image aggie van der meer - de achttjin

Besprek

Werom’t De achttjin him wol wint

Friduwih Riemersma - Fers2 5.12, 16 juny 2019

Dat in boek in literêre priis takend krijt om’t it de supernova is boppe in beskaat jier/lân/korpus, is in sa lang efterhelle misfetting—rêstend op it appels mei parrenfersin—dat jo hjoeddedei gelokkich dalik troch nei de jury bashing kinne. Hoe helje se it yn ’e holle om út in rige ûnferlykbere noaskes fan ’e salm samar ien in cheque fan 10.000 ûnder it kaft te skowen?! Treast jo: it is net samar ien. De literêrepriispartidigens is bekend. Jo hoege echt net jierliks it hiele pak kaarten te tellen en ûnthâlde wêr’t de troeven leine om oanwize te kinnen wa’t de jackpot wint.

Literêre prizen hawwe biases, dat is bekend. De Pulitzer Prize, de Man Booker Prize, de National Book Award, de National Book Critics’ Circle Award, de Prix Goncourt, de Hugo Award foar science fiction en fantasy, de Newbery Medal foar berneliteratuer en de Gysbert Japicxpriis hawwe in dûbel genderfoaroardiel. Net allinne giet de priis folle minder faak nei in froulike skriuwer ta, ek wurde boeken oer froulju in stik minder faak bepriizge. The Guardian syn boekepriis lûkt tryste einen foar op happy endings. De Man Booker Prize dy’t der is foar de wrâldliteratuer hat neffens in lange rige kritisy in dúdlike ‘British bias’ en in elitêre partidigens. PEN America stelde in priis yn spesjaal foar boeken oer sosjale rjochtfeardigens, om’t it foaroardiel dat politike boeken net literêr wêze kinne de sosjaalpolityk belutsen roman hieltyd útslút fan nominearring.

De Gysbert Japicxpartidigens is net allinne mei it bleate each te sjen, mar sjueryraporrten binne der ek net skrutel oer.Sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 2007, www.ensafh.nl/?p=425; 2013, www.ensafh.nl/?p=34265; 2015, www.sirkwy.frl/images/literere_prizen/dokuminten/advyskommisje_gysbert_japicxpriis_rapport_2015_NL.pdf, sitaat s. 3; 2017 www.sirkwy.frl/images/literere_prizen/dokuminten/advyskommisje_gysbert_japicxpriis_rapport_2017.pdf. De Gysbert Japicxpriis befoardielet in manlike skriuwer, romantysk-nasjonalistyske tematyk, kristlike etyk, kwasy/autobiografysk, realisme, nostalgy, oer in man, oer in sterke manlike lieder en/of gewoane minsken, ôfbylding frou as manearsum, folksk/folkloris­tyske ferteltrant en dêrby ballades, i.e. koarte rigelkes + ynhâld sa licht as in fear, psychologisearring c.q. tamtearre ynderlike monolooch—“getob”—al of net om it ôflizzen fan religieuze leauwens hinne, en/mar de goeienien wint fan de minnenien oftewol fleurich ein(um).

De earste bias is de slimste. Fan de 35 takenningen binne 3 nei froulike skriuwers gien, dus 8,57 persint, ynstee fan 50 persint. Oars sein, der binne fan 1947 ôf fyftjin froulju temin bepriizge. Wolle wy dat rjochtlûke, haw ik al ris earder skreaun mar ik doch it no wer: dan ha wy krekt yn 2050 wer in manlike GJ-winner. Joke Corporaal tinkt fan net. Om’t fan ’e Fryske skriuwers froulju mar in fyfdepart útmeitsje, stiet yn it Beammeboekje—it earste Fryske literatuerskoalboek dat ûnferfeard Gysbert Japicx út it register weilitten hat—kinne de froulju wol ta mei 7 op de 35 GJ-takenningen.Joke Corporaal, Zolang de boom bloeit: Korte geschiedenis van de Friese literatuur, 800-heden (De Gerdyk: Bornmeer, 2018) 108. O pff gosh dat falt ta want dêrfan (7) hawwe al minder as de helte (3) him krigen? Wilens stiet wol fêst dat yn ús kultueryndustry froulju in kontinú efterstellingsproses trochgean, sadanich dat har bewiisde prestaasjes net liede ta gelikense wurdearring en honorearring. It legere froulike ambysjenivo is net de oarsaak fan it getal fan Corporaal, mar it gefolch: men sjocht har net → ûnt-moe-di-ging.

Aggie van der Meer de GJ takenne is in moai skamlapke foar it frou-ûnfreonlike Fryske letterebelied. Boppedat, sa’n minskje dat rint nei de hûndert jier en dêrfan de lêste tritich efterinoar trochtikt hat op typmasyntsje-desktop-laptopke, dat makket krekt it media-oansûgende kuriosum dêr’t de prizeteatralisearring ferlet fan hat. Trouwens se hat yn it priistydrek, 2016, in nije roman skreaun. Dy is histoaryske fiksje, dus realisme, oer in man, sterke liedersfiguer, mei in gûlende mem, in ferliedlike frou en tormentearjende ynderlike prakkesaasjes; hielendal moai en nim him op yn ’e smelle kar. En lit no De achttjin fan Aggie van der Meer ek noch it allerbêste wêze dat de ôfrûne jierren ferskynd is en yn de nije jierren ferskine sil.

It giet oer in lid fan it Tsjechoslowaakske politburo. Dy bout dat heechtste útfierende orgaan fan de kommunistyske partij thús nei, as in realistysk poppeteater, mei syn kammeraten en hysels as poppen. ‘All the world’s a stage’, is de grûnslach, neffens de monolooch fan Melancholy Jacques in Shakespeare syn As you like it. ‘And all the men and women merely players;/ They have their exits and their entrances,/ And one man in his time plays many parts.’ Jacques mient dat syn mankelikens him by útstek geskikt makket foar it amt fan de hofnar, de kritikus fan de macht, tink oan de stand-up comedian Stephen Colbert, mar it is net sa; de mankelikens meanderet hieltyd by de wrâldske saken wei nei de ynderlike omballingen. De politburoman hat amper in skerp oardiel. As er fan hegerhân opdracht om te beoardieljen hoe’t de Jan Palach-oanhingers tinke, bringt dat him yn swierrichheden.

Yn De achttjin dogge foar in part echte en foar in part optochte personaazjes mei oan in histoarysk barren. Histoaryske fiksje is net perfoarst makliker te skriuwen om’t it plot jûn is. It is just dreech om nei boekekasten fol earbetoan oan Palach en benammen nei de oeral priizge film Burning bush noch eat ta te heakjen. Mar wat Van der Meer docht is krekt wat film net kin: yn de hollen fan de personaazjes sjen. De achttjin is in stream of consciousness novel, dy’t de withoefolle tinzen, gefoelens en reaksjes sjen lit dy’t troch de geast fan de ferteller gean, lykas Ulysses fan James Joyce. It—optochte—skriuwerspersonaazje, lykwols, ferwiist nei Die Verwandlung fan Franz Kafka, dat sa’n tinkstream as dy fan har mist. Kafka syn ferhaal hat wol de tinkbylden en it gefoel fan protagonist Gregor, mar tsjinnet de tinzen koart en sekuer op. Gregor, de man/krobbe dy’t syn identiteitsgefoel yntakt hold wylst syn libbenswize feroare yn dy fan in bist, stiet dêrom tichterby de—ek optochte—ynformant. Op dy manier is de yntertekstualiteit dêr, en oeral yn De achttjin, tûk ynset om de roman lagen fan betsjutting te jaan dy’t jo bybliuwe.

Yn in ramtferhaalbestek briefket in skriuwerspersonaazje yn 1990-91 mei in ynformant oer it politburo yn 1969. Fierder holpen troch heimsinnige deiboeknotysjes fan ien út it politburo, rekonstru­earret se it tinken fan wa’t se sjocht as de spilfiguer. Dy jout se stal neffens de ynformant. Se lit him in rol spylje yn it tragyske ein fan Dubček syn politike programma ‘sosjalisme mei it minsklik gesicht’. Hoewol’t dat de macht folslein by de kommunistyske partij litte soe, rûn it by ûngelok efkes út op politike liberalisearring en massa­demonstraasjes foar demokrasy en frijheid fan ekspresje, oant it mei help fan Ruslân teplettere waard. Us opnij fertellen fan it ferline feroaret hieltyd en dat ferline sels dêrom ek, is in postmodern idee dêr’t wy net mear omhinne kinne. Mar ús ûnderlizzende minsklikens bliuwt gelyk, anderet Van der Meer dêrop.

Mar al hast dalik ferklapt De achttjin dat de trije boarnen, skriuwer, ynformant en deiboeknotearder, ien en deselde binne: harren skriuwstyl is ûnferhoalen identyk. Yn de wollige metafoa­ryske taal falle de ynterupsjes fan sels-befreegjen op, folge troch dizige ferklearringen of “einleas relativearjen” yn tille­gramstyl. “As wy inoar tsjinkomme groetet er freonlik, in heale sin, in pear wurden. Ungemak? Ferlegenens? Net wolle of net doare? It wurdt tiid dat ik him mei sêfte hân ûnder druk set. Sa kin it net bliuwe.” It skeppen fan suspense is troch dizigens en dûbelsinnigens. Dêrneist komt de ekstra driging troch bûtenwenstige formaliteit en it folslein weilitten fan fysike en sels ferbale agresje. De achttjin leden fan it politburo lêze de gemoedsrêst fan har haad ôf oan de strik dy’t er foar hat. It duorret efkes foar’t de lêzer yn ’e gaten krijt dat de skriuwersfiguer har opsplitst yn harsels en twa sabearefigueren, as in ôfspegeling fan it poppespul fan har protagonist. Dat spul, ommers, tsjinnet him om syn—fan skuld en mislearring faksearre—geast te oarderjen—tinkt er.

De protagonist is in bûtensteander, ienling, taskôger. De ynformant dêr’t er nei modellearre is, is allyksa in ienling. De lêzer wit fan de popkultuer, dus tv-searjes en Hollywoodfilms, dat de Einzelgänger in antyheld is en ûnbetrouber. Lju mei freonen binne betrouber, oars hiene se dy net. Lju sûnder freonen moatte jo net leauwe. De ynformant riedt de skriuwer dan ek oan om de protagonist in freon te jaan. Mar dan is de protagonist al in wrâldfrjemde poppespiler en it bliuwt, op it ein fan it boek, by in drinkmaat dy’t krektsa’n nuversma is. Al folle earder lit de ynformant him kenne as ûnbetrouber. Hy priizget nammentlik de skriuwer har karakterbeskriuwingen fan de politburobemanning—de poppen fan har protagonist—as krekt echt, wylst dy beskriuwingen osa subjekyf binne. Net allinne wit de lêzer wol dat de persoansdosjees dy’t de Tsjechoslowaakske steatsfeiligens oanlei sa objektyf mooglik wiene en rjochte op hâlden+dragen ynstee fan it binnenst. Ek seit de protagonist sels: “Syn miening? De oare sechstjin hienen heechút ferlet fan ynformaasje.”

Sadwaande ferwite de skriuwer en ynformant harsels gjin synisme, as se sizze dat it boek giet oer de kar dy’t de protagonist meitsje moat nei’t er sjocht dat syn tinken him in kwetsbere ienling makket. Nee, se sizze dat hiërargyske machtstelsels no ienris yntern wanbetrou kweekje, mar net dat it minskdom hannelet út suver eigenbelang. Se sjogge sels net de irony, dat is knap ferwurke yn De achttjin, as it deiboek eksplisyt wiist op de needsaak fan eigenbelang: as de ultime driuw foar minsklik hanneljen, om de skiednis wer in bytsje nei de eigen hân te setten.

Want it libben liet amper hâldfêst foar de oarspronklik Dútskjoadske protagonist, leare wy út syn floeiende tinzen dy’t prinsipjeel—“it tinken is frij”—net ûnderbrutsen wurde mei feitlike beskriuwingen of de wenstige dialooch, en ús fiere fan petear nei petear. It is spitich dat it boek net redigearre is. It Frysk is soms sa bryk dat jo der lûd om gnize, guon stikken binne sa rommelich dat jo dy oerslaan en dan wer mist de struktuer sadat jo weromblêdzje fan hoe sit it ek alwer. Mar de petearen meitsje alles goed. Sa tear en utopysk oft se binne: it stroefe kofjedrinken mei in royearre politburoman, it op ferhaal kommen by de trochtaastende muoike Anna, it werom yn ’e tiid gripen mei de ea-freondinne-no-spion Rachel, it fergese praten mei de dissidinte skriuwer Bohumil Hrabal en it riskante mar waarme petear mei de adfokaat fan de mem fan Palach, dy’t har rjochtsaak tsjin de steat om smaad op har nimt, de dappere Dagmar Burešová. Mar it barren stjoere: wat betsjut dat foar de personaazjes?

Yn realiteit wie net Jan Palach—en de oare trije Praachske Maitydselsferbaners; Palach wie de twadde—wat it Tsjecho­slowaakske regear, op oanwizen fan de Russen, fluch weimuozje moast. Krekt fjouwer jier letter, doe’t Palach syn grêf in nasjonaal beaplak drige te wurden, hellen se de bonken derút en leine der in ûnbekend frommis út in âldereinhûs yn. It feit dat de Tsjechoslowaakske lieders it Warschaupaktleger sels útnoege hiene, de echte bluodrigens fan de ynfaazje en de totalitêre terreur: dat moasten se ûnder it kleed feie, eventueel mei de selsferbaarning as red herring. Op in stuit brochten se nei bûten: 82 deaden, 300 swierferwûnen en 500 lichtferwûnen. Mar letter stelden skiedkundigen it sifer by nei 137 Tsjechoslowaakske boargers dea en 500 swierferwûne. De measten wiene fan har balkons ôf sketten dêr’t se har fergappen oan de binnenrôljende tanks of se hiene yn klibers byinoar op ’e dyk stien te sjen.

Wit it skriuwerspersonaazje dat net as hja yn 1991 har boek skriuwt? Wit se net dat de ‘fluwielen skieding’ deroan komt? Of wol se, mei in boek oer in Mensch & syn tinken yn it ferline, it omtinken weiliede fan hoe’t yn 1989 in snoade Slowaakske âldkommunist ynsjocht dat er nei de macht gripe kin fia it slûchslim oanblazen fan it ekstreemnasjonalisme by de Slowaakske separatisten dy’t dalik nei de fal fan de muorre al by Tsjechië wei wolle? Of foarsjocht it skriuwerspersonaazje just dat yn 2016, as De achttjin útkomt en Praach de fyftichjierrige betinking fan syn Maityd taret, it Tsjechysk folk syn regear in “trojaansk hynder” foar Pûtin neamt en der tagelyk in sterke anty-EU-geast hearsket en fijannigens nei flechtlingen? Of is De achttjin hielendal in rappel: 2018, fyftich jier letter, in ynfaazje fan reuzen en problemen mei it tellen fan de besikers yn ’e haadstêd—mar hoe sit it no mei de Europeeske frijheid fan ekspresje?

Ferwachtsje lykwols gjin iepenlike polityk yn De achtjjin. Dêr jildt it persoanlike wurd. “[De pastoar] hie wollen dat ik mear Joad wie. Dat ik dochs ek kommunist waard, hat mei Marx te krijen. Nei de dea fan Stalin krige Marx syn kâns. Mei Marx krige it grûn ûnder de fuotten. It wie it ferhaal, it wie de struktuer dy’t my oerhelle.” Mar it ferhaal mei syn keunstmjittige as … dan-konstruksje—“As Novratil in freon wurde koe, soe ik der mei him oer prate kinne”—is net logysk. It is inkeld meganysk: “It hie oars kinnen Ferenc.” Dêrom is it hielendal net nedich, betinkt de protagonist krekt op ’e tiid, om as wrâldfrjemde bûtensteander in politburo-ûndersyk út te fieren, of as in misleare insider syn poppen oer it boerd te skowen, foar’t er úteinlik kiest. Jo persoanlike kar hoecht allinne mar oerien te kommen mei jo persoanlike polityk: wat jo sels ûnderfine dat earlik en ûnpartidich is. It persoanlike en it politike binne net faninoar te skieden—

—is in baanbrekkend ynsjoch út de feministyske teory. En sa is de sirkel rûn: De achttjin wint him wol.

Aggie van der Meer, De achttjin, Ljouwert, Afûk, 2016.

Noaten

  1. Sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 2007, www.ensafh.nl/?p=425; 2013, www.ensafh.nl/?p=34265; 2015, www.sirkwy.frl/images/literere_prizen/dokuminten/advyskommisje_gysbert_japicxpriis_rapport_2015_NL.pdf, sitaat s. 3; 2017 www.sirkwy.frl/images/literere_prizen/dokuminten/advyskommisje_gysbert_japicxpriis_rapport_2017.pdf.
  2. Joke Corporaal, Zolang de boom bloeit: Korte geschiedenis van de Friese literatuur, 800-heden (De Gerdyk: Bornmeer, 2018) 108.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15