image Provinsje kundiget gysbertsjuery net oan

Brekkend!

Gjín oankundiging Gysbert-sjuery…? Provinsje?

It debat smoare helpt us literatuer net

Friduwih Riemersma - Fers2 7.1, 12 febrewaris 2021

Ja hear, de nammen stean der al in skoftsje. Jo moatte efkes nei ûnderen scrolle op de prize-side fan de Provinsje Fryslân—in fatsoenlike gysbertjapicxpriis.frl bestiet noch jimmer net—mar de provinsje hat gjin parseberjocht de doar út dien. Hat gjin parse­berjocht de doar út dien? Eh, provinsje? It oankundigjen fan de sjueryleden fan in keunstpriis is in wichtich barren foar it keunst­fjild, it startskot fan de iepenbiere diskusje oer boeken en har plak yn ’e wrâld.

Provinsje skrast sjuerynammen wer fan syn web

In dei nei dit ûntbleatsjen troch Fers2 hat de provinsje Fryslân de nammen fan de Gysbertsjueryleden wer fan syn webpage foar de provinsjale prizen ôfhelle. Wy sille de provinsje freegje om de reden en wy hâlde jo op ’e hichte.

Diskusje kin de provinsje sowieso wol ferwachtsje. It gearstallen fan de sjuery is ien fan syn meast skimige aksjes yn de hiele rit nei de twajierlikse útrikking fan de Gysbert ta. Jo kinne net sollisitearje foar de post fan Gysbertsjuerylid, lobbye bart yn ’t piktsjuster en kwalifikaasjes telle abslút net. Op in goeie dei stie der op ien inkelde side, sûnder sykmasine-tags, ûnfynber foar wa’t der net doelberet om socht:

De adviescommissie bestaat dit jaar uit:

  • Nynke Heeg
  • Hein Jaap Hilarides
  • Jannes van der Velde

Fan gjin fan dy trije is ek mar ien inkelde literêre publikaasje, foardracht of fisy bekend. De populistyske, anty-yntellektualistyske ferdigening dat ek gewoane, just gewoane minsken sûnder literêre en literêrkrityske spoaren op it ynternet earlike tawijde lêzers kinne, nee jonges: kletskoek. In wier befleine lêzer hat in blog, flog, tiktok dêr’t er mei in beskate frekwinsje yn jubelet oer in fantastysk stik dat er lêzen hat. Us mem fan 80 kin net blogge, mar se hat wol niis in literatuerkritysk boek skreaun.

De boppesteande trije kinne of ambiearje dat allegearre net. Ien fan de trije helle yn 2018 it lokale nijs mei har tabetrouwen, yn it Nederlânsk!, fan: “Nynke Heeg omarmt het Fries.” Hat dat beskiedend west?

De reden dat ynkompetinte sjueryleden oannommen wurde is de eask fan ûnpartidigens, wylst yn Fryslân elkenien dy’t wat kin op literêr mêd belutsen is by in literêre partij en syn nauwe kollega’s hifkje moat, of himsels as finalist oanwize. Oars hiene se Elmar Kuiper wol yn ’e sjuery set.

Der is gjin inkelde kâns fan dat de trije op eigen krêft dogge wat in keunstsjuery dwaan moat: systematysk hifkje, nominearje en selektearje op de kwaliteit fan it wurk. Op syn bêst sille se hielendal subjektyf in winner oanwize dy’t oan har eigen smaak foldicht. Wy neame it de Heeg-Hilarides-Veldefavoryt en wy akseptearje dat. Mar ek folslein subjektive kritearia meitsje part út fan de keunstpriis­kultuer: it debat oer ús subjektyf oardiel is wat in keunstpriis in keunstpriis makket.

Ek as it net giet om it ûndefiniearbere ‘bêste’ keunstwurk, is foar alle lêzers de diskusje oer de kritearia dêr’t jo in wurk mei kieze kinne, lykas—yn Fryslân fêste prik—nasjonalisme, ynherint wichtich. Dat is om’t, ek al is in lêzer it net iens mei de omskriuwing fan ‘bêste’ of net mei in sjuery dy’t gjin idee hat fan bêst en ûnbêst, dan noch twingt de diskusje oer seleksjekritearia de lêzer om jo hypote­tyske kritearia te ferlykjen mei syn eigen. En dy krityske refleksje is krekt wat literatuer wichtich makket.

Flouke oer sjuerykompetinsje

Toanielspiler Nynke Heeg docht in bachelor Fryske literatuer, by Babs Meerburg!, sa lekt Meerburg 2 dagen nei de krityk op ’e a-literêre Gysbertsjuery. As jo soms tochten, se is sjuerylid om har titten dan, tsja, ha jo gelyk. Want in bachelor Fryske litera­tuer bestiet net. Der is in spoar Frysk yn de oplieding meartali­gens—dus taal, gjin literatuer—oan ’e RUG, mar dêr is Meerburg net oan ferbûn.

Boppedat bestimpelet, at Heeg oer 3½ jier in bachelorke hat, dat ien net ta sjuerylid fan in keunstpriis. Ommers wa’t gjin fakekspert is yn ’e literatuer—de wrâldlit.; net de ‘Fryske lit.’, wat dat ek wêze mei—is net by steat om selsstannich keunst­kritysk ûndersyk te dwaan. Sa’nien wit net hoe’t er systematysk mei it poatlead troch wurken hinne moat, hoe’t er de tûzen oantekens yn ’e kantline kategorisearret en hokker fraach dy kategoryen eins beänderje. Hoe wolle jo dan keunst hifkje en ferlykje?

Oja, troch boekbesprekken neistinoar te lizzen. It punt dêr­mei is dat, alhoe’t de kultuerredaksjes fan FD en LC hoedzje oer ús literatuer, resinsjes krompen binne ta 350 wurden. In besprek bestiet, al sûnt de Griken, út wêr’t it boek oer giet, hoe’t de skriuwer omgiet mei dêr’t it oer giet, en hoe’t de besprekker dat omgean-mei beoardielet. Mar foar dat lêste is hast nea plak, alteast net om it ûnderboud te dwaan. Dus besprekkers beskriuwe, mar hifkje net. It besprek is faak net mear as in sinjalemint. Dêr kinne jo gjin Gysbert op bouwe.

Dus provinsje, wy begripe jim skamte. Mar it iepenbiere debat oer de sjuery en de potinsjele gefolgen fan syn ynkompetinsje út de wei gean troch stikemichheid oer de sjueryleden, dat sil it prestiizje fan jo Gysbert echt net opkrikje en ús literatuer noch in fierder-fan-myn-bêdshow meitsje.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15