
Oersettingen
Ferfrysking fan Dèr Mouw
➰➰
Dof fiolet is ’t west en pearzich griis.
Noch rin ik troch it swier beripe gers
en hear neist my op ’e feart it tinkelfers
fan redens oer it hol rinkinkend iis:
as wie ’k it sels dy’t op beferzen glês
sirk’ljend, swevend, swinkend op keunst’ge wiis
mei ’t bûgjend boppeliif my kromje en riis;
en in rêch dy’t noait fan ’t riden genêst.
Sa woe ’k dat lâns waans geast myn fersen glide,
solo, yn pearen, of yn lange rigen,
skomm’ljend op maat en rym fan hollâns stiel,
dat hij de wyn dy’t mij droech, wit oan ’t waaien,
en ’t fijn slieren en ’t hearlik brede swaaien
fielt fan syn eigen stimming oan myn siel.

➰➰
Neist myn pendule sit, yn konsintraasje
fergien, de iisfûgel fan Van Hoytema:
ûnwerklik is de wrâld – ’k fergean lyksa
wannear’t ik der nei sjoch, yn kontemplaasje.
Oan d’ oare kant, krússkonks, sit Gotama,
ôfwêzich, eagen ticht nei revelaasje:
foarbij oan it bewuste is de adoraasje
troch ûndergong yn de unio mystica.
Fan de ien nei d’ oar pindelt sa de slinger,
as wiisde, priizgjend, tiid mei wize finger
mij Halkuons en Boeddha’s wissichhyd;
’t konklaaf fan tiidleasheden en pendule
leart swijend, tikjend, de tsjustre formule:
yn ’t stiltsteand Iiv’ge rêst, dravend, de tiid.
Dizze sonnetten komme út in rige fan 16 ferfryske sonnetten fan Dèr Mouw, dy’t ein 2018 bondele ferskine by útjouwerij Grotesk.
Mear fan Eppie Dam
De ingel Gabrielle en oersettingen fan Joni Mitchell |
Autopetsjend jonkje en Op it wettersportfestival |
Eucalyptus |
Selsportret neffens in foto en Bloeiende eucalyptus bij de hjerst |
Hommaazje oan it lansearplak en De fiskers op South Head |
Wurkgelegenheid foar de klasseleaze kastes en De takomst |
De pûltsjepreek |
De wandied en In dagewoane reinbôge |
Troch de houtseagersdoarpen |
Houthakker yn ’e middei Oersetting fan Noonday Axeman fan Les Murray |