name

folgje ús

Facebook Twitter Instagram

 

Besprek

Wa is wa?

Yn Omstreken fan Eppie Dam

Friduwih Riemersma - Fers2 6.5, 11 novimber 2020

 

image Omstreken fan Eppie Dam

 

 

De Instagramkultuer is net te kearen. Plaatsjes winne it altyd fan deselde oerflakte oan tekst, yn berik likegoed as engaazje­mint. Opnij posten en ‘sharing’ hâldt deselde bylden hieltyd yn rûlaasje, yn dit gefal sterk abstrahearre lânskipsportretten fan Johan Haanstra. Mar Omstreken, de krektferskynde, fleurige light verse-bondel fan Eppie Dam, wazemet benammen Insta troch wat de Instagrammers sels sizze te betreurjen: de dryste nammestruierij. Hearlik! As wiere party crashers ha wy gjin idee wa’t dy lju eins binne! Efteryn de bondel stean inkeld minybio’s fan kollegadichters dêr’t Dam syn fersen oan opdraacht, al ken elkenien Elmar Kuiper wol: de bêste dichter fan Fryslân en deaferve Gysbert ’21-winner. Mar de ûnbekende nammen bin net minder relevant. Dus wa is wa?

Om te begjinnen immen dy’t Dam net neamt, Jasper Johns. Al krige dy in Presidential Medal of Freedom fan Obama, hy hat mar 1761 Instafolgers, in teken oan ’t lewant: ús ûntsach foar yntellek­tuele keunst teskronfelet. Dus it it moai om Johns syn geast te finen yn de sidegrutte kleurige sifers dy’t Omstreken yn tiidrekken fer­diele. Mids de jierren fyftich begûn Johns helle sifers te skilderjen, mei reklamesjabloanen dêr’t se winkelpuien mei beletteren. Alledeiske tekens en symboalen as ûnderwerp pakten him om’t dy sa standerdisearre en ûnpersoanlik binne dat se him, sei er, “room to work on other levels” joegen. It gie him benammen om ’e prosessen en gewoantes fan ús waarnimmen. Wy binne wûn om sifers neiinoar te sjen. Sjogge wy har oerinoar hinne dan werkenne wy har net mear.

je moet eens raden waar ik sta
do kinst de tiid hjir fallen hearre

Hiene se earst noch doel, no binne se berôve fan betsjutting en se ha gjin bân mear mei it materiaal dêr’t se fan makke binne, noch mei de ynhâld dêr’t se yn glide binne. In flarde pompoemoranje 3 yn oaljeferve 7? Hjir begjint ús fantasy har foarm te restaurearjen. Dat is in doelberette kar fan Johns. In man fan tafallichheden wie er perfoarst net. As de keunst ynienen stopt en de keunstner lûkt him werom yn stilte, dan komt der plak foar de taskôger as meidogger. Johns feroare keunst fan eat dêr’t nei digere en oer prakkesearre wurdt yn in objekt dêr’t de taskôger in petear mei oanknoopt. Johns fersmiet it klisjee fan de keunstner as skepper. Dy wie inkeld mar in liener, oanpasser en sitearder fan fisuele kultuer dy’t bestiet sûnt it minskdom—44 tûzen jier lang.

foar in dichter yn swarte teneur beklonken
noait útblinkend yn dulci jubilo
der wie noch in rothko te winnen

De Rothko-kapel yn Teksas—dy’t gjin kapel is mar in skitterend stik arsjitektuer—hat rûnom fjirtjin swarte skilderijen. As jo sitten gean sjogge jo it: troch it hast ûntrochkringbere donkere oerflak siperet dochs kleur. Efkes letter fiele jo it blau en read en grien pimperjen op jo fel. De wurden fan Dam stean neist in oaljeferve fan Haanstra, mei fjouwer lizzende rjochthoeken. Mark Rothko skoep selden fjouwer, hast altyd trije, soms fiif, rûchwei kante fjilden, troch suvere kleur út te smarren, 31 jier lang, oant syn dea. Se fûnen him, fertelt in keunsthistoarikus, as echo fan syn ikoanyske wurk: langút yn in poel fan klear bloedread.

Earder hie syn wurk folslein figuratyf west. Stillibbenskilder Max Weber moedige him oan om keunst te sjen as in middel om syn emoasjes te uterjen. Sa waard er de liedende pionier fan it abstrakte ekspresjonisme, dêr’t Haanstra in fiere neikomling fan is, de beweging dy’t útlokke waard troch it ynstoarten fan morele wearden nei de twadde wrâldkriich. Mar Rothko hearde dêr net by en ek net by in oare ploech. Syn color field-doeken binne in hiel eigen styl.

De ynterpretaasjes fan de kleurfjilden rinne fier utinoar. Kritisy sjogge it as ljocht en boukeunst, as de skepping fan in gefoel fan plak of in romte dy’t jo binnenstappe kinne, bygelyks troch wêr’t de kontoerleaze kleurflakken tsjininoar skowe as skokkende ierdplaten, of as spirituele reizen. It punt is dat wannear’t jo symboalen, dy’t Rothko kear op kear teloarstelden, hielendal fuortfeie, de taskôger net om in spesifike betsjutting fan syn, faak religieuze, ikoan hoecht te sykjen, wat in barjêre ta it wurk weinimt, mar tagelyk smyt it in nije grins op: it folslein missen fan tekens as beaken.

hjoed hat it fjild
de frânske siele
in wite umwelt
jout him bleat

Op in stuit lei Rothko de kwasten del en skreau in boek dat nea ôfkaam en dat likegoed by alle keunstners ûnder it kessen lizze moat, The artist’s reality. In keunstwurk is net in ding, seit Rothko, mar in tinken. It is it delsetten fan in beskate opfetting fan ’e werklikheid mei “plastyske taal”, oftewol yn foarmen en kleuren. Plastyske taal tsjinnet de keunst lykwols allinne mar as dy boppe de losse bysûnderheden útgiet. Om klearens te krijen oer de minsklike sinlikheid, ien dy’t ûntsnapt oan ’e twadieling objektyf-subjektyf en beide omfettet, generalisearret de keunstner. Hy rint foarby oan tafallige ferskynsels. Foar’t jo, lêzer, no âlje dat Eppie Dam yn Omstreken it omkearde docht, bygelyks mei “streken/ dy wolwite sneintemoarn/ troch in heit en in soan yn it iis krast”: sûnder kleur, foarm en romte kinne wy it sintúchlike fan de keunstner net waarnimme. Al hoe’t wy spirituele suverens sykje, inkeld as wy in liif hawwe, tusken berte en dea, is der keunst.

“De died fan it mysels uteren is in fysikenien. It materialisearret it tinken,” seit Asger Jorn.

deinum frij nei jorn
fynsto dysels werom yn deinum
(…)
tichtslein no it âlde boek oer foarm
(hoe hiesto oars sa fleane kind)

Jorn is lykas Rothko filosoof en skriuwer fan withoefolle essees, kritiken, pamfletten en boeken. Yn al syn wurk, skreaun of skildere of wat ek dat mar debat útlokje koe, ferset er him tsjin nije keunst. Op in skilderij fan 1962 ropt er mei in graffiti-eftich gebeart út “de avantgarde jout net op.” Mar tagelyk falt er de avant-garde oan dy’t him konformearre oan ’e ynstitúsjonalisearre nijmoadrigens en yn 1950 al net mear te ûnderskieden wie fan it mainstream moder­nisme. Syn baanbrekkende teory fan byldskepping, dêr’t faaks allinne de gjalp ‘I begyndelsen var billedet’ (yn it begjin wie it byld), de popkultuer fan berikte, mingd mei syn marxistyske oertsjûgingen, is hjoed skokkend aktueel en tapaslik. De ynsjoggen oer byld en ferbylding, net allinne as oanjeier foar artistike fantasy en estetysk uterjen, mar ek as kritysk ark foar foarútgong fan minsken, ferbjusterje as jo om jo hinne sjogge hoe’t popkultuer en plaatsje­technology in machtige ynfloed op ús wrâld útoefenje.

It skilderij neist Dam syn Jorn-rigels is mei it lome, lije, bolrûne lânskip ûnder in ûnfersteurber roaze loft, ien fan de swietste en dekoratyfste fan de bondel. De keunstners stean derby mei de hannen yn ’e bûsen, is Jorn syn punt. “De ramp begûn doe’t de minske syn kennis begûn te brûken foar eigenbelang of (…) keunstdoelen. Doe’t de earste atoombom ûntplofte boppe Hiroshima”, oftewol

alles ploft wat grien begjint

is net in needsaaklikheid mar in—kapitalistyske—kar om in funksjo­nele, unifoarme en dus ynherint útslutende wrâld te ûntwerpen. Alhoewol’t Jorn aktyf west hie yn Høst, Cobra en de Situationist International-ploegen soe er, lykas syn geastsibben yn ’e art informel, brekke mei brave naturalistyske, figurative en geometryske tradysjes; dat wie syn antwurd op de grouweldieden fan ’e wrâldkriich.

Hy soe krasse en skuorre en mei opsetsin lilke kitsch sykje—antykomposisjonele foarmen omearmkje, yn keunstkrityske eufe­mismen—mei techniken fan sinjaal en gebeart, surrealisme-ynskúnde spontaniteit en yrrasjonaliteit, en idealen fan ûntregeljen en autentyk sels-wêzen. Jorn soe nea ôfstân dwaan fan it Gefoel as de frije wil om te ûntdekken, sûnder oan ’e grûn bûn te wurden, “hoe hiesto oars fleane kind”, troch it saneamd logysk tinken dat ommers inkeld woartelet yn de al besteande werklikheid.

bontebok is bûnter lân
binnenfjild fan skilders
mei dichters yn har sok
hoeders net fan mienskip

Whitehead Donald & The Shadows stean by in Fender stratocaster-reade hoekige foarm. Derboppe hinget in in roaze wolkje mei giele en reade pinsielstreken, dat him faker sjen lit yn ’e bondel. Sa sêft en lyrysk lykje se in earbetoan oan Signac syn Antibes, le Nuage rose, minus dan de optyske yllúzje fan it pointilisme. Al sizze de noaten efteryn Omstreken der neat oer, Haanstra moat de skyscapes met it urginte koloryt fan de hiel ynfloedrike ekspresjonist en iennichste Dútske keunstner dy’t him by de nazi’s oansleat—hoewol’t dy syn wurk ferbeanen—Emil Nolde, bewust út de wei gien wêze; foar him gjin enoarme koartseftige Krause Herbstwolken.

De Shadows ha krektlyn noch byinoar west! 80 jier âld, sjonger Cliff Richard, de britske Elvis, ûnderwilens mei sniewyt hier en gitarist Hank Marvin fansels mei syn legindaryske tomaatreade gitaar, om ‘Apache’ wer te spyljen. Harres wie de safolste cover fan in muzykstik út in Burt Lancaster-film fan tsien jier earder. Dy wie wis net minder rassistysk. Mar yn 1960 wiene se noch likemin gefoelich foar rassismesaken as dat men yn Fryslân oan ferline jier ta foar de swartepytsaak wie.

want fryslân hie in grimmich hert
it wie moarddiedich utentreuren

Dat se rieplachten gjin minsken fan de First Nations en pappe­gaaiden stereotypen. De ferkeap gie oer de twa miljoen singles. Withoefolle tinne jonges mei pukkels en in sjempotsjebril, seit Marvin, kochten in gitaar en lutsen krekt sa’n jaske oan as hy: “A hero is whom you want to emulate.”

Fan cowboy-formaat binne wol de heldefantasyen fan presidint “Nobody’s more for the Indians than Donald Trump” fan de Feriene Steaten. Yn ’e kampanje fan 2015 werhelle Trump wat er yn ’93 tsjin ’e rjochter sein hie: “Indians” betelje gjin belesting en hawwe al it gokken, “they don’t look Indian to me” en dat minderheidsrjochten net earlik binne foar de kristenen en de Amerikanen. Trump is net polityk korrekt, hy hat steefêst klage oer politike korrektheid, hy smult derfan om him te uterjen op manieren dy’t absolút net polityk korrekt binne. 25 jier fan stikem gekjeie oer de PK-kultuer hat neat feroare en de Trumpisten hawwe in bytsje gelyk dat se dertsjin yn opstân komme.

Ynienen, yn ’e nacht fan 29 op 30 maart, feroaret Trump syn hierkleur fan flaaks nei sulver. Wite Hûsanalisten betwivelje oft de 418 covid-deaden him oernacht griis makke hawwe, mar kaam it fergriizjen út in fleske dan wie dat, foar immen dy’t desannialang syn bêst docht om yn it ûnthâld te bliuwen as in autohanneler, in ferrassende brek mei syn brand. Hy liket samar deftich. Sa bedarje

gnizende baudetten

yn it fers.

Yn werklikheid laket er net faak, Thierry Baudet, de nije anty­moslim, anty-ymmigrante, anty-establishment folksfertsjint­wurdiger, anty-yntellektuele partijlieder en selsferklearre “belangrijkste intellectueel van Nederland.” Hy praat potsjelatyn mei planteit flaters, sitearret poëzy en hat twa romans skreaun. Ien hyt fan Voorwaardelijke liefde en giet oer in held dy’t dieltiid-yntellektueel en dieltiid-jongesprostituee is en de hiele tiid lykas Baudet. Yn maart waard yn Fryslân syn partij út it neat wei de twadde, mei 6 fan ’e 43 steatesitten. Hy wol in sterke boeresektor, wie klimaatûntkenner fan it jier 2019, en dat wylst Shell ek meidie, en de media hawwe in deitaak oan it ûntkrêftsjen fan syn bewearingen—de Dichtung fan Donald telle se inkeld noch.

ierlân yndachtich
omfreedzje fjouwer seizoenen de dei
skearnegoutum ferivige op linnen
kanteljend skilderij fan klimaat yn ’e oalje
(…)
sokken as fokke en sukke
wolle ergens hjir wol hinne

Fokke & Sukke, as lêste, binne al 27 jier lang in slim polityk-ynkorrekte ein en kanarje. De deistige spotprint yn ’e fêstige media is ûnder mear beleane mei de Inktspotprijs 2017; dat is it ferskil mei Amearika. Yn Omstreken beselskipje Fokke & Sukke it iennichste doek mei in âlderwetske ûnderskildering, wat it byld, oars as op ’e oare skilderijen, djipte jout. De foarstelling is abstrakt en it geniet komt út de krekt-net-balâns fan de komposysje en de dûnsjende toets dy’t jo each hieltyd weilûke, tink oan Johns. Oer Ierlân giet it tafriel net, mar à propos, goed de helte fan it Ierske folk wennet oan ’e kust. Net it seisoenskrûpen is it knyppunt—it wurdt earder en langer simmersk—as it klimaat sa trochgiet, mar it kustútbiggeljen en gjin rein yn ’e simmer en stjalprein yn ’e winter, plus oanhâldend bisteftige stoarmen.

In stream grappen oer idyllysk op ’e bank mei in blik bier en oare fier-fan-myn-bêd-plakken—Fokke & Sukke maken zich zorgen over het klimaat: eerst een cycloon in Birma… …en nou weer een tyfoon in Myanmar!—ferwiist nei it eskapisme fan ekspresjonistyske poëzy, it romantysk arkadyske wurk fan de Brücke-keunstners, Rilke syn dionysysk utopianisme. It ekspresjonisme, en dêrby it suertsje­kleurige oeuvre fan Haanstra, kin de wrâld wol sjen litte wolle út in subjektyf gesichtspunt wei

en wie werklikheid mear
as in foar wier ferkochte leagen

en dan de werklikheid radikaal fersteure foar in gefoelseffekt, mar hoe’t jo ek oer werklikheid & it subjekt tinke: ús wrâld fersteurt himsels noch folle hurder.

 

Eppie Dam, Omstreken, Koudum, DeRyp, 2020.