er dien hie die er himsels tekoart, mar nei him kaam in lange rige fan psychopaten (Herakles), narsisten (de bibel), manyskdepressiven (Hamlet) en skizofrenen (Don Quichot). As jo dêr nije dwylsinnigen oan taheakje, moatte jo dêrom witte wat jo dermei wolle, ek al wolle jo neat of inkeld in efterdoek: “Ik […] gûl sa’t it heart. Myn Apgarscore is okee.” It simpele petear, mei “okee” en it frekwinte gûlen, konfliktearret mei jargon. In apgarsifer (appearance pulse grimace activity respiration) fertelt hoe goed oft in popke de berte trochstien hat, 10 is perfekt en by 0 is er dea—en sûnder kennis fan dat medysk wurd kin “ik” syn sûnens net kommunisearje. Dan bestiet dy sûnens net, dan bestean jo as sûn minske net. Dan kin it net oars of jo ‘reality check’ rint net goed ôf. Dan folget der ûntkenning, “Wat ik leau is myn wierheid net”, of, aldergelokst, ûntsnapping:

Ik bin in frjemde man

op in frjemde planeet en ha

noait witten dat dit myn plak wie.

Sûnder punt nei “wie” hie der wat oars stien. Dit is in dichter dy’t wit wat er docht. Hy is in skerpe waarnimmer, bygelyks fan ’e ticht­strúste skuon fan ferlossers fan it kwea, en hy is tagelyk by steat it ritme fan syn berjocht hiel beweechlik te hâlden: “ik lies: bliid boadskip/ en makke stúdzje/ fan ’e fiters”. Al is it oanskerpjen en ôfstimmen fan natuerlike praatritmes op wat it fers kwa toan & ynhâld easket gongber, it bart sekuer neffens de dichter syn fêste trantsje ie-ii-i-y en syn kombinaasje fan {konkrete tiidwurden + abstrakte saakwurden} dêr’t Fryslân fan bealget en de Imagists fan griisden, en syn wurdlist mei sterk assosjative betsjuttingen boppe de konseptuele betsjutting út, lykas “lies” of it geregelde ‘fielen’. Fiele betsjut gewoan oanreitsje, “ik fielde dy” of “streake […] en fielde”, mar de konnotaasje fan ‘meifielen’ dominearret. Bannen berêste op emoasje, ‘lêst’ de lêzer. Hoesa oars de autoritêr sjantearjende moederaasje, “En ik smeekje dy soan, dysels te ferjaan” en it tink derom Friezen, slút de rigen.

fan sosjale gearkomsten hâld ik net

ik reitsje altyd yn ’e fersiking

om in dreech petear te ûntregeljen

Stienkeal mei dan gjin polityk protest wêze, selsbewust is de bondel wiswol. As symboalen foar in hechte mienskipsestetyk dy’t o sa’n sin oan himsels hat, figurearje de popkulturele ikoanen Louis Armstrong, Richard Gere en Brad Pitt—de lêste is in pear jier lyn eare mei it omnamjen fan ’e planetoïde 29132 yn Bradpitt. It punt is net dat der dêrom yn it leafdeskift neist fielen in protte falen is, “do/ skeuvelest leaver om op ’e klear/ kom deuntsjes fan in heaze neger”. Slim is dat de “ik” wol sekse, mar neat sizze kin. “ik fergriem gjin triennen/ oan issues fan juster en sis/ net dat it oars kin, oars moat”: dy rigels glydzje fan robúst en jazzy nei mûlkjend. It net sizze kinne, of sein ha mar nimmen harke, blykt in reade trie. Yn it fers Stienkeal giet like subtyl as ferbjusterjend it sizzen oer yn inkeld mar tinken.

wat is de pine fan in man dy’t seit

dat it kwea yn him waakst

wat is de pine fan in man dy’t tinkt

dat it kwea yn him waakst

as in stienkeal

De fraach sûnder fraachteken dûkt hieltyd wer op: it is in klacht, in befêstiging? fan pessimisme, tusken berte en dea inkeld kwea? Hoe dan ek komt de hypogondryske eangst dat der ûnkontrolearber as tumoaren kwea groeit yn jo liif, werom yn it konfesjeskift fan de pasjint op E: “Letter, doe’t de flok/ as wite koal yn my woeks.” Mar: “Wat kin ik sizze.” Ferjeffenis jout de “ik” him net: “Ik snap Jezus/ dy’t sa beskieden/ oan it krús hong.”

Dan, nei dea, leafde en ferlossingsleaze bycht, giet de lêste bliere kulturele myte dy’t it folk treast joech yn rûge tiden deroan, de frijheid. It skift hat in soad pop lyric-eftige werhellingen, wat wurket op spotify mar net op papier, en retoaryske fragen dy’t yn poëzy folwoeksen wêze moatte, it gefoel en ferstân reitsje en útdaagje, wat hjir net hieltyd sa is. It bliuwt in bytsje in allegaartsje anekdoates. Wat ad hoc oanwiisd, om it beslútwurd “foargoed” of de ôfskieds­ferbylding of om’t it lêstekens mist, komt it slotfers. “ik seach nei bûten/ en waard it kezyn en/ rút net gewaar”. De ûntkenning “net” is moai ynpakt om de stabiliteit fan ’e lytse strofe te bewarjen. Dochs is de suspense der. “Ik” besiket syn ynderlike ûnderfining oan de eksterne wrâld te hifkjen. Mar “der lei in wite hân oer de wrâld”, dy’t de “dize” teplak hâldt. De minske hallusinearret mar al te maklik, absorbearre as er is troch de dingen om’t er no ienris minsklik (net) waarnimt en fielt: “wat der opklearre/ wurde moast/ wist ik net”. Sûnder de werklikens te treffen, lykwols, kinne jo gjin kant op, oars as werom yn josels en jo eigen gesichtspunt.

ik makke de lippen wiet

de loft waard al tinner

doe’t ik efkes trienfage

de lippen op it glês drukte

de man dy’t nei bûten seach

foargoed yn my opnaam

Elmar Kuiper, Stienkeal, De Gerdyk, Bornmeer, 2018

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15