image reislotterij lf2018

Reislotterij 2018

Oare wurden – in win-win!

Fers2 4.8, 14 april 2018

In reiske winne: it kin oeral, by reisburo’s en winkel­keatlingen en… ek by LF2018! As jo jo lege batterijen ynleverje, of … jo skriuwplan! Bring it by Tresoar! De Provinsje Fryslân lûkt dan jo winnende lot… gjin frije kar út de briljante bestimmingen! Nei in plak dêr’t se reklame meitsje wolle! Foar “Fryslân as publyks- en kennissintrum fan meartaligens”!

It doel is jin dobje yn in net-Fryske mienskip kultuer fan dêr mei nei hûs literat taal­promoasje! Makket net út hokker taal: “De wearde fan ferskate talen beljochtsje”!

In dream fan in single-reis: virtuoso-skriuwers moetsje acht wiken lang skriuwe, neffens fêststelde kritearia, yn “in ferbliuw dat troch it gastlân útkeazen is” en… de provinsje betellet alles foar jo sadat jo nea hoege te reklamearjen!

Meidwaan oan ’e lotterij ken trije simpele beheiningen! Stjoer in yndrukwekkend CV op – net ien taalprestaasje is fereaske! Gean akkoart mei ‘sharing’ fan al it wurk dat jo op it reiske meitsje, sûnder dat jo der fierder in sint foar sjogge! En… tsjinje in projektplan yn! Omrop Fryslân wit wol hoe!

De seleksjekritearia (“ferbining mei de … minderheidstalen, it kontakt mei kultuer, oersettingen”!) binne sa dizich dat (o nee skriuwe kinne is gjin pré) elkenien deroan foldocht! De weaging is sa ûnmooglik (“It potinsjeel fan de kandidaat 30%”!) dat inkeld en allinne Omrop Fryslânlju winne partidigens beslist! En de organisaasje is sa beroerd dat gjinien wit wêr’t jo hinne reizgje!

Fryslân realisearret it foar jo!

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9