image abe de vries

Poëzy

Abe de Vries Fers2 nû. 6.1, 16 febrewaris 2020

De dobbe

Achter de feart, in smelle sleat rint der net hinne,

yn lân dêr’t inkeld boeren komme kinne,

lei in dobbe, dêr’t ûnderwettersliners -

gjin swimbad foar doekje-derom-winers -

har klykjes foar de winter snaaiden

fan ’e boaiem en út de glorieuze reiden.

Doe’t se kamen, wie it stil. De binnensee

(it simmersk drinkplak foar it toarstich fee)

yn sulverglinster brocht in ûnwaarsdûns

fan jildskodders en ’t ynvestearringsfûns.

Skrabbers, graafmasines griepen, in pomp

ferlege de spegel, in kop-hals-romp

baarnde droechlein nei in wjerljochtflits

as fakkel ôf op ien fan Fryslâns grutste hits.

Sa’t yn ’t begjin de wyn de reiden rekke,

troch inkeld wyn te wêzen geasten wekke,

en tûzen pinnen giene oer it blau papier

mei grien-giele plommen, samar foar de sier,

dat wie ’t earste teken fan terminaal:

in wynmûnepark, bird killer yn subgroepstaal.

Spoken word wit gobbe, hobbe, kobbe,

krobbe, snobbe, wobbe: dat rimet noch op dobbe.

Lykwols hat it ding syn eigen namme net mear -

hy frear ticht, foar de lêste kear.

Wylst ûnder de yllegaal ferpleatste grûn

de rintenierjend boer syn kowepaadsje rûn

achter in fergetten wurd oan, sis ’stûne’ -

dat syn grûnbewurkershert ferwûne

mei pine om fan dat stuit ôf, fan dat krekte plak,

te klimmen by de wâl op, troch ’t ûnderierdske dak -,

klom ik út wat in dobbe west hie in mêst yn,

fan ’e gerzen ôf oant yn ’e hege wyn.

Dy’t my beetkrige en nei it loftrom luts,

dêr’t men de hiele werklikheid yn alle talen bespruts,

en goeried hawwe woe

wat wurd it boek út koe.

image abe de vries

Twa flearen

De nacht komt oan, dy’t dy al rinnen seach

de fjilden oer, dêrst faak allinnich teachst,

en jout oan dy, yn ’e midst fan maaietiid,

by de lytse sleat, noch net in greppel wiid,

dy ’t simmers drinzget en ûnder sniefal sliept,

dêr’t no in markel tuft en in wipsturt wipt,

as wolkomstkado, en suver ek as soen,

in fabelachtige skjintme en in kleare tsjoen,

fergearre mei in ferhaal derby út ’e winterrêst,

no har toanend, grutsk, miskien foar ’t lêst:

twa flearen. Har grize koppen yn ’e damp,

de ien in banjerhear, de oar in vamp,

stelsto dy foar, ha beide noch gjin strûs

oan tûken hongen om mei te nimmen nei hûs.

Mar foar de lege sjempotten fan ’e hjerst

hasto yn ’e kelder fan ’t winter net mear west,

en ’t giet dy, boppedat, om de beien net.

Do hast fan ’t swiete sûkerguod gjin ferlet.

Do telst de knoppen, dy kringe al yn ’t hout,

en triuwe, oant de bast it stadich jout,

nei bûten ta - in boartsjen mei skoallekryt -

fan ’t simmer al har swart, en hiel har wyt.

Dizze fersen komt út de bondel Blaumelly dy’t ein dit jier útjûn wurde sil by De Ryp.

Mear fan Abe de Vries

Bauernepik, Dorfsgeschichte en it Fryske plattelânsproaza ‘Ik meen dat de mensen in de regio iets zelfbewuster ten aanzien van de eigen literatuur mogen zijn…’
Om de seine fan de skiene Goadinne: Tema’s en motiven yn de earste jiergong fan Iduna ‘Wy hawwe hjir te krijen mei literatuer, dy’t hjoed de dei amper mear lêzen en wurdearre wurdt…’
In liberale profeet op in Dongeradeelster terp: Rinse Posthumus fersus de Nederlânske polityk ‘Ach! mijn verdwaasde vriend! Hij zag nergens een traan van ellende weenen, die hem het hart niet doorboorde’
Imazjinêre reizen nei bettere wrâlden ‘Met de beste teleskopen kan men niet verder dan tot den bodem van het kleinste hoekje van het heelal doordringen; en wat hebben wij daardoor dan nog van onze naaste buurvrouw in ons ellendig zonnestelseltje kunnen ontdekken’.
In modernistyske misser Hjerre Gerrits van der Veen neffens Anne Wadman.
Anne Wadman wie 18 jier jong en op syk nei ideeën foar romansenario’s…
Ferlet fan Frysk In Deltaplan foar it Frysk kin net ophâlde nei de paragraaf ûnderwiis. It komt oan op in belied dat soarget foar ferlet fan it Frysk
‘Mar om wer op myn forhael to kommen’ Tsjibbe Gearts van der Meulen en de literêre krityk
Né, achte lêsers! (hearders! sei ik foarhinne) de înbîlding docht folle…
De stjerrekaart fan Harmen Sytstra It is July 1844; te Ljouwert wurdt in grutte Tentoonstelling van Voortbrengselen van Nijverheid en Kunst, door Friezen vervaardigd holden...
‘In stikmannich goede wurden’ Oer de kulturele betsjutting fan it nije Lieteboek ‘Wa’t ea lústere nei it liet dat it minskdom op syn lange reis troch de ieuwen song, sil heard hawwe…’
Non-konformisme yn de ‘folksskriuwerij’ It Fryske realisme as emansipaasjeliteratuer
Elkenien dy’t in rol spilet binnen de Fryske literatuer moat wekker wurde.
1 2 3 4 5 6 7 8 9