
Opiny
Postoarderpoëzij
It treast-sjenre dêr’t de Fryske dichters har ynienen om sintrearje lit skerper as ea it mankearjen oan foarm yn ’e Fryske dichterij sjen; mar ek de kâns om ôfstân te nimmen fan foarmleazens en in radikale rehabilitaasje fan styl en keunst.
Bear me, some God! oh quickly bear me hence/ To wholesome Solitude”. Alexander Pope, yn syn besykjen om ferskjinne te bliuwen fan de korrupsje fan it hof, fan de allesoerhearskjende eigenwille en ûnoardielkundigens op kultureel en literêr mêd en fan de “plague” fan rimelders dy’t him efterfolgen, hie dizze strategy opset: fysike ôfsûndering en geografyske ôfstân. Hanwaskje stiet der net by, mar dochs tinke jo oan no: oan de fracht strieminne koronafersen dy’t jo kwelle. Jo tinke oan ’e romte dy’t der ynienen gluorket, no’t de wrâld efkes ho hâldt, foar in histoaryske feroaring fan it ding dat wy ‘poëzij’ neame.
Jo tinke oan hoe’t Aristoteles poëzy omskreau as in keunst dy’t neimakket. “[I]mitaasje (…) is ien ynstinkt fan ús natuer” stiet yn syn Poëtika en de “de objekten fan imitaasje binne manlju yn aksje.” Op ’t heden sitte de manlju imitabel te wêzen op ’e bank mei in laptop & in flesse gin. By gefolch klage al mear as fjirtjin dagen lyn in Reddit community oer de stream fan treast yn spiritueel-poëtyske bewurdingen, dêr’t de branding fan it eigen merk steefêst bluisterich trochhinne skimere: oft dy spam asjeblyft ophâlde koe. Mar de korona bringt inkeld in hegere produksje fan rattelwachtpoëzy; it wiere gemis fan objekt bestiet al goed hûndert jier langer (as SARS-CoV-2). Dichters kearden har fan har wrâld ôf, nei de ‘oriïntaalske’ poëzy ta, mei stereotypearringen oer it ‘poëtysk gefoel’ yn de kalligrafyen. Horasius syn simile ‘ut pictura poesis’ waard liedend: sa’t skilderjen is, sa is poëzij.
Tenei kaam it fers as in plaatsje dat direkt foar it each skildere waard. Poëzy fernijde him ta frije ympresjes yn in pear halen fan wurdlidden en rigelkes, útroppen oer it moed, lyryske epigrammen en sketsmjittige oanwizingen ynstee fan akkurate, pregnante imitaasjes fan wat wy waarnimme.
Drok it ljocht fan maart mar stil no
de stêd.
Byldskerms yn it húsarrest fertelle
de stân fan de wrâld: in rôt
op de lege treppen yn de subway fan
New York, in taksysjauffeur
yn Ljouwert, ta stânbyld beferzen
oant him oars net foar eagen skime-
ret
as it eigen oer de mûtse gean,
das Abendland en de langer ferlittene
stêd,
begjin maitiid, dy’t staf-oer-nacht
it gesicht fan Aldersielen hat.
Blynseach de grammatika opskodzje, cut-ups fan mediabylden trochspekke mei eksoatysk bûtenlânsk: sokke Vogon Poetry bestie al ieuwen. “Oh freddled gruntbuggly,/ Thy micturations are to me/ As plurdled gabbleblotchits on a lurgid bee.” Mar oplieding as in rjocht dat net foarbeholden is oan ’e privilezjearre sosjale klassen, is der noch mar krekt.
De demokratisearring fan it ûnderwiis rûge it analfabetisme sawat út en tagelyk gie de wolfeart sa omheech dat hast elkenien in poatlead keapje koe. Mar wylst earder jonge skoalbern al de klassiken liezen, krijt it grutste part yn Nederlân no gjin poëzy op skoalle. Want ús kultuer wurdearret poëzy net bot, njonken sêft-eroatika- en misdieromans. Treffend is hoe’t ûnderwiisadfiseur Cedin poëzy bestimpelet as eat dat folwoeksen fysike krêft ferget: it skift fan 16+’ers, “Toppers[,] kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzy.” Ienris foarprogrammearre komme wy net gau mear yn kontakt mei literêre poëzy. Sa komt it dat der poëzykursussen bestean, op Tresoar, laat troch Arjan Hut, dy’t ynstekke by it fraachstik ‘moat poëzy rymje’? Nee fansels net. Shakespeare. Blank verse. Mar wy tinke fan: to be, or not to be: dat rimet. Witte wy folle.
Rym foel troch de histoarje hinne út en yn ’e moade. In lêste oantrún joech de New Formalism-beweging fan de jierren 1980 ôf. Dat wie net súksesfol. Want guon nijformalisten folgen wat brallerich Kant syn diktum nei, dat estetyk yn foarm sit, wylst dat net mear sa is; skjintme sit no ek yn lûd, bylden of tinkline. Oaren koene net goed dichtsje, sadat har reaksjonêre fisy net oertsjûge en neffens dichter N.S. Thompson mear fan in marketingtrúk hie. Tred, dichters wolle gewoan gjin rym. Metrum wolle se likemin, yn it gânsklike frije westen net, yn Fryslân al hielendal net. De reden foar de wjeraksel tsjin foarm is simpel: oars as ballet, keramyske keunst en alle oare keunsten, en mooglik sels oars as de oare skriuwsjenres, tinke dichters likegoed as lêzers by dichtsjen net oan technyk, mar oan gefoel.
It fersin oer Wordsworth syn beskriuwing fan dichtkeunst komt om’t gjinien him ommers lêst, en is namste stiver om’t er sà noflik egalitêr begjint, “Poetry is the spontaneous overflow of powerful feelings” dat nimmen it lêste part fan de sin berikt: “it takes its origin from emotion recollected in tranquility.” De romantyk beskate fierder dat de dichter ferskilt fan ’e ferskefabrikers en rimelders—‘folksskriuwerij’—troch syn sjeny: de dichter is ynspirearre en profetysk. De spirituele jefte fan profesij bewiist himsels mei trekken dy’t it karakter fan de kristlike god wjerspegelje en ynspiraasje blykt út de driuw ta dichtsjen sels. Ergo, sok dichterskip is ûnbewiisber en ûnkritisearber—want it leit djip yn ’e siele fan de dichter—en: it is absolút gjin garânsje foar in effektive poëtyske tekst.
Oarsom makket sa’n opfetting fan dichterskip de literêre lyryk like dichterlik as (ynspirearre slash profetyske) libbenslespoëzy, spirituele of relipoëzy, natuerpoëzij, leafdespoëzij en (hús)bistepoëzij.
Fan Boekel yn Snits
En
Inkeld noch
By steat
Om werom te groetsjen
As in happende fisk
Mei of sûnder spyt
Bidde
Dat immen dy asjeblyft
Werom yn it wetter
Smyt
Libben of dea desnoads
Mar leafst libben
Om dy iene
Fertutearze
Tút
Frij te blazen
Dit fers, mei de hilaryske titel ‘Strûpt ôfskie’, is—leau it of net—earnstich bedoeld. Op de fyfde dei nei it posten op Facebook hie it 60 ‘likes’ en it heuchlike kommentaar: “Sa moai. As hiest it sels meimakke. Mar lokkich net.” De dichter as in angele fisk! Mar doe’t ik útgniisd wie like it feitlik noch slimmer.
Just troch it ferlitten fan mjitte en lûd, oars sein trochdat de poëzy him út it trûbadoerskip weromluts yn de suvere lyryk en it pakkende ritme en de lekkere rym oerliet oan de popmuzyk, waard poëzy in minderheidssport. Dat is akseptabel. Keunst hat eins altyd foar in lyts persintaazje fynpriuwers west en nea foar de massa’s. Dat dy kulturele minderheidsutering yn in taal is dy’t dea giet is net krekt it probleem, want dichters kinne oparbeidzje. Se kinne in antology meitsje dêr’t alle aktive dichters de romte yn krije, sa’t Elmar Kuiper en Abe de Vries dogge. Se kinne meiinoar soargje foar artistike bloei. Mar dêr set de Fryske kultueryndustry de poat dwers.
Dy leart ús, troch prizebelied ensafuorthinne, dat ús langst nei dichterlik súkses in langst is dy’t oaren allyksa hawwe. Se skeppe de langstyllúzje: as de oar súkses hat, soe der minder súkses foar my oerbliuwe. Dat liedt ta kompetysje. Dêr’t eksklusive langst triomfearret, ûntstiet in sosjaal en kultureel systeem fan yndividueel konsumintisme, it plonderjen fan de natuer en it groeie litten fan sosjale ûngelikens, yndie mei in populistysk ‘mienskip’-glasuerke deroerhinne. Sa’n systeem wol altyd de levering opskroevje fan saken wy keapje kinne foar yndividuele konsumpsje. It brûkt dêrfoar propaganda: poëzy moat tagonklik wêze, in hege shareabality hawwe, en ferhannelberens útstrielje.
Dat de Fryske poëzy him rjochtet op ferkeap is âld nijs. Dat neat sa goed ferkeapet as treast wannear’t lju har gewoane patroanen trochbrutsen sjogge, is bekend. De treastproduksje is gigantysk. Poëzy is blinder dochs gjin treast, appte Elmar Kuiper. Nee, net by Fers2, want dan rinne wy tsjin ús kollega’s fan de prostitúsje oan. Mar ek romanskriuwer Sjieuwe Borger appte my. Ynienen foel it op: de Fryske dichters wiene treastfamkes mei koblomkes yn it skjimhier—al in hiel skoft; artistike kwaliteit hat definityf gjin inkelde wearde mear.
Troch syn gekuch mei er net nei bûten.
Foar âldere minsken kin dat gefaarlik wêze,
sei syn mem. Hast al syn strips hat er al twa
kear lêzen. Trije wiken sûnder skoalle
duorret toch wol lang.
Syn heit sei: trije wiken is noch neat, jong.
Pake hat yn ’e oarloch dik trije jier net
nei skoalle west. Sa lang, lake er, sil dit
toch hooplik net duorje. Dan sitte we hjir yn
2023 noch.
Op 20 maart, mei al 11.386 koronadeaden en in dei nei de warskôging dat coronavirus deniers in deadlik boadskip ferspriede, is de Dichter fan Fryslân noch altyd in ûntkenner: om wat kucheljen mei in bern net nei skoalle, wat begrutlik is en belachlik makke wurdt mei de oarlochsferwizing en de titel ‘Ferkâlden’. Yndie, út in ‘nofter’ gesichtspunt wei rjochtfeardiget it lege stjertesifer fan covid-19—3,4 persint wylst oan de MERS yn 2019 ien op ’e trije deagie en oan ’e SARS yn 2003 sa’n 14 persint fan ’e jonge pasjinten en goed 50 fan ’e 64+’ers—miskien net de efterfolch-apps en plysjedrones dy’t jo lilk taroppe. Jo meie betwivelje dat oerheden de pandemy sa hurd mooglik deltwinge wolle om de ekonomy te rêden, om’t oan in djippe resesje ek ûnnedich boargers deagean. It is hiel goed mooglik dat de autoritêre Kurz de frijheidsbeheining yn Eastenryk net wer opheft; wy moatte bliid wêze dat wy yn Nederlân libje. Dat kinne jo allegearre poerbêst nei foaren bringe yn poëzy; dêr is poëzy foar. De DfF-webside is literêr ramptoerisme om dizze reden: foarmleas sentimint. Poëtyske ynhâld is net te skieden fan poëtyske foarm.
Yn populêr wurdgebrûk is ynhâld synoniem mei ‘wêr’t it fers oer giet’. Prate jo neffens dy definysje oer de ynhâld, dan ha jo it lykwols net oer eat dat unyk is oan it fers: jo hawwe it oer eat dat likegoed oerdroegen wurde koe yn in (digitaal) kribeltsje, in petear op ’e dyk, in essee of yn ’e krante. As jo it op dy manier oer ynhâld hawwe kin in fers bejubele of delsabele wurde om redenen dy’t neat mei poëzy te krijen hawwe. Dat is wat wy sjogge. De koronafersen soene ‘net min’ wêze om’t se begrutsjen sjen litte. Allerearst is dat ûnsin. De fersen binne branding fan it eigen bedriuw: ik bin tsjin korona! dus ik bin in leave jonge! keapje myn boeken! Ommers meilibjen, treast, is harkjen, of deep listening sa’t de boeddisten sizze. As jo al witte hoe’t jo freon him fiele sil, “silst it mar wêze”, ha jo jo net losmakke fan jo eigen ferhaal.
Silst it mar wêze
Of slimmer noch
In leafste
Lykme-allinne
Yn it twaletterwurd
IC
Bedarre
Ofklaaid ta
In benaude rochelferskining
Yn in opskaald hoekje
Dêr’t se wat lucht
Bewarje
As der net in tsjinsteld of ambigú tinkbyld yn it fers sit, as it boadskip te simpel of harmonieus liket, nim mar rêstich oan dat der net harke is, lit stean dat de konfliktueuze wrâld en de allike stridige ûnderfiningen fan de oar begrepen binne. Boppedat giet fan de grouwel just hielendal gjin treast út. Yn realiteit binne pasjinten op ’e yntinsive soarch oan in beäzemingsapparaat en dêrom djip sedearre, oant se wer opknappe, en se krije mei opsetsin lytse bytsjes lucht mei soerstof (dus net allinne lucht) om de longen gjin fierdere skea te dwaan. It fers wjerspegelet sa it soart mistrouwen yn ús sikesoarch, dat populêr is op ’e sosjale media; wat de ‘likes’ ferklearje kin. Twad, tafallich, mar ek wer logysk, appt Kuiper fan: dichtsjen is yn essinsje harkjen, net komponearjen—harkjen. Nei lûd en ritme: nei foarm.
It punt is, poëtika is gjin hermeneutika om’t it him net rjochtet op ‘de’ betsjutting fan in tekst: it besjocht hoe’t de ferskate eleminten fan in tekst byinoar komme om in beskaat effekt op ’e lêzer te beävesearjen. Literêre poëzy hat altyd mear betsjuttingslagen, troch it yninoar gripen fan stylaspekten. Mar hawwe jo it tsjintwurdich oer styl, freegje jo om te harkjen nei toan, of stim, de kadâns fan de frasen of ritme, dan sjogge se jo glêzich oan. Dat komt om’t sûnt in ieu yn ’e hiele westerske poëzy, op alle nivo’s fan ûnderwiis, styl beskôge wurdt as eat dêr’t gjin regels foar jilde/kinne. Foar de ‘workshop poetry’ dy’t fan de Amerikaanske universiteiten kaam, gou mar ien uterst pragmatysk kritearium: is it begryplik foar de trochsneedlêzer? Ja? Hup, publisearje dan. Bykommende fûstregels, lykas ‘hâld it koart’—smyt alle adjektiven, bywurden, hiele bysinnen derút en ynterpunksje is oerstallige fersiering—bestean om ’e ferkeap, net om ’e keunst. De klassiken, Hamlet of King Lear: tldr. Utklaaide, fersimpele tekst jout lekker fluch út.
It iennichtste dat der noch ta docht is plot. De DfF skriuwt in ferhaaltsje dat goed ôfrint. NB! lokkich ein-anekdoates binne typysk it bedriuwsmotivaasje- en selshelp-ynspiraasjesjenre. Djippere betsjutting, i.e. de sin of it doel of de urginsje fan de tekst, dêr hat nimmen tiid foar—oan no ta. De dichter moat hurd syn katalogus fol sette mei produkten dy’t it glossarium fan firuswurden echoë, fan ‘faksin’ oant ‘sosjale ôfstân’. Kollumnist Asing Walthaus, dy’t foar de Ljouwerter krante in searje treastfersen gearstalt, bestelt dêr tillefoanysk eksplisite koronawurden foar, lykas ‘mûlkapkes’ en ‘mienskip’: de Fryske poëzy hat him transformearre ta postoarderpoëzij.
Lit ús blommen keapje
Grutte bosken kleur bringe
Yn ús keamers
By de doarren fan âlden en
siken
Yn de earms fan soargers en
besoargers
Lit ús al dy skoandere
Blommenammen as serenades
Fan balkons, út iepen ruten
sprinkelje
In bedoarn húswiif ropt it folk op om mei syn allen nei de blommekiosk—fiif dagen letter soe se dêr allinne al in boete foar krigen ha: ploechfoarming—en dan de blommen dumpe by lju dy’t earnstige klachten by it sykheljen hawwe. De dea-ingelgrap wol lykwols net oerkomme, troch it folslein ûntbrekken fan foarm. Der is in doffe dreun ynstee fan muzyk mei harmony, disharmony, accelerando en rallentando. De anafoar ‘Lit ús’ wurket net om’t dy frase, oars as ‘I have a dream’, ynhâldleas is. Der is gjin inkelde metafoar of simile dy’t betsjutting makket en dy’t ús foarby de letterlike tekst fiert nei mooglike wrâlden en nije ynsjoggen. It is eins gjin poëzy.
Isolemint en út de buert bliuwe helpe net want se hawwe jo nûmer. Mar jo kinne tsjin Walthaus sizze fan doei. Just yn dizze tiid hawwe lêzers rjocht op echte poëzy. Se hawwe ommers de tiid om meiinoar lûdop te lêzen foar Skype en te harkjen en dan blykt, it hellet it lang net by Dua Lipa, dy’t wol earlik is net op goedkeap gefoelseffekt skriuwt. Koöperaasje is de oanwiisde flechtrûte út it Fryske kultuerkonsumintisme, de rimelderij dêr’t ek oer in pear moannen by ’t soad ‘fraach’ nei wêze sil, en de rivaliteit wei. No is de tiid ryp foar revolúsje: de rehabilitaasje fan foarm, dus keunst. Spiderman syn omke—Tsead Bruinja—sei it lêsten op syn alderbêst tsjin Abe de Vries: “With great power comes great responsibility.”
Boarnen
René Girard, Deceit, desire and the novel: Self and other in literary structure [1961], trans. Yvonne Freccero (Baltimore: Johns Hopkins, 1965).
Roland Greene, Stephen Cushman, Clare Cavanagh, Jahan Ramazani, en Paul Rouzer (ed.), The Princeton encyclopedia of poetry and poetics, Fourth ed. (Princeton, NJ / Oxfordshire, UK: Princeton UP, 2012), Lemma’s POETRY, POET en POEM.
Rebecca Hazelton, ‘Why write in form? Mastering the traditional ways to forge new ones’, Poetry Foundation, 10 maaie 2016, www.poetryfoundation.org/articles/89288/why-write-in-form, krigen 3 april 2020.
Alexander Pope, The fourth satire of Dr. John Donne, dean of St. Paul’s, versify’d (1733).
N.S. Thompson, ‘Form and function IV: Form and audience’, P. N. Review 154 30:2 (2003).
Mear fan Friduwih Riemersma
De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021 |
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot |
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021 |
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuerynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine |
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten |
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot |
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet |
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’ |
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten |
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma |