De kulturele kwestje & hoe dy op te lossen
Kultuer, Fryslân, taal, identiteit, bestjoer en selsbewustwêzen foarmje in hieltyd gaoatysker amalgaam dêr’t de yndividuele opiny en de selsferkleare eigen leafde foar Fryslân (en Europa) yn sintraal stean. It heareakkoart Ljouwert-Grins yn 1989 fermindere it kultureel oanbod fan Ljouwert sterk, fan 2001 oant 2008 laten besunigingen ta fierder sluten fan kulturele ynstellingen en nei de finansjele crash fan 2008 giene yn hiel Fryslân bibleteken, muzykskoallen ensafuorthinne ticht. De stêd Ljouwert, stipe troch it provinsjebestjoer, soe alles goed meitsje mei in Kulturele Haadstêd fol kulturele inisjativen fan de mienskip út. Wat wy no lykwols sjogge binne sweeslaggerige rekreative projekten, ûnder en sûnder de flagge fan KH2018—en gjin Fryske taal noch Fryske literatuer en ek gjin projekten fan ûnderop. Hast gjin inkelde Fries protestearret; wa’t it wol docht fertinkt de oare Friezen fan in tekoart oan selsbewustwêzen. Hoe akkuraat is dat—en hoe konstruktyf?
1.
As wy nei eigenskippen ferwize dy’t net wrâldwiid en net persoanlik binne ha wy it faak oer kultuer. Kultuer is in kompleks gehiel fan kennis, opfettingen, etyk, wearden, wetten en gewoantes dy’t troch minsken wûn wurde as leden fan in maatskippij. Minsken nimme ûnûntkomber patroanen fan tinken en hanneljen oer út har sosjale omkriten. Wat stiet der dan op it spul? Dit. Al is kultuer in natuerlik effekt fan minsklike ynteraksjes, it is gjin needsaak yn de sin fan ûnmisber as oarsaak foar wat oars. Mar op in stuit seagen politisy kultuer as in maatskiplik nuttige, troch de steat te befoarderjen, strategysk nasjonalistyske boarne. Sa waard kultuer in polityk, dat wol sizze ideologysk begryp; útspraken as ‘wittenskiplike kultuer’ of ‘ôfrekkenkultuer’ tsjûgje dêrfan. Kultuer betsjutte yn de polityk net mear as in relatyf konsistint patroan fan gedachten en hannelingen. En om’t politisy net altyd “minsken fan kultuer” binne, sa’t T.S. Eliot seit, mar wol bepale wat troch de steat befoardere wurdt, betsjut kultuer yn de regel in set fan dominante ideeën. Dat makket de troch de oerheid befoardere kultuer gjin elitêre saak.Just net. Yn it begjin fan de Europeeske Kulturele Haadstêden profilearren stêden har mei highbrow-keunst. Mar keunst wie net de bedoeling. Europa doopte de Cultural City om nei Cultural Capital. Kultuer makket kapitaal.
2.
It Kulturele Haadstêdinisjatyf hat in reyntegraasjedoel: regio’s moatte harsels ûnderdiel fan Europa fiele. Yn de Kulturele Haadstêddoelen, sjoch de oanmeldingsside foar aspirant-Kulturele Haadstêden op ec.europa.eu, stiet earst Europa foarop en net de ferkeazen stêd. Twad is kultuer is net in doel mar in strategy. Om’t de Europeeske Uny fan syn stichting yn 1993 ôf te meitsjen hat mei euroskeptisisme, dus it fersmiten fan yntegraasje om nasjonalistyske redenen, is it koesterjen fan de Europeeske diversiteit de meast hearde platitude yn Brussel. Mar útsein op dy diversiteit moat de Kulturele Haadstêd de klam lizze, nammentlik op de “cultural features Europeans share”, de “sense of belonging to a common cultural area” en “the development of cities” en mei it lêste bedoele se tink’ gjin anty-Europeeske stedsûntjouwing. Dêrneist wurde fiif treflike mooglikheden fan Kulturele Haadstêden neamd, dy’t mear op city marketing as op keunst en kultuer rjochte binne, te witten “regenerating cities”, ferbetterjen fan “international profile of cities” en “image of cities in the eyes of their own inhabitants”, “new [sic!] life into a city’s culture” bringe en “boosting tourism.” De Kulturele Haadstêdorganisaasje & provinsje besykje kreas de Europeeske doelen te folgjen en de mooglikheden te gripen. Men kin se neat ferwite. Mar wa’t seit dat hegere kultuer, lykas literatuer, in doel fan de Kulturele Haadstêd is, is nayf of synysk.
3.
Taal is net ferfrissele mei identiteit. De Trouw sei ein 2012 oer it Ljouwerter oanmeldingsdokumint foar de Kulturele Haadstêd, it bid book, dat de “licht sjauvinistyske ûndertoan troch de klam op de Fryske taal mooglik minder goed [falle soe] yn Brussel.” Dat is wûnderlike útspraak. Sjauvinisme, dus oerdreaune loyaliteit oan de eigen groep, falt likernôch gear mei it doel fan imagoferbettering fan Ljouwert foar de Ljouwerters, sadat der neat mis is mei ‘licht’ sjauvinisme. Ek sprekt men yn Ljouwert amper Frysk. It bid book seit dat de Fryske taal “fan belang” is, mar “[d]e meartalichheid makket Ljouwert en Fryslân bysûnder. It is in fêst ûnderdiel fan de Fryske identiteit.” Dat is wol in probleem. Yn 2006 hat de ôfdieling Taalbelied yn Straatsboarch just fêststeld: “[P]eople acquire new identities and new languages or language varieties throughout life; it is a dynamic process.” Yn de Europeeske Wet is nasjonale identiteit in glisterich konsept, sjoch bygelyks Elke Cloots 2015, want it bestiet út subjektive en objektive faktoaren. Mei oare wurden, Fryske identiteit ferûnderstelt dat de Fryske regionale ienheid ôfhinget fan in mienskiplik idee fan syn befolking, dat sy dêr meiinoar thús hearre om in spesjale reden, en fan de oanwêzichheid fan gelikense karakteristiken dy’t bydrage oan de foarming fan dat idee. Myn learaar politike teory, dy’t as Dútser syn nasjonale taal mei oare naasjes diele moast, ferwiisde graach nei Switserlân. In identiteit ferknoopt mei taal soe dêr ta grutskalige identiteitskrisissen liede, wat dúdlik net it gefal is. ‘De’ Fryske identiteit bestiet dus net bûten it bid book. Nasjonale, regionale of lokale identiteit, opfet as subjektyf derby hearren, hinget wol gear mei it beteljen fan belesting.
4.
Ut it ynvestearren yn megalomane, nutteleaze oant skealike projekten ynstee fan yn sosjale ynfrastruktuer en keunst en kultuer fan Fryslân soe in bestjoerlik klimaatprobleem blike. De oarsaak fan it minne Fryske bestjoerlike klimaat is net it tekoart oan sivyl bewustwêzen fan de Friezen. Ommers bestjoerlik klimaat wurdt altyd skept en oanpast troch dejingen mei liederskipsferantwurdlikheid. Dêrneist leit de Fryske boarger syn boargerlike soevereiniteit foar fjouwer jier yn hannen fan syn fertsjintwurdiger, provinsjale steaten, en dy kontrolearet de bestjoerder, deputearre steaten. De boarger is los fan syn stimgedrach net ferantwurdlik foar it bestjoer. Mar it neoliberalisme, dêr’t it ynsetten fan keunst en kultuer as in ekonomysk stedsûntjouwingsynstrumint typysk mei assosjearre is, adoptearre sivyl bewustwêzen yn it neoliberale diskoers om de fersoargingssteat ôf te brekken. De nije boargerpartisipaasje omfettet meiferantwurdlikheid foar it bestjoerlik resultaat en in ‘ôfrekkenkultuer’; de boarger soe protestearje moatten ha tsjin de mannichte fan misynvestearringen. Dat die er net. Polityk apatysk is er net want Fryslân hie in hegere opkomst by de provinsjale ferkiezingen as lanlik. Wol kin struktureel negearjen fan sivyl protest in machtleaze boarger kweke ha. In oare ferklearring is dat in provinsje mar ien net-direkte belesting heft, de motorreaubelesting, en de rêst fan it jild komt út ryk, Europa en ferkeap fan provinsjaal eigendom. Dus as de provinsje jild fergriemt fiele boargers har net belutsen; it binne har eigen sinten net. Mar as oarsaak fan politike apaty wurde yn it algemien de media oanwiisd; meastal hat ûnkrityske stipe dêr it plak ynnommen fan kwaliteitssjoernalistyk. Koartlyn jûchheide de Ljouwerter Krante oer “de grutste haakte tekken op ‘e wrâld, dy’t klear wêze moat as Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd is.” Sok nijs is ûnheil foar elts bewustwêzen.
5.
Minsken hawwe rjocht op it brûken fan har eigen taal. Nederlân, en de legere oerheden bygefolch, hat dat rjocht bekrêftige mei it ûndertekenjen fan het Ramtferdrach oangeande de beskerming fan Nasjonale Minderheden en it Europeesk hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden. Itselde hânfêst bynt Nederlân ek oan it beskermjen en promoatsjen fan de minderheidskultuer ynbegrepen de ‘hegere’ kultuer, dus de Fryske literatuer en de Fryske keunsten en wittenskippen. It docht der dêrom net ta wat KH2018 wol en net oan taal- en literatuerbelangen docht; de provinsje moat nettsjinsteande HK2018 ophâlde mei syn eigen taal en kultuer de nekke om te draaien. In sosjale, progressive polityk makket dat men keunst as in doel op himsels sjocht, dus de Fryske boarger soe loftser stimme kinne. Massamedia, dy’t as fersprieder en ynterpretator fan kennis in ferantwurdlikheid yn de empowerment fan it folk ha, soene, ynstee fan de nea definiearre KH2018-buzz words meartalich en identiteit te advertearjen, de kulturele belangen fan de boargers nei foaren bringe kinne. Mar it is de provinsje dy’t Fryslân syn kultuer weromjaan moat en kin. Want Ljouwert hat himsels 25 jier lyn demovearre nei in slûch provinsjestedsje, mar de 80 miljoen foar de KH2018 binne genôch om it heareakkoart om te kearen. Keunstakademy, konservatoarium en orkest wer werom: allinne dy kulturele ynvestearring is oprjocht, duorsum, foldocht oan de Europeeske doelen en hat in breed maatskiplik draachflak.
Mear fan Friduwih Riemersma
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net) |
Fatale Gysbertstrategyen of, de lang ferfleine lúkse fan jin ôffreegjen foar wa’t of, de lang ferfleine lúkse fan jin ôffreegjen foar wa’t in Fryskliterêre priis feitlik is |
As elkenien in priis krijt is dy weardeleas en it Hânfêst is min foar keunst |
Gjín oankundiging Gysbert-sjuery … eh Provinsje? |
Jou dat bern in iisko It prestiizje fan in literêre priis berêst op bekwame nominaasjes |
Neiklinke yn in taalfakuüm Blaumelly fan Abe de Vries |
Heavens wat is it libben goed Dalik oan ’e kant skood troch de Relysjuery! |
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie |
Net langer lulle no Wite mûle, swarte molke fan Elmar Kuiper |
Pidgin X in rassistysk-nasjonalistysk plan |