name

folgje ús

Facebook Twitter Instagram

 

Download PDF

opiny

As elkenien in priis krijt is dy weardeleas

en unearlik of, wannabes njonken echte skriuwers of, werom’t it Hanfest min is foar keunst

Friduwih Riemersma - Fers2 7.1, 14 febrewaris 2021

 

image As elkenien in Gysbert Japicxpriis krijt is dy weardeleas

 

 

 

Keunstprizen sweve net yn in ideëel boppe-ierdske. Keunst­prizen wenje yn keunstklimaten. Dy feroarje. Keunst moast, yndie: yntransityf. Oant fier yn de jierren tachtich hoegde keunst neat, mar no moat it. “Poëzy (…) is ien fan de pylders fan ’e humanoria,” seit Unesco, fan it stedsûntjouwingsprogramma City of Literature. “Oer de paden fan emoasje, gefoelichheid en fantasy stjoert it fers kennis en minsklike wearden út. Mear noch, it foarmet it minsklik wêzen, liif en siele. Keunst riddenearret net.” Ynienen mocht eat dat net argumintearret dochs ‘keunst’ hite. Us Kultuer­deputearre fan 2007-’15 tamboerde op brûsplakken foar keunst. Yn 2018 kaam aktuele rymklup Rixt der. Elkenien tinkt dat er in operasjonger is as er galmjend ûnder de dûs stiet, wier of net?

Dus jo ferjouwe it de hjoeddeiske Kultuerdeputearre dat se alle dûsdiva’s bravo’s en roazen út it publyk tasmiten ha wol. Mar jo ferjouwe it har beslist net as se dy dûssjongers út de baaikeamer raamt en op it echte poadium set, keunst moat!, dêr’t niis de operakeunstner stie. Dat is like ymmoreel as American Idol: jo meitsje ferdivedaasje fan minsken har begrutlikheid. De Ensafh-gedichtejûn is ûnferwacht komysk. De klosetrimelderij fan Merk Fryslân en in rist kultuerbedriuwen is om jo dea te gnizen, al fertsjinnet it it etiket húskedoarpoëzy hein ofte nei net; Vondel hie hiele moaie en in anonimus waard ûnferjitlik mei “Herman Brood/ is nog niet dood/ maar Jan Rot/ is allang kapot.” De aktuele rym is steefêst hilarysk, fral om de grutte dichterspretinsjes. Minsken hawwe in swak ego.

 ferfolch…

 

Keunst is in stakeholder society

Tink dêrom
kwaliteitskommisje fan Gysbertwinners

Fryske literatuerprizen ûntmoedigje literêr skriuwen. Want se binne in sleat jild foar in produkt dêr’t net needsaaklik yn ynves­tearre is. Ommers it artistyk proses bliuwt bûten beskôging fan hieltyd polityk beneamde, net-fakbekwame sjuerys. As jo ynves­tearjen yn keunst net leanje, dwêste jo keunstsinnich gedrach. Us maklikens en fleandend hurde sosjaal learen meitsje dat wy de loaiste winner neidogge. Dus ha fjouwer Gysbert Japicxlaureaten gelyk dat se in kwaliteitskommisje ynstelle? Dat hinget fan ôf wa’t se sjogge as de baas fan ’e priis.

In keunstpriis is meastal fan in stifting. Dy stifting is ferant­wurdlik foar jildpriis en/of útjefte/útstalling; dy stelt in doel, normaliter erkenning fan bûtenwenstige keunst & de skeppers dêrfan en oanmoediging fan keunst yn in beskaat territoar, sis Fryslân, en in frekwinsje lykas twajierliks, yn beskate dissiplines dus keunst/keunstbeoefening; stelt fêst foar wa’t de priis is, gewoanlik foar treflike prestaasjes fan fisuele/literêre/poadium/oare keunstners yn sis Fryslân/de Fryske taal; wa’t nominearje mei, bygelyks museumkonservators of direkteuren fan Tresoar; hoefolle wurken/skeppers oft elk fan dy nominearders oanwize mei; wannear’t de nominaasjeslaggen binne; en as lêste stelt it in regelmint yn foar de seleksje fan finalisten, hoe, troch wa en wannear. In keunstpriis is simpel, kin net misbeteare.

Mar de Gysbert is gjin stifting, dêr ha jo it al: dy is fan ús oerheid. Politisy dy’t har talizze op insider dealmaking hawwe in lang spoar fan ‘útnoegjen’ en tsjininoar útspyljen fan kritisy. Oerheden wolle har nasjonale poeha ôfsette tsjin útlânske gruts­kens: de Gysbert is, sa’t it takenningsferline sjen lit, in nasjona­listyske priis. Fjouwer dy’t har status oan dat Sjoch ús Ris! ûnt­liene, sille dy priis net maklik yn ’e hannen lizze kinne dêr’t in keunstpriis heart. Keunst, tink dêrom, is in stakeholder society: in kosmopolityske ideale steat sûnder grinzen dêr’t elke keunstner likefolle rjochten as plichten hat. In kompetinte sjuery is ûnmisber, mar inkeld in praktysk ding, Gysberters. Dit is jim fûnemintele misje: bring de utopy wer yn ’e priis en de priis nei de keunst.

 

 

Jo sizze op in vernissage net tsjin de beau monde dat jo in op ôfstân sette amtner binne. Sels Amanda Gorman seit net tsjin ’e krante dat se moademodel is—wat se is—mar dat se dichter is. Want dichter is lykas rjochter in kultureel wurdearre fak. Stel, ik tink fan ik kin goed fan kwea ûnderskiede, ik bin in berne rjochter. In rjochtbankrjochter sprekt ommers rjocht op grûn fan syn ûnderskied tusken goed en kwea, plus wat wetten dy’t mei jurisprudinsje en al op it ynternet stean. Yndie, it ferskil tusken in berne fakman en echte fakman is in “hiërargysk ferskil”, seit de Rixtbaas, en dat is “âlderwetsk.” Mar it is it klimaat dat kweke is út neoliberalistysk do-krijst-watst-wolst-op-’e-commoditymerk en anty-elitarisme, dat my ferhinderet yn te sjen dat ik in modderfiguer slaan as wannabe yn ’e rjochtseal.

Mei de ‘berne dichters’ rekkenet Bukowski ôf yn syn fers ‘so you want to be a writer?’: “if you have to sit for hours/ staring at your computer screen/ or hunched over your/ typewriter/ searching for words,/ don’t do it.” De âld-Dichter des Vaderlands fersuchte ris yn ’e Ljouwerter dat er “wol 5 oeren” oan in fers skreaun hie. As jo suchtsje oer in heale wurkdei wylst in trochsneed lyrysk fers oardel moanne nimt: jo wolle wol dichter wêze,/ en eins net dichtsje./ Doch it net. Mar se dogge it dochs, om har ego. Ben Jonson smeekte yn ’e Ingelske renêssânse oanhâldend oft de poetasters asjeblyft wat minder op it hof omhingje koene en ris eat skriuwe dat derta die. Edmund Spenser hat him blau skreaun tsjin the Beast, the Poet bad dy’t de hofseal befolke. Prachtich om te lêzen, mar it holp amper: de wannabes binne geleafd by de macht, just om’t har ‘keunst’ net ‘riddenearret’.

It sûne ferstân leit ûnder fjoer lykas doe’t hûndert jier lyn rjochtspopulistyske, dus anty-elitêre streamingen opkamen. Anty-yntellektualisme en pseudowittenskip regearje. De Fryske litera­tuerbefoarderder fan Tresoar ferlike de keunstsektor mei in pira­mide. Gjinien sei tsjin him dat Giza tûzenen besikers it jier lûkt, en nei de Fryske literatuer komme der nul. It piramidemodel foar fanalles en benammen learprosessen yn it bedriuwslibben wurket net, de yntervinsje is simpelwei rjochte op breed en plat. Dêrneist hat it loslitten fan it ûnderwiis yn de Fryske taal de Frysktalige literatuer werombrocht ta hiel leechdrompelige open mic-jûnen en platfoarms foar Fryske taal- en folkloarepromoasje. Krityske refleksje op keunst is yn ’e lêste tweintich jier sawat ferdwûn. De kliemske romantyk fan de kliber amateurs hat it sierlik pronkjen mei de eigen dichterlike gefoelichheid opsmiten. Dat mei emosjoneel en polityk nuttich wêze, mar wa hat der belang by?

De festivalbazen. Dy rjochtsje har op hieltyd gruttere kaart­ferkeap, dy fergoadzje de sifers. Dy hawwe gjin belang by it wolwêzen fan de keunstner dy’t meidocht of by de kwaliteit fan syn wurk. Dy hâlde út dat der altyd winners en ferliezers wêze sille yn de keunst, dus wêr hawwe jo it oer?

Dat neoliberalistysk tinken bepaalt it keunstklimaat fan hjoed: smyt elkenien mar byinoar yn de arena en jou elkenien dy’t oerlibbet in priis. En sa komt it dat de Gysbert Japicxpriis tagelyk gjin wearde mear hat en net langer earlik is. In priis dy’t iepenstiet foar elkenien is de gokkast yn it kasino, “risseltaat op basis fan tafal”, seit de Jellinek: inkeld de pot is om nei hûs oer te skriuwen, net hoe’t jo oan de rol draaiden, dus jo kwaliteit docht der net ta. Unearlik is dat dejingen dy’t troch in heal libben lang yngeande stúdzje en trening artistike kwaliteit berikt hawwe, in gelikense kâns op takennen fan de Gysbert ha as immen dy’t 5 oeren lyn binnenkaam yn de keunst.

Om’t ús keunstprizen al sa lang yn dat prizeklimaat tahâlde, binne de knyppunten grut. Alderearst is der it loslitten fan de iennichste wurkjende oanpak as jo in rillevante priis ha wolle, it nominearringsstelsel. Allinne in jierfoljende keunstpriizeaginda, mei as startskot foar mediaomtinken it oankundigjen fan de sjueryleden, mei it bekendmeitsjen fan de longlist en de shortlist en alle nominearren foar it fuotljocht, oant it oanwizen fan de finalisten, makket de priis—en de keunst—wichtich foar it publyk. Op in efterneimiddei ien persoan 10.000 euro jaan ferfrjemdet de keunst fanit publyk. Dêrby makket it jammerdearlik min gearstallen fan sjuerys in keunstpriis tagelyk ûnearlik en futyl. De eask fan ûnpar­tidigens betsjut dat sjueryleden gjin eigen skriuwers en kollega’s hifkje meie, mar Frysklêzende literêre saakkundigen binne om har seldsume kompetinsje allegearre oan in redaksje ensafuorthinne bûn, sadat om sjuerys socht wurdt ûnder lju dy’t neat mei literatuer op ha.

De abbekaat fan ’e duvel seit fan, Jannes van der Velde, sjuerylid 2021, hat wiswol literatuerwittenskip en filosofy studearre, lang lyn. Dat is tafallich, ik ek, minder lang lyn: it jout jo gjin sjuerykompe­tinsje. Sjuerykompetinsje blykt út in spoar fan skriuwsels, foar­drachten en oar bliken fan befleinens. Litte wy leken de finalist kieze, de Gysbert as publykspriis, poerbêst! Mar trije fan hegerhân oanwiisde leken? In keunstpriis moat suver en ynteger bliuwe! It knyppunt is it autoritêr út ’e wei gean fan diskusje oer de priis mei it publyk. Eksklusyf sakedwaan mei insiders—Skriuwersboun­bestjoer—feroare de keunstpriis yn in pokertoernoai. Dit jier belûkt Tresoar, net de provinsje, de Frysk(ig)e tydskriften by de Gysbert­útrikking, mar as oerheidstaakútfierder, sûnder meisizzenskip. Boppedat is in knyppunt dat dat keunst in blyn plak is yn it Fryske kultuerbelied. Want wêrom hâldt de provinsje sels net iens de skyn fan in—weardefolle, earlike—keunstpriis op?

De Gysbert Japicxpriis is wichtiger as de minsken, dat wisten wy al nei it domme provinsjeplan—op’t nipke keard troch guon âld-Gysbertwinners!—om de finalist krekt op it toaniel bekend te meitsjen: en wat dan mei al dy famyljes yn har nije jurkjes en mei har boeketten foar wa’t ferliezers blike? Yn 2019 makke de Gysbertorganisaasje in klucht fan de útrikking. De provinsje fikste dat jier sels it útrikken. It die dat sûnder earbied foar de keunst­priis en de keunst en boppedat sûnder persoanlike konsideraasje foar dejinge dy’t de priis takend krijt, noch foar syn fysike feiligens.

De winner hie in fysike beheining en in hânbeweegde rolstoel. Om’t hja ek in gesichtsbeheining hie, hiel min seach, wie it toaniel foar har deagewoan riskant. Hie de Arriva frege hoe’t jo dêrmei omgean, respektfol en fral feilich, ien tillefoantsje hie genôch west. Mar de Gysbertútrikking is der net foar de yndividu. Dy is in slim formalisearre en protokollisearre tsjinstferliening. It protokol is ynsteld op it able-bodied, burdige standertfee dat himsels rêdt yn de Boalserter megastâl. En de deputearre fan Kultuer beart dat se op it lêste stuit ynflein is, yn in te tin jurkje en mei in memo fan trije wurden (priis taal goed).

Mar dit is myn punt: it Hânfêst foar regionale talen of minder­heidstalen, in Europeesk ferdrach dat it taalferskaat yn Europa beskermje moat, is beslist net goed foar ús keunstprizekultuer. It ferdrach stelt eksplisyt dat bemuoienis fan it lokale bestjoer essinsjeel is. Dêrom is it foech oer Fryske taal + ûnderwiis deryn út it ryk nei it provinsjebestjoer oergien. Sadwaande moat de provinsje oan de Ried fan Europa bewize kinne dat it wat docht oan ús taal—keunstbelied hat de provinsje hielendal net.

It ryk hat keunstbelied, gemeentes ha keunstbelied; mar de tuskenoerheden provinsje en wetterskip ha dêr gjin foech. Likegoed woe de provinsje, nei’t syn 2018-festival de Fryske keunst in jier lang deaswijd hie, sels de Gysbert Japicxpriis regelje. Dêr setten se ien amtner op, dy’t fan neat wist, ynstee fan Tresoar in yn ’e wol ferve tiim, en se knoffelen har dertrochhinne. Mar wy seagen alle­gearre hoe’t de provinsje it yn ’e wille hat om fan in hillich keunst­plak, de Gysbert Japicxpriis, in polityk skoutoaniel te meitsjen, fan Europeesk taalferskaat-strategysk belang.

Om it finkje op de list fan taalferskaat-tools sette te kinnen jout de provinsje net syn Gysbert oan in privee-ynstelling. Inkeld de útfiering mei nei de semy-amtners op Tresoar, alhoewol’t oerheden werklik alles privatisearje dat de merk ek wol oplosse kin, lykas pandemyen en keunst. Om it finkje en de propaganda as hoeder fan folksklyryske taal túcht de provinsje in antyelitêre Robyn Hood & syn Rimelders oan. Likefolle wat it effekt is op ’e literêre útjefte­kultuer—oan ’e ferpopkulturalisearring & patriottisearring is nea kritysk ûndersyk weage—wa’t mar in wurdsje Afûkfrysk praat, komt yn ’e beneaming foar in Fryske literêre keunstpriis. En de rest is burokrasy. Sa is de Gysbert yn de taalpolityk lutsen, sûnder in spat konsideraasje foar de keunstners fan Fryslân, troch de ieuwen hinne. Dat is noch slimmer as it ferneatigjen fan ús oarspronklike Fryske literêre kultuer.

Kinne wy it tij keare? Jawis! 24 Frânske tydskriftmeiwurkers dy’t it net iens wiene mei de nasjonale Prix Goncourt stelden in eigen priis yn, de Prix Femina. Dy is al hiel lang like prestisjeus as de Goncourt. En beskiedend wie net sasear de literêre en prizesaak­kundichheid fan de Femina-lju, as wol har idealen dy’t se foar le diable net opjoegen: foar earlikheid, weardichheid en skjintme:
foar keunst.