image kulturele haadsted 2018

Ramptoerisme

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3.10, 21 maaie 2017

Net dat it de wrâld wat skele koe. De eineksamens, it praat oer impeachment fan Trump en de stûkjende formaasje fan ús lânsbestjoer fongen it omtinken. Mar wat in kostlike tragykommeedzje Kulturele Haadstêd! De timing wie perfekt. It prachtige terraswaar dat makke dat jo noflik sitten gean koene foar in plotûntjouwing dy’t like foarsisber as begrutlik wie, mei as hilaryske hichtepunten de politike tropes út it hânboekje Essinsjele Deaddwaners fan deputearre Poepjes. Stadich protten de eagen de deputearre fierder út ’e holle. Jo witte: dêr komt it ûnbestimde politike ‘wy’ dat net yn it foarste, it lêste en elk dertusken lizzend plak op ’e sprekker sels wize soe, mar op in ienheid dêr’t elkenien wol by hearre kin. Dêr komme de ûnbewiisberheden dy’t as in mantra werhelle en werhelle wurde sille om’t se sa út harsels wierheden wurde. Dêr komt de retoryk dy’t dizich referearret oan in hegere moraal as macht en matearje. Jo sitte op it puntsje fan jo stoel, toe mar, toe mar… en ja!: “Wy ha de belofte dien; wy moatte ús wurd hâlde.”

It like te gean oer jild. Goed sânenheal miljoen ekstra fan de oerheden nei de kulturele haadstêd. Dat is sa’n tsien persint fan de oarspronklike kulturele haadstêdbegrutting mei-inoar, mar oft it in soad of in bytsje is falt yn absolute sin net te sizzen. Jild is, lykas tiid en plak, in betingst dy’t benammen bekend is yn de negative foarm, as ‘wy ha dêr gjin jild foar’, wat yn ’e regel betsjut ‘wy wolle it net’. Soks is in rjochtfeardiging om eat te litten of te dwaan, lykas fan deputearre Poepjes: “Dat wolle we net”, neier ferklearre troch de ferslachjouwer as: “Dat wolle se dus perfoarst net.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 3:39/1:32 sek., 1:38 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. It is net in reden om eat te dwaan, lykas: “We moatte der yn 2025 ek noch wat oan ha; dat is de filosofy efter dit bedrach,”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 2:16 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. lit stean in needsaak om eat te dwaan: “We wolle it jier net fergrieme … dus is dit no nedich [eagen protte út, puntsje fan ’e stoel… bingo!] want we krije in pracht jier mei syn allen.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/5:25 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. Neist har oerwurdearring fan non sequiturs hat ús deputearre de selsbewustheid fan Bugs Bunny en dat makket har ûnbedimme liberaal: we wolle eat → dus it is nedich → want alles komt goed. Al is ‘want’ in lykskikkend bynwurd fan kausaliteit en ek al komt der dêrnei hielendal gjin reden of oarsaak mar in soarte fan dreamwinsk, it hiele ding gie feitlik oer needsaak.

Needsaak is dat eat bart as gefolch fan in oar barren en dat kin net oars. As jo in apel in meter fan de grûn ôf loslitte falt er nei ûnderen. De deputearre ken dat needsaaklike gefolch: “Wy wolle de kulturele haadstêd net út ’e hannen falle litte.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/5:25 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. Dêrom is ekstra jild in needsaaklike betingst. Oars bart de kulturele haadstêd net. “Dit wie in needsaaklike set,” werhellet ek Ljouwerter wethâlder Feitsma himsels,‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/3:10, 3:18 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. as is it jaan fan miljoenen selsevidint. Mar jild is in sekundêre betingst. De primêre betingst om eat te dwaan of te litten en der jild oan te besteegjen is de kar derfoar—yn dit gefal de kar foar in djippe ynvestearring yn ’e toerismeyndustry; wat hiel legitym is, salang’t jo it net ferkeapje as “folksfeest”—en de kar derfoar komt troch de (persepsje fan) de wearde dy’t it hat. Oars sein, oft eat djoer is hinget der yn it alderearste plak fan ôf wat jo derfoar krije, om krekt te wêzen, wat dêr de wearde fan is. Just dat—wat toerisme de boargers fan Fryslân bringe kin en hokker risiko’s de skreauwende djoere tourism boosting race de boarger bringt—is goed bedutsen bleaun ûnder alle retoryk fan deputearre, wethâlder en Kulturele Haadstêdbestjoerder Bonnema.

De fragen bleaune hingjen by wêr’t it jild hinne gie. Mar dat der yn ruil foar it jild “regy” komme soe, lei foar de hân en bringt amper feroaring. Regy betsjut (wat) steatsbehear oer fermogen en útjeften, mar by in oerheid dy’t hieltyd in laisser fairehâlding foar de kulturele haadstêdorganisaasje oer hie—wêr ommers bleaune de ferplichte trijemoanlikse fuortgongsrapportaazjes út de Blokhúspoarte?—en no ek net op in miljoentsje mear of minder sjocht, liedt “regy” net beslist ta in strakker húshâldboekje.Atze Jan de Vries, ‘Hoe de provincie en de gemeente ingrijpen bij LF2018’, Leeuwarder Courant, 18 maaie 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Hoe-de-provincie-en-de-gemeente-ingrijpen-bij-LF2018-22223283.html> [krigen 18 maaie 2017]. En de bestimming fan it jild koe elkenien wol riede: “Dat boeke wy oer … dus nei de hear Bonnema. En dy kin dêrmei de kontrakten ôfslute.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/3:03 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].

Dat de media net trochfregen nei wat krije wy derfoar, en is it dat wurdich, hindere trouwens net. Bonnema, de man fan sânenheal miljoen, jout dochs gjin antwurd op fragen. “Bonnema, jo krije it jild. Is dat no in opluchting of is it wat jo ferwachte hiene?” “Wat vooral heel belangrijk is, is dat de uitvoering wordt belegd bij degene die daar gewoon de meeste deskundigheid en de meeste ervaring mee heeft.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:25 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. En wêrom tinke jo dat jo dat sels binne? hie hjir de logyske trochfraach west. Mar Omrop Fryslân keas foar gritsige pillow talk: “Is it no klear?” Bonnema andere: “Hiermee is de financiering van ut programma eh … is rûn en hiermei kin we dus ut programma ôfronne, de kontrakten aangèèn, en met nar búten op fyftyn oktober.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/1:14 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].

Bûtendoar yn Ljouwert, dat is in bysûndere kulturele ûnderfining. It Ljouwerter sosjale belied is min.‘Leeuwarden blijft probleemstad op sociaal gebied’, Leeuwarden Courant, 19 maaie 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Leeuwarden-blijft-probleemstad-op-sociaal-gebied-22225013.html> Inter alia, al jierrenlang wit Ljouwert net mear hoefolle minsken dy’t har net goed rêde kinne op ’e dyk omswalkje. Want plakken dêr’t hja efkes waarm sitte koene en dêr’t hja dus bekend wiene binne sletten.‘Aantal daklozen Friesland fors gestegen’, Leeuwarder Courant, 24 mei 2016 <http://www.lc.nl/friesland/Aantal-daklozen-Friesland-fors-gestegen-21374622.html> [krigen 18 maaie 2017]; ‘Verwarde mensen op straat: wat te doen?’, Vereniging voor Bestuurskunde, Kring Noord, g.d. (2016) <http://www.vbnoord.nl/?verslagen=verwarde-mensen-op-straat-wat-te-doen> [krigen 18 maaie 2017]. Ek is de doelgroep opnij definiearre fan slachtoffers ta dieders,‘Opsluiten verwarde mensen: niet doen’, Friesch Dagblad, 3 febrewaris 2017 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=72512> [krigen 18 maaie 2017]. en lestichfallers binne in saak foar de plysje. Tagelyk fernijt Ljouwert, in rike stêd, al syn grutte diken yn ien kear. De ferkears­trochstreaming dy’t altyd al striemin wie is no goed foar in konstipaasje­nominaasje yn ’e Guinness World Records. Net allinne is troch it fêstsittend ferkear de loftkwaliteit riskant,Milieudefensie, ‘Stedenoverzicht Meerookhoofdstad’, augustus 2016 <https://milieudefensie.nl/publicaties/factsheets/stedenoverzicht-meerookhoofdstad/at_download/file> [krigen 19 maaie 2017]; sjoch ek Wiebe Pennewaard, ‘Fries woongenot: rapportcijfer 1’, Fryslân1, (lêste wiziging) 10 april 2015 <http://www.fryslan1.frl/2015/04/10/fries-woongenot-met-moeite-rapportcijfer-1/> [krigen 19 maaie 2017]. mar rekkenje net op crowd control dat makket as aansen yn 2018 it “knalfeest”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/2:38 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. heevje sil. Koartsein, kom, toeristen, kom! Sa slim sjogge jimme it net gau wer.

Wethâlder Feitsma leit der de klam op dat in grut part fan it jild hielendal net fuort giet. De measte miljoenen binne nammentlik foar de “legacy”. Om’t de trochsneedbewenner fan Fryslân mient dat Legacy de female lead út The Matrix is, leit de wethâlder út dat “wy” yn 2025 en 2030 ek noch wat oan de kulturele haadstêd hawwe moatte.‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/3:36 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. Mar wêrom moat dat? En fan wa? Fan de Europeeske Kommisje, de tawizer fan de kulturele haadstêden, moat de kulturele haadstêd mar in pear dingen. De kulturele haadstêd moat it kultureel ferskaat likegoed as de Europeeske ienheid hulde dwaan, hy moat de bining fan de befolking mei syn omkriten fersterkje en de lokale kultuer moat de pleatslike ekonomy fuortsterkje. Alle oare dingen, ynbegrepen it oanjeien fan toerisme, binne moai meinommen, mar dy binne mei klam net in kritearium foar de Europeeske Kommisje.European Commission, ‘European Capitals of Culture’, Creative Europe, (lêste wiziging) 19 maaie 2017 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/actions/capitals-culture_en> [krigen 19 maaie 2017]; European Commission, European Capitals of Culture 2020-2033, Guide for cities preparing to bid <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/library/capitals-culture-candidates-guide_en.pdf> [krigen 19 maaie 2017].

Wol hurde easken binne nammers dat de kulturele haadstêd in stêd is en gjin regio en dat it kulturele haadstêdevenemint betelle wurde kin, sadat it net ta skea giet fan it deistich belied en dus net ta skea fan de boarger. Boarger? Oja dy. Wy wolle dy boarger net teloarstelle; om de bewenners fan Fryslân, Nederlân en Europa net teloar te stellen giet it jild nei de “legacy”.‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].

Deputearre Poepjes seit dat it jild nei in strjitteater en nei de bou fan alve fonteinen giet.Patrick van’t Haar, ‘Zo’n drie miljoen euro extra voor LF2018’, Friesch Dagblad, 16 maaie 2017, 3. De suggestje is dat dat strjitteater en dy fonteinen hjir sûnder de ekstra sinten net komme: “Dat ferlerne we dan ek.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 1:30 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. Wat it earste oanbelanget, soe immen it misse? De ultime karstien fan it provinsjaal belied, de toerist, mist it net. Dy koe de bedoelde strjitentertainers yn maart noch sjen yn Mechelen want de kaartsjes wiene dêr lang net útferkocht, of aansen yn Le Havre op ’e merke. Wat de fonteinen oanbelanget, dy kin elkenien misse as luzen, behalven artistyk lieder fan it fonteinprojekt Anna Tilroe, dy’t der har persoanlike krústocht tsjin de Friezen fan makke hat.Gretha Pama, ‘Waarom zijn de Friese fonteinen niet door een Fries ontworpen?’, NRC, 20 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/20/hoe-kijkt-een-japanner-naar-ijlst-8304934-a1555144> [krigen 19 maaie 2017]; Gretha Pama, Elf Friese fonteinen zijn niet Fries, maar wel ‘related to their history’, NRC, 6 maart 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/03/06/leeuwarden-culturele-hoofdstad-2018-elf-friese-fonteinen-zijn-niet-fries-maar-wel-related-to-their-history-7139281-a1549020> [krigen 19 maaie 2017]; Joyce Roodnat, ‘Benepen Friezen en de 11 fonteinen’, NRC, 27 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/27/benepen-friezen-en-de-11-fonteinen-8430375-a1556198> [krigen 19 maaie 2017]. In oar ding is dat ús deputearre sa’t it liket ha wol dat de 4,5 miljoen “om de belofte van de Culturele Hoofdstad waar te maken” earmerkte euro’s binne.Patrick van ’t Haar, ‘Overheden trekken de beurs voor LF2018’, Friesch Dagblad, 19 maaie 2017, 3. Mar jo hoege gjin boekhâlder te wêzen om jo ôf te freegjen oft sok earmerken eigentlik, salang’t der tekoarten en risiko’s binne, wol kin.Sjoch ek Patrick van’t Haar, ‘Gaten dichten in een niet reële begroting van LF2018’, Friesch Dagblad, 20 maaie 2017, 24.

It jonglearen mei bedraggen is spektakulêre eachbegûcheling. De wethâlder en deputearre mei de “regy” yn hannen, Bonnema mei de miljoenen en de folksfertsjintwurdigers mei “offisjeel” hielendal neat. Nei wat offisjeus stoer praat fan “sluiten niet uit dat er personele veranderingen” bla bla,Patrick van’t Haar, ‘Politici amper enthousiast bij steun LF2018’, Friesch Dagblad, 17 maaie 2017, 17. ha de steateleden har dellein want “foar provinsjale steaten jildt dat dy net op ’e hichte brocht” binne,‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 6:30/1:18 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. as stiet soks politike fisy en eigen nijsgjirrigens yn it paad. Hjir alles jitris op in rychje, yn € en x1000:

  • “om ervoor te zorgen dat programma fan de kulturele hoofdstad een succes wordt” (provinsje en gemeente): 4.500
  • garânsjefûns kaartferkeap (provinsje en gemeente): 1.000
  • opfangen fan mooglike nije tebeksetters (provinsje): 2.000
  • tefoaren kommen fan foarsjoen tekoart (provinsje en gemeente): 1.750
  • toerismemarketing (provinsje): 875
  • foar “legacy” (provinsje): 500
  • foar nije ideeën en “lêste minútprojekten” (gemeente): 775
  • kompinsaasje net-útkearde ryksbydrage (gemeente): 650Patrick van ’t Haar, ‘Overheden trekken de beurs voor LF2018’, Friesch Dagblad, 19 maaie 2017, 3.

As it ferskil tusken ‘kulturele haadstêd’ en ‘súksesfolle kulturele haadstêd’ is a. strjitteater dat toeristen oeral wol sjen kinne om’t it lykas by de bylden fan Plensa om standertoanbod giet,Friduwih Riemersma, ‘Ljouwerter Kulturele Haadstêdfontein is gjin keunst mar kopy’, Friesch Dagblad, 24 septimber 2016 <http://www.fers2.eu/docs/fontein-gjin-keunst-FD24092016.pdf>. en b. fonteinen dêr’t toeristen om reden fan klimaat en seden faaks wol foar nei Rome mar net nei Fryslân geane—wat moat Dokkum mei topless poatsjebaaiende froulju—dan docht út it rychje gjin needsaak bliken. Alle posten binne nij, potinsjeel of ekstra. Fan it foarsjoene tekoart fan 1,75 miljoen kin earst in miljoen ôf foar in fancy kaartferkeapsysteem mei folle mear funksjonaliteit as fereaske en foar de restearjende noch gjin miljoen kin maklik jilde wat altyd gou: dat de kulturele haadstêdorganisaasje him mar rêde moat.

Want jierrenlang hold deputearre Poepjes út dat der boppe-op de 15,8 miljoen dy’t yn 2013 troch de provinsje tasein wie, gjin sint mear komme soe.‘Overheden nemen taken LF2018 over’, Friesch Dagblad, 19 maaie 2017, 24. Ljouwert koe net dúdliker wêze:

De timing en omvang van contractering van projecten wordt afgestemd op de realiteit van de financiering met als uitgangspunt: er wordt niet meer geld uitgegeven dan er beschikbaar is. Hierdoor worden events lager of later gecontracteerd met het risico dat de ambities uit het bidbook niet volledig kunnen worden gerealiseerd.Gemeente Ljouwert, ‘Culturele hoofdstad 2018’, Begroting 2017-2020, g.d. <https://financieel.leeuwarden.nl/begroting/2017-2020/themas/culturele-hoofdstad-2018/> [krigen 19 maaie 2017].

Mar 91 persint fan it jild wie al binnen, leit Omrop Fryslân út; it giet dus net om mear, mar om “in gat; dat ha se opvult.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 3:39/0:54 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. De needsaak docht derút bliken dat de deputearre, wethâlder en Bonnema sizze: “It is needsaak.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017. 3:39/1:06 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. Neist dy needsaak, sizze wethâlder en deputearre: “It is goed om even in nuânse te pleatsen.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/2:55 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. Der komt in “stevige legacy,”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. ien fan stien en beton. As it jild dêryn sit “bliuwt it by ús”,‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/3:43 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. dan is it net útjûn, dêrom jitte wy de miljoenen yn hurde matearje, dan ha wy se yn 2025, 2030 noch stevich yn ’e bûse. Want miljoenen útjaan oan wat flechtichs as kultuer? “Dit wie nedich mar it bliuwt der ek by!”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/5:26 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017]. seit de deputearre. “We moatte der ôf wêze no.”‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 3:39/3:33 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].

Noaten

  1. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 3:39/1:32 sek., 1:38 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  2. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 2:16 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  3. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/5:25 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  4. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/5:25 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  5. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/3:10, 3:18 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  6. Atze Jan de Vries, ‘Hoe de provincie en de gemeente ingrijpen bij LF2018’, Leeuwarder Courant, 18 maaie 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Hoe-de-provincie-en-de-gemeente-ingrijpen-bij-LF2018-22223283.html> [krigen 18 maaie 2017].
  7. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/3:03 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  8. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:25 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  9. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/1:14 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  10. ‘Leeuwarden blijft probleemstad op sociaal gebied’, Leeuwarden Courant, 19 maaie 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Leeuwarden-blijft-probleemstad-op-sociaal-gebied-22225013.html>
  11. ‘Aantal daklozen Friesland fors gestegen’, Leeuwarder Courant, 24 mei 2016 <http://www.lc.nl/friesland/Aantal-daklozen-Friesland-fors-gestegen-21374622.html> [krigen 18 maaie 2017]; ‘Verwarde mensen op straat: wat te doen?’, Vereniging voor Bestuurskunde, Kring Noord, g.d. (2016) <http://www.vbnoord.nl/?verslagen=verwarde-mensen-op-straat-wat-te-doen> [krigen 18 maaie 2017].
  12. ‘Opsluiten verwarde mensen: niet doen’, Friesch Dagblad, 3 febrewaris 2017 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=72512> [krigen 18 maaie 2017].
  13. Milieudefensie, ‘Stedenoverzicht Meerookhoofdstad’, augustus 2016 <https://milieudefensie.nl/publicaties/factsheets/stedenoverzicht-meerookhoofdstad/at_download/file> [krigen 19 maaie 2017]; sjoch ek Wiebe Pennewaard, ‘Fries woongenot: rapportcijfer 1’, Fryslân1, (lêste wiziging) 10 april 2015 <http://www.fryslan1.frl/2015/04/10/fries-woongenot-met-moeite-rapportcijfer-1/> [krigen 19 maaie 2017].
  14. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/2:38 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  15. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/3:36 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  16. European Commission, ‘European Capitals of Culture’, Creative Europe, (lêste wiziging) 19 maaie 2017 <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/actions/capitals-culture_en> [krigen 19 maaie 2017]; European Commission, European Capitals of Culture 2020-2033, Guide for cities preparing to bid <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/library/capitals-culture-candidates-guide_en.pdf> [krigen 19 maaie 2017].
  17. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  18. Patrick van’t Haar, ‘Zo’n drie miljoen euro extra voor LF2018’, Friesch Dagblad, 16 maaie 2017, 3.
  19. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 1:30 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  20. Gretha Pama, ‘Waarom zijn de Friese fonteinen niet door een Fries ontworpen?’, NRC, 20 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/20/hoe-kijkt-een-japanner-naar-ijlst-8304934-a1555144> [krigen 19 maaie 2017]; Gretha Pama, Elf Friese fonteinen zijn niet Fries, maar wel ‘related to their history’, NRC, 6 maart 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/03/06/leeuwarden-culturele-hoofdstad-2018-elf-friese-fonteinen-zijn-niet-fries-maar-wel-related-to-their-history-7139281-a1549020> [krigen 19 maaie 2017]; Joyce Roodnat, ‘Benepen Friezen en de 11 fonteinen’, NRC, 27 april 2017 <https://www.nrc.nl/nieuws/2017/04/27/benepen-friezen-en-de-11-fonteinen-8430375-a1556198> [krigen 19 maaie 2017].
  21. Patrick van ’t Haar, ‘Overheden trekken de beurs voor LF2018’, Friesch Dagblad, 19 maaie 2017, 3.
  22. Sjoch ek Patrick van’t Haar, ‘Gaten dichten in een niet reële begroting van LF2018’, Friesch Dagblad, 20 maaie 2017, 24.
  23. Patrick van’t Haar, ‘Politici amper enthousiast bij steun LF2018’, Friesch Dagblad, 17 maaie 2017, 17.
  24. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 6:30/1:18 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  25. Patrick van ’t Haar, ‘Overheden trekken de beurs voor LF2018’, Friesch Dagblad, 19 maaie 2017, 3.
  26. Friduwih Riemersma, ‘Ljouwerter Kulturele Haadstêdfontein is gjin keunst mar kopy’, Friesch Dagblad, 24 septimber 2016 <http://www.fers2.eu/docs/fontein-gjin-keunst-FD24092016.pdf>.
  27. ‘Overheden nemen taken LF2018 over’, Friesch Dagblad, 19 maaie 2017, 24.
  28. Gemeente Ljouwert, ‘Culturele hoofdstad 2018’, Begroting 2017-2020, g.d. <https://financieel.leeuwarden.nl/begroting/2017-2020/themas/culturele-hoofdstad-2018/> [krigen 19 maaie 2017].
  29. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 3:39/0:54 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  30. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017. 3:39/1:06 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  31. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/2:55 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  32. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  33. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/3:43 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  34. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 5:26/5:26 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].
  35. ‘Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd’, Omrop Fryslân, 18 maaie 2017, 3:39/3:33 sek. <http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted> [krigen 18 maaie 2017].

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15