image

‘Leuk foar letter’:

bûtensteanders en Bûtensteanders

Philippus Breuker - Fers2 nû. 2.10, 15 maaie 2016

De provinsje hold ûnder de namme ’Leuk foar letter’ yn 2009 in brainstoarmbyienkomst mei belanghawwenden oer it takomstige letterebelied. Hylkje de Jong en ik wienen der foar de ek útnoege Obe Postma Stichting. Ik ha nei ôfrin wat oantekens makke, dy’t my noch altyd aktueel lykje.

Eins hienen wy ússels útnoege, want wy wisten fan it bestean fan it oerlis allinnich út de krante. Wy hienen in stik oer de aktiviteiten fan it Selskip opmakke om yn de diskusje yn te bringen, mar dêr wie gjin gelegenheid foar. De gearkomste wie net sa opset, dat alle útnoege partijen wat frege waard, sa die bliken.

Yn de diskusjefermiddens dy’t op basis fan stekwurden foarme waarden, keas ik derfoar om by de lju te stean dy’t har Bûtensteanders neamden. Se blieken ek echt bûten te stean. Sadré’t ik bûten kaam, naam Goffe Jensma it wurd en frege my wat ik der no fan fûn. Sy liken my in al langer besteande groep te wêzen. Ik wist amper wat er bedoelde, hy hie it deroer dat sy fûnen dat der in snelwei komme moast ynstee fan de besteande b-wei en neamde ek in akwadukt, mar ik begriep it sa, dat der jild foar opdrachten komme moast. Letter lies ik op it webstee fan Koos Tiemersma dat hy en Abe de Vries in plan by de provinsje yntsjinne hienen om in oantal skriuwers in jierlang in ynkommen te jaan sadat se in boek skriuwe kinne soenen. Miskyn bedoelde er dat.

My liket it net goed ta dat de polityk ynstee fan literêre útjouwers of saakkundigen initiatyfnimmer en opdrachtjouwer wurdt, dat ik antwurde mei wat yn it Friesch Dagblad sa oanhelle wurdt: ’Der wurdt sein: ’wy moatte mear jild ha, wy ha rjochten’, mar skriuwers moatte de minsken wol ynteressearje. It is no in incrowd wurden, dy’t net genôch om har hinne sjocht.’ Ik sleat my dêrmei oan by de wurden fan Barbara Bloemink, dy’t yn de seal ynbrocht hie dat literatuer leuk wêze moat. Har wurden binne ek yn it Friesch Dagblad oanhelle. Dêr bûtendoar herhelle se dat nochris en it wie dúdlik dat wy it iens wienen. Tsjin Bert Looper, dy’t ek by it ploechje stie, sei ik dat hy ek wol murken hie dat lju noch wol earne foar te ynteressearjen binne en ik neamde har súksesfolle byienkomsten lykas oer it Tolsumer taffeltsje. Dat wienen wy wol iens.

Piter Boersma brocht tsjin myn opfetting dat lêzers wol komme as der oer in Frysk boek praat wurdt, yn dat de tiden fan Brolsma foarby wienen, doe’t elk noch Frysk kocht en lies. Neffens my lei dat oars: Brolsma skreau oer dingen dy’t de lju ynteressearren en dy’t de fragen fan har tiid behannelen.

Ik ha der fierder op wiisd dat yn Fryslân stúdzjes oer literatuer amper skreaun wurde en yn dat ferbân neamd hoe lang oft it duorret ear’t in boek foar Trinus Riemersma útkomt, dat bedoeld wie foar syn santichste jierdei (in initiatyf fan de redaksje fan de literêre rigen fan de Fryske Akademy, dêr’t Boersma en Jensma yn sieten). Abe de Vries, dy’t ek om in bydrage foar dat boek frege wie, hie – sa sei er – ôfsein, omdat er gjin trije moannen foar neat oan in stik wurkje woe.

Foar in libben literêr klimaat koe it neffens my net sûnder stúdzjes en essays, ek net sûnder guodden oer âldere skriuwers lykas Gysbert Japix, Eeltsje Halbertsma, Obe Postma, Simke Kloosterman en neam mar op. Der soenen mear projekten opset wurde moatte (en net allinnich oer literatuer), dêr’t in ploechje saakkundigen mei elkoar yn oparbeide.

Yn dat ferbân ha ik ek noch neamd dat it provinsjale belied him neffens my rjochtsje moat op Fryske literatuer en net op literatuer yn Fryslân (dat wie in fraachpunt yn de útnoegingsbrief). As it giet om it ûntsluten fan Frysktalige literatuer dan moat men jin rjochtsje ta lju dy’t Frysk lêze. Oars is men twongen ta diskusje op in metanivo fan dingen as identiteit en persoanlikheid en neam mar op. Om dat te folgjen hoecht men gjin Frysk te kennen.

Mear fan Philippus Breuker

Johannes Henricus Regenbogen Hy wie dêr mei syn guod op in hânkarre kommen.
Brekizer fan de foaurtgong Yn Boazum hat fan 1863 oant ca. 1917 in lêsselskip bestien, dat de namme droech fan Vriendenkring
It bestean fan in Frysk folk foargoed ynpipere De doarpskultuer wie oan de ein fan de njoggentjinde ieu wakker frysknasjonalistysk wurden. Frysksinnichheid wie net langer …
It lêsselskip te Boazum Frysksinnichheid wie om 1900 hinne algemien, mar lêzen waard Frysk noch net folle.
Reaksjes op Fers2 In debat is nedich as der in probleem is en dat sjoch ik hjir net.
Europa Wy hawwe op ús âlde dei nei Trier west en alhiel deselde bin ik net bleaun.
Nasjonalisme: alheidkeamers en V.V.V. … al sil it noch even duorje ear’t ek de arbeiders gjin heger binend ideaal mear hawwe as it Fryslân boppe!
Oer taak en mooglikheden fan de Fryske Akademy… … yn it ûndersyk fan de Fryske literatuer
De Fryske doarpswrald dert de Jongfriezen as earsten yn grut waarden … no wienen sels lytse doarpen frysksinnich wurden …
1 2