name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

opiny

Fatale Gysbertstrategyen

of, de lang ferfleine lúkse fan jin ôffreegjen foar wa’t
in Fryskliterêre priis feitlik is

Friduwih Riemersma - Fers2 7.1, 22 febrewaris 2021

 

image Fatale Gysbertstrategyen

 

 

 

Sykje jo op ’e provinsjewebside nei “gysbert japicxpriis regle­ment” dan krije jo in link nei it oanfreegjen fan in fergunning foar autoraces op ’e iepenbiere dyk. Provinsje Fryslân is de eigner fan de literêre priis. Mar dat fernimme jo benammen oan it omswinen mei de nammen fan de Gysbertsjuery-2021: dy op har webside sette, ynienen der ôfhelje en like ynienen wer werom nar no sûnder de fermelding dat it de sjuerynammen binne. Koartsein, de literêre priis per se kin de provinsje gjin klap skele. As se mar tsjin de Ried fan Europa sizze kinne dat se mei de Gysbert útfiering jouwe oan it ferplichte Fryske taalbelied.

Fan ’e wet hoege jo eat as in Gysbertreglemint net ivich te bewarjen yn it provinsjeargyf. Leit it der wol, mar litte se it ús net sjen, dan is foar wa’t de priis ornearre is en wêrom fertroulik. Wy witte net oft Tresoar, dat it reglemint net hat, de Gysbert wol korrekt útrikt. It iennichste dat wy witte is dat FLMD/Tresoar nominateur, of kandidateur eins, is fan wurk foar de Gysbert ’21. Want wy kamen har tsjin op ’e Nijstêd en se frege befêstiging dat in boekwurkje fan my útkaam op 18 desimber 2020. Under de publikaasjedatum kinne jo net út, dy is registrearre by de útjouwer en it CB, mar ik woe dat ik it nea op papier útbrocht hie. It wie in jierdeiskado foar ús mem dy’t 80 waard. No twingt Tresoar my akkoart te gean mei publi­kaasje fan myn skriuwersbio, as wie ik in publike figuer (nee), op ’e Sirkwyside. “Do hast in boek skreaun.” All your base are belong to us.

Mar myn earste papieren útjefte moast Tresoar nea beslist opnimme. Wêrom dy ritigens? Hoesa foar boekynformaasje net gewoan trochlinke nei de profesjonele, sekuer bywurke—oars oerlibje freelancers net—skriuwerssiden? It meast foar de hân leit: om de Gysbertsjuery. De leden ha gjin fan trijen ea in sprút literêre ekspertize sjen litten. Hoe oars kinne se de finalist selektearje as op grûn fan de fersimpele, foarkôge—oerladen mei polityk favoritisme en iepenlike diskriminaasje—swier biografyske, de estetyske & artistike en fral alle keunstfilosofyske disputen weimuozjende, dus ienheidspropagandistyske skriuwersynformaasje op Sirkwy?

Kies út dy lykstrutsen bulk gewoan de jongste. Bertedatums fan skriuwers binne fereaske yn it Sirkwy-format; de privacywet jildt dêr net seit Tresoar. Boppedat stiet yn ’e orizjinele Gysbertregleminten dat de priis in oanmoedigingspriis is, dus foar begjinners, en net in priis foar fêstige reputaasjes—in karriêrepriis—noch, tink derom, in priis foar bûtenwenstige literêrestetyske—of taalkultuerele—pres­taasjes. Alle Gysbertstrategyen stean no iepen! Set asjeblyft op Elmar Kuiper syn grêfstien: “HY WIE SHORTLISTE”.

 ferfolch…

 

Gysbertkandidatelist 2021

23 oarspronklike, literêre dichtbondels

Eppie Dam, De aap foar de bokkewein. Afûk, 2017.
Elske Kampen, Ynbyld: gedichten. Afûk, 2017.
Marije Roorda, In spantou om ’e tiid: gedichten. DeRyp, 2017.
Sipke de Schiffart, Oan dy tinke: leafdesgedichten dy ’t it bestean wat lichter meitsje. Hispel, 2017.
Abe de,Vries Opskuorgebieten. DeRyp, 2017.
Syds Wiersma, Twintig liefdes een Saudade = Tweintich leafdes in Saudade. Frysk en Frij, 2017.
Tsead Bruinja, Kapstôk. Afûk, 2018.
Paul van Dijk, Famke fan snie. Afûk, 2018.
Elmar Kuiper, Stienkeal. Bornmeer, 2018.
Eeltsje Hettinga, Nachtspraak. Perio, 2019.
Elske Kampen, Ntrije55. Afûk, 2019.
Janneke Spoelstra, Wij yn ’e draaimûne. Afûk, 2019.
Abe de Vries, Mienskar. Eigen behear, 2019.
Gerrit de Vries, Unlân. Hispel, 2019.
Syds Wiersma, Lân sûnder ljurk. Hispel, 2019.
Piter Boersma, Under Hildegards tsjoen. Hispel, 2020.
Eppie Dam, Omstreken. DeRyp, 2020.
Arjan Hut, Fjoertoer yn it Wâld. Afûk, 2020.
Elmar Kuiper, Wite mûle, swarte molke. Hispel, 2020.
Simon Oosting, DC … en dichterbij. DC … en tichterby. Afûk, 2020.
Friduwih Riemersma, Myn binêre koade. Grotesk, 2020.
Geart Tigchelaar, Ommers. Proazagedichten. Hispel, 2020.
Abe de Vries, Blaumelly. DeRyp, 2020.

 

 

Makken wy ús noch drok oer it estetysk relativisme fan de baas fan aktuele rymklup Rixt, dat liket no de minst fatale opsje dy’t de provinsje pikke kin ta it managen fan ús boekjeyndustry en it harmonisearjen fan de Fryske kultuerwurker. Elkenien dy’t wat úthâlde wol oer estetyk yn keunst hat in hekel oan it net neier útleine relativisme. Want it botst mei de algemiene praktyk en mei it eigen dwaan fan de relativist, ommers dy stelt sels ek noarmen oan keunst. Wat him ta syn ûnhâldber relativisme driuwt is de ûnder­stelde bân derfan mei anty-autoritariteit, mar de relativist syn útspraak oer keunst is boppe krityk ferheven. Dochs, as wy oer it hifkjen fan keunst tinke, seit David Hume, lûkt ús yntuysje ús nei de gustibus non est disputatum. Giet dat op dan is elk mooglik estetysk oardiel like goed as elk oar estetysk oardiel. Tagelyk witte wy dat guon keunstwurken wiswol better binne as oare en dat guon estetyske oardielen in fersin binne, makket net út wat se tinke yn Fryslân. Myn fersen binne lang sa goed net as Douwe Tamminga sines, klear.

Gewoanlik bringe essees, besprekken ensafuorthinne de twa stridige yntuysjes yn lykwicht en beakenje sa it relativisme ôf. Mar relativisme is inkeld te beheinen mits in beskate opfetting fan keunst akseptearre is. As konkurrearjende keunstopfettingen allegearre de funksje fan keunst ponearje, sille keunstwurken hifke wurde neffens har fermogen om dy funksjes te dwaan. Ergo, salang’t keunst in funksje hat is in djip relativisme ûnûntkomber. Jo kinne op gjin inkelde manier sizze dat it iene estetyske oardiel better is as it oare. As lykwols keunst in kognitive funksje hat, kinne jo wol grinzen stelle oan estetysk relativisme. Dus as ien funksje fan keunst is om ús wrâld en inoar better te begripen—yngripe, want refleksje is te passyf tinkt men hjoeddedei—dan binne estetyske oardielen net mear folslein betreklik foar kritisy.

Hume lit folle mear romte foar subjektive smaak as Kant, mar set wiswol in standert foar keunstkritisy. Goed oardieljen is “sterk fielen, feriene ta ferfine gedachte, ferbettere troch oefening, perfeksjo­nearre troch ferliking, en frij fan alle foaroardiel”. Mar neitinken oer it hifkjen fan keunst is hjoed yn Fryslân amper oan ’e oarder. Ek is de Rixtbaas syn keunstopfetting dat it “âlderwetsk” is om keunst te rangoarderjen neffens de mjitte fan belang foar de wrâld—foar it begripen derfan—lang net revolúsjonêr. Syn plan de campagne is net om keunst te befrijen, út it jok fan neoliberalisme. Want it ôfwizen fan in kognityf-estetysk rangoardersysteem is deagewoan de neoliberalistyske keunstopfetting. En dy is net tafallich de Fryske steatsopfetting: ûnder ús antyyntellektualisme leit in ferriederlik neoliberalisme.

It folksfeest fan ferflakking is faak brûkt om polityk oarstinken de kop yn te drukken. It fersmyt keunst en literatuer as ûnpraktysk, polityk motivearre en ûnetysk. De nijste weach fan antyyntellektua­lisme kundige it ûntpolitisearjen en ynkrimpen fan boargerferant­wurdlikens ta banaal produsearjen en konsumearjen oan, de straffende steat, de kultuer fan brútheid om minderheden, siken en earmen yn ’e stiik te litten—jou har in ferske yn har itensbank­doaze—en it ferdwinen fan de publike yntellektueel dy’t meastal just ropt dat de gewoane lju net efterbliuwe meie.

Yn ’e neoliberalistyske jungle sûnder bestjoer rêde de sterken har en stjerre de jongen, sadat jo in oerkonservative kultuer krije. Commodification tekenet it neoliberaal ramt fan kultuerproduksje. Ekonomyske wearden oerhearskje. It estetysk kritearium, as eat foar de ferfine elite, weacht stikken minder swier as breed maatskiplike, lykas opfiedkundige, en politike kultuernoarmen. Likefolle—of just troch—dy sosjale kontekstuearring is keunst in ekonomysk en kultureel goed dat primêr bepaald is troch merksmaak. Estetysk geniet fan keunst op ’e kapitalistyske keunstmerk is in ferklaaipartij en it konsumearjen fan prefabrisearre subjektiviteiten. Jo wurdearje keunst omdat jo yn smoking nei in skilderij sjogge dat oeral sa noflik op ’e billboards stiet.

It is lang net wis, besjogge jo it no evolúsjeteoretysk of marxis­tysk, oft nettsjinsteande ús klimaatferoaring, ynstitúsjonele super­struktuer, sterke hegemony (Merk Fryslân) en (Afûk-)Fryskpratende basis, kulturele ûntjouwing yn ’e poëzy überhaupt mooglik is, sjoen de materialistyske beheining fan wat wy rekkenje ta de ‘werklikheid’ dêr’t de keunst op reagearje moat—op wynmûnen. Mar Cervantes hat it oer de iepeneinichheid fan ús tekst, troch konformiteit te stean.

De skiednis ken ferskate metoaden om de keunstmerk om te smiten en keunst te skeppen dy’t polityk neiklinkt. Wy hoege wier net te wachtsjen op ’e artistike apokalips en nei’t alle literatuer syn werklikheid ferlern hat nije wrâlden skeppe, mei it twingend gebod om de leechte te foljen, om’t it publyk fan lêzers hieltyd it boadskip mist. De lêzer mist dat boadskip net. Lêzers fertelle my hoe’t se rekke binne troch myn teksten oer hoe’t seks en drugs en rücksichtlos egoïsme ús besykjen om it spoar werom te finen frustrearret. It binne de sichtbere Fryske gatekeepers en de ûnsichtbere, lykas de geheime beneamers fan de Gysbertsjuerys, dy’t soargje dat sokke (yntellektuele) tekst de lêzer om te begjinnen net berikt, of net berikt kwa keunst.

Fers2 is yn ’e lêste kanon fan ’e Fryske skriuwerij, it beamme­boekje, opnommen as “platfoarm”, net as artistyk-literêr tydskrift. Dat rekket de status fan de Fers2-meidoggers en lûkt dy, as platfoarmers, út de literêre rûlaasje. Fryslân hat noch mar ien útjouwer dy’t heechliterêre poëzy bringt, de ûnfolpriizge DeRyp, ek al ferkeapet syn topdichter op ’en heechst fyftich eksimplaren. De Ljouwerter krante besprekt literatuer en lektuer trochinoar, mar bespruts ien fan de trije, fjouwer heechliterêre dichtbondels fan 2020 net, om’t dy fan de besprekker sels is, sadat 25-30 persint minder poëzy yn it omtinken brocht waard. Sa ferdwynt de libbene refleksje en diskusje: sa rekket Fryslân hurd troch syn keunst hinne.

De Gysbert sil him keare moatte ta oeuvreprizen, om in literêr ferline te priizgjen. As dy op binne moatte se deade dichters in priis takenne foar in wurk dat noch nea in priis krige, of se moatte kollektiven beleanje, foar in tekst dy’t dy skreaun ha soene as it Gysbertreglemint it takennen oan mear as ien finalist tastie. Of se kinne dwaan as is der neat te rêden, om’t kwaliteit yn ’e keunst ôfhingje soe fan min te rjochtfeardigjen estetyske wearden, om’t flechtige oerflakkigens it grif better docht op ’e merk as it sykjen om begryp fan ús condition humaine, om’t it triviale dekadinsje slagget om wa’t ek mar it gefoel fan ûngemaklikens en ûnbestindigens bekrûpt dat it ein deroan komt, yn ’e sûs te widzjen, hoera, in folslein antyyntellektuele eksersysje—al moatte Gysbert-laureaten efterôf rjochtfeardige wurde mei 4 stjerren foar in nij romantsje, dat is pas in fatale strategy.