friduwih riemersma image

Sekssênes út Bist al hast klear?

De roman, planearre foar 2018, mei de wurktitel Bist al hast klear? sil net útjûn wurde. Dat omreden fan it leechlizzend proazaklimaat yn Fryslân. Om de groupies net te bot teloar te stellen publisearret Fers2 koarte passaazjes. Keazen is foar in seleksje út de sekssênes.

Ballen

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 4.10, 24 maaie 2018

By de ljedder op. Hy boppe, ik ûnder. It glêzen plafon soe ek yn it tsjerkje fan Mullum net trochbrutsen wurde, alteast net troch my, trouwens it hat mar in toer fan neat. Ik sjoch omheech, tsjin de linnen broek om syn kont oan. De ballen dy’t by eltse stap heger yn ’e knyp komme, ûnbeskerme, útplatte tusken de iene en de oare skonk. Hoe kinne manlju yn fredesnamme omheech klimme. En wa is sa stom om syn meast kwestbere organen oan ’e bûtenkant te dragen.

Hy hyst himsels troch it gat, krijt my by de earm en lûkt my de souder op.

“Lizze.”

Ik kin nee sizze, ik bin dyn hûntsje net. Mar dat doch ik net. Haw ik nea dien by him.

Op myn rêch yn it ieuwenâlde stof dan, ta stof sille jo weromkeare. Hy lit him sakje, knibbel ûnder myn earmsholte, oare skonk tilt er oer my hinne, tikt ûnderweis syn tsjin myn nippel oan. Avensearje, ik wol dyn fleis. Hy skoot syn op syn knibbels oer my hinne.

Flak boppe myn gesicht knopet er de gulp iepen, gjin boxers, in mylde ereksje fljocht der dalik út, stuiteret op myn each en hipt fuort.

Dan ploffe de ballen op myn lippen, ik hap, it liif boppe-op my sjit nei foaren. Hy grommet. Ik sjoch neat, it is alles skonk en hier en waarm en wiet. Ik byt opnij yn de koele, sêfte, fearjende rjochtertestikel, gean mei myn tonge oer it glêde fel nei de lofterkant. Kom hjir mei dy ballen, ik fret dy op, ik sil goed kôgje foar’t ik trochslok.

Earst is it stil. Dan fernim ik in razend klauwen as fan in hûn mei flieën. De ballen lûke strak tsjin syn liif oan. Ik spij se út. Hy stjit efteroer. Syn hite ynhâld dript my oer de foarholle.

Mei tank oan de koster fan Mullum en de FSP-Mienskip Monitor.

Aquitaine

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 4.11, 3 juny 2018

friduwih riemersma image

Hy hat de royale selswissens en body-mass-index fan in tweintiger mei tefolle sinten. Linet mei de rjochterskouder tsjin de doarpost oan, rjochterfoet sletterich efter de lofter. Lûkt mei beide hannen plus de hiele wrâld yn ’e bûse syn broek strak oer it ûnderliif dat te jong is foar my. Benammen te bedoarn, sied dat smakket nei nouveau riche, te ferfeelsum. Hy glimket, lûkt stadich de rjochterhân út syn ljisk wei, kypt syn wolfeartsbekken myn kant op. Seit Hee-ee, goemoarn! en giet net oan ’e kant.

‘Kinst wol sjarmant dwaan, mar ik wol witte ast klear bist.’

‘Wolst kofje, of wat oars?’

‘Wat oars: draai dy om.’

Ik helje út en jou him in klap foar syn kont dêr’t myn hân fan baarnt.

‘Hgmm’, seit er.

‘Op ’e knibbels’, sis ik. Ik triuw de doar ticht. ‘Toe mar, ik doch dy neat, bin net it typke mei it swypke.’

Unhandich as in Blonde d’Aquitaine sakket er op syn kantoartegels. Op hannen en knibbels, de punten fan syn lakskuon doelleas pripjend. Gmm. Ik lûk myn jurk omheech, stap út myn slipke en treau mysels krús-foarop op syn rêch. ‘Toe.’ It switplak op syn himd groeit. Ik skuor him oan it hier syn holle yn ’e nekke. Syn torso knikt om my hinne, wriuwt de wietens út my. Krûpe. Mmm, seit er. Myn neilen troch de stof hinne yn syn tip roast bil. Fergonklik fleis, in weak op-en-deljen. Wat is dit goed. Stive, ûngelikense skokjes tsjin myn lippen, in tear fan syn himd rekket myn klit. Hy snúft, plakt tsjin my oan, wriggelet fierder, baarnt him yn my. Ik wol skrieme. Hoe faak haw ik hjir al net west.

Fuort no. Fuortdrave. Aansen masturbearje op it húske.

Hynders

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 4.12, 17 juny 2018

friduwih riemersma image

Nel mezzo del cammin di nostra vita, Pipo.’

‘Hin, midslibbenkrisis? Jong jonkje foar derneist om de takom njoggenentritich jierren kinky te meitsjen, sportwein en tada! Keunstfraude!’ Ik strykje him oer de kul yn syn fersliten boxers, yn rêst mar tsien persint minder lang as yn parate tastân, de ereksje in hurdzjen sûnder groei, as it posjearjen fan in coquille. Syn skonk waarm tsjin mines, lizzend op ’e bizonlearen bank, besiket mei de teannen de wynfles fan ’e grûn te heinen. ‘Dat mienst dochs net, skatsy.’

Hy roffelet mei wiisfinger en middelfinger op myn pols. Tantra-massaazje fan in senuwpees. Hy seit neat. De fles falt einlings om.

Ik skras mei de fingerneil fan it topke nei de stam hinne en wer. It tropysk lûd fan lear dat kreaket ûnder syn kont as de bel foar Pavlovs hûnen, wetter yn ’e mûle. ‘Bêst, neam it in balâns opmeitsjen.’

‘Kurators binne balânsopmakkers, gean troch, Pipo, mei dyn neil.’ Syn bekken giet op en del. ‘De balâns fan ’e tiid. Folsleine kontrôle fan art dealers op autentisiteit, ja. Mar fan safolle-en-santich ôf, gean troch, ik begûn doe, wie dat al sa. Do yn dyn sielslibbenstransysje sjochst ynienen oars nei wat der hieltyd wie. Ympulsyf, radikaal, emosjoneel, lykas—’

Myn neil stiet stil.

Hy suchtet. Pakt my hookstrooks by de mul en tilt my op syn gesicht. Syn crusader beard as fine stikeltsjes op alle gefoelige plakjes yn ien kear, tusken plesier en pine yn. As it hjir by bliuwe soe wie it al paradiso. Mar ik fersko myn knibbels foar better fet op syn tonge.

Dy komt, driigjend en ferhûgjend tagelyk as ûnferwacht eachkontakt mei in frjemde, it puntsje fan syn slangetonge. Earst slikt er earst foarsichtich, sûnder friksje, sjit dan nei binnen, der wer út as hie er wat fergetten en der wer yn, mear gysten.

Ik fokus op wat er no dwaan sil. Syn sykjen is rij mar ûngeduerich, syn tempo jachtich, elk slikje en bytsje jout syn spesjaal foltaazje. Ik hâld myn siken yn, ik smyt my tsjin him oan. Syn tosken mei in skokje tsjin myn klit. In keppel klaustrofobyske hynders yn ’e winning mood triptrapet yn ’e de starting gate, dy’t dan iepen klapt. En se stoarmje oer my hinne.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15