kapstok fan tsead ruinja

Nederlands

Besprek

That’s all they really want/ Some fun.

Kapstok fan Tsead Bruinja

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.2, 27 jannewaris 2019

In jier lyn kaam de earste ficefoarsitter fan de Europeeske Kommisje, Frans Timmermans, nei Ljouwert foar de iepening fan de European Capital of Culture Leeuwarden. By de Europeeske Kommisje wisten se hielendal net dat it om European Capital of Culture Leeuwarden-Fryslân gie. Sterker noch, se mienden dat it European Capital of Culture Leeuwarden-Valletta wie. It stiet no noch as ECoC Leeuwarden / Leeuwarden-Valletta op har aginda.

In dei earder kaam in twatalige gedichtebondel út, Nederlânsk-Frysk. De bondel is net twatalich skreaun, lit de titel sjen. Dy is Nederlânsktalich, sûnder de Fryske oersetting derefter. It omslach jout dalik oan, op it plak dêr’t de Frysktalige titel set wie as it in twatalige bondel west hie, dat yn de rectoverso oersetting de Fryske taal behannele is as de oarspronklike taal en it Nederlânsk as bestimmingstaal. Want de Nederlânske ferzje stiet op ’e rjochtersiden en de Fryske op ’e lofter-. Mar likegoed kin de bondel oarspronklik Nederlânsk west ha en letter nei it Frysk oerset. De dichter hat yn it ferline sjen litten dat er frij kieze en skeakelje kin tusken de iene of de oare taal as dichterstaal.

De kar foar de poëzytaal is in wittenskiplik ûndersocht ding. Foar nonfiksje en proaza makket it twataligen net in soad út, mar foar poëzy kieze dy de thústaal.Aneta Pavlenko, ‘Poetry and the language of the heart: Affective processing in bilingual speakers’, Psychology Today, 8 oktober 2014 <https://www.psychologytoday.com/us/blog/life-bilingual/201410/poetry-and-the-language-the-heart> [krigen 20 jannewaris 2019]. Nabokov bygelyks hat wol yn it Frânsk en Ingelsk dichte, mar folle leaver die er dat yn it Russysk. Tsjin in freon sei er: “I envy so bitterly your intimacy with English words”,Vladimir Nabokov, brief oan Edmund Wilson, 13 desimber 1942, sjoch Vladimir Vladimirovich Nabokov en Edmund Wilson, Dear Bunny, Dear Volodya: The Nabokov-Wilson Letters, 1940-1971, Revised and expanded edition, red., ann. en ynl. essee fan Simon Karlinsky (Berkeley, Los Angeles, Londen: University of California Press, 1979) 99-100, 100. en tsjin syn frou: “The urge to write is sometimes terrific, but as I cannot do it in Russian I do not do it at all.”Novimber 1945, yn Stacy Schiff, Véra: (Mrs. Vladimir Nabokov) (New York, NY: Modern Library, 2000) 128. Isaiah Berlin, dy’t ek fan Russysk op Ingelsk oergie, hat dêr syn hiele libben in gefoel fan ferlies en spyt fan holden: “Russian to me is more imaginative, intimate and poetical than any other [language]—& I feel a curious transformation of personality when I speak it—as if everything becomes easier to express, & the world brighter and more charming.”Arie M. Dubnov, Isaiah Berlin: The journey of a Jewish liberal (New York, NY: Palgrave Macmillan, 2012) 171.

De yntime ferbining mei de eigen taal is in needsaak foar poëzy dy’t de lêzer net allinne yntellektueel treffe wol mar ek fysyk oangripe. Want poëzy “is something which is done to us, not just said to us. The meaning of its words is closely bound up with the experience of them.”Terry Eagleton, How to read a poem (Malden, MA / Oxford, UK / Carlton, AU: Blackwell, 2007) 21. Mar fan de measte Fryske dichters is de thústaal net of net allinne it Frysk: der is gjin emosjonele needsaak om yn it Frysk te dichtsjen. Nederlânske wurden ha se like djip ûnderfûn. Komt der in hege diplomaat út Brussel en der moatte “indrukwekkende, meertalige videokunstwerken” op in Ljouwerter gebou skynd wurde, dan kin ferfryskjen altyd noch, of ferhollânskjen.

Moatte jo sok ûndúdliktalich wurk besprekke as oarspronklike Fryske poëzy? Dy fraach wurdt oerstallich troch de benypte readability fan de bondel. Kapstok hat mûsgriis papier en in te tinne letter: in wisse metoade om oan krityk te ûntsnappen, want minsken ha tefolle skreppen om út te finen wat der eins stiet. It bysletten parseberjocht is TLTR, mei in earste alinea dy’t slim hermetysk is, dat útjouwer Afûk koe Kapstok sels ek net lêze en/of hie leaver wat reklame of in rychje stjerren sûnder útlis, mar gjin besprekken. Oan de oare kant is der wat foar te sizzen om elke bondel dy’t útkomt (dochs) te besprekken, want “The purpose of poetry reviewing is to keep the art of poetry alive”, sa’t dichter Kevin Prufer seit.Craig Teicher, ‘What poetry reviews are for (and up against)’, Publishers Weekly, 29 maart 2010 <https://www.publishersweekly.com/pw/by-topic/industry-news/publishing-and-marketing/article/42613-what-poetry-reviews-are-for-and-up-against.html> [krigen 20 jannewaris 2019]. Ek freget in besprek net dat ien de bondel fan kaft oant kaft ûntleedt. Hy kin oer de ûnlêsbere frazen hinne glydzje oant er wat tsjinkomt dêr’t er fan tinkt hin? Want de lêzer lêst dichtbondels ek foar de memorabele rigels, net foar de grize stof en de opfolling, is it net sa?

Jo hoege net perfoarst út de stap te rinnen en al hielendal net foarop. Net allinne wolle minderheidsdichters voice winne en dêrfoar populêr dwaan, sadat marzjinale poëzy altyd mainstream is.Hank Lazer, Opposing poetries (Evanston, IL: Northwestern University Press, 1996) 131. Mar ek soe Postma ‘ús’ fernijende proazapoëet wêze en fine jo krekt folle letter út dat de proazapoëzy begûn yn 1699 yn Frankryk.Dat seit Ron Silliman yn syn essee oer ‘The new sentence’ (1987). Dus wat ‘nijs’ meitsje? Doei. Kapstok folget de ynternasjonale (Westerske) mainstream papierpoëzy. Yn Nederlân, Ingelân, ensafuorthinne is de konvinsje free verse mei simpele yndikative grammatika, yn lêstekenleaze sprektaal mei snjiddige punch-lines, ôfsletten mei in moai stikje boargermoraal, en licht, summier en koartrigelich mei enzjambemint en wytrigels, dus low density. Fan it earste gedicht is de tichtens [massa dield troch folume] 70/19 (13 rigels mei 6 wytrigels dertusken). De tichtens giet fierder omdel om’t de measte wurden op ’e side hiel koart binne, ’e, yn, en, in. Dat jout op himsels neat. Guon kinne út folle minder letters op papier in ûnferjitlike betsjutting helje. Joost Vondel wûn yn 1620 in dichtwedstriid mei it fers “U. Nu!”

Wrâldwiid ha 1,6 miljard minsken gjin hûs of ien dêr’t jo better net yn wenje kinne. Mar in winsk of ideaal is de Kapstok-iepening “yn in oar syn hûs wenje/ en dêr in thús yn fine” net. Want it giet fierder mei “in eintsje paad derby lizze/ en it wurk net dien krije”. It is taal, of sels dat net, want de tekst is te fragmintearre foar sinnen: “it wurd achterlitte// omdat it te grut is”. Der is in monotoane steapeling fan de notiid-ûnbeskate wize “nimme”, “litte”, “jubelje”, “sutelje”, sûnder ik, as út it Shakespearehânboek, “To die, to sleep—/ To sleep—perchance to dream”. Mar oars as yn Hamlet is yn Kapstok de ûnbeskate wize net brûkt as ûnderwerp. Ek ûnderstipet de monotony net eat, bygelyks dat it deistich jok ferfeelsum is. Wol is de funksje fan ’e notiid-ûnbeskate wize meastal om it doel fan in ding of de opiny fan de sprekker oan te tsjutten. Hjir is dat ek sa, want: “fynsto dat ek?”

Wa’t praat tsjin wa stiet der net. It hat it meast fan in fanselssprekkende autoriteit tsjin syn natuerlike harkers. Ik tink net oan de pater familias dy’t it wiif syn kantoarfiktoarjes opsommet en net iens hopet dat hja it neilfervjen derfoar ûnderbrekt, mar earder oan ferhaaljend preekjen. De kânselredestruktuer fan de fersen wiist dêrop. Earst it lokale ferhaal, dat ferbine oan it evangeelje, “sizze wat in oar sein hat/ en dy wurden brûke”, en weromgripe nei it begjin, mei de preker as de wûne hieler: “yn dyn eigen wûne wenje/ it eigen bloed beplúzje”. Efkes fierderop freget ‘do’ “wannear’t ik begjin te wurkjen/ oan in folgend liet foar de tsjinst”. Sa. Ik fiel my slagge foar de lêzerstest.

Skift 2—fan de 5—hat in ‘ik’. It giet oer ferlies: “elk krijt syn delfal/ … ik krige de nacht deroer”. Wat der is mei it ferlies komme jo net te witten. Dat wurdt bedutsen ûnder ûnwerkenbere, nonrealistyske situaasjes, mooglik symboalen sûnder referint, mar yn alle gefallen ferbylding dy’t neat konkreets of bekends oproppe kin en op syn bêst riedseleftich is, mar yn de aldermeaste gefallen gjin yndruk efterlit, lykas “wurk dat my fûn”. De hyperboalen en te lûde wurden, lykas “razen” en “skjirje” ynstee fan sizzen en wriuwe, en de klisjees fan stjurre bloed en sketten hazze meitsje in moaie teatrale persoanlikheid. Dy oerdriuwt, siket bûtenwenstich omtinken en is definsyf, provokatyf, egosintrysk en manipulatyf. De stylmiddels fan út de wei gean fan metrum, driuwende werhelling, parataksis en non-sequiturs passe dêr moai yn. Mar: it hoesa fan de teatraliteit mist en fan it betsjuttingsfakuüm ek.

‘te faak mien ik’ hat in popsongtekststruktuer mei in intro, in outro en in chorus op rym en kursyf printe. Dat is aardich. It brocht my werom nei myn middelbere skoaltiid doe’t ik as drum roadie de earste try-out fan de ferskes hie. Ek sjit my in kultuerekspert dy’t 1980’s pop lyrics betsjutting jaan woe yn’t sin, en dat benammen troch de definsive toan, like definsyf as de Kapstok-toan, fan “That’s all they really want/ Some fun”. De ekspert kaam der hiel gau efter dat der gjin ferburgen betsjutting sit yn “Girls Just Want to Have Fun” en der om sykje is ûnsinnich. Mar dat jildt foar hast elk fers yn Kapstok. Dy binne absolút anty-yntellektueel. Wy ha hjir wierskynlik, mooglik, te krijen mei in neikomling fan de romantysk-fisionêre dichter, de siele & muze op papier kwatse sûnder tuskenkomst fan ’e rede, en nettsjinsteande de humorleazens is der miskien fun, oftewol entertainment?

Oare besprekkers kinne ek gjin betsjutting fine. Ien beklammet dat de dichter in “goede performer” is en: “Aan de andere kant, opper ik voorzichtig, kun je deze gedichten ook zien als uitgestalde tekens, letters en woorden op een pagina, verwijzend niet uitsluitend naar vastliggende maar ook naar mogelijke betekenissen. Te lezen als een abstract schilderij.”Jane Leusink, ‘Engagement: warme sjaal aan kapstok, het overbelaste knaapje’, Tzum, 22 maaie 2018 <https://www.tzum.info/2018/05/recensie-tsead-bruinja-kapstok/> [krigen 22 jannewaris 2019]. (Abstrakte keunstners, lûk jo der neat fan oan, ik haw wol slimmere beledigingen krigen.) In oar seit: “De bundel gaat erover – volgens begeleidend schrijven – om onder moeilijke omstandigheden het goede te doen.”Lennert Ras, ‘Kapstok, een bundel vol met klein en groot leed, maar vooral het goede’, Meander, 21 april 2018 <https://meandermagazine.nl/2018/04/kapstok-een-bundel-vol-met-klein-en-groot-leed-maar-vooral-het-goede/> [krigen 22 jannewaris 2019]. En wer in oar tinkt dat net it wurk, mar de dichter sels neatsizzend is: “Daarom zijn ze [foar de Dichter des Vaderlands] op zoek gegaan naar een dichter die niet kapot gemaakt kán worden, omdat er niets is. Een volledig inhoudsloze dichter, iemand met een op zijn zachtst gezegd flexibele mening en een instant-inhoud, daar valt in de twee jaar dat een dichttermijn tegenwoordig duurt weinig aan te verpesten.”Chrétien Breukers, ‘Tsead Bruinja, wijntje & weedje’, Weblog van Chrétien Breukers, 18 jannewaris 2019 <https://chretienbreukers.wordpress.com/2019/01/18/tsead-bruinja-wijntje-weedje/#more-5385> [krigen 22 jannewaris 2019].

Skift 3 hat as tema miskenning: “hie ik der net west/ dan hie it ek op ’e kop ferkeard kaam”. De toan is wer patetysk: “wy ha dy ûnderskat/ dêr is dit it bewiis fan”. It foarstelling-meitsjen wurdt wer opkeard. Dat opkearen dogge de ‘do seist’-opset, de lege sinnen lykas “fan it iene nei it oare pear/ datselde trije kear”, sinnen dy’t syntaktysk (heal) doge, mar semantysk net, lykas “it waar wie aap/ de maat in oar”, retoaryske fragen lykas “moatte dêrfoar de hannen opinoar?”, en keppelingen fan aktive tiidwurden oan abstraksjes en fan in saaklik foarwerp oan in yntransityf tiidwurd, lykas “touterje dy troch de rou hinne”. It beslút fan in fers is meastal negatyf en nei wytrigels op it blêd set, as in úthingboerd: “ferwettere heldesangen” en “ynkoarte // bysnoeid”.

Jo hoopje dat it doel derfan foar ’t ljocht komt yn skift 4. Mar ek dat smyt rigels byinoar as “dûnsje de teloarstelde dei mei moed/ yn ’e mjitte”. Ferbinen fan konkrete wurden oan abstrakte—lykas hjir ‘dei’, dy’t ek noch ris antropomorf is, ‘teloarsteld’—is djipsinnich dwaan, in typyske begjinnersflater dy’t faak ferdwynt mei trening, mar foar dizze bondel is it spitich. Skift 5 is narratyf mar mist de needsaaklike narrative struktuer en basis foar betsjutting, lykas sinnen, setting, tema en point of view.

Jo meie bêst wolle dat lêzers in oare beneiering kieze foar jo tekst as dat se wûn binne by it tradisjonele gedicht. Fansels is it goed om betsjuttingsbarriêres te trochbrekken sa’t de grutte pionier Gertrude Stein dien hat. Mar dat Kapstok sok pionierjen net biedt stiet al op it omslach: “hingje net alle klean op deselde kapstôk”. Dat wjerspegelet in tinkwrâld dêr’t kapstôk ûnmooglik de twa spikers neist myn doar betsjutte kin. Krekt oarsom is der, seit it omslach mei syn Ikeaplaatsje fan wat in kapstôk is, in doelberette, faaks licht synyske, boargerlik-nayf beheinde tinkwrâld. Dêryn is gjin spoar fan twivel oer de kontinue ‘ik’, dy syn selsbewustens, de mooglikheidheid him te fangen mids syn flecht, de mooglikheid überhaupt fan in unike en konstante ‘ik’ dy’t dochs libben oandocht, noch oer taal as ding mei doel en de sin as in betûfte hâlder fan betsjutting.

Dat dat pionierjen der net is, kin komme troch omstannichheid. Taal- en kultuerûnderdrukking en it taalfolkorisearringsbelied om de diglossy wei te muozjen, meitsje it yntellektueel en artistyk miljeu te lyts.Hank Lazer, Opposing poetries (Evanston, IL: Northwestern University Press, 1996) 131. Wales hat oars net as tradisjonele dichters yn it Welsh en yn it Ingelsk.Sandra Lea Meek, ‘The politics of poetics: Creative writing programs and the double canon of contemporary poetry’, yn Jan Groak (red.), Canon vs. culture: Reflections on the current debate (New York / Londen: Garland, 2001) 81-102. De meast fernijende Gaelic dichter fan Skotlân, Marcas Mac an Tuairneir, brûkt de mainstream-foarm en -ekspresje en wol him nei eigen sizzen net ferfrjemdzje fan de Gaelic-Skotske ferbylding,Douglas MacQueen, ‘Interview with Marcas Mac an Tuairneir, Scottish Gaelic poet, author of groundbreaking poetry collection “Deò” - bringing gay themes to Scottish Gaelic literature’, Transceltic, 21 maaie 2014 <https://www.transceltic.com/scottish/deo-book-of-poetry-marcas-mac-tuairneir-brings-gay-themes-scottish-gaelic-literature> [krigen 20 jannewaris 2019]. as bestie der sa’n essinsjele ferbylding. Ik bedoel, lês Deò want it is prachtich, mar de winsk om net te ferfrjemdzjen stjoert in dichter werom nei groepstradysjes, likefolle oft dy echt of optocht binne, wat in rim op frije keunst sette kin.Sjoch de yntroduksje fan Paul Hoover (red.) yn syn Postmodern American poetry: A Norton anthology (New York: W.W. Norton & Company, 1994) i-lvii. Boppedat hat in marzjinale etnyske poëzy in politike funksje. Fryske motiven fan gers, kij en it ferglidende libben, of yn Kapstok wetter, kjeld en bûsdoek, krije mear ynstitúsjonele wurdearring as in net spesjaal Frysk mar universeel motyf, bygelyks it trauma fan geweld en it likegoed wer dwaan—oer soks giet Kapstok net.

Net pionierje kin ek lizze oan de dichter en syn tekoart oan behearsking fan de matearje. À propos, de iennichste hin? dy’t Kapstok opropt is de aparte kar om de frijheden dy’t yn de Fryske ferzje mei taal en grammatika nommen wurde net yn de Nederlânske ferzje oan te hâlden. “wannear’t ik begjin te wurkjen/ oan in folgjend liet foar de tsjinst” hie oerset wurde moatten as “aan een nekste lied voor de dienst” of sa. Op alle Frysktalige siden stiet op syn minst ien brek mei de taalregels, dy’t lykwols steefêst oerset is yn geef Nederlânsk; it kin fansels wêze dat de oersetter it Frysk net genôch ken om de taalflaters mei te nimmen yn de oersetting, mar dan is it in aparte kar om in amateur it Frysk dwaan te litten.

Behearsking dus, of macht oer jins poëtysk hanneljen is it doelberet ynsetten fan allerhanne foarmen fan taal om komplekse en yngeande effekten te krijen. Kwa effekt kinne jo easkje dat de lêzer, ynstee fan dat dy de passive opheiner is fan de wiere emoasje fan de sprekker/dichter, meidocht oan de konstruksje fan betsjutting. Dat klinkt nochal flowerpowery en dat is it ek, jierren santich, aksje tomaat, mar wilens ha wy wol moai fergetten wat betsjutting is en skine wy sleau wurden op in toer.

Op it ein fan syn koarte ferhaal ‘The library of Babel’ freget Borges syn ferteller: “You who read me—are you certain you understand my language?”Jorge Luis Borges, ‘The Library of Babel’ [1941], yn Collected fictions, oers. Andrew Hurley (New York: Penguin, 1998) 112-118, 118 <https://libraryofbabel.info/Borges/libraryofbabel.pdf> [krigen 20 jannewaris 2019]. De talen fan de skriuwer en de lêzer liken wol itselde, mar wy wisten dat wy net mear op it automatyske ‘understand’ betrouwe koene. Der stie papier en inket tusken de skriuwer en de lêzer yn. Yn Il nome della rosa liet Eco in bline mûnts yn ’e bibleteek omrinne mei de namme Jorge de Burgos. Hoewol’t fan 1935 ôf tocht waard oer wat de lêzersholle mei tekst docht, smiet de reader-responsestúdzje net in soad op, benammen om’t dy te teoretysk wie.

It wachtsjen wie op Jerome Bruner dy’t in simpel eksperimintsje die. Hy liet minsken it koarte ferhaal ‘Clay’ út Joice syn Dubliners lêze en neifertelle, om te sjen hoe’t se de oarspronklike tekst transformearren. Dy transformaasjes meitsje mooglik dat tekst betsjutting krijt sûnder dat dy betsjutting him beheint ta droege ynformaasje,“permits discourse to acquire a meaning without this meaning becoming pure information”. Tzvetan Todorov, The poetics of prose (Ithaca, NY: Cornell University Press, 1977) 233, sitearre yn Bruner 1986, 31. om’t transformaasje út it ferhaal in foarstelling makket fan aksje en bewustwêzen.Jerome S. Bruner, ‘Two modes of thought’, yn Actual minds, possible worlds (Cambridge, MA / Londen, UK: Harvard University Press, 1986) 11-43, 30. Mar Bruner syn punt is dat de kontrôlegroep dy’t in akademysk artikel lies en neifertelde, folle minder transformaasjes hie. Blykber sette sokke teksten ús net yn wat er neamt de narrative tinkmodus. Ergo: wy ha ferlet fan poëtysk diskoers om in firtuële tekst fan ússels meitsje te kinnen, oftewol om nije betsjutting te meitsjen, en om te reizgjen yn minsklike mooglikheden ynstee fan fêste wissens.

Twa caveats. Wilens fregen guon dichters har ôf wat feitlik de ienheid fan betsjutting wie, no’t literatuer net mear oraal is. Printsjen hie net allinne ynfloed op de presintaasje fan literatuer, mar benammen op it skriuwen derfan: “I am arguing—that the sentence, as distinct from the utterance of speech, is a unit of prose.”Ron Silliman, ‘The new sentence’, yn The new sentence [1977] (New York: Roof Books, 1989) 63-93, 73 <http://writing.upenn.edu/library/Silliman-Ron_The-New-Sentence.pdf> [krigen 23 jannewaris 2019]. Myn kursyf. It obstakel is dat mei it skrift de lûd/emoasjeienheid ûntagonklik waard, mar de nije lyryske ienhied, fan byld, de betsjutting net drage kin, om’t byld te ûnferweechlik is foar it konstant wikseljend ferbinen fan it teken oan ús foarstelling: “Language is nothing but meanings, and meanings are nothing but a flow of contexts. Such contexts rarely coalesce into images, rarely come to terms.”Lyn Hejinian, The language of inquiry (Berkeley / Los Angeles / Londen: University of California Press, 2000) 1. It útstel wie: fuort mei it byld en werom nei de taal, om krekt te wêzen nei de sin. “With them [sinnen] a sentence is with us about us all about us we will be willing with what a sentence is.”Gertrude Stein, Joan Retallack (red.), ‘Sentences and paragraphs (From How to write, 1930)’, yn Selections (Berkeley / Los Angeles / Londen: University of California Press, 2008) 242-253, 253.

Mar Kapstok hat amper sinnen. En caveat #2: betsjutting is der net samar. Fûnemintele betsjutting is net linguistyske betsjutting; it is kommunikative betsjutting. Minsken brûke taal om in boadskip oer te bringen, mar krekt as in sin standerdisearre is krijt dy betsjutting. In sin betsjut in beskaat eat yn in groep praters, inkeld bywannear’t de groep in proseduere hat om dy sin te brûken as se dat beskate eat bedoele (intend).Paul Grice, ‘Utterer’s meaning, sentence-meaning, and word-meaning’, 1969, 233; opnij pr. Paul Grice, Studies in the way of words (Cambridge, MA / Londen, UK: Harvard University Press, 1989) 117-137. Dat it proses fan betsjuttingjaan “can do what it is supposed to only by containing an extremely faithful picture of what it intends”,Ludwig Wittgenstein, Tractatus logico-philosophicus [1922], oers. C.K. Ogden (Londen: Routledge and Kegan Paul Ltd., 1981) nû. 236. liedt derta dat betsjutting wif is. Bygelyks, al makket de rigelbrek de skieding + it longerjen uterst taastber, wy witte net eksakt wat it fiktoriaanske fers “Come/ Home.” bedoelt.George MacDonald, ‘The shortest and sweetest of songs’, yn Christopher Ricks (red.), The new Oxford book of Victorian verse (Oxford, UK: Oxford University Press, 2008) 494. Mar benammen liedt it ‘prosedurele’ fan betsjuttingjaan derta dat in dichter, as er betsjutting wol, yn belutsen dialooch by syn lêzer oanslute moat. “The literary artist … becomes an agent in the evolution of mind—but not without the co-option of the reader as his fellow author.”Jerome S. Bruner, Actual minds, possible worlds (Cambridge, MA / Londen, UK: Harvard University Press, 1986) 153 (‘Afterword’). Bruner slút him oan by it stânpunt fan Roland Barthes. De dichter komt net wei mei in ins Blaue hineinbondel en ferwachtsje dat lêzers wol betsjutting meitsje.

Jo wolle as indie-besprekker coulant wêze. Jo kinne in oankommeling net ferwite dat er gjin Frank O’Hara is. Mar dan, goed tsien bondels en dan noch alle kânsen ta boartlik taalspul, moai lûd en nijsgjirrige perspektiven, koartsein ta poëzy, misse?—ambysje asjeblyft. Yn de wurden fan dichter en kritikus Donald Hall: “I see no reason to spend your life writing poems unless your goal is to write great poems.”Donald Hall, ‘Poetry and ambition’, Poets.org, 9 maart 2005 <https://www.poets.org/poetsorg/text/poetry-and-ambition> [krigen 20 jannewaris 2019].

Noaten

  1. Aneta Pavlenko, ‘Poetry and the language of the heart: Affective processing in bilingual speakers’, Psychology Today, 8 oktober 2014 <https://www.psychologytoday.com/us/blog/life-bilingual/201410/poetry-and-the-language-the-heart> [krigen 20 jannewaris 2019].
  2. Vladimir Nabokov, brief oan Edmund Wilson, 13 desimber 1942, sjoch Vladimir Vladimirovich Nabokov en Edmund Wilson, Dear Bunny, Dear Volodya: The Nabokov-Wilson Letters, 1940-1971, Revised and expanded edition, red., ann. en ynl. essee fan Simon Karlinsky (Berkeley, Los Angeles, Londen: University of California Press, 1979) 99-100, 100.
  3. Novimber 1945, yn Stacy Schiff, Véra: (Mrs. Vladimir Nabokov) (New York, NY: Modern Library, 2000) 128.
  4. Arie M. Dubnov, Isaiah Berlin: The journey of a Jewish liberal (New York, NY: Palgrave Macmillan, 2012) 171.
  5. Terry Eagleton, How to read a poem (Malden, MA / Oxford, UK / Carlton, AU: Blackwell, 2007) 21.
  6. Craig Teicher, ‘What poetry reviews are for (and up against)’, Publishers Weekly, 29 maart 2010 <https://www.publishersweekly.com/pw/by-topic/industry-news/publishing-and-marketing/article/42613-what-poetry-reviews-are-for-and-up-against.html> [krigen 20 jannewaris 2019].
  7. Hank Lazer, Opposing poetries (Evanston, IL: Northwestern University Press, 1996) 131.
  8. Dat seit Ron Silliman yn syn essee oer ‘The new sentence’ (1987).
  9. Jane Leusink, ‘Engagement: warme sjaal aan kapstok, het overbelaste knaapje’, Tzum, 22 maaie 2018 <https://www.tzum.info/2018/05/recensie-tsead-bruinja-kapstok/> [krigen 22 jannewaris 2019].
  10. Lennert Ras, ‘Kapstok, een bundel vol met klein en groot leed, maar vooral het goede’, Meander, 21 april 2018 <https://meandermagazine.nl/2018/04/kapstok-een-bundel-vol-met-klein-en-groot-leed-maar-vooral-het-goede/> [krigen 22 jannewaris 2019].
  11. Chrétien Breukers, ‘Tsead Bruinja, wijntje & weedje’, Weblog van Chrétien Breukers, 18 jannewaris 2019 <https://chretienbreukers.wordpress.com/2019/01/18/tsead-bruinja-wijntje-weedje/#more-5385> [krigen 22 jannewaris 2019].
  12. Hank Lazer, Opposing poetries (Evanston, IL: Northwestern University Press, 1996) 131.
  13. Sandra Lea Meek, ‘The politics of poetics: Creative writing programs and the double canon of contemporary poetry’, yn Jan Groak (red.), Canon vs. culture: Reflections on the current debate (New York / Londen: Garland, 2001) 81-102.
  14. Douglas MacQueen, ‘Interview with Marcas Mac an Tuairneir, Scottish Gaelic poet, author of groundbreaking poetry collection “Deò” - bringing gay themes to Scottish Gaelic literature’, Transceltic, 21 maaie 2014 <https://www.transceltic.com/scottish/deo-book-of-poetry-marcas-mac-tuairneir-brings-gay-themes-scottish-gaelic-literature> [krigen 20 jannewaris 2019].
  15. Sjoch de yntroduksje fan Paul Hoover (red.) yn syn Postmodern American poetry: A Norton anthology (New York: W.W. Norton & Company, 1994) i-lvii.
  16. Jorge Luis Borges, ‘The Library of Babel’ [1941], yn Collected fictions, oers. Andrew Hurley (New York: Penguin, 1998) 112-118, 118 <https://libraryofbabel.info/Borges/libraryofbabel.pdf> [krigen 20 jannewaris 2019].
  17. “permits discourse to acquire a meaning without this meaning becoming pure information”. Tzvetan Todorov, The poetics of prose (Ithaca, NY: Cornell University Press, 1977) 233, sitearre yn Bruner 1986, 31.
  18. Jerome S. Bruner, ‘Two modes of thought’, yn Actual minds, possible worlds (Cambridge, MA / Londen, UK: Harvard University Press, 1986) 11-43, 30.
  19. Ron Silliman, ‘The new sentence’, yn The new sentence [1977] (New York: Roof Books, 1989) 63-93, 73 <http://writing.upenn.edu/library/Silliman-Ron_The-New-Sentence.pdf> [krigen 23 jannewaris 2019]. Myn kursyf.
  20. Lyn Hejinian, The language of inquiry (Berkeley / Los Angeles / Londen: University of California Press, 2000) 1.
  21. Gertrude Stein, Joan Retallack (red.), ‘Sentences and paragraphs (From How to write, 1930)’, yn Selections (Berkeley / Los Angeles / Londen: University of California Press, 2008) 242-253, 253.
  22. Paul Grice, ‘Utterer’s meaning, sentence-meaning, and word-meaning’, 1969, 233; opnij pr. Paul Grice, Studies in the way of words (Cambridge, MA / Londen, UK: Harvard University Press, 1989) 117-137.
  23. Ludwig Wittgenstein, Tractatus logico-philosophicus [1922], oers. C.K. Ogden (Londen: Routledge and Kegan Paul Ltd., 1981) nû. 236.
  24. George MacDonald, ‘The shortest and sweetest of songs’, yn Christopher Ricks (red.), The new Oxford book of Victorian verse (Oxford, UK: Oxford University Press, 2008) 494.
  25. Jerome S. Bruner, Actual minds, possible worlds (Cambridge, MA / Londen, UK: Harvard University Press, 1986) 153 (‘Afterword’). Bruner slút him oan by it stânpunt fan Roland Barthes.
  26. Donald Hall, ‘Poetry and ambition’, Poets.org, 9 maart 2005 <https://www.poets.org/poetsorg/text/poetry-and-ambition> [krigen 20 jannewaris 2019].

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15