image

Rinne yn it Waling Dykstra-wurdboek

Synonimen, hast-synonimen en presisearringen fan rinne

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.12, 12 septimber 2019

Rinnen is in fergetten tema yn it skiedskriuwen, alhoewol’t it in sintraal aspekt is fan ’e minsklike kondysje. Oant fier foarby de njoggentjinde ieu is yn it mei marren, feanmoerassen, fearten en sleatten lardearre, efterbleaune Fryslân sûnder wichtige hannelsrûtes de oanlis fan ryskdiken sinleas. Omni­bussen komme der dêrtroch net. De postkoets riidt fan Grins nei Ljouwert. Praktysk alle ferfier fan guod, bisten en minsken giet oer it wetter. Soms hawwe de houten boerepreammen in seil, faak wurde se boomke of by de wâl lâns lutsen en gean se amper hurder as rinnen. Lju mei jild besitte in hynder en in boerekarre of wein. De oaren, hast elkenien, rint. Oer de praktyk en betsjutting fan it rinnen yn de feroarjende Fryske kontekst fan de moderniteit is amper wat bekend.

In Frysk tydskrift meldt, as is it de gewoanste saak fan ’e wrâld, dat earmeljusbern it lân troch rinne om te biddeljen. In ynrjochting om har oan wurk te helpen “soe my al sa nuttich talykje, as it op­rjochtsjen fan skoallen foar gymnastiek”, merkt de auteur, Dykstra, op.Waling Dykstra, ‘De winkhoed fan Fortunatus. I Earmoed’, De Frysce Husfrjeun: Grienmank yn rym en onrym 1 (1851) 57-74, 73. Boekhanneler, toanielman, skriuwer en taalkundige Waling Dykstra joech, tegearre mei syn freon Tsjibbe Gearts, fan 1860 oant 1885 toanielútfieringen yn ’e Fryske doarpen, ‘winter­jûnenochten’. Al sil Dykstra yn dy 25 jier skrank en skriks troch Fryslân hinne wolris in fearskipke nommen ha of koe er in stikje meilifte op ’e boerekarre, it meastepart fan en nei de bunes yn boppesealtsjes lei er te foet ôf. Dykstra hat tûzenen wurkrelatearre kilometers rûn.

Yn 1900 ferskynt it earste part fan Dykstra (et alii) syn Frysk wurdboek. Dat is in memorabele prestaasje, net inkeld foar de Fryske leksikografy mar ek yn it—politike—ramt fan ’e taal­emansipaasje. It wurdboek, dêr’t yn 1903 it twadde en yn 1911 it lêste part fan útkomt, sit wat tusken it ferklearjende en it oersetwurdboek yn. De wurden en de wurdbetsjutting binne nammentlik net yn ien taal, mar lykas by wurdboeken foar Frânsk en Dútsk wurde de Fryske yngongen ferklearre yn it Nederlânsk; oan ’e oare kant bewurket Dykstra net in diel fan it Nederlânsk nei de frjemde taal, Frysk, tá.

Ferfolch

Waling Dykstra – Foarútgong

image fers2

Deade dichters libje wer. Yn Ljouwert krijt in útstalling en aktiviteiteprogramma syn beslach om, as wie er as in obstinaat bern út de ballebak glûpt: “Waling Dykstra wer yn it Fryslân fan hjoeddedei” te bringen. De measte superlativen fan Tresoar binne lykwols echt wier: Dykstra syn ynfloed op de Fryske taal & literatuer is bjusterbaarlik grut, nettsjinsteande – mar dat sizze se net – in ieu fan Dykstraleechlizzen en -weignizen ûnder it Kalmarezjym.

Ynlieding fan Abe de Vries. Gean derhinne. Mis it net.

Iepening

freed 20 septimber 2019 om 15.30, ynrin 15.00

Tresoar, Bûterhoeke 1 Ljouwert

Utstalling

20 septimber 2019 - 5 jannewaris 2020, tiisdei-snein 11.00-17.00

Obe, Hear Ivostrjitsje 1 Ljouwert

It iene nei it oare nij oanpaste wurdboek ferskynt sadree’t krapoan tritich jier letter de Fryske Akademy (FA) der is, dy’t primêr oprjochte is foar it wurdboekmeitsjen. Nei noch in Frysk-Nederlânskwurdboek yn 1944 en ien yn 1956 ferskynt yn 1984 de pipermuntgriene twadielige Zantema dy’t by alle Friezen om utens swetserich op it dreswaar stiet. Wilens hat yn 1969 de provinsje Fryslân himsels it foech jûn om it Frysk te standerdisearjen en staveringsregels fêst te stellen;Anne Dykstra, Pieter Duijff, Frits van der Kuip en Hindrik Sijens, ‘Paadwizer Fryske stavering’, Fryske Akademy, 2014, 6, repository.officiele-overheidspublicaties.nl/externebijlagen/exb-2015-2528/1/Bijlage/exb-2015-2528.pdf, krigen 10 septimber 2019. de FA liet him oanwize as “taaluny” foar it Frysk.Beslút Provinsje Fryslân, registraasjenûmer 01159522, Beslútfoarming oangeande de regeloanpassing fan de stavering fan it Frysk en de Wurdlist foar it Frysk, Provinsjale Steaten Fryslân, 17 desimber 2014, 4, fryslan.gemeentedocumenten.nl/www.fryslan.frl/13119/17-december-2014-vergadering-provinciale-staten/files/05-1-PS-utstel%20staveringsregeling.pdf, krigen 10 septimber 2019. Dykstra syn wurdboek is sadwaande it earste en ek dalik it lêste dat net syn beslach krige troch oerheidsideology, mar troch libbene taalkonvinsjes—in pleonasme yndie: taal is altyd libbene konvinsje, útsein op de FA.

Opmerklik yn Dykstra syn wurdboek is it enoarme tal wurden foar ‘rinnen’. It liket as hat Dykstra fjildûndersyk nei it rinnen dien. Fêststiet dat er allerhanne oerflakken berûn hat, fan dridzige trochpaden oant tegele bakkerijflieren, en dat er oprûn mei minsken út alle hoeken fan Fryslân. Hoe dan ek behannelet it wurdboek ‘rinnen’ omfiemjend. Sa lit it sjen dat de gong fan ús hynder eartiids, in rinnen dat wy mar tölt neamd hiene, al dy tiid twa Fryske synonimen hie, ‘trijesprong’ en ‘triptrap’. In pear lemma’s fierder jout ‘trochbokselje’ in byld fan de ôfstannen dy’t jo foar’t it fytstiidrek oanbruts, om 1900 hinne, te foet ôflizze moasten. It stiet foar oanhâldend mei ynspanning rinne, sûnder flink foarút te kommen –Jimme moatte mar stil trochbokselje, mei in oere binne jimme te plak–.

Fansels passe lang net al Dykstra syn útwreidingen op ‘rinne’ yn ’e Zantema. Dy is mar fiif sintimeter grou, foar trije fette dielen Dykstra oer. Mar in wurd as ‘gêstrinder’, immen dy’t gêst ombringt of sutelet, is wol opnommen yn it grutte (digitale) Fryske wurdboek, en net op ’e allyksa digitale foarkarwurdlist fan de FA: “Der is neat fûn.” Dat is net om krapte oan romte; it is om’t it wurd om opnommen te wurden op ’e offisjele list te min foarkomt. Faaks waard it oerstallich trochdat de bôlerinder ek de gêst meinaam en no komt de gêst mei frachtauto’s op it bôlefabryk. It gefolch fan de gongberensdrompel en net langer opnimmen yn it leksikon is útstjerren fan it wurd. Want it is gjin geef wurd mear; of it moast al opnij yn omrin komme, en dan werom meie op ’e foarkarwurdlist. ‘Jin dearinne’ yn ’e letterlike betsjutting, by leechbetelle arbeiders yn de njoggentjinde ieu, komt amper noch foar, mar it figuerlike brûken is populêr. En The walking dead kaam op teefee—ik kom aanst op de media. Kwa gêstrinder kin immen in steampunk­bestseller skriuwe oer in postapokalyptyske wrâld dêr’t inkeld de nôtsilo’s en 1 bierkleaster ûnbesmet bleaun binne.

Yn poëzy en ultrakoart proaza is Dykstra syn wurdboek handich oant ûnmisber. Jo moatte wurdlidden telle, jo wolle algemiene begripen ferfange foar spesifike, de technokratyske post-Dykstra­leksikons kinne literêre rykdom minder oan,It skeppen fan in minderheidsidentiteit, dat nei de dea fan Dykstra op gong kaam, troch it korrekte brûken fan taal en gefoelichheid, omfette de middenklasse-aspiraasje fan sosjale ferheffing fan it folk troch ûntwikkele, boargerlik maniëristyske taal en in bystellen fan de literêre idealen, oftewol it ôfwizen fan eardere uteringen as ‘folksk’. en jo kinne in wurd net oant ferfeelsumens werhelje. Dykstra syn wurdfjild om it lekseem ‘rinne’ hinne is teoretysk te ferdielen yn synonimen, hast-synonimen en presisearringen. In synonym is in wurd dat jo mei in oar wurd yn deselde taal útwikselje kinne, lykas ‘rinne’ en ‘te foet (gean)’. In hast-synonym is in wurd dat itselde of hast itselde konsept werjout as in oar wurd, mar dêr’t it útwiksjelen allinne mar mooglik is yn beskate omkriten en net yn oare. Sa heart ‘tefleane’, troch hinne en wer rinnen it gers of gewaaks plat traapje, typysk by kij. In presisearring is in krektere omskriuwing sûnder taheakjen fan bywurden, lykas ‘draikje’ dat ‘mei grutske swier rinne’ ferbyldet.

Dêrby kinne jo yn it wurdfjild de twadieling betsjutting en wurdopbou meitsje. It skift wurdopbou hat wurden (leksemen) dy’t mei of sûnder saakwurd of just tiidwurd komme: ‘rinne’ + ‘de rin’ foar ‘trijesprong’ oer dat sûnder ‘trijespringe’ komt. Der binne kombinaasjes fan (selsstannige) wurddielen (morfemen) lykas ‘hurdrinder’. Der binne wurden mei in plakbepalingprefiks, lykas op- en del-, dy’t de rjochting fan it rinnen fêststelle, ‘ynstappe’. Der binne tiidbepalende foarfoechsels wjer-, foar- en ûnt-, en der binne tiidwurden mei bepaalwurden lykas ‘jin’, ‘jin ferrinne’ dus de ferkearde kant op gean. It oare skift, betsjutting, omfettet it subjekt, oftewol is de rinner minsklik of net; de foarm, bygelyks ‘strompelje’; de funksje lykas ‘par[ad]earje’, dus rinne om te pronkjen; de lûdwurden (onomato­poeia) lykas ‘klikkerje’; en ek de ûndergrûn fan it rinnen ferbynt in (mentaal) leksikale kloft. Undergrûn liket it meast mânske skift yn it wurdfjild en tagelyk it meast oanhelle mei atrofy. Sa is der ‘flotskje’ dat wâdzjen troch wetter of wiete modder is en net op de foarkarwurdlist stiet.

It leksikon fan in taal wjerspegelet de wrâld fan syn praters. Dêrom folgje feroaringen yn it leksikon fan in taal de feroaringen fan de omkriten. As dingen net mear om ús hinne binne, ferdwine de wurden derfoar ek. Grutte sosjale feroaringen lykas oarloggen bringe nije wurden yn it leksikon, dy’t de manier folgje sa’t minsken rekke binne troch hoe’t de wrâld op syn kop stiet. Massamedia meitsje dat leksikons nei de massamediataal tagroeie. Yn in tastân fan diglossy kin de leksikonferskowing nei de hegestatustaal ta hiel hurd gean.

Boppedat is yn ûnbrûk reitsjen fan wurden net in feit mar in minsklike beslissing. Jo kinne yn in hiel grutte database mei in miljoen sprutsen en skreaune teksten de nije en âlde wurden byhâlde en as it foarkommen fan in wurd ûnder in beskate gongberensdrompel komt, him tawize oan de kategory yn ûnbrûk. Mar earst moatte jo just dy ferâldere neamde wurden en argaismen yn spesjale konteksten wiswol brûke en moatte se beslist yn it wurdboek bliuwe foar histoarysk/taalûndersyk. Twad is de drompel altyd arbitrêr: lizze jo him by mar ienris of al by twa kear op ’e miljoen foarkommen fan in wurd yn syn leksikale samling? It lokraak lizzen is namste slimmer yn Fryslân dêr’t it tal nije geef-Fryske teksten net botte grut is. Dêr rint in wurd ekstra gefaar dat de ‘taaluny’ him oansjocht foar minder gongber as syn moderne ferfanger, ek al is dat in lienwurd út in dominante taal, en him ôfkart as âlderwetsk taalbrûkme (‘gebeure’ stiet al op de foarkarwurdlist; ‘barre’ stiet faai en wurdt aanst skrast fan ’e list). Ferâldere wurdgebrûk is dêrom in wif en net-taalwittenskiplik oardiel. Rinne troch de blabze bestiet net mear, deagewoan om’t hjoed it wetterpeil yn Fryslân flink omdel pompt is—lit yn jo bestseller jo gêstrinder in protte flotskje.

It koe hast net oars of it Fryske leksikon hat him yn it wiete lân mei syn modderterpen teart om slyk, drits en weaze. ‘Klotse’ en ‘batse’ stean foar krêftich stappe of stampe, benammen op weake grûn. ‘Baggerje’ en syn synonym ‘leikje’ betsjutte troch de modder of de smoargens wâdzje. ‘Wâdzje’ is net allinne mei bleate minksefuotten of bistepoaten troch ûndjip wetter, wiete modder, snie of—as it kij oangiet—sleatten rinne, mar ek mei modderfuotten de flier smoarch meitsje. Dat barde fansels ivich en altyd, ik hear ús mem noch razen “klompen bûtendoar!”, dat der binne synonimen, lykas ‘bepeaskje’, mei wiete fuotten besmoargje. ‘Omdweilje’ is lykwols net mei in dweil efter de blabberspoaren oan gean, al slacht it wurd likegoed benammen op froulju en famkes, mar it hat in figurative betsjutting: in protte op ’e dyk rinne. ‘Baaie’ is pûdelje troch snie, sân, modder en ‘plaskje’ is yn of troch it wetter wjirmje.

Winters is der ‘glysterje’, glydzjend rinne, ‘sjorrelje’, oftewol glydzje oer beïzele grûn sa’t bern dogge, of ‘skoffelje’, rinne as op redens neffens it wurdboek, dus bygelyks as it glêd is. ‘Omstrûze’ is mei grutte gong troch waar en wyn bewege, lykas foar de stoarm út. ‘Foartbokselje’ is drok fierder rinne mar sûnder echt te avensearjen, tink oan lytse bern en âlde lju. ‘Bûkelje’ is yn bûgde hâlding rinne. En ‘omwaarje’ is omrinne troch waar en wyn.

In soad fariaasjes op rinne hawwe foarfoechsels as troch of om, dy’t in konnotaasje fan ûnûntkomberens meibringe. ‘Omwâdzje’ betsjut yn plassen of wiete modder omrinne, as komme jo der nea mear út. De doelleazens, mei in negative gefoelswearde, is in wichtich aspekt fan de om-konnotaasje, lykas yn ‘omdweilje’ hjirboppe en noch sterker yn ‘omflinterknippe’ en ‘omdidele­deintsje’, omrinne sûnder wat út te fieren, of yn ‘omjokselje’, hinne en wer rinne, drave, reizgje of lûke, kwasy foar saken. ‘Oan-’ betsjut neierje, mar ek hurder gean: ‘oanskoffelje’ is skoffeljend tichterby komme, of mei mear ynspanning skoffelje. Dêrneist komt it foarfoechsel be- hiel faak foar, yn de betsjutting fan folbringe, it ein helje, ôfdwaan. Sa is ‘fottelje’ fluch en mei koarte stapkes rinne, mar ‘befottelje’ is dreuteljend komme om it ôf te dwaan. ‘Berinne’ is ôflizze, rinnende berikke, ‘beskonkje’ is rinnende folhâlde, ‘bestrampelje’ is behyplik rinnende berikke. Jo freegje jo ôf watfoar wurden oft it wurdfjild hat foar as jo it rinnen net mear folhâlde, neist ‘dearinne’.

Dochs is der rinnen út aardichheid by ’t soad: ‘dangelje’ is rinne, bongelje, ombingelje, flanterje, pangelje, panderje, sliere en suiskje. Mar tink derom, ‘suiskje’ is lykas ‘syksokje’ neist dangeljen ek dreutelje, dus sleau en stadich rinne en seamelje en dêrom tiid fergrieme. Der is ‘tripkjen’, mei koarte stapkes rinne, ‘kuierje’, ‘swiere’ oftewol mei moaie klean oer de dyk kuierje, en ‘traapje’ dus stadich kuierje. Yn it sûne rinnen is der fierder ‘flecht’ dat oanrin betsjut (besite), ‘slûpe’, stiltsjes rinne, ‘bylânsrinne’ dus fan hûs nei hûs rinne, bygelyks mei keapmanskip, ‘sjouwe’, rinne om in bytsje te fertsjinjen, en ‘dikelje’, hinne en wer rinne. Mar dan komt dochs de gefoelswearde fan earmoederij boppe. ‘Drave’ betsjut ek drok dwaande wêze. ‘Dampe’ is hastich en drok rinne, ‘flitterje’ is allyksa drok hinne en wer rinne en ‘dribbelje’ is sûnder ophâlden hinne en wer rinne sûnder in soad te dwaan.

Dat kin net elkenien op in boaiem dêr’t de wietichheid jo by de hoazzen oplûkt. Yn it idioom sitte ferwizingen nei rachitis. ‘Gjin bargen keare kinne’ is mei de knibbels nei bûten rinne. ‘Bryk­skammelje’ en ‘brykskonkje’, mei skeane, kromme skonken rinne, lykje ek nei in hendikep te ferwizen. Mar ek sûnder sykte is der ‘strompelje’, met hoarten en stuiten gean, as immen dy’t min op ’e gong is, ‘knekkelje’ dus knoffelje, strompeljend rinne, ‘stutelich’ gean oftewol ûnfêst, wrigeljend yn it rinnen, ‘sjokselje’ of ‘sjokke’ mei sleauwe stap gean, ‘sukkelje’, mar stadich foarút komme en ‘sjaggelje’, stadich earne hinne bongelje. By ‘sjoele’ en ‘sjoelfoetsje’ wolle de fuotten net mear mei: sloffe, skowe, skowend foarútgean of mei sloerende fuotten gean. Foar sloppe, swaaiende skonken binne der withoefolle synonimen: ‘wriggelje’, ‘waggelje’, ‘skoaterje’, ‘stoarrelje’, ‘swypkje’, ‘wabbelje’, ‘wibbelje’ en mei ‘skippersgong’ gean. ‘Brykgatsje’ is waggeljend foarútsjokkelje en ‘kreupelje’ is kwelts of mank gean of hippe.

De bisten rinne sa besjoen it lekkerst. Kij ‘bauje’: wurde se troch de bauw pleage dan fleane se as razend de greide hinne en wer en ‘tetraapje’ it lân, dus alles plat. En hynders ‘fjouwerje’, har fluchste gong, sadat hja de wrâld ‘trochsnoerje’, mei krêft en faasje foarbygean.

Noaten

  1. Waling Dykstra, ‘De winkhoed fan Fortunatus. I Earmoed’, De Frysce Husfrjeun: Grienmank yn rym en onrym 1 (1851) 57-74, 73.
  2. Anne Dykstra, Pieter Duijff, Frits van der Kuip en Hindrik Sijens, ‘Paadwizer Fryske stavering’, Fryske Akademy, 2014, 6, repository.officiele-overheidspublicaties.nl/externebijlagen/exb-2015-2528/1/Bijlage/exb-2015-2528.pdf, krigen 10 septimber 2019.
  3. Beslút Provinsje Fryslân, registraasjenûmer 01159522, Beslútfoarming oangeande de regeloanpassing fan de stavering fan it Frysk en de Wurdlist foar it Frysk, Provinsjale Steaten Fryslân, 17 desimber 2014, 4, fryslan.gemeentedocumenten.nl/www.fryslan.frl/13119/17-december-2014-vergadering-provinciale-staten/files/05-1-PS-utstel%20staveringsregeling.pdf, krigen 10 septimber 2019.
  4. It skeppen fan in minderheidsidentiteit, dat nei de dea fan Dykstra op gong kaam, troch it korrekte brûken fan taal en gefoelichheid, omfette de middenklasse-aspiraasje fan sosjale ferheffing fan it folk troch ûntwikkele, boargerlik maniëristyske taal en in bystellen fan de literêre idealen, oftewol it ôfwizen fan eardere uteringen as ‘folksk’.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15