Kollum
Tsjin 1900: It bestean fan in Frysk folk foargoed ynpipere
Philippus Breuker - Fers2 nû. 3.7, 9 april 2017
De doarpskultuer wie oan de ein fan de njoggentjinde ieu wakker frysknasjonalistysk wurden. Frysksinnichheid wie net langer in tsjinwicht foar de jacht om emansipaasje en ûntwikkeling, mar waard op harsels in krêft. It nije lies men yn it Nederlânsk, dat wie in oare wrâld. De echte, dat wie dy fan it eigene. Wat oanfulling wie, waard no haadsaak.
Om de frysksinnichheid fan nei 1880 te begripen, is it goed te betinken dat it om in ynternasjonale saak gong. Rûnom yn Europa waarden hiele befolkingen nasjonalistysk. Yn Fryslân lei it begjin by de Halbertsma’s, by Eeltsje de nasjonale dichter nei wa’t de leafde fan de Friezen útgong, en by Joast, dy’t net wurch waard om syn mytyske foarstellings oer âlderdom en grutheid fan it Fryske folk út te mjitten yn lange rigen fan stikken oer Fryske taal en seden.
Har ynfloed hat enoarm west en bestiet noch altyd. Har samle wurk waard tusken 1869 en 1872 yn ôfleveringen as Rimen en Teltsjes útjûn en in liet fan Eeltsje waard yn 1875 ta Frysk folksliet útroppen. Underwilens wie der mei Waling Dykstra as sintrale figuer om 1850 hinne in rike frysktalige literatuer ûntstien, dy’t alhiel yn de geast fan Joast syn stof yn it as typysk Frysk presintearre folkslibben fûn.
Under dat folk soe de âlde stamkultuer noch bewarre wêze. Yn werklikheid waard dy stof ûntliend oan de ynternasjonale en foaral Dútske folksliteratuer fan de eigen tiid. Yn de jierren tachtich en njoggentich waard yn de foarm fan keunstniverheidsprodukten ek de folkskeunst útfûn. It foar oerâld, ja sels foar Angelsaksysk holden Hylpen spile dêr in belangrike rol yn.
Neist taal en seden fan de Halbertsma’s lei skiednis in boaiem foar frysksinnigens. Hichtepunt yn it belibjen fan de Fryske skiednis waard de grutte histoaryske tentoanstelling dy’t it Frysk Genoatskip yn 1877 organisearre. Heech en leech út hiel Fryslân stjoerde stikken yn en tsientûzenen teagen nei Ljouwert om se te besjen. Nasjonalistysk wie de opset net, earder wittenskiplik, mar troch it alles omfetsjende karakter fan de útstalde objekten koe de tentoanstelling in sterk gefoel fan nasjonale grutskens oproppe.
Foar al de tûzenen dy’t fan bûten de provinsje nei Ljouwert kamen, ferskynde yn itselde jier it toeristyske boekwurk Friesland en de Friezen. Gids voor reizenden. De frjemdling koe dêryn fine wat er yn Fryslân socht, it oare nammentlik, it ûngewoane, it karakteristike, it ‘Frysk-eigene’. Lânskip, seediken, Fryske sporten en folkloare krije in soad omtinken. Dy folkloare naam Waling Dykstra foar syn rekken. Hy skreau oer hurddraverijen en hurdriders, oer in boerebrulloft en in boerebegraffenis, oer doarpsskelnammen, byleauwe en folksoerleveringen. Yn 1887 joech deselde Ljouwerter útjouwer, Hugo Suringar, him opdracht om in boek gear te stallen dêr’t er – om it yn de wurden fan For hûs en hiem út 1888 te sizzen – ‘alle âlde sechjes en teltsjes fen it Fryske folk yn opnimt en ek de stikken, dy’t min yet wit to fortellen fen mannen as Japik Ingberts, Jan Wever, Klaes Kinst en oaren. Hy wol graech, det elk-en-ien, dy’t him fen soks hwet fortelle ken, det docht’. It late ta it monumintale sammelwurk Uit Friesland’s volksleven. Dat ferskynde yn 1896 en befette fjouwer ôfdielingen: folksoerleveringen [sêgen] en folksgebrûken yn it earste diel en folksfertellingen [mearkes] en folksbegripen (tsjoenderij, spoeken, waertekens, genêsmiddels en sa) yn it twadde.
En dêrmei wie it bestean fan in Frysk folk foargoed fêstlein en ynpipere.
Mear fan Philippus Breuker
1 2