image tsjingif tsjin jongfryske lanskipsklisjees

Tsjingif foar de Jongfryske lanskipsklisjees

Ta de moarn fan Sybesma

Friduwih Riemersma - Fers2, 25 maart 2018

Lanskip kin net sunder minsklike figuer. Lânskippen bestean om’t se fûn binne troch in waarnimmer mei bewustwêzen. Lânskip is de sichtbere karakteristiken fan in stik lân, meastal opfette yn wurden fan estetyske oantreklikens.

It âlde Fryslân leit yn winterrêst.

De swiere loften driuwe ’r oer en driigjeR.P. Sybesma, ‘Fen Fryslân’s romten I’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 5.

Mei dat idealisearre fantasylânskip, in skriuwen foar de naasje lykas Wordsworth die, iepenet Rintsje Piter Sybesma syn skift ‘Fen Fryslân’s romten’. It is it bewarjen fan ‘oantinkens’ oan it Fryske lânskip, dy’t weromkomme om it-each-nei-binnen-ta te haagjen. Mar dêrnei giet de sonnettebondel Ta de moarn, al earder skreaun en mei nochal ûngelikense, losse skiften sammele yn 1927, sûnder transysje nei in ûnwerkenber, want sniedutsen lân sûnder ynheemske bisten, mei allinne ien tydlike oerwinterder,

En yn ’e lijte fen dy wûndre reiden,

D

êr fleach in winterfûgel iensum, stilR.P. Sybesma, ‘Wintertiid I’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 15.

fia in lânskip dêr’t de Frysk-folkloristyske, histoaryske eleminten út skrast binne,

En ik, it bern; det effen harkje doar,

As kloften noegjend, winkend, boartsje mei !

Ik húvrje in hoart en trilje, kâld, biskrommeR.P. Sybesma, ‘Snie I’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 19.

en it licht ûtrêstigjende

Omheech en steil en ’t is geniet en wille,

Sok slydskjen oer en yn ûnwenst’ge skyn.R.P. Sybesma, ‘Snie II’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 20.

fierder nei in ûnpoëtysk, ûnmonumintaal lânskip,

dat alle leaflikens fersmyt,

Mar ’t is gjin dreamersskoft; ’t folts riist oerein

En hellet los de klean fen boarst ef leaR.P. Sybesma, ‘Midsimmer II Sliepende hynsders’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 34.

nei it ôfslutend skift ‘Utert’, mei syn human landscape

Sa stiet de Dom oerein, yn greatens âld,

Mank twink’ling fen it stjerte, mannichfâld.R.P. Sybesma, ‘Utert II’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 42.

Lânskipspoëzij is net in sjenre. It ûnderwerp ‘lânskip’ yn gedichten is sa enoarm breed en foarmleas dat tusken it iene en it oare lânskipsgedicht in net oer te brêgjen ferskil sitte kin.Chris Fitter, Poetry, space, landscape: Toward a new theory (Cambridge, UK ensf.: Cambridge University Press, 1995) 1. Topo­grafyske poëzij, dy’t oer in besteand plak giet, lykas Utert, ken gjin nijbakken komposisjonele begjinsels. It is in nije skriuwpraktyk ûntliend oan ferskate eardere teksten en in nije konfiguraasje fan earder besteande sjenres. Opfallend binne it tematysk ferskaat (37 tema’s neffens Kenneth BakerKenneth Baker, ‘Introduction’, yn Idem (red.), The Faber Book of landscape poetry (Londen: Faber & Faber, 2000) i-xxxiii.), de losse struktuer en benammen it flattearjen fan it lânskip. Dat moaier meitsjen hie neffens John Guillory net kinnen as net yn de santjinde ieu de lânskipsskilder­keunst opkommen wie: lânskipspoëzy is dichtsjen en skilderjen tagelyk.John Guillory, ‘The English common place: lineages of the topographical genre’, Critical Quarterly 33:4 (1991) 3-27, 3. ‘Lânskip’ wie oarspronklik in skilderkundich sjenre, nammentlik dat fan de dekorative eftergrûn fan minsklike aktiviteit, efterdoeken foar it minsklik toaniel.

Yet wachtet Fryslân dy mei drôf geroft,

De ljurk is net omheech, en biidzjend stiet

’t Unthjittend beamte yn ’e diiz’ge loft.R.P. Sybesma, ‘Fen Fryslân’s romten II’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 6.

Disoriïntearjend is de ljurk dy’t sitten bleaun is—ljurken kenne in wintertrek—lykas de beammen dy’t net fuort kinne. Apart is ek de fokus op de weagen, want minsken hâlde net ta op it wetter.

It skom fen weagen laei yn wite rânnen

Sa klear dêrom – dêr wier hwet wûnders yn.R.P. Sybesma, ‘Wintertiid I’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 15.

Yn de (westerske) njoggentjinde ieu ferdwûnen de minsken út de skildere lânskippen, it waarden “kleare” lânskippen. Mar tagelyk kaam, ynstee fan de minske as—yn it kristendom—befoardiele soarte, de yndividu deryn. Lânskip krige in spesjale wearde foar de ienling; neist in objektive priis of ruilwearde kaam der in subjektyf priizgjen.

It pittoreske gedicht fan de Lake Poets makket fan lânskip in plaatsje, in objekt, dat lykwols ‘autentyk’ wurdt troch subjekti­fikaasje, in—stilswijend sosjaal ôfbeakene—sels-wurden, in yntroduksje fan in ‘ik’ en in ‘mysels’ yn it lânskip—wat ek it begjin fan lânskipstoerisme markearre. Lânskip kaam spiritualiteit te betsjutten, dus al rûnen der gjin lju mear yn it lânskip om, de funksje fan lânskip as romte fan mystike hannelingen sette de minske net minder sintraal.

Den jou ik oan ’e wyn myn tinzen oer

Dy ’t fleane as fûgels nei dyn stoere toer.R.P. Sybesma, ‘Unlij’ge nacht’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 11.

‘[D]yn Stoere toer’ makket in abrupt ein oan de fûgels dy’t gean mei de wyn, wat in nayf natueridee is—ik tocht as bern ek dat de wyn de fûgels blaasde. Naïvens is in kwaliteit fan it lânskip. Om 1920 hinne binne ‘oarspronklik’, ‘ûnbedoarn’ en ‘heimsinnich’ de kearnwurden yn it besjongen fan natuer.Sjoch Jac. P. Thijsse, ‘Een vennetje’, De Groene Amsterdammer, 14 july 1920, 5. Mar mei ûnbedoarn as moaiste komplimint foar lanlik lânskip, lân/skip dus dat brûkt wurdt troch minsken—en dêr’t rasjonalisearring en technology de lanbou fan fallisemint rêde moatte—kin het hast net oars of de lânskipsdichter mei syn hege idealen keart de blik nei binnen ta. Dat wie ek wat de Jongfryske dichter die:

[H]y nimt sa folle waar mei de geast as mei de sinnen; de ierde is net syn leafste elemint. Sa liket er ús wolris wat los fan ’e grûn; mar sa ûntbrekt yn syn gedichten ek it platte en banale, it is alles “poëzij”.O[be]. Postma, ‘Boekskôging, Dage, Fersen I fen D. Kalma; J. Kamminga, Dokkum, 1927’, De Holder, 1928, 14-16.

Douwe Kalma, boy scout fan de Jongfriezen, beskriuwt yndie in lânskip dêr’t jo gjin smoarge hannen fan krije kinne:

Middeis ier,

As hiel de simmerljoft yn ljochtgoud driuwt,

Wylst yn swietrook’ge wynD[ouwe] Kalma, Sûnder titel [In blom dy’t har ûntjaan wol], Dage: Fersen I (Dokkum: Kamminga, 1927).

En

De simmer riist en laket heech en klear

Goud oer de blauwe mar, en dounset sêft

En sûntsjes troch it rûzjend wâld, en tear

Bitwinklet hja de wylgen nêst de grêft

De simmer laet nei dyn noegjend lânD. Kalma, ‘Weromkear’, yn Idem (gearst. en ynl.), It sjongende Fryslân: In karlêzing út it wirk fen alde en jonge Fryske skriuwers (Berltsum: Bruorren Westerlaan, 1917) 113-114, 114.

En

In wiete dize weau en wyndre oer wearz’ge ierde,

En beve en húvre aloan, en skriemde, swier fen rein,

As wier de winter stoarn en ried yn in deade-wein

Mei sunich wigg’ljen, slûch, oer wiid en mar en mieden.D. Kalma, ‘De fjuren fen St. Marten. IV’, yn Idem (gearst. en ynl.), It sjongende Fryslân: In karlêzing út it wirk fen alde en jonge Fryske skriuwers (Berltsum: Bruorren Westerlaan, 1917) 116.

“Woordkunstzwijmelarij” seit Anne Wadman, “decadentie”. Neffens Wadman kenne Sybesma syn gedichten yn Ta de moarn “niet de decadentie, omdat zij altijd iets vastleggen van het Fries boerenland.”Anne Wadman, Frieslands dichters: Bloemlezing uit Friese lyriek sinds 1880 met vertalingen in het Nederlands (Leiden: L. Stafleu, 1949) 37. Wêrom’t eat swart op wyt sette oer it boerelibben net dekadint wêze koe, is allinne begryplik in it ramt fan Wordsworth syn gedichteteory, dêr’t er in nij soart gedicht yn beskriuwt dat de algemiene mar djip ûnderfûne gefoelens fan gewoane minsken opropt, útgeande fan de “real language of men” dy’t de formalisearre poëtyske spraak fan it meastepart fan ’e achttjinde ieuske poëzij út de wei giet.Wordsworth, ‘Preface’, yn Idem, Lyrical ballads, Dl. 1 (Londen: Biggs and Co.: 1800) v-xlvi.

Tweintich jier earder hiene de besprekkers Sybesma’s gedichten beoardiele as manierearre en dreech.T. [Jacob van der Tol], ‘Ta de moarn fan R.P. Sybesma’, Sljucht en Rjucht 39 (1928) 91-92. “Men kin hjir en dêr beswieren ha mei ’t each op technyk, it ferstean en begripen fan de dichter.”R.W. Canne, ‘Ta de Moarn’, It Heitelân 10 (1928) 79. Se wiene lêsber “as men alteast fan sonnetten hâldt.”T. [Jacob van der Tol], ‘Ta de moarn fan R.P. Sybesma’, Sljucht en Rjucht 39 (1928) 91-92. “[D]izze [gedichten fan Sybesma] ferriede hjir en dêr, dat hja teminsten foar it oergrutte part, ûntstien binne yn ’e sonnettetiid, doe’t men by de jongerein miende, dat by in nije beweging it sonnet hearde”, mar “In gedicht is de utering fan djip tinken en fielen by wat sjoen is.”O.H.S. [Onno Harmens Sytstra], ‘Ta de moarn’, Fryslân 13 (1928) 13-14. Mei oare wurden, foarm stiet it gewoane djippe fielen yn it paad: “Mannerism was a style for courtiers and sophisticates, blatantly clever, and far removed from naturalistic simplicity and clearheaded idealism.”Michael Greenhalgh, The classical tradition in art (London: Duckworth, 1978) 147. Maniërisme wie gjin styl of beweging mar de klassike estetyske perfeksje waard yn de njoggentjinde ieu net langer neistribbe. Kritisy neame dan alles mei in ûnferantwurde bysûndere foarm maniëristysk; it komt derop del dat maniërisme is dat jo elitêre keunst meitsje wolle:Duygu Korhan, ‘Mannerism in the poetry of E.E Cummins and Emily Dickinson’, Duygu Korhan, g.d. [2006] <http://www.duygukorhan.com/articles/tez.pdf> [krigen 22 maart 2018]. “It bliuwt in nuver gefal, det Sybesma mei syn poëzije net fierder dreaun is yn syn stribjen foar it Friezendom.”R.W. Canne, ‘Ta de Moarn’, It Heitelân 10 (1928) 79. Yn de tweintichste ieu wurdt dy definysje fersmiten. “Among the poets of merit who had their start in the Young Frisian school [is] R. P. Sybesma …, an excellent sonneteer,” seit it Princeton hânboek út 2016.B.J. Fridsma, H.J. Baron, J. Krol, ‘Frisian poetry’, yn Roland Greene en Stephen Cushman (red.), The Princeton handbook of world poetries (Princeton / Oxford: PUP, 2016), 206-208, 207.

In ferklearring foar Sybesma’s kar foar it sonnet is yn 91 jier net socht. It sonnet is in foarm mei in útsûnderlik grutte ynterne gearhing. Alle eleminten yn de struktuer ferwize nei in rige oare eleminten en nei it gehiel. In kwatryn jout in nij idee dat folget út it eardere, de volta set dat op syn kop en it begjin byt it ein yn ’e sturt, sadat it sonnet in ôfsletten wrâld konstruearret dy’t by de minste paradoks ûnder jo fuotten ferdwynt. Troch dat fermogen ta ûntrêstiging hat it sonnet, nettsjinsteande de krityk fan retoarsyke wurdmakramee dy’t de spontane bylden fan oanberne talinten smoart, nea—útsein faaks yn Fryslân—syn street cred ferlern as estetyske presintaasje. Wat de taal oangiet hie Wordsworth lang de modernistyske konvinsje fan de “selection of language really used by men” fêstlein. Mei ûngewoane taal riskearre de dichter om bûten de moderniteit te fallen, mar in oar fokabulêr as de gewoane proazadiksje foar gedichten joech him de kâns om ôfstân te nimmen fan de modernistyske wrâld en dy ôfstân makke in befrjemdzjend skôgjen fan de moderne wrâld mooglik. In moderne dichter moast, sei T.S. Eliot yn 1921, bysteat wêze om “more and more comprehensive” te wêzen en om taal yn syn betsjutting te twingen, “to dislocate if necessary”, om hieltyd fersnipele mêden fan ûnderfining te ferranen dy’t de “ordinary man” net ferbine soe.T.S. Eliot, ‘Review of Metaphysical lyrics and poems of the seventeenth century: Donne to Butler. Selected and edited, with an essay, by Herbert J. C. Grierson (Oxford: Clarendon Press. London; Milford)’, The Times Literary Supplement, 20 oktober 1921.

Wilens leit lân sa’t it leit. Lânskip net, mar lân bestiet los fan it minskdom. Lân dat net sasear ‘ûnbedoarn’ is as troch gjinien opeaske is der noch by ’t soad. Terra nullius, ‘nimmens lân’, is in libben konsept. De ynternasjonale terra nullius-doktrine—dy’t giet oer eignerskip, soevereiniteit, politike macht en eigendomsrjochten, koartsein oer in minske op ’e grûn—ûnderskiedt lân dat beset is en dus yn besit nommen troch (fansels) de minske, fan leech, ûnbewenne of yn alle gefallen ûnkultivearre lân.

Feal iepen fiild, hwer ’t nou de dei oer riist,

Wiid yn forlittenheit en dize-omwoun.

Wyn waret om dyn stierrend oantlit roun,

Yn ’t ivich riedsel fen dyn striid bitiisd.R.P. Sybesma, ‘Fen Fryslân’s romten III’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 7.

De Ta de moarn-besprekkers falt it yn 1928 net op.Jacob van der Tol, Onno Harmens Sytstra, R.W. Canne, Jan Jelles Hof en Giacomo Prampolini. Jan Piebega fernimt yn ’39 allinne dat it wurk in “suver objektive yndruk” makket.Jan Tj. Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (Drachten: Laverman, 1957) 245. Krekt yn ’49 sjocht Anne Wadman it: “[D]e mens schijnt weggevaagd terwille van het land.”Anne Wadman, Frieslands dichters: Bloemlezing uit Friese lyriek sinds 1880 met vertalingen in het Nederlands (Leiden: L. Stafleu, 1949) 37.

En wûnder rûzde ’t reid troch hiel hjar stânnen:

Wiern’ hja net mear biwend oan mylde skyn,

En hage hjar dit swiere wolkgerdyn,

Det ljochtleas bleau en dôve ’t sinnebrânnen?R.P. Sybesma, ‘Wintertiid I’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 15.

“La désolation automnale est peinte sobrement, pour ainsi dire dominée,” seit Prampolini.Giacomo Prampolini, ‘Boekskôging, “Ta de moarn”, in mennich sonnetten fen R. P. Sybesma, 1927, to Dokkum by J. Kamminga’, De Holder 3 (1928) 77-78. Ferlittenens, weromhâldend, behearske: net de natuer wurdt oerhearske. Nettsjinsteande it bliid ûnthjit wol it net simmerje by de dichter, seit in besprekker.R.W. Canne, ‘Ta de moarn’, It Heitelân 10 (1928) 79. Mar dat is it lân egaal en de dichter seit der neat oer: “Is der gjin swier swijen yn dit strange fers.”Theun de Vries, Fryske stylistyk (Boalsert: Osinga, 1937) 17. It is net krekt dat de dichter him net ferantwurdlik fielt en om dy reden it fijannige, ûntblêde, winterige lânskip net ôfwiist:

En yn in húvring stiet de seame skril,

Nou dochs sa drôf en sinneleas en skeind,

’k Fornim de hjerst, syn wêzen en syn wil.R.P. Sybesma, ‘Hjerst’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 46.

Earder is der in disoriïntearjende proseduere, ferbûn mei, sis mar, morele stabiliteit. Want sosjale ienheden meitsje in foarstelling fan harsels troch in fantasytakomst te sketsen yn allerhanne mediums, lykas lânskip en rituelen, en dy selsopfetting wurket troch yn ynstitúsjes en techniken dy’t de sosjale realiteit werspegelje en noarmen fêstlizze foar ferantwurdlik gedrach. Mar “dominée” as emosjoneel stabyl kin in lânskip sjen litte dat net ien is foar gefoelige minsken, dêr’t natuer gjin romantysk hieljend ynstrumint foar de minske is. It is in ûngefoelich lânskip yn de sin fan ûndominearre—en benammen ûndomestisearre.

Skier-swarte fûgel, o, dou doarmest roun,

En slachst dyn feale wjukken yn ’e rein;

Bistou út langstme nei dizz’ oarden tein,

En ljeavest sa dizz’ hjerstich-wiete groun ?R.P. Sybesma, ‘Corvus Cornix’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 12.

De skierroek is in migrant. Hy is gjin Frysk ikoan, opfierd as monumintalisearring fan it Fryske lân; hy giet wêr’t er wol.

Ho moat er dimmen swalkje hiel de tiid

Mids dize en rein en hjerstich wyngehún,

En as de winter komt, ho’n swiere striid !R.P. Sybesma, ‘Swarte klyster’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 22.

De swarte lyster, dy’t in ieu lyn al om de myldere winterske omstannichheden as yn de ‘ûnbedoarne’ streken hieltyf mear in stedsbewenner waard, is allyksa in swalker, net byfuorre, net yn in koaike, ûnôfhinklik fan de minske. De readwjuk, ek in migrant, mei syn liet jaan oan wyn, net de minske, de guozzekloft giet troch de “Al-wide romten”:R.P. Sybesma, ‘Fen Fryslân’s romten II’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 6. dit binne wylde bisten yn har natuerlike frijheid.

Hja dûke út moarn en skimer skriemend op,

Keard ta hjar eigen sels en treast forlern.

Yn it begjin, seit Genesis, moast it minskdom oppermacht hawwe oer de fisken yn ’e see, de fûgels yn ’e loft, it fee op it lân en alle krûpende bisten dy’t oer de ierde skowe. Mar mei it komplekser wurden fan ’e wrâld waard it needsaaklik fûn om, as de minske in bist oan him ûnderwerpe woe, ûnderskied te meitsjen tusken nuete bisten dy’t neist de minske libje en bisten dy’t men gewoanlik yn frije natuer fynt, ferae naturae-bisten. Oars as domestisearre bisten binne ferae naturae-bisten net in saak fan absolút eigendom.Justice Wallace, Diversified Holdings v. R. (1982), 35 B.C.L.R. 349 (S.C.) 354 <https://www.animaljustice.ca/wp-content/uploads/2015/06/Watson-v-Hayward-2002-BCPC-259-CanLII.pdf> [krigen 20 maart 2018]. Dingen dy’t fan gjinien binne, terra nullius, binne bygelyks dingen dy’t nea in eigner hân ha, dus wetter en loft, en wyld en fisken salang’t dy yn har natuerlike frijheid tahâlde.Sjoch Gerard Noest, Het algemeen staatsrecht gebruikelyk in tyden van vrede en in den oorlog (Amsterdam: F. Houtduyn, 1780) 154, 374, 131, 134, 518, 236; basearret him om de steatsrjochtteksten fan Hugo de Groot.

It ferskil fan Sybesma mei de oare Jongfriezen wie dat er Darwin lêzen ha moat, hy hie ommers leard foar feedokter. On the origin of species fertelt dat gjin organisme skoepen is. It lânskip mei alles deryn is net makke; der is allinne mar in stadige evolúsje dy’t fansels giet en de minske spilet gjin rol. Foar safier’t der in hearskjende ynstânsje is, is dat net de minske, mar de natuer­wetten, dy’t likefolle jilde foar it minskdom.

It fûgelt saeit yn kloften oer dyn wiid.

Hjarr’n twingt natûr nei ljocht en myld kontrei.R.P. Sybesma, ‘Fen Fryslân’s romten III’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 7.

Ek de dichter falt ûnder de natuerwet. It gedicht is net in prestaasje fan in spesjale siele, ferheven boppe it ordinêre libben op ’e wrâld. It lânskipsgedicht dêr’t mear plak is foar lân en skientme is net: mear natuerlik. Want de noasje fan natuerlikens is komplisearre troch it eigenbelang fan it publyk by natuereftigens, ûnbedoarnens, mei as gefolch allerhanne foarmen fan minsklik yngripen, yn it lân sels en yn de dichterlike ferbylding. By de Jongfriezen is der in objektifikaasje fan it lânskip, ta scenery, ‘moaie’ omkriten, en tagelyk subjektifearring as hedonistysk lânskip. Mar de natuer­likens fan lânskip krijt mear poëtyske kâns as earst de ynstelling fan de dichter—en it selsbyld fan de maatskippij dy’t lânskip primêr brûkt as kulturele macht om sosjale identiteiten te stjoeren—feroaret. De dichter kin net langer ûnjouwingen fan it lân en de ûnderfining fan it bist negearje. Alle gedichten dy’t it kontakt ferlieze mei de echte skierroek ûntaardzje yn konvinsjes, abstraksjes en de dizigens fan rimelders. Fantasy­lânskippen ûntsteane, fol klisjees.

Ta de moarn lêst sadwaande as in antymaniëristysk manifest. Sybesma syn lân bestiet los fan it “ik”, it lit net-ta-eigene lân sjen mei wyld libben, net nuet makke floara en fauna yn smaakfolle paradyskes dy’t gesach mei trivialiteit ferbine, om it ôfwiken fan natuerwearde goed te meitsjen: mei in echt werom nei de natuer. As tsjingif foar de Jongfryske lânskipstrivialisearring jout it ús de ûndomestisearre en raffinemintleaze rûchheid, dy fan de ljurk dy’t iiskâld sitten bliuwt op ’e ûngefoelige grûn.

Hjir is de sonnettebondel Ta de moarn fan R.P. Sybesma te finen.

Noaten

  1. R.P. Sybesma, ‘Fen Fryslân’s romten I’, Ta de moarn (Dokkum: J. Kamminga, 1927) 5.
  2. Id., ‘Wintertiid I’, Ta de moarn, 15.
  3. Id., ‘Snie I’, Ta de moarn, 19.
  4. Id., ‘Snie II’, Ta de moarn, 20.
  5. Id., ‘Midsimmer II Sliepende hynsders’, Ta de moarn, 34.
  6. Ibidem.
  7. Sybesma, ‘Utert II’, Ta de moarn, 42.
  8. Chris Fitter, Poetry, space, landscape: Toward a new theory (Cambridge, UK ensf.: Cambridge University Press, 1995) 1.
  9. Kenneth Baker, ‘Introduction’, yn Idem (red.), The Faber Book of landscape poetry (Londen: Faber & Faber, 2000) i-xxxiii.
  10. John Guillory, ‘The English common place: lineages of the topographical genre’, Critical Quarterly 33:4 (1991) 3-27, 3.
  11. Sybesma, ‘Fen Fryslân’s romten II’, Ta de moarn, 6.
  12. Id., ‘Wintertiid I’.
  13. Id., ‘Fen Fryslân’s romten I’.
  14. Id., ‘Unlij’ge nacht’, Ta de moarn, 11.
  15. Sjoch Jac. P. Thijsse, ‘Een vennetje’, De Groene Amsterdammer, 14 july 1920, 5.
  16. O[be]. Postma, ‘Boekskôging, Dage, Fersen I fen D. Kalma; J. Kamminga, Dokkum, 1927’, De Holder, 1928, 14-16.
  17. D[ouwe] Kalma, Sûnder titel [In blom dy’t har ûntjaan wol], Dage: Fersen I (Dokkum: Kamminga, 1927).
  18. D. Kalma, ‘Weromkear’, yn Idem (gearst. en ynl.), It sjongende Fryslân: In karlêzing út it wirk fen alde en jonge Fryske skriuwers (Berltsum: Bruorren Westerlaan, 1917) 113-114, 114.
  19. Kalma, ‘De fjuren fen St. Marten. IV’, yn It sjongende Fryslân, 116.
  20. Anne Wadman, Frieslands dichters: Bloemlezing uit Friese lyriek sinds 1880 met vertalingen in het Nederlands (Leiden: L. Stafleu, 1949) 37.
  21. Wordsworth, ‘Preface’, yn Idem, Lyrical ballads, Dl. 1 (Londen: Biggs and Co.: 1800) v-xlvi.
  22. T. [Jacob van der Tol], ‘Ta de moarn fan R.P. Sybesma’, Sljucht en Rjucht 39 (1928) 91-92.
  23. R.W. Canne, ‘Ta de Moarn’, It Heitelân 10 (1928) 79.
  24. T. [Jacob van der Tol], ‘Ta de moarn fan R.P. Sybesma’, Sljucht en Rjucht 39 (1928) 91-92.
  25. O.H.S. [Onno Harmens Sytstra], ‘Ta de moarn’, Fryslân 13 (1928) 13-14.
  26. Michael Greenhalgh, The classical tradition in art (London: Duckworth, 1978) 147.
  27. Duygu Korhan, ‘Mannerism in the poetry of E.E Cummins and Emily Dickinson’, Duygu Korhan, g.d. [2006] <http://www.duygukorhan.com/articles/tez.pdf> [krigen 22 maart 2018].
  28. Canne, ‘Ta de Moarn’.
  29. B.J. Fridsma, H.J. Baron, J. Krol, ‘Frisian poetry’, yn Roland Greene en Stephen Cushman (red.), The Princeton handbook of world poetries (Princeton / Oxford: PUP, 2016), 206-208, 207.
  30. T.S. Eliot, ‘Review of Metaphysical lyrics and poems of the seventeenth century: Donne to Butler. Selected and edited, with an essay, by Herbert J. C. Grierson (Oxford: Clarendon Press. London; Milford)’, The Times Literary Supplement, 20 oktober 1921.
  31. Sybesma, ‘Fen Fryslân’s romten III’, Ta de moarn, 7.
  32. Jacob van der Tol, Onno Harmens Sytstra, R.W. Canne, Jan Jelles Hof en Giacomo Prampolini.
  33. Jan Tj. Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (Drachten: Laverman, 1957) 245.
  34. Wadman, Frieslands dichters, 37.
  35. Sybesma, ‘Wintertiid I’.
  36. Giacomo Prampolini, ‘Boekskôging, “Ta de moarn”, in mennich sonnetten fen R. P. Sybesma, 1927, to Dokkum by J. Kamminga’, De Holder 3 (1928) 77-78.
  37. Canne, ‘Ta de moarn’.
  38. Theun de Vries, Fryske stylistyk (Boalsert: Osinga, 1937) 17.
  39. Sybesma, ‘Hjerst’, Ta de moarn, 46.
  40. Id., ‘Corvus Cornix’, Ta de moarn, 12.
  41. Id., ‘Swarte klyster’, Ta de moarn, 22.
  42. Id, ‘Fen Fryslân’s romten II’.
  43. Justice Wallace, Diversified Holdings v. R. (1982), 35 B.C.L.R. 349 (S.C.) 354 <https://www.animaljustice.ca/wp-content/uploads/2015/06/Watson-v-Hayward-2002-BCPC-259-CanLII.pdf> [krigen 20 maart 2018].
  44. Sjoch Gerard Noest, Het algemeen staatsrecht gebruikelyk in tyden van vrede en in den oorlog (Amsterdam: F. Houtduyn, 1780) 154, 374, 131, 134, 518, 236; basearret him om de steatsrjochtteksten fan Hugo de Groot.
  45. Sybesma, ‘Fen Fryslân’s romten III’, Ta de moarn, 7.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15