name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Opiny

Rely hat us by de poat

Yn it beste gefal wietefingerwurk,
yn it slimste trochstutsen kaart

 

Wêrom hifket in literêre prizesjuery net alle ynstjoeringen? Wêrom hifkje se de ynstjoeringen net neffens deselde standerts? Wêrom ha se gjin reglemint? Dan kin sa’n sjuery winne litte wa’t er wol.

 

Friduwih Riemersma - Fers2 6.4, 26 july 2020

 

image Rely hat ús by de poat

 

 

Rely Jorritsma, seit de webside fan stifting FLMD, stipulearre yn syn testamint dat se alle jierren in Frysktalige koarte ferhale- en gedichtepriisfraach útskriuwe moatte en fan de ynstjoeringen út beide kategoryen “de bêste” fiif beleanje. “Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.” As dy winsk botte partidigens en ûnderinoar jild ferpartsjen is, dan ja. Mar nee, echt net as it giet om it doel dêr’t literêre priisfragen gewoanlik mei ynsteld wurden: om begjinnende skriuwers oan te moedigjen en de stifter syn geast fan tawijing oan de keunst te bewarjen. Want se stribje gjin anonime ynstjoeringen nei, brûke gjin seleksjekritearia, hifkje net elke ynstjoering apart, hawwe gjin priisfraachregelmint, jouwe gjin transparantens, en wolle net ferhelpe dat ynstjoeringen ûngemurken net oankomme.

Anonym sjuerearjen bart in protte by keunstprizen. De reden dat sjuerys in anonym sjurearproses brûke om in priis ta te kennen is allerearst dat op dy manier neat oars as de keunst, dus gjin nammen en karjêres en al soks, yn oerweaging nommen wurde kin. In sjuery kin keunstner en publyk garandearje dat it inkeld om de keunst gie, dat wist Jorritsma grif fan de keunstakademys dêr’t er studearre, salang’t se de nammen net witte om’t de oaljeferven en gips­skulptueren simpelwei net sinjearre binne. Sadwaande is anonym sjurearjen it fûnemint fan sjuerybetrouberens. Dêrneist—hie Jorritsma om 1920 hinne wier al sjoen—is it Fryske skriuwerssirkwy sa lyts dat itselde ûnk opriist as by peer reviews yn ’e wittenskip: jo beoardielje jo kollega’s. Dat de Rely-sjueryrapporten—dy’t los fan it sjurearjen skreaun wurde, letter of earder mar net ûnderwilens—sa net-ynhâldlik, dizich en folslein ûnkritysk binne, fynt dêryn syn reden: net ien doart wat te sizzen oer syn fakbruorren. Anonym sjurearjen tsjinnet om de sjuery te beskermjen en it har ta te stean om earlike feedback te jaan. Anonimiteit jout, as neat oars, de romte foar konstruktive krityk.

Lykwols freget it FLMD, dat de Rely Jorritsmapriis beheart, om de ynstjoering yn de foarm fan in Word-dokumint te e-mailen nei it FLMD. Ik mei dan net meidwaan, haw gjin Word en kin it net betelje, faaks wolle se de earmoedlijers keare, en ek de nije generaasje dy’t yn Google Docs wurket hat pech—mar myn punt is dat Word alder­minst anonym is. Wurkje jo mei Windows dan follet jo kompjûter automatysk alle fjilden yn: auteur, namme, organisaasje ensafuort­hinne. De sjuery iepenet de ynstjoering yn syn tekstferwurker, klikt op Bestân > Eigenskippen en al dy gegevens ferskine. Dat is amper mear wurk as scrollen en it is net nei te sjen dat in sjuerylid Eigenskippen oanklikt hat. Dêrom binne anonime sjuerys hielendal net holpen mei Word. Dochs hat dizze Relysjuery net tsjin de FLMD-eask fan Word protestearre. Dat se it net witte is min foarstelber. Want oeral wurdt foar anonym hifkjen it ynsjoeren as PDF-dokumint oanrikkemendearre. Al hâlde PDF’s ek auteurs­ynformaasje beet, se binne folle hantearberder foar in anonime sjuery. Dat serieuze sjuerys harsels fan de anonimiteit op ’e hichte stelle, meie jo ferwachtsje.

Trouwens, neat fan wat ik hjir nei foaren bring is nij. Keunst­prizen skreppe hieltyd opnij om earliker en trochsichticher te wurden, om priisûntweardiging tsjin te gean: nominearren skamje har om de korrupte Grammy te winnen. Keunstprizen lizze faak ûnder fjoer om ûndúdlike hifkingskritearia: sjogge se nei hoe read of nei hoe soppich? As se dat net sizze kinne, wiist dat sûnder mis op willekeur. In literêre priis hat faak gjin fêste kritearia. Fan de Pulitzer bepale de nominearjende sjuerys en it Pulitzerpriisbestjoer wat sy krekt beskôgje as in ‘treflik’ wurk. Foar bûtensteanders is it dêrtroch lestich te beoardieljen wat beoardiele is. Dat prizen sûnder fêste hifkingskritearia better mei de tiid meigean—aaklike lange naturalistyske sketsen fan droege beane binne hjoed net treflik mear—klinkt yn har earen nei in goedkeap ferlechje. Mar elke sjuery apart hat in sekuer omskreaune rige kwaliteiten, lykas ‘brûkt tiidwurden ynstee fan abstrakte saakwurden’, dy’t wurket as mjitstêf. En dat is absolút nedich.

Guon teksten binne it hifkjen net wurdich. Dêrom binne der foarôfgeand oan seleksje­kriteara minimumkwalifikaasjes. De Rely-minimums binne: it wurk opstjoere as Word-dokumint, yn de Fryske taal en it wurk is net earder nei bûten brocht. Foldocht de ynstjoering dêr net oan dan wurdt er net akseptearre. Ek warskôget it FLMD dat it “earste publikaasjerjocht” fan de winnende teksten nei it Rely Jorritsma Fûns giet. Mar de minimumkwalifikaasje fan akkoart mei oerdragen fan it auteursrjocht—‘publikaasjerjocht’ bestiet net—kin de ynstjoerder rêstich neist him dellizze, want it FLMD giet dêrmei de auteurswet oer (kêst 2). Lykwols gean seleksje­kritearia fierder as minimumkwalifikaasjes. Dogge de ynstjoeringen ienris mei om’t se yn Word opstjoerd binnne ensafuorthinne, dan kin it sjurearjen net sûnder kritearia. Ommers: kritearia ferhinderje partidigens yn de beoardieling.

Beoardieljen dat guon keunstwurken ‘treflik’ binne is net itselde as beoardieljen dat twa en twa fjouwer is. Fan objektyf—bewiisber—nei subjektyf—jo eigen tinkwize—ha jo feiten, oardielen en opinys. In feit is foarfal yn ’e echte wrâld, dat jo ferifiearje kinne as jo wolle: de ierde is rûn. In opiny, oan ’e oare kant, is in gefoel of opfetting oer eat, dat sa swier as in oardiel wêze kin mar ek hiel licht en sin ha om it te bewizen. In oardiel is in konklúzje dy’t wol basearre is op kennis of bewiis; it is in stânpunt oer eat of immen, dat jo jo foarmje nei der yngeand oer te tinken. In estetysk oardiel, dus wat jo tinke oer in beskaat keunstwurk en syn skjintme, is likegoed in oardiel: it is in subjektive universaliteit, it is net samar subjektyf. Dus as jo ynstjoeringen moai achtsje is dat net djip-persoanlike smaak dy’t net te ferienjen is mei mjitstêven. Kritearia binne neat oars as mjit­stêven of standerts dêr’t jo losse dingen of minsken mei ferlykje en beoardielje.

Bygelyks in oanklacht-essee, lykas dizze dy’t jo no foar jo hawwe, hat ferlet fan in ynlieding dêr’t trije dingen yn stean. Jou earst in kontekst, dêrmei sette jo de saak yn in ramt foar de lêzer en meitsje jo de kwestje relevant. Set dan jo argumint utinoar. As lêste moatte jo wat hânwizerje: fertel wat yn de trije nije paragrafen of yn ’e slotbledsiden barre sil. No stel, jo koarje al jo etyske beswieren op papier: dan krije jo gjin finkjes op de trije ûnderdielen; neffens de standert hellet jo ynlieding gjin sifer 6. Mar krabbelet de beoardieler inkeld yn ’e kantline fan ‘hystearysk wiif’, sûnder de standert te rieplachtsjen, dan is it in opiny. Mei losse opinys is ferlykjen fan teksten ûnmooglik. Wat de Rely-organisaasje docht is minimumkwalifikaasjes trochinoar helje mei seleksje­kritearia en oardielen mei feiten.

In goeie wike nei’t ik ynstjoerd hie mailde it FLMD my in fingerwizing nei alve (11!) Fryske skriuwkursussen. Ik wol net eigenwiis wêze. Ik sil mei myn skriuwerij de Nobelpriis nea winne en ik haw dalik in kursus útsocht, mar—ik kom aansen op de alve werom—myn ynstjoering wie der dus al foar anonimisearring úthelle as ‘skriuwt net bêst’: ‘it hifkjen net wurdich’. Nei de útslach frege ik om feedback op myn wurk. Dat doch ik eins altyd by in ôfwizing en minsken jouwe dat graach. Dy feedback hoecht net wiidweidich, lei ik it FLMD út. Want sels as se al yn in ier stadium ta de konklúzje kommen binne dat myn ynstjoering net bêst skreaun is en weilein wurde moat, kin dat net oars as neffens in kritearialist, mei finkjes of sifers. Nearne stiet—in prizeregelmint ûntbrekt, ik kom der sa op—dat de sjuery my de ynfolle kritearialist fan myn ynstjoering net jaan mei, en de literatuer en ik hawwe der wat oan.

Mar nee, dat kin net, anderet it FLMD, want: “De sjuery bepaalt allinne wat neffens har de bêste ynstjoeringen binne.” (har klam) Dat is riedseleftich. Binne der ‘bêsten’, as in feit en in wierheid yn de wrâld, en de sjuery determinearret (dekretearret?) dy en stelt har te boek? Ja krekt, stiet yn deselde mail: de sjuery hat net om tiid om “elk gedicht of ferhaal apart te besprekken.” En: “Dêr binne kursussen better geskikt foar.” No kinne jo sizze, it is in hiel lyts pryske mei in minykomitee, jild útdiele is sels by in relatyf grut bedrach stikken goedkeaper as alle ynstjoeringen beoardielje, en it is in legaat dus sels as de stifter dêr op in hier ôf it sjueryproses by fêstlein hie, is er hast santich jier dea en koe er min foarútsjen dat it fakmanskip om literêre prizen te sjurearjen der hjoed net mear is, al docht elkenien syn bêst. Mar de link yn de kursusse-e-mail fan it FLMD liedt hielendal net nei kursussen ta. Wat sykjen bringt op in stuit 2 fan de 11 neamde kursussen foar’t ljocht, dy’t beide net trochgean. De oare 9 kursussen blike spoekkursussen: se besteane net.

Dat makket dat de prizeorganisaasje it foardiel fan de twivel ferliest. In list net-besteande kursussen opstjoere en dy letter as útwynsel brûke om gjin feedback te jaan, tsjûget fan sa’n minachting fan de skriuwer, dat it feit dat se net elke priisfraachynstjoering apart besjoen ha net mear tige ûnprofesjoneel is, mar trochstutsen kaart. It unike paad fan de skriuwkursist is hjir pertinint net oan ’e oarder: it giet om ferlykjen mei de oaren en sa objektyf mooglik hifkjen. Hoe yn fredesnamme kinne jo ferlykje en selektearje as jo net alle yndivi­duele ynstjoeringen neffens deselde systematyk en standerts behannelje? It hifkjen fan alle ynstjoeringen neffens deselde rige evaluaasjekritearia is de sine qua non foar beoardielers­betrouberens. Dy ûntbrekt hjir. In sjuery dy’t net systematysk wurket mei kritearia lit him sjen as folslein ûnbetrouber: se dogge mar wat. Wy meie ús echt ôffreegje oft de Rely by it FLMD wol yn goeie hannen is.

Oan ’e oare kant docht de Rely-organisaasje neat dat net mei. Sels as se jierrenlang jild útdield ha oan ’e bern, kinne wy har net oankleie. Want in Rely-reglemint is der net, alteast net iepenbier. Wy witte dêrom neat oer it doel fan de priisfraach, noch oer de doelkan­didaat—mei immen dy’t de Rely al fiif kear wûn hat opnij meidwaan?—of de deadline fan ynstjoering, wa’t ynstjoere meie—útjouwers?—oft se lykas yn ’e rest fan it universum it ûnderskied tusken poëzy en proaza ferjitte meie, oft de leden fan it Rely-bestjoer en de sjuery­leden sels ek ynstjoere meie, hoe’t de sjuery gearstald is en wêrom, yn hokker stappen oft it sjurearproses ferrint, wat de rjochten en plichten fan de sjuery binne, wa’t de sjueryleden kiest en op watfoar grûnen, oft der mear of minder prizen útrikt wurde meie as dat Jorritsma fêstlein hat, en as dat sa is, ûnder hokker omstannich­heden en wat is it maksimum en minimum, hoe’t de útrikking fan de priis ferrint en dêrby wa’t de meidoggers oan de seremony binne en oft der neist in offisjeel part ek in artistyk part is. En wat de beslútformule is as der wat mis giet.

Dus lestige saken gean hup ûnder it kleed. It FLMD hat in probleem mei de firewall. Dêrtroch wurde de e-mails nei it FLMD net altyd goed omlaat en krijt de e-mailstjoerder gjin berjocht as syn ynstjoering ‘bounced’ is en net oankomme kin: as in ynstjoering net by it FLMD oankomt, wit gjinien dat. Dat is in slimme saak as jo wolle dat elke yntsjoerder likefolle kâns makket om mei te dwaan mei de priisfraach. Ien ynstjoerder moast nei it bekendmeitsjen fan de winners merkbite dat syn ynstjoering nea oankommen wie: hy krige gjin ‘spitigernôch’-berjocht fan it FLMD. In oare ynstjoerder ûntduts al fuort nei de deadline dat syn ynstjoering net ynkommen wie. Hy fersocht dalik om opnij yn te stjoeren nei de sjuery, ommers hy koe bewize dat er op ’e tiid ynstjoerd hie. It FLMD andere mei in ûnbûch­sum nee. Dat is ûnearlik want de oarsaak fan net oankommen fan de ynstjoering leit by it FLMD. Jo lade de fertinking fan eigenwille op jo troch no noch nee te sizzen. It wegerjen is ûnfundearre, want it noch taheakjen fan de ynstjoering hat gjin ynfloed op it beoardieljen.

Jo strielje profesjo­naliteit út as jo dit soarte lytse akkefytsjes dalik oanpakke en op de eigen website en bygelyks op dy fan it Skriuwersboun attindearje dat der om technyske mankeminten noch 48 oeren ynstjoerd wurde kin. Soks slagget it FLMD net. Se hawwe foar de Rely gjin protokollen; se hawwe inkeld njoggen ‘spulregels’. Dêrfan gean acht oer de ynstjoerders. Mar ien slacht op de prize-organisaasje: “De bêste bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach, te witten €1000.” Gjin inkelde giet oer de sjuery.

In literêre priis hat beslist ferlet fan in ûndûbelsinnich mandaat: wêr is de priis foar? Hat it in kommersjeel doel—ek útjouwers bringe leaver grutte nammen nei foaren as ûnbekende—of in polityk doel? As it yndie sa is dat de Rely in oanmoedigingspriis is, wêrom wurde de kandidaten dan net omskreaun? Wat is it útgongspunt fan it FLMD? Sa te sjen is it dat guon bargen no ienris gelikenser binne as de oaren: dat jo har bêste teksten dêrtroch ûnderskiede kinne. Mar yn werklikheid is der is gjin fûnemintele reden dat wy net allegearre like goed skriuwe kinne, of dat al dogge. Dat mei syn allen goed skriuwe ûnderstelt lykwols iepenheid oer en wat it ‘goede’ skriuwen is wêrom: it mei-inoar besjen fan ‘goede’ teksten. De skriuwkultuer is op gjin inkelde manier tsjinne mei heimsinnichheid en cherry picking.

Dêrneist is ynsjoch yn it sjurearproses hiel wichtich. De seleksje­stappen hawwe wiswol konsekwinsjes foar wat de winnende ynstjoeringen wêze kinne: wat ferlykje jo nammentlik mei wat? En hoe profesjoneel bart dat? Yn alle skriuwwedstriden komt de beoardieler deryn mei syn persoanlike, politike en—hooplik—syn literêre bagaazje en syn foaroardielen en partidigens. Idealiter bringe de beoardielers ek in tawijing mei om ‘treflikheid’ te ûntdekken en beleanjen, dy’t har persoanlike polityk te boppe giet. Mar as in retro-kâlde oarloch, rassistysk, giele eangst koart ferhaal wint, mei in jezusfiguer yn ’e haadrol dy’t him offeret foar heil fan it heitelân, dan hat artistyk engaazjemint grif net swierder woegen as polityk.

Bywanneart der regels en rjochtlinen bestean oer de artistike ôfweaging, kinne sjueryleden har dêroan hâlde en op in transpa­rante manier ta har seleksje komme. Sûnder regels en sûnder transparantens rekket de betrouberheid fan de priis flink yn gefaar. It is nochal wat de prizeorganisator FLMD sûnder te ferblikken mailt dat net alle ynsjoeringen apart ûnder de lûp lein binne en jo dêrfoar ferwiist nei in kursus dy’t net bestiet. Wol is it grutte foardiel fan in befoaroardiele, net transparante, net systematyske, kriteariumleaze, fan net-fundearre opinys oaninoar hingjende seleksje, dat jo lju winne litte kinne dy’t mei in artistyk-fakkundich en ûnpartidich sjurearproses nea winne koene. Alles hat syn eigen skjintme.

Rely Jorritsma hie alles mei foar in romantysk bestean: in koart en turbulint libben, in heit dy’t boer, ryk en in drinker wie, jierrenlange swalkerstochten troch Europa, al dichtsjend en skilderjend, in ‘priveelearaar’ dy’t foaroprûn yn it kubisme wylst Jorritsma sels it âlde romantysk ympresjonisme trou bleau, in fernijer wie er net. Foar’t er beswykte stoppe er wat der oer wie fan syn erve femogen yn in fûns sadat de belesting der sa min mooglik fet op krige. Fan dat jild giet alle jierren in bedrachje nei de priisfraachfinalisten. Prachtich, mar sa’t dat bart, sis net dat dat oerienkomstich Jorritsma syn “winsk” is.

As prizen fuortdriuwe fan wat de stifters bedoelden is it wichtich dat kritisy besykje om de yntegriteit werom te bringen. Inkeld dan krije wy de Rely wer sa ynfloedryk as yn 1954 en kinne wy it ljocht skine litte op de briljante ynstjoeringen dy’t net ‘wûnen’ mar dy’t likefolle erkenning fertsjinje.