image

Postma yn ’e Proustgreep

Friduwih Riemersma - Fers2, 14 jannewaris 2018

Fan alle Fryske akademisy meitsje jo mei Goffe Jensma oan jo side de bêste kâns op winnen yn in pub quizz, echt wier, hy ken syn trivia, mar nammerste opfallender is dat er der oangeande de net-popkultuer sa neist sit en dat op in ûnferwacht nijsgjirrige manier, as die er it derom.

In madeleine is net in moalkoekje, mar in bûterkoekje dat foarme is, seit Marcel Proust, as wie er yn de skulp fan in coquille Saint-Jacques drukt, de skulp fan it byldmerk fan oaljegigant Shell (dat wit Jensma grif wer wol). Dat it bûter wie is just it punt: dat koe Marcel, de protagonist yn À la recherche du temps perdu, rûke, moal rûke ro net. De rook brocht him spontaan in ‘ferlern’ oantinken oan syn bernetiid yn Combray. Wat Jensma konkludearret yn syn boekbesprek fan Steenmeijer & Van der Meer har Obe Postma, is dat de lange sneinske kuiers fan dichter Postma te ferlykjen binne mei de madeleines fan Proust, yn dy sin dat se it fielen fan lok en kompleetheid fan ’e foarbije tiid wer oplibje litte.

Proust! Hie Jensma net in pear alinea’s derfoar krekt sein dat grutte nammen gjin oar doel tsjinje as belangryk meitsjen fan it Fryske erfskip en de Postma-ûndersikers sels en dat grutte nammen amper wichtich binne foar de tekstynterpretaasje?

Marcel Proust syn sykjen nei wierheid fia syn eigen memoires is in typysk tweintichste-ieuske ûndernimming dêr’t de yndividy en syn bewustwêzen yn it sintrum kaam te stean. It konsept ‘ûnopsetlik ûnthâld’, memoire involontaire, dat Proust munte om it meganisme fan spontaan en yndividueel oantinken mei te beskriuwen, spilet de kaairol yn syn memoireroman. Wis is Postma syn syktocht, al bin ik it mei Jensma iens dat it Postma giet om it finen fan it kwytrekke gefoel, earder as in noch bedutsen wierheid (by Proust), te sjen as ek sa’n noaskjen nei de ferlerne tiid. Spitich is dat hjoeddedei it ynternet fol stiet mei ‘memory recall techniques’, de iene faaks noch dubieuzer as de oare (muzyk foar ‘recovering memories’ of it brûken fan hypnoatyske regresjetechniken om ‘út te finen wat der echt barde’) mar likegoed: Postma is, al hat er it flink útsteld, te betiid stoarn. No earst Proust:

je portai à mes lèvres une cuillerée du thé où j'avais laissé s’amollir un morceau de madeleine. Mais à l’instant même où la gorgée mêlée des miettes du gâteau toucha mon palais, je tressaillis, attentif à ce qui se passait d’extraordinaire en moi. Un plaisir délicieux m’avait envahi

De ferteller fan Proust rint der tsjinoan dat it mei de “intelligence”, dus mei bewust war dwaan, opheljen fan oantinkens oan plakken, minsken en foarfallen út it ferline net “l’ essence du passé” jout dy’t ûnopsetlike oantinkens, dy’t mei in libbene direktens en sintúchlike kompleetheid komme, as wie de tiid dertusken opheft. In leppelfol tee-mei-koekje, in frij spesifike mjuks fan roken dy’t de ferteller ûnder syn noas hâldt, docht dan wat it sjen fan it koekje net koe, nammentlik fragminten út it ûnthâld nei it bewustwêzen bringe.

Certes, ce qui palpite ainsi au fond de moi, ce doit être l’image, le souvenir visuel, qui, lié à cette saveur, tente de la suivre jusqu’à moi.

Et tout d’un coup le souvenir m’est apparu. Ce goût c’était celui du petit morceau de madeleine que le dimanche matin à Combray (parce que ce jour-là je ne sortais pas avant l’heure de la messe), quand j’allais lui dire bonjour dans sa chambre, ma tante Léonie m’offrait après l’avoir trempé dans son infusion de thé ou de tilleul. La vue de la petite madeleine ne m’avait rien rappelé avant que je n’y eusse goûté.

Proust sit der heechstwierskynlik neist wat de smaak oanbelanget. Wy witte no dat wêr’t wy oer prate as smaak feitlik fan de rooksin komt, hoewol’t it lestich om empirysk fêst te stellen hoe grut dat oanpart is; men hâldt it op in behoarlik dominante rooksin. Hast neat yn it ûndersyk nei it autobiografysk ûnthâld is sa yngeand bestudearre as de olfaktoaryske faktor yn it oproppen fan oantinkens. Ut eksperimint docht bliken dat net sasear de djipte fan de kognitive ferarbeiding fan de rook­ûnderfining, mar de hichte fan de ynformaasjewearde fan de rook it ûnthâld ferbetteret. It makket dus net út dat de oarspronklike tee-mei-koekjeûnderfing net mei spesjaal omtinken bard is en gjin life-event wie. Minder yntinse rook (karton) sil minder goed bewarre bliuwe as karakteristike rook (Allemansrätten), mar as der genôch rook oan in ûnderfining ferbûn is, dus as immen bekend is mei dy rook (*), is ek dat direkt relatearre is oan de kwaliteit fan it opheljen.

It olfaktoarysk ûnthâld is wol beskôge as in alarmsysteem dat de affektive toan set foar it deropfolgjende gedrach en it hanneljen yn oerienstimming mei de oare sintugen. De rookwerkenning is by minsken keppele oan it limbysk systeem dat de emoasjes en affektive tastannen regelet, dus rook kin oantinkens ‘oplibje’ litte mei emosjoneel effekt. Mar it moaie fan dit soarte ûnthâlds­wittenskip is dat elkenien jo nijsgjirrige dingen fertelle kin. Dat rook-oproppen represintaasjes mei in fernuveringseffekt komme en emosjoneler binne as ferbaal oproppen bylden, dat ha wy allegearre wol ris meimakke en de senioaren ûnder ús kinne derby fertelle dat it doelberet opheljen fan oantinkens dreger wurdt mei de jierren, wylst—en ûndersyk befêstiget it—de spontane oantinkens net minder wurde.

Gjin algemiene kennis is dat oare sintúchlike waarnimmingen likegoed as de rooksin it ‘fergetten’ oantinken by Proust werom­brocht hawwe kin; de ferteller hat gjin wissens dat de tee-mei-koekje wie. Fierder sit Proust der ek neist wat de essinsje, of wierheid, fan it ûnopsetlike oantinken oangiet. Alle ophelle oantinkens mei kognitive en emosjonele eigenskippen binne it produkt fan aktueel opnij-ynterpretearjen en de nije ynterpretaasje is altyd yn in geunstige foarm set. Derby komt dat de minsklike harsens sjogge wat se ferwachtsje te sjen en dat inkeld mar kognityf waarnimmen wol bestiet, mar dat de emoasjes wêr’t it mar kin sels de meast keale kognysjes kleurje. Sa komt it dat hast alle oantinkens ek emosjonele eigenskippen hawwe. Dus is it oproppene nea hielendal gelikens oan it oarspronklike—dan soene wy it ferskil tusken echte ûnderfining en oantinken net kenne en koene wy net funksjonearje—mar se binne mingd mei bewust­wêzen fan ’e aktuele situaasje. Dat liedt derta dat it ophelle oantinken wer opnij yn it ûnthâld opslein wurdt mei de ynformaasje fan dat aktuele bewust­wêzen deroan fêstplakt. Jin eat te binnen bringe is in hanneling fan jin kreatyf opnij foarstellen.

Koartsein, dat Postma syn kuiers ta aktivearjen fan syn autobiografysk ûnthâld laten, kin bêst, want allerhanne cues, ferbaal, semantysk, fisueel, audityf, liede ta oantinkens oer stikken fan it libben. Mar net oannimlik is dat dat ‘yntelliginte’ oproppen fan oantinkens de djippe emosjonele wearde hie as dêr’t de ferteller yn Prousts memoire it oer hat. Dus it kuierjen is net ferlykber mei de madeleine. Dat Postma syn kuierjen in “ferslaving” wie, sa’t Jensma ûndersteld, moat folksmûle wêze want oer in ferslaving ha jo by definysje gjin kontrôle; selshypnoaze troch kuierjen soe miskien wol kinne; lykwols de ûnderdrukte oantinkens dy’t hypnoaze boppehelje soe bestean net, binne in populêre myte … mar dêr, yn ’e folksmyte, skûle de stille hint fan Jensma.

It doel dat Proust syn protagonist en Postma mei it ûnthâld hiene is net de funksje dy’t it evolúsjonêr krigen hat. Autobiografysk ûnthâld bout op fûnemintele biologyske funksjes dy’t de measte sûchdieren hawwe en libbene oantinkens fan persoanlike ûnderfiningen helpe fansels enoarm de oanpassing en it oerlibjen; sûnder goedwurkjend autobiografysk ûnthâld krije jo gjin Ikeameubel yninoar set. Boppedat hawwe minsken ferlet fan in libbensferhaal. Wat koherinter oft dat libbensferhaal is, wat lokkiger en sosjaal súksesfoller de persoan. Foar de funksje fan opbou fan it libbensferhaal kin men net inkeld nei de yndividu sjen sa’t Proust syn ferteller die, mar binne de sosjale en kultureel-histoaryske kontekst dêr’t it jin yn ’t sin bringen fan memoarjes yn bard fan grut belang. Ommers de oantinkens moatte net inkeld betsjuttingsfol wêze foar de persoan sels, mar se moatte sosjale betsjutting hawwe.

No liket it derop dat it persoanlike autobiografyske ûnthâld funksjoneel en struktureel ferbûn is oan it gebrûk fan kulturele myten en sosjale narrativen en dat de klam op it ‘sels’ dy’t fariearret mei it kulturele en sosjale fermidden ynfloed hat op de foarm en funksje fan it autobiografysk ûnthâld en op it ferlet fan it bouwen fan in unyk persoanlik libbensferhaal yn dy konteksten. Dat Prousts ferteller him syn libben yn it sin bringt sa’er dat docht en it libbensferhaal fertelt fan in obsessive narsist, seksueel frustrearre en in artiste manqué komt om’t er de narrativen folget yn de kulturele kriten dêr’t er tahold, dy’t beskate foarmen, symboalen en struktueren betsjuttingsfol makken. It is yntuïtyf folslein logysk dat as minsken de oantinkens fan har libben oarderje ta in begryplik ferhaal, hja kultureel betsjuttingsfolle literêre patroanen folgje en dus kollektive narrativen. It is in prachtige, útdaagjende ynfalshoeke en der is by myn witten nea ûndersyk nei dien dus hearen Postma-ûndersikers, lit de kuiers en koekjes lizze en au boulot!

Goffe Jensma, Rûtine en ritueel: It dichtsjen fan Obe Postma, Us Wurk 66 (2017) 77-83 [besprek fan Tineke Steenmeijer-Wielinga en Geart van der Meer, Obe Postma: In libben dat bloeide nei syn aard, Ljouwert, Elikser, 2017].

Marcel Proust, Du côté de chez Swann, 1913, beskikber op Project Gutenberg, lêste oanpassing 2 oktober 2017 <http://www.gutenberg.org/files/2650/2650-h/2650-h.htm>.

Ikea stapt oer op “ûnsichtber design” en lansearret yn 2019 in parfum, ien dy’t, sa poste de Sweedske parfumist Byredo op Ikea’s blog, tinken docht oan “visiting their grandmother’s house … It creates a sense of comfort and security.” ;)

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15