name

folgje ús

Facebook Twitter Instagram

Opiny

Jou dat bern in iisko

It prestiizje fan in literere priis berest op
bekwame nominaasjes

Friduwih Riemersma - Fers2 7.1, 10 febrewaris 2021

 

image Gysbert Japicxpriis rillevânsje berêst op nominaasjestelsel

 

 

 

Wêrom kaam de Gysbert-Japicxpriis der?” Dàt hie in moaie strikfraach west yn ’e heitelânske skiedsniskwis fan de Fryske Nasjo­nale Partij. A. Om ’e skriuwerskarriêre of de boekreputaasje op te wouterjen, B. As beynfloeders fan de literêre kanon dy’t de skoalbern lêze moatte, C. As bewiis fan ferfining nei’t de Fryske literators sawat kollektyf de nazys skewielden, en D. As tekens fan literêre smaak en wearde yn it Fryske folk. Wis, as boeken en skriuwers wichtich wiene krigen se wol romte yn ’e kranten en by de Omrop. De literêre smaak is letterlik troch de plee nei it provinsjale Rimelderij op Húskes yn ’e Horeka-projekt. Mar skoalbern krije amper Frysk, dat in Frysktalige kanon is kul. It is opsje C.

Damage control wie haadsaak en de earste kommisje keas unanym de skattichste puppy fan Fryslân, dichter Obe Postma. Nije sjuerys koene net wer dyselde kaart út de mou lûke. De ynternasjo­nale prizekultuer feroare en Fryslân woe net efterbliuwe yn it neoliberalistysk tinken dat kompetysje groei makket en it populisme dêr’t keunst yn in reality show is—de Kultuerdeputearre regele hast dat de Gysbertwinner krekt op op it toaniel bekend makke wurde soe. Provinsje Fryslân ferpatste syn keunstynstellingen en skouderet syn keunst. It lit syn taal deagean. En tink derom, de Gysbert is gjin provinsjale keunstpriis mar in taalpriis: “Gysbert Japicx is de bekendste Friese renaissance­schrijver en wordt gezien als de grondlegger van het Fries als geschreven taal. (…) Gysbert Japicx schreef wél Fries en legde daarmee de basis voor de Friese schrijftaal.”

 ferfolch…

 

Profesjoneel juerylidbeneamen

Kom, jo wolle net iens witte hoe’t de provinsje Fryslân oan syn Gysbertsjueryleden komt. Se binne polityk beneamd, net om har literêrkrityske firtuoziteit. Jo witte dat dat net wurket. Bygelyks de Nissan keunstpriis tinkt wiswol om topsjuerys, om’t in minnenien de auto’s besmoarget. In provinsje bliuwt bestean ek as syn imago nei gichem is; der is gjin inkelde stimulâns ta fatsoenlike prizesjuerys.

Dêrneist binne keunstprizen gewoanlik juried competition, om’t in hifker of in sjuery fan hifkers wurk beoardielet troch him spesifyk te bûgen oer it kinnen fan de bydrager neffens útskreaune objektive of subjektive kritearia, mar de provinsje betiist kompetysje mei in arena dêr’t keunstners tsjininoar fjochtsje om in sek fol jild. Profesjonele sjuerybeneamingen bin dan oerstallich.

Yn it generaal binne sjuerywedstriden aktyf. Keunstners dogge mei troch sels wurk nei de sjuery te stjoeren. Passive nominearring komt net faak foar. Wêrom’t de provinsje dochs oan ’e passive foarm fêsthâldt is in riedsel. In tiim fan ekspert­nominators leveret de sjuery dan kandidaten en moat anonym bliuwe yn it Fryske minyliteratuerke om har ûnôfhinklikens te bewarjen: dat is like ûnmooglik as ûnwinsklik. It smyt in ekstra barriêre op foar iepenheid en earlikheid.

Skriuwers kinne folle better sels wurk ynstjoere dat fol­docht oan de gysbertbetingsten. Boppedat kinne skriuwers sels har sjuery ferkieze. In sjuery fan maksimaal trije kin tusken ynkonsistinsje en kompromiserigens troch farre. De leden bliuwe trije gysbertslaggen oan om sjuerybetûftens op te dwaan en oer te dragen.

De kwaliteit fan it sjurearjen en dus it prestiizje fan ’e priis rekket de skriuwers direkt. Sy binne de stakeholders fan de Gysbert. En sy krije, as iennichsten eins, de priis wer op ’e wâl.

 

 

Alle literêre prizen hawwe in superlatyf eigenskipswurd yn ’e namme, meastal ‘bêste’. De Gysbert Japicxpriis hat dat ek, mar it superlatyf slacht net op it wurk dat eare fertsjinnet: “De Gysbert Japicxpriis is de belangrijkste literaire prijs van Fryslân.” (ús kursyf) It krijen fan de priis sels is wichtich. De provinsje—dy’t gjin ynfo oer it Gysbertreglemint jout—hoecht dus hielendal net te bewizen dat it wurk dat de priis krijt om de ien of oare reden wichtich is. Dêrom mei in sjueryrapport ûntbrekke. Dat docht it de lêste tiid ek. Wy witte net wêr’t op hifke is, wêrom en mei hokker gefolch. Ynstee fan in rapport krije wy in A4 fol algemiene en neatsizzende efterflap­klisjees. Jo binne net de iennichste dy’t it fertinken bekrûpt fan sûflearjen troch útjouwers.

De sjuery hyt fan adfyskommisje om’t it net sels beslute mei oer de finalisten. “Deze adviescommissie stelt een lijst met genomi­neerden samen op basis van het verschenen literaire werk in de vier voorgaande jaren” en “adviseert Gedeputeerde Staten over het toekennen van de Gysbert Japicxpriis.” De kandidaat—eat dat of immen dy’t faaks geskikt is foar eat, yn dit gefal in wurk dat yn ’e ommenaasje wêze kin foar priisnominearring—komt op in list fan Tresoar, want dy hâlde Frysktalige útjeften by. De nominearre—immen dy’t troch in oar neamd is foar in beskate posysje, of útseld is om derta te ferkiezen—komt fia in geheim sjueryprosedee op in geheime list en nei in geheim beslútfoarmingsplan rôlet dêr in finalist út.

Dy ûntrochsichtichheid jout neat, kinne jo sizze, want de priis­winner wurdt oanwiisd troch in panel fan eksperts—yn teory, want de sjueryleden 2021 hawwe gjin fan trijen ea kennis op it mêd fan literatuer sjen litten, lit stean bysûndere betûftens—en net troch folksferkiezing. Dat is sa: wat it folk syn favoryt is sil de provinsje woarst wêze. Mar as jo de nominearren net allegearre beljochtsje ferliest de priis syn wurking en syn rillevânsje. Sa’t allerhanne saakkundigen nei foaren brochten moat in priis it just ha fan in jierfoljende prizeaginda, mei oanhâldend mediaomtinken, yn ’e maityd foar de longlist, yn ’e simmer foar de shortlist en yn de hjerst foar de finalist(en). Yn 2015 gie Tresoar dan ek oer op it nomi­nearringsstelsel.

Inkeld op it ein ien skriuwer, 10.000 euro en bosk blommen foar de kamera’s jeie it omtinken foar it iene winnende boek wol efkes omheech, faak pykt de ferkeap. Mar as de stoarm him deljûn hat blykt dat keapers gjin oar boek meinommen hawwe en eins gjin besleur ha oer it belang fan literatuer yn ’e wrâld. Yn in fierhinne rjochtspopulistysk bestel komt tsjin soks gjin protest. Krekt oarsom stimde it Skriuwersboun yn novimber 2020 sûnder argumint yn mei de deputearre fan Kultuer: “Sa’t jo al oanjûn hawwe binne der tal fan beswieren te neamen tsjin de opset mei nominaasjes.” Der is lykwols mar ien beswier: it ferkrêftsjen fan it nominearringsstelsel. Dat bart mar al te maklik, al hielendal by net-profesjonele sjuerys.

Yn it konservative senario sykje dy sjueryleden net selsstannich om wurk dat om watfoar reden ek kwaliteit sjen lit. Dêrfoar mankearret it de sjueryleden gewoanlik oan literêre kennis en ek oan sjurearbetûftens, tiid en moreel. Sokke sjuerys kieze út in fan tefoaren gearstalde list útjeften dy’t al promoatte en soms al kanonisearre binne, mei oare wurden, al rangoardere neffens it oantal stjerkes yn ’e krante plus de stjerreklame fan bygelyks steatsútjouwerij Afûk. It skriuwersbounsenario is it aksioma dat jo in bûtenwenstich wurk werkenne oan syn roazerook en moanneskyn plus it feit dat der altyd mar ien fan is yn in prizetiidrek. Yn it bewegerssenario is de winner bepaald troch ansienniteit, jierren fan bodzjen foar Fryslân.

Yn dy senario’s tsjinje de langelist en de koartelist inkeld as in reade loper nei it earjen fan de finalist/en dy’t al lang bekend is/binne. It probleem dêrmei is dat fan de ivige ferliezer. By al it praten oer it literêr prizebelied en syn effekt, is it wichtich te betinken dat prizen grûne binne op in ymperfekt proses fan hifkjen en selektearjen. Wat grutter en wikseljender oft de sjuerys binne, wat grutter de ymperfeksje, dêr kom ik aansen op. Dêrtroch komt it hiel geregeld foar dat wurk dat like goed is as dat fan ’e finalist, fan in keunstner mei in like treflik oeuvre, it hieltyd opnij ‘krekt net’ wurdt. Mar yn in winner-take-all-opset betsjut dat: it wurdt it hieltyd hielendal net. De hast-finalist krijt gjin sekonde omtinken. Syn wurk is sels net mear wurdich as wurk dat nea ien kear ticht by de priis yn ’e buert kaam.

Wa’t dat earlik neamt, ferliket de Gysbert mei in fruitautomaat: elke haal wer in farske kâns. Begjint it op te fallen dat guon kear op kear de jackpot misse, lykas de froulju, doch dan ris in oeuvrepriis. Jou dat bern in iisko. Dêrtroch, alhoe’t de Gysberts foar skriuwers mei treflike bydragen oan de keunst lykas Eppie Dam en Aggie van der Meer ek mei rjocht binne, hat de Gysbert Japicxpris syn prestiizje ferlern. It jild kinne de measte keunstners wol brûke, want josels frijmeitsje fan betelle wurk om te skriuwen is net maklik. Mar de Gysbert op jo skriuwersbio makket gjin yndruk mear. De provinsje jout tsjintwurdich boppe-op de priis in bats jild om it wurk yn in bûtenlânske taal út te jaan. Want it bûtenlan is net út himsels nijsgjirrich: it wit al lang dat de Gysbert gjin kwaliteit garandearret. En dat komt troch ynkompetint sjurearjen.

Om in hege standert en ûnpartidigens te garandearjen moat in ploech eksperts beslute, net it beslút oan in oar oerlitte. De eksperts meitsje efternoar út hokker keunstwurken oan ’e betingsten foar kandidatuer foldogge, hokker oft der op de karlisten komme, dus op de langelist en dêrnei al of net troch nei de koartelist, en wa’t de finalisten binne. Beskiedend by it nominearjen, foar al it sjurearjen fan skoalleprizen oant de Pulitzer, is dat it ekspertiim útgiet fan it prinsipe dat alle keunstners eare fertsjinje foar har keunstsinnich­heid, makket net út op hokker punt oft hja ombonkelje op har eigen, ynherint ûnfoarsisbere paad nei artistike perfeksje. Ommers it doel fan de measte keunstprizen is it ûnderstypjen fan de keunst.

Dat dogge jo troch alle keunstners beurzen en omtinken te jaan. Just om’t keunstprizen subjektyf oanwiisd wurde, om’t yn ’e keunst ûnûntkomber apels mei parren ferlike wurde—en Gysbertsjuerys trouwens net iens mear begjinne oan systematysk ferlykjen—binne winnende wurken nea ‘it bêst’. Se binne simpelwei de favoryt fan de tafallige sjuery. Ien skriuwer dus eksorbitant beleanje foar in wurk dat dat jier yn ’e smaak falt en lykweardige wurken fan tafel skowe, makket dat de oaren opjouwe. Wolle jo dat net dan moatte jo alle nominearren op it toaniel roppe, lykas dat de Lytse Gysbert docht: dy oanpak is bekend en wurket nei tefredenheid.

It knyppunt is: net-betûfte sjuerys kinne net nominearje. Se kinne gjin karlisten opstelle. Se witte ommers net, sa’t se alle jierren wer bewize mei non-sjueryferslaggen, hoe’t se wurk hifkje moatte op artistyk wichtige punten. Se moatte eksperts wêze op it mêd fan keunst, net selsferklearre sjenyen op it mêd fan de Fryske taal. Wêr fine jo keunst-ekspertsjuerys? Akademyske literatuerkritisy, mar dy hat Fryslân net, binne faak saakkundich en literatuerbesprekkers soms ek, mar soms beslist net om’t der gjin oplieding foar resinsje­skriuwen is en it swier ûnderbetelle bliuwt. Lju dy’t alle dagen keunst beoardielje en selektearje hawwe der aktuele kennis en feardich­heden yn. Dy treffe jo inkeld yn literêre tydskriftredaksjes en by útjouwers dy’t literatuer yn it fûns ha.

Want Fryslân is al desennia lang flink keunstfijannch. Dêrtroch is der mar sa’n bytsje eksperts dat dy om har seldsume ekspertise belutsen binne by organen yn it literêre fjild en dêr dus potinsjele belangen, hoe abstrakt ek, yn hawwe. Allinne Elmar Kuiper bliuwt oer as kompetinte en ûnôfhinklike ekspert. Mar Kuiper krijt aansen sels de Gysbert takend. En de betingst fan ûnpartidigens betsjut dat alle skyn fan belangeferfrisseling út ’e wei gien wurde moat. Sjuery­leden kinne gjin redaksjeleden wêze, of útjouwers, kultuer­amtners, bestjoerders fan skriuwersferieningen of literêre net­wurkers. De provinsje wit dat wol; de sjuery-2021 kin alwer it feit net maskearje dat de provinsje elke terp omkeard hat om in sjuerylid te finen dat neat literêrs docht.

In kultuer dy’t literatuer net spesjaal wurdearret boppe oare Fryske taaluteringen kin yndie better om de twa jier op goed gelok in bedrach op in skriuwersrekken stoarte: pecunia non olet. Wol de provinsje dat de Gysbert wer in rillevante priis wurdt, ien mei it prestiizje fan doe’t ús heit him takend krige foar Fabryk, dan hinget dat ôf fan it kompetint sjurearjen. Earst, wat grutter de sjuery, wat minder konsistint. Ien beoardieler hifket yn ’e regel hieltyd itselde, mar elk ekstra lid dat derby komt sil oars hifkje as de earste, sels as der in hifkingsramt komt. Twad, in fêst en transparant hifkingsramt foar keunst makket dat elk te hifkjen wurk deselde behanneling krijt, sadat jo de wurken op aspekten ferlykje kinne. Tred, wat wikseljender de sjuerys, wat minder konsistint en wat minder betûft yn it nominearjen & selektearjen en wat lestiger om wer nije te finen. As jo sjueryleden trije kear meigean litte, ynstee fan mar ienris, kinne se ekspertize likegoed as belutsenens by it fjild en it publyk opbouwe.

Fjird, in serieus ekspertsjuerylid foar in taalpriis fan in oerheid dy’t dy taal deagean lit? Haha! Nee dy fine jo net.