Poëzy
De dobbe
Achter de feart, in smelle sleat rint der net hinne,
yn lân dêr’t inkeld boeren komme kinne,
lei in dobbe, dêr’t ûnderwettersliners -
gjin swimbad foar doekje-derom-winers -
har klykjes foar de winter snaaiden
fan ’e boaiem en út de glorieuze reiden.
Doe’t se kamen, wie it stil. De binnensee
(it simmersk drinkplak foar it toarstich fee)
yn sulverglinster brocht in ûnwaarsdûns
fan jildskodders en ’t ynvestearringsfûns.
Skrabbers, graafmasines griepen, in pomp
ferlege de spegel, in kop-hals-romp
baarnde droechlein nei in wjerljochtflits
as fakkel ôf op ien fan Fryslâns grutste hits.
Sa’t yn ’t begjin de wyn de reiden rekke,
troch inkeld wyn te wêzen geasten wekke,
en tûzen pinnen giene oer it blau papier
mei grien-giele plommen, samar foar de sier,
dat wie ’t earste teken fan terminaal:
in wynmûnepark, bird killer yn subgroepstaal.
Spoken word wit gobbe, hobbe, kobbe,
krobbe, snobbe, wobbe: dat rimet noch op dobbe.
Lykwols hat it ding syn eigen namme net mear -
hy frear ticht, foar de lêste kear.
Wylst ûnder de yllegaal ferpleatste grûn
de rintenierjend boer syn kowepaadsje rûn
achter in fergetten wurd oan, sis ’stûne’ -
dat syn grûnbewurkershert ferwûne
mei pine om fan dat stuit ôf, fan dat krekte plak,
te klimmen by de wâl op, troch ’t ûnderierdske dak -,
klom ik út wat in dobbe west hie in mêst yn,
fan ’e gerzen ôf oant yn ’e hege wyn.
Dy’t my beetkrige en nei it loftrom luts,
dêr’t men de hiele werklikheid yn alle talen bespruts,
en goeried hawwe woe
wat wurd it boek út koe.
Twa flearen
De nacht komt oan, dy’t dy al rinnen seach
de fjilden oer, dêrst faak allinnich teachst,
en jout oan dy, yn ’e midst fan maaietiid,
by de lytse sleat, noch net in greppel wiid,
dy ’t simmers drinzget en ûnder sniefal sliept,
dêr’t no in markel tuft en in wipsturt wipt,
as wolkomstkado, en suver ek as soen,
in fabelachtige skjintme en in kleare tsjoen,
fergearre mei in ferhaal derby út ’e winterrêst,
no har toanend, grutsk, miskien foar ’t lêst:
twa flearen. Har grize koppen yn ’e damp,
de ien in banjerhear, de oar in vamp,
stelsto dy foar, ha beide noch gjin strûs
oan tûken hongen om mei te nimmen nei hûs.
Mar foar de lege sjempotten fan ’e hjerst
hasto yn ’e kelder fan ’t winter net mear west,
en ’t giet dy, boppedat, om de beien net.
Do hast fan ’t swiete sûkerguod gjin ferlet.
Do telst de knoppen, dy kringe al yn ’t hout,
en triuwe, oant de bast it stadich jout,
nei bûten ta - in boartsjen mei skoallekryt -
fan ’t simmer al har swart, en hiel har wyt.
Dizze fersen komt út de bondel Blaumelly dy’t ein dit jier útjûn wurde sil by De Ryp.
Mear fan Abe de Vries
Tsjinwynkronyk 2018 #2 It twadde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfeest, it maitydsseisoen, is wannear’t de ferdivedaasjeflaggen plante wurde moatte yn it kulturele wapenkamp |
Ut Mienskar: Sonnetten Fier út ’e wei, om súv’rens fûn of net te finen, / hâldt er ’m grut – hy sit net sljucht of rjucht |
Ut Mienskar: Sonnetten Fier út ’e wei, om súv’rens fûn of net te finen, / hâldt er ’m grut – hy sit net sljucht of rjucht |
In manifest ut de Nederlanske perifery It is it ferhaal dat de ‘winskhoedskriuwer’ Japik Japiks – in pseudonym fan de Fryske skriuwer Waling Dykstra– fertelt oer syn ûndersyk nei de etyk … |
Ut Mienskar: Sonnetten De Kommisje is neffens Boltanski’s skets / it bêst te sjen as lichem sûnder holle. |
Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860) |
Ut Mienskar: Sonnetten It lytse doarpke bliuwt in winkel en in kroech, / eartiids folle mear dat gearhing joech, / mar no is nachts in frommes op ’e sjou |
Reislotterij 2018 In reiske winne: it kin oeral, by reisburo’s en winkelkeatlingen en… ek by LF2018! |
Tsjinwynkronyk 2018 #1 It earste fearnsjier fan it kulturele haadstêdbarren sit derop! Fers2 hat mar in bytsje lêst fan hân fan dat fearnspart. Mar LF2018 nammerstemear |