bewegerspolityk ûnderdrukt froulik skriuwerskip - friduwih riemersma

Essee

Se kin wis skriuwe mar se hat it te drok

Kultuerpolityk, Sirkwyseksisme en Fryske frouljusliteratuer

Friduwih Riemersma - Fers2 5.19, 1 desimber 2019

Him komt hja tsjin lyk op ’e drompel nei it fjild
en triuwt har wurgens út de wei en stiet
foardel oer dêr’t er glispre is en foel dy kloat
sek slachtet hja en pakt syn saakje yn har skelk.

Fansels is der in ferbining tusken in polityk fan kulturele autonomy—bewegerskip—en literêre ynstitúsjonalisearring en (gjin) froulike skriuwers. Dat is logysk.

Kultuererfskip dat oant in pear desennia lyn fersmiten waard om’t it botste mei de moderne tiid—yn Fryslân no noch it lot dat de Fryske taal treft—hat macht krigen. Faak makke mondiaal ekono­mysk súkses—jirpels—dat se it net langer as letkommer, mar as lykop mei de moderniteit seagen. Mei it nije elan—Fryslân en Europa: wat stampe wy lekker net?—easket de kultuerpolityk no neist erfskip­behâld ek erkenning fan de kulturele identiteit. Mar ûnder de oan­fallen út de marzje jout de moderne westerske hegemony gjin belies. Fierder is it kultureel erfskip dat de matearje leveret foar de eask fan kulturele autonomy hieltyd mear bleatsteld oan kultuerkonsumpsje—festivals—dy’t fuortkaam út mondiaal kapitalisme en lokale kultuerpolityk tagelyk. It oanwizen fan kultuer as in teken fan politike identiteit hat in kommodifikaasje op gong brocht dy’t sa ymmins is dat dat garjen fan kultuer-kwa-identiteitstekens de doar wiid iepene foar bedragerij—Slauerhoff útjaan yn it Frysk—wat it hiele idee fan kulturele autonomy yn ’e kiif set.

It slimste is dat identiteitspolityk wol noflik is om de hegemoanyske kultuermondialisearring mei oan te fallen, mar it reïfisearret ek kultuer op it nivo fan folken: it feecht gigantyske ferskillen tusken minsken wei. Autonomy wûn op ien nivo, betsjut dat op in oar nivo autonomy ferlern giet. Kulturele autonomykwestjes spylje uterstee net allinne tusken mienskippen, mar ek binnen in mienskip. De krisis yn de feministyske polityk en teory sloech ta. Amper hiene froulju in bytsje frouljusskiednis taskikt krigen, of wy-froulju hiene ynienen in hiele oare skiednis as sy-froulju. Wy liezen Karen Vintges, Judith Butler, Seyla Benhabib har Claims of culture. As identiteit, ferskaat en kulturele erkenning tusken gelikens yn kamen te stean, wie dan identiteit net planút bad for women? Of, wie net elke fêste noasje fan identiteit teoretysk en polityk gefaarlik?—ek foar manlju?

In aparte identiteit fan froulju bestie/t net. De pretindearre neutrale westerske filosofyske tradysje drukt de djippe struktueren út fan de ûnderfiningen en it bewustwêzen fan it sels dat de minske as sadanich werjaan soe. Oant yn syn fynste klassifikaasjes wisket de filosofy dêrby de genderferskillen dy’t just de ûnderfining en subjektiviteit fan it sels staljouwe. Makket dus net út dat froulju en manlju biologysk eins net ferskille om’t har bonken, bloed, lichems­funksjes en sels hormoanen gelyk binne; salang’t yn ’e wrâld, in wrâld dy’t wis net neutraal is oer man en frou, in frou har libben sa oars is as dat fan in man, hat in frou in oar sels.

Ynstitúsjonalisearring fan literatuer bart as it sosjale systeem fet krijt op literatuer en dêrtroch de selsbeskikking fan literatuer as keunst, en syn ûnôfhinklikens en ynherinte iggewearjen smoare. As de polityk fan kulturele autonomy hearsket, hjir de politisearre Fryske beweging, is it ferhaal dat ferteld wurde moat it ferhaal fan identiteit. Elk ferhaal opnij, hoe optocht ek, befettet de krisis dêr’t ‘ús kultuer’ yn rekke is, sadat ‘ús’ identiteit bedrige wurdt. Dêrby is ‘ús kultuer’ in a priori stelsel fan ivige symboalen foar it folk en syn eigenheid; kultuer is net konstruearre as hanneljen + tinken dat in wikseljende ploech minsken oanhâldend mei syn allen skept. De Fryske egale kollekive identiteit is boppedat manlik. Lês de kanon fan ’e Fryske steatsútjouwerij Afûk der mar op nei: in identiteit fan rûge striders, frij fan húslik-yntime bannen, bodders dy’t mei de bleate klompen yn ’e iepenbiere klei stean ynstee fan efter it boadskipkarke om in pakje bûter, brea of griene tsiis. Dat twingt froulju—neffens punt 10 fan Joanna Russ har How to suppress women’s writing—om har eigen identiteit te ûntkennen om earnst nommen te wurden.

Ik werken in oanrjocht as ik der ien sjoch, Aurora Leigh

foar T.B.

Ferwachtsje út myn skoat gjin poëzy,

gjin poëzy want ik werken in oanrjocht as

ik der ien sjoch, ferdomd Aurora Leigh.

Nei ’t dûnsjen om dyn brij leit ús matras

noch lang net wetterpas; la différence,

witst wol, dus froulik is ús faai kompas.

Rymt ‘skyn fan kâns’ net jimmer, luchtticht, mâns-

hân boppe op: ‘fynfielich frouljusfers’,

Aurora Leigh: hors d’oeuvres lippeglâns.

It wyfke – klupmaskot fan dichtadres

konfoarm – sjongt har fluwielige fuotnoat

fan trálala; nea, nea mei haks en mes.

Gjin poëzy, Aurora Leigh. Ik fiel

ferdomd it oanrjocht tromslaan yn myn kiel.Fers yn augustus 2018 wegere troch dichterskollektyf Rixt. Yn 1856 rûne de politike dichter Elizabeth Barrett Browing har kontroversjele epyk Aurora Leigh ôf. Aurora fertelt hoe’t hja dichter wurdt, mar der foar har artistike stribjen gjin plak is yn ’e “prison” dy’t de maatskippij skoep foar froulju. Al koe in frou wol romanskriuwe, epyske, filosofyske en satiryske poëzy wiene it domein fan de man, want it easke kennis fan ’e klassiken dy’t sletten wie foar froulju. Yn augustus 2018 is by Rixt de man-frouraasjo 31:10, mar de 10 froulju publisearje amper en Rixt-optredens binne fierhinne foarbeholden oan manlju. Likemin as oare Fryske ynstituten moediget Rixt froulju oan ta dissipline en ambysje. Noch altyd jildt: We get no Christ from you, — and verily / We shall not get a poet (1857: 51).

Ik sjoch hoe’t froulju om my hinne begjinne en wer ophâlde mei skriuwen. Ik bedoel net ophâlden mei helpen om commodities te nifeljen, boekjes, barrens. Ik bedoel: net fierder gean lykas freondinne Iris. Har earste boek wie útjûn op har fjirtjinde en om te sparjen foar de masterstúdzje hat se no in 40-oere-rotbaan dêr’t guon winsken foar wike moatte, mar net de ferlokking ta dichtsjen, oersetten en koartferhaal komponearjen, dat alle dagen fierder giet. Dat fierder gean komt net fan wat Louis Althusser beskriuwt as “being hailed” troch de kultuer­polityk: hee do dêr, bodzje.Louis Althusser, ‘Ideology and ideological state apparatuses (Notes towards an investigation)’ [1970], source ‘“Lenin and philosophy” and other essays’, Monthly Review Press 1971, Marxists Internet Archive, g.d., www.marxists.org/reference/archive/althusser/1970/ideology.htm, krigen 29 novimber 2019. It komt fuort út wat keunstners sels har “inner drive” of “innner enthusiasm” neame, lit ûndersyk fan Simone Wesner sjen. Dy ynderlike driuwfear, oftewol der altyd ferlet fan en sin oan ha, sjogge de keunstners as de betingst om keunstner te wêzen. It is “what gets me out of bed in the morning” en it wurket as “an endless eternal energy that you could always call on”.Simone Wesner, Artists’ voices in cultural policy: Careers, myths and the creative profession after German unification (Londen 2018) 26.

Dat kin allegearre noch romantyske propaganda wêze. Nijsgjirrich is dit. De DDR-keunstners fan Wesner har ûndersyk wisten dat se har foarkarsplak ferlieze soene as se nei de Dútske ienwurding mei te folle keunstners yn ’e maatskippij wiene: de DDR-kultuerpolityk wurke op grûn fan it tinkbyld dat se kweken, dat inkelde keunstners spesjaal talintearre wiene, de ‘myte fan spesjaal talint’. As keunststudinten hiene se har talitting ta de keunstakademy sjoen as in formalisearre stap nei beropserkenning. Joegen hja har del ûnder de ideologyske easken fan it regear, dan hiene hja tenei de privilezjearre eliteposysje dy’t tagong joech ta stipe, promoasje en netwurkmooglikheden. Yndie skraste de ienwurding de eardere privileezjes. Oan de oare kant holden de keunstners net op mei keunstner te wêzen. Mar wat hat de nasjonalistyske kultuerpolityk syn myte fan spesjaal talint te krijen mei gender: mei de froulju? Betink dat Diva Yva net mear skriuwt—yn ’e Iris-sin fan skriuwen—en likemin Grytsje Schaaf, Jelma Knol, Jetske Bilker ensafuorthinne.

Ik seach hoe’t it de froulju yn it petear eartiids by ús thús fergie. Muoike Jante wie in “skriuwer” en in “mem”. Wat har man die wit ik net iens, dat wie blykber net wichtich—sykje net: Jante Geartsma hat gjin fermelding op ’e bewegersliteratuerwebside Sirkwy. Frou Mulder hie in man, dat wie “de man fan frou Mulder” en sysels wie in “grutte skriuwer”. Mar Hylkje Goïnga wie “de frou fan”, al skreau se al fiif jier lang foar de Ljouwerter krante en tydskrift De Tsjerne foar’t se troude mei “de skriuwer”. Dat kin komme om’t de lilke jonge manlju in—britske: erkende—streaming hiene, wylst fan de froulike debutanten fan tusken ’50 en ’60 har lilkens net oppikt waard út har beskriuwin­gen fan leafde, houlik en memwêzen, sadat froulju net yn ’e lilke manljusstreaming meipromoate waarden. Bliken docht dat Russ it middenyn har ûnderdrukkingmetoaden fan skriuwen troch froulju set hat. False Categorizing: froulike keunstners ynkorrekt kategorisearje as wiven, memmen, dochters, susters en geleafden fan manlike artysten.

Boppedat frege de bûtenwacht him ôf wêrom’t Anne Wadman syn pin thús lizze litten hie. Dat freget Sirkwy him hjoed noch ôf.

Ek nei har trouwen gyng se, njonken de soarch foar har trije bern en húshalding, troch mei skriuwen. Dat slagge bêst: ‘want ik bin wol maklik yn it húshalden’ nei’t se sels seit.Tresoar, ‘Goïnga, Hylkje’, Sirkwy, 13 febrewaris 2019, www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/36-g/359-goinga-hylkje, krigen 28 novimber 2019.

Sirkwy grossieret yn seksisme. Sa mist by in manlike skriuwer ynformaasje oer it “gefolch” fan syn stúdzje en oer partner of bern, sadat de klam komt op syn wurk: hy “wurket … sûnt 1987 as psychoterapeut yn Drachten.”Tresoar, ‘Andringa, Greet’, Sirkwy, 25 july 2018, www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/16-a/231-andringa-greet, en ‘Abma, Willem’, 2 maaie 2018, www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/16-a/44-abma-willem, krigen 28 novimber 2019. Oer in froulike skriuwer mei itselde berop wurdt wol opmurken dat se har stúdzje “mei goed gefolch” ôfsleat en no terapeut is, mar se “wennet mei in man en bern yn Súwâld.” Har wurk wurdt dus net earnst nommen, Russ har punt 2 fan Bad Faith: Unbewust sosjale stelsels skeppe dy’t it skriuwen fan froulju skouderje of ûntweardigje. Mar hoewol’t it Sirkwyseksisme it skriuwen troch froulju ûnderdrukt, makket Sirkwy amper part út fan it diskoers. Oare faktoaren sille der mear oan bydrage dat froulju ophâlde fan skriuwen.

It is opmerklik dat in nasjonalistyske oerheid dy’t úthâldt dat er de eigen taal fuortsterkje wol en literatuer brûkt as wichtige oanjeier en de heechste literêre priis as boechbyld, in 92-jierrige frou in oeuvre­priis jout. Dy oeuvrepriis is trouwens net wettige, om’t de sjuery de lêste roman fan alle kandidaten ferlike hat, en net har oeuvres; gjin fan de kandidaten hat in proses ynsteld om de takenning ûngedien te meitsjen. Mar de kwestje is dat de Fryske beweging, ús nasjonalistysk projekt, freget om ikoanen foar de offisjele tekst foar Fryslân. Us heit wie noch gjin tritich en syn bekroand wurk wie tsjin fabriken yn Fryslân. Faaks achte de sjuery-2019 it bekroande oeuvre ek, sa’t Russ it útdrukt, ûnhúslik, frijsteand, koartsein partiargaal genôch om leauwe te kweekjen.Joanna Russ, How to suppress women’s writing [1983] (Austin 2005) 75. Dochs smyt noch in oeuvrepriis, noch de hege âldens fan de kandidaat in ikoan op dêr’t modelwurking fan útgean kin. In boek kin de langst útlokje fan ‘sokssawat wol ik ek skriuwe (foar 10 mille)’, mar in oevre net, want wat is no in oeuvre? Dêrby, sa’t skriuwer Elske Schotanus sugge­rearre, as jo op in priis wachtsje moatte oant foarby jo njoggentichste, dan nee tanke.

Mar it is hiel opportún om de pin del te lizzen! De net-langer-skriuwende froulju bliuwe diel fan de literêre sfear as bernen se alle seisoenen in paadsljochtsjend wurk. Sterker noch, it liket wol as binne se in mear solide part fan de literatuer no’t se net skriuwe. As feie de feriene kultuerynstitúsjonalisearders har it swit út de wynbrauwen en de strik wer glêd, want alles is bêst ju, alles teplak: se kin wis wol skriuwe mar se hat it te drok.

It nasjonalisme brûkt oantreklike ikoanen en populêre kultuer en engaging spektakels. Bylden binne net te leauwen sterke stjoerders fan ús langst. In foarbyld is dat nimmen berne wurdt mei de langst nei in Mercedes-Benz mar fyftjin jier fol bylden letter wol elkenien him ha. Festivalisearring is in krêftich ynstrumint, in tsjinstich bewegersding. De útrikking fan de Gysbert Japicxpriis is sa’t wy sjoen ha al meinommen yn ’e festivalisearring, mei syn karnafaleftige elemint en benammen it taheakjen fan glim en glânsûnderfiningen om it publyk te ferbinen mei in brand of in -isme. It spektakel lit de skyn sjen en ús dêrnei longerje, sei Guy Debord, yn ’e hoop dat de werklikens derefter meiferoaret. Neist dat kulturele symboalen en ikoanen ús ferlangens meitsje en rjochtsje, fersterket har bân mei hilligens en polityk har. Dy bân, plus dy mei de techno­logy fan geweld, makket nasjonalisme sa gefaarlik.

Ien syn faam mocht bêst wat sizze no’t

se dochs op tafel stie-; har heksenêst-;

har fakkel wiet-; voilà no doart se net

en sis watst jûns yn alle sketten krast.

Fierder binne nasjonalismen altyd gendearre. Ek al hawwe alle nasjonalistyske folken it tinkbyld fan folksienheid ideologysk fuort­sterke en in aparte froulike identiteit weiweaun, se hawwe tagelyk in ynstitúsjonalisearre genderûnderskied talitten. It doel dêrfan sil útinoar rinne, neffens Anne McClintock. De noasje fan ‘ras’, dus it suver hâlden derfan, koe needsaakje ta it oerdragen fan it patrimonium, it erfskip fan de heit, fan man nei man. Ek soe yn manlik nasjonalisme it genderferskil symboalysk de grinzen fan nasjonaal ferskil en macht tusken minsken fêstlizze. Froulju binne sa tagelyk it symboal fan it folk en de metafoar fan syn grins. Manlju falle gear mei inoar en mei it folk; froulju binne inkeld symboalysk foar it folk likegoed as syn grins, en se krije in metafoaryske rol sûnder echte agency.Anne McClintock, ‘Family feuds: gender, nationalism and the family’, Feminist Review 44, Nationalisms and National Identities (1993) 61-80, 61-62.

Mar froulju kinne mei weipoetste prestaasjes likegoed prestearje, seit Russ. Troch the myth of the isolated achievement komme froulike skriuwers mei inkeld ien hieltyd kopiearre fers of boekje yn ’e kanon en hânboeken, tink oan Kloasterman har Hoara’s, sadat jo de rest fan it wurk ferjitte meie as net-besteand of min. Wesner wiist op de taaiens fan de myte fan spesjaal talint, dy’t jo ommers keunstner mákke, op de betingsten fan it rezjym. It sykjen nei spesjaal wêzen wurdt de kearn fan de keunstners­karjêre en dan kin alle berops­tebekset derút ferklearre wurde, lykas ôfallende ferkeap of net frege wurde foar beskate jobs of jûntsjes. Tagelyk makket de spesjaalheid dat keunstners dy’t it minder treffe har wurk net ekstra hurd oanbefelje. Har talint is ommers spesjaal en dêr komt it súkses út fuort en de keunstmerk hat dêr neat mei te krijen. Marketing of selspromoasje heart net sa; dimmenens beskermet just de spesjaal­heid. Jo moatte sereniteit ûntjaan, seit in keunstner.Simone Wesner, Artists’ voices in cultural policy: Careers, myths and the creative profession after German unification (Londen 2018) 32.

Dy hâlding is perfekt geskikt yn in nasjonalistyske kultuerpolityk dy’t froulju graach kalm en rêstich hat en har it wolkom taropt op in plak dêr’t se net sa gau dingen skriuwe dy’t like snoad binne as wat de manlju skreaune: in spesjaal talint mar spitigernôch troch man en bern of oars lang lyn opholden mei skriuwen. En gjinien sil sa ea opmerke dat der wat mis is mei in nasjonalistyske kultuerpolityk en syn gendermacht.

Noaten

  1. Fers yn augustus 2018 wegere troch dichterskollektyf Rixt. Yn 1856 rûne de politike dichter Elizabeth Barrett Browing har kontroversjele epyk Aurora Leigh ôf. Aurora fertelt hoe’t hja dichter wurdt, mar der foar har artistike stribjen gjin plak is yn ’e “prison” dy’t de maatskippij skoep foar froulju. Al koe in frou wol romanskriuwe, epyske, filosofyske en satiryske poëzy wiene it domein fan de man, want it easke kennis fan ’e klassiken dy’t sletten wie foar froulju. Yn augustus 2018 is by Rixt de man-frouraasjo 31:10, mar de 10 froulju publisearje amper en Rixt-optredens binne fierhinne foarbeholden oan manlju. Likemin as oare Fryske ynstituten moediget Rixt froulju oan ta dissipline en ambysje. Noch altyd jildt: We get no Christ from you, — and verily / We shall not get a poet (1857: 51).
  2. Louis Althusser, ‘Ideology and ideological state apparatuses (Notes towards an investigation)’ [1970], source ‘“Lenin and philosophy” and other essays’, Monthly Review Press 1971, Marxists Internet Archive, g.d., www.marxists.org/reference/archive/althusser/1970/ideology.htm, krigen 29 novimber 2019.
  3. Simone Wesner, Artists’ voices in cultural policy: Careers, myths and the creative profession after German unification (Londen 2018) 26.
  4. Tresoar, ‘Goïnga, Hylkje’, Sirkwy, 13 febrewaris 2019, www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/36-g/359-goinga-hylkje, krigen 28 novimber 2019.
  5. Tresoar, ‘Andringa, Greet’, Sirkwy, 25 july 2018, www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/16-a/231-andringa-greet, en ‘Abma, Willem’, 2 maaie 2018, www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/16-a/44-abma-willem, krigen 28 novimber 2019.
  6. Joanna Russ, How to suppress women’s writing [1983] (Austin 2005) 75.
  7. Anne McClintock, ‘Family feuds: gender, nationalism and the family’, Feminist Review 44, Nationalisms and National Identities (1993) 61-80, 61-62.
  8. Simone Wesner, Artists’ voices in cultural policy: Careers, myths and the creative profession after German unification (Londen 2018) 32.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15